Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– Auteursrechtvrij
[pagina 222]
| |
Het sechste hae'stik fan MatthewesGa naar voetnoot*). (Dialect van Molkwerum.)1. Jouw acht, dat jimme jimme jolmissen naet dwea foär de minsken, om fan jarm sjoen to woärden. Oars hebbe jimme nin lean bi jimme fear, dert yn 'e Himelen is. 2. Astû den jolmissen dweist, so lit naet foär di trompetsje, liken as de gefeinsde yn 'e skoellen in op 'e strieten dwaen, op dat se fan 'e minsken earde woärde meije. Foarsiker siz ik jimme, ja hebbe jarre lean wei. 3. Mar astû jolmissen dweist, so lit dyn loafter hând naet wute het dyn foärre hând dweit. 4. Op dat jimme jolmissen yn 't forboärgen binne, in jimme fear, di yn 't forboärgen sjuocht, di sol 't yn 't openbaer forjolde. 5. In wannear dastû bidst, so soltû naet wèze liken as de gefeinsde: want jin bidde leauwst yn 'e skoellen, in op 'e hoeken fan 'e strieten steande, op dat se bi de minsken útblynke meije. Foärsiker siz ik jimme, dat ja jarre lean wei hebbe. 6. Mar dû, astû bitst, gang yn dyn binnenkeamer, in astû di doar sluten hest, bid den dyn Fear, di yn 't forboärgen is, in dyn Fear, di yn 't Forboärgen sjuocht, sol 't di yn openbaer forjolde. 7. In as jimme bidde, so brûk nin îdele teale fan woärden, liken as de hei'nen, want ja mienen, dat ja troch jarre fule woärden forhearden woarde solle. 8. Woärd jarm den naet lyk, want jimme Fear di wút het je fan dwaen hebbe, foär dat jimme Him bidde. 9. Bidde jimme den so: Ues Fear di 't Ji yn 'e himelen binne, jys neame woärde heilige; 10. Jys keuningryk komme, Jys wille geskiede, liken as yn 'e himel, ek op ierde. 11. Ues dagelyks brea jouw ús joe. 12. In forjae ús ús skjolden, liken as wy forjae ús skjoldners. 13. In bring ús naet yn forsîking; mar bifrye ús foär de kwea! Want jys is it keuningryk, in de krêft, in de hearlykheid yn iewichheid. Amen! 14. Want as jimme oan 'e minsken jarre misslaggen forjae, so sol jimme himelske Fear jimme ek forjaen. 15. Mar as jimme oan 'e minsken jarre misslaggen naet forjae, so sol jimme Fear jimme jimme misslaggen ek naet forjaen. 16. In as jimme fêstje, meaitsje den nin drôewige troanje, liken as de gefeinsde, want ja mismeaitsje jarre troanjen, opdat se bi de minsken útblynke meije as se fêstje. Foärsiker siz ik jimme, dat ja jarre lean wei hebbe. 17. Mar astû fêstest, salvje dyn hae', in grobbelje dyn aensicht. | |
[pagina 223]
| |
18. Opdatstû naet útblynkst bi de minsken, astû fêstest, mar bi dyn Fear, di yn 't forboärgen is; in dyn Fear, di yn 't forboärgen sjuocht, sol 't yn 't openbaer forjolde. 19. Forgearje jimme nin skatten op 'e ierde, dêr se de mot in de rost fordurft, in de tsjeauwen tröchgrêve in stelle. 20. Mar forgearje jimme skatten yn 'e himel, dêr se de mot in de rost naet fortortGa naar voetnoot(1), in dêr de tsjeauwen naet trochgrêve in stelle. 21. Want woär dat jimme skat is, dêr sol jimme hart ek wêze. 22. De korse fan 't lichem is het each. As den dyn eachienfaldich is, den sol dyn heel lichem forljuochten wêze. 23. Mar as dyn each kwea is, den sol dyn heel lichem tsjûster wêze. As den 't ljuocht, dat yn di is, tsjûsternisse is, ho great sol de tsjûsternisse solm wêze? 24. Nimmen kun twa hearen tsjinje, of hi sol d' iene haetsje in de oare leauw hebbe, of hy sol d' iene oanhanje in de oare forachte. Jimme kunne God in de Mammon naet tsjinje. 25. Dêrom siz ik jimme, wês naet bisoärgen foär jimme libben, het jimme ite of drynke solle, in naet foär jimme lichem, het jimme oantsjean solle. Is het libben naet mear as 'et iten, in het lichem as de kleaijing? 26. Oansjae de fûgelen des himels, dat se naet siëdje, noch meije, in naet ynsammelje yn jarre skûrren. In jimme himelske Fear fiedt jarm jitte. In gae jimme jarm naet fier to boppe? 27. Wa fan jimme kun, mei bikommeren to wêzen, ien jolne toa syn graette toadwaen? 28. In het binne jimme bikommeren foär de kleaijinge? Bikykje de leeljen des fjolds, ho 't se waechse. Ja wurkje naet, in ja sponne naet. 29. In ik siz jimme, dat Salomon ek yn al syn heardlykheit naet bikleaid wêzen is liken as ien fan disse. 30. Dêr den God het gors des fjolds, dat joe stiet in moarn yn d' ogen smiten woärdt, also bikleait, sol hi jimme naet fule mear kleaije, jimme lytjgelovige? 31. Dêrom wêze naet bekommeren, sizzende, het solle wy ite, het solle wy drynke of woär mei solle wy ús kleaije? 32. Want al dis dyngen siitsje de hei'nen. Want jimme himelske Fear wút, dat jimme al dis dyngen fan dwaen hebbe. 33. Mar siitsje earst it keuningrike Gods, in syn gerjeuchtichheit; in al dis dyngen solle jimme toawiijd woärde. 34. Wês naet bikommeren tsjen moarn; want moarn sol foär him solm sorgje. Elke dei het genoog oan syn ein kwea. |
|