Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold– AuteursrechtvrijDe reis nei de jichtmasters.‘It minskelibben is net altiten rys mei rezinen; it is ek wol ris grôt mei krôdeGa naar voetnoot(2),’ sei Gabe oan Saskemoi, do er in danigen pine hie oan in honnemiezelGa naar voetnoot(3), in kwael dêr de skroärrenGa naar voetnoot(4) folle mei oanhelle binne. Dit het syn heit Pîbe ek al e'ris onderfoun, as er throch folle ierGa naar voetnoot(5) opstean en let nei bêd gean, throch folle heljen en skûrren jichtich wirden wier en sa krebintichGa naar voetnoot(6) as in krôddeGa naar voetnoot(7). Fen it bêd krôep er nei de hird, en fen 'e hird nei de bêdsiggenGa naar voetnoot(8). It spinnen fen Saskemoi wier him ta lêst; it keakeljen fen 'e hinnen, it kraeijen fen 'e hoännen, it tsjernjen fen 'e âlde blineGa naar voetnoot(9) en 't sjongen fen Gabe wier him ta lêst. Mar as de bûrljousGa naar voetnoot(10) bern mei hjar hippertsGa naar voetnoot(11) foär 'e glêzen kamen to tôetsjenGa naar voetnoot(12), sprong er neiby út syn fel, sa noärtichGa naar voetnoot(13) waerd er. En omdat er fen pine opfleach en nacht noch dei linsGa naar voetnoot(14) hie, wier er ek meager en thoärGa naar voetnoot(15) as in latte. Saskemoi, goemoarGa naar voetnoot(16), bigoan al gau mei hjar Pîbom to dokterjen. Hja helle ien âld skinkebonkeGa naar voetnoot(17), dy fiif jier yn in pûdke op 'e hoännebalken lein hie; bûke him mei in heal âldfries opp 'e drompel to knetter en joech Pîbe fen it mirch, om er him mei to smarren. Mar hwet de man | |
[pagina 105]
| |
smarde, it holp net in beanGa naar voetnoot(1). Gabe thochte ek dat it better wier, om 't ris mei honnesmoar, kattesmoar oaf hazzesmoar to bisiikjen: in baerchGa naar voetnoot(2) hie er noait net folle redde sprongen fen sjoen. Pîbe bigoan to kroanjenGa naar voetnoot(3), dêrnei lûd to brommen en einlik to kibjenGa naar voetnoot(4): ‘Dou biisGa naar voetnoot(5)!’ sei er, ‘dou joust' nearne neiGa naar voetnoot(6); rounomGa naar voetnoot(7) hest' de gik mei; throch yl en swaerdGa naar voetnoot(8) giesthou. Mar it scil yet op dyn kop del komme!’ Gabe sei: ‘Ik haw de gik net mei ús mem, mar mei hjar ienfâldige rieGa naar voetnoot(9). Om jou mat ik wol erris krite, heit. Mar, heit, gean nei master Freark: dy scil jou better helpje as al dat bargemirch.’ Pibomme, dy hwette goärrich fen skik wier, threauGa naar voetnoot(10) him brimstich dizze wirden ta: ‘Hwet eamelste wer fen dat brebiërkeGa naar voetnoot(11), Freark! Het er my forline simmer nin grouweGa naar voetnoot(12) thritich goune nomd, do er my fen 'e galkoarts holpen het? En hwet haw ik er for hawn, heite? In mannich sûre húshimmelersdrankjes.’ Gabe sei: ‘Scoene jou him wol wer ha wolle for dat jild? Ik wyt it wol, it het jou hirder oan 'e fiter litsenGa naar voetnoot(13) as Jan Smid, dy 't wetter nei de piskiker stjûrde; mar dy wier yn in wike dea, en den hâldt it biteljen op, dat yet al gelökkich is for folle ljouwe: want wier it oars, de jildwolven lieten hjar nin rêst yn 't grêf, mar wrotten er hjar wer út as de wylde wolven alear.’ Dêrmei kaem pastoarskeGa naar voetnoot(14), dat nei 't forstân dat se hie, yet al in fornimstich wiif wier, mei in rie by Pîbe. Hja hie den 'ris lêzen, dat de fleärbeam in wonderbeam wier, binammen dy op biëntsjekouwenGa naar voetnoot(15) woechsen. As me dêr de bast ôfskylde nei boppen ta en me sea dy, dêr koe me fen switte en koärjeGa naar voetnoot(16): en skylde me him nei onderen ta, den mekke it onderút romte. It dûrre net lang as skoälmasters jonges tôgen al gau in heal fleärbeam fen 'e biëntsjekou by Pîbom oer 'e flier: dy waerd ôfroepele nei boppen ta. Mar Pîbom hie net lang fen dat middel ynnomd, as hy winske pastoarske mei hjar fleärbeam op 'e biëntsjekou; switte, koärje en al hwet onhuerGa naar voetnoot(17) wier, die de man. It wier oars noch oars, sei er, as der him in libben rôtGa naar voetnoot(18) fen onderen nei boppen en fen boppen nei onderen throch 'e thermen roan. Dêr siet Pîbom nou mei de pôtGa naar voetnoot(19) twiske de knibbelsGa naar voetnoot(20) en de holle twiske de hannen. Saskemoi stoe efter him mei de triënnen yn 'e eagen en in pantsjeGa naar voetnoot(21)-fol wetter yn 'e hân. Gabe, dy dat hele wirk net noáskeGa naar voetnoot(22), siet stil yn 'e oare hoeke to skroärjenGa naar voetnoot(23), mei de poänneGa naar voetnoot(24) op en de kreupel skonkGa naar voetnoot(25) onder de oare throchslein, en bearde dat er neat seach. Mar einlinge waerd it him eak to mâl. Hy sloech de hölle oereinGa naar voetnoot(26) en sei: ‘Jou sprekke slimme wirden, heit! Dat geplaster en gekwaksalver mei âldewiifsmiddels scil ophâlde. Ik helje master Freark.’ Dizze master Freark wier in kindich lânbrebierGa naar voetnoot(27) en hwet | |
[pagina 106]
| |
yette mear wirdich is as folle to witten, it wier in bjuster foärsichtich man. Dêrom kaem er ek net fier yn 'e wrâld. De measte ljouwe thinke, dat se fen îzer en stiel binne en wolle ljeäoer mei hynstemiddelsGa naar voetnoot(1) genêzen wirde, as troch 'e seafte natûr. Do Gabe werom kaem, wier Pîbe dochs yet al bliid dat master komme scoe. ‘Ik bin oars eang fen dy masters-dranken,’ sei er, ‘mar sa ken 't net mear.’ Gabe sei: ‘Hwet wy matte, kenne wy ek; mar as 't slim is, matte de hynzers dochs net eärslingGa naar voetnoot(2) foär 'e wein slein wirde.’ Dêrmei kaem master ek al: ien gled stoel út de pronkkeamer stie al klear; ien great kekynjeGa naar voetnoot(3) lei al fär him yn 't pantsje en de piip lei ré. Do er Pîbomme ien en oar frege hie, sei er: ‘Ja, Pijbe! hier zal het recept te pas komen, waarvan de vrome Job eertijds zoo veel dienst gehad heeft in zijne rampspoeden; en dat recept is: geduld.’ De mûlripe Gabe sei hjir op: ‘Joegen jimme allegeärre sokke goede rie oan 'e minsken, folle scoen' er wêze, dy hjar jild biwarren, en dy, as de reapGa naar voetnoot(4) draeid wier, krekt sa fier wêze scoene, as do hja ophouden fen masterjen. Ja,’ sei er, ‘ik siz if yette ris, brûkten folle ljouwe dit middel, hja waerden sonder swolgjen en biteljen soun as fisken.’ Pîbe, dy licht thochte dat sök sizzen master net noäske, groude Gabe mei in pynlike troänje ta: ‘Hâld de bek, er út, ju!’ De rimpene jonge, dy sök in noärtsk biskie fen syn fromme heit net wend wier, gong forslein de doar út, en kriet him út op de bûthúsbalkenGa naar voetnoot(5). Mar Saskemoi, âld sloaf, sloech dochs biarGa naar voetnoot(6) en bermhertichheit wer om 't hert en socht him wer út syn skûlhoale wei. Hja koe hjar Gaebke net kriten sjeän. Master Freark teach nou mei Pîbe to wirk, en mei folle pilkjen, drankjen en smarkjen en yette mear throch seaft iten en hirde bêdden, kaem er sa fier mei de man, dat er op in gripestôkGa naar voetnoot(7) nei de skûrrereed skoärjeGa naar voetnoot(8) koe om de bargen to bisjeän. Mar it fleach Pîbe net hirder nôchGa naar voetnoot(9), en hy woe it ris heager bisiikje, sei er tsjin Freark. Hy teach mei 't skip nei in Freäntsjerter profester, dat in kindige skevelGa naar voetnoot(10) wier: mar dy hear hie noait, ljeau ik, by in boer yn hûs wêst. Dy rette him iten oan, dat Pîbe noait net neamen heärd hie, en klean, dy him to djûr wierne. Hy joech neat mei as in lyts doäske pillen. Pibe kaem wakker ongetreast wer yn hûs. ‘Memke,’ suchte er tsjin Saskemoi, ‘hwet het dy man my raer iten opjown: seachmoalsopGa naar voetnoot(11), lapen fen öxen, rys mei poddenGa naar voetnoot(12) er yn, en hwet ik sels wettere moäst ik sels drinke, mei hwet rea' wyn er yn. It scoe licht to fortarren wêze en dêr scoe 'k fen dije.’ Gabe sei: ‘Je moästen him ris frege hawwe, as er it fen dat iten hie, dat him syn tsjokke bûk fen de iene beam nei de oare slingere, as er neimiddeis op it bolwirk trape?’ Pîbe sei: ‘Ja, heite, en flewiel moäst ik onder it himd drage.’ Hindrik, ús moälkers soan, dat in heal stedman wier, joech er dizze forkleärring oan: sagosoep, osselapjes, rijstpodding, seltzerwater en flanel. It is net swier to rieden, dat de pro- | |
[pagina 107]
| |
fester syn biar mei ien rep fortape hieGa naar voetnoot(1). Sok iten koe Saskemoi net koaitse en Pîbe thocht ek, dat syn foärâlders mei grôt en biar âld wirden wierne: dêrom thocht er, dat hy it yette ris heger bisiikje scoe mei de boalGa naar voetnoot(2) to Ljouwert, dêr Gabe ris om lake. Do er by master Dirk kaem moäst er him ontklaeye, en do er him ris thige bithomke en útritsen hie, sei er, dat Pîbe de skammelGa naar voetnoot(3) fordraeid hie. Dêrom woun er him yn in lang wynsel en joech him in poätsje mei griene boalsalve mei. Mar Pîbe dy bleau sa stiif as in kakstoel. Nei dy tiid kaem er yet thryeris by master Dirk, en do wier er ek in spalling mei oer 'e mûrre, dat him danich bigrutte. Do master Dirks rie op wier, wier Pîbes rie ek wei: hy teach fen 'e iene kwaksalver nei de oare, dy allegeärre mear fen hjar eigene pong hâlden as fen Pîbomme, en hja brochten him sa nei oan 'e dobbe-ichGa naar voetnoot(4), dat it nin stroffeljen lije kend hie as Pîbe hie er yn rekke. It wier op ien reinigeGa naar voetnoot(5) joun, dat Pîbe by thrije rykstealenGa naar voetnoot(6) siet to kroanjen, Saskemoi nêst him mei ien rea doekjen oer 'e eagen; de jonges wierne út 'e hûs; de faem siet to hoässtopjen en knikkebôlle dat de stôel kreake. Dêr kaem Gabe wer mei master Freark oanstoaijen. Master Freark. Goeden avond, Pijbe! Hoe gaat het, vriend? Pîbe. Mei twa foëtten yn ien hoas. Master Freark. Dat zie ik tot mijn leedwezen. Maar ziet gij nu wel, dat gij Jobs geduld noodig hebt? Pîbe. Praet dêr net to rimpen oer; hie ik Jobs gedild en frommichheid, den krige ik ek help. Master Freark. Nu, Pijbe, ik heb er geen lust toe om meer proeven met u te doen, maar één goeden raad wil ik u geven. Loop niet te veel naar allerhande kwakzalvers; want dan is ww leven kort. Ik weet raad; ik heb een goed vriend wonen te Groningen; ik bedoel mijn ouden leermeester, doctor Pfifieus, een bejaard man van veel ondervinding. Reis daar eens heen. Die zal u ongetwijfeld helpen, zoo iemand u helpen kan. Volg mijn' raad. Ik meen het goed met u. Saskemoi seach wol, dat Freark hwette brösserGa naar voetnoot(7) wirden wier en sochte him al oer to heljen mei thige swiete kofje mei kôeke en thrjouweltsjiisGa naar voetnoot(8). Mar Freark bleau er by, gedild moäst er ha: en dy him genêze scoe, moäst er ljeauwe, dat him genêze koe. En licht stjûrde er him wol oarwei, omdat er rekkene, dat hy er syn krûd op forsketten hie, en dat dy greate wolfangers er nou ek net swiet fen ite scoene. Gabe thocht ek dat it net tsjoedGa naar voetnoot(9) wier, 'eris nei ien âld dokter to gean. ‘Me ken fen in rierGa naar voetnoot(10) sa folle net bijerje as fen in âld kou,’ sei er. ‘Ik leau oars, dat Freark net fiërder komme ken; hy het de pongGa naar voetnoot(11) om 'e hals lyk as de threddekealsGa naar voetnoot(12) kij.’ - Master Freark, dat in grien stedman wier, forstie it net, dat Gabe him priisge en gong er brimstich en noärtich op ou. | |
[pagina 108]
| |
Mar nei 't se it ris in wike mei eltsjoar bikôgeGa naar voetnoot(1) hiene en Pîbe yette ris hwet sterker wirden wier, folgen hja syn rie dochs; it wier nou dochs in kwea jier en Pîbe koe de reis dwaen. De blaukesGa naar voetnoot(2) waerden ynspand, en Rommert tôge Pîbomme nei de wein en sa krôep er by de thixel op. Saskemoi gong mei in bidrukte troänje nêst Pîbomme sitten: Gabe scoe menne en 't wird dwaen by dokter Pfificus te GrinsGa naar voetnoot(3). It wier al let yn 'e hjerst: de beanheärreGa naar voetnoot(4) waeide en de dyk wier as klaphout sa hird. Gabe wier oars nin hynstetyskerGa naar voetnoot(5): hynzers neamde er folle rikeljous ongedierte. Hy liet de blaukes 'ris thige lös. Saskemoi waerd al eang en frege him, ho dat it sa mâl gong? - ‘Us Rommert het de wein to folle smard,’ wier it andert. Dat sei er om it minske to treastsjen; hy wier oars mar heal baes mear. De reed gyng oer Boalswert: hjir moäst Saskemoi it jeárnGa naar voetnoot(6) nei de wever bringe. Dizze wever, dat in longerige pôep wier, tilde de stîve Pîbe, yn thrije jassen biteard, út de wein, as it ien bosk swevelprikken wier, en sette him yn in pakestôelGa naar voetnoot(7) del. Hjir waerden hja ris thige trakteärre, en it dûrre net lang, as Gabe bigong al gau mei Toon; sa hjitte de pôep. Gabe. Wist' ek rie foär de jichte, Toon? Toon. Jau, manneke! wat scha 't hum da von siggen? Dat zin saucrementsche plaugen. Man 'k wil im in raut geven, dy veul lu pei ons in Detmold de vliegende gicht afkoerirt hat. Gabe. Kom, Toon! siz op dyn rie. It mat nou dochs út de fiërte komme. Toon. Noe, manneke! géwet dan acht, man sigge 't nit gelyk an Piet ond Klaus wider over; 't hat mich sulf in harden Prusschen daalder kost. Gabe. Domme ljous praet! Hwet jout dy dat, as ien oar it wit as net? Lykwol ast' er op set biste, scil ik 't wol swije, as ús heit mar wer holpen wier. En den mocht' ik ek wol lije, daste yet helte wîzer wierste. Ik leau daste in goed dokters-hûd heste, mar de hölle scil dy wol to lyts wêze. Dêrom, hâld dy by de skeärring en ynslach. Toon. Doe pist ein spitspoev, doe hondsvottige hinkende schneidersgesel! Man 'k wil 't dir sagen, om dyn vaar uut den miserabelen gicht to helfen. Gabe (binnens mûle). Of yn in onseaft útein! - Lês op, Man! ik scil de earen opstekke as in hazze. Toon. So sel er hingaun ond wikkelen im gansch ond gaar in suver flaachs, ond wan er dan so inne lygt as in jufferken inne rosen, so schol er in schafenfel over im liegen, ond nemen dan in drei leffelvol fischtrane, in half vandelken genever ond twei leffelvol semf. Gabe. Hwet is semf? Toon. Moster! Gabe. Fij, man! Flaex, traen en jenever, dat roaideGa naar voetnoot(8) yette; mar dêr moster by! Dat wirdt raer iten. Oan 't flaex ken me beärre daste in wever, | |
[pagina 109]
| |
en oan 'e traen en jenever daste in pôep biste; mar dy moster, dêr wit ik nin rie mei. Hark, heite! As ús heit it lêste yn 't rib hie, en alle wîze-ljous rie dien hie, den scoe 'k sizze, it komt in dea baerch op in stekGa naar voetnoot(1) net oan, mar nou, siz ik, scil hy it net ha, as ik scil nin Gabe hjitte. Saske. Foi, jonge! Dou mast' de mûle hwette ynriuwe. Toon mient it goe; de man scil ús net fen 'e wâl yn 'e sleat helpe. En de man den yette for ien pôep út to rachen, dat is to bot. Gabe. Né, mem; Toon ken my wol. Forline Boälswerter merke haw ik en Janke, Hoätse en Wobbel yette by him op ien sûpkeGa naar voetnoot(2) wêst. De MendeisGa naar voetnoot(3) yn 'e iere moärntiid, do hawwe wy him noch ien fen syn Dútske margenGa naar voetnoot(4) út de skoärstiën kaept, mar dy brieken ús lilts op. Do wy se in hjelûreGa naar voetnoot(5) yn 't liif hawn hiene, wier it patsjenGa naar voetnoot(6) dien: de fammen mochten ús net sykjenGa naar voetnoot(7) heärre, sa stonken wy fen 'e knyflok. En dat er in pôep is, ken me wol oan syn skeane tongslach heärre. Dat mat er him ek net skamje; mar as er better weve ken as in Fries, den mat er it him ta in eare rekkenje. En al koe er dat net, dan moäst' er it yette: want dy net fen it lân hâldt, dêr er widzeGa naar voetnoot(8) is, dy binne de beänneGa naar voetnoot(9) út it wetter to goe. Saske. Fij! en den de man syn woärsten yette to kaepjen, en dêr den tonei in great wird fen to hâlden, Gabe! Gabe! Gabe. Hea, mem, as er jou twa reafGa naar voetnoot(10) flaex minder oan doek werbrocht as er fen jou omtfinzen hie, den wier de hele stjonkene woärst al bitelle. Saske. Heär er mar net mear nei, Toon: hy het de gik er mei. Dêr ha jou fiif inkelgounen weeflean, yette tweintich poun toppen en in flêsfolGa naar voetnoot(11) reämme for 'e kofje. Toon. Noe, goete frau, Gott befohlen! Dank veur 't wark ond 'e munte. 'k Schal 't ou bal suverkens afweven, ond de rahm dar kan Liesken de kartoffelen in opsnorken. Ond doe, spotvogelken! dick scha 'k nog 'n söpken geven. Gabe. Ja, Toon; mar nin great sûpke; de blaukes binne my oars rom folhandiger nôch. Wy koene oars wol yn'e blaumodderGa naar voetnoot(12) by de doerenGa naar voetnoot(13) en pompebledden to lânne komme yn pleats fen by dokter Pfificus to Grins. As ik hjir Boälswerter merke werkom mei ús âlde Noärger rún, taepje op den; den komt it my op in dripke nidlesmoarGa naar voetnoot(14) net oan, al woeste er den ek moster by dwaen. Toon. Noe, manneke! moster oder nicht moster, 't is 'n goede-frunde rath, ond wen dyn vaar em nur einmaal probierte, so broekt' er nau keen dokter meer to laupen. Ond dit wil ik dir nogmaal sagen, pei ons in Detmold had 's recht viel luit kesonnd gemacht. Fridrich. Hat aber auch recht viel leute zum teufel jeholfen. | |
[pagina 110]
| |
Toon. Halt smaul, Fridrich! Fridrich. Der wirt da im Rothem Hahn, meister! is dran crepirt. Toon. Halt smaul, sag ich dir, schlingel! Fridrich. Weissen sie nicht? der kerl der sein weib jeder Sonabend so ungeheuher durchpriegelte. Toon. Halt schmaul, hontsfot, sags 'ch dir, oder! Fridrich. Gnädiger diener, meister! Gabe. Nou bigint de poep to stjonken. Mar, Toon, wy matt' er út en til ús heit ris út de stôel nei de wein; dy is dêr mei al dat eameljen al yn de swiete rêst fallen. Dy goede man, wier er mar better, den hie ik ek wer wille. Do se wer op 'e wein sieten kroande Pîbe en riboskeGa naar voetnoot(1), en hjitte Gabe net hird to riden op 'e balstiënnenGa naar voetnoot(2). Saskemoi biskrobbeGa naar voetnoot(3) him, dat er Toon jimmerwei de fôet dwêrs sette. - Gabe sei: ‘Ja, tsjinaxeljeGa naar voetnoot(4) mei ik graech ris. 't Is in gelök dat domme ljouwe sa goed binne; oars hie ik oan de oare side ek krepel wêst.’ Hwet hja fiërder nei de wâlden ta kamen, hwet it foltsen tsjinstfirdiger en better waerd. Nuver seach Saske op, as de höspessen foärt de blaukes útsloegen en yn de stâl laetten, hwêr hja den warem drinken en hjouw're en gêrs krigen by 't bealchfolGa naar voetnoot(5) en as se for in mannich stûrkesGa naar voetnoot(6) iten en drinken nôch krigen for hjar thrijen. ‘Nin wonder,’ sei Gabe. ‘'t Jild is hjir djûr, mem; en it is mei de minsken net as mei de kij, hwet tetter, hwet better. Do Heärke jonges de iërdapels sa djûr forkoften, wier er nin dwaen mei to hawwen; oeral hongen s' it baitsjeGa naar voetnoot(7) op; oeral roanen s' er yn as de bölle yn 'e reakGa naar voetnoot(8); hwet hjar yn 'e wei stoe, waerd net út 'e wei set, mar út 'e wei slingere. Keatsen wier nin wirk for sökke ljouwe: ien biljard moäst er komme om de höspes ryk en hjar sels earm to meitsen. De Franske kelderrottenGa naar voetnoot(9) laken er om, as dêr hannen as slaeijenGa naar voetnoot(10) op dy griene tafel kamen mei kromme knoärrige iërdapeldoldersfingers dêr oan; mar hja binne yet net oan'e reap slein.’ Pîbe. Fij, jonge! ho sûr it laeitsen my ek falt, ik mat wol, sa raer komst' er wer mei oan. Gabe. Jou laitse, heit? Dat haw 'k yn nin tsjien wiken sjoen. Kom, dat wier goe. Laeitsen is soun wirk. Och, man, ik woe wol, dat ik myn heal âld skonk miste en jou twa soune werom hiene; den wierne wy beide klear. Skroärje ken me sachts, as me mar goede fingers en gleaune eagen yn 'e holle het. Mar ploeijen en eidsjen dêr heärre eärmen en skonken ta. Pîbe. Ja, boi, dou mienst' it bêst; dat wit ik wol; mar me mat de mûle wol 'ris hwet ynriuwe. De wiërheid is ien spôek; folle ljouwe skouderjeGa naar voetnoot(11) him, omdat er in bysjagerGa naar voetnoot(12) for hjar eigen rêst is, lyk as greate Gerben fen Jöbbegea wol ris sei. | |
[pagina 111]
| |
It wier lette joun do de ljouwe to Grins kamen; dêrom koene hja foärt net by dokter Pfificus klear komme. Pìbeman wier wakkere wirch en dêrom gong dy mei Saskemoi ek al gau nei bêd. Mar Gabe, dat ien plakkersbaes wier, kofte yette hwet klúnbiar en snapte mei de oare ljouwe, dy dêr yn 'e SlingerijGa naar voetnoot(1) wierne, oer alle dingen. Onder dy minsken wier in man, dy him yn 'e merke in gouden haloasje fen ien smous út de bùse troggelje litten hie. Dizze man klagge eärmlik, ho se him nou by de noas hawn hiene. ‘De skande wol ik net ien-d-ris rekkenje,’ sei de man; ‘want al hie immen saun jier by de profesters roan en mear boeken lêzen as er hiërren op 'e hölle hie, en as hie er dêrby yette twa bröllen op 'e noas, it holp him net. gayom-en-hjarGa naar voetnoot(2) steane for gin bröllen; hja geane er alle dagen sels mei om. Mar hwet yet brikerGa naar voetnoot(3) is, de skea komt hjir by de skea. Ik hie 't oan de prokkereur oanjown, do 'k bistellen waerd; dêr, thochte my, koe nin kwea fen komme: mar nou 't se miene, dat se de biis by 't baitsje hawwe, nou wird ik hjir alle BlaumendeisGa naar voetnoot(4) opomtbean om to biwiisgjen, as hy it is as net, howol ik net ien fear fen 'e smous sjoen haw. Nou ken ik er yet it jild by forreisgje. Fij, hwet ien lêst!’ - ‘Ja,’ sei Gabe, ‘it giet jou as ús oärremem; dy woe forline wike mei de lantearne ien kroäntsje wer siikje, dat se by dei forlern hie: it minske is yn hjar bernskensGa naar voetnoot(5).’ Mei dizze lange noas koe de man. nei bêd gean, lyk as Gabe ek die. De oare moärns rieden hja al ier nei dokter Pfificus ta, dy op it oar ein fen 'e stêd wenne. De feint fen 'e höspes ried mei en dy tilde Pîbe út de wein. Nei 't hja in lyts kertier riden hiene, stien' se foär in great hûs stil, dêr wol tweintich lamme ljouwe, dy dêr foär 'e doar stoenen, ek al help sochten. De feint lôek oen in earen knop, dy nêst de doar yn 'e mûrre siet en do waerd er skille. Dokters feint. Wat blijf? Hospes feint. Hier heb ik luden oet Frijsland, dij dokter spreken wollen. Dokters feint. O, freunden! komt in de zydkôamer! Hwet wier dat dêr ien pronkkeamer! It wier as hja op side trapene. Oan 'e mûrre hyngen printen sa moai, dat me yen net sêd sjeän koe. ‘'t Is onnoflik; me doar hjir net sitten gean,’ sei Gabe; ‘hie 'k hjir mar in wâldstôelGa naar voetnoot(6)!’ Mar de âlde Pîbe foel sêft del yn in greate flewielene briëdstoelGa naar voetnoot(7). Do er dêr sa sêft ynfoel, sei er tsjin Saske: ‘Ik leau dat it al mei my bigint to betterjen.’ Gabe sei dêr op: ‘It giet jou bynei as my. Do ik foär jierren sa hwet gammelGa naar voetnoot(8) wier, scoe ús Rommert my hwet pillen helje fen master Freark. Eär dat Rommert heal werom wier, siet ik al oer 'e gröppeGa naar voetnoot(9). As jou sa fêst oan Freark leaud hiene as ik, jou wierne al better wêst.’ Pîbe. Hâld op! dêr komt de dokter oan. Dêr kaem dokter Pfificus oan, in lang man mei in kattestirt yn 'e nekke | |
[pagina 112]
| |
en poyer in 't hier. Bisiden fen 'e holle hyng him lang toppich hier ta de hôed út, as 't in strike flaex wier. Ien great thrijekantich hôed siet him djip yn 'e eagen. Oan 'e lytse kromme noas lei de lytse finger fen 'e lofter hân en yn de rjuchter hân hie hy in fine rotting mei in sulveren keätting, wol in heäljelneGa naar voetnoot(1) lang. Mei 't er foär 'e doar kaem, namen al dy earme ljouwe de hôed ôf, en do er even mei de stôk foärút swong, spatte dat hele soadtsje út eltsjoar. Gabe. Is 't net krekt as ús Rommert de keällen boärntGa naar voetnoot(2) en er de böllepyst ris throchhellet, as de iene de oare fen de trôch kringt? Pîbe. St! dêr komt er yn. (De dokter komt yn, set syn stôk tsjin de mûrre oan en giet foär Pîbe sitten mei in goudên snufdoaze yn 'e hân.) Docter. Goeden morgen, vrienden! Goeden morgen! Wel zoo, gij komt er al vroeg met de wagen op los. Gelukkig dat de wegen nog zoo goed zijn in de her fst. Waar komen de vrienden van daan? Gabe. Ut Fryslân, dokter! djip út Fryslân. Dokter. Wel zoo, vrienden! ik wist niet, dat ik zoo veel roem ook buiten de provineie had. Maar, laat hooren wat gij mij te zeggen hebt. Spreekt duidelijk en kort! Gabe. It ding sprekt fen sels, as 't in mûle hie: ús heit ken gean noch stean fen 'e jicht: dêr wirdt rie for frege. (Dokter leit de finger fen 'e rjuchterhân op 'e noas en freget him fen alles. Einling röpt er Gabe bûten de keamersdoar en seit:) Dokter. Hoor eens, jongetje! drinkt uw vader ook te veel rooden wijn? Gabe. Och né, dokter! Forline jier het ús heit to Makkum-op-sé de earste kear fen syn libben ien flêssefol opdronken, en as dat it him dien hie, den hie ús bysitterGa naar voetnoot(3) al lang dea wêst; dy ken alle dagen wol in heal ammerfol op. Freegje jy my as er wol ris oars to folle dronken hie, forline jier yn 'e myldeGa naar voetnoot(4) dagen wier it soms mar it iene hânfetfolGa naar voetnoot(5) waei efter it oare; putskje wei mar! Dokter. En uw grootvader aan vaders kant, vriendje, was die ook niet wel eens jichtig? Wat deed die? Gabe. Us oärreheitGa naar voetnoot(6) dat wier in köfskipper: dy het my wol forhelle, dat er soms wol fjouwer roune wiken throchwiet wêst hie. Dokter. Alla, daar zit de kneep! Gabe. Net ret, dokter! Op syn njoggentichste jier stoar er sa linich as in lape. Dokter. Maar uw overgrootvader, maatje? Gabe. Myn oeroärreheit wier in Amelander fiskerman, dy mar ienris yn syn libben field het dat er in mage hie, do er op in Holwerter merke in pankoek opiet fen oardeheal-sniesGa naar voetnoot(7) aeyen en ien poun spek. Mar jou siikje it to fier, dokter. Us heit het fen syn âlders neat meikrige as soun blôed en in korpus, dêr de holle rjucht op stiet; en dêrmei het hy it, God | |
[pagina 113]
| |
thank, sa fier brocht, dat er him sels en ús allegeärre bidrippe ken. Dêr sit de krupsjeGa naar voetnoot(1) net, dokter. Mar ús heit wol it goede to folle dwaen; hy het him forskreptGa naar voetnoot(2), to folle wirk dien, en gin rêst hawn. (Hja geane wer yn 'e keamer.) Nu, wij zullen kort zijn: ik zal uw vader een middeltje voorschrijven, waarvan ik in vele gevallen zeer veel dienst gehad heb. (Dokter Pfificus hellet in moai rea boekje út 'e bûse en krigget út de oare bûse in sulveren ding dêr pin en inket yn is, leit de finger op 'e noas, knypt de eagen thicht, brimt erris en skrjuwt it middelke op.) Dokter. Ziet daar, vrienden! gaat hiermede naar den apothecar. Het gebruik staat er op. Maar nu, wat wwen leefregel aanbetreft, heb ik u de volgende lessen te geven. Eet geene te sterk aangezette spijzen; houd u bij de eenvoudige kost; geniet de vrije buitenlucht zooveel mogelijk is; gaat vroeg naar bed en dekt u niet te sterk. Eindelijk overwint het geduld alles. Gabe. Dit docht de doar thicht, dokter! As ús heit hjir oan leauwe wol, den is jins preek de reis en it jild wol wirdich. Master Freark het ús dy rie ek al jown, mar dy wennet to thichte by om him folle to leauwen. Dêrom leauwe folle minsken de jenever-oalje-kopenGa naar voetnoot(3) sa; hwant dy komme út Hongerijen, sizze hja. Ik scoe oars sizze, dat hja better oan 'e seineGa naar voetnoot(4) foegene as oan 'e fîzelGa naar voetnoot(5). En hwa wit, ho folle om hjar great geloaf oan it frjemde nei it greate mienskarGa naar voetnoot(6) reisgje! Mar hwet scil me sizze, dokter? It mat mâl wêze, oars wolle folle minsken it net leauwe: en dat folk het mâle klean oan en hja sjeane as nytlige bollen; hja rûke sa frjemd en hja prate sa krom, dat sokke minsken matte wol rie wite for frjemde qualen. Mar hwet miskeärret ús heit nou, dokter? Dokter. Die laboreert aan 't Rhumatismus Chronicus, vriend. Gabe. Is dat Hebreausk, dokter? Dêr pielde de âld domeny ek wol mei, as er yn 'e knipe siet. Dokter. Neen, babbelaar; dat is Latijn. Ik heb den tijd niet, om met u hier te reutelen. Ziet gij daar die arme ellendelingen niet, die op mij wachten? Gabe. Yet in wird, dokter! Dat Letyn, dat je dêr neamden, wier dat nou de jichte? Dokter. Hoor eens, maatje! Rhumatismus Chronicus en jicht zijn een zusje met een broertje. De naaste oorzaak van deze kwalen mag de duivel weten. Maar geduld is er bij noodig. Adieu, kreupel maatje! al genoeg gebabbeld. Gabe. Dêr ha jou in goune, dokter. Ik thankje jou for jins wiere rie. As ik yette riker wird, as ik nou bin, scill' jou myn dokter wêze. Nou, gesontheit en wolwêzen. Dokter. Adieu. Pîbe siet al wer mei Saskemoi op 'e wein mei de feint fen 'e kastelein en Gabe wipte er mei syn oardeheal skonk ek gau op. Hja rieden nei de herberge en lieten it reauGa naar voetnoot(7) klear meitse; do it bitelle wirde scoe, klagge | |
[pagina 114]
| |
Pîbe oer 'e snijerij. ‘Dy sok smoar net het, ken mei nin wein mei twa hynzers ride,’ sei Gabe; ‘den wier it better mei de bilweinGa naar voetnoot(1) to reisgjen; dêrom treastje jou, heit, en wês to freden, dat jy soks habbe.’ De reed nei hûs gong firdich; de blaukes hiene wille, en oeral hwêr 't hja kamen, waerd hjar ek rie for 'e jicht jown. Gabe stoe de tôetGa naar voetnoot(2) net stil. ‘'t Giet ús,’ sei er, ‘as Clemint Marrot, do er pine yn 'e mûle hie; dy krigge ek rie fen alle man, ta de kening ynklús.’ Pîbe en Saskemoi laken er beide om; mar dit stie koärts dêrnei yn skriemen en kibjen to foroarjen. Pîbe, dy wol wiste, dat kasteleins-brea djûr brea wier, liet Gabe twa hele breaën helje, do se yet yn Grins wierne, en dat yn 'e bak fen 'e wein lizze om er de hynzers mei to foërjen; en dêr kaem it drankje by. Gabe, dy wol seach, dat dy thrije nin goede bûrljuwe wêze scoene, sei al: ‘Heit, it is krekt sa folle, as jy 't by de bölle op 't stâl settene.’ Mar it koe net oars; dêr moäst mar thige rûchte en hea omwoelle wirde; hwant Saske snobkoerGa naar voetnoot(3) wier oan 't lidGa naar voetnoot(4) ta fol fen Grinzer koeke en stoeten. It gong yette lang goed, mar do se einling by in weardshûs koâmen fier yn Fryslân op, scoe er foërre wirde en do briik it onwaer los. It brea wier heel en it glês ek, op in lyts roun gatke nei, en dêr wier alles ta útroun hwet er yn wêst hie. ‘Flokken is sonde en it stiet lilts, mar dit is wol dîwelsk, heit!’ sei Gabe; ‘it drankje is britsenGa naar voetnoot(5).’ Hwet hjir op folge ken elts thinke, dy mar ienris fen syn libben yn 'e bodd'lerij fen syn wiif in treppôt omreage het. ‘It moit my,’ sei Gabe, ‘hwant jou binne better wirden somt jy it gûd yn 'e wein hawn habbe; hien' jy 't ris yn 't liif krige, jy hiene klear wêst.’ Wyl 't se dêr sa yn eltsjoar omtsjouden, kaem er ek oar folk by, dy hjar fregen, hwêr se sa om klaggen. Gabe forhelle alles koärtwei. Ljuwe, dy it leed is, as it in oar wolgiet, laken er om; oare biklaggen hjar, en wer oare, dy it yette better mienden, joegen hjar goe rie; en goe rie wier nou djûrder as brea, sei Gabe. Onder dy riejouwers wier er ín, dy lang neat sein hie, mar einling opstoe en mar thige 'ris it lexom opsei. ‘Ik hjit Piter Flapút,’ sei er. ‘Omdat ik dy namme ha, scil ik ek mar 'ris útflappe hwet my op it hert leit, en om jimme nou it hier ris thige út 'e eagen to striken, sa sizz' ik jimme, dat jimme steapelsljuchtGa naar voetnoot(6) wêst binne, dat jimme sa fier reisge binne om hwet jimme sa neiby fine koene to Freäntsjer. Man! dêr weinje ommers ljuwe, dy mannich domme loebes en ondogenske swiftenGa naar voetnoot(7) ta formaerde ljuwe meitse; en scoene sokke ljuwe sa'n man net helpe kenne? Mar it is sa mar, op 't lêst rint me nei de prefesters, en op 't alderlêst nei de boal: dêrom wol ik jimme yet ien rie jaen. Hjir thichte by wennet ien keardel, dy ek wol 'ris mei de jicht ommastert: hja neame him wol de duwelbander. Hwet dêr oan is, lit ik oan jimme oer, mar hwet er útrjuchtet is op 't tsjoenen ôf. Hja lizze de ljuwe bânnenGa naar voetnoot(8) en jouwe se hwette krûden; dêrmei is de boel ôfdien: mar dit sizz' ik jimme, it is in mâl feint.’ | |
[pagina 115]
| |
Gabe. Den docht er krekt as ús beppe die: dy pielde ek wol mei knöffelbânnenGa naar voetnoot(1), as ik my 'ris forkloftGa naar voetnoot(2) hie, en den waerd er ek wol in goed wirdtsje by sein. Ik leau oars net, dat se fen it wird wier; hwant al hie se tsjien jier op it tsjoenen gien, hja hie it net leard. Piter. Jins beppe, dat is dêr oan ta: mar ik sizz', it wirdt hege tiid, dat jimme nei dy man ta reisgje. It giet mei dy steddokters as ien lûs op 'n tarrichGa naar voetnoot(3) kleed en jimme heit is sa ribskjinGa naar voetnoot(4) al, dat as er net makket dat er by dy man komt, den koene de honnen wol 'ris skielik om him bylje matte. Gabe. Nou, heit! hwet sizz' je? Wy binne nou dochs yn 'e lytse lij. Pîbe. Jonge, dou mast' it wite. Dou heste mear forstân as ik. Gabe. Thinkt jou dat, heit? Nou, fyat den; nei de duwelbander! Gabe mûskoppet 'ris hwet mei Piter en de kastelein en lit ynspanje. Saskemoi wier er skouderich fen en bleau yn de herberge: tsjin de duwelbander wier me net opwoexen. Dêr rieden se wer hinne; Gabe bliid, dat er wer ien nij iffentûrkeGa naar voetnoot(5) op stôk wier en de goede Pîbe heal bliid en heal bang. Do se oan de wringeGa naar voetnoot(6) fen de yesterGa naar voetnoot(7) kamen, dêr stoe de man sels. De duwelbander. Dêr komme jimme al oanriden? Ik hie jimme al forwachte, mar sa ier net. Pîbe (binnens mûle.) Och hea, hwet is 't raer! Gabe. Ja, man, dêr kamen wy oan. Wennet hjir de duwelbander net? De jichtmaster? Duwelbander. Dou smitste my kneppels for 'e scinen. Scoe er wol in dîwel wêze, heite? Dou likeste oars mar in kanstoppeGa naar voetnoot(8) fen in keardel. (Pîbom wirdt út de wein tild en yn hûs tôge.) Duwelsbander. Ik wit net, boer, dit stiet er skean foär. Jou binne oars in keardel as in lôgeGa naar voetnoot(9), en dochs as jy net by my komd wierne, jy hiene de koekkoek net wer heärd. Gabe. Sizz' net to folle! Earst dwaen en den sizze. Duwelbander. Hâld er dyn tôet út, dou gêrstige skinke, as ik jouw er dy for in fjirtsjin dagen in pine yn, dêr gin smous dy fen rêdde ken, al skûrt er dy al dyn kiëzzen út. Pîbe. Fij, man! Duwelbander. Habb' jimme al frij folle mastere mei alderhande frjemde snûshoännen? Gabe. Snûshoännen habbe wy nin ien by wêst, dêr 'k fen wit, oars net as by de boal; dy seit 't 'ris hird en heech; dy skynt it wol to witten, as er 't út de krante lies: mar 't ein learde, dat er om ús heite jild sa opswetst hie. Oars binne wy yette by twa steddokters wêst, fixe ljouwe, mar dy hwet folle geswaei en bistel hiene. | |
[pagina 116]
| |
Duwelbander. Habbe jimme ek al by de âlde hirdbaerch wêst, de soldaet fen Herbaeyum? Gabe. O ja, man! dy wier lilts op syn wîze, dat wy net eärder by him komd wierne, en ik leau dat de skewel gelyk hie: hwant hie ús heit nou by him komd, nou de pitten er yet mear útgien binne, hy hie de man kâld makke as een froäsk. Hy joech ús heit in lyts middelke for in ryksdaelder, en ik leau net, dat er 't heal op hie, as it wier oars net as er heit de thermen mei hanskrobbers útreage. Duwelbander. Ja, it is in mâl feint; dêrom leauwe de ljuwe him; scoene er oars wol sa folle nei de piskikers rinne? It liket nuver sa mar út in bekjefol pisse to sjeän as de ljuwe in lintwjirm habbe oaf 't kollyk, howol dy twa nei gedachten al oare middels foreaskje. En dit wol ik yette rinne litte; mar út de pisse to sjeän as immen foär fiif jier bloed spein het, oaf ien breuk hawn het en sokke ljouwe braekmiddels to jaen as er galkoartsen omgeane, dat koe wol ris blîde erfgenamen meitse. Ik leau oars net dat dy ljouwe it sels ek leauwe, mar jildwinnen is swiet, en dêrom sjocht me 't tsjinwirch ek al fen oare dokters to Ljouwert en Snits, en dit giet as 't skonken het. Fen sokke ljuwe is 't yet ondogensker; hwant dy witte better. Die ik dom boer it yette, ik koe miene, dat ik it wiste. Hja binne minder as de gûchelhanzenGa naar voetnoot(1), dy de mouwen opstrûpe as se biginne. Gabe. Ja, ús master Freark kniest er soms ek wakker oer. Duwelbander. Jimme master Freark is in gik; dy wol de ljuwe net biskite en dêrom mat er earm bljouwe. Hwêr kniest de man oer? Hy scil fen de hondert wol tachtich genêze, as de piskikers er tweintich genêze. It giet hjar as de baden yn 't poepelân: dêr binne fen dy wetters, dêr de ljouwe mei hjar lamme lea ynkrûpe. Dêr wirdt lûd fen ropt; alle jierren wirde er boeken-fol fen drukt, ho folle dat dêr al genêzen wirde; mar waerden al dy ljuwe ek ris opjown, dy er net genêzen wirde, dy er stjerre oaf er slimmer wei komme, de neärring roan gau staf, en sa scoe it my ek gean. Gabe. Ho? Jou ek? Dêr heár ik nij fen op. Duwelbander. Ja, skroärke! Ik bin, God thank, sa fier, ik hôef net to lîgen om it brea, lyk as folle wîze ljuwe wol 'ris dwaen, woll' se de stôk út de hals keareGa naar voetnoot(2). Sjoch, feint! folle ljuwe komme hjir om rie; ik haw in âld middelke for 'e jichtkwalen, en dêrmei wirde folle genêzen en folle ek net. Mar omdat it nuver liket sa fen in boer fen sa'n swiere pleage bifrije to wirden, dêrom thinke de ljuwe dat ik alles genêze ken, en dat er mear as ien oer geane: dêrom neame se my ek duwelbander. Myn jonges, dat swiften binne, sizze oars dat de dîvel nein Eästynjen tein is somt er nin heil mear op 'e preekstoel het, en dat it him gean scil as Malbroek, dat er net werom komt. Wol jimme heit fen my genêzen wirde, den mat hy leauwe hwet ik siz. En folle haw ik genêzen, dy yette slimmer wierne as hy. | |
[pagina 117]
| |
Gabe. Mei heit matt' jy dwaen sa jy wolle; hy is dommer-nôch. Hy scil jou wol bitrouwe en leauwe. De man giet allinne by de suchtsjende Pîbe yn 'e keamer, en hwet dêr geskaet wier, het er net forhelle, mar it wier in nuver getsjôen wêst, en as er net moäst hie, hja hiene him er net ta krigge for nin tsjiis-tsjettel-folGa naar voetnoot(1) jild. Hy joech Pîbe yette ek krûden, en sei er by, dat er net mear as twa pear eagen oer gean moästen. Hja rieden wer nei hûs, en it draeide dêr op út, dat se allegeärre mis wêst hiene. Hwant Pîbom krigge in abstoänjeGa naar voetnoot(2) oan de skonk, dat master Freark iepenje moäst en dat er einlings mei folle kinst en flyt thicht makke, sa dat Pîbom de oare maityds ier al wer to Freäntsjer yn 'e poärte mei in greate kneppel yn in keppel lammen omtyske. E. Halbertsma. |
|