Komme dy kepers? Boef fan Rys
(2001)–R.R. van der Leest– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 230]
| |
KarakterisearringDe beide boeken dy't hjir no yn ien bân fannijs útjûn wurde, Komme dy kepers? en Boef fan Rys wiene om 1970 hinne folslein oars as wat de lêzers fan Fryske boeken doe wend wiene. It sjenre fan de moderne ûntspanningsliteratuer waard yn it Frysk winliken noch net beoefene. Yn de aventoereromans lykas Van der Leest se skreau, binne de spanning fan in thriller (skriller), de kolder fan in klucht en de maatskippijkrityk fan in satire kombinearre. De ferhalen binne net realistysk, de personaazjes sa optocht, dat se de lêzers net úntnoegje ta identifikaasje en de skriuwer hellet frjemde fiten út mei it Frysk. Om ek wille te belibjen oan de satire moatte jo mei de skriuwer meigean wolle yn syn fantasij en syn brike ynfallen folgje. De dielen fan de rige binne op harsels steande ferhalen mei hyltyd deselde haadpersoanen: it ferdivedaasjefamke Dynte Planteit en har partner Nier Hinnebruier. De namme ‘Nier’ is in omsetting fan ‘Rein’, wylst Dynte ôflaat is fan de namme fan in learlinge fan de skriuwer. Nier is de passive, loaie, konservative helte fan it duo, hy krijt gauris de klappen, wylst Dynte aktyf, progressyf en ûndernimmend is. It binne beide suver wat twadiminsjonele figueren, popkes dy't troch de auteur regissearre wurde. Arman en Ilva dy't doedestiids alle dagen yn in strip yn 'e Ljouwerter Krante figurearren, hawwe model foar har stien. Yn syn lêzing foar it literêrhistoarysk wurkferbân fertelde Van der Leest, dat Jo Smit mei oan de widze stien hie fan de Nier en Dynte-ferhalen, mei't dy ris sein hie, dat yn 'e Fryske literatuer net folle lúkse fermiddens en kreaze froulju foarkamen. Yn Trotwaer (1972, side 116) ferklearre Van der Leest: ‘Myn wurkterrein leit yn it net-libbensechte, it keunstmjittige, de kolder, it boartsjen mei taal en frjemde kombinaasjes.’ Hy mocht graach it klisjee brûke, mar dêr siet dan wol parody op it klisjee | |
[pagina 231]
| |
efter. Datselde gou foar it sentimintele. Hy brocht de lêzers op 'e doele, bygelyks troch tige ûnfryske aventoeren op werkenbere lokaasjes yn Fryslân te situearjen. It detektiveferhaaltsje dat it ramt fan de romans útmakket, is net it wichtichste, mar de skriuwer soarget der wol foar, dat dat ferhaal logysk yn elkoar sit, al spilet it tafal net swak by. Nier en Dynte binne gjin skerpsinnige speurnoazen; de oplossing wurdt har troch alles wat der bart, minoftemear yn 'e skurte smiten. It giet ek net om it eindoel, mar krekt wat der ûnderweis bart, jout de lêzer wille. | |
De titelsFoar de rubryk ‘Tijdelijks’ skreau Van der Leest op 17 maart 1973 yn de Leeuwarder Courant in artikel oer boektitels. Dêryn ferklearre er de titels fan syn eigen beide earste romans: ‘Zelf ben ik bezig geweest een Engelse uitdrukking in een Fries woordbeeld te vangen en een extra betekenis te geven. Komme dy kepers? = comedy capers (malle voorvallen) = komen de kopers? In het vervolg op dit boek heb ik hetzelfde grapje met een soortgelijk Frans woord uitgehaald, Boef fan Rys = Bouffonneries (zotte streken) = boef van rijs(hout).’ De titels fan de oare fjouwer boeken binne ek twa oan twa ferbûn: It moaiste famke fan Antarctica en Morfeus yn de ûnderwrâld besteane út de oantsjutting fan in persoan en in plak, wylst Hertenfrou en Skoppenboer en Frouljusgambyt beide mei in spul (kaarten en skaken) te krijen hawwe. | |
SjenreDe ‘ûndertitels’ ‘draaiboek foar in b-film’ en ‘tekstboek foar in sjongspul’ wize al út, dat de auteur mei Komme dy kepers? en Boef fan Rys net in klassike detektive-story skriuwe wollen hat. | |
[pagina 232]
| |
De boeken hawwe twa lagen: yn de boppelaach wurdt in flot en spannend ferdivedaasjeboekje oanbean en yn de djippere laach wurdt in appèl dien op it gefoel foar humor en de yntelliginsje fan de lêzer. It binne aventoereromans dy't benammen bedoeld binne om it publyk te ferdivedearjen. Yn de Leeuwarder Courant (20 desimber 1987) ferklearre Van der Leest: ‘Ik bin der destiids mei begûn as in soarte fan “escape”, ik woe ferbliuwe yn in wrâld dy't krekt tsjinoersteld wie oan mines, dêr't alles yn te plak stie.’ Remco Heite hat yn syn bydrage oan de Van der Leestsyklus fan it literêr-histoarysk wurkferbân (publisearre yn Trotwaer 1984, siden 102-111) ferdigene, dat de Nier en Dynte-romans passe yn de proazatradysje fan de saneamde ‘onzuivere’ literatuer. De term is ôfkomstich fan Sybren Polet dy't him takent oan literêre Produkten dy't har net hâlde oan de klassike foarskriften. Der is bygelyks gjin ienheid yn fertelperspektyf, gjin rjochtlinich ferhaal, gjin strakke ûntjouwing yn de karakters en yn plak fan in suvere taalstruktuer binne der ferskillende foarmeleminten en techniken mei tal fan stylmiddels. It gehiel hat wat fan in montaazje of kollaazje. In oare term foar dy soarte fan proaza is bygelyks ‘eksperiminteel’ proaza. Komme dy kepers? en Boef fan Rys binne wol detektiveferhalen, mar tagelyk in persiflaazje op it sjenre. De skriuwer hat de gek mei alles wat er sels oeralhelle hat en hy leit de klam op it keunstmjittige fan syn wurk. Yn in neiwurd by it artikel fan Heite hat Van der Leest besocht it ferskil tusken de suvere en de ûnsuvere literatuer dúdliker te meitsjen troch in fergeliking mei de komeedzje foar de trageedzje oer. Yn de komeedzje kriget de taskôger ek oanwizings, dat er wat op it toaniel bart net al te serieus hoecht te nimmen. Trochdat de figueren oerdreaun en karikaturaal foarsteld wurde, leaut it publyk net, dat se echt bestean kinne en harren lot wurdt gauris bepaald troch it tafal. Al dy eleminten binne yn de romans fan Van der Leest werom te finen. | |
[pagina 233]
| |
StylOerdriuwing is ien fan de middels dy't Van der Leest brûkt om amusante effekten te berikken. Sa jout Dynte Nier sa'n dúst, dat syn plasse tsjin de doar slacht en er de hiele molkwei foar syn eagen dûnsjen sjocht. Dat is nochris wat oars as ‘stjerkes’ sjen. Nier krijt nammers sa faak in slach op syn kop, dat er in mûtse drage moat om syn harsens by elkoar te hâlden. Troch sokke dingen wurdt er hyltyd mear in stripfiguer en minder in ‘gewoan’ stjerlik minske. In oar stylmiddel is de byldspraak. Nier syn lûd heart earst as in tsiisrasp, letter as in izerfile; de stim fan de resepsjoniste is earst as fondant, letter as in bitterbal; in grutte kast wurdt oantsjut as in kammenet, dêr't in ferhúswein yn swaaie kin; ien hat in briedpantsjegesicht, in oar hier mei de kleur fan woartels út in blikje ekstra fyn ensfh. ensfh.. Der binne ferwizings en sitaten. Mei J.C Bloem tinkt Nier ‘Foarby, foargoed foarby’. ‘It wetter stiet him noch mar oan de knibbels ta’ ferwiist nei in persiflaazje op it Frysk folksliet; wachtsje ‘oant de bolle keallet, de ko bollet en it kealtsje koot’ is behalve in foarm fan oerdriuwing en in sin fol nijfoarme wurden ek noch in fariant op âldfryske formules as ‘salang as de wyn fan de wolkens waait, it gers groeit en de beam bloeit’. Mei in fariant op in útspraak fan Napoleon skriuwt Van der Leest yn Komme dy kepers? fan Nier, dat der ‘20 kante jierren op him del sjogge’. Yn Boef fan Rys komt in befrijingssêne foar dy't tinken docht oan in fergelykbere út Jo Smit syn Wês foarsichtich, Wâtse en sa soe der noch folle mear neamd wurde kinne oan sitaten en taspilingen. In fjirde manier om in humoristysk effekt te berikken binne tsjinstellings of omkearings. Alhiel yn it begjin fan Komme dy kepers? konstatearret Dynte, dat it dy moarns in ferwoest nachtfeest west hat. Yn Boef fan Rys hat Nier in nije oldtimer; in smoute prater swijt yn alle talen, wylst in Amerikaanske boer nei Fryslân emigrearre is. | |
[pagina 234]
| |
In protte effekt sit yn it brûken fan it Frysk op in bysûndere manier. Soms kiest de skriuwer foar âlderwetske, typysk ‘geef- Fryske’ of hyperfryske wurden, útdrukkings en formulearringen, lykas ‘koken’, ‘kakebien’, ‘yn it nochteren bliuwe’, ‘in mûlterchje’, ‘ûnk’, ‘kroader’. In oare kear jout er wurden har letterlike betsjutting of lit er ien (Chick Anus) yn in soarte fan ‘omkeard Bokwerters’ prate mei yn it Frysk oersette Hollânske siswizen, lykas ‘ik koe gjin brij mear sizze’, ‘do giest ôf as in gieter’. Beide boekjes sitte stiiffol wurdgrapkes. | |
YnfloedenYn syn lêzing ‘De oarsprong fan de Nier-en-Dynte-syklus’ (Trotwaer 1984) hat Van der Leest alderearst wiisd op de niget dy't er as bern al hie oan stripferhalen. Foar de taalgrapkes en de moaie nammen wiene û.o. de Bommel-ferhalen fan Marten Toonder syn foarbyld. Sa is er Boef fan Rys mei in waarpraatsje begûn, lykas Toonder dat altyd docht. Dat Nier en Dynte har uterlik oan de strip oer Arman en Ilva te tankjen hawwe, is hjirboppe al sein. Yn letter jierren seach Van der Leest in soad films en guon eigenskippen fan dat medium hat er besocht oer te bringen yn syn boeken. Bygelyks it rêde wikseljen fan sêne, it oerfloeien fan it iene byld yn it oare, it tagelyk folgjen fan twa persoanen yn ferskillende ferhaallinen. Yn Boef fan Rys wurdt dat filmyske prosedee ferbylde troch in tal siden mei de ferhaallinen fan Dynte en Nier yn aparte kolommen neistinoar. De film dy't him op it spoar fan de kolder sette, wie Hellzapoppin (Feriene Steaten, 1941). In sêne út dy film hat er neifolge yn it fers ‘hellzapoppin’ út de bondel kunst en fleanwurk (1979), dat yn 1974 al yn it Hollânsk yn it earste nûmer fan it literêre tydskrift út Enskedee Toermalijn stien hie. | |
[pagina 235]
| |
hellzapoppin
wol it jônkje mei it mûtske op
daliks dit fers ferlitte
en nei ûnderen ta gean
dêr stiet immen
op him te wachtsjen
mêm
In twadde film dy't fan ynfloed west hat, wie Some like it hot mei Marilyn Monroe, Tony Curtis en Jack Lemmon, in kombinaasje fan spanning, humor en healwizigens. De titel fan syn earste roman ûntliende er oan de t.v.-seary ‘Comedy Capers’. Boeken dy't Van der Leest rekken, wiene benammen The Life and Opinions of Tristram Shandy fan Laurence Sterne (1713- 1768), dêr't it earste fan de njoggen dielen fan yn 1760 ferskynd is. Van der Leest neamt it ‘it gekste masterwurk út de wrâldliteratuer’. Ek de folle aktuëlere detektiveromans fan Raymond Chandler hawwe him beynfloede. Mei't Chandler sân ‘hardboiled’ detektives skreaun hie, fette Van der Leest it plan op in syklus fan acht titels te skriuwen, mar letter hat er dat tal werombrocht nei sân. De ynfloed fan Chandler sit yn de glamour en yn de hurde moard- en ferkrêftingssênes. Yn dat opsicht is syn wurk ek fergelykber mei de detektive-eftige boeken fan Rinus Ferdinandusse út dyselde tiid. Doe't Van der Leest oan Boef fan Rys ta wie, hie er underwilens ek Osborne's Rebellen fan John Anthony West lêzen, dêr't him de fragmintaryske ferteltrant, de stylferskillen fan de ûnderskate stikken en de sabeare skiedskriuwing yn oanlutsen. Jo Smit hat wiisd op besibbens oan de Ingelske skriuwer Edward Lear en de Nederlânske Cees Buddingh en Jan Hanlo en yn syn krityk op Hertenfrou en Skoppenboer (Trotwaer 1984) murk dy resinsint noch op, dat Van der Leest sels tinke mocht, | |
[pagina 236]
| |
dat er beynfloede wie troch Tristram Shandy, Rabelais, de moderne film en Tûzen-en-ien-nacht, mar dat der ek âldgermaansk erfguod yn de ynhâld fan syn ferhaal trochkrongen wie. | |
ResepsjeDe krityk stie by it ferskinen fan de earste dielen fan Van der Leest syn rige noch wat ûnwennich foar dit sjenre oer, mar neigeraden mear Nier-en-Dynteferhalen útkamen, waard de wurdearring foar it aparte fan dit wurk grutter. Ype Poortinga neamde Komme dy kepers? yn syn oersjoch fan de Fryske literatuer yn Friesland 1945-1970 ‘zeker amusant, maar te gechargeerd en te slordig in het taalgebruik om de kritische lezer te bevredigen.’ Tjitte Piebenga behannele yn syn krityk yn Het Vrije Volk fan 7 novimber 1969 winliken allinne mar de flaters yn it Frysk, wylst Vlasma Komme dy kepers? yn it Friesch Dagblad fan 25 oktober 1969 kwalifisearre as in ‘ûnlêsber boek’ mei fan alles te folle: ‘te folle grapkes, te folle wurdboarterijen en te folle dûbelsinnichheden’. Ek Jo Smit sinjalearre de taalflaters yn syn besprek yn Trotwaer (novimber / desimber 1969), mar hy hie fuortendaliks ek wurdearring foar de oarspronklikens fan Van der Leest syn roman dy't er ‘in klasse op himsels’ neamde. Neffens Smit wie it ‘in amusant, in froalik boek’ en hy ûnderboude syn oardiel mei: ‘It is dat om't de auteur net de dupe wurdt fan syn eigen opset, net begjint der folslein yn te leauwen, mar in amusearre distânsje hâldt.’Yn syn resinsje fan Boef fan Rys yn Trotwaer (1973, siden 143-145) neamde Smit it Frysk yn dat twadde boek gâns better as yn it earste en yn De Strikel (1981, side 342) werhelle er nochris syn opmerking, dat de beskriuwing fan it meirinnen troch Nier mei in kloft trimmers yn Boef fan Rys neffens him ‘mei fan it moaiste Frysk proaza’ wie, dat er ea lêzen hie. ‘It ritme fan de drafkjende persoanen is dêryn sa twingend en folslein oanwêzich dat men sels efter de pûst is op it stuit dat Nier útfalt.’ | |
[pagina 237]
| |
Reinder van der Leest hat sawol yn Het Vrije Volk (20 novimber 1969) as yn De Strikel (1970, side 23) in reaksje jûn op de krityk op syn taalgebrûk. Foar in part gie it om typ- en printflaters, foar in part wiene se te ferklearjen út syn beheinde ûnderfining mei it Frysk, dy't makke, dat er de gefoelswearde fan wurden en útdrukkings net goed ynskatte koe, mar foar in oar part lei it misbegryp ek by de lêzers, dy't de humor net ynsjoen hiene fan de fiten dy't er mei it Frysk úthelle hie. Lêze jo de ferhalen no nochris, wend oan it slim troch it Hollânsk beynfloede en soms frijwat sloarderige taalgebrûk fan hjoeddedei, dan stroffelje jo trouwens net iens mear oer flaters, dêr't de kritisy har om 1970 hinne noch drok oer makken. Gefolch fan de ûngelikense reaksjes op it earste boek hat wol west, dat de skriuwer akseptearre, dat er mar foar in beheind publyk fan fynpriuwers skreau en dêrmei syn wurkwize ekstremer meitsje koe. De krityk op syn wurdkar en taalgebruk hat er yn Boef fan Rys beändere troch 37 fuotnoaten mei ferwizings nei wurdboeken en idioomsamlingen ta te foegjen, dy't neffens Jo Smit foar in part ‘wier wol grappich’ binne, mar foar it meastepart oerstallich, wylst guon ek op in misferstân berêste. Yn syn besprek yn Alternatyf (1973, nûmer 1) priizge MJ. de Haan it kolderike en de wurdboarterijen. Lykas J. Noordmans yn de Leeuwarder Courant (18 novimber 1972) spruts er der syn spyt oer út, dat dit de lêste bydrage fan Van der Leest wêze soe oan de Fryske literatuer. Noordmans neamde it ‘in sjarmant en joyeus ôfskie en ‘in swiete wraakoefening sûnder rankune op 'e kritisy, dy't it wat tin op syn Frysk hienen’. Ko Pop miende yn syn besprek fan Boef fan Rys (RONO, 7 jannewaris 1973), dat de reservearre ûntfangst fan Van der Leest syn earste roman en de krityk op syn de gek hawwen mei de taal fuortkaam út de noed fan de lytse Fryske taalmienskip foar it taalbesit. Hy neamt it boek ‘bijzonder onderhoudend’ en een ‘goudmijntje van grappen en grapjes’. Yn syn lêzing op 12 novimber 1983 (Trotwaer 1984, 2) hat Pop nijsgjirrige dingen sein oer de fiif oant dan ta ferskynde romans op it mêd fan de fertelwize, it taalgebrûk, de | |
[pagina 238]
| |
satiryske eleminten, de skildering fan de haadpersoanen en de hanneling. Oer it generaal hie er in soad wurdearring foar it wurk. |
|