mei ûnderskriften steane yn Bargebiters / Bultsjeblazers (1971) en dan is it rymstik Symfoanysk gedicht (1981) der noch.
Yn de rige ‘Ljochtmoanneboekjes’ waarden yn 1995 noch Van der Leest syn oersettings fan de Carmina Burana útjûn troch de Koperative Utjowerij, in organisaasje dêr't er omtrint fan it begjin ôf by belutsen west hat en yn 1970 lid fan wurden is. Yn it Boartersboekje binne ek koarte ferhalen opnommen dy't presintearre waarden as ‘Striptease-fariaesjes’. Van der Leest krige yn 1968 en 1969 Rely Jorritsma-prizen foar ferhalen. Hy bondele koart proazawurk (ferhalen oer (opslûpen) jonges) yn Lampefryske forhalen (1972).
Yn syn tankwurd foar de Gysbert Japicxpriis sei de bekroande dichter, dat er earder tocht hie de priis te krijen foar syn romansyklus. Syn gedichten wiene mar ‘tuskenbeurtsjes’, mar yn it proaza hie er him spesjalisearre. Yn de boartlike speurdersferhalen oer Dynte Planteit en Nier Hinnebruier hie er syn eigen foarm fûn.
Yn 1975 hat er tichteby sa'n bekroaning fan syn proaza west. Twa fan de leden fan de advyskommisje, Geale de Vries en Ria Postma-Stolk woene de priis, dy dat jiers ornearre wie foar proaza, doe tahawwe oan Rink van der Velde, dy't him ek krige, mar it tredde lid, Philippus Breuker, brocht in twadde advys út en motivearre dêryn syn foarkar foar Van der Leest as auteur fan de earste fjouwer dielen fan de Nier-en-Dynte-syklus troch te wizen op de oarspronklikens, it superieure boartsjen mei taal en in grutte foarmkrêft.
De rige bestiet oant no ta út: Komme dy keepers? (1969), Boef fan Rys (1972), It moaiste famke fan Antarctica (1974), Morfeus yn de ûnderwrâld (1975), Hertenfrou en Skoppenboer (1983) en Frouljusgambyt (1986).
Foar Cap Sud (1980), in jongereinboek dat Van der Leest yn opdracht fan de Provinsje skreau, krige er yn 1983 de earste Simke Kloostermanpriis. In provinsjale opdracht om in ‘gewoane’ detektive te skriuwen hat er weromjûn, doe't er yn de jierren tachtich oan it skilderjen rekke en it mei de literatuer op in sêft sin sette.