Komme dy kepers? Boef fan Rys
(2001)–R.R. van der Leest– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 196]
| |
[pagina 197]
| |
It beslút mei in minwaarpraatsje en It is moardnerswaar. Oer Skotlân leit in frontesysteem dat net fan plak feroaret. Op it gânske Balkan-skiereilân is de wynkrêft amperoan 1. De dellingen fan de Pyreneeën hinget like folle mist yn as om de toppen. Boppe de Sahara driuwe griemers, Skiphol sit potticht en Harns ferwachtet oardel meter ferheging. It sicht bedraacht op guon weidielen net mear as fiif meter. Oer hiele Fryslân storeint it. Inkeld it uterste noardwesten hat in lytse kâns op tinnere loften. Mar wy hâlde yn de Stellingwerven ta. Dêrom hoege wy dit waaroersjoch net te lêzen. | |
1Dêr komme se, de mei- en tsjinwurkers. De grutte stjerren en har Satelliten. Mei har reewillige glimk om de lippen, mar se kinne inoar wol deasjen. Juffer Rûchhjouwer en de hearen Swietekau, Skuorhannes, Eameliter, Boarstlape en Iishynder fan reisburo De Iene Provinsje. Kobus en Ko, toanielkleanferhierders, dy't fan doel binne har saak meikoarten út te wreidzjen. In represintative ôffurdiging fan de K.F.P., de Klub fan Fryske Pommeranten. Pop-Aart en har skildereftige fans, de Freonen fan Pop-Aart, achttjin yn getal. Cap Sones, skandaalskriuwer fan it Ljouwerter Deiblêd, dy't eagen, earen en balpinnen tekoart komt. Ek lju dy't yn de fierste fierte neat mei de Fryske kultuer te krijen ha. Lykas Yvonne dy't troch har âlden Fonneke neamd wurdt, Lady Wollwer en Lord Kenneth Mere, in Ingelsk pear fan hege komôf mei lege ynkomsten en Sus en Sa, twa âldfammen dy't der altyd by moatte te poathâlden as der in kat strûpt wurdt. | |
[pagina 198]
| |
En it wenstige ferskaat: direkteuren fan museums en âldheidkeamers, dirigenten fan harmony- en fanfarekorpsen, sneinsskilders, strjittekeners, hout- en bonkefikers, sopranen, alten, tenoaren en bassen, dichters, rimers, stikjesskriuwers en auteurs, taalhoeders, taalwarders, taalgriemers, taalboarters, taalskeppers, karnavalsprinsen, tsjerkfâden en fuotfolk. Allegear mei swarte satinen healmaskers foar. Fierders binne se ûngelikens. Se ha de klean fan har ferlangsten oanstrûpt. De klean fan har heimelike dreamen. De konsorten fan Al Pino rinne ûnderwilens sûnder masker tefreden as tsjinstfammen en húsfeinten om. De lju wolle wêze wat se net binne. Dynte stiet neist Pappsack by de doar yn de hal. Se ferwolkomje de gasten. De baron is klaaid as in Romeinske senator. Hy hat in krâns om de sliepen en in toga oer syn tunika. Dynte har kostúm is noch âlder, it komt fan Kreta. It lyfke fan har jurk is tige leech útsnien. Har puntgeve boarsten stekke der folslein bleat boppe út. Dat eaget genôch. De klokrok, besteande út seis horizontale banen, rikt ta de grûn. Op 'e holle hat se in koanyske hoed mei plommen fersierd. Har earms wurde lam fan it hantsjejaan. Wat in einleaze tôchGa naar voetnoot24 minsken. In meagere wynhûnefrou, rasecht, mar sa kleverich as trochskinend plakbân. In útlein boarstichGa naar voetnoot25 brúntsje, oars mei in mannichte konstruksjeflaters. In hyperhippe fint mei swarte neillak en in flibelok op de foarholle. In snjittepoepert, sa neaken dat it siicht, yn einefel. In lange loarm mei de waggeljende gong en de stim fan in hin. In ienheidswoarst mei kakwangen en hannen dy't kweazje. In jittikfet mei in tuitich kapsel en in bh mei high-cup dêr't de boarsten ûnder út pûlje. In slûkskouderige sipel mei in readpûkelich tin nekje en | |
[pagina 199]
| |
senuwplakken op syn fingerwanten. In sigeunerinne, loswei yn in sjaal bewuolle, mei gleone djipseeeagen en hier sa swart dat it blau is. Nier liket yn syn astronautepak krekt op in kikkertman. Hy stroffelt hieltyd oer syn eigen fuotten. Mar gjinien sil him weromkenne. Bearke hat in eigentydske jurk út de tweintiger jierren oan. De kleur is sa sêftrôze dat de eagen der yn wei sakje. It docht neat, se sjocht der alderleafst út. Wat se ek oanstrûpt, yn plastyske foarmjouwing bliuwt se minder slagge. Earst sette se allegear op de lange tafels mei wiet en droech ta. It duorret net lang oft der wurdt in toastGa naar voetnoot26 útbrocht. De glêzen geane tagelyk yn 'e hichte. De foarsjonger jout tekst en toan oan, it koar tsjottert him nei. ‘Op de baron!’ ‘Op de baron!’ ‘De baronesse!’ ‘De baronesse!’ ‘Op de markys!’ ‘Op de markys!’ ‘Op de gravinne!’ ‘Op de gravinne!’ ‘De keninginne!’ ‘De keninginne!’ ‘De kommissaris!’ ‘De kommissaris!’ ‘En de boerinne!’ ‘En de boerinne!’ ‘De generalen!’ ‘De generalen!’ ‘De admiralen!’ ‘De admiralen!’ ‘En de soldaten!’ ‘En de soldaten!’ | |
[pagina 200]
| |
‘De pommeranten!’ ‘De pommeranten!’ ‘Op de prinsessen!’ ‘Op de prinsessen!’ Der komt gjin ein oan. As it lang om let dien is, hat elkenien in sneedsje yn it ear. De âlde sekken en de jonge razers swetse noflik mei-inoar. De lûdsprekkers spuie muzyk. Neffens de nijste moade wurdt de Súdamerikaanske apocalypso dûnse. Guon sizze neat en geane net fan 'e flier, se tsjispelje mar wat om. Oant se in oar dwaalljocht fine en dûbeldstjerren foarmje.
‘Syn foarfaars binne Friezen fan geboarteGa naar voetnoot27.’ ‘Hy hat in autobiografy skreaun. Testing my Testicals.’
‘Fanke, de hiele kliber stauGa naar voetnoot28 útinoar!’
‘Hy leit mei angina op bêd.’ ‘Mei wa?’ ‘Net mei wa! Mei wat! Mei angina.’ ‘O.’
‘Hy docht neat, sei de boer, wylst syn hûn op in postrinder omhaffele.’
‘Jawis, in omgiselGa naar voetnoot29.’
‘Hoe is 't mei dyn kies?’ ‘Ik ha him lûke litten, mar hy docht noch sear.’
‘Wat in gesprekGa naar voetnoot30.’ | |
[pagina 201]
| |
Nier sjocht alles as in slim mislearre kleurefoto. De kleuren falle net mei de kontoeren gear. Dêr stiet Dynte, it iennichste beaken yn dizze see. Neist har blierket Swietekau. ‘As jo drinke, hâlde jo dan de tonge yn of ûnder it glês?’ Swietekau nokkert. ‘My tinkt der ûnder.’ ‘Probearje it marris.’ Swietekau nokkert jitris. Hy nimt in slokje, noch ien en noch ien. ‘Ik hâld myn tonge in eintsje yn it glês,’ seit er fernuvere. ‘Is dat ferkeard?’ ‘Nee, hear,’ andert Dynte. ‘Drinke jo mar mei de tonge yn it glês.’ Swietekau ferslokt him, begjint te hoastjen en spuit alles oer syn harnas. Dynte hat wille. Nier koerst fierder oer de wylde weagen. Yn in sydkeammerke leit in frou, útspraat as in wynroas. Har holle wiist nei it noarden, har skonken binne op it súdeasten en Súdwesten rjochte. In kloft manlju swerve troch har noardlike kontreien, mar hâldt dochs meast yn har midden ta. Sa wollêstich is wol lêstich. Dat draait, dat draait, dat draait mar, de keamer, keamer, keamer, hy fielt him as in loftballon, swaait op en del, om en om, swaait op, del, om en om, swaait om en om. In bêd dat kreaket, mar goed fearret. Syn eigen bêd. Dêrop in pearke dat om bar konkaaf en konfeks leit. Nier hâldt him mar konfús. Op de trep komme Sus en Sa him temjitte. Hy kin der noch krekt tusken troch lavearje. Hy sjocht oer it skouder en wiist op har jurken. De krap klaaide froulju yn de hal skatterje. Hy sjongt mei dûbele tonge. ‘Harren naad is efter iepenknapt.’ ‘Iepenknapt?’ ‘Harren naad is efter iepenknapt.’ ‘Iepenknapt!’ ‘Ja, harren naad is efter iepenknapt.’ ‘Iepenknapt!! Iepenknapt...’ Under oan de trep wachtet in frommes as in lôge op him. By | |
[pagina 202]
| |
elke stap dy't er tichter by komt, wurdt se tsien jier âlder. Se is klaaid yn in krinoline mei alles der op en der oan. Se troait him mei nei de puoskoken. Wylst se har gesicht yn in teare tear teart, blaast se him in pear wurden ta. Wurden dy't neat betsjutte. Nier blaast in wurdmennich werom. Ek sûnder gewicht. Se heint se yn 'e flecht wei mei de lippen op. Op 'en nij azemt se him lûden yn it gesicht. Har stim is tinner as in naainuddel. Nier begjint te ranen. It tijwetter glinstert yn syn eagen. Hy set syn helm ôf en strûpt syn wanten út. Har lippen plakke, har wurden wurde lytser en lytser. Hy lûkt in remspoar oer har hûd. Earne skylt Dynte op 'e taast in banaan mei ritssluting. En Nier byt yn de prommedanten fan in pommerante. Mar nou ha wy hichte mei de setten en pretten. Dynte skuort har fan de baron los. Se giet op 'e siik nei Nier. ‘Kom mei!’ kommandearret se as se him fûn hat. Moedsum skuort Nier him fan syn pommerante los. Tegearre sette se nei it terras ta. Dêr stiet de sek sûnder gemeentestimpel. Dynte makket him iepen en bringt in slûf foar it ljocht. Se wappert der mei ûnder syn noas. ‘Wat is dat?’ ‘De sjek fan ien miljoen.’ Nier slokt. ‘En dy triuwsto samar yn in jiskesek?’ ‘Krekt! Sekken sûnder stimpel nimme se net mei. Gjinien sil in sjek dêryn sykje. It feilichste plak datst betinke kinst.’ ‘Men moat de dingen altyd weistopje wêr't se hearre,’ skampert Nier. ‘Utsûnderings befêstigje de rigel,’ seit Dynte eigenwiis. ‘Ferhip do!’ ‘De baron sil alles oan Al Pino jaan, fijn hen?’ flústert se him yn it ear. Se geane werom yn 'e hûs. Se strûze tusken it folk troch op de baron ta. Nier folget Dynte op de foet. Hy is har liifwacht. Se jout teglûp de sjek oan Pappsack. Dy sil de slûf al iepenskuorre, mar hy betinkt him yntiids. Hy stekt de sjek tusken de | |
[pagina 203]
| |
ploaien fan syn toga. ‘Klear!’ suchtet er ferromme. ‘Ik moat noch even in taspraakje meitsje. Ik kin sa min ymprovisearje. Hast papier en pin, Orsel?’ As dat brocht is, freget de baron: ‘Wêr kin ik rêstich sitte? Ik wol net steurd wurde.’ ‘Op it húske, hooplik,’ andert Dynte. ‘Sjauffeur, bring de baron dêr hinne! En hâld de wacht!’ Nier bûcht as in knyft. ‘Ta jo oarders, baronesse!’ Hy is noch net yn steat ta nuansearre tinken, mar dit kin er wol neikomme. Hy moat jitris liifwacht wêze. Hy bringt Pappsack te plak en giet foar de doar stean. In lyts kertierke letter komt de baron der út. Hy hat it kladsje mei syn taspraak yn de hân. Dynte liedt him nei in ferheging dêr't in lessener op stiet. Se lit troch de lûdsprekkers omroppe dat der ien miljoen ferjûn wurde sil. Yn in omsjoch binne alle oanwêzigen spiernochteren. Se krûpe út hoeken en harnenGa naar voetnoot31 en folje yn in rep de grutte hal. De stilte is te snijen. Alle eagen sjogge op nei har woldogger. De baron brimt. ‘Achte oanwêzigen. It is ús in bysûnder foarrjocht en in grutte eare fan 'e jûn mei jimme feriene te wêzen. Us tahâld yn Fryslân is ús stoutste ferwachtings te boppe gien. Wy sille ta yn langte fan dagen it dierber oantinken oan dizze loksillige tiid yn ús hert bewarje. En dêr ha jim allegear, direkt of yndirekt, it jimme tadien. Wy sizze jim dêr tige tank foar. De kulturele ynstellings dy't jim fertsjintwurdigje, fertsjinje stik foar stik in rynske jildstipe. Lit ús bliid wêze dat it klimaat hjir sa groeisum is foar sa'n ideeënrike ûntjouwing. It muoit ús dat wy gjin biljoen jaan kinne. Dat soe noch te min wêze om de Fryske kultuer nei wearde te beleanjen. Dêrom binne wy noch blider. Want wat soe it jammerdearlik spitich wêze as wy fanwegen it ûntbrekken fan wierhaftich nivo it jild ûnder minder treflike repre... repre... re... slim wurd | |
[pagina 204]
| |
slaan oer... ferpartsje moasten. Lykwols, ek hjir yn Fryslân ha wy in primus inter pares fûn. Nei ampel beried hat it ús hage it gânske bedrach oan Al Pino te jaan, ornearre foar it keapjen en it opmeitsjen fan in meditatyf sintrum. Meie wy de lokkige winder hjir even ha, om him persoanlik de slûf mei ynhâld te oerlangjen? Wy ha sein.’ Al Pino stapt foar it front wylst de tsjinstfammen en húsfeinten omraak hantsjeklappe. Ut oare fermiddens komme skrille protestfluitsjes. Pappsack en Al Pino fûstkje fûleindich meiinoar. De hofmaster sil earst in tankwurd útsprekke, mar hy is te bot oandien. Ferlegen siket er beskûl tusken syn konsorten. Hy wit hoe't it heart. In slûf mei ynhâld makket men net op it toaniel iepen. ‘Jo soene it jild ferpartsje. Nou krijt ien alles! Dat wie de ôfspraak net!’ ropt in ûnnoflike stim troch de hal. ‘Wy ha neat ôfpraat,’ seit de baron kalm. ‘Wêrom sizze jo dan hieltyd wy ynstee fan ik?’ freget in oare ûnnoflike stim. ‘Wy ha de pluralis modestiae brûkt,’ andert de baron. Kwak! Dêr patst him in slachrjemmetaart yn it gesicht. Noch ear't er gatten foar de eagen makke hat, barst de boargerkriich yn alle ûnmeilydsumens los. It naait der in koers út. Boarrelwoarstjes yn trije dipstippen fleane troch de loft. Ierpelkroketten spatte tsjin de muorren op. Avokado's folle mei sines-appelblokjes en mayonêze gliere by de klean yn. Huningcocktails, rolmopsen en bismarckhearrings drippe út it hier. It reint rysslaad mei paprika, tomaten en aubergines. Tsiis- en spekbroadsjes kletse tsjin wangen en billen. Serpentines fan spaghetti mei keallefleisrôltsjes slingerje fan noas ta noas. Moksels yn sjelatine, ragût fan oksesturt, laamsribstikken mei prommen, krûde gehakpastei, jonge hoantsjes yn reade wyn, slaad mei kwark en maiskerls, fleis- en griente oan spitsjes, appels yn sântaartdaai, karamelpuddings, meloenkuorkes mei fruchten, flitterkes, bofferts, abrikoaze- en druvetaarten, sortearre sûkerguod, hinnen yn tampige stip, kapitalen wurde oan munysje ferbarge. | |
[pagina 205]
| |
It fleurich kleurde iten feroaret yn in smoarge grize brij. De striders kinne amper de fuotten ûnder it liif hâlde. Sels binne se sa glêd as snotte. De flier en muorren ek. De kamp giet tusken twa partijen. Oan de iene kant de ploech fan Al Pino, de baron, Bearke, Dynte en Nier. Oan de oare alle lju dy't har finansjele gerak net krigen ha. Inkeld de pommeranten hâlde har bûten skot. Dy steane lykas altyd fier boppe en bûten de partijen. Se wachtsje ôf hoe't de striid beteart. De tsjinstfammen en húsfeinten ha in goeie learskoalle hân. Se binne oan reboelje wend. Dat komt har no te pas. Alle glêsguod, tafelark, soppen en fiskgerjochten binne fuortendaliks by it útbrekken fan de fijannichheden troch har nadere. It docht wol fertuten. De drankflessen, messen en foarken hâlde se foar it gefal fan eskalaasje noch efter de hân. As it heal kin, moat der gjin bloed rinne. Se splitse har tsjinstanners gleonhite heldere en bûne soppen yn 'e mage. En se slaan har mei heilbotten, kabbeljauwen en mûdhûnen om 'e earen. De rigen yn it leger fan de ûntefredenen wurde tinner. Se drippe ôf. Se glisperje nei de foardoar ta en gaspje harsels fêst mei de feilichheidsriemen fan har auto's. Der wurdt har in earfolle ôfgong gund. Se krije gjin skop nei. De pommeranten binne al earder ôfset. It duorret lang ear't alle kâlde motors draaie. De weinen krûpe as gisele hûnen byljend de oprydleane del. In lange staasje ploeget troch de mist. Cap Sones lit him fan de âldhollânske kessenkast sakje. Syn wurk as oarlochskorrespondint is dien. Bliid swaait er mei syn kostbere kopij. ‘Genôch foar in hiele roman! In Fryske bestseller! En ik wie al fan doel in tredde hûs yn Nairobi te keapjen.’ As it ronkjen fan syn auto ferstoarn is, falt oer it slachfjild in freedsume stilte. De oerwinners behimmelje har. Nier fisket itGa naar voetnoot32 boeremoes út syn romtepak. Dan strûpt er syn | |
[pagina 206]
| |
sjauffeursklean oan. Dynte plôket deGa naar voetnoot33 langmoes út har lyfke. Se kriget út ien fan de kasten in funksjoneler jurkje. Alles leit oeral. In berch itensreau pronket op de grutste skeal, wylst it tafel-slaad yn it tafels-laad troppe is. Mar yn in pear oeren bringe se mei-inoar dizze trochnaaide boel wer kreas op oarder. Se genietsje fan in wolfertsjinne lins. Al Pino komt op Dynte en Nier ta. Hy falt tusken har yn op de bank del. Hy knikt har om bar tankber ta. ‘Dynte, Nier, wat ha jim my in deugd dien. Sûnder jim hie ik myn plannen noait útfiere kinnen.’ ‘De iene deugd is de oare wurdich,’ seit Dynte ienfâldich. ‘Sûnder jim hiene wy de brot noait oan kant krigen.’ Al Pino slacht de skonken oerinoar. Hy giet der noflik by Sitten. ‘Sisa, no wol ik ris sjen wêrfoar't wy as earme helten fochten ha.’ Hy hellet de slûf út syn binnenbûse. Hy hâldt har tsjin it ljocht. Foarsichtich skuort er de boppeste râne iepen. Hy lûkt in kaart út de slûf. Gjin sjek fan ien miljoen. In seisrittekaart fan de Ljouwerter stedsbus, noch hielendal ôfstimpele ek. | |
2‘Hast my moai by de poat hân,’ seit Al Pino bitter. It klamme swit brekt Dynte út. ‘Dit ki... kin net,’ hakkelt se. ‘O nee? Sjochst it dochs sels? Litst ús bealgje en strykst sels de sinten op.’ Riedeleas stoarret se him oan. ‘Hjir wit ik neat fan.’ ‘Ja, toe mar. Ik ha dy wol yn 't snotsje. Goedkeape arbeidskrêften, hen? Hjir silst foar bliede, fanke! Ik wol de hurde wierheid witte!’ ‘De ba... baron,’ stammert Dynte. ‘Wêr is dy keardel?’ Se sjogge allegear fernuvere om har hinne. Wêr is de baron? Se | |
[pagina 207]
| |
ha him de lêste oeren net sjoen. En se ha him ek net mist om't se it sa drok hiene. Nier kriget ien fan syn seldsume heldere ynfallen. ‘Hy is mei Bearke nei it túnhúske ta gien,’ seit er. Meiiens pakt er Dynte by de hân en stoot mei har bûtendoarren. De kloft tsjinstfammen en húsfeinten sjit oerein en fljocht har nei. Mar om't elkenien like hurd der út wol, ûntstiet by de foardoar in opstopping. Dêrtroch krije Nier en Dynte in lytse foarsprong. De mist is te snijen. It malkerige deiljocht sipelt der troch hinne. Se fiele de beammen earder as se se sjogge. Op 'e taast rinne se tusken de stammen troch. Wiete tûken klauwe har yn it gesicht, kâlde blêden aaie troch har hier. Mar se binne gjin frjemd yn eigen tún. Oan de blom- en beamsoarten kinne se har in bytsje oriëntearje. Hy skuort har mei. ‘Diskant út!’ ‘Dêr is it túnhúske net,’ flústert Dynte. ‘Dat moat ek net.’ Se strûze troch rintfears, by nagelbeammen lâns, oer glysterich moas. As se oant de middel ta tusken margriten steane, ropt immen koartby: ‘Hallo, hallo, wêr sitte jim?’ Se dûke har tagelyk. In skym riist út de mist op. It dizenige stal fan in húsfeint. Hy hâldt de hannen as in toeter foar de mûle. ‘Hallo, hallo, wêr sitte jim?’ ‘Hjirre!’ klinkt it dof fan fierrens. De skym stapt by har wei en fertart. Nier lûkt Dynte mei nei de garaazje. Einlings fielt er de robbelige muorre. Hoeden makket er de efterdoar iepen. Hy triuwt in knop yn. Lûdleas skoot de foardoar omheech. Hy draait it hânfet fan ien portier justjes nei ûnderen ta. Dynte slûpt yn de auto, Nier folget. De wein hat in kâlde noas, dochs slacht de motor daliks oan. Dêr is it in Bugatti foar. Nier lit alle ljochten, ek de mistlampen, fûl brâne. It helpt in benaud bytsje, mar hy wol gjin deaden meitsje. Miskien rint der folk op de leane. Sels is er dy fjoertoerskynsels net nedich. Alle wegen yn de Stellingwerven ken er as syn eigen | |
[pagina 208]
| |
binnenbûse. Blynseach kin er se beride. Hy stjoert tusken de pilaren troch en swaait de dyk op. Om in efterfolging slimmer te meitsjen, mijt Nier de haadwegen. Mei in midsmjittich gonkje ride se nei it noarden. Hoe fierder se fan honk komme, hoe mear gewissebeswieren Dynte pleagje. Op 't lêst hâldt se it net langer út. Se ferbrekt it swijen. ‘Se kinne de baron wol fan kant meitsje. En Bearke, dy stumper.’ ‘Gjin noed. Dy rêde har tegearre wol.’ ‘Mei har twaen tsjin sa'n oermacht?’ ‘Se sitte net yn it túnhúske. Se binne allebeide mei de pommeranten fuortrekke. Ik sei it mar om dy ploech fan Al Pino op 'e doele te bringen. Wy wiene ús libben dêr net feilich.’ ‘Wat wolst dan no dwaan?’ ‘Sels Pappsack sykje. Ik wol witte wêr't de sjek bleaun is. Earder geane wy ek net frijút.’ Dynte lûkt in prommemûltsje en knikt. ‘Hast gelyk.’ Ynienen sjocht Nier mei syn tûke eagen in gedroch op him ta springen. Hy sil der noch omhinne giselje. In heidensk kabaal fernijt him dat it al te let is. Tagelyk wurdt it him ek fisueel bewiisd. Skroeven, moeren en bouten kletterje as in heilbui tsjin de Bugatti. In tsjil rôlet oer de motorkap en in stjoerrêd bliuwt om de sulveren oaljefant hingjen. Dynte en Nier komme mei de skok frij. Se fiele dat har auto net mear oer in karkas hobbelt, de bannen gripe wer it asfalt. Hiene se trochriden, dan wiene se frij bleaun. Mar se binne, lyk as altyd, te fatsoenlik. Se ha noed mei oaren. Se stappe út om te sjen oft se immen helpe kinne. Fangefolgen komme se sels mei it mes yn it liif te sitten. Se rinne nei it wrak ta. Dêr is net in soad fan oer. Mar se kinne it lyk identifisearje. In pear ferknûkele giele letters sizze genôch. Bugatti is op Uche-uche-blaf-blaf botst. Krekt as yn de leafde sykje de utersten inoar. Hjir wolle se gjin gedoente mei ha. Se krieme en rinne werom. Nei fiif stappen stjurje se. Twa revolvers wize op Dynte har nâle en Nier syn krús. Chick Anus en it Bonkerak keare har. | |
[pagina 209]
| |
‘Soa, werom fan fuort west?’ freget de smoute prater. As er gjin antwurd kriget, blaft er: ‘Hannen yn 'e nekke! Lizzen gean, allebeide!’ Se knibbelje en rôlje op 'e side yn it kâlde wiete bermgers. ‘Foardel!’ kommandearret Chick. ‘Hannen op 'e rêch!’ ‘Myn moarnsgymnastyk,’ mompelt Nier mei in mûle fol modder. ‘Krije wy der gjin stikje muzyk by?’ Chick smyt syn besleine sikefûnsbriltsje fuort. ‘Bine!’ raast er. Mei in tinne izersterke koarde fiselt de skrinkelmanGa naar voetnoot34 har polzen. ‘Oerein!’ kommandearret Chick. ‘Binne de ferplichte oefeningen hast dien?’ wol Nier witte. Chick skroevet syn lange nekke út. Hy hâldt syn holle lyk foar Nier sines. It wynsel om syn plasse is trochblet. Robinen fan opdroege bloed fersierje syn tulbân. ‘Sil ik dy ris in hynst jaan?’ Nier lûkt oan 'e skouders. ‘Of in mûlepar,’ stelt er út. Bats! Dêr kriget er in rjochtse direkte. Hy kin inkeld mei de stomp meigean. Mar it komt noch hurd genôch oan. Syn tsjeak sjit sydlings út de sinen. Hy knypt de eagen ticht. Dynte gjalpt. Hy klamt de tosken opinoar. Syn tsjeak skoot te plak, mar hy hat in brike bek. ‘Sjoch oft se ek hurdguodGa naar voetnoot35 by har ha,’ seit Chick. ‘Ik wol der net wer yn túnje.’ It Bonkerak befielt Nier en Dynte. Hy hâldt har rok omheech sadat syn baas der sels ûnder sjen kin. ‘Inkeld sêftguod’Ga naar voetnoot36, stelt er fêst. Chick slokt. De meast seksy nâle dy't er ea sjoen hat. It is no gjin tiid foar hoepla mei de skonkjes. ‘Gau dy rok del!’ byt er syn maat ta. ‘De Bugatti moat yn it weinhús en de brot fan de dyk! Mar alderearst dit spul stringenearje!’ | |
[pagina 210]
| |
It bonkerak hellet in stengun foar it ljocht. Syn revolver jout er oan Chick. Dy wiist it paad mei twa wapens. ‘Kom mar mei nei de swiete ynfal.’ Se rinne foarút, it twamanskip skean efter har. Nei fyftich meter steane se foar in herberch yn Ingelske styl. Step-Inn: De Trije Gekken. ‘Stap der mar yn,’ noeget Chick. It Bonkerak draait de klink. Se komme yn in tsjustere jachtweide. In lampe knipt oan. It giele ljocht skynt troch in wale fan spinreach. Oer de flier lizze fermôge stuollen, glêsdiggels en wiete bierfiltsjes. Bekers fol griene plakken steane yn in medaljekast dy't foaroer oan ien spiker hinget. Drippen út de kraan fan de taap tikje hurd op it sink. In grutte goare wrâldkaart, begriemd mei fochtringen en miggeskyt, is op in houten sket plakt dat de fierste hoeke ôfskiedt. De blinen foar alle finsters sitte ticht. De tuskenmuorre is in koarken smytskiif yn mitsele. Pylkjes dêr 't de fearren fan útskuord binne, steane der skean en bryk yn. ‘Trep op!’ kommandearret Chick. ‘En net moeilik dwaan!’ Se kreakje oer de útsliten trimen nei boppen ta. It Bonkerak rint efterstebek. Se komme op in oerrin. De doar fan in keal keammerke fan twa by twa stiet iepen. Chick wiist mei de holle. ‘Der yn, do!’ Dynte driget. Syn finger spant om de trekker. Starich stapt se oer de drompel. Chick jout har in dúst yn de rêch en slacht de doar ticht. Wylst it Bonkerak Nier yn 'e kuer hâldt, fisket er in kaai út de bûse. Hy draait de doar sekuer op slot. Dan bewurkje se tegearre har manlik slachtoffer. By eintsjebeslút leit dy as in rollade, mear tou as fleis, oer de flier. In rollade dy't smoart fan de prop yn de mûle. Tefreden sjocht Chick op it slachterswurk del. ‘Dit is it hielendal,’ knikt er. Se litte Nier gewurde en ûntfermje har oer Dynte. Dy wurdt allike fakkundich ferpakt neffens itselde model. As se de put der út ha, krije se Nier op en smite him neist har yn it keammerke. | |
[pagina 211]
| |
Twa rollades. Moai foar de healdagen. ‘Sis mar dei mei it hantsje,’ gnysket Chick oer it skouder. De doar docht er wer op slot. It keammerke sit gjin finster yn. Se lizze yn folsleine tsjusterens. Kreakjen fan de trep, brekken fan glês ûnder skoechsoallen, draaien fan de klink. Se binne iensum, mar net allinnich. En se ha teminsten har noeden en soargen noch. Dy kin nimmen har ôfnimme. Dy geane mei yn har grêf. No't har eagen ta de swartens fan har tombe wend binne, sjogge se troch de naden fan de flier hjir-en-dêr in slûch ljocht skinen. In nachtpitsje foar de deaden. Stivens krûpt starich omheech, krekt as ha se fergif fan it giftich piipkrûd ynnaam. De ferlamming begjint by har fuotten, dêrnei wurdt har liif ûngefoelich. Noch even en se kinne net mear sykhelje. Dynte rôlet oarsom. Se leit mei it wang op in grouwe splinter dy't út it hout stekt. Se besiket de lape foar har mûle dêr efter te heakjen. De splinter brekt. Se skoot har gesicht oer de flier. De lape bliuwt yn in spjalt tusken twa planken stykjen. Se skuort omraak. Se skânsearret har hûd, de smertlapen prykje. Mar de lape teraffelt ek. In lêste hoart en de flarden hingje om har hals. Se gappet nei de siken. Dan rôlet se op Nier ta. Dêr fielt se him neist har. Se triuwt tsjin him oan. Hy beweecht net. Se strykt mei de iepen lippen by syn foarholle lâns. Har mûle taast fierder oer syn noas. Se fernimt syn azern net. Deastil leit er op 'e rêch. Se skrept har boppe op him. Har tonge slikket by de râne fan de lape lâns. Se fielt wêr't it guod net dûbel sit. Se hapt en hâldt fêst. Har sterke tosken ropje de prop út syn mûle. Se kin noch wol wat oars as samar yn in appel bite. Se brûkt net om 'e nocht dat spesjale toskpoetsersguod. In gril giet troch Nier syn lea. Hy stint. Gelokkich. Dynte triuwt fluch har lippen op sines. Hy stint wer. Ynienen skrilt er op. ‘Fuort beest!’ ropt er mei in aaklike grêfstim. ‘Ssss,’ flústert se yn syn mûle. ‘Ik bin it, Dynte.’ Dat bêdet him del. Hy ferskeukt justjes. Hy lichtet de holle en | |
[pagina 212]
| |
siket har ear. ‘De kaaihinger. Op myn boarst,’ prevelt er. Jitris dogge de sterke tosken fan Dynte har ferneatigjend wurk. Se bite twa knoopkes fan syn oerhimd ôf. Mei noas en tonge wine se har troch katoen, netnylon en boarsthier. Se fine it koardsje en haffelje dat krekt sa lang bylâns oant se de kaaihinger berikke. Mar it is gjin kaaihinger. It is de miniatuer-portofoan. Dynte hâldt it apparaatsje tusken har tosken foar syn mûle. ‘Lofter knop yntriuwe,’ flústert er. Se byt de lofter knop yn. De portofoan knettert en fluitet súntsjes. ‘Hjir Nier Hinnebruier. Hjir Nier Hinnebruier. Nier Hinnebruier ropt Déa. Déa, kinst my ferstean?’ seit er mei de stim fan in biljertferslachjouwer. ‘Oare knop,’ jout er Dynte te witten. Dy byt de rjochter knop yn. Se hearre har eigen hertslach troch de portofoan. Dêr komt it antwurd al. ‘Hallo Nier, hjir Déa ex Machina, hjir Déa ex Machina. Kin dy goed ferstean. Hjir Déa ex Machina.’ Dynte pianospilet wer mei de tosken. ‘Help my, Déa ex Machina, help my. Sit opsluten yn Step-Inn: De Trije Gekken tusken Hoarnstersweach en Sparjebird. De wachters binne wapene. Oer.’ ‘Sil der daliks wurk fan meitsje, sil der daliks wurk fan meitsje. Sterkte, oer en slute mar.’ Krekt op tiid. De portofoan falt Dynte tusken de tosken wei. Se hat gjin byt mear yn de mûle. Har tsjeakspieren binne stiif fan de kramp. Se kin de mûle net mear ticht krije. Se rôlet fan Nier ôf. Dan beswimet se. Nier heart noch hoe't syn Bugatti om de herberch hinne rydt. Dêrnei klinke lûden fan blik dat fuortsoald wurdt. Suver op it stuit dat er ek yn 'e sûs reitsje sil, fernimt er minsklike stimmen. Hy is op syn iepenst. Se komme tichter by, hy kin it skandearre roppen ferstean. ‘Wy wolle Pappsack! Wy wolle Pappsack!’ Ientoanich droant in sprekkoar hieltyd deselde wurden op. Fan alle kanten marsjearje stimmen ta. Op it lêst is de herberch besingele. As tonger slacht it geraas by de muorren op. | |
[pagina 213]
| |
‘Wy wolle Pappsack! Wy wolle Pappsack!' Dynte komt der fan ta besef. Dêr wurdt ûnder har in doar iepensmiten. Nier rôlet him nei in naad yn de flier. It slagget Dynte en draai har op de bûk. Tegearre gluorkje se troch de skreef. Chick Anus en it Bonkerak steane midden yn de jachtweide. Se hâlde Al Pino ûnder skot. Mar dy stiet kalm mei de earms oerin-oar en ferlûkt gjin spier. ‘Doch wat jim wolle,’ seit er. ‘Myn mannemacht sil it fan jim wapens winne. Foar elkenien dy't jim deasjitte, komme der twa by. Jim moatte Dynte Planteit en Nier Hinnebruier oan my útleverje. Mear freegje ik net.’ Chick docht writen de ûnskuld út te hingjen. ‘Ik ken dat stel net iens fan hearren sizzen.’ ‘Har bromfyts stiet hjir tsjin de muorre. En der is mar ien sa'n brommer yn hiele Fryslân!’ Chick besiket de flinke jonge te bliuwen. ‘Dat is dan foar my nijs hyt fan de nuddel.’ ‘Wy wolle Pappsack! Wy wolle Pappsack!’ tongert it rûnom. De muorren falt hjir-en-dêr in stik kalk út. De ûnderhannelers moatte yn de ynterfallen prate, oars fersteane se har eigen wurden net. ‘Dynte Planteit en Nier Hinnebruier, hen? Wêrom roppe se dan om Pappsack?’ freget Chick al minder flink. ‘Dat falt better,’ andert Al Pino. ‘De lospriis is ien miljoen.’ ‘Dat ha ik net.’ ‘It is ek mar de fraachpriis.’ ‘Ik freegje om útlevering.’ ‘Leger as hûnderttûzen gean ik net. Dat is myn fêste prip.’ Fûsten roffelje op doar en blinen. ‘Wy wolle Pappsack! Wy wolle Pappsack!’ De medaljekast springt iepen, bekers rattelje oer de flier. De spegel efter de taap sjit fol stjerren. Chick wurdt wyt om 'e noas. ‘Miskien kinne wy dochs ak- | |
[pagina 214]
| |
koartsje,’ bringt er heas út. ‘Ik moat myn gizelers ha,’ seit Al Pino mei klam. Chick hapt ta. ‘En wy har Bugatti en frije ôftocht? Okee?’ Al Pino knikt. ‘Der sil jim gjin strie yn 'e wei lein wurde.’ De wapens sakje, de mannen fûstkje. It meunsterferbûn hat syn beslach krigen. ‘Hea, wat is it ynienen stil,’ merkt Al Pino op. ‘Ik hear neat mear. Dat fertrou ik net.’ Bûten is it yndie deastil. It sprekkoar swijt. Trijeresom stappe se op de doar ta. Noch foar't se healwei binne, falt dy har mei knieren en al temjitte. Fammen op springballen hippe der yn en oermasterje yn in swypslach de oerblufte manlju. Lykas de bijen panyk siedzje ûnder de bearen dy't bite, Nei dit klassike HomearyskeGa naar voetnoot37 tuskenspul, giet it op de moderne toer fierder. Saaklik en korrekt wurde de manlju mishannele. De fammen rinne op bleate fuotten troch it glês. It docht har neat. De sêfte sekse is de sterkste. Ek har springballen kinne net lek. Ien faam fljocht mei twa trimen tagelyk de trep op. In kaai rinkelt, it slot klikt. In stoarmlantearne ferljochtet it keammerke. Yn de doarsiepening stiet Déa. Wêr't by oare froulju slipke en bh sitte, is by har de hûd donkerder. Noch altyd in Unikum. Se tovert in mes foar it ljocht en fiket de touwen stikken. Se massearret de stive lea fan Dynte en Nier. Se pakt in termosflesse út it neat en jout har drinken. De hite tee brânt yn har liven del. De neifleagen fan de koeienaasje saksearje. Nier kin it op fuotten | |
[pagina 215]
| |
hâlde, wylst Dynte al wer omtrint trinten omrint. ‘Wêr is baron Pappsack?’ freget er oan Déa. ‘Libben of dea, wy moatte him fine.’ Se fronselt de wynbrauwen. ‘Ik soe dy mar ien kear helpe.’ Har strange toan duldet gjin tsjinspraak. ‘Earst ha wy dyn sin dien,’ seit Dynte. ‘Lit ús dan no myn sin dwaan.’ ‘En dat is?’ ‘Nei de wetterfal ta gean.’ ‘Wat moatte wy dêr dwaan?’ ‘De baron sykje.’ ‘Wêrom by de wetterfal?’ ‘It leit my sa by.’ ‘Hoe komme wy dêr sûnder lyncht te wurden?’ ‘Ik ha se hjir allegear ûnder de kwint,’ seit Déa. Se geane nei ûnderen. It bekrûpt Dynte as se Al Pino sjocht. De trouwe kop hinget mismoedich op syn boarst. Hy liket no wol in mislearre bloedhûn. ‘Wy sille de baron sykje. As wy him hjoed net fine, sil ik persoanlik dyn meditatyf sintrum finansierje,’ ûnthjit se him. ‘Ik ha dyn beloftes op in pypfol,’ seit Al Pino weardich. Déa, Dynte en Nier stappe bûtendoarren. De mist is ferwaaid, de lêste flarden driuwe fuort. In wetterich sintsje stiet oan de lappige loft. Tsjinstfammen en húsfeinten sitte ferslein op in protsje. Se binne inkeld yn steat ta geweldleas ferset. It leger fan Déa hâldt har maklik yn 'e stokken. In slop protest stiicht út de finzenen op as se it trijetal sjogge. Guon flybje it foar de fuotten. Yn it weinhús stiet neist de Bugatti noch in auto. Sa sljochtwei as in kantoarman yn in reinjas. Mar tige brûkber. Nier lûkt it portier iepen. It kontaktkaaike sit al te plak. Hy start de motor. Dy docht it sûnder te haperjen. Genôch benzine? Ek dat. Kin it moaier? ‘Dynte, hjiryn. Dan jouwe wy lang safolle each net as yn de Bugatti.’ Se stimt der yn mei en falt neist him del. ‘Bliid datst dyn ien- | |
[pagina 216]
| |
kennigens njonkenlytsen wat ôfleard hast.’ Déa set de mendoarren iepen. Se swaaie it grintpleintsje foar de herberch op. Foarsichtich ride se tusken it omsittend laach troch nei de dyk. Nier jout gas. Efter har skodzje machteleas in swikje fûsten. | |
3De kulturele revolúsje is ûnderwilens as diggelfjoer troch Fryslân gien. Rûnom steane ploechjes dy't: ‘Wy wolle Pappsack!’ roppe. Guon hâlde spandoeken en buorden yn 'e hichte. ‘Pappsack skytsek’, ‘Us miljoen ha wy noait sjoen’ en ‘De kulturele rapen binne gear’ stiet der op. Oan telegraafpeallen bongelje poppen fan ryshout mei in strûp om de hals. Har pampes hinget in kaart foar. ‘Pappsack’ stiet der op. Wêr't in soad folk by de wurken is, wurdt de brân yn de poppen stutsen. It rys is wiet. Tusken tsjokke reekplommen trilje in pear earmoedige flamkes. De omstanners jûchheie. De meastepart wit net iens wêr't it om te rêden is. Se miene dat se kreatyf dwaande binne op de liddige sneontemoarn. Gelokkich ha se noch gjin barrikades boud. En auto's bekûgelje se noch net mei stiennen. Yn har sljochte wein merkt nimmen Dynte en Nier op. Sûnder trelit komme se op it parkearplak by de wetterfal. Se moatte lang om in iepen plakje yn it weinpark sykje. As se útstappe, hearre se hoe 't it wetter mei donderjend geweld yn de djipte stoart. Se rinne in prachtich keunstmjittich leantsje del. Dêr steane se foar it provinsjewûnder. Ut in brede tonge brûs dy't oan ien tried troch oer de râne skoot, falt in trochskinend gerdyn tusken de betonnen rotsen. In waaier fan fine drippen sparket achtentweintich meter leger oer kolken en bûlen. It brûskjende wetter streamt fonkeljend om de rekreaasje-eilantsjes hinne nei it ûndergrûnske gemaal dat it oppompt. In útsûnderlik skouspul dat jin altyd bybliuwt. | |
[pagina 217]
| |
Revolúsjonêren rinne hjir net om. De oproerplysje hat har, foar't se pamfletten omdiele koene, oppakt. As it heal kin, moatte de toeristen ûnwittend bliuwe. En boppedat, de hegerein is mei mannemacht oanwêzich. Hast elk eilantsje wappert in flagge mei ‘besprutsen’ op. Earne fisket de kommissaris fan de keninginne eigenhandich in sjauffeurspak út it wetter. Wat de lju langer ek allegear fuortsmite. Gjin sprút omtinken foar it miljeu ha se. Noch mar ien dei iepen en no al wetterfersmoarging. Skande. Dynte en Nier rinne alle gesichten bylâns. Dat fan Pappsack is der net by. Se nimme in leane dy't steil omheech giet. Sa komme se boppe de wetterfal. Ek hjir speure se fergees nei de seldsume postsegel. ‘Dyn yntuysje is neat wurdich,’ prottelt Nier. Ynienen stiet Dynte stil en knypt yn syn earm. Har tûke earen fernimme in oar lûd as it rûzjen dat fan fierrens komt. Se troant him mei fan it paad ôf, tusken slingertûken troch nei in eskenbeam ta. ‘Harkje,’ flústert se. No heart Nier it ek. Earmoedich miaukjen. Foarsichtich teantsje se om de beam hinne. Dêr sjogge se in kat boppe-yn de krún. Loebes! Se stompe inoar oan. Se lokje de poes mei stimmen fan sûkerguod. Mar Loebes ferpoft it. ‘Sil ik har der út helje?’ freget Nier. ‘Dat fertrou ik net. Gean do my mar te near stean.’ Nier docht it. Dynte klimt op syn rêch. As er oerein komt, stapt se op syn skouders. Hy triuwt har fuotten sa fier omheech as er rikke kin. Dynte klimt fierder. Har bleate billen omklamje de fochtich-glêde stam. Har hannen gripe de earste tûke. In tel letter sit se der op. Dan giet it makliker, se fynt hâld foar hannen en fuotten. Boppe-yn wurde de tûken merakels tin. Se slingert hinne-en-wer. Se giet yn in foarke sitten, heger doar se net te gean. Se stekt de skonken efterút en slacht de fuotten om de stam. Starich lit se har foaroer sakje, har hannen strûpe om de tûke. Dan skoot se har liif oer de skors. As in slange glydt se Loebes temjitte. It bist bliuwt | |
[pagina 218]
| |
sitten. It miauket net mear. Geduldich wachtet it klomsk en suterich protsje ûngemak op har rêding. Dynte pakt it nekfel. Leaf lit Loebes mei-iens de tûke los en giet slop hingjen. Mar Dynte is beide hannen nedich foar werom. It memme-ynstinkt lit har net yn de stiik. Se klamt it nekfel tusken de tosken en triuwt harsels rjochtop. As se de stam beet hat, is de put der út. Monter as in trapezewurkster komt se mei Loebes yn de mûle nei ûnderen ta. ‘Dat is ien,’ seit se. ‘Lit ús Loebes earst nei de auto bringe, dan kinne wy nûmer twa sykje.’ De kat begjint te gnoarjen. Se sette op it parkearplak ta. As se ûnder by de wetterfal binne, sjocht Nier ûnwillekeurich wer nei it wûnder. Syn hert slacht acht en tachtich. Dêr, op in smelle richel heech boppe de rotsen dy't as flymskerpe tosken út it wetter stekke. In Romeinske senator mei de rêch tsjin de leadrjochte betonmuorre: Pappsack yn de tsjeaken fan de dea. ‘Hjir bliuwe!’ Sels fljocht er der op ta. De lju merkbite it no ek. Har petear stûket, se komme oerein en wize. Mar se stekke gjin poat út. Se tinke dat it der by heart. En de oproerplysje sjocht de oare kant út. Nier stoot de steile leane op. Boppe-oan springt er pardoes yn de wieljende rivier. Hy wâdet fan rots nei rots. Hy hellet syn skinen iepen, hy stompt syn holle. Bloed kleurt it brûs read, mar it deart him net. Hy hat mar ien doel. Oan de uterste râne fan de wetterfal giet er plat op in oerhingjende stienklompe lizzen. Fjouwer meter ûnder him stiet Pappsack. Hy moat it richeltsje yn in fleach fan ferstânsferbjustering berikt ha. Oars wie er al lang fallen. Syn grouwe liif hinget oer de ôfgrûn. ‘Wachtsje even!’ skreaut Nier boppe it tongerjen fan it wetter út. De baron draait syn holle nei alle kanten. As er einlings omheech sjocht, komt er noch mear út it lead te stean. ‘Q...!’ flokt er. ‘Ik sil in tou helje!’ | |
[pagina 219]
| |
‘Q...! Net dwaan! Ik spring! Ik wol dea!’ De baron triuwt himsels fan de betonmuorre ôf. Hy stiet te slingerjen as in dûkelpoppe. ‘Net dwaan!’ raast Nier. ‘Wy ha Loebes fûn!’ Pappsack maait mei de earms en it slagget him wer yn labyl lykwicht te kommen. In minske libbet salang't er hopet en hopet salang't er libbet. ‘Dea?’ freget er mei syn lêste tûkeltsje fjoer. Wat is Nier bliid dat er it net útpûste hoecht. ‘Sa libben as in hert! Dêr is se! Sjoch, dêr ûnder by de hânwizer!’ Besiden it folk hâldt Dynte Loebes omheech. As Pappsack har gewaarwurdt, kriget er sa'n skok dat er hast dochs fan de selsmoardrichel mitert. Mar it bringt him ta besef fan syn faaie situaasje. Hy begjint te triljen. Deadseangst sprekt út syn holle eagen as er Nier skriemend smeekt: ‘Helje my hjir wei! Daliks! Ik kin it net lang mear meitsje!’ Nier hat it gefoel dat er dit alles al ris earder meimakke hat. Dat hat er ek. Mar ûnder gâns geunstiger omstannichheden. ‘Wachtsje even!’ raast er. Hy strûpt al syn klean út en knopet se oaninoar. Hy lit it spul yn de ôfgrûn sakje. In broeksbokse bongelt foar Pappsack syn noas. Dy maait mei ien earm wyld om him hinne. Ja hear, dêr hat er in tip beet. Syn hân klaut heger, einlings hat er goed hâld. Syn oare hân pakt de bokse ek beet. No doar er der oan te hingjen. De broek knapt yn it krús, mar skuort net. Mei syn fuotten set de baron him fan de betonmuorre ôf. Nier lûkt it string klean op. Hy trunet Pappsack oan. De man syn libbenskrêft mei net heal ferslopje. Mar hy mei him ek net oan it laitsjen bringe, dat fersloppet ek. It is gâns in fracht. Nier byt op 'e tosken. Hy fernimt dat er sels foarút skoot. Hy krommet de teannen en besiket se efter in rotspunt te heakjen. It jout neat. Se slûpe oer de wiete stiennen. Starichoan wurdt er sels yn de ôfgrûn lutsen. Swarte stippen wrimelje foar syn eagen. Syn boppeliif hinget al oer de râne. Hy kin him net mear hâlde. Boem! Dêr ploft wat op him del. In gewicht dat him ferankert. | |
[pagina 220]
| |
Bearke sit oerskrank op syn billen en lûkt mei. Dy goeie Bearke. In fanke dat harsels folslein weisifert en dochs as it nypt altyd ree stiet. Tegearre helje se Pappsack foar de helsdoarren wei. Einlings stiet dy libbensliif oer har. Nier ferjit syn sjauffeurspak. Dat mitert yn de djipte. No't de put der út is, hantlanget de oproerplysje. Se bringt it trijetai feilich troch de rivier. Dynte stiet mei Loebes op 'e earm oan de kant te wachtsjen. De kat springt út har hannen nei de baas. ‘Loebes!’ ropt de baron gûlend fan blidens út. It bist slikket syn triennen. Sa'n wersjen is fansels wol aardich, mar it moat net oeren duorje. ‘Wêr is de sjek?’ freget Nier. In lange man mei in bloedearmoedich gesicht stapt tusken him en Pappsack. Hy lit syn wurkfergunning sjen. Ynspekteur A.A. Kliksma fan de Fryske Geheime Plysje. ‘Ik moat jo oer de grins sette,’ seit er oan de baron. ‘Jo oanwêzigens wurdt net langer op priis steld. Ik ryd jo no daliks nei Wolvegea ta. Dêr stappe jo op de trein. Ik sil de Intercity foar jo hâlde litte. Wolle jo ôffûstkje?’ De baron docht de mûle iepen fan ferbazing. Hy sjocht Dynte oan. Hy spriedt mei in helpleas gebeart de earms en lûkt oan de skouders. ‘Wy wolle in ferklearring!’ropt Dynte ferheard út. ‘Dy sil ik aanst jaan,’ seit Kliksma. ‘Jim ride mei nei Wolvegea.’ ‘Mei ik ek mei?’ freget Bearke beskieden. ‘Meie? Jo moatte mei! Jo binne ek persona non grata. Jo moatte ek út Fryslân wei.’ ‘Wy ek?’ ynformearret Nier. ‘Noch net. Mar dat kin komme.’ Se fûstkje ôf. Pappsack hâldt de hân fan Dynte wat langer fêst. ‘Ik sil dy noait ferjitte, Orsel.’ ‘Ik dy net, Julius. Skriuwst noch ris?’ Kliksma lit Bearke en de baron yn syn eigen wein stappe. In âlde goekunde. De Rolls Royce Silver Cloud. Dynte en Nier ride yn har liende auto. Se wurde eskortearre troch in lange rige wite motorfytsen en oerfalweinen dy't omraak | |
[pagina 221]
| |
klaksonearje. Krekt de Tour de France sûnder fytsers. As Bearke en Pappsack yn de trein nei it bûtenlân sitte, giet it nei de Step-Inn by Hoarnsterswaach. De oproerplysje hat dêr de wapene macht oernaam. De tsjinstfammen en húsfeinten sitte no ûnder har kwint. Déa en har byfammen binne fuortrekke sûnder in spoar efter te litten. Sa giet it by dizze nimfen. Chick Anus en it Bonkerak binne ta beskikking fan de provinsje steld. En har herberch is troch de gemeente ûnteigene. ‘Te keap’ stiet op in boerd dat oan de doar hinget. Al Pino sit yn de jachtweide te wachtsjen. En dêr is menear Iishynder wrachtsjes ek. Kliksma jout syn ferklearring. ‘De man dy't jim kenne, is baron Julius Pappsack net. Hy wie mar in ramplesant, in strieman. Hy moast de publike opiny misliede. Ien miljoen foar de Fryske kultuer. Dat sprekt de lju oan. Dêrom moast syn reis in publyk geheim wurde. Syn postuer en kat diene dêroan ta. Underwilens ûnderhannele de echte baron mei de pommeranten. Hy hat de hiele gemeente Hylpen kocht. Dêr sil er in kolossaal plezierpark foar toeristen fan bouwe. Hy is bouboer, no? Mar hy moast kontant betelje en hy hie ien miljoen te min. Krekt doe 't Loebes útnaaid wie, ha ik de sabeare baron nei de K.F.P. yn Ljouwert riden. Hy hie de sjek foar it bewarjen oan de baronesse jûn. Om't se dat net leauden, ha se him dêr fêstholden. Doe 't de útnoeging foar it feest yn de krante stie, ha se him frij litten op dy betingst dat er de sjek oan de pommeranten jaan soe. Dat hat er dien. Mar doe is er útpike om syn kat te sykjen. It hie better west as er deafallen wie. Hy wit tefolle. En Bearke ek. Dêrom ha ik se oer de grins sette litten. Dat is alles.’ ‘Dy oerfal yn de Ljouwerter binnenstêd en dat gedonder mei Chick Anus dan?’ wol Nier witte. ‘Hie der neat mei te krijen. Dat binne normale gefallen fan kriminaliteit. Dy moat men tsjintwurdich ynkalkulearje.’ ‘En dy healwize fint mei syn flinternet?’ freget Dynte. ‘Dêr kin ik antwurd op jaan,’ ropt Iishynder om. ‘Dat wie ús fertsjintwurdiger fan it rayon-om-utens. Hy woe foar himsels begjinne. In tragysk sykteferskynsel.’ | |
[pagina 222]
| |
Kliksma wurdt ûngeduldich. ‘Noch mear fragen?’ ‘Ja,’ andert Al Pino. ‘Wat moat ik oan myn folgelingen sizze?’ ‘Dat meie jo sels witte. As it mar net de wierheid is. De wierheid mei net fierder buorkundich makke wurde. Jim steane ûnder kontrôle fan de geheime plysje. As der wat útlekt, witte wy út wat koker it komt.’ ‘Hoe moat ik dit yn 'e frede ferkeapje?’ freget Al Pino him suchtsjend ôf. ‘Myn folgelingen sille my ôfslachtsje.’ ‘Do krigest jild fan my,’ treastet Dynte. Hy skodhollet mismoedich. ‘Hasto in miljoen?’ ‘Nee. Mar ik keapje dizze útsloerde herberch foar dy. As ik dy dêrmei te wille wêze kin?’ ‘Dat stiet!’ Al Pino is ynienen alhiel hoera. ‘Dan komt myn meditatyf sintrum hjir! Wy moatte dochs ek wat oan de ûntsluting fan it plattelân dwaan.’ Hy set mei in megafoan bûtendoarren om it bliid boadskip te ferkundigjen. ‘No wy noch,’ seit Iishynder. ‘Us reisburo wol jim in attinsje oanbiede. In folslein fersoarge reis fan fjirtjin dagen foar twa persoanen nei in lân neffens eigen kar. Wat sil it wêze?’ Dynte en Nier binne der ferlegen mei. Se witte it sa gau net. ‘Kom mei!’ Dynte stapt nei de tuskenmuorre. Nier en Iishynder folgje har op de foet. Se lûkt in pylkje út de koarken skiif. Foar de grutte wrâldkaart bliuwt se stean. Se jout Nier it pylkje en wiist. ‘Smite!’ kommandearret se. Nier docht trije stappen efterút en smyt. Triljend stiet it pylkje yn de kaart. Se rinne der op ta en sakje suver troch de knibbels. Ja, se sjogge it goed, it pylkje sit yn Fryslân. De hiele wrâld ta jins foldwaan en dochs yn Fryslân bedarje. Wat in ûngelok. Iishynder wriuwt him fernoege yn 'e hannen. In moaie flikkerij. Dit kostet him noch gjin tûzen gûne. ‘It bêste lân fan d' ierde,’ sitearret er. ‘Ferhip mar!’ prottelt Nier. Se stappe op. Yn de Bugatti leit in livich rapport. It ferslach fan in diskusjegearkomst. Dy Déa dochs. | |
[pagina 223]
| |
Dynte mimert oer har lêste fraach. Hoe koe de baron de slûf iepenmeitsje sûnder dat er útskuorde? Dêr komt it har yn it begryp. Nier hat him ommers in brief fan har jûn. Dy lekkere mangelsmaak. Se hat de lym der ôf slikke, fansels. De baron hat it buskaartsje yn dy slûf dien. Skjin oan ein komme se te honk yn Ald-Appelskea. Dynte strûpt de klean út. Fuort, Orsel! Se is harsels wer. Nier hoecht neat út te strûpen. Dy is himsels al. Se falle oer de flier del. Om har hinne stiet alles kreas te plak. Ien ding is noch net ynoarder. Dynte kriget Bachs fuga fan de piano en set Offenbachs La Vie Frisienne op de richel. De skel klingelt. Stinnend komt Nier oerein en makket de foardoar iepen. Op de stoepe stiet it suterige jonkje. ‘Ha jo ek âlde kranten, baas?’ Nier glimket. ‘Foar jim klubhûs foar bern fan alle tsjerken?’ ‘Nee,’ seit it jonkje. ‘Foar in nij karke om âlde kranten op te heljen.’ |
|