| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
De ein fan it begjin
en it begjin fan de ein
It is suterich waar.
De wekker rattelt. Dynte komt op ien earmtakke en triuwt it knopke yn. Se skylt it lekken fan har ôf en komt oerein. It fielt oft spinreach tusken har eachlidden sit. Se speaket har de lea. De sjek leit tusken har skonken Se stapt fan 't bêd en lavearret op de koken ta.
‘Nier, kom hjir!’ ropt se.
‘Ik lis der oan te kommen, seit Nier dy't noch plat leit.
Dynte rint werom nei de sliepkeamer. Hip! dêr giet se oerskrank op syn liif sitten. En hy hat al in moarnsereksje oant de nâle ta. Se binne in skoft biologysk aktyf dwaande. Se wurkje it gânske programma ôf. Dêrnei brûkt Dynte har nij neiwaskmiddel. Spielt alle ûnwissichheid fuort dy't oare produkten efterlitte. Dan falt se neist Nier yn de sûs.
In kertier letter sjitte se tagelyk oerein. Tegearre geane se nei de baaikeamer. Dynte lit har yn de kûp sakje en wurdt in holle dy't op skom driuwt. Nier kriget de telefoanbrûs. Hy draait inkeld de kâlde kraan iepen. Hy fljocht hast troch it dak hinne, dan is it noflik. Hurde wetterstrielen prykje syn hûd. Hy hat no mar in skronfelich pypkannich lultsje. Wat in ferskil mei niis. Om jin te skamjen. Hy wriuwt himsels mei in rûge handoek, syn boarst wurdt der read fan. No kin er de swiere dei risse.
Se ite yn sân hasten. Swierich ûnderskriuwt Dynte ûnderwilens in brief mei: Orsel. Se slikket by de flap fan de slûf lâns. De lym hat in lekkere mangelsmaak. Mei de mûs fan de hân strykt se de slúf ticht. Se jout it brief oan Nier. ‘Foar de baron ast him sjochst.’ ‘Fregest my wol wat,’ suchtet Nier. ‘Sa'n drokte foar sa'n hânswoarst. Hy is in grutte boer.’
‘Dat binne wy allegear,’ treastet Dynte.
It is freed, de plestik túchsekken moatte ek noch oan de dyk set
| |
| |
wurde. Se heisterje omraak. Se ha in moai soadsje sekken mei it gemeentestimpel der op. Nier troppet in pear fol, wylst Dynte se iepenhâldt. De ien nei de oar skuort finaal stikken. De sekken binne sterk genôch, seit de gemeente. De gemeente kin wol mear sizze. It âlde jiskefet ha se neat mear oan. Dat wurdt dochs net leechmakke. Dus, fuort der mei. Se strûpe in sek om it jiskefet. Mar it waacht mei ynhâld mear as tsien kilo. Dan lit de gemeente it ek stean. Se skodzje de ynhâld oer yn in oare sek. Einlings is it heikerwei dien. De sekken steane netsjes mei in izertriedsje tichtbûn op in rychje. Nier laadt se op in kroade. Dynte fljocht yn 'e hûs en komt mei noch in plestik sek oansetten.
‘Dizze moat ek mei!’
Nier kroadet it frachtsje nei de dyk. Dynte makket harsels fierder ree. As er werom komt, stiet se foar de garaazje te wachtsjen.
‘Wat rinsto raar,’ merkt se op.
‘Myn foet slept.’
‘Allinnich dyn foet mar? Wês bliid, ik sliep hielendal noch.’
Nier rydt har brommerke en syn Bugatti út de garaazje. Dynte sjocht yn har skoudertas. Se skoddet har hier.
‘Hast ek in kaam?’
Nier fisket in kaam út syn bûse. Dynte hâldt him omheech tsjin de skiere loft. ‘In kaam mei twa tinen is noch in kaam, mar mei ien tine net mear,’ filosofearret se. Se bringt har lokken wat yn it fatsoen en dan is se ree foar de reis.
‘Hast de sjek goed weiburgen?’ freget Nier.
‘Jawis.’
‘Wêre?’
‘As twa in geheim witte, is it gjin geheim mear,’ andert Dynte. En se tikt him mei de wiisfinger op de lippen.
Tegearre ride se de oprydleane del. Dynte op har brommerke, Nier yn syn Bugatti. By it stek hâlde se.
Nier stapt út. Ieremoarn. Stil leit de dyk tusken de beammen dêr't de fûgels in grut wurd yn fiere. Nettsjinsteande it tryste waar. Want it kin no noch. Aanst as it ferkear losbrekt, moatte se de bek hâlde.
| |
| |
Dynte giet by Nier op stean. Se krûpe inoar oan. As se har los meitsje, bliuwt in slier flibe tusken har lippen hingjen. Dy glinstert even en brekt.
Elk nimt syn eigen plak efter it stjoer wer yn. Se jouwe gas. De iene motor knettert, de oare ronket. De fûgels fluitsje al yn Blytse terts, pianissimo. Dynte rydt nei lofts, Nier nei rjochts. Se sjogge noch ien kear tagelyk oer it skouder en stekke de hân op. Dan giet elk syn wegen.
Dynte rydt by it hege izeren stek lâns dat om de wylde tún hinne stiet. Se set oer Elsloo op Hoarnstersweach ta. Wat is it noflik allinnich oer de diken te riden. Se kin de stilte drinke. As it net sa'n ein wie, hie se de fyts pakt. Noch minder lawaai, noch better.
Se hat maklike sljochte klean oanstrûpt. In wyt katoenen teesjut en in bêzje tinne-roai broek. Dêr oerhinne in jas fan skieppelear mei it flues as fuorring. Baaistoffen sokken en stevige skuon oan de fuotten. In suède riem om de mil.
Alles is mei alles yn folsleine harmony. Sels natuer en technyk. Har brommerke flústert. Ut de knalpipe komme roazige reekplommen yn de foarm fan hertsjes en pompeblêden. Ek dat ding wol wat tadwaan oan de freedsume rêst fan it Fryske gea. Dynte mei wol oer sok waar. Se fielt harsels in oanpast yndividu. |
Nier rydt by it hege izeren stek lâns dat om de wylde tún hinne stiet. Hy set oer Ravenswâld op Haulerwyk ta.
Sa min mooglik oer de grutte wegen. Fan twadderangs diken ôf kin er folle makliker in hiem op ride. Dizze reis docht er it him oan tiid. Oer Bakkefean, Drachtster Kompenije, Stynsgea, Kollumerpomp, de Wâlddyk, Sibrandahûs, Burdaard en Wyns komt er sûnder mankeminten yn Ljouwert oan.
Hy set syn wein yn de betroude garaazje. Hy pandert fierder de stêd yn. It is noch betiid. Mar hy moat foar healwei tsienen útfine wat en wêr't de K.F.P. is. Yn it telefoanboek stiet it net. Dat in saak of gebou sil it wol net wêze. By it spoar giet him in ljocht op. Net in nearzich pitsje, nee, in gânske ljochtkroan. Hy skonket op it kantoar fan de V.V.V. ta. |
| |
| |
By Twitel is it gea wol rêstich, mar net freedsum mear.
In rige pânserweinen stiet by de dyk lâns. Der sitte gjin soldaten yn oars soe Dynte wol fluitsjen hearre. Elke wein is in nûmer fan fjouwer sifers en in dierenamme op skildere. Dy nammen binne tige paslik, lyk as by fakânsjehúskes. ‘Sjimpansee’, ‘Wetterhynderke’, ‘Pipermûs’, ‘Sjiraffe’, ‘Drommedaris’, ‘Murd’, ‘Walrus’, ‘Mûdhûn’, ‘Sûchbarchje’.
Dynte moat dochs even gnize. Hjir folget in legerberjocht: ‘Murd skeakelt Sjimpansee út, Pipermûs efterfolget Sjiraffe, Walrus blaast Drommedaris op, Sûchbarchje falt mei de hiele hûd op Mûdhûn, Wetterhynderke ûntploft’.
Tusken Hoarnstersweach en Sparjebird gniist Dynte net mear. Har brommerke begjint te protteljen, prúst ien kear en jout it oer. Dynte stapt ôf. Se is net technysk oanlein. As se it motorke besjocht, kriget se al pine yn 'e holle. Hoe't se der ek mei omklongelt, it ding ferpoft it.
No is it gea gjin plak mear dêr't se har yn oanpast fielt. It mankemint oan har brommer hat de kontrei ynienen feroare. |
Efter de toanbank sit in roerleas fanke. In stoareagjend eastersk byld. Troch har gedachten sweeft de skym fan it nachtlike feest mei in freon. En it spoekige stal fan in toerist mei syn deiske fragen. The day after the knight before.
‘Ha jo ek in list fan alle Ljouwerter partijen, ferienings en groepearringen?’ freget Nier.
Se wiist yn trance op in rak. ‘In ryksdaalder,’ seit se. Ek yn trance.
Nier betellet en giet der by sitten. Hy sjocht earst by de politike partijen op godstsjinstige grûnslach. K.F.P. Dat sil foar it neist de Kristlike Fryske Partij wêze. Miskien de Katolike Fryske Partij. Kalvinistyske Fryske Partij kin ek noch. Ketterske Fryske Partij is minder wierskynlik. It wurdt in ôffaller. K.F.P. is hielendal gjin politike partij.
De F kin net oars as foar Frysk stean. De K is er minder wis fan. Kabaret, Keatsklub, Kegelklub, Keizerlik, Keninklik, Klassyk, Knineferiening, Koar, Kolleezje, Koloniaal, Kombinaasje, Koöperaasje, Krite, wat in karút. Hy ferslacht der yn. Hy giet alle mooglikheden |
| |
| |
In godferlitten rotdyk troch in wrâld tichtplakt mei krantepapier. Gjin libbene siel om har te helpen.
Dan mar traapje. Se stapt op en fytst fierder. Neffens de wet is in brommer in fyts mei helpmotor. Neffens har in motor mei helpfyts. Jeukes, dit giet sa behelperich.
Har skonken beweegje regelmjittich as goed smarde sûgerstangen. Mar it liicht der net om. Se wurdt der waarm en kleverich fan. Se stapt jitris óf en strûpt har jas út. It is nofliker sûnder. Of moat it wêze: It is sûnder nofliker? tinkt se wylst se fierder trapet. Sels yn har krampeftige hurdfytsershâlding is Dynte in fraai komponearre gehiel. Se wurdt noch gleoner. Har sjutsje hat gjin inkeld knoopke. Se kin dus ek net ien losmeitsje. No ja, der bliuwt dochs net in soad te rieden oer. Se hat gjin bh oan. De knoppen fan har boarsten skine troch it tinne fochtige katoen.
Dynte is gjin masine. It op-en-deljen fan har skonken giet wat langer wat stariger. Se moat út it seal en op de trapers stean gean. Einlings sjocht se in hûs. It lêste eintsje rint se. Har brommer kin se noch tsjin de muorre sette. |
nei, mar fynt de K.F.P. net. Suchtsjend docht er it boekwurk ticht en slacht der mei op de knibbel. Hea, wachtsje ris!
K kin ek foar Klub stean. Dat helpt him noch neat. Der binne sa'n soad klubs. Syn finger giet by alle klubs lâns.
Syn geduld wurdt beleanne. Einlings en te'n lêsten hat er it. K.F.P.: Klub fan Fryske Pommeranten. It adres stiet der by. Fleurich stapt er bûtendoarren. Noch mar seis oere. Hy sil earst even sjen wêr't it is.
Op it Saailân fljocht er efter in pilaar fan it Gerjochtsgebou. It Chick Anus-Bonkerak-syn-droom is noch net útwurke. Hy gnúft om in hoekje. Dêr steane se. De smoute prater en de man mei de seine. Neist in souwe op tsjillen. Se speure om har hinne. Krekt oft se op immen wachtsje. Nei alle gedachten net op him. Mar hy kin net oant syn libbensjûn ta efter in pilaar stean bliuwe. Hy moat fuort. As se him krije, slaan se him de harsens ta de earen út.
Dêr stoot in kloft trimmers om de hoeke. Party loaikerts nimme de binnenbocht en rinne oer de treppen fan it Gerjochtsgebou. Nier hat de baan |
| |
| |
Se moat earst even útpûste. Rûngear giet se op de stoepe sitten. Se wriuwt hurd by de sliepen lâns. Dan linet se efteroer. As har hertslach ûnder yn de tachtich is, komt se oerein. Se sjocht by it hûs op. It is in herberch yn Ingelske styl. Wite muorren yn fekwurk fan âlde swarte balken.
De oes fan it tek kin se mei de hân rikke. In hege skoarstien, in grutte wynwizer oan de oare kant op de naad. Glês- yn-lead rútsjes mei blinen, foar de meastepart ticht.
Oer de boppe- en ûnderdoar yn de steande gevel hinget in izeren úthingboerd. It hat de foarm fan in frouljusgurltsje mei sjarretels en al. De namme fan de herberch is der yn it Ingelsk opskildere. ‘Step-Inn’. Dêrûnder in ôfbylding fan twa minsken dy't nei presiis itselde úthingboerd opsjogge. De Trije Gekken, stiet der yn it Frysk by.
Trije? tinkt Dynte. It binne dochs mar twa?
Se harsensskrabetGa naar voetnoot13. Se glimket as se it foar it begryp hat. |
rom. Hy slút him by de trimmers oan. Yn dy op-en-deljende kliber jout er gjin each. Hy is in nûmer wurden.
Chick Anus en it Bonkerak springe yn de rattelkast. Uche-uche-blaf-blaf. Se ride efter de trimmers oan. Der ha altyd al mear passive as aktive sportivelingen west.
Ynearsten kin Nier moai meikomme. Hy bliuwt middenyn de ploech. Fuotten pakke tegels triuwe se efterút en tegels plakke justjes bliuwe even ûnder de skuon sitten meitsje in sierlike salto gjin mortale komme heel del op har wenstich plak yn it trotwaar rubberen lûdsjes fan soallen op tegels lykas hûd tsjin hûd en sûnder in snypsnaar giet in doar iepen en komt in trimmer ta de tsjusterens út ta de dei yn ta dy yn ta ús yn en no binne der hûndertfjirtjin har fuotten earms ûnsjenber ferbûn driuwstangen fan in lokomotyf soms ek hielendal los noait altyd ien foet op de grûn oars is it hurdkuierjen net hurdrinnen swit op de swelletippen yn it hier fan keal boppe-op wurdende plassen ik kom der oan net op myn toskfleis kwyk fearjend op de |
| |
| |
Eins soe it De Fjouwer Gekken wêze moatte, merkt se djipsinnich op.
De klink kin se wol draaie, mar de doar giet net iepen. De boel sit ticht. Krekt sil se mei de klopper besykje de geasten wekker te meitsjen, as in rattelkast it foarút opkrimmenearjen komt.
Sa'n ridend wrak hat se noch noait sjoen. It is by de gatten om ticht. Gjin motorkap en efterein. It hat de kleur fan potstro mei saachmoal en blabber. Inkeld de tsjildoppen binne noch rustbrún. Ien ding is gloednij. De namme fan it wrak bylket yn farske giele letters op it oerskot fan de kabine. ‘Uche-uche-blaf-blaf’ hjit it. Dat is wer ris wat oars as ‘Chitty-chitty-bang-bang’. Mar net dit stoflik om-skot makket Dynte kjel. Dat docht it foarkommen fan de bestjoerder sels.
Hy hat in jas fan apehier fan acryl oan. Om syn bleate hals is in fiter knope. In sikefûnsbriltsje stiet bryk op syn geitenoas. Om de plasse hat er in wynsel grutter as de tulbân fan de sultan fan Kastanië. Mar syn namme is Chick. Dynte slokt. Se fielt de hurde bult yn har skoudertas. |
ballen fan myn fuotten en dêr nimt in trimmer de lift fan in achtste flatferdjipping nei ûnderen ta boe boe want alles moat rinnendewei dien wurde boe ek fan de achtste ferdjipping ôf boe boe en no binne de hûndertfyftjin mei-inoar de flecht settend nei griener kontreien jonges niet zo over mijn straatje wadden hokfoar apegryksk is dat ach dat minske set har Frysk altiten letterlik yn it Hollânsk oer soks kin fansels boe boe gjin kant út diskant út troch it park dêr't in byld yn stiet fan bern dy't mei in bal boartsje mar bern meie net mei in bal yn it park boartsje en wat dogge de bodders fan de Gemeentlike Plantsoenetsjinst se steane op 'e skeppe en wachtsje boe mar wy wachtsje net de paden del de leanen yn net mear drige yn 'e rige fan rûnom strike trimmers swijend hymjend skodzjend op ús del en no bobbelje hûndertsânentritich hollen en trijentweintich folchauto's boe boe troch strjitten yn de grûnferve de lêste rige reklameljochtsjes tommelt mismoedich by in nachtklub del seis kwasten út ien sitroen in papierbak út de stander fal- |
| |
| |
As er har benei komt, sil se him mei syn eigen revolver foar de kop sjitte. Se bekoarret har. Hy hat har ommers juster noait sjoen. Miskien falt it ta. Net daliks it slimste fan jins meiminske tinke.
Chick stapt út. Hy stekt de hannen yn de bûsen en komt op Dynte ta. Tusken syn skean ôffile foarste tosken sit in trijehoekich gat. Dêr fluitet er falsk troch hinne.
‘Myn plof wol net mear,’ seit Dynte.
Har stim trillet amper.
Chick giet yn 'e hoksen Sitten en sjocht nei de motor.
‘In spultsje fan slikje myn festje,’ mompelt er.
‘Kinsto him meitsje?’
‘My net sjoen, hear! Moarn bringe! Stap mar by my yn. Wêr moatst hinne?’
Dynte wifelt. Wol er har in loer draaie? Se wiist op de herberch. ‘Soe hjir gjin folk wêze?’ ‘Grif. Mar it is in Ingelsk spultsje. Se dogge net earder as tsien oere iepen. Dêr kinst tonger op sizze.’ ‘Hoe hurd giet dyn prototype?’ ‘Dat sit wol snor. Noch altyd santich kilometer.’
‘Ik moat hielendal nei Ljouwert ta.’
‘Je bliuwe laitsjen,’ seit Chick |
len synappelskilen rotsjende parren skimmelich brea trije deade mosken stikken bierfleskes de stêd leit iepen as in wûne op it krúspunt steane fjouwer auto's knypeagjend oer inoar net ien hat foarrang dus nimme se it alle fjouwer en knalle tsjininoar op 25% rinte kapitaal 99 jier fêst mar it kompetysje-elemint is de minske ynskepen hurd hurder hurdst de earste útfallers geane pûstend boe op de stoeprâne sitten boe en jouwe belies komme wy der hjoed net dan komme wy der moarn wol boe boe soargje datst der net by komst de kopgroep rint al bûten de stêd yn de boe kopgroep bliuwe oars bist ferlern dit is Fryslân pankoekplat gûlwinich luzekeal en klaaidreech de dyk bochtet omraak alle kronkels yn Fryslân binne horizontaal inkeld in tsjerke fertikaal boppe in tropke beammen noch in stompe toer ek kometen wurde mar iens sjoen wêr't se wei komme wêr't se hinne gean wit nimmen mar wy witte it wol wy rinne de stêd temjitte huzen bespringe ús elke beweging is betocht ik tink no moat ik myn earm foarút swaaie en ik doch it no moat ik |
| |
| |
fleurich. ‘Ik ek.’
Dynte wurdt wer erchtinkend. Dochs trochsette, se kin no net mear tebekklauwe. Se docht har brommer op slot en set har foarsichtich neist Chick del. Dy steunt mei in earmtakke yn it finstergat fan it portier. Mei de hân hâldt er it dak beet. Oars falt it swikje útinoar. De auto smûcht, stint, jout Dynte in pear stompen ûnder de gurl. Se kochelje de dyk op en rachelje nei Drachten ta.
‘Ik bin Chick Anus.’
‘Ik bin Lapke. Lapke de Vries.’ Dat binne de earste nammen fan de wittenskiplike list dy't har yn it sin komme.
De smoute prater fertelt oan ien tried wei. De liddige tellen follet er mei falsk fluitsjen tusken de tosken troch. Dynte harket mei in heal ear. Geandewei saksearret har ûnnocht. Se rekket sels op dree. Se wiist op de tulbân. ‘Operearre?’ freget se freonlik.
‘Nee,’ andert Chick. ‘In ûngelok hân. Ik koe gjin brij mear sizze.’
‘Ferkearsûngelok?’
Ja, in keattingbotsing. It wie by de wylde seespinnen omt ôf. Fyftjin auto's tagelyk. Gean dêr mar oan stean. Ik ha earst yn it |
myn foet optille en ik doch it wurch wurger wurchst in krater fol pine ûntploffing boe yn it ûnderliif fuikaan gêsting erupsje in fakuole tynt út ta wanskepen grutte boe boe draait yn holle yn mage in kopgroep fan alve man mei ien nearboarstige folchwein boe as it dan moat sil ik yn it harnas stjerre om de nije trainingsbroek fan in âldwiif hinne ferswynt Nier yn in portyk.
De kopgroep giet fierder. De rattelkast mei it syndroom ek.
Nier sit dêr noch as in man syn winkel iependocht.
‘It is hjoed gjin opromming,’ seit dy fernuvere.
Nier komt krebintich oerein. Al syn klean binne dweiltrochwiet. De damp slacht der út. As er dit oanhâldt, kriget er grif longûntstekking. Hy sjocht dat er koartby de saak fan Kobus en Ko is. Dêr sil er it besykje.
Hy kreupelt der hinne en triuwt de brike doar iepen. Kobus en Ko lêze no net yn Vondel. Se ha it fleanende drok. ‘Sa ier al yn 't spier?’ rymt Nier. ‘In grutte bestelling,’' andert Kobus wylst er yn de hannen wriuwt. ‘Allegear hüsfeinte- en |
| |
| |
sikehûs lein foar observaasje. Mar ik woe net langer. De gânske dei op in seal mei slymballen dy't krimmenearje of moalige ferskes sjonge. Ien pot wiet. Ik waard der sels balearich fan. Dat sadwaande.’
‘Docht it noch sear?’
‘It tûkert in bytsje. Net bot, mar it is bollich ferfeelsum.’
Fierder doar Dynte net te gean. Se wit genôch. Hy hat gelokkich noch hinder fan de klap.
By Nijegeasterhoeke hoastje se loftsôf. Oer Warten en Wergea giet it op Ljouwert ta. Op it wetter fan it Van Harinxmakanaal gjin ien sinneblink. Oer de stêd hinget in grauwale.
De lêste swierrichheid. Wer sil se útstappe? Koartby freonen is it bêste. Foar ythûs It Seewiif seit Dynte: ‘Hjir wol ik der graach út.’
De auto kroppet en se hâlde. ‘By gelegenheid hoopje ik dy in deugd te dwaan. Chi Kanus wie de namme, no?’
‘Nee, Chick Anus.’
‘Dat is itselde.’
Mei-iens hipt Dynte fan har stoel ôf. Se rint gau nei de steech en slacht it hoekje om. Tsjin de muorre bliuwt se stean. Se harket. |
tsjinstfammeklean. In fertúntsje bûten it seizoen.’
Nier knikt tefreden. Moai sa, Dynte is hiel oerkaam en se hat meiwurking fan Al Pino krigen. ‘Ik soe graach noch in sjauffeurspak hiere,’ seit er. ‘It oare is nei de stomerij.’
‘Dat dogge wy oars sels wol, hear.’
‘Man, it wie gjin gesicht. Hielendal trochswit.’
Kobus sjocht Nier fan top ta teil oan. ‘Ja, jo switte seldsum. Wie it stik in sukses? Ik ha der gjin praat oer heard.’
‘Och, wat sil ik der fan sizze. In lyts sealtsje, in eksperiminteel stik, in elitêr publyk. De lju binne der hjir noch net ryp foar. En ik moast alles allinnich dwaan.’
‘Dêr kin ik ynkomme. Bliuw hjir mar even stean. Ik helje jo in oar pak. De maat wit ik noch.’
In skoftsje letter pongelt Nier as sjauffeur troch de strjitten. Syn eigen klean hat er yn in pûde by him. Hy sil mar nei It Seewiif ta gean. Hy hat in benaud bytsje furt oer. Earst goed bekomme. Wa wit wat der by de K.F.P. wankt.
Foar him út rint in fanke. Nettsjinsteande it tryste waar |
| |
| |
‘Uche-uche-blaf-blaf’ prúst him suver útinoar. It heart oft in elektryske boar de strjitte iepenbrekt. Hjir-en-dêr geane finsters iepen. Sliepperige hollen s jogge op it stik miljeufersmoarging del. Noch net iens seis oere. ‘Goemoarn, allegearre!’ De auto sjit troch de lûdsbarriêre. Hy toetert ek noch omraak. It lawaai rôlet troch de strjitten as in knikkert troch in knikkertbak. Mar it wurdt suniger. Op 't lêst freget Dynte har ôf oft se it lûd krekt al of krekt net mear fernimt. It is stil. De finsters flappe ticht.
Se suchtet fan ferlichting. No't alles feilich is, hat se yn it ythûs gjin boadskip. Dynte komt de steech út en stapt nei de binnenstêd ta.
Yn in smel strjitsje koartby de Grutte Tsjerke bliuwt se stean. In breed hûs mei harkenieltsjes en bôgefinsters. It hat in balkon op de twadde ferdjipping. In blauwe stoepe leit foar it hiele front lâns. Dêr omhinne in stek fan stiennen peallen mei swiere keattings der tusken. De gevel is in grienmank fan tolve Stilen. De SkientmekommisjeGa naar voetnoot14 |
yn shorts. Daliks draait se de holle.
‘Netwier, hotpants!’ byt se him oer it skouder ta.
‘Ik ha neat sein,’ ferûntskuldiget Nier him.
Hy is lucht foar har. Lilk draait se de holle wer rjocht en strûst in sydstrjitte yn.
Nier suchtet. It falt langer net ta it immen te goedzjen. Gelokkich is er sels net sa'n albestel. Hy bestelt yn It Seewiif inkeld in kop sop en in pear broadsjes healom. En mei in efterôfhoekje, net iens by in raam, is er al kontint.
Op 'e klokslach fan healwei tsienen stiet er foar de K.F.P. It hat mar in smel front. Net mear as in ikehouten doar mei in traaljefinster. Hy lit de klopper falle. It duorret in ivichheid ear't er holle stappen heart. In knip knarst en it rútsje efter de traaljes giet iepen. In skier gesicht sjocht him spoenskGa naar voetnoot16 oan. ‘Nier Hinnebruier ut Ald-Appelskea.’
It rútsje flapt ticht, de knip knarst. Nier wit it al, hy is in ûnwolkomme frjemd. Mar nee, dêr fernimt er it skowen fan trije |
| |
| |
is der mei oan. Monumintesoarch ek. In gekke fint. Al Pino, wol der in meditatyf sintrum fan meitsje. In plak dêr't elkenien him op himsels besinne kin. In Hûs fan de Stilte. Mar dan moat er it keapje en opmeitsje litte. Dêr hat er gjin jild foar. De gemeente sil it dus ferkeapje moatte oan in grutwinkelbedriuw. Dêrom stiet dit hûs ree foar de ôfbraak. De gemeente ferhiert it salang oan Al Pino. Dan wurdt it teminsten gjin kreakpân.
Dynte lûkt oan it touts je dat út de brievebus stekt. Elkenien kin samar by Al Pino út en yn rinne. By nacht en by dei hat er sliepers. Se rint troch de lange gong. Rjochts en lofts binne doarren. Se docht de lêste doar iepen en komt yn in hearlik heech fertrek. Dêr kin in minske noch sykhelje. Dêr libbet er yn op. Dêr beseft er noch dat er in wêzen is dat rjochtop giet. Hiel wat oars as de keamers yn in moderne wente.
It folk dat ferstruid oer de planken leit, slacht har gjin acht. Dynte stapt oer skonken en earms hinne en rint noch in pear fertrekken troch. Dan sjocht se Al Pino, dwaande mei |
skoattels, it klikken fan twa kaaien en it weinimmen fan ien dwersbalke. De doar swaait iepen.
Nier stapt der yn. Hy komt yn in brede gong fan swarte en wite tegels. De húsbewarder tilt earst de balke wer te plak, draait de kaaien om en triuwt de skoattels ticht. Dan nimt er de foarstap.
Hy rint rûngear. Syn slútring is sa grut as in hoep, de kaaien slepe oer de flier. De gong wurdt breder en breder, healwei is in galerij fan bylden en boarstbylden. Fjouwer ieuwen sjogge earnstich op Nier del. Unwillekeurich begjint er op 'e teannen te rinnen. Hy is mar in Fries fan de tredde garnituer.
Se geane in kreakjende trep op. Yn de leuning binne wapens fan eale famyljes fike. It kin ferbylding wêze, mar Nier mient it kroaskjenGa naar voetnoot17 fan raven te hearren. As se al lang en breed fan de trep ôf binne, kreakje syn skuon noch. Miskien moat alles hjir kreakje.
Dan geane se in draaitrep op, wer fersierd mei wapens. Dizze reis fan eale bastertskaaien. Nier |
| |
| |
it ophingjen fan affysjes. Hy stiet op in trep. Tusken syn tsjokke lippen stekke kopspikers. Syn brede hannen mei de koarte hierrige fingers hâlde in hammer en in oprôle plaat. It krollige Hindrik VIII-burd en de swiere wynbrauwen jouwe syn kop in hearskerstrek. Mar yn de donkere El Greco-eagen brânt net de koarts fan it fanatisme. Hy hat de mankelike goedens fan in sintbernardhûn. Hy is yn syn wenstige klean. De alpinomûtse op en it sljochte wurkpak fan de Sjineeske Folksrepublyk oan. Dynte giet ûnderoan de trep stean.
‘Dêr bin ik wer ris. Wolst dat dit hûs stean bliuwt?’
Al Pino knikt fan ja.
‘Hast jild om it te keapjen?’
Al Pino skoddet fan nee.
‘Ast my helpst, kinst in miljoen barre.’
De kopspikers falle Al Pino út de mûle en rûgelje oer de flier. ‘Kom mei,’ stammert er feralterearre.
Se geane nei syn kantoarke ta. Dat is tagelyk de administrative ôfdieling fan syn útstjoerburo foar revolusjonêren. Hy nimt bestellings foar oproeren oan. Sa strykt er noch in pear |
is bliid as er boppe is, syn fuotten moardzje him.
‘Binne wy der hast?’ freget er as de húsbewarder de stap der wer yn set.
‘It strûpke fan de handoek sit altyd oan de lêste tippe,’ knerst de man.
Dat moai stikje idioom hat Nier noch noait earder heard. Mar hy wit wat bedoeld wurdt. Einlings hâldt de húsbewarder foar in doar dêr't 29 op stiet. Dy ûntslút er mei in kaai.
Efter in ikehouten kleastertafel sit in man mei in web fan rimpels om syn eagen. Hy hat in sunich haffeljend mûltsje, krekt as kôget er mei de foarste tosken op in nútsje. De húsbewarder draait de doar yn it slot. ‘Nier Hinnebruier út Ald-Appelskea,’ seit er.
‘Tewille!Ga naar voetnoot18’ seit de roek efter de tafel. Hy sjocht Nier lyk oan. Syn eagen binne donkergrize spinnen middenyn har webben. ‘Binne jo in echte Fries?’
‘Myn âlden komme fan De Wylp,’ andert Nier.
‘Ut it Grinzer of it Fryske part?’
‘Ut it Fryske fansels’. |
| |
| |
sinten op. Syn finansjele tastân is soargelik. Dat feit fertsjustermoannet er net.
Syn grutboek is in iepen boek. Lapen papier fol sifers hingje oan de muorren. Oan de kredytkant de kosten fan reekbommen, benzine, lúsjefers, protesten, sprekkoaren, oarderfersteurders, spandoeken en ferve, barrikaden, boetes en stakingen. Oan de debetkant inkeld de ynkomsten fan sosjale bystân. It neidielich saldo rint yn de tûzenen.
‘Fal del, fanke.’
Dynte giet yn it brede finsterbank sitten. Se leit har plan út. Al Pino hinne-en-werret en byt op syn snorpunten.
‘Wel, wat seist der fan? Ik jou ús njoggentich persint kâns,’ beslút Dynte.
‘Hoe komme wy oan al dy klean?’
‘Hiere. By Kobus en Ko.’
Al Pino glimket fan ear ta ear. Hy pakt har stiif by de boppe-earms. ‘Yn oarder, fanke!’
Hy set in bôle, in klute boerebûter, in fles wyn en in pear glêzen op de tafel. Ut de bûse hellet er in mes. ‘Wy moatte alles goed trochprate. Ek in flaubyt?’
‘Graach,’ seit Dynte. ‘ik ha fan |
“Dan is it goed.”
De roek jout him in kaartsje mei in wettermerk. “K.F.P.; net teare as jo wolle” is der inkeld op printe. De húsbewarder makket de doar iepen. Nier moat him wer folgje.
“It stevichste!Ga naar voetnoot19” seit er noch oer it skouder oan de roek. Hy wol yn styl bliuwe. Wer giet it troch in stikmennich gongen fan it laberint. Se komme oan doarren mei ûndielbere nûmers foarby. Foar in dûbele doar sûnder opskrift hâlde se. De húsbewarder stapt oan 'e kant en lit Nier der yn.
Hy stiet yn in soart fan jachtweide. Gjin taap, gjin jukebox, gjin krukjes, mar al reek, drank en in biljert. In mannichte krieën, roeken en raven sitte yn plusen briedstuollen te krantsjen en te petearjen. Allegear mei swarte klean oan en in gouden ûndielber nûmer op it boarst. Even stûket har praterij. Alle hollen draaie nei Nier ta, alle eagen hifkje him in momint. Suver tagelyk dwerse de hollen har ôf. Se ha it al sjoen. Der binne nullen en prymgetallen. |
| |
| |
'e moarn suver noch neat hân.’
Al Pino snijt it brea tsjin syn liif oan.
It raam stiet iepen. Se sjocht in tegelpleatske mei in blomperkje sa grut as in bûsdoek. Ringsom readstiennen milorren mei foegen en kalkplakken dy't in abstrakt patroan foarmje. Underoan griene oanslach en boppe-yn rustige ankers. Efter dy muorren jachtsje de earste lju al wer nei har wurk. Spitsoere begjint. De stêd wurdt starichoan foltroppe mei rumoer en stank. Hjir kringe dy lûden net sa skerp troch. It is of sit se yn in stolp, fier fan de tsjirmerij om har hinne.
‘Doch it raam even ticht. Ik moat wat frisse lucht ha,’ seit Al Pino. Hy jout Dynte in brogge. Hearlike farske strinkjebôle. Se yt noch fjouwer broggen. Lekkere tampige lânwyn. Se drinkt noch trije glêzen. Strinkjebôle út Fryslân, lânwyn út Frankryk. Lannen dêr't it libben goed is. Dynte stapt op. Se hat noch mear te dwaan. Al Pino bringt har nei de foardoar ta.
‘Do bist in ingel yn de need,’ seit er wylst er har útlit.
Dynte sjocht op har horloazje. Kertier foar achten. Soe |
In grouwe stút komt oerein út it omsittend laach. Hy kroadet op Nier ta. Hy hat in tsjokke wiete ûnderlippe sa grut as in jiskebakje. En hy rûkt út 'e azem.
‘Mei ik jo kaartsje?’
Nier oerlanget it him. Hy ferskuort it fuortendaliks.
‘Wat sizze jo fan Gysbert Japiks?’ freget er.
By lokraak jout Nier in djipsinnich antwurd. ‘Gysbert Japiks is,’ seit er.
Dat moat de grouwe stút earst even ferarbeidzje. Hy docht gâns writen. Mei tomme en wiisfinger omslút er syn noasbrêge.
‘Dat is in wier wurd,’ jout er ta.
‘Gysbert Japiks is. Lyk as Bach is en Rembrandt is. Dêr is alles mei sein. Dêr hoecht men net oer te striden. Ik sil it ûnthâlde foar in redefiering. Gysbert Japiks is.’ Hy knikt ynstimmend en bringt Nier nei in taffeltsje dêr't gjin lju oan sitte.
‘Wat moat ik hjir dwaan?’ wol Nier witte.
‘Kalm, der is tiid behâlden.’
De grouwe stút giet nei syn ploechje ta. De hearen stekke de hollen byinoar en mûskopje. In fanke mei in drankweintsje |
| |
| |
it kantoar fan de krante al iepen wêze?.
It Ljouwerter Deiblêd is noait sletten. Dat kin net. Dêr hat it in te grutte lêzersrûnte foar. In âld baas sit efter it loket. ‘Hjir melde’ stiet op in kaartsje. Boppe in rûn finsterke mei gatsjes noch in kaartsje. ‘Hjir prate’.
Dynte meldt har en begjint te praten. De âld baas kin syn holle net stil hâlde. Se praat der iderkear bylâns. Syn holle swaait as in lampe hinne-en-wer efter it finsterke. Mar it boadskip komt oer. No skoddet syn hân foar har eagen. Hy wiist earne nei Lekkum, mar hy bedoelt de bank.
‘Hjir wachtsje’ seit in kaartsje. Dynte set har del. De âld baas docht in taast nei de telefoan en mist op in healjelne. By de twadde greep hat er kontakt. Syn wiisfinger riert boppe de knopkes en pripket ta. In skot yn de roas. Wylst er praat, rekket it snoer om syn hals. Hy smoart der hast yn. Dynte dipt har foarholle mei in bûsdoekje. Se sjocht om har hinne. Wêr moat se it kwyt? Jawis, dêr ûnder dat kaartsje ‘Hjir papier’. Se smyt it bûsdoekje yn de bak. |
komt der yn. Se hat in swart minyjurkje oan. It wite minyskelkje spant kreas oer de maksyboarsten. Se rydt by de hearen lâns. Dy nimme foarsichtich har slokje, de pinke stiif foarút stutsen.
Dêr komt de boarstwarring op Nier ta. De holle kipet der boppe út. It drankweintsje hâldt ûnder syn noas. Se hat de karút fan in supermarket op moandeitemoarn. Inkeld âlde, jonge en konjak.
‘Der is ek noch tee,’ seit se as Nier net út 'e rie komme kin.
‘Ja, tee ha ik al sa leaf,’ knikt er.
‘Kinne jo even wachtsje?’
‘Hast net.’ Hy bûcht him nei har ta. ‘Bist fan 'e jûn frij?’ flústert er.
Har eagen wurde bêdryp. ‘Hast net,’ flústert se werom. En se hellet in tsjetteltsjefol tee. ‘Tige tank.’ Nier tikket op har earm. ‘Bist moai.’
Se strykt de hannen by it liif del. ‘Fynste?’
‘Hast ek in namme?’
‘Bearke.’
‘Bearke, bist de moaiste yn dyn klasse,’ hâldt Nier út.
‘Hokker klasse?’
‘De all-roundklasse.’
Dêr moat se earst op briede. |
| |
| |
De âld baas slingert wer efter it loket. Dynte leit har ear tsjin it sprekfinsterke. Dan komt it lûd fan rjochts, dan fan lofts, dan út de midden wei. Krekt stereo. Mar se ferstiet it goed en wit wat se dwaan moat. Se betanket de âld baas tige.
‘Jo meie wol opsjitte, oars misse jo de trein. Dat soe ik leedstGa naar voetnoot15 ha,’ ropt er noch.
Se hat amperoan in kertier. Oardel kilometer hurdrinnen. Fyftjinhûndert meter is de kaaiôfstân, krekt as by it reedriden. Se fljocht nei it stasjon en nimt in inkele reis Grou-Jirnsum. Se hat noch in minút oer. Net min foar in suvere steatsamateur.
Tweintich minuten letter is se geandefoet op 'en paad nei Grou. It ferkear is yntinsyf. It hat in hege frekwinsje. It is drok op de dyk. Ek yn de loft. Oer it doarp giere de straaljagers. De kommandant fan de fleanbasis hat sein dat simmerdeis spitigernôch ek boppe rekreaasjegebieten flein wurde moat. By it winter sille der wer flechten boppe de stêd nedich wêze.
Dynte moat Cap Sones ha. |
Starich skoot se it weintsje fierder. De tee smakket as fertinde timesjerp.
It wurd tsien oere, healwei alven. De hearen litte Nier mar gewurde. Dat is ien fan de rjochten fan de minske. Mar net as men earne útnoege wurdt. Hy komt oerein en skonket op de dûbele doar ta. Op itselde stuit stowe de hearen op him ta en slute in rûnte om him hinne. In kordon fan fiif man efterinoar. Dêr komt er noait troch hinne. Wat moat in falk middenmank sa'n mannichte krieën, roeken en raven dwaan? In moarderij mei syn revolver oanrjochtsje? Noatich giet Nier wer op syn plak sitten. De hearen falle yn har briedstuollen del, petearje en krantsje en hâlde him ûnderwilens yn 'e kuer. Alve oere, healwei tolven. Se ha him moai by de poat. Se dogge neat, mar se litte him wachtsje. Dat is har taktyk. Gewoan immen dy't oaneineGa naar voetnoot20 wol út de rûlaasje nimme. Tolve oere al. De sitting fan de stoel wurdt gleon ûnder him. Syn oanpart is oant no ta mislearre. As |
| |
| |
De skandaalskriuwer fan it Ljouwerter Deiblêd. Hy hat syn feste deistige rubryk. Yn kursive letters. Foar syn kolom moat al it oare nijs wike. Lêste berjochten oer wrâldpolityk wurde besidelein as Cap Sones syn kopij noch letter ynlevert. Elkenien sprekt skande fan syn stikjes en elkenien lêst se it earst. Pommeranten dy't er te kyk set hat, slikje har wûnen. Dy't noch net oan bod kaam binne, freegje har fertwivele ôf wat har oer de holle hinget. De legerein hat nocht oan ûnnocht. Komselden wit ien út it folk ta syn kolom troch te kringen. Dan moat it wol hiel need wêze. Mar wa't it sa fier bringt, is op slach ferneamd.
Neffens de âld man moat er op it terras fan it Grand Hotel sitte. Dynte rint de treppen op fan de kolossale útbou dy't in prachtich sicht oer de mar jout. It wetter klotst der ûnder. Nettsjinsteande it ferfelende waar is it smoardrok. Alle gasten sjogge mei eagen op stâltsjes nei it skûtsjesilen. In boereblaaskapel spilet in grienmank fan suvelmeldijen.
Se wit hoe't Cap Sones der útsjocht. Syn portret stiet elke |
Dynte mar mear gelok hân hat. Dêr kriget er in Aha-Erlebnis! Dy deale, dat is noch in kâns!
Hy winkt Bearke. ‘Hoe let komt it Ljouwerter Deiblêd?’
‘Tagelyk mei de oare kranten foar de lêstafel. Om fjouwer oere.’
‘Kinst foar my no net it Ljouwerter Deiblêd helje?’
‘Ik mei der net út fan de húsbewarder.’
‘Besykje it, spylje dyn froulike bekoarlikens út. Dy hast dochs net om 'e nocht krigen?’
‘Wat krij ik fan dy der foar?’
‘Jild of natura of allebeide, dat meist sels witte.’
Bearke docht it. In heal oere letter komt se werom mei it Ljouwerter Deiblêd.
‘Dy âld roek. Dêr hie ik myn hannen fol oan, hear!’ himet se.
Nier teart de krante iepen. Hy wipgattet fan blidens. It stiet der yn, op de foarste side! De kolom fan Cap Sones. Titel: ‘Maskerade om Baron Pappsack’. Hy lêst it artikel mei sân hasten. Dan leit er de krante demonstratyf op de lêstafel.
De hearen wurde nijsgjirrich. De ien nei de oar komt oerein en bûcht him oer de krante. It duorret net lang of se ha allegear it stik lêzen. Se oer- |
| |
| |
dei boppe syn rubryk yn de krante. Se giet alle twahûndert taffeltsjes bylâns. Se sjocht de minsken ien foar ien oan. Se speurt om har hinne. Cap Sones kriget se net yn de smiis.
Se freget oan in betsjinder.
‘Is Cap Sones fan it Ljouwerter Deiblêd hjir ek?’
‘Dat sil wol, mefrou.’
‘Wêr dan?’
‘Dat wit ik net, mefrou.’
‘Dat moatte jo dochs witte?’
‘Ik wol it net witte, mefrou. As it menear Cap Sones haget syn identiteit beside te hâlden, jout it ús gjin pas dy iepenbier te meitsjen, mefrou.’
In holleknikje en hy fitert nei de folgjende bestelling. Ja, fansels, Cap Sones hat syn uterlik feroare. Oars soe er hjir net rêstich sitte kinne. Dan hoecht se him ek net troch lûdsprekkers oproppe te litten. ‘Wol menear Cap Sones even by de útgong komme? Syn auto stiet ferkeard parkearre.’ Dêr fljocht er noait yn. Miskien hat er in helikopter. Dynte suchtet. Wat moat se no wer optinke?
Se knipt mei de fingers. Dat is it! Se sil sels foar in skandaal soargje. Dat sil him út syn tinte lokje. Hokfoar skandaal? Misle |
lizze drok mei-inoar Har hollen knikke en skodzje. Fjouwer hearen ferwiderje har. Fiif komme werom. Ien fan har is de baron.
‘Jo hjir?’ ropt Nier ferheard út.
Pappsack rint op him ta. ‘Bêste Hinnebruier! Wêr is Loebes?’
‘Noch net fûn. Mar dat komt wol.’ En Nier jout de baron in treastryk klopke op it skouder. ‘Jimme kinne gean,’ seit de grouwe stút dy 't Nier syn kaartsje ferskuord hat.
Grutsk stapt Nier njonken de baron troch de gongen en by de treppen del. Efter har rint ferslein de swarte staasje fan de pommeranten. By de foardoar stiet Bearke te gûlen.
‘Wat is der oan?’ freget Nier.
‘Se ha my de sek opjûn,’ snokket it fanke. ‘Ik kin nearne gjin weide hâlde.’
Nier fielt him machtich. ‘Kom do mar by my,’ seit er.
Bearke glimket troch har triennen hinne. ‘Ik sil alles foar dy dwaan.’ En se begjint him al hertstochtlik te tútsjen.
Trijeresom stappe se bûtendoarren. De balke kreaket, de slotten en skoattels knerse efter har ticht. |
| |
| |
diging!
In slachtoffer hat se al gau fûn. In frommes ferpakt yn side en mûseline. In âld taart mei lagen poeier der oer hinne struid. Dynte giet lyk foar har stean.
‘Smoarge fizerik!’ skelt se sa lûd as se kin.
De taart glimket freonlik. Se kriget har breiwurkje fan in stoel en noeget Dynte njonken har del te fallen.
Dynte skelt jitris.
De taart laket en seit wat yn it Gaelic. Noch in bûtenlânsken ek. Wat in tsjinslach. De omsitters slaan op har skellen hielendal gjin regaad. Dy sjogge nei it skûtsjesilen.
Se sil wat oars besykje moatte. Dynte tinkt djip nei. Dêr hat se it! Seks!
Se stelt har midden foar de taskôgers op. Se strûpt har jas, skuon en sokken út. En dan, op de maat fan de muzyk docht se njonkenlytsen alle omballingen ôf. Earst de tinne-roai broek. Wigeljend mei har heupen triuwt se it guod sintimeter foar sintimeter nei ûnderen ta. Har skonken stappe der út. Sa ferriist de ljochtsjende dei út de nearens fan de nacht. Dan it |
Se snuve de frisse, mar net skjinne lucht op.
Nier jout de baron it brief fan Orsel. Dy is der sa wiis mei. Hy fleurt hielendal op. Bearke kriget jild om in float jurkje te keapjen. As in rûn moadeprintsje komt se ta de winkel út. Nier sjocht op syn horloazje. Hy mei net earder as seis oere yn Ald-Appelskea werom wêze. Dus earst mar ite yn It Seewiif en dan in stikmennich museums bylâns.
De middeis besjogge se flechtich âldheden. Grûnfynsten, pronkkeamers, drachten, goud- en potguod. Lang kinne se net bliuwe, de baron hat mar in festjebûsefakânsje. Se fleane ek by Aziatysk diggelguod lâns. Nier sjocht in Sjineeske Ming faas stean. Hy kin it net litte en tikje der eefkes tsjinoan. ‘Ting,’ seit it ding. Grif gjin echtenien.
De rûnlieder wiist omheech. Hy wiist op Goatyske ljochtkroanen, Barokke skoarstienbuorden, Perzyske mozaïken, Romaanske blompotten en Grykse urnen.
Pappsack sjocht ûnderwilens del op it Rokoko dekolletee fan Bearke.
Om healwei fjouweren ha se |
| |
| |
tee-sjut. In oarenien soe der yn betiisd reitsje. Dynte net. It sjut strûpt fan har ôf as in twadde hûd. De beide hichtepunten fan har terpich lân fertoane har yn hear en fear. No it slipke noch. Tergjend starich komt dat del. Se rekket it net iens oan. Se dûnset der út. Mei ien finger giselt se it yn 'e rûnte en saait it fuort. Wat har dan opdocht is in skatkeamer foar tûzen-en-ien-nacht-en-dei.
De boereblazers krije noch reader hollen as se al ha. Har petten sitte fol swit, har hoarns fol flibe. De suvelmeldijen wurde wei yn de falske toanen. In ijskoman dy't ek nei de striptiis stoarret, lit in kwak skepiis neist it koekje falle. Mar de folkloare wint it wer fan de aktualiteit. Alle oare taskôgers sjogge finaal by Dynte lâns nei it skûtsjesilen.
Se is har rie te'n ein. Wat no noch út te finen? Der bliuwt neat oer. Ja, dochs! Jild!
Se grabbelt út har skouder-tas in tûzen-gûnebrifke. Se hâldt it omheech en ferskuort it sa dúdlik mooglik. De flinters lit se yn it wetter dwerrelje.
As ien man komme de taskôgers oerein. Se rinne inoar |
alle Ljouwerter museums hân. Nier wol ek ris nijichheden sjen en hy moat tydrekke. Dêr komt him wat yn 't sin. Hy is ommers in freon fan it moderne keunstnerspear Pop-Aart. Dy ha in permaninte eksposysje. Dêr kinne se hinne! Boppedat is it in moaie ommelânske reis. ‘Sille wy no noch even nei Ypkolsgea?’ stelt er út. ‘In tetoanstelling dy't jo wier net misse meie.’
‘Is it fier?’ freget de baron.
‘Alhiel gjin omwei, wy komme der bylâns.’
Pappsack hat gjin beswier. En Bearke fynt alles bêst. Dy twa kinne it goed mei-inoar roaie. Se binne ek fan itselde kaliber.
Geandefoet berikke se de garaazje dêr't Nier syn auto yn stiet. Se stappe yn. Bearke wol neist Nier sitten gean, mar Pappsack noeget har njonken him te kommen. Se wit net wat se dwaan moat. Nier knikt har temûk ta. Se ferstiet dy stille wink en falt neist de baron del. Dêrmei is de dyklizzing fan de Bugatti ek folle better.
Trije kertier letter stowe se op Wâldsein ta. It spul fan Pop-Aart leit oan diskant fan |
| |
| |
fan de fuotten, stompe mei earmtakken, smite taffeltsjes om en strûze op Dynte ta. Yn de eagen flikkert moardlust. Dynte is deabenaud. Se springt oer de leuning en rint om it libben. As in lawine stoart de meute by de treppen del. Dynte fljocht tusken sylboaten troch nei de útein fan de langste steger. Se sjocht oer it skouder. De efterfolgers binne tsien meter fan har ôf. De fuotten roffelje oer de planken.
Se hâldt de siken yn en dûkt. Se swimt in ein ûnder wetter. Kâld en donker omslút it har brûnzen lea. Se sjit foar in boat lâns. Se hat in hekel oan wetter, mar se kin goed swimme. Fandatoangeande is se ek krekt in kat.
De efterfolgers springe har nei. Rigen plompe yn it wetter. Yn in omsjoch is de mar besiedde mei koppen. Dy swimme yn healmoanne-formaasje op nei it plak dêr't se de bút bespeure.
Dynte is skjin oan ein. Har earms en skonken wurde leadich. Se sakket nei de grûn. Se kriget in gjalp wetter yn en wrakselt har wer boppe. Har teannen fiele blabber. Snilen |
Ypkolsgea. Op it hiem stiet in echte haiweinGa naar voetnoot21 mei plestik hea. Pop en Aart binne allebeide wat te artistyk klaaid om te oertsjûgjen. Pop hat in tinne kaftan oan en op har sangen prúk in sombrero mei linten dy't oer de grûn slepe. Aart stekt út in boernoes. Syn gesicht wurdt wei efter in sinnebril. De glêzen binne net earlik sa grut as de patryspoarten fan in slachskip. Mar har wurk kin besjen lije. It stiet en hinget yn in grutte ljochte omboude boereskuorre. Wat hinget is fan Pop, wat stiet is fan Aart. Der binne ek in pear mienskiplike Objekten by. It gehiel hat in ûnthjittendGa naar voetnoot22 nivo.
‘Sniewytsje’: matras mei de ôfprint fan in fammelea der yn en sân stiennen túnkabouters der om hinne.
‘Ungetiid’: heafoarke mei springfearren as tinen.
‘De Lytse Miger’: kopy fan Manneke Pis yn Brussel, mar dizze stiet netsjes yn in hoekje mei de rêch nei de taskôger ta.
‘De Grutte Fergieler’: plastyk fan in man mei inkeld in |
| |
| |
prykje yn har as ynjeksjenuddels. Troch in waas sjocht se in giele boat. Har hannen klauwe nei it board, omklamje it. Yn de boat sit in fisker mei de rêch nei har ta.
‘Help!’ bringt se tagelyk mei in gjalp wetter út. Dan moat se los litte. Har neils krasse oer it board. Se fielt har ûnder de earmsholten beetpakt. Se wurdt omheech hitsen, har liif skuorret oer it board. Beklings falt se yn de boat. De fisker stiet oer har hinne.
‘Gau, hjir wei!’ ropt se heas. ‘Se wolle my fermoardzje!’
De fisker lûkt de motor oan. Dy docht it fuortendaliks. De boat spuitet fuort. De punt sjit omheech, de efterein lûkt in waaier fan skom oer de mar. De koppen fan de moardbrigade op-en-delje as koarkjes oan in angelsnoer. In minút letter lizze se ferstruid oan de iggen.
Dynte komt oerein. Se fielt har al de helte nofliker. De fisker sit by it stjoer. Mei behagen sjocht er har op en del oan. Hy nimt de piip út 'e mûle en freget: W‘êrom wolle se dy fermoardzje?’
‘Ik ha in briefke fan tûzen stik- |
sniewyt slipke oan.
“Assemblaazjes fan couponringen op swart fond”. Nûmer 1: ilestykjes yn O-foarm. Nûmer 2: ilestykjes yn 8-foarm. Nûmer 3: ilestykjes yn woarst-foarm. Nûmer 4: knapte ilestykjes.
“Sjoch, sjoch”: kolossale Fryske flagge mei in glêsroede der yn; dy roede is middenyn 90 graden ombûgd, sadat de flagge ek om in hoekje wapperje kin.
“Kreativiteit”: lechpuzzel dy't inkeld út folslein swarte stikjes bestiet.
“Mary Loe wie hjir”: boerd mei in soadsje messen der yn dy't presiis om in minskeliif passe; derfoar oer de flier in pear lege skuon mei hege hakjes.
“Skuonmakkerke”: jildbrifkes fan 25 yn lytse flinterkes ferroppe en wer opplakt yn flinterfoarm.
“Oantinken”: romantysk seegesicht mei boppe de list in lampke op de muorre skildere; it skildere ljochtskynsel falt op de skomkoppeGa naar voetnoot23 weagen.
“Remise en ieuwich skaak”: twa gipsen bylden efter in taffeltsje; tusken har yn in skaak- |
| |
| |
ken skuord.’
‘Har briefke?’
‘Nee, myn eigen.’
‘Wêrom?’
‘Ik socht Cap Sones fan it Ljouwerter Deiblêd.’
De fisker set de sinnebril ôf. ‘Wel,’ seit er, ‘dat treft. Ik bin Cap Sones.’
Nei in dreech petear yn Akkrum stapt se op de bus.
Se makket gebrûk fan it iepenbier ferfier. Dat is wol feilich, mar net fluch en ferdielich. Op de Gordyk moat se oerstappe en yn Easterwâlde wer. Beide kearen hat se in wachttiid fan mear as tweintich minuten. Dêryn besiket se in croquetspul sûnder karke te keapjen. Se freget omdoch by trije winkels. Dat makket har in bytsje fertrietlik. Se is oer alle boegen slagge, mar in croquetspul sûnder karke kin se net krije. It giet har net om it jild. Se wol de dûbele priis betelje. Mar se lit har gjin behoeftes optwinge.
As Dynte te honk komt, is se ynienen alhiel hoera. De jiskemannen ha alle plestik sekken op ien nei meinaam. Dy leit noch oan de kant fan de dyk. Der stiet gjin gemeentestimpel op. Se tôget de sek mei |
boerd dêr't allinnich in swarte en in wite kening op steane; beide spilers sitte djip oer har set te brieden.
‘Paad nei Eigen Hoarnleger’: sânpaad dat troch de skuorre struid is en dêr't keunstmjittige keutels op lizze.
Nier hat nocht oan de útstalling. Hy soe sels wol sok wurk meitsje kinne. Mar hy is bliid dat er it hjir sjocht, dan hoecht it net mear. Hy libbet oan de râne fan it kreative en dêr hat er frede mei.
‘Wat sizze jo der fan?’ freget er oan de baron.
Pappsack lûkt oan de skouders. ‘Wat nimt men hjirfan mei? It is allegear sa oerdreaun. In grap, mear net.’
‘Men kin der om laitsje.’
‘Ik net. Dêrfoar binne dizze grappen net goed genôch.’
‘Miskien in dit in soarte fan humor dy't jo net oansprekt.’
De baron skodhollet. ‘Dit wurk sit gjin byt yn. It is flut.’
‘As it dreger wie, soe it dan better wêze?’
‘Jawis, want dan siet der wat yn.’
‘Dus dit is ûnsin. Hat ûnsin gjin wearde?’
‘Nee. Unsin hat ommers neat mei de wurklikheid te krijen.’ |
| |
| |
nei it terras. Amper hat se him delset of se fernimt sûzjen.
Flap! In net strûpt oer har hinne. It nylon snijt yn har hûd. Har earms sitte klam tsjin har eigen liif. Se kin gjin kant út. It net triuwt har oer de grûn, se moat knibbelje. It net wurdt efterút lutsen. Har knibbels skave oer de tegels, oer it grint. It slagget har en stek de hannen ûnder de râne troch. In skoech giet op har fingers stean. Se knappe der fan. Dynte sjocht by in broeksbokse omheech. In man mei in striehoed op stiet oer har hinne. Under in swarte knevel slobbert syn mûle as de bek fan in Deenske dogge. Se raast it út fan de pine. Hy draait syn skoech noch hurder op har fingers om as trapet er peukjes út.
Toeterjen en gerop. Al Pino mei syn leger fan tsjinstfammen en húsfeinten. De flinterfanger sjocht it swurk driuwen. Hy lit Dynte har bonkjes en it net lizze.
Hy makket skonken en is krekt út it sicht as de earste befrijers it terras op stowe. Guon sette him nei, oaren ûntfermje har oer Dynte. It falt gelokkich alles ta. |
‘Moat dat dan?’
‘Ja, dat moat. Hoe libensechter, hoe better. Dit wurk driuwt de spot mei himsels. It is krekt oft de keunstners der ek net yn leauwe.’
‘Moat dat dan?’
‘Jawis, oars hoege se it ommers net te meitsjen. Ik wol der net fierder oer prate.’
Krekt no't it nijsgjirrich begjint te wurden, brekt it petear ôf. De baron wol nei de baronesse ta. Nier sjocht op syn horloazje. It mei no, hy hat tiid genôch ferlern.
Se ride fan it hiem ôf de dyk op. Se stowe by Harich en Balk lâns op De Lemmer ta. In moaie lange rjochte dyk. Nier sjocht yn it spegeltsje. Hûndert meter efter him rydt syn grutte kammeraat. De Rolls Royce Silver Cloud.
Der is gjin minder. Mar dizze reis tinget dy him net nei de ljirre. Hy bliuwt netsjes op deselde distânsje en swaait by Easterwâlde de oare kant út. Hy sil wol tinke: Nier Hinnebruier hat syn taks hjoed hân.
Ien ding stiet him noch yn de wei. In twaddehânske wein. It ferkear kin der mar yn ien rige bylâns. Hy moat ynfoegje. |
| |
| |
De frijwilligers bringe it hûs op oarder. Yn in rep stiet alles ree foar it grutte feest. Al Pino is hofmaster, ynspektearret en hâldt tafersjoch. Dynte jout omtinken oan ditsjes en datsjes. Op de piano stiet in maklik muzykstik fan Offenbach. Dêr set se in slim stik fan Bach foar yn 't plak. Se is gjin hypokryt, mar foar dizze gelegenheid moat it al bylkje. It Ljouwerter Deiblêd rûgelt troch de bus. Se fljocht der op ta en lêst mei nocht it artikel fan Cap Sones.
Einlings sjocht se de Bugatti de oprydleane del kommen. Se smyt de lofter syddoar iepen. Nier! Se rint kwyk, al skrine har knibbels. Midden foar it bordes bliuwt se stean. De auto hâldt lyk foar har teannen. Nier stapt út. Fleurich komt er op har ta. O, wat moat se har bedimje! |
By de wein heisterje in pear keardels om. Se raze en rache. Oan de kant fan de dyk sit in stikje fertriet. Nier herkent it jonkje mei it grientebakje. It ûnderstel fan de bernewein leit yn de berm.
Fiif minuten letter ride se by it hege izeren stek lâns dat om de wylde tún hinne stiet. Hy swaait tusken de twa hurdstiennen pilaren troch. Reade ribessen, roazebeamkes, rodendrums, robenia's en rântsjeblommen. Rikeljusrompslomp. Rattekrûddjoer. Op it gersfjild in sulverkleurich byld fan Tokonari.
In doar fan it grutte wite hûs giet iepen. Dynte! Hy makket in útbocht nei rjochts en hâldt midden foar it bordes.
Nier stapt út. Fleurich komt se op him ta. O, wat moat er him bedimje! |
‘Baronesse, hjir is jo baron.’
‘Tige tank, sjauffeur. En wa ha wy dêr?’
‘Bearke, baronesse, myn oansteande.’
‘Dat stiet my oan, sjauffeur.’
‘O...! Orsel!’ ropt de baron út.
‘Julius!’
Fjouweresom geane se yn 'e hûs, twaresom sette se nei har keamers ta. De baron hellet ien nacht ûnthâlding yn en Nier betellet de rest fan syn skuld oan Bearke yn natura.
|
-
voetnoot13
- J.K. Dijkstra, Op 't Aljemint II, Laverman N.V., Drachten, 1965, side 71
|