Komme dy kepers? Boef fan Rys
(2001)–R.R. van der Leest– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 145]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
1Op it Súd yn Drachten fertraapje se har even. Dynte en de baron drinke in gleske greidwyn. Nier bestelt in fleske echt wâldbier. En Loebes kriget in pantsjefol deimolke. Dan stappe se yn foar it lêste trajekt. It Fryske gea leit Pappsack wol flak. Hy sjocht inkeld nei syn Orsel. Se krûpe inoar oan en wikselje in poarsje basillen út. It gesicht fan de baron kriget in etearyske útdrukking. Dynte hat Loebes op 'e skoat naam. In poes by in kat. Ynienen makket se har út de omearming los. ‘Loebes moat der út.’ ‘Nee wol?’ It gesicht fan de baron wurdt wer tige ierdsk. ‘Ja, ik fiel it. Se begjint te klauwen.’ ‘Se hat oars krekt foar't wy fuortgyngen noch dien.’ ‘Dat wie in lytsken. No moat se in grutten.’ Nier wit net hoe gau er hâlde moat. Hy trapet de rem oan de bumper ta. De baron sjit fan de bank ôf en komt klam te sitten. Dynte fljocht mei de kat nei de berm. Dêr docht it sekreet har boadskip. As dat besnuffele en bedobbe is, makket de baron in foto. Loebes mei boadskip. Dan wol er noch ien fan Orsel. Sûnder kat, mar mei beammen op de eftergrûn. Nier sjocht dat se suver op itselde plak steane, dêr 't er fan 'e moarn sa masterlik swaaide. Hy moat Loebes fêsthâlde. It bist akselt tsjin en wringt har yn bochten. It byt gemien yn syn tomme, krekt ûnder de neil. Hy kriget in feech oer it wang, kin it net mear hâlde. Loebes ûntslûpt syn fingers en nimt de guit. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 146]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
‘Loebes, hjir, Loebes!’ ropt Nier. Dynte rint út it kykje wei. Sy ropt ek. ‘Q...!’flokt de baron. De kat springt fierder troch it hege bermgers. As in swiere frachtauto lâns rikket, bliuwt se stean en dûkt har. It hier fan har bontmantel slacht plat. As de wein foarby is, komt it troch de sûging wer rjocht oerein. Dêr sjocht se in flinter! Loebes slûpt der op ta. Se triuwt it liif hast yn de grûn. Se skoddet ferheftich mei de efterein en springt. De flinter fladdert fertikaal de loft yn. De kat sjit him fertikaal efternei. Se makket yn har sprong noch in heale draai, mar mist op in poatbreedte. ‘Ik sil har besingelje,’' stelt Nier út. ‘Ik jei har dizze kant út. Dan kinne jim har keare.’ ‘Toe mar, fluch,’ knikt Dynte. ‘Q...!’ flokt de baron. Nier rint uterst rjochts fan de dyk. Hy moat Loebes tusken him en de sleat hâlde. Har dan foarbykomme en werom jeie. Mar de kat set op Duerswâld ta. Nier bliuwt stean. De kat ek. ‘Loebes, toe,’ smeket Nier, wylst er him bûcht. Hy stekt syn hân foarút en docht oft er dêr in mûlterchje yn hat. De kat sit him folslein ûnbeskamsum oan te sjen. Se smyt him in stikmennich knypeachjes ta. ‘Kom, Loebes!’ ropt Nier wanhopich. ‘Krijst ek wat lekkers.’ Dynte komt him op 'e side. Se lokket de kat mei in stim dêr't in kater fan klear komme soe. Mar in poes lit har net sa maklik ferliede. Iderkear as se twa stappen tichterby komme, hipt Loebes trije sprongen fierder fuort. Hymjend komt de baron oansetten. ‘Q...!‘flokt er jitris. Dynte hat har nocht fan it tuike moai spyljen foar Loebes. Se begjint no yn termen fan beukeropfieding te tinken. ‘Goed, dan litte wy dy allinne,’ seit se wolberet. Demonstratyf krieme se en skonkje mei har trijen op de auto ta. Loebes begjint net te gûlen. As se oer it skouder sjogge, stekt de kat krekt de dyk oer. Foar twa bumpers lâns, tusken de tsjillen fan in ferhúswein troch, om in stoomfyts mei sydspan hinne. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 147]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Se knipe de eagen ticht. Einlings doarre se wer te sjen. Se ferwachtsje in plat bluodderich feltsje op it weidek. Se sjogge hielendal gjin weidek, sa drok is it. Hieltyd ûntnimme foarbystowende auto's har it sicht op it weidek. Der is in grut ferkearsoanbod. Op it lêst falt in gat yn de stream. Gjin bluodderich feltsje. Loebes sit oan de oare kant fan de dyk te knypeagjen. ‘Loebes!’ skreauwe se tagelyk. Har stimmen geane yn it duorjende dreunen fan de frachtweinen ferlern. Se binne har rie te'n ein. As Loebes yn dy bosk dêr weiwurdt, sjogge se har noait wer. Nier set him yn starthâlding. Op beide rydbanen is it like drok. Hy kin net iens it midden fan de dyk berikke. Tranteljend fan ûngeduld stiet er oan de kant fan de snelwei. In suterich jonkje komt op him ta. Op it ûnderstel fan in bernewein skoot er in leech grientebakje. ‘Ha jo ek âlde kranten, baas?’ ‘Nee,’ antwurdet Nier koart. ‘It is foar ús klubhûs. Foar bern fan alle tsjerken.’ Nier seit neat. Tusken de foarbysjittende auto's fangt er skimpen fan Loebes op. It jonkje wiist op de Bugatti. ‘Is dat ding fan jo?’ ‘Dat is gjin ding!’ seit Nier fûl. It jonkje knikt dat er it foar it begryp hat. ‘Ja, dan ha jo ek gjin âlde kranten.’ Hy wol al fierder troch de berm skowe. Nier hâldt him by de earm en wiist op de autowei. ‘Hoe kom ik hjir oerhinne?’ It jonkje lûkt oan de skouders. ‘Ik wit net,’ seit er. ‘Ik bin oan diskant berne.’ Nier suchtet en lit los. It jonkje skoot fierder. Gelokkich bart der in ûngelok. Earne blaft in hûn. Elke kear as in ûngelok bart, begjint ek earne in hûn te blaffen. Al it ferkear út beide rjochtingen moat hâlde. Nier slalomt as de bliksem tusken de auto's troch. Hy kin krekt de oare kant berinne. Amper is er dêr of ien rydbaan wurdt wer frijjûn. Knetterjend set de file har yn beweging. Loebes hipt noch fierder fan de dyk ôf. Se komt by de earste | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 148]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
dinnen fan de bosk. De stammen binne rjocht en keal. Hielendal boppeyn sitte de nuddelkessens. Nier fljocht de kat efternei. Mar dy rint hurder, springt fierder, swaait liniger. Der bliuwt noch ien behelp oer. Har kjel meitsje, by sa'n keale stam op jeie. En dan mar wachtsje. Dat is de baas! Miskien is Pappsack ûnderwilens ek bysteat en stek de dyk oer. As Dynte mar by de auto bliuwt. Nier giet der as in hûn by sitten. Yn de hoksen, hannen op de grûn, holle skean omheech. Hy begjint ferwoest te blaffen. Loebes draait de kop, sjocht him ferbjustere oan. Se leit de earen plat op de kop. Se sjit tusken de beammen troch en ferswynt yn in nije oanplanting. Fertwivele set Nier har noch in hoartsje nei. Der is gjin begjinnensein oan en fyn in kat tusken jonge sparrebeamkes. Hy sil al werom gean, as er in âld wyfke sjocht. Se hat in reinkleedGa naar voetnoot6 oer de holle. Har gesicht is fan trochskinend perkamint mei blauwe ierkes. ‘Ha jo ek in kat sjoen?’ freget er freonlik. ‘Hokker kleur?’ Har stim rûzelt as wyn troch de reiden. ‘Swart.’ ‘Sûnder wite sokjes?’ ‘Krekt.’ ‘Ek gjin befke?’ ‘Nee.’ ‘Net iens in wyt puntsje oan de sturt?’ ‘Dat is Loebes!’ ‘Dat moat hast wol. Swarte katten bringe altyd ûnk.’ ‘Wêr ha jo har sjoen?’ freget Nier moedichGa naar voetnoot7. It wyfke skodhollet. ‘Ik ha hielendal gjin kat sjoen. Mar ik ha niis wol in hûn blaffen heard.’ Nier docht mar krekt oft syn noas biet. ‘Och hea, dan kin ik wol ophâlde. Dan sjoch ik har noait wer.’ It wyfke is al trochrûn. ‘Swarte katten bringe altyd ûnk,’ seit se noch. Hy sil mar weromgean. Hy hat alle war dien dy rotkat fan | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 149]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
de baron benei te kommen. Syn gewisse is suver. Hy bedarret by in heech stek fan izergaas. Dêrefter sjocht er it kolossale keunstwurk. De wetterfal. De krante hat der fol fan stien. In provinsje mei safolle aqua pura as Fryslân sûnder wetterfal? Soks kinne jo de toeristen net oandwaan. In pear hektare bosk moast der wol foar kapt wurde. Dat wie it slimste net. De toeristen komme foar it wetter, net foar de bosk. De wetterfal is mei syn 28 meter heger as dy fan Schaffhausen. Sels heger as de Woldberch by Stienwyk (+26m) en de Boskberch by Appelskea (+27 m). Hy hie ek maklik noch breder as de wetterfal fan Schaffhausen boud wurde kinnen. Dan wie der hielendal gjin bosk oerbleaun. It wetter falt yn in tolve meter djip bassin mei acht rekreaasje-eilantsjes. It wurdt wer oppompt om oardel kilometer streamop fannijs syn rin te begjinnen. No falt der noch gjin wetter. Juster is it wurk dien makke, hjoed leit it ferlitten en moarn sil it iepene wurde. Earmoedich miaukjen. It komt efter it stek wei. Nier klimt der oerhinne. Hy wurdt net elektrokutearre. Oan de râne fan de betonput bliuwt er stean. Hy besaut der fan. Fjouwer meter ûnder de punten fan syn skuon hinget Loebes. Se hinget mei de foarpoaten oan in stange dy't in eintsje út it beton stekt. Har liif swaait hinne-en-wer. In gymnast oan de rekstok. In deabenaude gymnast dy't gjin skrep krije kin. ‘Wachtsje even,’ seit Nier oerboadich. Hy fljocht by it stek lâns. Hy moat in tûke ha, lang genôch om de kat te rikken. Hy sjocht inkeld prikken, allegear te koart. Oan de oare kant fan it stek leit ek neat. Hy fljocht werom. In hiele bosk en gjin tûken. ‘Wachtsje even,’ seit er wer. Hy strûpt al syn klean út en knopet se oaninoar. Hy giet plat op it liif lizzen. Foarsichtich skoot er sa fier mooglik oer de râne hinne. Hy lit it spul yn de ôfgrûn sakje. In broeksbokse bongelt foar Loebes har snút. Se klaut mei ien poat wyld om har hinne. Ja hear, dêr hat se de tip beet. Har poat klaut heger, einlings hat se goed hâld. No doar se de stange los te litten. De neils fan beide | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 150]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
foarpoaten slacht se yn de bokse. Nier lûkt it string klean op. Hy byt op 'e tosken. Noch ien hoartsje. Hy bûcht him fierder foardel om de kat yn it nekfel te pakken. Loebes springt by syn hân lâns op de râne. Har sturt slûpt troch syn fingers. Se naait út. Hy ferjit even it string klean. Dat mitert yn de djipte. It skilt net folle oft hy mitert der sels efteroan. Hy set de teannen yn de grûn. Swarte stippen wrimelje foar syn eagen. Hoeden skoot er efterút oant inkeld syn holle noch oer de râne hinget. Dan komt er oerein. Loebes sjocht er net mear. Wol syn livrei op de boaiem fan de betonput. Allinnich de pet stiet noch op syn holle. Grimmitich saait er dy syn klean efternei. Dêr lizze syn skuon noch. Dy soalt er ek yn de djipte. Dat bêdet him del. Hy hat alles dien wat minsklikerwize mooglik is om syn fijân te helpen. Syn gewisse is suver. Sân plakt oan syn switterich liif. Syn lul stiet fan de spanning. Gau nei syn auto ta. Fanwegen neakenrinnerij sil er grif net oppakt wurde. Mar in steande lul mei net. Hy klimt oer it sket. Hy rint troch de bosk as in sliepwandeler. In holder holdert om syn holle. Hy fernimt der neat fan. Hy sjocht de skaadbefloerzeGa naar voetnoot8,Ga naar voetnoot9, stammen, it blombenaaide mosk, it nuddelbestode paad net iens. Skatterjen fan fammen heart er wol. Hy set der op ta. Ferstuivere bliuwt er oan de râne fan in iepen plak stean. Hy hat noch it benul en dûk wei yn it strewelleguod. Tolve fammen as ien gedachte. Se sitte op grutte springballen mei oerdwerse swartgiele streken. Boppe-op stiet in trochsichtich hânfet. Ien faam stapt fan har bal ôf. Se hat in rjocht en flink postuer. Lange glêde skonken, smelle heupen, brede skouders, oefene spieren, lytse, mar parmantige boarsten. Har swart hier is koartknipt. Mear hat se net oan. Se is poer natoer, yn de sinne ripe. Se stiet mei de hannen yn de siden en sjocht glimkjend op de oare fammen del. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 151]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Dy binne like sunich as har klaaid. De moaikert giet har prachtige freondinnen bylâns dy't prinsessehearlik op har ballen sitten bliuwe. Se hat de losse rin fan in knaap, mar har heupen dúnje frouljuseftich. Dêr 't har rêch einet, sitte twa dobkes. ‘Litte wy ris sjen wa't my oermânsk is,’ seit se mei in figilante stim. ‘Wa't wrakselje wol, moat hjir komme!’ Ien fan de alve weaget it. De twa fammen geane oerinoar stean. Se litte har hannen op skouderhichte ûntspannen bongelje. Ynienen dogge se tagelyk in stap foarút en omklamje inoar. In skoftsje steane se suver ûnbeweechlik yn dy omearming. Dan bûge se har nekken en triuwe rûngear opinoar yn. Dit is gjin judo mear, dit is klassyk Gryksk-Romeinsk wrakseljen. De útdaachster draait har linich los. Se set in knibbel yn de rêch fan de tsjinpartij en lûkt har skouders efterút. Fia in inkele nelson en in dûbele brêge bedarret se by in heale ferwurging. De tsjinpartij ferliest har evenwicht. Se falt beklings oer de grûn, de oanfalster meiskuorrend. Dy giet oerskrank op har liif sitten en docht wat dien wurde moat. Der binne wichtiger saken. In Bugatti Type 41 bygelyks. Nier glûpt nei it boskpaad en set de sokken der yn. Hûndert meter fierder hâldt er. Yn it foarbyfleanen hat er wat út syn eachshoeke wei sjoen. In déjà-vue út in fier ferliene. Hy kriemt koartGa naar voetnoot10 en teantet werom. Wat er dêr sjocht, docht him nei de siken gapjen. Iepen en bleat leit in nimf op it mosk te sintsjen. Har godlik stal is in part fan it lânskip. In bekken dat it ljocht opheint. Trochgloeide hûd, omfieme fan in strielekrâns. Blank albaster middenmank de tsjustere rûgens fan nuddelbeammen. Boarsten en ûnderliif binne justjes donkerder fan kleur. Krekt oarsom as by alle oare fammen op de hele wrâld. In unikum. In goudhamster rint oer har liif. It dierke liket sa'n Japansk boartersguodautootsje dat net fan de tafel ride kin. It tripket nei de uterste râne fan it lichem. As it hast falt, draait it har snuútsje en | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 152]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
dribbelt in oare kant út. De nimf leit in nútsje op elk fan har spienen. De goudhamster bringt earst it iene nei it nêst dat se yn har krol skamtehier hat. Dan hellet se it oare. De nimf leit wer twa nútsjes te plak. It spultsje begjint fan nijs oan. It is sa simpel en tagelyk sa meinimmend dat Nier der hyt en kâld fan wurdt. Hy hat by ûnderfining hoe skerp de toskjes fan in goudhamster binne. Ien byt yn dy hurde spienen. Mar dat bart net. Op 't lêst binne de nútsjes op. It dierke siket it nêst op. It troppet de wangpûden fol en jout har del. ‘In strúnder!’ heart er efter syn rêch. Nier wol gjin strúnder wêze. Dêrom rint er net fuort. Hy komt daliks foar it ljocht. Op it paad sitte de tolve springbalfammen. Fol ferwachting sjogge se him oan. ‘Ik sykje in swarte poes,’ seit er earlik. Alle fammen laitsje húnsk. Nier kin himsels wol foar de kop slaan. Hy hat it ferkearde wurd brûkt. ‘Kom do ris hjir,’ noeget de winneresse fan it fjochtsjen. ‘Wat in lekkere fint!’ ropt de faam dy't it ferlern hat. Se begjinne allegear op har ballen te wippen. ‘Wurdt it noch wat?’ freget de winneresse. Nier ferset gjin poat. De ballen krije gong, de fammen springe op him ta. Krekt tolve kangoeroeiende wapsen. Mar Nier hat no gjin tiid foar sa'n ûnnatuerlike fergeliking. Hy set it op in fleanen. De fammen binne kundich yn it springen. Hy fielt har hymjen yn syn nekke. Se geie it út. De hiele bosk wjergalmet fan har útskroeven jûchhei. Nier rint op 'e dolle rûs. Hy sjit in stik bosk yn dat ticht begroeid is. Dêr wolle de ballen net tusken de beammen troch. De iene faam nei de oare springt harsels fêst. It gegei wurdt suniger. Einlings heart er it lawaai fan de autowei. Hy rûkt de ferlossende rook fan benzine al. Hy sjocht it skreppen fan de beskaving. Krekt binnen de bebeamme kom falt er oer in stronk. Hy knoffelt noch in eintsje troch. Mei de harsens kwakt er tsjin de folgjende beam. Hy siicht oerside en bliuwt op de rêch lizzen. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 153]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Hy sjocht gjin stronk. Wol in skonk. Noch ien. Heger sparket in fyn gouden keatting dêr't in kaaihinger oan bongelt. Glimkjend komt de healgoadinne op him ta. Poerneaken as de Venus fan Botticelli, mar gâns frijmoediger. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
2‘Ik bin Déa en ik wol mei dy diskusearje.’ ‘Sykje mar in oar slachtoffer.’ ‘Wêrom?’ ‘Gjin tiid.’ ‘Dat sizze se allegear.’ ‘Gjin nocht.’ ‘Dat is teminsten earlik. Kinst noch mear ferlechjes optinke?’ ‘Ik moat nei myn Bugatti ta.’ ‘Altyd yn in auto sitte te stjonken, hen? Hoe jong biste?’ ‘Ik doch it foar myn brea,’ ûntwykt Nier dy pynlike fragen. Hy moat it pratende hâlde, oars beswimet er. Mar gjin diskusje, dat giet him fier boppe de plasse. En dy is al sa úttynd. De oare fammen komme ien foar ien oansetten. Se slepe har ballen efter har oan. As se him gewaar wurde, geane se der op Sitten. Se springe Déa by. Hy kin gjin kant út. Alle fammen ha eagen fan in kleur dy't inkeld yn boeken foarkomt. Pears. Hy wurdt der hast kleureblyn fan. Déa hat ien pears en ien grien each. In treflike kombinaasje. Mar dêr wurdt er hast skilich fan. Miskien binne de byfammen minder hurd as de masteresse. Hy sil besykje har by it hert te krijen. ‘Ik bin Nier,’ makket er him bekend, ‘en ik wol net mei Déa diskusearje. Ik wol mei frede litten wurde. Dat is ien fan de rjochten fan de minske. Miskien is it hjoeddedei net in populêr rjocht. Ik wit ek net oft it yn it hânfest fan de Feriene Naasjes stiet. Mar it is in fundaminteel rjocht. It is alles wat ik op dizze wrâld wol. Lit my gewurde.’ ‘Amen,’ seit Déa. ‘Do hast it inkeld oer dyn rjochten. Wy ha uzes | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 154]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
ek. Do litst ús hjir net mei rêst. Do makkest dy skuldich oan boskfredebrek. As twa belangen botse, moat der oer praat wurde. Ik wol mei dy diskusearje.’ ‘Us mem hat my tige modern opfieden,’ leit Nier út. ‘Se hat my oerhearrigens leard.’ Déa gnysket. ‘Dyn opfetting is út de tiid. Opfieding bestiet net mear. Wy sille diskusearje.’ Nier sjocht yn elk pear pearse eagen. De waarme lagunen fan nyskes sitte fol pakiis. De lippen binne smel en de spjalt der tusken is rjocht en skerp as in mes. Hjir hoecht er gjin ynskikken te ferwachtsjen. ‘Goed, wy sille diskusearje,’ suchtet er. ‘Mar mei it ek oer in oar ûnderwerp? Ik bin net sa goed dokumintearre.’ ‘Oer alles watst wolst,’ seit Déa. ‘As it mar aktueel is. Kom mei!’ Nier soe al sa leaf sitten bliuwe. Mar hy doar net mear te protestearjen. Sinkelsûzich komt er oerein. Katsje efter katsje rinne se troch de bosk. By in âlde muzyktinte hâlde se. Dat is it nije moetingssintrum. Boppe it trepke is in moderne spreuk spikere: ‘Groepswurk yn de Wurkgroep’. Se sette har del op in rûne bank dy't om in rûne tafel stiet. Der is gjin lieder, net iens in begelieder, se binne allegear meiwurkers. Sa heart it ek. Trettjin kommunikaasjefreondinnen en ien kommunikaasjefreon petearje omraak. Al seit dy iene freon net sa folle, dat jout neat. It giet net om de ynbring, mar om de partisipaasje. ‘Wêr wolsto dan oer diskusearje?’ freget Déa. Nier kriemt koartGa naar voetnoot11. ‘Lûdhinder,’' andert er. ‘Akkeba, al wer!’ Ien fan de fammen lit har tonge hingje. ‘Stil, lit Nier útprate. Kinst it wat konkretisearje?’ ‘Watsei?’ ‘It is sa'n algemien ûnderwerp. Iggeleas. Kinst in foarbyld jaan?’ Nier syn harsens wurkje koartsich. Net fan it neitinken, mar fan de pine. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 155]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
‘It lieden fan tsjerkeklokken op de iere sneintemoarn,’ bringt er út. Dat aspekt ha de fammen noch noait bepraat. Se binne ynienen fol fjoer. It lieden fan tsjerkeklokken op de iere sneintemoarn! Op dit gefal fan lûdhinder wurdt de behanneling taspitst. It giet neffens de wittenskiplike oanpak. De oanwêzigen wurde ferdield yn fjouwer groepen. Elke groep wurket tweintich fasen ôf:
As alles útkristallisearre is, wurdt in mienskiplik kommunikee opsteld. Nier fielt him de helte folwoeksener as trije oeren lyn. Mar hy moat no nedich opstappe. Hy komt oerein. ‘Oant sjen. Stjoer my it rapport mar. Ik sil it thús mei omtinken bestudearje. Jim witte myn adres.’ Déa keart him. ‘Dit is ús earste projekt. Wy ha noch ien yn 't fet.’ ‘In oare kear, graach. Ik bin no goed gear.’ | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 156]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
‘Dêrom krekt. Wy moatte aktyf oan sport dwaan. Hast in foarkar?’ ‘Autoride.’ ‘Dat is gjin sport!’ Nier sjocht de rûnte bylâns. De gesichten steane ûnfersetlik yn sierlike ienriedichheid. Hy krûpt yn lij. ‘Tennis dan,’ stelt er út. Yn dizze omkriten binne fansels gjin banen. Sa wynt er him der moai foar wei. ‘In balspul? Hie ik it net tocht? Manlju altyd mei har balspullen. En noch in yndividuele sport ek,’ skampert Déa. Nier hat stille wille. Hy is frij man! Déa smyt de holle yn de nekke. ‘Yn oarder, tennis!’ Wolberet nimt se de foarstap. Efter de muzyktinte is in hege ligusterhage. Déa makket in hingelslot los en swaait in doar fan izergaas iepen. Dêr leit in goed ûnderhâlden reade gravelbaan. Nier stint. ‘Of spilest leaver op gers?’ freget Déa. Hy stiet yn berie. ‘Dat ha wy hjir ek,’ follet se oan. ‘Op gers giet my te fluch,’ suchtet er. ‘Jou my mar in gravelbaan.’ Mauve klimt yn de skiedsrjochtersstoel, Lila set har neist it boerd foar de puntetelling del en Violet mei ballefaam wêze. De rest fan de pearse brigade hellet rackets en ballen út in stiennen berchplak. It net wurdt spand. Dan giet it legioen op de tribune sitten. Déa en Nier slaan inoar earst even yn. Dwaandewei kriget er de goeie mentale ynstelling. Hy hat de opslach. It is mingd inkelspul. ‘Wa't twa sets wint, no?’ ropt er fan de efterline. ‘Bist net wiis?’ ropt Déa werom. ‘Gjin diskriminaasje! Trije!’ Nier docht syn bêst. It slagget him en helje syn earste opslachgame foar de helsdoarren wei. Dan mei Déa begjinne. Se kin stienhurd opslaan. Se spilet it Amerikaansk-Australyske krêftspul. Der binne mar twa mooglikheden. Of se slacht yn en dan sit de bal. Of se slacht út en dan mei se nochris. Har twadde opslach is like hurd as de earste. En omdat se faker yn as út slacht, makket | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 157]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
se de measte punten. Net ien fan har ballen kin Nier weromslaan. It spul giet noait hinne-en-wer. Foar de taskôgers is der neat oan. Mar it smyt gâns op. Nier besiket it net mei krêft, mar mei suverens. Hy slacht de ballen djip yn har fek. Lyk foar de efterline reitsje se de grûn. Dêrnei bringt er fariaasje yn syn slaggen. Lang en koart. Heech en leech. Rjocht en krûm. Top- en bottomspin. Déa moat nei it net, nei de hoeken, nei oeral tagelyk. Hy jaget har fan it iene plak nei it oare. It is in aardichheid om der nei te sjen, de bal giet faak hinneen-wer. Mar it smyt neat op. Déa slacht alles werom. Ynearsten wint Nier syn opslachgames noch wol. By de fiifde giet it mis. Dêr brekt Déa troch hinne. Op 15-40 rekket er de bal mar heal. Dochs draait it ding oer de netbân yn har fek. 30-40. Hy hat noch in lytse kâns. ‘In sitbal fia it net. Moatst net sorry sizze?’ freget Déa. ‘Ik sis noait sorry,’ andert Nier. ‘Ik bin altyd fierstente bliid dat er sit.’ ‘Sok praat mei ik hearre,’ seit Déa tefreden. ‘Gjin hoflike babbelegûchjes.’ It is útstel fan eksekúsje. De folgjende bal fluitet as in kûgel by him lâns en bliuwt as in stik lead dea lizzen. De rest is in formaliteit, yn twa minuten beslikke. ‘Set foar Déa. 6-4,’ ropt Mauve. De spilers wriuwe harsels en de hânfetten fan har rackets droech. Se nimme slokjes limonade sûnder swietstof en wikselje fan spylhelte. Nier begjint dûbelflaters te meitsjen. Hy ferliest fuortendaliks syn earste opslachgame al. Hy besiket it tempo te fertraagjenGa naar voetnoot12. Syn sloppe baltsjes lit Déa gewoan rinne. Dat is de gollens fan de sterkste. Mei 6-2 wint se de set. Dan is Nier nearne mear. Hy klapt mentaal yninoar. Déa makket koarte metten. Se hat it echte killersynstinkt. Har projektilen fleane him rjochts en lofts om de earen. Allegear aces. Nier is deawurch. Hy hat al boppe syn nivo spile. Der moat in ein oan | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 158]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
komme. Foar topsport hat er dochs te min kondysje. ‘Fifteen-love,’ seit Mauve. In cross-volley mei sidespin en backhand-drive. ‘Thirty-luf,’ seit Mauve. In groundstroke mei lob en Tsjechyske oerslach. ‘Forty-luf,’ seit Mauve. In stopshot mei flikflak en dûbele Rittberger. ‘Game, set en match foar Déa,’ seit Mauve. ‘6-4, 6-2, 6-0.’ Nier smyt syn racket yn de loft, bliid dat it dien is. Hy rint op Déa ta. Hy sil oer it net springe, dan kin er har lokwinskje. Syn foet bliuwt yn it net stykjen. Hy kipert der oer hinne en makket in skrinige bûklâning. Hy skoot troch it gravel en bliuwt foar har fuotten lizzen. In spoar fan fel lit er efter. Déa tinkt der net oan him te helpen. ‘Gjin hoflike babbelegûchjes,’ seit se. De oare fammen komme om him hinne stean. Syn iepen hûd pimpert omraak. Déa makket de kaaihinger los dy't oan har gouden keatting bongelt. It is gjin kaaihinger. It is in miniatuerportofoan. ‘Foar dy. Ast my nedich bist, ropst my mar en ik kom daliks. Kinst it mar ien kear brûke.’ ‘It heart wol in mearke,’ seit Nier. ‘Mearkes bestean net mear.’ Hy set ôf. Sûnder groetnis, sûnder betankje, sûnder meilijen. Sa giet dat by dizze fammen. Hy komt op in frjemd plak by de dyk út. As er de bocht om is, stiet er stil. It libben hat net stilstien. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
3Syn Bugatti is fuort! By de hele dyk lâns stiet gjin auto. Hy hâldt in hân boppe de eagen. Hy docht se ticht en wer iepen. Hy wriuwt der yn. It helpt neat. Gjin Bugatti. Gjin Dynte, gjin baron. Hy draaft by de sleat lâns. It is no net sa drok mear. Sûnder mankeminten kin er oer stekke. Hy komt by it plak dêr't syn wein | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 159]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
stien hat. Inkeld in spoar fan platriden gers. En in wyt bûsdoekje. Hy kriget it op. Hy ferknûkelt it fan grimmitigens. Pappsack is mei syn auto útpike! Oplichter! Dief! Ferearme adel fansels. In gewoane jonge by de poat nimme, dat kin er. Dy kat wie in lokfûgel. Hy dat stik ferrekkeling efternei. Dynte ek. En Pappsack moai útnaaie. In ôfrjochte kat. Hat er dat bist ek noch foar de dea weihelle. Grif leit it no al wer lang en breed by syn baas te sliepen. Loebes it leidsje, Nier de nuete. Of binne se tegearre gewoan fierder riden? Wiene se it wachtsjen ba? Wêrom ha se gjin boadskip efterlitten? In papierke mei in stien der op, klear. Wêrom ha se hjir net in mantsje foar him del set? Hy sjocht by de berm lâns. Gjin mantsje, net iens in fisker. Wat betsjut dit bûsdoekje? Neat? Gewoan ferlern, of kreas dellein? Nim ús net kwea ôf, it duorre ús te lang, wy binne mar fuortrekke. Hjir hûn, hast in bûsdoekje. Nee, Dynte soe him noait yn de stiik litte. En sels kin se net autoride. Of is it fan in frjemd frommes? In weismiterke foar ien kear noassnuten. Har bydrage ta dizze skjinne wrâld. Hy docht syn hân iepen. In fyn linnens bûsdoekje. In kanten rântsje, opnaaide blomkes. Sokke hat Dynte net. Moai, dat wit er dan mar wer. Hy soe al sa leaf witte wêr't syn auto wie. De plysje! Dy hat altyd al syn grutte kammeraat west. Mar hy mei net provosearje. Tolerânsje kin net fan ien kant komme. En in soad fantasy ha se net. Hy sil wat oanstrûpe moatte, it is foar it goeie doel. Nier makket syn tredde deasprong. Koartby in warskôgingsboerd foar oerstekkend wyld. Yn de bosk fandelt er sparretûkjes op. Dêr flechtet er in rokje fan. It priket omraak, mar it bliuwt hingjen. Gelokkich stiet syn lul noch. Geandefoet set er op Duerswâld ta. De doar fan de plysjepost stiet iepen. Troch it gonkje komt er yn in keale keamer. In man hinget rûngear oer it buro. Hy hat wol in pin yn 'e hân, mar dy slept ek. Nier hoasset. It slagget de man en skrik yn ien floeiende beweging wekker, skriuw in stikmennich wurden op, tink djip nei, byt op de dop fan | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 160]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
de pin om, lit de klant noch in setsje wachtsje, bring de ynhâldsrike kop starich omheech en sjoch de ynkringer strang mar wolmienend oan. In útdrukking dy't net ynstudearre is, fersteurt it ritueel. Oer it plysjegesicht skoot in waas fan meilijen. Hy wiist mei syn pin nei it rokje. ‘Sels makke?’ freget er nijsgjirrich. ‘Ja,’ andert Nier, ‘fan dea hout.’ ‘Ik mei it wol lije. Draai jo ris om.’ Nier lit syn rokje fan alle kanten besjen. ‘Op in kursus leard?’ ‘Dat al,’ jout Nier ta. ‘Frije ekspresje.’ ‘Hokker ôfdieling?’ ‘Houtflechtsjen.’ ‘As ik soks sjoch, begjin ik wer oan it minskdom te leauwen,’ seit de man. ‘Ik bin myn auto kwyt,’ fernijt Nier him. De plysje makket in ôfwarrend gebaar mei de hân. In stopteken foar gebrûk binnendoarren. Net te hurd. Tink om de maksimum faasje. Elke tsien tellen ien wurd. Hy kriget in formulier en in oare pin. Hy sjocht nei de skuorkalinder oan de muorre foar de datum. Dy skriuwt er op. ‘Jo namme?’ ‘Hinnebruier, Nier Hinnebruier.’ ‘Mei IJsbrand of Ypsilon?’ ‘Mei Isaak.’ De man follet de fekjes mei blokletters yn. Hy hat in moaie hân en in goed each foar flakferdieling. Ynienen hâldt er op. Hy ferskuort it formulier en makket der in baltsje fan. Dat mikt er yn de papierkoer. Stinnend komt er oerein en lûkt in blêd fan de skuorkalinder ôf. Dêr makket er ek in baltsje fan. Dat neukt er ek yn de papierkoer. Dan set er him wer efter it buro del. Hy kriget in nij formulier en skriuwt de goeie datum op. Tongersdei, 13 July. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 161]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
‘Jo namme?’ ‘Hinnebruier, Nier Hinnebruier. Mei Isaak.’ De standertfragen wurde steld, de antwurden notearre. De plysjeman stekt Nier in wiisfinger ta. ‘Neat sizze! Ik wit al wat jo kwyt binne. In ein. Sa'n auto beplakt mei blomkes en flinters. In protestrider tsjin de luchtfersmoarging, hen?’ Dat is as skeldwurd bedoeld. Mar Nier jout om sizzen. Hy seit neat. ‘No, wat merk is it?’ ‘In Bugatti.’ ‘Sis dat nochris.’ ‘In Bugatti Type 41.’ De plysjeman leit de pin del. Hy docht de earms oerinoar. Hy linet noflik efteroer en lit de stoel op twa poaten wippe. ‘Tink ris ta,’ seit er. ‘In Bugatti Type 41.’ ‘Nei alle gedachten stellen troch baron Pappsack,’ follet Nier oan. ‘Dit is alles wat ik fûn ha.’ Hy leit it blombenaaide bûsdoekje op it buro. De man lûkt wyt wei. ‘Jo ha gelyk dat jo by my kaam binne. Se komme hjir allegear. Juster ha ik in fint om syn wite oaljefant hân. Ferline wike in frommes om har opblaasber swimbad. No komme jo om in Bugatti Type 41, stellen troch baron Pappsack mei in blomkesbûsdoekje. Wat in wrâld! Ik sil mar oerpleatsing oanfreegje.’ In foarbygeande swakte. Hy fynt syn autoriteit al gau werom. Hy kriget de pin wer en wiist nei in bankje. ‘Gean dêr mar even sitten. Dan krije jo in gleske wetter fan my.’ ‘Ik wol gjin gleske wetter. Ik wol myn Bugatti!’ protestearret Nier. ‘Kalm oan, it bekomt wol,’ knikt de plysjeman bemoedigjend. Hy wiist mei de pin nei in doar yn de gong. ‘Dêr is it húske, dêr kinne jo drinke.’ Nier giet dochs mar nei it húske ta. Hy drinkt. Boppe it wenstige nearzige wasbakje kin er om bar ien hân waskje. Sûnder noch in wurd te sizzen stapt er bûtendoarren. Hy rint troch de buorren. Dêr't de dyk op de grutte autowei útkomt, bliuwt er | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 162]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
stean. Hy sil besykje in lift nei Appelskea te krijen. Miskien binne se dêr rommer fan begryp. It slagget him net. It skimert al. Syn rokje begjint te rûgeljen. En it is noch net iens krysttyd. Faaks hat er mear sukses as er aanst yn it neaken stiet. Hy stoarret nei in slymspoar dat in slak oer it asfalt lutsen hat. Dy is noch earder te honk as hy. It wurdt stil op de dyk. Hy rydbosket. Dêr komt in grutte persoanewein. Hy hâldt in hân boppe de eagen. Hy docht se ticht en wer iepen. Hy wriuwt der yn. It is wier. Syn Bugatti! Hy kriget in lift fan syn eigen auto! De Bugatti swaait op him ta. Nier kin syn teannen noch krekt ynlûke. It portier flapt iepen. Efter it stjoer sit in frjemde fûgel. Hy hat flokkich wyt hier dat him oer de skouders hinget. Boppe op de plasse is er keal. In sikefûnsbriltsje stiet bryk op syn lange smelle noas. Hy hat in jas fan apehier fan acryl oan. Om syn bleate hals is in fiter knope. Syn fingerlange jubelteannen stekke út in pear sandalen mei hallelujahakken. Hy sjocht der út as in fredestichter. Mar hy hat in revolver yn de hân. Op de efterbank sit in bleke meagere man. In deadsholle tusken in bosk lang stikelhier. Syn swarte eagen ha deselde glâns as it wapen dat er op Nier rjochtet. En se binne like kâld. Nier set him neist de bestjoerder del. It klamme swit prykt yn syn sliepen. ‘Hannen yn 'e nekke!’ klappertosket it bonkerak efter him. Nier docht it. De portofoan, ferburgen tusken de tûken fan syn rokje, kin er net mear berikke. De Bugatti set gong. De fint efter it stjoer kin mear as sljochtwei. Krekt foarby de skutslûs dêr't de Tsjonger yn de Kompanjonsfeart komt, swaait er rjochtsôf. Sûnder kantroeren sjitte se troch Makkingea en de lintbebouwing fan Nijeberkeap. Se ferlitte de grutte dyk. Noch ien kear komt har in tsjinlizzer temjitte, netsjes de ljochten dimjend. It tsjustert oan. Fan en ta hinget in giel finster tusken it beamte en ferswynt as in stjer yn it spegeltsje. De auto rydt oer in daam, troch in kûle, by in hichte op. De reed wurdt smeller en bultiger. It ljocht fan de koplampen dûnset oer it | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 163]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
leechhout. By in hok fan asbest en golfplaten giet it loftsôf. Se hâlde op in stik wyldlân. De fint set de motor ôf en dimmet de ljochten. It bonkerak stapt út. Hy docht it portier iepen. Nier skoot bûtendoarren. De fint efter it stjoer stapt om de auto hinne. Hy jout it bonkerak in kaai. Dy rint werom nei it hok. De bestjoerder giet oer Nier stean. Syn hier beweecht justjes tsjin de bleke jûnsloft. De moanne is sa tin as in glimk fan de boal. De sterke swiete rook fan papsûger makket Nier mislik. ‘Losjild,’ seit de fint. ‘Oars bist yn de aap útfanhûs. Dat sit der tsjok yn.’ Nier slokt. Syn mûle is koarkdroech. ‘Hoefolle?’ freget er. It heart oft er troch watten praat. ‘Hûnderttûzen.’ ‘Sa folle ha ik net by my.’ Nier hat himsels amper yn 'e macht. Syn stim slacht oer. ‘Dat mei him de bûk net ronfelje.’ ‘Ik ha wol in pear tûzen yn de koffer.’ ‘Iepenmeitsje!’ It lûd fan de smoute prater kriget in hurde râne. ‘De koffer is los.’ ‘Oan myn gat! Ik kin him net iepen krije.’ ‘Hy sit net op slot.’ ‘Rekkenje mar fan ja! Iepenmeitsje!’ Nier stiet yn berie. Dat kin net. De koffer is net op slot. ‘Iepenmeitsje!’ De fint komt op him ta. Nier skoot starich efterút nei de koffer. Syn hannen hâldt er noch hieltyd yn de nekke. Se binne leadich en gefoelleas. ‘Gjin smoesjes,’ warskôget de fint. ‘Oars trochseevje ik dy en giest ôf as in gieter.’ Foarsichtich bringt Nier syn hannen omleech. Hy stiet mei de rêch nei de koffer ta. Hy taast efter him. Mei fingers stiif as stokjes makket er de heakken los. De lêste sit oan de sydkant. Nei 't er dy iepenknipt hat, kin er it lid omheech triuwe. Hy byt op 'e tosken om net te gjalpen. Yn de koffer leit Dynte. Se hâldt de krik omklamme. As se Nier sjocht, bringt se in finger | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 164]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
nei de lippen. ‘Dêr stiet myn koffer. Mei ik him pakke?’ freget Nier. Hy hopet dat it net te froalik klinkt. ‘Menear wurdt betanke. Dat kin iksels wol dwaan. Hjir hinne!’ Se draaie as de nuddel fan it kompas. Nier fan de koffer ôf, de fint der op ta. De revolver draait mei, glinsterjend yn it moanneljocht. Krekt as de fint mei de rêch nei de koffer stiet, komt Dynte oerein. De krik swaait troch de loft en komt mei sa'n klap del dat de harsens kreakje. Starich, as in harmoanika dy't op har kant stiet, sakket de fint yninoar. Nier dûkt op him del, mar it hoecht net iens mear. De smoute prater swijt yn alle talen. Dynte stekt de revolver by har. Se springe yn de auto. De motor slacht meiiens oan. Nier giselt it stjoer om en rydt fan it wyldlân ôf. It bonkerak is yn it hok dwaande om romte te meitsjen foar de Bugatti. Hy rôlet it lêste fet oan 'e kant. ‘Kom mar, Chick!’ ropt er. Mar Chick komt net. En Nier ek net. Hy lit de koplampen op it fûlst brâne. It hok stiet yn in see fan ljocht. It bonkerak wurdt ferbline, hy slacht de hannen foar de eagen. Nier swaait de reed op en trapet it gas op 'e planke. De bannen reitsje amper de bulten. By Elsloo meitsje se it lid fan de koffer even fêst. Fiif minuten letter sûzje se oer de oprydleane fan har eigen hûs. Se binne op har iepenst. En se bliuwe byinoar, want se moatte inoar helpe yn dizze ûnwisse tiden. Nier rydt de Bugatti yn de rustfrije kûgeltichte antymagnetyske garaazje. Se stappe út. Se skilje earst by de foardoar. Nimmen docht iepen. Hân yn hân glûpe se om it hûs hinne. Se krûpe by de muorre lâns nei de puoskokensdoar. Wylst Dynte o sa súntsjes de kaai yn it slot stekt, hâldt Nier de revolver ree. Se teantsje troch it hele hûs en dogge alle ljochten oan. Der hat besite west. Alles leit oeral. Mar hoe 't se ek sykje, se misse neat. Fan Dynte har klean is gjin inkeld pronkstik stellen. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 165]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Sels Nier syn djoere filmkamera is net meinaam. It flierkleed leit op it oanrjocht en it diggelguod stiet yn de platte-buiskachel. It sil wol in lang wykein kostje om de hiele brot op te rêden. Mar wa't him dêr oer bekroadet, is in grynbek. De bank yn de húskeamer is aldergeloks noch frij. Se falle der op del. ‘Wêr is de baron?’ wol Nier witte. ‘Krekt doesto yn de bosk wiest, kaam dy Rolls Royce oanriden. In man stapte út, naam de baron apart en prate mei him. Underwilens seach ik twa keardels om ús Bugatti hinne strunen. Ik rûn werom, mar it wie te let, se sieten der al yn. Sûnder dat se my seagen, koe ik efter de auto komme. Doe bin ik yn de koffer krûpt. Withoelang lei ik dêr, se rieden oan ien stik troch. Ien kear holden se. Ik doarst der net út te kommen, want se bleauwen by de wein. Se besochten de koffer iepen te krijen. Ik koe it fan binnen út tsjinkeare. Doe rieden se wer. Ik ha wol tolve alvestêdetochten makke. Doe't ik dyn stim hearde, liet ik de koffer iependwaan. Mar wêr't de baron is, wit ik net.’ Nier skodhollet. ‘Hast dy lyk ûnder de noas fan dy smychten ferburgen. Op sa'n faai plak. Hoe komst der yn 'e goedichheid by?’ ‘Hast wolris weikrûpboarte?’ ‘Yn myn jonge jierren.’ ‘Wat wiene de slimste plakjes om guon te finen?’ ‘De maklike plakjes koartby de siker.’ ‘Krekt sa! Dêrom. Ik ha it foar dy en de Bugatti dien.’ Nier tutet har foarholle. ‘Bist in ingel.’ ‘Ja, in beskermingel,’ stimt Dynte mei. ‘En wat hasto útheefd? Striptiisd? Wêr is Loebes?’ Nier giet koart om 'e hoeke. In goed fersteander is mar ien wurd nedich. Se geane nei de hal. Op it doarsmatsje leit genôch post foar twa moanne fakânsje op Helgolân. Folders, frijkaarten en ekspresbrieven by de rûs. Allegear útnoegings fan museumbestjoeren, tsjerkerieden, sjongkoaren, skotsploegen, betinkingskommisjes en nijljochters. Allegear foar de tige heech rju eale hear | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 166]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Pappsack. Se lêze se net iens. Nier pakt de hoarn fan de telefoan en draait in nûmer. ‘Wat dochst no?’ ‘Plysje skilje.’ Dynte triuwt de heak yn. ‘Dat moatst net dwaan!’ ‘Wêrom net? Wy ha genôch meimakke om it gânske provinsjale plysjekorps in bealchfol wurk te jaan. Der is neat dat my keare kin. Do ek net.’ ‘O nee?’ ‘Nee.’ Nier sil it nûmer wer draaie. ‘Dit ek net?’ Dynte lûkt in papierke tusken har boarsten wei. Se triuwt it Nier ûnder de noas. It is in sjek. Hy lêst: ‘Betelje oan toander de somme fan ƒ1.000.000 (yn sifers); te sizzen: ien miljoen gûne (yn letters). Frysk-Nasjonale Bank, haadfêstiging te Warns. Bykantoaren yn alle doarpen’. Fiif ûnlêsbere hantekeningen. Net stimpele, echt skreaun. In djoerabel dokumint. Nier leit de telefoanhoarn te plak. ‘Hoe komst dêroan?’ ‘Fan de baron krigen. Om op te passen.’ ‘Wa bewarret soks nou op sa'n plak?’ bringt Nier ferheard út. ‘Men moat de dingen altyd weistopje wêr't se hearre,’ andert Dynte. En se triuwt de sjek tusken har boarsten. Ynienen rinkelt de telefoan. Se hâlde de siken yn. Har earen sûzje en se lûke allebeide wyt wei. It rinkeljen is lûder as dat fan in alarmskel. ‘Hast it gedonder al,’ seit Nier tusken de tosken troch. ‘Opkrije?’ freget Dynte. ‘Lizze litte!’ Dynte kriget dochs op. Se seit neat. De hoarn trillet yn har hannen. ‘Moarnier, healwei tsienen yn de K.F.P., Ljouwert,’ kreaket in heaze stim. Klik. De ferbining is ferbrutsen. Dynte leit op. Se sjocht Nier oan. ‘Moarnier, healwei tsienen yn de K.F.P., Ljouwert,’ herhellet se lûdop. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 167]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
‘Wat is de K.F.P.?’ ‘Wit ik net. Kin my ek neat skele. Ik ha in moai plan!’ Dynte fernijt it him. Nier stiet skeptysk. Hy jout krityske kanttekeningen en amendearret it hjir-en-dêr. Dan leit der in ûntwerp ree dat opportunistysk èn haalber is. Se geane op bêd. Earst moatte se har breanedige rêst ha. Se lizze mei it gesicht neiinoar ta, de sjek tusken har yn en de revolver ûnder it kessen. It libben is goed. Spitich dat der lju binne dy't it har fergunne. |
|