Komme dy kepers? Boef fan Rys
(2001)–R.R. van der Leest– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 125]
| |
[I]It begjint mei in moaiwaarpraatsje It is einepikewaar. Op de Lofoten stige de temperatueren fier boppe de simmerske wearden. Yn Saûdy-Arabië sakket it kwik by nacht net ûnder de 24 graden. Boppe de Kaukasus stiet de luchtdruk as in topGa naar voetnoot1. Oer de Sargasso See hinget in stabyl waarmtefront. Fryslân leit oan de foarste begrinzing fan in wiidweidich gebiet mei hege barometerstannen. Inkeld it uterste noard-westen hat in lytse kâns op de foarming fan pleatslike rânesteuringen. Mar wy hâlde yn de Stellingwerven ta. Dêrom hoege wy dit waaroersjoch net te lêzen. | |
1Hy giet nei de telefoan en draait it nûmer. In falsetstim dûnset troch syn ear. ‘Reisburo De Iene Provinsje. Goemoarn.’ ‘Goemoarn., mei Nier Hinnebruier yn Ald-Appelskea. Ik moat kontakt opnimme mei menear Iishynder.’ ‘Ik sil jo even trochferbine.’ Earst in pear skrille dissonanten. Dan in leaf eftergrûnmuzykje. Dan it knetterjen fan fjoerwurk. Syn ear tûtet der fan. ‘Ja, mei Swietekau,’ blaast immen op syn tromflues. Nier seit syn sechje wer. ‘O, dan moatte jo menear Skuorhannes ha. Ik sil him jo jaan.’ Menear Skuorhannes leit grif yn it burolaadsje ree. Dêr wurdt er al oan Nier jûn. Herhelling fan it berjocht. ‘Dat falt net ûnder myn ôfdieling. Besykje jo it ris by syn assisting menear Eameliter. Ik sil him jo jaan.’ | |
[pagina 126]
| |
Nier heart it rammeljen fan kopkes. It duorret in ivichheid. Eameliter is fersûpt yn de kofje. En Skuorhannes der by doe't dy him der útfiskje soe. ‘Binne jo dêr noch?’ ‘Gelokkich al,’ andert Nier. ‘Ik frege my krekt ôf wêr't jo wiene.’ ‘Menear Iishynder is der noch net. Hy komt aanst. En menear Eameliter is hjoed fuort. Jo kinne it boadskip oan juffer Rûchhjouwer jaan. Dy moat it opskriuwe. Ik sil jo har jaan.’ ‘Hoe let wurdt menear Iishynder ferwachte?’ ‘Dat moatte jo oan menear Boarstlape freegje. Ik sil him jo jaan.’ ‘Lit mar sitte,’ seit Nier. ‘Jou my juffer Rûchhjouwer.’ De falsetstim fan de telefoaniste dûnset wer troch syn ear. ‘Reisburo De Iene Provinsje. Goemoarn.’ ‘Bliid jo te hearren,’ suchtet Nier. ‘Ik wie hast ferdwaald. Mei Nier Hinnebruier yn Ald-Appelskea. Ik moat kontakt opnimme mei menear Iishynder.’ ‘Ik sil jo even trochferbine.’ ‘Om de deale net! Jo moatte myn boadskip opskriuwe.’ ‘Ik sil jo menear Iishynder sels even jaan.’ ‘Dy is der noch net.’ ‘Dan syn assistint, menear Eameliter.’ ‘Dy is der ek net.’ ‘Dan moatte jo aanst mar even wer skilje.’ ‘Opskriuwe!’ ‘Opskriuwe?’ ‘Opskriuwe! Oarder fan menear Skuorhannes.’ It fanke bynt har yn. Nier diktearret. It hinget der yn. As sy einlings klear is, leit hy foar munt. ‘Sadree't menear Iishynder komt, moat er my skilje.’ ‘Moat ik dat ek opskriuwe?’ Har stim slacht oer fan benaudens. ‘Dat meie jo him sizze.’ ‘Is dat alles?’ freget se ferromme. ‘Jo ha noch in punt op de i fergetten.’ ‘Hokker punt?’ Nier byt op de hoarn om. Hy slacht de eagen nei boppen ta. | |
[pagina 127]
| |
Oare kear sil er wat mear yn it kollektebuske smite. Dan tûtet de telefoan út harsels. Hy leit ek op. ‘Dynte, kom hjir!’ ropt er. ‘Ik lis der oan te kommen,’ seit Dynte Planteit dy't noch op bêd leit. Har stim komt earne út de omkriten fan de Stille Súdsee wei. Nier giet nei de koken ta en set it ombyt ree. Sûpe, wat grienfoer, in timpe tsiis, twa sinesappels. Boppe op de lege breatromp fynt er it oerskot fan in stokbôle. Sa hurd as in kneppel. Hy sil it mar yn daalders snije en rusterje. Dynte is ek altyd sa oergeven slofGa naar voetnoot2 yn it húshâlden. ‘Dynte, kom hjir!’ Mar Dynte bliuwt op har tropysk eilân lizzen. In grouwe mich sit poatsjestrikend op de tsiis. De motor fan de koelkast slacht oan. Dat makket de stilte dûbeld djip. De telefoan ferbrekt dy noflike fredichheid. Hy rint nei de hal en nimt op. ‘Mei Nier Hinnebruier yn Ald-Appelskea.’ ‘Reisburo De Iene Provinsje. Goemoarn. Hjir is menear Iishynder foar jo.’ It lûd fan in nylhoars dy't ûnder wetter oan it noassnuten is. Dêr komt Iishynder. ‘Jo binne ryklik let. Ik bin wend oan flugger besluten. As it negatyf útfalt, kin ik myn maatregels nimme. Reservekrêften oproppe en ynskeakelje. Ik ûnderstel dat juffer Planteit en jo mei de betingsten akkoart geane?’ De man hat de stim fan in robot. Der sit in metalen klank yn. Tusken elk wurdlid hâldt er like lang skoft. Nier soe al sa leaf wegerje wolle. Mar hy is bang dat er koartsluting makket, dat de telefoankabel trochbrânt en dat Iishynder syn rêdwurk him om de earen spat. ‘Ja, menear,’ andert er dimmen. ‘Kom dan tegearre op ús buro om it kontrakt te tekenjen. Tsien | |
[pagina 128]
| |
oere 42. Gjin tel letter of earder. Myn tiid is kostber.’ ‘Noch tige betanke dat jo it kerwei oan ús gunne,’ seit Nier freonlik. ‘Jim binne de leechste ynskriuwers.’ De ferbining wurdt ferbrutsen. Nier leit de hoarn del. Dynte sit yn de koken. Wat docht se? Sûpe? Nee, drinke. Sûpe drinke. ‘Nier,’ freget se mimerjend, ‘ast drinkst, hâldst dyn tonge dan yn of ûnder it glês?’ Nier sil it probearje. ‘Net dwaan, earst sizze.’ ‘No, der ûnder fansels.’ ‘Mis! Doch it marris.’ Nier drinkt en wrachtich, hy hâldt de tongpunt in eintsje yn it glês. ‘Hast gelyk.’ ‘Sjochst wol?’ seit Dynte monter. Nier skoddet syn wize holle. Dynte wer mei har nuvere oanslaggen. Soms is se noch krekt in bern. Hâldst dyn tonge yn of ûnder it glês? Wa freget soks no. Fergemy, dêr griemt er ek al. It rint by syn kin del. De sûpe dript út syn boarsthier. ‘Wat is der oan?’ laket Dynte. ‘Do makkest fan alles in probleem,’ prottelt Nier. ‘Ik ha altyd yn frede myn sûpe dronken. Ik ha der noait by neitocht. It gyng fansels. Dan komsto mei dyn healwiis praat. No doch ik it mei omtinken en no kin ik net mear normaal drinke.’ Dynte hat wille. Nier lûkt syn saaklik gesicht. Hy jout in oare draai oan it petear. Der binne wichtiger dingen. ‘Se ha ús oannaam. Do selskipsdame en ik sjauffeur fan baron Pappsack. Tsien oere 42 moatte wy yn Ljouwert wêze om it kontrakt te tekenjen.’ Dynte ferlûkt gjin spier. ‘Ik bin bliid datsto ek ris meidwaan meist. Al is it mar yn in figuranterol.’ ‘Do moatst as Fryske baronesse, ik kin lekker mysels bliuwe.’ ‘Goed datst it seist. Ik moat noch in namme útsykje.’ De wittenskiplike list fan Fryske frouljusnammen wurdt der by helle. Tegearre lêze se de gânske rige. | |
[pagina 129]
| |
‘Der is mar ien by dy't ik moai fyn,’ seit Nier. ‘Orsel.’ ‘O, dat meist net heal sizze! Moatst it útsprekke as “ûwarsel”.’ ‘Och hea, dan fyn ik der neat mear oan,’ seit Nier teloarsteld. ‘Do meist “orsel” sizze, hear,’ treastet Dynte him. ‘Wy moatte opsjitte.’ Se geane nei boppen ta. Dynte swaait de doarren fan al har kleankasten iepen. ‘Wat sil ik hjoed wer ris oanstrûpe?’ ‘In slobbertrui mei neat der ûnder.’ ‘Fynst dat it moaiste?’ ‘It aldermoaiste. Mei noch in pear sokken op 'e slomp.’ ‘Ik soe it graach foar dy dwaan, leave jonge. Mar dat kin no net. Do moatst sels ek yn pontifikaal.’ Dynte strûpt in broekpak oan en Nier siket om syn pakbroek. Okkerdeis hat er alles oprêden, hy kin neat mear fine. Wylst Dynte har opdocht, stapt er nei de garaazje. Hy rydt syn nije oldtimer bûtendoarren. In breed- en bûtenspoarigeGa naar voetnoot3 Bugatti Type 41, byneamd La Royale. De meast bûtenwenstige auto ea makke. In meunster fan 3 ton, 1 meter 70 breed, 4 meter 60 lang. De achtsilinder motor, ynhâld 13 liter, is sa sterk dat de wein sûnder te skeakeljen fan 5 nei 150 kilometer oers fersnelle kin. Op de sierlike hoefizerfoarmige radiateur stiet in lytse sulveren oaljefant. Der binne mar sân fan dizze auto's boud. Dit is de achtste. Hy soe in moard foar dizze wein dwaan wolle. Mar dat hoecht gelokkich net mear. Leafkjend strykt er oer de glânzige lakhûd. Boppe it grien fan it leechhout dunet in holle. De holle fan in man mei in flinternet. Nier wol dit anakronisme wolris fan tichte-by besjen. Hy stapt der op ta. De man hat in striehoed mei in swart lint op. In echte knevel fertsjustert it kofjemolkekleurich gesicht. Syn krinte-eachjes speure om har hinne. ‘Wat sykje jo?’ ‘Reamslabbers,’ andert de man sûnder mei it sykjen op te hâlden. ‘Wat?’ ‘Reamslabbers! Fersteane jo gjin Frysk?’ | |
[pagina 130]
| |
‘Sok Frysk net,’ seit Nier earlik. ‘In reamslabber is in soarte fan nachtflinter.’ ‘Dat wit ik wol. Mar yn myn wurdboek stiet rjemslabber.’ ‘Wat ha ik mei jo wurdboek te krijen? Dat is in dea ding. It echte Frysk libbet as in hert.’ ‘Sa goed wit ik it ek net,’ jout Nier ta. ‘Ik bin mar in gastarbeider yn it Frysk.’ De man spuit ferachtsum op de grûn. ‘Wit net iens wat in reamslabber is. Dat is geef Frysk!’ Lilk dwerset er ôf en hy hat skoan gelykGa naar voetnoot4. ‘Ik soe graach wolle dat jo út myn tún wei gyngen,’ warskôget Nier. Dat docht de man sûnder him fierder acht te slaan. Nier giet werom. Hy siket treast by syn auto. Dêr kin er teminsten lampefrysk mei prate. Einlings tripket Dynte by de treppen fan it bordes del. Se hat in koffer en in skoudertaske by har. Nier set de koffer yn de koffer. Se stappe yn en klappe de portieren ticht. Sûnder te skeakeljen lûkt Nier op nei de hûndert kilometer. Dynte ferswynt yn de learen beklaaiïng fan har stoel. Yn de buorren docht er it wat kalmer oan. Dynte sjit wer foar it ljocht. Se ride op de haadwei ta, dêr slaan se rjochtsôf. It giet as it spoar en noch hurder. Dynte sjocht oer it skouder. ‘Der rydt hieltiten in wein efter ús oan. Ek in moaienien, hen?’ Nier sjocht yn it spegeltsje. In Rolls Royce Silver Cloud. ‘Prachtich,’ jout er ta. ‘Mar fergelike mei in BugattiType 41 wol in ôfgong.’ Hy trapet it gaspedaal yn. Se krije in dúst yn de rêch. Tusken Bugatti en Rolls Royce falt samar in gat fan in pear hûndert meter. Nier laket. | |
[pagina 131]
| |
2Nier sjocht nei de wizer. Net folle benzine mear. Even by tanke, hjir is krekt in pomp fan syn merk. Hy skoot nei rjochts en swaait de ôfrydstripe op. Se ride ûnder in grut spandoek troch. ‘Fus mei, fus XY!’ stiet der op. ‘Even fusse?’ freget in pompbetsjinder wylst er al mei de spuit tasetten komt. ‘Ja,’ andert Nier, ‘fus him mar fol.’ As er betelle hat, spriedt de pompbetsjinder in hânfol kaarten waaierfoarmich ûnder syn noas. ‘Jo ha kar-út. Dizze wite kaart is foar ús amusante kwis. Tûzen gûne as jo alle maklike fragen witte. Dizze readen kinne jo opgarje. As jo tsien ha, ynwikselje foar in keapsjek. Dy jout automatysk rjocht op it keapjen fan in draachbere kleureteevee foar de helte fan de priis, fergelykbere winkelwearde ƒ 3500,-. De blautsjes binne nûmers yn ús lotterij sûnder neaten, haadpriis in ton. Foar acht grienen krije jo fergees om 'e nocht in atlas fan de moanne. As jo in giele kaart nimme, dogge jo frijbliuwend mei oan ús ferneamd ienfâldich letter spul. Trije fan dizze pearse binne goed foar in brokje lava út de bekendste fulkanen fan de wrâld. De oranje kaarten...’ ‘Ik pas,’ seit Nier en rydt fuort. Laarjekoek. Der moatte wer pompen komme dêr't se him neat ta ha wolle. Hy kin al sa min wegerje. En hy wol net tsjin it sin gelokkich makke wurde. It is net drok op de dyk. Swarte eilannen driuwe boppe it asfalt. Tichteby is der neat mear fan te sjen. Fata morgana's yn Fryslân. Sa waarm is it. Dêr sjogge se wer in plat protsje oer de dyk. Dat ferswynt net. It is ek donker, mar it hat substânsje. ‘Wat leit dêr? Net sa hurd!’ warskôget Dynte. Hy mindert faasje en lit de wein amper tritich ride. Wat is it? ‘In deade fûgel.’ ‘In stikelbaarch.’ ‘It is in mol.’ ‘In kat.’ | |
[pagina 132]
| |
‘In mol.’ ‘Netwier, in kat.’ ‘In mol... of nee, in hûntsje!’ ‘In kat!’ ‘In hazze!’ ‘It is dochs in deade fûgel.’ ‘In hazze!’ It falt gelokkich ta. As se by it protsje lâns ride, is it mar in poetslape. De Bugatti set wer gong. Yn it spegeltsje sjocht Nier wat oars, net wat nijs. In Rolls Royce Silver Cloud. Deselde fan niis. Wol dy smoarge skierkert nochris in tebeksetter krije? Goed, hy freget der om! Nier triuwt it gaspedaal djipper. De motor begjint twa oktaven heger te sjongen. Mar dizze reis falt der net samar in gat fan in pear hûndert meter. Rolls Royce bliuwt as in klitte oan Bugatti hingjen. Nier kin him net ôfskodzje. Krekt foarby Donkerbroek wurdt alles yn de bulten jage. Unferwachts swaait in Pontiac Fjoerfûgel Safari de dyk op. Nier trapet de rem hast troch de flier hinne. Dynte stiet op de kop yn har stoel. ‘Grutte kloat,’ skelt Nier. ‘Hoe hiest dat no?’ wol Dynte witte. ‘In sneinsrider op tongersdei. Wit net iens wat in foarrangswei is.’ Nier kin de sneinsrider net foarbykomme. Dy rydt net hurder as santich. Hy skeanbillet oer de dyk. Iderkear as Nier him foarby sil, slingert er nei lofts. Toeterjen helpt gjin sprút. Nier moat efter de Pontiac Fjoerfûgel Safari bliuwe. In sneinsrider yn sa'n auto. Skande. ‘Kinst net in bytsje hurder?’ freget Dynte. ‘Nee, en ek net stariger. Wy sitte middenyn in file fan trije.’ Nier set alles der foar. Hy docht krekt oft er de Pontiac oan de lofterkant foarbygean sil. De auto slingert ek nei lofts. Nier jout noch mear gas en dûkt yn it gat rjochts fan de Pontiac. Se snije der bylâns, inkeld de bumpers skampe even. ‘Sisa,’ suchtet Nier, ‘no kinne wy ride.’ Hy giet der noflik foar sit- | |
[pagina 133]
| |
ten. Syn Widens saksearret mei-iens. De Rolls Royce is de sneinsrider ek foarbykommen. By Duerswâld makket de wei twa skerpe bochten. Troch de earste giselje se sûnder kantroeren. Troch de twadde ek, mar dêr ha se gjin sicht. In auto stiet dwers oer de dyk. Hy dammet it paad. Hoe't Nier ek toetert, hy bliuwt deagewoan stean. Hy is kwarteldôf. Nier lit de motor yn in leger register sjonge. Sels sjongt er net, hy flokt. Hy kin wer in skynbeweging nei lofts meitsje en der dan rjochts bylâns stowe. Mar noait itselde foefke twaris tapasse, dat bringt ûngelok. Hy sjocht oer it skouder. De Rolls Royce rydt tsien meter efter him. Hy skat de breedte fan de dyk, fan de bermen. ‘Fêsthâlde!’ warskôget er. Dan fertoant er it treflikste staaltsje rydfeardichheid dat er ea oerlibbe hat. Hy makket in útbocht nei rjochts, skuort it stjoer om en kriemt yn ien haal foar de blokkearder. In ûnwierskynlike swaaisirkel. Mar Nier makket him. Yn folle faasje! Se stjitte roerdelings by de Rolls Royce lâns dy't har sa gau ek net keare kin. By de bocht slacht Nier no rjochtsôf in sekundêre dyk op. Hy is bang dat se de sneinsrider wer moetsje sille. Alle wegen liede nei Ljouwert. Ek dy oer Weinterp en De Himrik. It wurdt him hjoed fergund. Midden oer de dyk skoot in swiere sânauto op him ta. Dy wykt gjin tombreed fan it rjochte spoar ôf, krekt in trein. En efter Nier himet wer de Rolls Royce. It hûnts je hat syn baas ynhelle. Se ride te pletter tsjin de sânauto. Of de Rolls botst tsjin har op. Of se wurde as in harmoanika yninoar treaun. ‘Fêsthâlde!’ warskôget Nier jitris. Op it alderlêste momint stjoert er op in boerespultsje ta. Se flitse oer de daam, troch twa perkjes mei goudsjeblommen, reagje it waskguod fan de line, misse op in hier ôf de reinwettersbak en ferswine yn de heaberch. July is heamoanne. Ynienen wurdt it roettsjuster om har hinne. De motor draait syn heechste toeretal. It skuort der nuver troch. | |
[pagina 134]
| |
Alles trillet, alles dreunt. Se skodzje as smoarge sokken yn in waskmasine. As dit mar gjin heabroeien wurdt. Troch de tunnel nei it ljocht! Dêr springt de auto foarút. Se binne der! Se binne troch de heaberch hinne! It is skimerjûn. Noch net ljochtskyndei, want foar de ruten plakke in stikmennich himden en broeken. Nier rydt op de dolle rûs. Se hearre knappen foar har, roffeljen boppe har en keakeljen ûnder har. De himden en broeken bliuwe stykjen, strûpe foar de ruten wei. No sjogge se wêr't se ride. Troch in appelhôf. It waskguod hinget oan de brutsen tûken. Hinnen stowe fladderjend foar har út. Appels falle by de bult op it dak. July is gjin rispmoanne. De Bugatti kin wer faasje meitsje. Se ride it hôf út, in stoppellân yn. Oan de fierste ein stiet in hikke iepen. Se komme op in reed mei beammen en leechhout oan beide kanten. Tagelyk sjogge se oer it skouder. It boerespultsje en de heaberch stekke noch krekt boppe it beamte út. Fan de sânauto en de Rolls Royce fernimme se neat mear. Troch in netwurk fan reedsjes besiket Nier de dyk te berikken. Ien kear ferrydt er him, de reed rint dea. Wer stiet in hikke foar him iepen. Hy makket in prachtige U-bocht om in iensume bolle hinne. It bist draait hielendal mei en rekket betiisd yn syn keatting. Nier rydt werom nei it krúspunt. Dêr giet er in oare wei út. Dan moat er noch in C-bocht om in trôch meitsje. Fiif minuten letter sûzje se op De Gordyk ta. Dynte hat eagen as molkflessedoppen. Se skuort in pûdsje fan sulverpapier iepen. Mei in papieren bûsdoekje fol klonje dipt se it swit fan Nier syn foarholle. Hy fielt him in helt. | |
3Under de reek fan Ljouwert hâlde se. Wat binne se bliid dat se sels in ein út de reek wenje. By reisburo De Iene Provinsje is it in fleurige boel. Allegear | |
[pagina 135]
| |
sloppe flaggen fan lannen dy't bestean en noch yn de maak binne. It gebou hat in glêzen gevel. Se moatte om de yngong sykje. As se dy fûn ha, komme se yn in keakelbûnte hal. Yn it midden de baalje, in ovaal fan stiel en donker hout, it rint om in Marrokaanske palmbeam hinne dy't hast de souder rikt. By it winter stiet dêr in Noarske dinnebeam. Efter de baalje sit it personiel. De namme fan elkenien is yn in stikje moarmer grifke. De grutte klok wiist tsien oere 41. Se ha gjin tiid om alle personielsleden bylâns. Gelokkich sjocht Nier it grêfstientsje fan juffer Rûchhjouwer fuortendaliks. Hy lûkt Dynte mei. ‘Hinnebruier út Ald-Appelskea. Wêr is menear Iishynder?’ De telefoaniste har gesicht is neat fan te sjen. In gerdyn fan hier hinget der foar. It gerdyn giet in bytsje omheech, mar skoot net fansiden. ‘Wêr is menear Iishynder?’ Se hâldt in spits fingerke op, mear net. ‘Wêr is menear Iishynder?!’ raast Nier. It hiergerdyn wurdt yn it midden justjes iepen skood. Ien fûl each en in part fan in telefoanhoarn komme foar it ljocht. Se is yn petear. It spitse fingerke wiist. It wiist nei de man mei de kealste plasse dy't se ea sjoen ha. De râne fan de harsenspanne is dúdlik te sjen. It liket oft er in helm fan glimmend fel op hat. It ljocht wjerkeatst der ferblynjend op. Dynte en Nier knipperje mei de eagen. Se stowe op Iishynder ta. De man hat ek gjin wynbrauwen. Syn eagen binne grut en fiskich. It hier waakst him inkeld yn de earen. It hat de kleur fan woartels út in blikje, ekstra fyn. De noasters stekke út syn plat gesicht. De mûle is in skuor. Hy lit in folslein regelmjittich en geef gebyt sjen. It sil wol as in glimk bedoeld wêze. Mar it is de bek fan in hurdlivige stinder. ‘Hinnebruier,’ himet Nier. ‘Ik tocht dat ik te let komme soe.’ ‘Jo binne omtrint te betiid.’ Syn meganyk spuit de wurdlidden ien foar ien út. Hy kin it mei de tosken opinoar. ‘Hjir is it kontrakt.’ | |
[pagina 136]
| |
Nier besjocht it flechtich en sil it al ûnderskriuwe. Mar Dynte wol earst de lytse letterkes lêze. As se dat dien hat, knikt se tefreden. Iishynder rikt har in pin oan. It kontrakt hat de foarm fan in grutte pûnskaart. Der sitte allegear rjochthoekige gatsjes yn. Sa'n mannichte, dat se har hântekening mei bochten der tusken troch skriuwe moat. Nier set syn namme ek. Rjochts ûnder. Lofts stiet in stimpele krúske. Dat is de hântekening fan de direkteur. Nier skoot Iishynder it kontrakt ta. De man teart it iepen. Hy skuort it efterblêd der ôf en jout dat oan Nier. It trochslachfel flaaiket er yn it bakje foar de trochslachfellen. It boppeblêd hâldt er sels. Dêr docht er in plestik slûf om. De slûf docht er yn in map. De map docht er yn in oardner. De oardner docht er yn in laad. En it laad skoot er yn in kast. Syn lûdsprekker ropt om: ‘Foar fiedere ynformaasje nei menear Swietekau. Loket 36.’ Swietekau sit al op har te wachtsjen. Yn it hingelmatsje fan syn hannen rêst syn kin. Syn mûle is in spjalt fan ear ta ear. Syn eachjes blierkje. Hy is ferlegen mei syn freonlikens. As se lyk foar him stean, komt er oerein. Hy jout in slop kliemsk hantsje. ‘Sille wy even apart sitten gean? It is betroulik.’ Hy komt efter de baal je wei. Hy aaiket Dynte nei in keammerke ta. Nier folget. ‘Fal mar del, hear.’ Hy skoot in stoel efterút. Dynte giet sitten. Se kin noch krekt syn strikerige hantsjes ûntwike. Swietekau slacht in foliant iepen, sa grut as it boek fan Sinteklaas. Hy brimt. ‘Baron Julius Pappsack komt út Prusen. Hy is in rike bouboer mei in bulte niget oan Fryslân. Hy kin Frysk prate en skammet him der net foar. Dus perfoarst net mei him yn it Dútsk of Nederlânsk petearje! Hy hat benammen nijs oan ús kultuer. Dy moat him yn al har fasetten toand wurde. Grûnfynsten, pronkkeamers, drachten, âlde tsjerken, folksdûnsjen, jo witte wat ik bedoel. Sport hâldt er lykwols net fan. Dat skûtsjesilen, fierljeppen en keatsen komme spitigernôch net yn 'e beneaming. Der bliuwt fansels noch gâns in | |
[pagina 137]
| |
ferskaat oer. It is jo taak, juffer Planteit, de baron te begelieden. Mei lichem en geast. Wy hâlde fan styl. Dêrom mei nimmen witte dat jo gjin baronesse binne. Ha jo al in echte Fryske namme útsocht?’ ‘Orsel,’ andert Dynte. ‘Orsel! Baronesse Orsel. O, wat prachtich! Jo ha in treflike smaak. Jo binne ek gjin leek op it kulturele mêd. Ik kin jo dit wurk rêstich tabetrouwe. It doel fan de baron syn reis is oriëntaasje. Hy sil in miljoen ûnder de Fryske kulturele ynstellings ferpartsje.’ Swietekau swijt mei opsetsin. It jout syn wurden noch mear gewicht. Dynte en Nier sjogge inoar ûnleauwich oan. Swietekau is tefreden en set fuort. ‘Dat moat geheim bliuwe. Wy ha gjin ôfspraken mei ynstânsjes makke. Inkeld dat de baron by jo... eh... te jowes slept. En dat hy, Hinnebruier, sjauffeur wêze sil. Mar dan al yn livrei!’ ‘Dêr wit ik neat fan!’ protestearret Nier. ‘Dat stiet net yn it kontrakt.’ Dynte knikt. ‘Wis al, de lytse letterkes.’ ‘De baron komt mei de trein fan 13 oere 59 út Swol,’ fernijt Swietekau har. ‘In fertsjintwurdiger fan ús rayon-om-utens is by him. Hy sil de baron oan jo bekend meitsje. Wachtsje foar it stasjon yn jo auto. Us fertsjintwurdiger wit der fan. It kin net misse. Noch fragen?’ ‘Nee, menear,’ andert Nier lakswiet. ‘In frjemd wol in miljoen oan de Fryske kultuer kwyt,’ mimert Dynte. ‘De baron neamt it sels syn “Spendereise”,’ glimket Swietekau. ‘“Spendereise”. Dêr is gjin goed Frysk wurd foar,’ tinkt Nier lûdop. ‘Mar ek gjin goed Nederlânsk!’ byt Swietekau him ta. Se stappe op. Swietekau triuwket Dynte nei de útgong ta. Nier folget op de foet. Bûtendoarren stelt Dynte út: ‘Do moatst earst mar yn it pak.’ Se ride fierder de beboude kom yn. Se parkearje de auto yn in garaazje. Geandefoet sette se nei de âlde binnenstêd ta. Dêr witte | |
[pagina 138]
| |
se in ferhierder fan toanielklean. Se komme by in sportwinkel lâns. Foar it raam steane croquetspullen. ‘Wachtsje,’ seit Dynte, ‘wy soene altyd noch ien keapje. Lit ús dat no even dwaan. Sa faak binne wy net yn 'e stêd.’ Yn de winkel is it net drok. Se wurde daliks holpen. ‘In croquetspul.’ ‘Wy ha se yn alle maten en prizen,’ seit de winkelman. ‘In geweldige sortearring. Hjir, jo kinne mar útsykje.’ ‘Ik sjoch inkeld spullen mei in karke der by.’ ‘O, in karke is tige maklik. Dan hoege jo de hammers en ballen net mei te tôgjen.’ ‘It gersfjild leit om myn hûs hinne. Wêrom soe ik in karke keapje?’ freget Dynte. ‘Dat heart der by.’ ‘Ik wol gjin karke.’ ‘Oan de priis kin it net lizze. Dit spul jildt noch gjin fiifentweintich gûne.’ ‘Man, wat moat ik mei in karke? As de spiiers sels har hammer en bal net sjouwe kinne, hoecht it om my net mear.’ ‘In karke heart der by.’ ‘As jo gjin spullen sunder karkes ferkeapje, binne wy útpraat.’ De winkelman swaait de doar foar har iepen. ‘Ik kin jo net helpe.’ ‘Dat spyt my neat.’ Mei de noas yn de loft stapt Dynte de winkel út. ‘Moatst it dy net sa oantsjen,’ treastet Nier har. ‘Sokke dingen meitsje my poer.’ Even letter steane se foar de saak fan Kobus en Kompanjon. Se triuwe de brike doar iepen. It is in sloppe tiid foar toanielkleanferhierders. Kobus en Ko sitte mei de fuotten op de toanbank. Se lêze tegearre yn Lüsjefer fan Vondel. Se ha der reade earkes fan. As Dynte en Nier der yn komme, moffelje se it boekje gau ûnder de toanbank. As in springfear sjitte se tagelyk oerein. Dat makket har net folle grutter. Se binne mar pikemantsjes. Har broeken rikke oan har earmsholten ta. Brede galgen hâlde de mantsjes te plak. | |
[pagina 139]
| |
‘Ko, jou mefrou dyn stoel,’ kommandearret Kobus. Ko set syn gammele stoel foar Dynte del. Hy blaast it stof fan de sitting. De stoel stint der fan. Foarsichtich giet Dynte op in puntsje sitten. Ko fottelt werom en ferswynt tusken de klean, Kobus kriget in brune stofjas en strûpt dy oan. Hy docht de hannen gear. ‘Wat is der fan jins boadskip?’ ‘Ik soe graach klean hiere.’ ‘Dat kin. Watfoar in stik is it?’ ‘In sjongspul.’ ‘Soa, in sjongspul. Dat meitsje ik langer komselden mei.’ ‘Der spilet ek in baron yn.’ ‘Jonge noch ta. Hoe hjit it?’ ‘Bouffonneries.’ ‘Boef fan Rys?’ ‘Bouffonneries. Mâle oanslaggen.’ ‘Dat stik kin ik net.’ ‘It is in kostúmstik.’ ‘Ja, dat kin ik fan tinken wol ha. Mei in baron... boef fan Rys... noait fan heard. Ha jo net in tekstboekje by jo?’ ‘Dat moat noch skreaun wurde.’ Kobus is tsien teilen sprakeleas. As de stoarm yn him delbêde is, seit er kalm: ‘No ja, ik ha klean by de rûs. Hoefolle pakken moatte jo ha?’ ‘Ien.’ It duorret diskear langer ear't er by syn sûpe en stút is. Einlings kin er wer wat freegje. Hy doar it omtrint net. ‘Mar ien?’ ‘Inkeld foar mysels. Ik spylje it allinnich. Solo.’ ‘Ik ha in moai poarsje baronnepakken te hingjen. Sille wy ris sjen? Jo ha in grutte maat.’ ‘It muoit my oprjocht, mar ik moat gjin baronnepak ha.’ Kobus giet der by sitten. Dit moat er earst ynwindich ferwurkje. Hy begjint hast te skriemen. Dan fermannet er him. Hy ferbyt syn triennen. Ynienen giet him in ljocht op. ‘No wit ik it! Jo moatte in | |
[pagina 140]
| |
boevepak ha.’ ‘Ik bin it livrei foar in sjauffeur fanneden.’ Kobus is ridderslein. Mismoedich freget er: ‘It is grif sa'n modern stik?’ ‘Tige modern. Hast ûnbegryplik.’ Dat antwurd jout Kobus wer wat fleur. Hy springt oerein. ‘Kom mar ris mei.’ Hy fottelt tusken de rigen toanielklean troch. Dynte en Nier drafkje efter him oan. Hy ferswynt om in hoeke. As se dêr komme, sjogge se him net mear. Se roppe. ‘Dit út!’ ropt Kobus werom. Se sette op it lûd ta, mar se fine him net. Se roppe jitris. ‘Tusken de seerôversklean en de harembroeken!’ hearre se efter har. Se krieme en rinne werom. Dêr ropt Kobus rjochts fan har. Se reagje yn de klean om. Lang om let sjogge se in pear skonken. Se dûke ûnder it guod troch. It is Ko. Dy bringt har te plak. It slagget har en hâld Kobus dizze reis by. Hy kriget in blaugriis pak fan in stokje. It is gjin misse taast. It past Nier presiis. Oan de jas sitte epauletten en goudkleurige knopen. In goudkleurige ban is op de broeksboksen naaid. By it livrei heart in pet. Dy is rynsk mei goudtried benaaid. Nier besjocht himsels yn de spegel. Hy hat it smoar yn. Hy bylket fan goedkeapte. ‘Ik soe it mar oanhâlde,’ swietmûlket Dynte. ‘It stiet dy al sa kreas.’ Op sokke mominten soe er har fergrieme wolle. Se betelje yn it foar en stappe bûtendoarren. Hân yn hân rinne se troch de stille strjitsjes. Midden oer de dyk. Op de smelle stoepen is gjin plak. Dêr steane ferlitten auto's te brieden. De koperen ploert skynt ûnmeilydsum. Nier stekt in finger by de board yn. It knoopke springt der ôf. Dat jout ferromming. Se litte it Princessehof lofts lizze. ‘Dêr moat ik ek mei de baron hinne,’ suchtet Dynte. ‘Ferjit foaral dit net,’ merkt Nier op. Hy wiist op it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. Dat litte se rjochts lizze. | |
[pagina 141]
| |
Se rinne deun by in twaddehânske wein lâns. It portier wurdt mei alle geweld iepen smiten. It klapt Nier tsjin it liif. Hy rekket ûnder de fuotten. Wylst er falt, kriget syn kin fan it raamke in optuter. In puntskoech skopt him yn it gesicht. Syn holle sjit sydlings nei de stiennen. Fan nekke nei ankels snijt pine troch him hinne. De puntskoech trapet yn syn milt. Nije pine, oerdwers op de âlde. In krüs fan pine. Hy kin himsels noch op de rêch draaie. In keardel stiet oer him hinne. In oarenien is dwaande Dynte te tramtearjen. Nier wol in gjalp jaan. It wurdt in rocheljen. In hân knypt syn kiel ticht. Troch in read flues komt in skaadbyld op him ta. Hy besiket it fan him ôf te triuwen, mar it wurdt hieltiten grutter. Syn strôte knapt. It flues is no poarper. In fûst skuort efterút foar de lêste stomp. Hoe is 't mooglik, mar op dit pas komt de brânwacht om de hoeke giseljen. Grut materiaal. In grutte en in lytse ljedderwein. In sike-auto. In bus mei ekstra mannen. In persoane-auto grôtfol kommandanten. In reparaasjeweintsje foar mankeminten ûnderweis. En hielendal efteroan de biezemwein foar útfallers. De beide keardels steane yn it gat beneile. De sirene gûlt, de trijetoanige hoarn earmoedet. Tagelyk krije se har besleur werom. Mei in snoekesprong dûke se troch it iepen portier yn har auto. Krekt foar't de brânwacht by har is, springt dy fuort. De grutte ljedderwein reaget har de strjitte út. Op it kantsje ôf kinne se in hoeke beride. De staasje stoot rjochtút. Foar Nier syn eagen is it wer read. It flues wurdt ljochter. Hy sjocht oranje, giel, wyt. Syn eachlidden binne sa swier as de Beatrixbrêge. Mar hy kriget se iepen. Hy krûpt nei de stoepe ta. Syn hannen klauwe by in finsterbank op. Se sykje hâld. Hy skrept omraak. It duorret in fearnsjier ear't er oerein stiet. De iene helte fan syn gesicht is gefoelleas. De oare helte ûntploffe lânminen yn. Dynte leit yn de goate. Hy knoffelt op har ta, lûkt har omheech. Har holle bongelt slop op har lea. Hy strykt it hier út har gesicht. Se skokt. Har holle knikt efteroer en bliuwt stil hingjen. Hy sjocht de ferdraaide eachballen ûnder de lange teisters. Se skokt wer. Dan ûntspant har gesicht. In skaad fan kleur krûpt der | |
[pagina 142]
| |
oer hinne. Se knippert, slacht de eagen iepen en sjocht him oan. Nier glimket. ‘Gau hjir wei,’ seit er. ‘Moat ik dy sjouwe?’ ‘Bist net wiis?’ Se stroffelje der nuver hinne. Se wolle de fuotten hieltiten djipper sette as de stiennen it talitte. Dynte stiet sil. ‘Wêr geane wy eins hinne?’ ‘Nei de plysje fansels!’ ‘Hoe let is it?’ ‘Healwei twaen.’ ‘Gjin tiid mear.’ ‘Mar Dynte...’ ‘Wy libje noch.’ Yn de garaazje behoffenje se inoar in bytsje. Dynte docht har as baronesse op. Ynnimlik, mar net te bot. Ut har koffer kriget se in bh. Net sa'n âlderwetske stivenien, nee, in moderne sêfte follingleazen. Mar der komt wol wat yn! Se strûpt ek in plezierich tin jurkje fan nopkeskatoen oan. Dat sil oare moanne wol wer út 'e moade wêze. Mar har lange skonken, king-size, ha ivichheidswearde. Se stappe yn en ride oer de Nijstêd. Dêr is it sa stil. Men kin in kanon ôfsjitte sûnder immen te reitsjen. Der is in direkte útstjoering fan de fjouwerensechstichste finale om Europa Cup nûmer XIV. S.C Cambuur tsjin de F.C. Hammerfest. De lju sitte mei fjouwerkante eagen nei de teevee te sjen. As Nier syn Bugatti op it nearzige parkearpleintsje by it stasjon set, is der gjin plak foar oare auto's mear. Se wachtsje. Om twa oere komt in kloft reizgers út it stasjon. De baron is sa maklik te ûnderskieden as in earrebarre op de Aldehou. Hy hat it gesicht fan in oaljekoek en it postuer fan in sek semint. Syn noas hat yn de gehaktmûne sitten. Hy hat in swarte swellesturt en in grize streekjebroek oan. Syn kachelspiip hâldt er yn ien hân. Dêr wurdt syn wite fingerwant net smoarch fan. Yn de oare in ebbenhouten gongelstok. Hy sjocht om him hinne en rint foar de útgong op en del. In swarte kat op hege trippelpoatsjes folget him op de foet. Wêr bliuwt de man fan it reisburo? | |
[pagina 143]
| |
‘Moatst der mar even hinne,’ seit Dynte. Nier stapt út en set op de man ta. ‘Hinnebruier, jo sjauffeur,’ makket er him bekend. De man slacht de hakken tsjininoar. ‘Pappsack, jo baron,’ seit er. Se fûstkje. ‘Hoe is 't mei jo?’ ‘Tige nei 't sin.’ Ja, tsjin sa'n man hoecht men net yn it Nederlânsk of Dútsk te praten. Pappsack is no al yn heger kontreien. Op syn boarst pronket in anjelier, sa grut as in sjitskiif. Wat moat sa'n sek no mei Dynte? De stomste boeren krije de moaiste ierpels. ‘Der soe in man fan it reisburo mei jo komme.’ ‘Dy hat my oan Stienwyk ta brocht,’ knikt de baron. ‘Hy wie fan it rayon-om-utens. Mar wy ha inoar dochs fûn, no?’ Hy jout wat grutjild oan in kroader en Nier nimt de reispûden oer. Dynte swaait it portier wiid iepen. Pappsack wrot himsels yn de auto. De Bugatti hinget út it lead. De baron falt del. It heart oft in ban leechrint, mar it is de sitting fan de efterbank. Nier flapt it portier ticht en set de reispûden te plak. De swarte kat strykt oan ien tried troch om syn skonken. Nier giet mei de rêch tsjin syn wein oan stean. Hy slacht de earms oerinoar en wachtet. De sinne is in fjoerbal. Hy docht de pet ôf en jout himsels meppen op it seare gesicht. De miggen stekke troch. Hy wriuwt syn switterige nekke. Yn syn hân lizze seis fan dy oprôle kringen. Dan kriget er in dúst fan it portier. Pappsack skuort himsels nei bûten ta. De begroetingsplechtichheid is ôfrûn. Hy swit as in otter. ‘Jonge noch ta,’ himet er. ‘Even de auto fan bûten besjen.’ Hy stapt bewûnderjend om de Bugatti hinne. Hy klikket mei de tonge, wylst syn katsje folchsum efter him oan tripket. ‘Dat se hjir yn Fryslân noch sokke weinen ha. Ik kin der net oer út,’ seit er skodholjend. ‘Hy is fan mysels,’ fernijt Nier beskieden. De baron triuwt it fototastel dat foar syn pampus bongelt tsjin | |
[pagina 144]
| |
syn snút. Bugatti komt op de kyk. Nier is grutsk. Mei de mouwe wriuwt er in plüske fan it lofterfoarspatboerd. ‘Ik bin út 'e skroeven!’ ropt Pappsack út. ‘Klasse. Net allinnich oan de bûtenkant, mar ek fan binnen!’ En hy smyt Nier in ûndogenske knypeach ta. ‘De binnenkant is ek fan my,’ seit Nier. Mar dat begrypt de baron net, wylst er tinkt dat Nier him net begrypt. Pappsack nimt syn kat op de earm. ‘Sille wy mar ride?’ ‘Moat dat ding ek mei?’ freget Nier benaud. ‘Dat is gjin ding!’ seit de baron ferûngelike. ‘Dat is Loebes!’ ‘Nim my net kwea ôf. Moat Loebes ek mei?’ ‘Jawis.’ ‘Is se skjin?’ ‘Skytskjin!’ Dat is dúdlik genôch. Mar de wurdkar is Nier net sa wiis mei. Suchtsjend set er him efter it stjoer del. Hy lûkt de flippen fan syn jas ûnder it gat wei en freget: ‘Wêrhinne?’ Ja, wêrhinne? De baron bûcht him nei Dynte. ‘Sis do it mar, Orsel.’ ‘Sille wy daliks nei myn hûs ta, Julius?’ stelt se út. ‘Fuortendaliks, Orsel!’ falt de baron har bliid by. ‘Ald-Appelskea, sjauffeur,’ kommandearret Dynte. Goed, Ald-Appelskea dan. His Master's Voice. Net mei in hûntsje, mar mei in kat. It stiet smoarfol auto's, Nier kin syn wein net fatsoenlik swaaie. Dêrom rydt er efterút it terras foar in hotel op. Dat is dochs útstoarn. S.C. Cambuur makket krekt in goal. Hy skeakelt sa fluch as er kin. Dan giet it mei alle foarút foarút oer it foarútGa naar voetnoot5. Op 'e ûnmjitlike rotonde fan de Grinzer strjitwei moat er yn in file krûpe. Hy sit efter de brede rêch fan in goefreon. Krekt as by it hurdfytsen is it better net foarop te riden. As de Rolls Royce Silver Cloud ôfslacht, stjoert Nier de stêd wer yn. Oer Goutum is net iens in omreis. |
|