Utjeften
Komme dy kepers? kaam yn oktober 1969 út by Miedema Pers yn Ljouwert. It wie nûmer 26 yn de Fryske Paperback-rige, de saneamde ‘Kikkertrige’. De skriuwer hie sels it omslach tekene. Ofpraat wie, dat it ƒ7,90 jilde soe, mar by ferskinen waard troch de útjouwer de priis op ƒ9,50 set. Hoe grut de oplaach west hat, is net bekend, mar yn in net-datearre brief oanTj. Piebenga (fan nei 24 maart 1971) skreau de auteur, dat him telefoanysk troch de útjouwer meidield wie, dat der 400 eksimplaren ferkocht wiene. Foar boartersbûkje 1909 en sextich en Komme dy kepers? tegearre hie er doe, nei in foarskot fan ƒ250, noch ƒ29,01 as honorarium krige oer de ferkeap fan 1970. It kontrakt mei Miedema Pers is wol bewarre bleaun, mar oer de oplage stiet dêr neat yn. It is nuver, dat dat kontrakt datearre is op 12 maaie 1970, wylst Komme dy kepers? in heal jier earder al ferskynd wie. Van der Leest hie der gjin nocht oan om syn twadde roman oan deselde útjouwer oan te bieden. Hy hat oer de Koperative Utjowerij tocht, mar doe't Trotwaer nei de foarpublikaasje fan it earste haadstik yn 1972 (nûmer 3) net yngie op syn oanbod om it as feuilleton op te nimmen, hat er it manuskript oan Lykle Jansma fan útjouwerij Alternatyf tasein (Trotwaer 1973, s. 227). It boekje kaam út yn de rige ‘Ljippekoppen’ as nûmer 001 .Yn it argyf fan it Frysk útjefte Fûns is in brief fan Lykle Jansma bewarre bleaun fan 25 april 1972 dêr't er in subsydzje fan ƒ3400 yn frege foar de útjefte fan in nije roman fan Reinder van der Leest. It boek soe útjûn wurde ‘as in goedkeape pocket’ en de oplaach soe 1000 eksimplaren wêze. Fan de oankundige ‘stikmennich illu-