ling, de brankaar skoot nei lofts en rôlet in kontrôlekeamer yn. Dêr stean trije dokters him op te wachtsjen. De riemmen wurde los makke, dwyl komt Jimmy oerein. Hy is suver siik fan de nije yndrukken.
Ien fan de dokters jout him de flesse. ‘Doch mar even in miel.’
Hy wifelt. As er seit: Ik kin net, sille se sizze: In lyts bytsje is genôch. As er seit: Ik kin net yn in flesse, sille se sizze: Wy ha wol in ûnderstek. Pimelt er überhaupt, dan sille se útfine hy is fan it froulik geslacht. It is noch lêstiger as op de Olympyske Spelen.
‘Hjir?’ freget er om tiid te winnen.
‘As jo jo skamje, yn dat gonkje, tredde doar rjochts, is in sel. Druk mar op it beltsje as jo ree binne.’
Jimmy docht de doar fan de kontrôlekeamer goed efter him ticht, stapt de sel yn en slút dy ek soarchsum ôf. Hoe no?
De sel is folslein leech. Allinne in smel tûmelrút. Jimmy kin der krekt by. Hy set de houten skonk tsjin de muorre en lûkt him op. Hoe't er ek wjirmet, mear as syn holle kriget er net nei bûten ta.
Efter it laboratoarium lizze de greiden yn hear en fear. In boerefeint is oan it sleatheakkeljen, stikelstekken en sompsnijen.
‘Hela!’ ropt Jimmy.
De boerefeint smyt it wurk del en sjocht ferheard op. ‘Hela, kom hjir!’
De feint knopet syn overal ticht en springt mei de hannen yn de bûsen oer de sleat. Hy giet ûnder Jimmy stean.
‘Kinst pisje?’
De kommunikaasje stiket noch. Jimmy seit syn frage wer.
‘Ik ha krekt dien,’ antwurdet de feint.
‘Toe, eventsjes, foar my.’
‘Oars altiten, mar ik ha krekt dien.’
‘Toe, ik bin in frou...’
Yn de trouwe hûne-eagen fan de feint ferskynt it wurd steuring. Tsien tellen letter is it mankemint ferholpen.
‘Dat feroaret de saak,’ seit er. Hy wol mei-iens begjinne.
‘Ho, ho!’ warskôget Jimmy. ‘Hjiryn.’
De feint kriget de flesse oan, draait him om en docht syn mielhalden.