‘Kiki moat hjir bliuwe!’ ropt Dynte. ‘Sy heart der by.’
‘Jo freegje noch al wat,’ suchtet Berty.
‘It wurdt noch slimmer,’ glimket Dynte. ‘Ien fan jim moat nei it postkantoar en helje in pakje út postbus nûmer 1.’
‘Ja, hear ris even oan...’ protestearret Berty.
‘Hjir is it kaaike.’
Tsien minuten letter komt in plysjeman mei it pakje werom.
‘Is dit it?’
‘Seker. No in sage. Dêr leit ien.’
Berty skodhollet. ‘In gekkehûs. Niis is hjir ek al sage sa te sjen.’
Dynte makket it pakje los en bringt de houten skonk foar it ljocht. Se leit it mjitlint der bylâns.
‘Hjir saagje. 54,2 sintimeter fan ûnderen ôf.’
‘Wy binne gjin stel idioaten,’ prottelt Berty.
‘Lit my it dan dwaan,’ seit Nier.
As er de skonk trochsage hat, sjogge se in filmroltsje sitten.
Dynte wipt it der út.
‘De projektor, fluch!’
Nier mei in plysjeman nei boppen. Se ha de keamer al fertsjustere, as er mei de projektor oansetten komt.
‘Wat is it 16 millimeter, 8, super 8 of single 8?’ freget in plysjeman benijd.
‘Jout neat, dit is in unifersaal-projektor.’
‘Fijn film, kinne wy laitsje,’ seit de oare plysjeman en hy jout him noflik yn in stoel del.
‘Ja, komme dy kepers,’ falt syn maat him by.
Mar der falt neat te laitsjen. De film lit in longshot fan in stik tún sjen.
‘Us eigen tún!’ ropt Nier ferheard út.
‘Myn tún noch altyd,’ seit Dynte.
Dan folget in medium-shot fan beamkeguod, dan in close-up fan ûnkrûd. It byld wurd wyt, dat is alles. In minyfilm.
‘Kom mei, ik wyt wêr't it is! Earst skeppen helje.’
Dynte nimt de foarstap. Berty keart har.
‘Dat giet sa mar net!’