stim komt troch in mist op him ta. Hy harket mei alle fermogens dy't noch yn him binne. In folslein harkjen. Soms rekket er even yn 'e sûs, dan lûkt dy stim him der wer út. Syn bewustwêzen ferrommet. Hy sjocht Kiki noch net, mar hy fielt har fingerseinen.
‘Ferdomme, ik doar dy net los te meitsjen, jonge. Ik hie dy dit besparje kinnen. Hast it sels ferknald. Do litst dy leaver twa oeren lang troch in pear hufters bûksiik slaan en seist by eintsjebeslút dochs watst net kwyt wolst.’
‘Koes,’ warskôget Rútsjeshimd.
‘Kiki moat dyn gesicht yn fiif minuten opkalefater je. It duorret wol fiif jier ear't dat wer yn bytsje liket. En it is allegear fergees. Se sille dy likwidearje sadree se it fûn ha. Se skrilje foar neat tebek. Dit wurdt dyn lêste moarn, dyn lêste dei op syn heechst.’
‘Kiki!’ ropt Rútsjeshimd ferbolgen.
‘Mar dit sis ik dy, Nier Hinnebruier, ik woe ik hie dy ûnder oare omstannichheden moete. My tinkt, wy hiene ridlik meiinoar opsjitte kinnen. Kiki Rascall eks-prikelpoppe fan Jimmy Angler en Nier Hinnebruier eks-frijfeint fan Dynte Planteit. Is it net om jo te fergriemen?’
Rútsjeshimd jout har in snútslach.
Triennen springe Kiki yn de eagen. Se stampt mei de foet op de flier. ‘Ik bin it sêd as spein spek!’ kriezet se. ‘Ik ha balen fan jim!’
De doar giet iepen, Sipma en Mus komme der yn.
‘Wat bart hjir?’
‘Kiki is hystearysk,’ seit Rútsjeshimd.
Sipma sjocht har lyk yn de eagen. ‘Hast it wer op dyn heupen?’
‘Ferjit it,’ andert Kiki, ‘ik moast even wat kwyt.’
‘Krekt in pafferige jeneverholle dy't him foar it earst sels skeard hat,’ nokkert Mûs wylst er op Nier wiist.
‘Mmm,’ grommet Sipma, ‘it kin der op troch. Kom, opsjitte.’
Mûs en Rútsjeshimd meitsje Nier los en nimme him tusken har yn. Syn fuotten meitsje rinnende bewegings, mar se reitsje de grûn net. Foar de efterdoar stiet in persoanewein. Se skowe en lûke him op de efterbank en gean beide oan in kant fan him sitten.