‘Binne jo de haadboarre?’
De man slacht it lid fan syn iene skylpodeach op en sjocht Nier oan. Mei it oare each bliuwt er foar him út stoarjen.
‘Sipma.’
‘Kiki Rascall. Wêrisse?’
‘Oeral.’
‘Se wurdt hjir fêstholden!’
‘Elkenien wurket hjir út frije wil.’
‘Se hat my opbelle. Ynienen briek se ôf.’
‘Sinjalemint?’
‘Swart krolhier. Hechte boarsten, de lytse kant neist. Skientmeflek op har búk. Molksûkeladekleurich fel.’
‘Dat ha alle famkes hjir.’
‘Groede op it wang. Lytse tosken dy't in bytsje nei efteren stean.
Praat Frysk mei in Frânsk aksint. Komt út Kanada.’
‘Dat is dúdliker. Mar it helpt neat. Ik ken de famkes allinnich by har registraasjeletter. Freegje mar oan de sjeffin.’
‘Dy makket de identiteit fan de famkes net bekend.’
‘Dan binne wy útpraat.’
‘Ferdomme, wêrom is de wrâld sa lykfoarmich,’ mompelt Nier.
‘Jo binne net by de tiid, menear. Stik foar stik ha wy dizze famkes op har brûkberens test. Jo soene witte moatte, se ha just dat gesicht en dy foarmen dy't hjoeddedei yn binne. As jo dat net sjogge, binne jo sels út. Dan kinne jo better fuortendaliks opkroadzje. Dizze famkes binne it tsjintwurdige ideaalbyld.’
‘Mei sturt en al.’
‘Dat is de persoanlike noat fan ús boetyk.’
‘Ik soe dy Rubensboarsten by de yngong mar ferfange litte,’ merkt Nier bitsich op. ‘Dat is âldmoadrich.’ It lid fan it oare skylpodeach strûpt starich omheech.
‘Wy sille ús belied sels wol útstippelje,’ seit Sipma en hy makket in bûgemintsje. De lidden falle oer syn eagen, Nier is lucht foar him.
Nier lûkt oan de skouders en set op koer Q ta. Ku ûntfangt him mei iepen earms. Se hat itselde stal as Kiki, deselde kritike maten, mar har gesicht mist kriich, it is dûzich. Se hat in smel