‘KIKI!!!’
‘Ken ik net.’
‘Se hat my foar de dea weihelle. Ut de Strobosser Trekfeart.’
‘Hie se dy mar fersûpe litten!’
‘Dan hiesto noch by de biskoppen fan Münster & Keulen lein.’
‘Se kin mei har fjurrige tangels fan myn klean ôfbliuwe!’
‘Ik koe dat bern dochs net yn har wiete krous omstappe litte?’
‘Fansels net. Do hiest har klean al gau út.’
‘Dynte, wat bist moai ast lilk bist.’
‘Ha, lit my net laitsje!’
‘Dat doar ik net iens.’
‘Snaffel ticht! Dat gepanstryk fan dy. Dyn omfodzjen mei byfam men soalt my neat, jonkje. Krûp se mar oan! By need op myn eigenste bêd. Mar datsto yn myn klean ombargje litst, dat stekt my.’
‘Se is neaken de doar út rûn.’
‘Soest wolle. Se hat myn aldernijste wite haakte jurk mei pikt.’
‘Hoe is 't gods-mooglik datst it witst. Hast trije kasten fol jurken. Kinst seker sûnder dy aldernijste wite haakte net libje?’
‘It giet om it prinsipe.’
‘Ferdomme, Dynte, wy ha wol wat oars te dwaan as inoar wyt en swart te ferwiten.’
Se leunt tsjin it doarskezyn. Se docht de earms oerinoar en sjocht Nier sûnder in spoar fan ynskiklikens oan.
‘Wa belde niis?’
‘Kiki.’
‘Falst der lekker by har yn, leau 'k.’
‘Ik moat har befrije.’
‘Dat hoechst my net te fertellen. Mar net yn myn hûs.’
‘Nee, út Sipma's Siperse Sekspoes Boetyk yn Donkerbroek.’
‘Moai plak. Miskien kinst dêr boarre wurde. Dan moatte se dy earst lobje.’
‘It is net wat ik wol. It is myn morele ferplichting.’
‘Djoere wurden.’
‘Do hiest it sels oer prinsipes.’