hat de stim fan in barsten amer.
‘Dat wie Buxtehude.’
‘Ja,’ seit Nier, ‘dit is Platfoet.’
‘No moatte jo net raarder.’
‘Syn bealch leit noch yn Fochtelo, mar hjir stiet er.’
It perkaminten pokdobbige gesicht ferriedt neat.
‘It heuget my net in ôfspraak mei jo te hawwen.’
‘Ik noegje mysels altiten út.’
‘Fuort, fuort wêze!’
‘Grutte broer wachtet oft ik mei de hiele hûd werom kom. Hy hat my in oere jûn.’
‘Poppepraat.’
‘Goed dan dogge wy it oars. Wat moasten jo yn myn meterkast?’
‘Meterkast?’
‘Ik ha al tweintich minuten fergriemd omdat it jo behaacht sa'n ein út de reek te wenjen. Ik hâld de revolver, ik stel de fragen. Miskien is dizze de maklikste. Wa hat jo yn myn hûs bûten westen slein?’
‘Josels.’
‘Jo konversaasjelessen binne ferskriklik. Allinne mar ienwurdsinnen.
Kom op, útkoarje!’
‘Hoefolle?’
‘Al wer sa'n elliptysk antwurd! Alles fansels.’
‘Ik bedoel hoefolle jild?’
‘Jo ha de keutel by de smoarge ein. Gjin jild, ik moat útlis.’
Nier hâldt de man it besitekaartsje ûnder de noas.
‘Münster?’
‘Keulen. Münster is myn frou. Se sil daliks wol komme.’
Nier draait it kaartsje demonstratyf om.
‘Platfoet is fermoarde. In heak yn de nekke. Dat hat dy Russyske kompjûter net dien.’
De man slokt, yn syn meagere hals sjit de knikkert omheech.
‘Wy moatte prate,’ seit er mei in dikke tonge. ‘Gean sitten. Sille wy de swarte man der by helje? Dat praat wol sa noflik.’
‘Tink om grutte broer,’ warskôget Nier.