sil der jo op oansjen. Nice hat Diane Angler foar it ljocht brocht, hy is ek yn staat har wer ferdwine te litten.’
‘Dus hy dichtet in fabeltsje op en ik bin Dynte Planteit wer?’
‘Sa ienfâldich leit de saak der net hinne. Jo ha jo prûk ôfropt en de oerfallers ha sjoen jo binne Diane net. Trije man hat de plysje snapt, ien is der ûntkaam. Ien mei in hoed.’
‘Mûs.’
‘Ik wit net hoe't er hyt. Mar salang't dy noch frij rûn rint, kinne jo net ûnder de minsken komme. Net as Dynte en net as Diane.’
‘Wêrom net?’
‘Jo begripe dochs wol, dit is in goed organisearre binde. No't har opset mislearre is, binne jo net feilich. Boppedat soene jo Angler, Nice, josels, ja wit ik wa noch mear, oan sjantaazje bleatstelle.’
‘Ik ûnthjit jim dat ik thúsbliuwe sil oant de hiele binde oprôle is.’
‘Dat risiko, juffer Planteit, meie wy net nimme.’
‘Ik wol by need wol in hiel plysjekorps oer de flier ha om op my te passen!’
‘Tink net allinne oan josels, tink ek oan oaren. Angler, Nice...’
‘Dus...’
‘Dus jo bliuwe hjir oant de lêste man oppakt is.’
‘Wat is hjir eins?’
‘Sis mar in observaasjeklinyk foar rikelju dy't in bytsje oerémis binne. Jo binne hjir yn betroude hannen.’
‘Dat ha ik wol merkbiten.’
‘Hoe dat sa?’
‘Meitsje no dy riemmen los.’
‘Dat soe in bytsje foarbarich wêze.’
‘Ik bin folslein normaal.’
‘Dat sizze jo. Rêst sêft.’
Dokter Teakema komt oerein, rint lûdleas de keamer út, skoot de doar ticht.
Dynte begjint te razen. Se raast mei alle kracht dy't noch yn har wurge seare lea is. Se raast oant har stim net mear as in rocheljen is.
Suster komt der yn en giet neist har sitten. De ljochtmoanne