Hy leit it dekkleed wer te plak.
De earste doar dy't er dan yn 'e gong iepen lûkt, bringt net folle nijs. Likernôch deselde keamer as dy dêr't er ta yn kaam, twa maten lytser, tri je suchten mankeliker.
De oare doar sit in man efter. Hy sit yn it tsjuster te krantsjen. Hy sit foardel mei de eagen op it papier, as is er steksjoch. Mar hy lêst net mear. Dêr is er oer hinne. Hy is oer alles hinne.
De heak fan in houten earm stekt yn syn nekke.
Nier siket steun tsjin it doarskezyn. Kâld swit brekt him oan alle kanten út, it wimert foar syn eagen.
Platfoet syn earms lizze op tafel, de koarte fingers fan de dikke hantsjes binne spraat. Syn bril is brutsen en hinget op ien ear. Syn holle leit wat oerside, syn briedpantsjegesicht is grau en stiif. Om de heak hinne is it bloed noch net stjurre. De wite board is in reade kraach wurden, ûnder syn hals leit in grut rûn plak en oer de flier in kladde fan deselde donkere kleur.
In strobbige man dy't handich wêze woe en it net wie. In lyts baaske dat die wat de hege hearen seine, omdat er it sels net optinke koe. Syn opdracht mislearre. No is er fermoarde, omdat er tefolle wist en temin dien hat.
Syn paraplu, kofferke en hoed lizze op tafel. Nier makket it kofferke iepen. It is like leech as Platfoet syn libben.
De man syn reinjas is losknope. Hy wist fan 'e prins gjin kwea.
Gean der even by sitten. Krante? Ja, tanke, dy fan hjoed ha ik noch net sjoen. Hoed ôf, jas los, sa, dat is noflik. En dan in heak yn je nekke krije.
Nier fielt Platfoet syn hân. Dy is koel, noch net kâld.
Hy hat gjin nocht mear de boel fierder te ûndersykjen. Mei syn bûsdoek faget er alles ôf wat er oanrekke hat. Hy lûkt de doar sunichjes efter him ticht. It hoecht net mear, mar hy docht it, likegoed.
Hy klimt troch it finster nei bûten ta en triuwt it goed ticht. De skellepin wriuwt er soarchsum ôf, foart er it ding wer te plak stekt.
Münster & Keulen skûlet mei Platfoet ûnder ien tekken. Earst mar nei De Sweach ta. Miskien fynt er noch in lyk. Of in hege hear. Of beide.