likernôch op deselde hichte lizzen. Hy lûkt syn lippen faninoar en skuort dêrmei de koarsten los. De brune kluten skowe nei boppen ta en wurde pikkich hier.
In fraai gesicht, folle fraaier as niis.
It is in hiel ein nei de gastbaaikeamer koartby, mar it smyt fertuten op. By de earste straal kâld wetter fljocht er suver troch it dak. Hy moat him oan de waskbak fêst hâlde. Dan saksearret de pine. Wylst er him o sa hoeden ôfdroeget, giet de telefoan yn de bar.
Kertier oer sânen wiist de elektryske klok. Hy hat gâns in stik fan de dei ferslomme. Soe it Dynte wêze? Nier haast him nei it tastel.
‘Hinnebruier.’
‘Wa?’
‘Ik ben net yn staat yn útroptekens te praten. Hinnebruier. Jo prate mei it hûs fan Dynte Planteit.’
‘Dat kin net. Mar ik woe de juffer graach sels even ha.’
‘Dat kin ek net. De juffer is net thús. Mei wa praat ik?’
‘Gemeenteplysje Drachten.’
Nier knypt de hoarn suver fyn.
‘Kin ik it boadskip oanbringe?’
‘De wein fan de juffer stiet ús yn 'e wei. Der komme in pear sânauto's dy reed del. Se kinne der mar skraach om hinne. Soe de juffer har slide even ophelje wolle? Oars slepe wy him fuort. Hy stiet yn De Pein. Koartby Gosse Ulebroek.’
‘Ik wie der sels by. De motor is oan ein.’
‘Dat is jo saak. Wy ha fansels in doar forsearje moatten om út te finen waans auto it wie.’
Al wie de wein mei in pinke iepen te krijen, dan hiene jim noch mei alle wille forsearje moatten, tinkt Nier. Mar no net haatlik wurde. ‘Oars net?’ freget er.
‘Oars net.’
‘'t Komt yn oarder, hear. Yn in heal oere is er fuort.’
Nier sil al ophingje, as de kreakerige plysjestim seit: ‘O ja, jo ha faaks ek gjin begraffenisauto sjoen? Nûmer PX 34 45 61. Dêr