mês oan it hout stutsen. Koartby bongelt it útein fan de touljedder dy't yn it roekenêst út komt. Foar sportive jongelju en op eigen risiko. Fangefolgen tilt it boppe altiten fan fjirtigers dy't gjin belies jaan wolle.
Dynte klattert yn it nêst. Se fynt yndied in ûnbeset taffeltsje. Se strûpt har nertsmantel út en leit dy op eachshichte op in planke. Want se wit de betsjinders ha it hjir foar de lompe moade en begriem mei opset sin de djoerste stikken klean.
In seerover komt op har ta. In jongkeardel mei it reafallige gesicht fan in klûmske brânspuiter. In nijenien, dizze hat se net earder sjoen.
Dynte bestelt kreeftpasteitsjes mei sitroensop yn ansjofiskstip en in heale flesse sider fan it skip.
‘Is Sjaak der net?’
De jongkeardel skodhollet.
Dynte spytgnysket. ‘Seker in stik yn 'e kraach.’
De nijling lûkt ûnferskillich oan de skouders. Hy is al aardich ynwurke, hy spilet syn rol goed.
‘Om seis oere wurdt der skelle. Foar Dynte Planteit. Wolst my dan even roppe?’
De kaper brommet wat en giet fuort. Dynte sjocht op it haffeljende folk del. De patriispoarten litte mar in bytsje ljocht troch, de oaljelampen wâlmje.
By har yn it roekenêst sitte de eksemplaren dy't it altyd heger op sykje. De snoasker dy't it iten suver ta de earen út kwitst, it frommes mei it optreaune boezempeil, de doffert en it doke dy't inoar foer yn it bekje triuwe, de fergetten artyste mei eachpûden, wangsekken en fjouwer kinnen, de iensume frjemdling dy't it leafst fergif bestelle soe.
Nei it treflik miel kin Dynte har net langer stil hâlde.
‘Is der noch foar my skelle?’
De jongkeardel smyt de pannen en it tafelark op syn blêd. Der komt in mispriizgjende trek om syn mûle. Hy nimt it har kwea ôf dat se syn krektens yn 'e kiif stelt. It wurd ‘Nee’ komt mar amper oer syn lippen.