foarm fan kening, dame of biskop steane by de koekjesbakkers efter de ruten, V en D hat in wite Lippizaner en in swarte Fryske hynst libbensliif yn de etalaazje en by C en A fleane de pionnepakjes mei en sûnder milbân de doar út.
De boekhannels moatte oan ien tried wei skaakboekjes foar begjinners bybestelle. Sport- en boartersguodsaken ferkeapje op ien dei mear buorden en spullen as oars yn in hiel jier. Der is spesjaal sleet yn it lúksere en djoerdere materiaal, lyk as stikken mei lead, filten ûnderstik en ynboude ferljochting, en buorden mei ôfstânsbetsjinning en antysliplaach.
Ljouwert hat de skaakkoarts.
Skoalmasters meitsje oeroeren om al it wurk dat mei it belangstellingssintrum skaken wat te krijen hat nei te kommen en op it Saailân tilt it fan bern dy't dêr oanskoulik ûnderrjocht krije yn it keninklike spul mei omkes plysje as libbene stikken.
Sels keunstners wurde fan skaakgoadinne Caïssa befruchte.
Fryske byldhouwers eksposearje yn it Rengerspark rokadeskulpturen, matplastiken, promoasjereliëfs, patmobilo's, pionneskeletten, fleugelkinetiken en oare skaaktastannen.
Ljouwert hat de skaakkoarts.
Fier fan dizze madding crowd húsmannet Jimmy Angler. Op de bûtenpleats fan in Amerikaanske boer dy't yn de krisisjierren nei Fryslân emigrearre is.
De taksy hâldt stil foar it hek. Nice en Dynte stappe út. tink om de hûn stiet op in swikje buorden fan ûngelikense grutte en foarm. Mar der is gjin hûn te sjen. De boer sammelt antyk.
Hy komt har al temjitte. ‘Hello,’ seit er, ‘hello.’
Se gean troch in lange gong mei reproduksjes fan it Wite Hûs, de Painted Desert, Disneyland, de Golden Gate brêge, de Niagara Falls, it Yellowstone Park en Marilyn Monroe. Oan de ein fan de gong is in doar mei in hingelslot.
‘Wat sit dêr yn?’ ropt Dynte benijd út.
Nice draait him wrantelich om, hy leit de finger op de lippen. ‘Ssst, Jimmy is dwaande!’ Hy skoot foarsichtich in skúfke op eachshichte iepen. Hy sjocht der mei sân pear eagen troch.