fan syn ferklomme lea. Opnij sjocht er stjerkes en heart er klokjes klingeljen. Dan wurdt it stil, tsjuster en kâld.
Nier wachtet op fierdere wurken fan syn sillichmakster. Mar se komt net. O sa hoeden docht er de eagen heal iepen en sjocht tusken de teisters troch.
It famke leit mei har holle op syn boarst, se harket nei syn hert. Se hat in swarte krolkop en op it wang in net al te grutte, net al te dúdlike groede dy't har gesicht wat pikants jout. Se rûkt nei anys en har fel is ljocht-molksûkeladekleurich. Mar dat gehark oan syn hert begjint him te ferfelen. Har seker ek. Hup, dêr komt se wer. Nier docht gau de eagen ticht. O, wat tutet dat fanke alderheislikst hyt! Dêr is Dynte in iisberch by. Hy klaut mei beide hannen yn de blabber om, mar se sjocht it net. Se wol him yn it libben werom tútsje. Se giet mar troch, hy smoart hast yn dat libben.
Einlings nimt se bekoar en harket wer nei syn hertslach. Nier leit te bekommen fan it bykommen. It fanke wit fan gjin opjaan. Hap, dêr is se wer. Diskear sjocht Nier wjerljocht en heart er tonger.
Ynienen fersloppet har byt. Har mûle komt mar min los fan sines, de lippestift plakt in bytsje. Se giet stean en sjocht him lang en fol stúdzje oan. Se is net tsjep, se is in skilderstik. In famke dat sneintemoarns healwei sânen al moai is. En freedtemiddeis healwei seizen noch. By tritich graden froast. By fjirtich Celsius yn it skaad. En ek as se fan top ta teil ûnder modderwetter sit. Mar Nier hâldt him deastil.
‘Stik mar!’
Har stim komt fan fierrens.
Nier skuort de eagen iepen. Hy sjocht it famke fuortgean. In figuerke mei alle tabehearren yn de eksklusyfste útfiering. Har earswankjes dynje yn it spande broekje.
‘Help,’ ropt er swak mei ynspanning fan alle krêften.
It famke draait har om. Se set de hannen yn de side en wachtet. Tweintich kante jierren sjogge op him del.
‘Help,’ seit er wer, diskear wat flinker.
Hy tilt moedsum syn blessearre hân op en winkt har. Se stoot op him ta en knibbelt del. Se triuwt syn holle tsjin har boarsten.