‘Lis jo holle mar yn myn skerte.’
‘Jo moatte Jimmy helpe. Jo moatte soargje...’
Der wurdt kloppe. In jonge bringt de bestelling en as er de doar wer út is, giet Nice fierder.
‘Jo moatte soargje dat Jimmy syn evenwicht wer fynt. Hy is in bêste fint, mar minsklik, tige minsklik. Hy hat syn behoeften, foar lichem en geast. It skaken jout him genôch geastlike befrediging, mar fysyk krijt er syn gerak net. Hy tennist in bytsje, no ja. Mar op syn âldens kin men mei skaken en tennisjen net ta. Jo witte wat ik bedoel. De seksuele problematyk.’
‘Och stakker,’ seit Dynte, ‘hat er in ôfwiking?’
‘Krekt oarsom! Hielendal net! It liket wol oft er mei huning ynsmard is. Hy kin him it froufolk amper fan it liif hâlde. Mar jo begripe wol, ik kin gjin risiko nimme.’
‘As jo even út myn mûle wei gean, kin ik ek wat sizze. Sa, tanke. Wêrom ha jim net in betûft Amerikaansk famke meibrocht?’
Nice lit machtleas syn earms falle. ‘As wy dat dien hiene, soe ik jo net fanneden wêze. De seksuele driften helje Jimmy út syn konsintraasje. Just no't it neat lije kin. Please, help my, help him, help Amearika!’
Dynte feroaret gjin sprút. Se knypt de eagen heal ticht en freget koel: ‘Wêrom ha jo my foar kar naam? Der operearje noch ûntelbere ferdivedaasjefamkes yn Fryslân.’
Nice stekt de wiisfinger op en jout har in ûndogensk knypeagje. Hy kriget in brune slúf út syn binnenbûse. Hy lûkt der in foto út en jout dy oan har.
Se sjocht it fynbefike profyl fan in meinimmende jongkeardel mei lang ljocht hier en in burd. In burd folslein harmoanysk om de kaak woeksen, it moaiste burd dat se ea sjoen hat. Se wurdt der even stil fan.
‘Hmmm, tige by tige. Hy liket op my.’
Nice knipt mei de fingers. ‘Dat is it! Jo koene syn suster wêze. Dêrom ha ik jo frege! Foar de bûtenwrâld binne jo syn suster! Gjin sensaasjeferhalen yn de krante. Wat is der natuerliker as de ferhâlding broer-suster? Boppedat wurket it remjend op dy heal-