SELTERNIJEVEENSEDWARSVAARTSLUIS ta moat. Je kinne geande bliuwe.
By Oerterp begjint de motor te sputterjen, by De Folgeren heare se knallen en by De Pein steane se stil.
‘Fergemy, ek dat noch.’
‘Is 't slim?’
Nier suchtet. ‘Ik leau it wol.’
Hy meneuvelt in sets je mei alle knopkes om, ûndersiket de motor, mar Thunderbird Landau swijt yn alle talen.
‘Platfoet,’ seit Nier, ‘of in practical joke. Soest dy net fergrieme?’
‘Wa't dat lapt hat, noegje ik net wer út!’
‘Wy kinne better in lift nimme.’
‘Hoe let is 't?’
‘Kertier oer alven.’
‘Wy helje it noait.’
Se fleane de doarren út en geane oan de kant fan de dyk stean. Se swaaie wyld mei de earms, mar alle auto's sjitte by har lâns.
‘Hiene wy mar in boerd,’ fersuchtet Dynte.
Nier kriget har by de pols.
‘Au!’
‘Dêr!’
Hy wiist op in begraffenisauto dy't op in reed by in boerespultsje stiet.
Dynte sjocht him ferheard oan. ‘Nee, soks docht men net.’
‘Tsjintwurdich docht men alles. Kom mei!’
Se stekke de dyk oer en rinne op de lykwein ta. De kabine is leech, it kaaike sit yn it kontakt.
‘Klear!’ jubelt Nier.
‘Ik doch it net,’ akselt Dynte tsjin.
‘Wêrom net?’
‘Leit der gjin deade yn? It is sa stil.’
Nier docht de doar iepen en sjocht efteryn. ‘Sa leech as it grêf fan in farao.’
Dynte hipt der yn. Nier start de motor en jout in straal gas fan komsa. De lykwein springt willich foarút en nimt de guit, sa hurd