Ynienen swaait Dynte de doar iepen. De man wurdt kjel. Hy makket in spronkje, mar hat him dochs ridlik gau wer yn de stokken. Wolberet stapt er op har ta.
‘Wa binne jo? Wêr komme jo wei? Wêr gean jo hinne?’ freget Dynte yn it Heech-Frysk.
De man lichtet de hoed en glimket. ‘Dat binne in soad fragen tagelyk.’
‘Klassike fragen,’ sjongt Dynte.
‘Ik bin, o, nim my net kwea ôf...’
De man nimt syn grutte hoarnen bril ôf en makket de besleine glêzen skjin. Hy hat in briedpantsjegesicht en sûnder fok liket er sa ûnoazel as in earkrûper. Hy himet in bytsje. Hy set de bril wer op en sjocht Dynte op en del oan.
‘Dat liket better,’ seit er.
‘Tanke,’ knikt Dynte, ‘mar jo ha noch net antwurd op myn fragen jûn.’
‘Ik bin Platfoet. Ik bin demonstrateur en gean by de doarren lâns.’
‘Gjin heidebjinders, kamferballen of waskmiddels, hooplik.’
Platfoet glimket. ‘Eksklúsyf, allinne foar froulju fan oansjen.’
‘Ik bin allinne thús,’ seit Dynte met har leafste fanyljestim.
‘Dat treft,’ laket Platfoet.
‘Ik soe oars krekt de doar út.’
‘Jo witte net wat jo misse. Sjoch.’
Platfoet pripket syn paraplu yn de grûn, knipt syn kofferke iepen en swaait it lid nei Dynte ta, dat se kin net sjen wat der yn sit.
‘Sjoch.’
In revolver stekt boppe it lid út en sjocht har oan.
‘Wat moat ik dêrmei?’ freget Dynte fernuvere.
‘Neat. Graach jo kante hantsjes omheech.’
Dynte docht it. ‘Is dat alles?’
‘It begjint pas.’
Efter de man sjocht se Nier tichterby kommen. Platfoet triuwt de revolver tsjin har nâle.
‘Sille wy mar even yn 'e hûs gean? Wy stean hjir sa yn de kikert.’