| |
| |
| |
XIV
Quatorze juillet, fjirtjin july, nasionale feestdei yn Frankryk. Oerdei murken se der net folle fan. De flagge wappere fan it postkantoar en de doar siet ticht. Mar de winkels wiene gewoan iepen. Se kochten wat foar thús. Dingen dy't net te grut wiene en dy't se maklik meinimme koene. Foar mem socht Gerl in moaie skulp út, foar heit in dia-searje en foar Doutsen in stik koraal. Ruerd kocht foar har in tin sulveren kettinkje. Se bleauwen net lang yn de stêd. It wie dêr no al waarm en ûnder de brede sinnekapen hong in neare stoffige lucht. Mei har nijkeapen kamen se noch foar de middei by de kamping werom. De tinte wie in ûne. Se ieten in stikje en gyngen doe foar de lêste kear nei see.
No't hast elkenien oan it miel siet, wie it noch net sa drok op it strân. Se fûnen in skadich plakje oan de sydkant fan de helppost. Neist de trep nei de doar wie in soart fan nis útsparre. Dêryn namen se it op har gemak. As se oerside seagen, hiene se dochs it gesicht op it wetter- en sânlibben.
Gerl sloech syn sketsboekje iepen en besocht mei syn swarte filtpin wat te tekenjen. Dat hie er dizze reis noch net earder dien. Mear as de helte fan it boekje wie folle mei berekkeningen, plaknammen en plattegrûnen. Mei syn earste skets woe er de flakferdieling fêstlizze. Dan koe er dy letter thús útwurkje, as er it tafereel yn kleuren skildere. Hy ferdielde it blêd oerlâns yn banen. Ien foar de strakke loft, ien foar de rimpelige see en ien foar it strân, spikkelich mei parasols en minsken. Doe't de komposysje him foar eagen stie, begûn er op in oar blêd losse sketskes
| |
| |
te meitsjen fan it hâlden en dragen om him hinne. In sloarm fan in hûn, dy't op in lapke skaad, sa grut as in bûsdoek, lei te pûsten. In fanke dat harsels wiidweidich mei trije ferskillende soarten sinnebrânoalje siet yn te smarren. In âldman en âldwiif dy't hân yn hân, de boksen en de rok omheech, prebearren hoe lij oft de see wie.
Letter op de middei kamen Diderik en Karola by har te sitten. Diderik hie syn sylplanke net by him. Karola knibbele neist Gerl en seach nei syn tekenjen. Doe koe er it net mear. Mei har fjouweren stoden se de see yn, safier as se de skonken noch troch it wetter foarút krigen. Tagelyk lieten se har foardel falle. Se skaaiden en trantelen in- oar wiet, dûkten ûnder inoar troch en swommen in ein lykop. Mei-inoar sochten se de nis wer op en leine yn skaad of sinne te praten of te niksen. It wie al foarjûn, doe't se har spullen pakten en it strân ferlieten.
Se soene by de karavan ôfskie nimme. Ruerd en Gerl woene alles, dat se net mear nedich wiene, alfêst ynpakke. Ek de motor moast noch in beurt hawwe. Se woene ier fuortstekke. As se no ôffûstken, hoegden se de oare moarns gjin langsliepers wekker te meitsjen. Want it wie fannacht feest yn de stêd en dêr gyngen Diderik en Karola hinne. Ruerd en Gerl woene inkeld it fjoerwurk sjen en dan op bêd. Mar Klamer sei, dat se noch even allegear meiïnoar wat drinke moasten. Dus setten se har om it klaptaffeltsje foar de karavan. De flessen kamen yn 'e midden te stean en Karola helle by de kampwinkel gau wat gnabbelguod. Se pluzen en pjutsken en praten oer alles en neat.
‘Wêrom geane jim moarn al nei it kâlde noarden?’ frege Diderik syn heit mei syn donkerbrún lûd oan Gerl. ‘Fjouwer dagen yn de sinne, 't is de muoite net wurdich.’
‘Wy kinne ommers net langer bliuwe,’ andere Gerl. ‘Hjir is gjin plak mear.’
| |
| |
‘Dat wit ik. Mar jim meie jim tintsje wol neist myn karavan sette. Dat kin krekt. Sis tsjin de kampingbaas, dat ik gjin beswier haw, as jim op myn plak steane.’
‘Mar wy soene net sa lang fuort bliuwe en thús ferwachtsje se ús oaremoarn werom,’ sei er wifkjend.
Klamer sprate de hannen, dy't er gearnaam hie. ‘Sels witte.’
‘Nee,’ bemuoide Ruerd der him no mei, ‘wy hâlde ús oan wat wy ôfpraat hawwe.’
‘Ferlangst nei de faam?’ lake Klamer.
‘Sa is 't mar krekt,’ knikte Ruerd.
Gerl sykhelle ferromme. Hy hie oars noch wol in setsje bliuwe wollen, no't it tusken Diderik en him wer goed wie. Mar de oanwêzigens fan Karola makke, dat er him wat oer en tefolle fielde.
Se kamen oerein en winsken inoar in plezierige fakânsje en goereis. Yn de tinte sochten Gerl en Ruerd har skjinste klean byinoar en strûpten dy oan. It oare guod troppen se yn in plestik pûde, dêr't se in ein tou omhinne snuorren. Se brochten it hier wat yn 't fatsoen en Ruerd beskrabbe syn burd mei in âld meske. Se krigen de lânkaart der by en namen it beslút de oare deis oan Auxerre ta te riden. Dat lei diskant Parys, net earlik healwei Fryslân. Mar de lêste rit op hûs oan mocht wol wat langer wurde. Se soene daliks de tolwei nimme, dêroer koene se it bêst opsjitte. Doe't it begûn te tsjusterjen, hongen se de bûslampe oan in skearline en liezen noch wat. Om tsien oere stapten se op.
Se panderen oer it paad, dat tusken de kampings troch nei de stêd ta rûn. In soad famyljes en pearkes setten deselde kant út. De measten hiene har opstrutsen, guon froulju pronken yn jûnsjurken mei bleate rêgen. Ek de lytse bern hiene útgeansklean oan. Se wiene al sa wiis, dat se sa let noch mei mochten. Har stimmen klonken helder troch de jûn. Knibbelhege ljochtbakken struiden
| |
| |
in gielich skynsel oer it paad. De beammen hiene ferljochte stammen en stiene mei donkere krunen tsjin de stjerreloft. By risten stieken de minsken de dyk oer. Diskear koene de auto's wachtsje. Se rûnen by tsjustere parkearpleinen efter de flats lâns, folgen in opgeand betonstrjitsje mei oan wjerskanten ballonlampen en kamen út op in heech breed trottoir, dêr't se oer de jachthaven sjen koene.
It wie dêr al swart fan de minsken. Dêrom gyngen se fierder, de treppen del, tusken it ferkear troch, dat himsels yn 'e knoop riden hie, de kade oer, oant se fuort by in speedboat noch in plakje fûnen. Se setten har op de wâl del, de fuotten bongeljend boppe it wetter. De piramidefoarmige gebouwen oan de oare kant fan de haven liken wol fersierde krystbeammen. Hast alle finsters wiene ferljochte, op de geanderijen dêrfoar wimelen skaadbylden. Rjochts fan har, efter it wâld fan mêsten, op Point Zéro soe it fjoerwurk ôfstutsen wurde.
Doe't de ears te pylk sisterjend omheech skeat, gyng in bliid roppen troch de mannichte. Dêr hie it wachtsjen op west. De pylk ûntplofte, fiif reade kûgels saaiden del. Dy knapten nochris útinoar, parasjutes fan giele en griene strielen sweefden nei ûnderen. Even bleau de loft tsjuster, doe sûzen de ljochtflitsen fluch efterinoar oan.
It wie gjin fjoerwurk mei oerlûd geknal en gegier. Dit wie bestimd om de eagen te ferlustigjen, net om de earen te fernielen. It gyng oan ien trie troch. Amper hie de iene pylk syn skittering útsproeid, of de oare wie al wer ûnderweis. As de kleurepracht wûndere moai flimmere, klapten de taskôgers. It slútstik wie it hichtepunt. Slangen kronkelen de loft yn, foarmen in waaier. Ut it midden wei skeat in brede baan mei in knop oan de ein omheech. De knop barstte iepen. In fonkeljende tsjeik sette de hiele haven yn in pearse gloede. It ljocht feroare, de stâl waard wei. Ut de tsjelk spuiten trije blauwe strielen himelheech.
| |
| |
It reinde stjerren. Hantsjeklappen fan al dy tûzenen kleppere oer it wetter.
Ynienen wist er it. Net mei syn ferstân, of troch de bylden yn him omgean te litten. Hy wist it mei syn hiele wêzen. In tige wis gefoel oerweldige him. No twivele er net. De blauwe fontein hie er sjoen. Dit teken hie er nacht en dei op wachte.
Hy seach op syn horloazje. It wie presiis alve oere. Mar de ferljochte sekondewizer fersprong net. Hy hold it foar syn ear en harke. Gjin tikjen. It stie. ‘Kom mei!’ skreaude er en hy wie al oerein.
Ruerd joech him ek op. ‘Wat wolste?’ frege er kel.
‘'t Is safier!’ rôp er mei oerslaande stim, wylst er him troch it gearpakte folk begûn te kringen.
De mannichte stiek op it sintrum fan de stêd ta, dêr't de measte terrassen en bars wiene. Mei hannen en fuotten baande er him tsjin de stream yn in paad troch de tichte kloften. Hy treau de skouders der tusken, hy stompte mei de earmtakken. Soms waard er in ein tebektreaun. Hy hearde flokken en krige optuters, in skerpe nuddelhakke skramde syn skine iepen, mar hy bewraamde him in trochgong. Hy fielde Ruerd syn azem yn 'e nekke.
Stroffeljend oer in ketting kaam er op in plein, dêr't, skrage troch peallen, boaten foar reparaasje leine. Dêr wie it minder drok. Hy fleach by fetten en kisten lâns, sprong oer touwen en buizen, wynde tusken oploege planken en balken troch. Oan de oare kant sigesage er oer de dyk. Lampen fan de starich ridende auto's ferblinen him, klaksons tetteren yn syn earen. Neat koe him tsjinkeare, hy stode fierder.
Om de hoeke fan in loads wie it stille betonpaad, dat tusken de flats en it strân slingere. It ljocht fan de poddestuollen, dy't dêr stiene, rikte mar amper it sân. Oan de ein fan de pier flamme iderkear in reade M op. It fer- | |
| |
ljochte inkeld de weagen om it havenhaad hinne. In fiere fjoertoer knypeage sunichjes. Hy hearde it brûskjen fan de see, mar seach it wetter noch net. Hy strûsde dêrhinne, oant it oer syn fuotten spielde. Oer it wiete sân fleach er de kant fan Cap Sud út.
Ruerd helle him yn. No't syn eagen ta it tsjuster wend wiene, koe er de lange wite kaam fan de kalme brâning ûnderskiede. En ek de oergong fan de donkere wetterflakte yn de justjes ljochtere nachtloft. Ruerd draafde nêst him sûnder in wurd te sizzen. Hy hie it begrepen. Se stoden tusken ôffal troch, dat de see oanspield en it strânfolk fuortsmiten hie.
Rjocht tsjin Cap Sud oer bleau Gerl stean. Syn sykheljen skuorre, de brâning rûze. Mar dêr boppe út fernaam er in oar lûd. It kaam fan fierrens. In tinne minsklike stim, dy't oer de see klonk as de útgjalp fan in miuw. Hy makke de skuon los, skopte se út. Rinnende wei strûpte er it shirt fan syn lea en hy begûn te swimmen, doe't it wetter syn gong tefolle opkearde. Even letter dûkte Ruerd neist him op, glied him foarby. Hy besocht by te bliuwen, sloech wyld mei de earms. Iderkear as er de holle boppe de weagen hie, hearde er it bange roppen, daliks wer oerstimd troch it brûzen fan de brâning.
No swom er yn djipper wetter, dat minder dune. Hy seach Ruerd net mear foar him. Yn panyk eage er om him hinne. Ek it roppen fernaam er net, der wie inkeld in rûzjen yn syn earen. Dêr, oan syn oare side, seach er in glimp fan opspattend skom. Tagelyk flime in skreau troch de nacht. Mei alle geweld wraksele er dy kant út.
Hy kaam by Ruerd. Dy ploetere mei twa drinkelingen. Diderik en Karola. Hy besocht de hollen, dy't slop hongen, boppe wetter te hâlden. Sels gyng er hast kopkeûnder. Hy hapte nei de siken. ‘Do har!’ gjalpe er. Gerl stiek de earms nei Karola út. Ruerd liet los. Hy pakte har fan efteren beet, moast omraak trantelje om net mei yn
| |
| |
de djipte te gean. Hy omfette mei beide hannen har efterholle, treau har gesicht efteroer en omheech en begûn rêchlings nei de kust werom te swimmen. Se bleau stillizzen, mar it wie in bloedich wurk har mei te slepen.
Hy kaam hiel starich foarút, by elke slach fielde er syn krêften minderjen. Syn skonken waarden hieltyd swierder en sa stiif, dat er se hast net mear oplûke koe. Hy smûge en krige snjitten wetter yn 'e mûle. Hy trape djipper, om te fielen oft er no rinne koe, mar hy koe de boaiem noch net rikke. Einlings, doe't er al kokhalze, hie er fêste grûn ûnder de fuotten. Hy wâde nei de kant, it sloppe lichem yn syn earms tôgjend. Hy lei har op it sân, syn knibbels knikten. Swarte stippen dûnsen foar syn eagen. Hy hoasse en steunde foaroer op 'e hannen. De triennen sprongen him yn de eagen.
Doe seach er har boarst bewegen. It wie hast net te merken en it duorre mar even. It folgjend momint tocht er, dat it ferbylding west hie. Troch in waas stoarre er har oan. Har holle foel oerside. In gril gyng troch har lea en daliks dêrop begûn se te sykheljen, noch sunichjes, mar regelmjittich en dúdlik. Hy striek it hier foar har gesicht wei. Har eagen wiene ticht, har lippen stiene fan inoar en trillen. As by ynjouwing lei er syn hannen plat op har mage en treau mei syn folle gewicht. Se kreunde. In straal wetter gjalpe út har mûle. Nochris die er itselde. Wer spuide se. By de tredde kear sloech se de eagen op. Se draaiden earst, as sochten se hâldfêst, doe heakken se yn sines en it werkennen briek troch. Har lippen kamen tichter byinoar, se klappertoske. ‘Wêr is Diderik?’ prevele se.
Hy seach om him hinne. Fuort by him lei Diderik op 'e rêch, mei de holle efteroer en de mûle heal iepen. Ruerd siet op 'e knibbels neist him. Hy hold ien hân ûnder syn nekke, mei de oare knypte er syn noas ticht. Hy sykhelle djip, hold de azem yn, die de mûle wiid iepen,
| |
| |
sette dy op Diderik sines en blaasde lucht út. Hy eage oerside. De boarstkas fan Diderik kaam net omheech. Hy naam syn mûle wei en treau de holle noch fierder efteroer. Wer blaasde er Diderik syn libbensazem yn. Mar it lichem bleau deastil.
Ruerd liet de nekke los, treau mei de hân Diderik syn kin nei foaren ta en mei de tomme syn lippen stiif opinoar. Hy hapte lucht en sleat de mûle om syn noas. Hy die it in stikmennich kearen. Ek dat joech neat. Diderik beweegde net. Ruerd seach op. Swit streamde by syn gesicht lâns. ‘Helje in dokter, gau!’ sei er mei in rauwe raspjende stim. En op 'en nij bûgde er him oer de drinkeling.
Gerl klaude oerein. Karola hie har yninoar jûn en stoarre strak foar har út, as wie se fan stien. Hy skrepte troch it losse sân, de dunen oer, by de lange reidmatte lâns. Cap Sud riisde foar him op. It wite gebou hie oeral tsjustere nissen, inkeld de hal en in pear finsters wiene ferljochte. Ien fan de beide glêzen doarren stie iepen. Dêr striek er op ta.
In droege waarme lucht sloech him temjitte. Hy kaam yn in langrûne romte. De rûge betonmuorren wiene ynlein mei glêde kleurige stientsjes. Oan ien side hong in houten kast, ferdield yn fakken foar de post. Efter in smelle poarte seach er de lift. Yn it paniel dêrboppe brânde it lampke foar de heechste ferdjipping. Hy fleach werom nei de hal. Rjocht foar him wie in flapdoar en dy stompte er iepen. In gong, ferljochte troch in molkwei fan spotsjes oan it plafond. Oan wjerskanten rigelen doarren mei nammeplaten en rûne ruten, dy't op patryspoarten liken. Hy krige de earste de bêste kruk en draaide. De doar wie op slot. Hy skille oan, bûnze mei beide fûsten. It rút bleau donker, hy fernaam gjin lûd. Hy begûn te roppen. Syn eigen stim galme him yn de earen. Hy stode fierder, beljend, roppend, bûnzjend. Gjinien
| |
| |
dy't iependie. Oeral bleau it stil en tsjuster.
Wer nei de hal. De trep op, twa, trije treden tagelyk. Wer in gong. Oan de fierste ein stie in doar yn it kier, omliste troch in streek ljocht. Hy fleach der op ta. Sûnder oan te skiljen stapte er oer de drompel. In lytse fjouwerkante yntree fol mantels en parfumrook. In doar dy't er iepenfiere koe. De keamer dêrefter wie net ferljochte. Oer de rêch fan in bank lei noch in mantel. Hy seach nimmen. Syn eigen skaadbyld beweegde oer de meubels. Doe murk er, dat op it balkon in skynsel út in oare keamer foel. Lofts wiene noch twa doarren. Hy loek se beide iepen. De iene wie in kast. Efter de oare in tsjustere trochgong en in gerdyn. Hy reage it fansiden.
In frou siet oan in kaptafel te hierkjimmen. Se hie tinne blauwe nachtklean oan en har gesicht glom fan in tsjokke laach krème. Se seach him yn de spegel. Har bewegingen ferstiven. Se bleau mei de kaam yn it hier Sitten. Har frije hân krôle ta in fûst. Se stjereage him oan. Har healiepen mûle wie in gat yn it krèmemasker. Mar se joech gjin kik.
‘In dokter!’ rôp er. ‘Foar myn freon op it strân.’
Se bleau ûnferweechlik sitten. Allinnich har sykheljen gyng rêd en djip.
‘In dokter!’ herhelle er en hy skeat op har ta. ‘Foar myn freon. Fluch!’
Mei in hoart draaide se har om. De kaam foel oer de flier. Se brocht har hannen op skouderhichte. De fingers mei de lange neils krommen ta klauwen. Starich kaam se oerein, wylst se him gjin momint út 'e eagen liet. Se die in stap tebek en bôge om him hinne. Noch foar't se de doar berikt hie, wie er al neist har. Hy krige har by de earm.
‘In dokter. Asjebleaf,’ smeekte er.
Se skuorde har los en rûn de tsjustere keamer yn. Hy sette har nei. Se knipte in burolampke oan. Dêrneist stie
| |
| |
in oranje telefoan. Se naam de hoarn op en tikke in pear toetsen oan. Hy bleau midden yn de keamer stean. Har útstutsen earm makke in ôfwarrend gebeard. Har fûle eagen, dy't him troch it masker oanljochten, holden him op ôfstân.
‘Foar myn freon,’ sei er helpleas, ‘oars giet er dea.’
Skril raffele se in wurdmennich ôf. ‘Police,’ koe er ferstean.
‘Nee,’ brocht er út. Hy die in stap nei har ta.
‘Wêr is dyn freon?’ frege se him gebiedend. Ut de hoarn kreake in mannestim.
‘Op it strân hjirfoaroer.’
Se hold de telefoan tsjin it ear. Wer repte se de mûle. ‘d'Accord.’
Se klapte de hoarn del. ‘De polysje komt daliks.’
‘En de dokter?’
‘Ek.’
Se rûn nei de sliepkeamer. Hy bleau allinnich efter en wist net, wat er der fan tinke moast. Twivelriedich seach er om him hinne. Koe er sels mar in dokter belje. Hy gyng nei de telefoan. Dêrneist lei in kaartsje mei nûmers en nammen. De sifers en letters dûnsen foar syn eagen.
‘Gean gau nei dyn freon,’ klonk it efter syn rêch. Hy kriemde.
Se kaam mei in moarnsjas oan werom yn de keamer. Har gesicht siet net mear ûnder de krème. It glom en hie wite fegen. Mei triljende fingers brocht se in sigaret nei de lippen. Se helle djip yn. In lange reekplom sloech út har noasters del.
‘Sjit op!’ biet se him ta.
Hy rûn by har lâns de keamer út, de gong troch, de trep del. Bûtendoarren waaide in plestik pûde foar him út. By it slûge ljocht fan in lantearne stiek er de ferlitten dyk oer. Doe't er healwei de reidmatte wie, bleau er stean. In sirene gûlde troch de stillens fan de nacht. Hy
| |
| |
draafde fierder oer de dunen. Wylst er omleech nei it strân stode, skaaiden lofts fan him autoljochten om de hoeke fan it gebou. It lûd fan de sirene skuorde troch syn earen. Hy sette op de see ta. De auto ried dy kant ek út.
Diderik lei yn deselde hâlding. Ruerd wie noch altyd mei syn be-azeming dwaande. Karola siet der op de knibbels by, foardel, steunend op de hannen. In ljochtbondel foel oer har hinne. Tagelyk seagen se op. Har gesichten wiene grau en ferlutsen. Remmen knersten. Ut de auto sprongen trije mannen, twa polysjes en ien yn it wyt. Dy bûgde him oer Diderik.
Ruerd joech him oerein en kaam neist Gerl te stean. ‘Ik bin bang, dat it net mear hoecht,’ hime er.
| |
| |
|
|