| |
| |
| |
XIII
De nachts hie it yn de fierte grommele en it ljochte sa no en dan troch de tinte. Der wie in snjitter fallen. Ieremoarns reinde it net mear en de wyn joech him del. Mar de loft wie skier. Nei't se wekker waarden, bleauwen se noch lang lizzen. Gerl seach yn Ruerd syn skearspegeltsje nei syn wang. Se hiene der juster in flinke skoat jodium oer dien. No siet der in readgiele koarste oer, mar it swolde net. It fielde inkeld in bytsje stiif.
‘Ik wol nei hûs,’ sei Gerl.
‘Hoe no, bist ûnwennich?’ frege Ruerd.
‘Ik haw hjir neat mear te sykjen.’
‘Lit ús noch twa dagen bliuwe. Langer kin dochs net. As wy tiisdei ôfsette, binne wy woansdeitejûn wer thús. Dan hawwe wy moai in goeie wike fuort west.’
‘Is dat te dwaan, yn twa dagen werom?’
‘Och heden, maklik. By need ryd ik it lêste ein nachts troch. Dat is net sa slim, as it op hûs oan giet.’
‘Ik moat eins noch wat foar mem en heit en Doutsen meibringe. In aardichheidsje. Sille wy dat no keapje?’
‘'t Is snein. De winkels binne fêst ticht.’
‘De kampwinkel is wol iepen. Ik haw it juster frege. Wêrom de oare winkels dan net?’
‘Dus wy moatte de stêd yn?’
‘Wy kinne it besykje.’
Se wiene swier te rissen. Oardel oere letter hiene se har noch mar in streek om 'e holle jûn en in brochje oppluze. Alles einde as de man yn 'e moanne. Se hiene net iens mear sin om te rinnen. Der hong in sleauwe stimming, dy't noch krekt gjin ferfeling wie. Se tarden op de yn- | |
| |
drukken fan de lêste dagen. Se hellen op wat se meimakke hiene. Net omdat se der fol fan wiene, mar om de stilte net oan it wurd komme te litten. Op 't lêst wiene se útpraat. Se fertelden inoar noch in pear moppen, dy't se al lang koenen. Tuskentroch wiene se skoften stil. Se sieten dêr mar foar har tinte en lieten alles gewurde. De oeren gliden as sân troch har fingers. Ruerd skylde himsels ôf. Hy wie omraak ferfelle. De lapen hongen der by.
It wie al fier yn de middei, doe't se efter har flugge stappen hearden. Se seagen fansiden. It wie Karola. ‘Ik wit my gjin rie,’ hime se. ‘Ik kin Diderik net fine. Hy soe op my wachtsje, mar hy is nei de see ta gien. Fan 'e moarn al. Syn âlden binne de hiele dei fuort. Ik haw nei de stêd ta west. Doe't ik om alve oere werom kaam, fûn ik dit briefke. Ik haw oeren lang socht, mar ik sjoch him net.’
Se skeaten oerein. Karola joech Gerl in stikje papier, dêr't in pear wurden op kwattele wiene. -Bin mei Marnix te silen. Diderik.- Hy stie yn it gat beneile. Syn kiel knypte ticht, hy koe gjin wurd útbringe. Justerjûn, op de sânflakte, hie er it fisioen wer krigen. It flues wie swart, de klok rûn noch. It hie him wol oanpakt, mar hy koe de moed net mear op bringe, Diderik nochris geweken te nimmen. Dêrfoar wie de fernedering, dy't er krekt ûndergien hie, te grut. Doe't er oer syn earste ûntsteltenis hinne wie, hie er himsels foarholden, dat er neat, hielendal neat mear dwaan koe, om it ûnheil te kearen. En starichoan wie it skrikbyld dizeniger wurden, as in spoeksel dat fertarde. It tyspele him troch de holle en hy hie it by him, mar it joech him gjin skrik mear yn. No't er dit fan Karola fernaam, stie it wer grousum foar him. Hy murk wol, dat se him oanstoarren.
‘Wat is der oan?’ frege Karola him.
Hy skodholle allinnich mar.
Ruerd bleau kalm. ‘Wa is Marnix?’ woe er witte.
| |
| |
‘In Nederlânske jonge fan de kamping te Lunel. Ek sa'n surfgek. Hy is wat âlder as Diderik, in jier of tweintich,’ andere se hastich.
‘Hat Diderik syn planke no ek meinaam?’
‘Jawis. Ik haw it hiele strân ôfsocht. Hy is net op see.’
‘Hast de strânwacht frege?’
‘Dy hat him ek net sjoen.’
‘Sylt er altyd op itselde plak?’
‘Net altyd. Soms wolris oan de oare kant fan de pier. Dêr is er ek net. En dêr hat de strânwacht him ek net sjoen.’
‘It liket my raar ta, dat dy beide knapen har planken mei mêst en al allinnich meisleept hawwe,’ murk Ruerd op. ‘Dat kin hast net.’
‘Marnix hat in auto mei in imperiaal der op.’
‘Wat merk?’
‘In Fiat of in Renault, dat wit ik net krekt. In oranjenien.’
‘Soest dy auto wol herkenne?’
‘As ik him seach wol.’
‘Hat Diderik wolris earder mei him te planksilen west?’
‘Ien kear. Ik wie der sels by.’
‘Wêr sette Marnix doe syn auto del?’
‘Op in parkearplak rjochts fan de haven. Dêr stie er no net. Mar it wie ek fol, miskien hat er him earne oars delset.’
‘Hast al wer by jim karavan sjoen? Hy kin ûndertusken weromkommen wêze.’
‘Dêr kom ik krekt wei.’
Ruerd wist gjin oare mooglikheden mear te betinken. Karola stie op 'e sprong om wer fuort te rinnen. Har sykheljen gyng fluch. Se seach geduerich alle kanten út, as ferwachte se Diderik ynienen tusken de tinten en kara- | |
| |
vans gewaar te wurden. ‘Wat moat ik dwaan?’ sei se heas, wylst se Gerl oanseach.
Dy wurden skuorden him út syn ferlamming. Hy twong himsels de kop der by te hâlden. Hy sei: ‘Lit ús de minsken freegje, dy't om jim karavan steane. Miskien hawwe dy him fuortgean sjoen.’
‘Wat sjitte wy dêrmei op?’ suchte se.
Dochs gyngen se nei de karavan. Karola geat trije glêzen fol limonade. Se die it rimpen en griemde. ‘Hjir sa.’ Steande dronken se.
‘Hat er noch mear meinaam as syn sylplanke?’ frege Ruerd. ‘Ik bedoel jild of iten of sa. Dêroan soene wy sjen kinne, hoelang't er fan doel wie om fuort te bliuwen.’
Karola rommele yn Diderik syn klean om. Se loek ek in kastje iepen. Dêrnei socht se tusken de spullen, dy't ûnder de karavan leine. ‘Hy hat syn swimbroek, syn spikerbokse, syn wite badstoffen trui en syn boatskuon oan,’ stelde se fêst. ‘Syn beurs is hjir, syn sinnebril sjoch ik net. Mar hy hat al syn surfpak meinommen.’
‘Docht er dat wol faker?’
‘Hy hat it hjir noch noait brûkt.’
Ruerd wreau hurd oer syn stoppelich wang, sadat der in grouwe rônfel boppe syn fingers kaam. ‘It wetter is hjoed fansels folle kâlder as juster,’ mimere er. Doe, mei lûdere stim, sei er beslist: ‘Wy moatte it wurk ferdiele. Ik gean daliks op de moter nei Lunel. Sjen oft ik dêr wat oer Marnix wiiswurde kin.’
‘Hy kampearre dêr mei twa freonen,’ ljochte se him yn. ‘Syn efternamme wit ik net, mar Marnix is gjin namme, dy't sa faak foarkomt. De kamping leit oan diskant Lunel, rjochts fan de dyk.’
‘Do,’ Ruerd wiisde op Karola, ‘giest de stêd wer yn op 'e siik nei dy oranje auto. Ast him fynst, wachtest earst. Duorret it lang, dan dochst in briefke foar Diderik ûnder de rutewisker en giest werom nei de karavan. 't Is
| |
| |
no kertier oer trijen. Ast him by fiven net fûn hast, komst earst hjir en as Diderik dan noch net werom is, giest nei it strân. Dêr bin ik dan ek. Nei't ik fan Lunel kom, sjoch ik hjir nochris en lit in briefke foar dy efter mei it hoe en het. Gerl giet daliks nei it strân. Op wat plak sylt Diderik it meast?’
‘Dêr't wy juster ek wiene. Rjochts fan de strânpost. Tsjin Cap Sud oer.’
Kel seagen se inoar oan. Cap Sud. Dy wurden rôpen ûnheil op. Ruerd herstelde him it earst. Hy brimde. ‘Dêr komme wy dus byinoar. Lit ús sizze net letter as healwei seizen. Ofpraat?’
Karola en Gerl knikten. Se wiene bliid, dat se in opdracht krigen. It fersette de sinnen wat. Se stelden har horloazjes gelyk en dronken noch in glês limonade. Doe gyng elk syn wegen.
Gerl rûn nei it strân. De loft skjinne ôf, tusken de wolken gyngen blauwe finsters iepen. Dêrtroch liet de sinne him al sjen. Op it strân wie it net sa drok as oars om dizze tiid. De brâning krôle wat heger, de see dune wat mear, sûnder echt wyld te wêzen. In stikmennich planksilers fertoanden har keunsten. It reade seil fan Diderik wie der net by. In stel wetterfytsers trape op it hurdst. De hollen fan de swimmers gyngen as dôbers mei de weagen op-en-del.
Fan de helppost wappere de flagge. Dêr frege er nochris nei Diderik. De mannen hiene him net sjoen. Hy stiek op see ta. Oan de igge waarden wer de deiske kastielen boud. Jonges skopten mei ballen en sân, fammen heinden it sinneljocht op har útspeake lea. Transistors knetteren, bletteren en sketteren. Grutte fûgels fan plestik hongen heech boppe de hollen fan draakjefleanders en âlde wite minsken pasten op brune knikkertsjes fan bern.
Hy rûn earst nei de pier, fierkjend oer it wetter. Doe skonke er werom, de kant fan Carnon-Plage út. Hy
| |
| |
kaam by rûne reiden dakjes lâns, dy't op in peal stiene. Dêrûnder sieten lju oan tafeltsjes te praten en te drinken. In boartersplak wie mei touwen ôffrede, it lytsguod wimele yn de tastellen. De loft skynde al wer út 'en blauwens.
Healwei Carnon-Plage seach er in âld sânkleurich gebou efter de dúntsjes. Oan wjerskanten tuorken twa kranen, as giraffes stieken se har lange halzen skean omheech. Hy bespeurde ek it oranje dak fan in auto. Dêr moast er mear fan witte. Doe't er op de krún tusken de helmen kaam, seach er, dat de wein mear kleuren hie. Dat wie him dus net.
De fondaminten foar in nije flat leine as in bonkerak yn it sân fan it bouterrein. Gjin arbeiders oan it wurk. Mar yn in put, in eintsje fierder, wiene mannen te skrep om in buis, dy't wetter gjalpe, ôf te sluten. Krekt doe't se de stream master wiene en de taap tichtdraaiden, spuite noch in fikse straal rjocht omheech. Boppe-oan sproeide it wetter alle kanten út, de delfallende bôgen wiene trochsichtich. Hy stie it ûnbeweechlik oan te sjen. Noch lang nei't it spuitsjen fan de loft wie, ferroerde er gjin fin. Starichoan besefte er, wat er sjoen hie. It lêste byld fan syn fisioen. De blauwe fontein.
Noch twivele er. Hy liet de betsjutting fan al dy bylden yn him omgean. Earst de klok. Karola hie Diderik fan 'e moarn om alve oere mist. Dat kaam út. Diderik wie op see. Hy hie him oan it swimmen sjoen, net oan it planksilen. Mar fisioenen bestiene út brokstikken, noait waard alles ferbylde. Diderik koe fan syn planke ôf slein wêze en doe besocht hawwe it swimmende te rêden. En dan Cap Sud. Dat gebou stie rjocht oer it plak, dêr't Diderik meastal hinne gyng. En no dizze wetterstriel. De blauwe fontein. Alle bylden wiene bekend, der bleau neat te freegjen oer. It flues hie de lêste kear swart west. En Diderik mei swarte fluezen oer de eagen. De dea hie taslein.
| |
| |
Diderik wie ferdronken, dat wist er no fêst.
Hy rûn werom en fierke net mear oer de see. Hy seach foardel en folge it skomspoar, dat de weagen oer it strân slikken. Oerstjoer wie er net, hy fielde him eins wûndere kalm. It fertriet krûpte yn him op. Hy fersette him net, hy joech belies. Nei al dizze dagen fan spanning waard er nearne mear op ferge. Einlings krige er rêst.
Foar Cap Sud gyng er yn it sân sitten. Hy naam him foar om neat tsjin de oaren te sizzen. Se soene it ier genôch wiis wurde. Wat der om him hinne foarfoel, hearde er net, seach er net. Syn gedachten wiene by dat freeslike mei Diderik.
Hy siet sa te mimerjen, dat er Ruerd pas murk, doe't dy neist him stie. ‘Neat?’
‘Neat,’ herhelle er foar him út stoarjend.
Ruerd fernijde him, dat syn tocht nei Lunel gjin fertuten dien hie. Marnix wie mei syn beide freonen de moarns al ôfset, wêrhinne wist nimmen. Hy hie syn sylplanke meinaam. De freonen wiene yn it middeisskoft even weromkaam en doe wer fuortgien. Ruerd hie ek noch op it strân oan de oare kant fan de pier neifrege. De helte fan wat er fertelde, ûntkaam Gerl. Tegearre wachten se sûnder noch in wurd te sizzen. Ruerd kaam sa no en dan oerein, om oer it wetter te eagjen. Gerl bleau sitten.
Dêr kaam Karola oanrinnen. It hier hong har yn slierten om de holle, switdripkes glinsteren tusken har noas en boppelippe. Se plofte neist harren del en die mei in hoartige stim ferslach. Har sykjen yn de stêd hie likemin wat opsmiten. Gjin spoar fan Marnix syn auto. Se hie ferskate minsken op de kamping dochs mar ris frege. Gjinien dy't har wat wizer meitsje koe. De measten hiene sels in hiel skoft fuort west.
It loek nei healwei seizen. Se besleaten noch in heal oere op it strân te wachtsjen. Dêrnei soenen se nei de ka- | |
| |
ravan weromgean. Dideriks âlden koene net lang mear weibliuwe. En dy soene it dan witte moatte. It baarnde har sa yn, dat se net langer stilsitte koene. Ek Gerl sjoude om. It momint dat se it ûngelok wiis wurde soene, kaam hieltyd tichter by. Of soe hy se de wierheid sizze moatte?
Ynienen joech Karola in gjalp en wiisde. Troch heech opspattend wetter strûsde in rubberen motorboat op it strân ta. Der sieten fjouwer persoanen yn, dy't swarte pakken oan hiene. Ien swaaide en rôp wat. Neist har stieken sylplanken en mêsten oer de râne fan de boat. De motor sloech ôf. It fjouwertal sprong út de boat, trije loeken him fierder nei de kant, de fjirde fleach op Karola ta. It wie Diderik. De nauslutende kap om syn holle makke him hast ûnwerkenber. Hy sloech de earms om har hinne en trau har tsjin him oan. Se lake en gûlde tagelyk. Mar se wrong har daliks los, seach him donker oan en frege fûl: ‘Wêrom hast net op my wachte?’
‘Ik koe net,’ besocht er har te oertsjûgjen. Syn earms yn it strakke pak beweegden as ynsektepoaten. ‘Marnix kaam om my op te heljen, doe'tsto noch mar krekt fuort wiest. Frânske freonen fan him, dy beide jonges dêrre, hiene in boat en gyngen hjoed de see op om te surfen. In hiel ein út de kust. Sa'n kâns krige ik noait wer. Mar ik moast daliks mei. It duorre langer, as ik ferwachte. Ik haw it noch klear krigen, dat se my hjir ôf setten. Wy binne fan 'e moarn út Le Grau-du-Roi fuortfearn.’
De jonges hiene ûnderwilens syn sylspullen en klean op it strân lein. Diderik stiek in hân omheech en rôp har efternei: ‘Au revoir!’ Se treauwen de boat nei djipper wetter, setten de motor oan, klatteren oan board en swaaiden de see op.
Diderik stie dêr yn syn wiete swarte surfpak, dat as in twadde hûd om syn lichem sleat. In rûn gat liet it gesicht frij. De printen fan de earen wiene oan de sydkanten te sjen. Hy loek de kap nei efteren ta fan syn holle ôf. Syn
| |
| |
hier sprong foar it ljocht. Hy fielde op syn plasse en seach nei de sinne. Doe ritste er it pak fan foaren iepen en strûpte der út. Hy bûgde him en socht tusken de klean, dy't foar syn fuotten leine.
‘Dat is it,’ brocht Gerl ferheard út. Mar hy stie wat ôfsidich en nimmen murk it.
Diderik sette in donkere sinnebril op. ‘Sisa,’ sei er tsjin Karola, ‘jou my no mar op myn donder.’
‘Wêrom hast my net skreaun, datsto sa fier út de kust oan it silen wiest?’ begûn se fol fjoer.
‘Ik woe dy net ûngerêst meitsje.’
‘Dat hast no krekt wol doen,’ joech se him te hâlden. ‘Ik haw oer dy yn noed sitten.’
‘Sorry.’
‘Dêr keapje ik neat foar. Wêrom hast my stikke litten?’
‘Ik hie der myn reden foar.’
‘Watfoar reden?’
‘Sil ik dy letter wol fertelle.’
‘Ik wol it no witte.’
Diderik eage sydlings nei Gerl. ‘Ik woe mysels bewize, dat ik net bang foar de see wie.’
Dêr wiene se stil fan. Se seagen him alle trije oan. ‘Wiesto dan bang?’ frege Karola op 't lêst.
‘Jawis,’ andere er earnstich, ‘ik wie benaud. Wat tochtste, dat it fisioen fan Gerl my net rekke hie? Ik leaude der net oan, mar it makke my ûnwis. Ik wie mysels net mear. Ik koe net mear normaal tinke. As ik wat op see weagje soe en it gefaar baasbliuwe, dan soe ik myn bangens kwytreitsje. Ik moast it gewoan dwaan. Oars soe dat ûnwisse gefoel my altyd ferlamje. Dêrom haw ik mei dy jonges sa fier op see west. No bin ik net bang mear.’
Wer lieten se dy wurden yn har omgean. Wer wie it Karola, dy't de stilte ferbriek. ‘'t Is de lêste kear. My of de sylplanke!’
| |
| |
‘Dat witst sels wol.’ Hy woe har oanhelje, mar se kearde him ôf. ‘Gerl en Ruerd haw we my holpen,’ sei se.
‘Dêr bin ik bliid om,’ knikte er. Hy seach Gerl rjocht yn de eagen. ‘En dat mien ik.’
Gerl stapte op him ta, slokte en frege: ‘Sis earlik, hat it hjoed in kear sa gefaarlik west, datsto tochtst, dit rêd ik net mear?’
Diderik swijde even. ‘Ja,’ andere er doe, ‘dat is wier. Ik krige in klap fan de mêst en foel fersuft yn it wetter. As de oaren my net opdûkt hiene, hie ik hjir net stien.’
Se stoarren him oan, Karola mei de eagen skrikwiid iepen. Hy glimke wat pynlik. ‘Ik libje noch,’ stelde er har gerêst.
‘Dan is myn fisioen útkaam,’ sei Gerl. ‘'t Is gelokkich folle better beteard, as ik foarsjoen hie. Alle bylden binne my no dúdlik en komme mei de wurklikheid oerien. Karola wie dy fan 'e moarn om alve oere kwyt. En fan 'e middei haw ik de blauwe fontein sjoen. Gewoan in lekke buis, dy't spuite. Do kaamst hjir foar Cap Sud oan lân. En do hiest dyn surfpak oan. Dat wie it swarte flues, dat om dy hinne siet. It skuorde iepen, doe'tsto oan de rits loekst. En de donkere glêzen fan dyn sinnebril wiene de fluezen oer dyn eagen. It spyt my, dat ik jim bang meitsje moast, mar ik hie dat freeslike altyd by my. 't Is no allegear foarby. Ik hoopje dat alles wer wurdt, sa't it west hat.’
Diderik joech him spontaan in hân. ‘Dêr kinst op rekkenje!’
Doe krigen Gerl en Ruerd de sylplanke, de mêst en it seil op, om dy tegearre te sjouwen. Diderik hie it drok genôch mei de gyk en Karola.
|
|