| |
| |
| |
XII
De oare moarns bleauwen se by de tinte. Se hiene de foarige middeis Diderik net mear op it strân sjoen. No wachten se op syn kommen. Se holden de tagong yn 'e gaten. It wie in kommen en gean fan auto's mei en sûnder karavan. Se koene fan har eilantsje ôf moai it kantoarke sjen. Miskien soene se wol in heale dei wachtsje moatte.
Se brochten de tiid ta mei jeu de boules. Net dat se sa'n nocht oan dat spul hiene as de Frânsen sels. Dy stiene om 't hurtsje tusken útgean en itenstiid en jûns ek noch mei de ballen te smiten. Dan sochten se in breed paad út en it spul begûn. Einleas koene se der mei trochgean. Nee, sokke leafhawwers wiene Ruerd en Gerl net. Se fûnen it eins in spultsje fan kâlde fuotten. Mar se hiene teminsten wat om hannen. Se spilen mei acht kleurde plestik ballen, by de kampwinkel kocht. Feitlik wie dat materiaal foar bern, it hearde mei echte izeren ballen. Se skammen har net. Izeren ballen wiene fierstente djoer foar in blaumoandei. It spul gyng dochs net mei op de motor.
‘Dêr komme se, leau'k,’ sei Ruerd.
Gerl stie krekt ree, om mei syn lêste werp te besykjen Ruerd syn bal, dy't hast tsjin it lytse baltsje oan lei, fuort te pikken. Hy knikte al troch de knibbels. Hy skeat rjochtoerein en seach. Ja, dat wiene se. De griene Volvo mei de sylplanke op it dak en de karavan der efter swaaide om de bocht en hold foar it kantoarke. Allinnich Diderik syn heit stapte út. De ruten wiene deldraaid. Syn earste oandrang wie om nei har ta te fleanen, krekt as juster. Hy die it net. Nuver, no't er der samar op ta strike
| |
| |
koe, hold er him yn. Net dat er der foar omkrôle, mar de oaren hoegden der neat fan de witten, wêrom't er hjir wie. Hy moast Diderik warskôgje sûnder each te jaan.
‘Toe dan ju, wêr wachtest noch op?’ trune Ruerd oan.
‘Lit se earst mar te plak stean,’ andere er heallûd.
Diderik syn heit kaam út it kantoarke, folge troch de kampingbaas mei syn plattegrûn ûnder de earm. De man stapte op syn fyts, de Volvo ried efter him oan. Se draaiden in paad op, dat de oare kant út gyng. Noch in bocht en se wiene út it sicht.
Gerl moast himsels geweld oandwaan om net achter har oan te gean. Hy besocht him op it spul te konsintrearjen. Hy gyng yn 'e hoksen sitten, hold de rêch fan de hân nei boppen, swaaide de earm justjes bûgd nei foaren, liet de bal op it heechste punt los en rekke Ruerd sines, sadat dy fuort spatte.
‘Deadeling,’ skold Ruerd goedmoedich.
Trije kertier letter sochten se tegearre it stânplak fan Diderik op. Gerl woe dat Ruerd meigyng. Net om him te helpen, mar om de moaiskyn op te hâlden, dat se tafallich hjir ek mei fakânsje wiene. Hy hie it foar him naam, net om'e kant hinne te praten. Hy soe Diderik plan-út sizze, hoe't it der ta lei.
Se kamen by de karavan. Diderik wie dwaande de foartinte oerein te setten. Hy hie in read-wyt-blauwe surfbroek oan, dy't mei in koartsje om de mul fêstknope wie. De smelle boksen rikten hast heal wei de knibbels. Hy wie knap brún en dêrtroch like syn hier noch ljochter as oars. Syn skouders wiene in bytsje ferfelle. Karola lade spullen út de koffer fan de auto. Se hie in jurk mei franje oan, dy't los om har hinne siet en dy't beprinte wie mei fûgel- en sinnemotiven. Se droech in giele holbân, sa't tennissers dy wol hiene. Ek har gesicht skynde út 'en brunens. Mei har donkere hier like se in Yndianefamke. Di- | |
| |
derik noch Karola hiene wat yn 'e gaten.
Diderik syn heit seach har it earst. Hy stapte út de karavan en bleau fernuvere stean. ‘Sjoch ris ta, wa hawwe wy dêr?’ galme syn djippe stim. Syn mûle spjalte yn in brede glimk, syn gouden tosken wiene te sjen. ‘Hoe is 't mooglik.’ Hy rûn op har ta.
Diderik en Karola kamen tasjitten. Se skodden hannen en praten allegear trochinoar. ‘Wat dogge jim hjir?’ frege Diderik, wylst er Gerl strak oanseach.
‘Itselde wat jim dogge,’ andere er. ‘Fakânsje hâlde. Fryslân wie ús ek te wiet.’
‘Wat in treffer,’ sei Karola. ‘Hoe binne jim hjir kaam?’
‘Op de motor fan Ruerd.’
‘Wisten jim dat wy komme soene?’ woe Diderik witte.
‘Nee man. Ik seach jim auto en karavan stean.’
‘Hoe lang binne jim hjir al?’
‘Noch mar ien dei.’
‘Koene jim dan noch plak krije?’ frege Diderik syn heit.
‘Foar fjouwer nachten. Allinnich omdat wy in motorfyts en sa'n lyts tintsje hawwe. Wy steane op in rotplakje by de waskhokken.’
‘Jim meie de hannen ticht knipe, dat jim teminsten noch plak krigen hawwe,’ sei Klamer. ‘It hat der yn hongen, om hjir wat te finen. Ik wie eins wat te let mei reservearjen. Bliid ta, dat ik op dizze kamping noch fjirtjin dagen krije koe. Mar wy wiene hjir fan 'e wike al earder. Doe wie der neat frij.’
‘Wêr komme jim dan no wei?’ Gerl sei it by syn noas lâns.
‘Fan de kamping te Lunel,’ andere Diderik. ‘In lyts kertierke riden.’
Syn mem ferskynde yn de doarsiepening fan de kara- | |
| |
van. In wite sjaal wie as in tulbân om har holle knope. Se hie in tinne ljochtblauwe bloes en in lange wite broek oan. Op hege iepen skuon tripke se neieroan. ‘Dit is dan dochs seldsum,’ song se op har eigen wize. ‘Gerl, do hjir? En wa is dat?’
‘Ruerd van der Hoek. De feint fan myn suster.’
‘Van der Hoek, seiste?’ Har omtinken wie no op Ruerd rjochte. ‘Hat dyn mem dan net tsjinstfaam west by mefrou Hof? Ja, no? De âlde mefrou Hof wie in goekunde fan my. Wat is de wrâld dochs lyts.’
No't omtinken oan Ruerd syn mem jûn waard, koe Gerl Diderik moai even apart nimme. ‘Giest mei nei ús tinte? Ik moat dy wat sjen litte.’
Diderik ferstie dy stille wink. ‘Ik gean even mei Gerl, hear. Kom daliks wer.’
Tegearre gyngen se nei de tinte. Se setten har tsjin inoar oer del, Diderik it tichtste by de iepening. ‘Ik bin dy inkeld efternei reizge, om dy te warskôgjen,’ begûn Gerl. ‘Ast my net leaust, komt it ferkeard.’ Hy wachte om te sjen, wat yndruk syn wurden makken. Diderik liet it him net skine. ‘Ik haw wer in fisioen hân,’ ferfette er. ‘Wol fiif kear. Altyd itselde. It giet om dy. Earst sjoch ik in klok, dy't alve oere wiist. Dan in swimmer yn in flues. It flues skuort en do komst der út. Do sinkst nei de djipte. Ik sjoch ek noch wetterweagen en in wite stienmassa, dat is Cap Sud. Dêrnei spuitet in blauwe fontein. It lêst sjoch ik dy mei in fleus oer de eagen. Dat flues wurdt by elk folgjend fisioen donkerder. As it swart is, bist foar de dea opskreaun.’
Diderik loek syn mûlshoeken del. ‘Do seist it mar.’
‘Ik sis it net allinnich, it is sa!’ spatte er op. ‘Earst wist ik net, wat it allegear betsjutte. Ik haw it frege oan immen, dy't ferstân fan foartekens hat. Dat flues is in roukleed. De lêste kear dat ik it seach, wie it donkergriis. En sadree't de klok stiet, is dyn libben ôfrûn. Cap Sud
| |
| |
haw ik sels útfûn. Dat is in gebou hjir oan it strân. En de fontein is de boarne fan it bestean.’
‘Soa,’ sei Diderik sûnder in spier te ferlûken. ‘Dat wit ik dan wer. Wa hast it frege?’
‘Swarte Tryn.’
‘Dat wiif?’
‘'t Is gjin wiif. Se hat ek sein, dat ik dy warskôgje moast. Do stiest der faai foar.’
‘Hat dat wiif dy dizze ûnsin wiismakke en bisto sa lichtleauwich?’
‘'t Is gjin ûnsin! It komt allegear út. Cap Sud bestiet dochs ek echt? Wêrom seach ik dat gebou yn myn fisioen, as it gjin betsjutting hie?’
‘Silst der ris in advertinsje fan yn de krante sjoen hawwe. Soks wurket ûnbewust nei.’
‘En it stiet krekt hjir. Ik wist ommers net iens, datsto nei La Grande Motte mei fakânsje soest.’
‘Wol wier. Ik haw dy in kaart stjoerd, dêr stie it op.’
‘Dat wie folle letter. Ik krige it fisioen foar it earst, doesto better waardst fan dyn ûngelok mei de brommer. Ik woe dy net daliks wer mei in min berjocht ûngerêst meitsje. En letter wie ik bang, dat wy der spul om krije soene. Ik wist ek noch net presiis, wat ik der fan tinke moast.’
‘Dy wissichheid hat Swarte Tryn dy dus jûn?’ sei Diderik ferachtlik.
‘Ik bin dy fyftjinhûndert kilometer efternei gien, om dy te warskôgjen!’ foel er út.
‘Wêrfoar?’
‘Foar de see, fansels.’
‘Al hiest my oer de hiele wrâld folge, ik leau net oan boppenatuerlike foartekens.’
‘Mar it moat, hearste, it moat!’
‘Sa gek krigest my noait,’ sei Diderik kalm.
‘Myn eardere fisioen is dochs ek útkaam?’
| |
| |
Diderik suchte. ‘Dêr hawwe wy it al lang en breed oer hân. Lit ús oer wat oars prate. Jim hawwe bliksems hurd riden, as jim hjir juster al wiene, neidatsto myn kaart krigen hiest.’
‘Wy wiene al ûnderweis. Tiisdei binne wy fuortgien. Ik haw út Vernoux wei Doutsen belle. Dy hat dyn kaart foarlêzen.’
‘Sjoch, dêr leau ik no oan. Dat kin ik mei myn boereferstân neikomme.’
‘Ach, donderje op!’
Diderik kaam oerein. ‘Giest mei?’
‘Nee, ik bliuw hjir.’
Diderik sette ôf. Gerl bleau yn de tinte sitten. Hy fielde him leech fan binnen. Alle furt wie út him weisakke. It soalde him neat mear, wat der wankte. Hy soe alles gewurde litte. Stil seach er nei de wimeljende skaadbylden fan blêden op it tintedoek. Sa siet er noch, doe't Ruerd de holle troch de iepening stiek.
‘Sille wy no nei de see ta?’ stelde dy út. ‘De hiele moarn op sa'n hite kamping omhingje. 't Is om te smoaren.’
Hy loek oan 'e skouders. ‘Gean do mar.’
‘Wy kinne moksels fange,’ hold Ruerd oan. ‘De lju hjir ite se rau. Dat liket my neat. Mar om se te fangen, dat liket my wol moai ta.’
‘Wat hast der dan oan?’
‘Kinst se ek siede. Dan geane se fansels iepen. In bytsje bûter en in pear drippen sitroen der oerhinne. Dat moat lekker wêze. Lit ús it ek ris prebearje.’
‘Ik haw Diderik net omprate kinnen.’
‘Dat hie 'k al sketten. Dan moat er it dochs sels witte? Do hast dyn bêst dien.’
‘My hy giet syn eigen ûngelok temjitte.’
‘Dat leit oan himsels. Foartekens sizze him neat, do leaust der oan. As him wat oerkomt, treft dy gjin skuld.
| |
| |
Likemin as wannear't der neat mei him barre soe. Dyn fisioen is foar dy de takomst, sa't dy him tadrage sil. Do hast dyn plicht dien mei him te warskôgjen. Hy is gjin lyts bern mear, datst oan 't hantsje hâlde moatst. De gefolgen binne foar syn rekken.’
‘Sa ienfâldich is it net.’
‘Wy hawwe dizze reis net fergees makke. Nimmen sil dy ferwite kinne, datsto dyn freon net holpen hast.’
‘Ik ferwyt mysels, dat ik him net oertsjûgje kin.’
‘'t Is in kwestje fan leauwen, dêr kinst neat oan dwaan.’
Se swijden in hiel set. Doe sei Gerl: ‘Kom, lit ús mar moksels fange.’
Se gyngen nei de see. By de post fan de strânwacht stie oanjûn, dat de temperatuer fan de lucht trijentritich en fan it wetter twaëntweintich graden wie. It wyntsje azeme mar amper in bytsje ferkoeling. Se baaiden oan de mul ta troch it wetter nei de pier. Dêr dûkten se ûnder en klauden moksels fan de boaiem en tusken de stiennen wei. Al gau hiene se in moai soadsje, dat se yn in plestik tas meitôgen. Se gyngen net nei de kamping, mar de stêd yn. Dêr dronken en ieten se wat op in terraske oan de haven.
De middeis dangelen se werom en leine foar munt op it strân by de balustrade. It wie minder drok as de foarige deis. Doe't Gerl it sân fan syn liif fage, seach er Diderik en Karola. Se sjouden de sylplanke tusken har yn, elk oan in ein. De mêst en de gyk hiene se op it skouder. Se kamen de treppen del en leine de spullen oan de râne fan it wetter. Tegearre túgden se de planke op, dêrnei sleepten se dy de see yn. Dêr't it djip genôch wie, klattere Diderik op de planke. Hy loek de mêst omheech. Eefkes flappere it seil. Dêr draaide de kop en de planke skeat foarút. Bliksem, hy hie it ûnder 'e slach! Wat in ferskil mei dy earste kear, doe't se it tegearre op de surfskoalle
| |
| |
learden. En ek letter op de mar hie Gerl it noch noait sa fan him sjoen. Hy moast it hjir grif folle faker dien hawwe.
Karola swom in eintsje werom, joech har oerein en flotske nei de kant. Se rûn rjocht nei it plak ta, dêr't se de planke optúgd hiene. Ynienen makke se in ombocht. Se kaam tichter by en bleau stean. Se seach him. Hy stiek de hân op en sy die itselde. Se kriemde, helle har baddoek en oare dingen, dy't se lizze litten hie. Doe sette se op him ta. Syn hert bûnze. Hy gyng der by sitten. Se hie in swarte bikiny oan, om har hals hinge in griene sinneklep. Har skonken warrelen it sân op. Se stie foar him. Har broekje glânze noch fan wiettens, har hûd wie al hast droech. Se like wat minder swierich as oars. Har gesicht hie strakke trekken. ‘Hallo,’ sei se, ‘witsto wat der mei Diderik is?’
De ûnferwachtens fan dy fraach fersette him even. ‘Hoe soe ik dat witte moatte?’ andere er sa ûnferskillich mooglik.
‘Sûnt jim fan 'e moarn mei-inoar praat hawwe, docht er hiel oars as oars. Hy wol neat loslitte. Inkeld datsto him wat foarlein hast.’
‘'t Is de muoite net wurdich. Teminsten, dat mient er sels. Ik soe net witte, wêrom't it him dan sa heech leit.’ Hy sloech de earms om 'e knibbels. Se seagen inoar in momint rjocht in de eagen. Hy woe dy blik trochstean en fêsthâlde. Se draaide de holle ôf en fierke oer de see. Hy folge de rjochting fan har sjen.
Foar syn reade seil stie Diderik op it flimmerjende wetter. Hy hold de gyk breed fêst, want hy wie grut en hie lange earms. De planke wie troch de skittering net te sjen. Hy krúste linich tusken oare silers en swimmers troch.
Karola gyng op har baddoek neist him sitten. De troch de sinne ferblikke hierkes op har lea stieken ôf tsjin it bru- | |
| |
ne fel. Se sette de sinneklep op. Ut in skoudertaske krige se in boek. Mar se begûn net te lêzen. Se krúste har skonken en loek mei de wiisfinger in streek yn it sân. ‘Hawwe jim rûzje?’ frege se súntsjes.
‘Ik soe net witte wêrom.’ It antwurd klonk him sels hast te bot yn 'e earen.
‘Wat is it dan?’ hold se fol. ‘Jim dogge beide sa nuver.’
Hy wachte even. Doe sei er: ‘Diderik kin ferrekt goed planksile.’
‘O,’ fersuchte se, ‘hy is der stapelgek op. Hy docht hast net oars. Hy hat de surfkoarts. Ik lit him mar gewurde. Nammerste gauwer hat er syn nocht der ôf. Hy moat altyd wat by de ein hawwe.’
‘Kinsto it?’
‘In bytsje.’
Wer fierken se oer de see. Diderik hinge efteroer oan de gyk. Syn planke snie as in mes troch it wetter. In merakel by sa'n bytsje wyn.
Se lei in hân op syn earm. ‘Toe, Gerl, praat der net op om. Wat is der mei jimme? Of no net?’ Se seach oer it skouder nei Ruerd, dy't him de hiele tiid ôfsidich holden hie.’
‘Ruerd wit it ek,’ andere er.
‘Kinst it my dan net sizze?’
Hy suchte, ‘'t Sil wol moatte. Oars tinksto der miskien wat oars út. Mar do meist Diderik syn heit en mem neat fertelle. Hy moat himsels rêde.’
‘Dêr kinst op rekkenje,’ beloofde se earnstich.
Hy fertelde har alles. Fan syn earste fisioen ôf oant wat der no foar Diderik wanke. Hy prate him út, sa't er dat earder wolris tsjin Doutsen dien hie. Se ûnderbriek him net ien kear en bleau him kalm oansjen. Allinnich knypte se har eagen soms even heal ticht, as rekke it har pynlik. Nei syn ferhaal swijde se in lang skoft. Se seach foardel en
| |
| |
fimele oan de bân fan har sinneklep. ‘Diderik moat dit fan dy oannimme,’ sei se einlings, mear oan harsels as oan him.
‘Mar hy docht it net! Ik woe dat ik him alles op in briefke jaan koe. Der bliuwe tekens, dy't my ek net folslein klear binne. Foarút sjen is net altyd foarút witte.’
‘Mar foarút sjen is wol op jins iepenst wêze,’ folle se oan.
‘Ik wit net mear, hoe't ik der mei oan moat.’
‘Ik wol!’ Ynienen waard se libbener, as hie se de gedachten oan ûnheil fan har ôf skodde. Jitris lei se de hân op syn earm. ‘Soargje mar net. Ik sil myn bêst mei Diderik dwaan.’
Se seagen nei de see. Se folgen de banen, dy't it reade seil oer it wetter loek. It wie hast, oft der neat misgean koe, salang't se dat mar yn it fizier holden.
It wyntsje waard straffer. It sân begûn te stowen, de weagen krigen wite koppen. Guon lju krigen har baddoeken en lismatsjes op en ferlieten it strân. De wyn helle noch mear oan, de aardichheid wie der ôf. No rôlen ek de hurdhâlders har matten op. Silers, swimmers en skarrelders kearden it wetter de rêch ta.
Diderik dûkte fan syn planke en loek dy op it droege. Syn eagen sochten Karola. Se sprong oerein en swaaide. Hy seach har en kaam tichter by. In pear stappen fan har ôf bleau er stean. Hy seach har strak oan en die krekt, oft Gerl en Ruerd der net wiene. ‘Helpst even mei ôftûgen?’ frege er koartôf. Se gyng nei him ta. Earst doe't se by him lâns rûn, draaide er him om. Se krige syn hân en tegearre setten se op de sylplanke ta.
Ruerd en Gerl stapten ek op. De wyn twirre tusken de flats en reidmatten troch. Op it tegelplein stiene de beamkes te skodkopjen en oer de dyk nei de kampings warrelen wolken fan stosân. De sinne skynde efter in gruzige wale. Alle kleuren wiene dof. It sân plakte op de hûd
| |
| |
en knistere tusken de tosken.
Se moasten lang wachtsje, foar't se by de doesjes oan bod kamen. Nei't se har opfrist hiene, makken se de moksels skjin. Se searen se en seagen, hoe't de skulpen iepengyngen. Om it echt Frânsk te hâlden, kochten se der in flesse wyn by. De moksels wiene bêst te iten, fan it drinken reau de mûle har byinoar. Se hapten de wrange smaak mei in pear soppige perziken wei. Yn bried- en bakluchtsjes en de smook fan barbecue-fjurkes om har hinne, leine se nei it miel mei de holle bûten de tinte en liezen yn in Nederlânske krante, dy't se kocht hiene. It wie no lang sa benaud net mear.
Ynienen stie Diderik foar har. ‘No moat ik dy wat sizze. Kom mei!’ Syn stim klonk driigjend. Hy kriemde en seach oer it skouder. Gerl kaam oerein. It hert sloech tsjin syn ribbekas. Hy folge Diderik. Neist inoar rûnen se nei de útgong fan de kamping. Se seine beide gjin wurd. Bûten it stek bleau Diderik noch net stean. Se stapten fluch by de kuierjende minsken lâns. Diderik stiek de wei oer en gyng nei it platwalste terrein efter de oléanderhage. In grutte fealreade sinnebol hong oer de stowende sânflakte. Hjir hold er de pas yn.
‘Hast Karola moai oerstjoer makke, hen?’ biet er Gerl ta. ‘Bist ús fakânsje oan it ferpesten. Is dat dyn sin?’
De wurden flimen Gerl troch it moed. Hy waard kâld en hyt tagelyk. Hy hie wat oars sizze wollen, mar hy koe inkeld útbringe: ‘Wêrom?’
Diderik kaam in stap tichter by en stiek de holle foarút. Syn gesicht wie lilk ferlutsen, it stie fol haat. ‘Do bist jaloersk, dêrom!’ sistere er tusken de tosken troch. ‘Wolst Karola fan my ôfpikke. Tochtst dat ik it net fernaam hie? Sjochst har iderkear nei de eagen. Do wolst ús mei dyn rare fisioenen útinoar driuwe. Ferjit it mar. Ik wol dy net mear sjen.’ Hy die in pear stappen efterút.
| |
| |
Foar't er him omdraaide, rôp er: ‘Bist in lyts strúnderich klierke, dat al myn gongen neigiet, dat biste!’ Doe joech er him ôf.
Gerl bûgde him en krige in stien, dy't krekt boppe it sân útstiek. Hy mikte net iens, mar de stien rekke Diderik tusken de skouderblêden. Dy syn holle knikte, hy sloech de hân yn de nekke, seach om. Starich pakte er de stien op. Hy brocht de earm al omheech om te smiten. Stap foar stap kaam er op Gerl ta, hieltyd wat hurder. Gerls sandalen slipten oer it sân, hy koe gjin gong krije. Diderik, op bleate fuotten, sette him nei en helle him yn. Doe't er fuort by wie, smiet er. De stien miste, mar hy sprong op Gerl ta en stompte him foardel oer de grûn. Gerl koe him yn syn fal noch omkeare. Hy skerme syn gesicht ôf. Diderik siet al mei de knibbels op him en sloech, wêr't er him reitsje koe. Syn sykheljen gyng fluitsjend, de blauwe ieren op syn foarholle skynden troch it fel hinne. Doe't Gerl hast gjin tsjinwar mear die, taaste er neist him. Hy hold de stien omheech. Mei in lêste hoart draaide Gerl it gesicht fansiden. De stien skaafde by syn wang lâns. It begûn te prykjen. Hy preau in bloedsmaak. Op syn boarst fielde er gjin gewicht mear.
Doe't er wer azem krige, joech er him foaroer. Hy striek oer it wang. Yn syn hân stiene goare reade fegen. Syn mûle fielde te lyts foar syn tonge. Hy spuide bloed en sân út. Lang bleau er sa sitten, de knibbels omheech, de earms dêr slop oerhinne. De sinne waard wei efter wolkebanken. Op 't lêst kaam er oerein, sloech mei syn skjinste hân de klean wat ôf en rûn starich werom nei de kamping.
|
|