| |
| |
| |
XI
Yn alle Stillens setten se ôf. De mistral waaide noch, mar net sa straf as juster. Nei't de moarnsdize oplutsen wie, waard de loft grilklear. It blau die suver sear oan de eagen. It hie de skyn wol, dat it in waarme dei wurde soe.
Der wie noch hielendal gjin ferkear op de dyk. Se rieden binnentroch oer smelle slingerwegen. Yn earsten gyng it meast by de bergen del troch beboske streken. Hjir-en-dêr stiene mossige muorkes om de draai oan te jaan. Se wiene te leech om immen, dy't út de bocht fleach, op te heinen. Beammen klammen har mei alle woartels oan de steile hellingen fêst, guon hongen mei de teannen oer de râne fan de ôfgrûn. Djip hie in skomjend streamke har paad tusken de rotsen slipe. Nei in bultich brechje moasten se klimme. De wei waard better en breder. Se kamen troch stêden en doarpen, dêr't de stopljochten noch net iens wurken. Mar starichoan hiene se de baan net mear foar har allinnich. Earst wiene it frachtauto's, wat letter persoaneweinen, dêr't se de dyk mei diele moasten.
Wer in klim, se seagen op in kûmfoarmige flakte del. As in grize barst rûn de wei fan râne nei râne tusken griene fjilden troch. Oer de berchkaam waard it lânskip bruner en wylder. De beammen dy't hjir noch groeiden, wiene krûm en meager. As bonkige fingers stieken de hast keale tûken út. It wie hjit. De kimen tilden en yn de fierte dreaune swarte plakken, dy't fertarden, as se richter by kamen.
Ien kear skoften se om even wat te drinken. Se gaspen de helms los en fagen har it swit fan de sliepen. De yntsjes
| |
| |
yn it gers tjirgen har omraak. Noch in flaubyt en se stoden al wer fierder. Se lieten de bergen efter har, de delta fan de Rhône lei foar har iepen. In platte keale streek mei reidkragen by de wetters lâns, dêr't de sinne yn blikkere. Se folgen in dyk fan betonplaten en swaaiden healwei achten de ôfslach nei La Grande Motte op.
Foar har riisde in stêd op út in moderne film. Hege flats, breed fan ûnderen, nei boppen ta smeller, krekt piramiden. Inkeld nije strjitten en gebouwen, as wie alles hjir yn ien klap delset. In plak sûnder skiednis, út de grûn stampt foar fakânsjegongers. Twaris stie by stopljochten in pylk nei rjochts. Dêr leine alle kampings byinoar oan deselde kant fan de dyk. Oan de oare kant, efter in hage fan oléanders, skaafden ronkjende bulldozers in sânich terrein flak. De earste sinne-oanbidders kuieren al op see oan.
Ruerd stjoerde syn Honda in ein om de hoeke in parkearplak op, dêr't de tagongen fan twa kampings wiene. Se stapten ôf en Gerl krige syn gids der by. ‘Wêr sille wy begjinne?’
‘Op 't rychje ôf,’ andere Ruerd. ‘Gean do mar. Ik wachtsje hjir.’
Gerl striek op de poarte fan de earste kamping ta, dêr't in wite muorre om hinne rûn. Efter in rút fan it blauwe hokje neist de yngong hinge in buordsje. -Complet-. De kamping wie dus fol. Mar der hong ek in oar boerd. Dêrop stiene de prizen en de iepeningstiden. De resepsje gyng pas om acht oere iepen. Hy prebearre it by de oare kamping. Ek dêr koe er net earder holpen wurde. Hy gyng werom nei Ruerd.
Op 'e kop ôf acht oere kaam in man út de poarte sjaggeljen. Hy hie inkeld in koarte broek oan, oer syn brún boppeliif leine de witere ôfprinten fan in pear galgen. Mei in kaai iepene er it hokje, klaude wat yn papieren om, skode in rút omheech en sette dêr in plankje ûnder.
| |
| |
Gerl stie al foar syn noas. Hy liet him in kaartsje sjen, dat er de foarige deis makke hie. ‘Is dizze menear hjir?’
De man lies de namme en it adres oandachtich. Hy befochte mei syn tonge de ûnderlippe en frege: ‘Wêrom?’
Sokssawat hie Gerl ferwachte en hy hoegde net lang nei te tinken. ‘Ik haw in belangryk berjocht foar him. Ut Hollân wei.’
De man tromme mei syn fingers in bekend ritme op de richel ûnder it iepen rút. Tik, tikketiktik, tiktik. ‘Ik sil sjen.’ Wûndere fluch hie er út de papierboel neist him in list fiske, dêr't nammen dy't mei in J, in K en in L begûnen op stiene. Yn de kolommen dêrefter wiene datums skreaun. Hy draaide de list sa, dat Gerl it sels lêze koe. Syn holle skodde al. Klamer wie der net by. Gerl betanke, joech Ruerd in teken en gyng nei de twadde kamping ta.
De administraasje dêrfan wie ûnderbrocht yn in kantoar fan brún sinnewarrend glês. Yn de koele skimer sieten twa printsjes fan fammen efter in healrûne baalje. Hy oerlange it moaiste syn kaartsje en herhelle de fraach, dy't er al earder steld hie. Beide fammen bûgden har oer syn skriuwen. Doe begûnen se súntsjes, mar sa red meiinoar te praten, dat er der neat fan neikomme koe. Einlings sloech de iene in klapper iepen, wylst de oare in laad út in kast loek. Nei't se in sêftreade trochslach mei in hurdgriene plattegrûn fergelike hiene, mûskoppen se wer in skoft. By eintsjebeslút krige de faam, oan wa't er it kaartsje jûn hie, in steapeltsje sluven. Nei lang sykjen hie se fûn, wat se socht. De slúf wie leech. Nee, menear Klamer wie hjir net.
‘Trije kear is skippersrjocht,’ sei Ruerd, doe't Gerl him fernijde, dat er wer gjin sukses hân hie.
De tredde kamping lei fierderop oan in gloppe. Dêr moast er wachtsje. Kampearders dy't fuort gyngen rekkenen ôf, dy't oankamen waarden ynskreaun. Guon fre- | |
| |
gen fergees, oft der noch in plakje frij wie, hoewol't ek hjir it buordsje -complet- hinge. De frou, dy't him te reden stie, noaske in register troch. Dêrnei wist se sekuer, dat der net in Klamer op har terrein tahold. Hy wie ferbjustere. It moast! Diderik moast op ien fan dizze trije kampings wêze. Hy wie der folslein ôf. Ruerd seach oan syn gesicht, wat er sizze woe.
‘Nee? No, dan geane wy de oare kampings bylâns. Der binne noch trije. Wy hawwe de helte pas hân.’
‘Ferrek mar,’ foel Gerl ynienen út. Hy kletste mei de flakke hân op de griene gids. ‘Dy oaren steane hjir net yn. Hjirút hat Diderik syn heit in kar dien. Op ien fan dizzen hat er plak besprutsen.’
‘Miskien wiene se al beset. Sjochst sels hoe fol se binne. Miskien hat er doe ien fan de oare kampings oanskreaun.’
‘Miskien, miskien, do altyd mei dyn miskien.’
‘Wy binne hjir, wêr't Diderik ek is. En wy moatte neat neilitte om him te finen. Sa is dat.’
‘Wat moat ik dan dwaan?’ rôp Gerl út.
‘Freegje wêrst kinst!’ boldere Ruerd him ta.
Hy skuorde de kop de by. Hy frege by de kamping, dy't oan deselde gloppe lei. Gjin Diderik. Se rieden werom nei in oare gloppe, dêr't de yngongen wiene fan de kampearterreinen, dy't se noch net befrege hiene. De lêste twa kânzen.
Underweis flitste in nije gedachte troch him hinne. Diderik-en-dy wiene earder út Fryslân wei gien, as earst har doel west hie. Oarspronklik soene se de moandeis ôfsette. Se hiene in wike te Vernoux bliuwe wollen. Oanslutend dêrop hiene se fansels fjirtjin dagen hjir besprutsen. Neffens plan soe har ferbliuw te La Grande Motte dus takom moandei begjinne moatte. Mar dan hiene se pas foar nije wike en de dêrop folgjende hjir plak besprutsen. Hy koe himsels wol foar de kop slaan. Wat in
| |
| |
stommeling hie er west, om dat te ferjitten. Hy moast net allinnich by de kampings freegje, oft der in Klamer wie, mar ek oft der meikoarten in Klamer komme soe. Der wie neat oan te dwaan, hy soe de terreinen, dêr't er al west hie, aanst nochris bylâns moatte. Earst dizzen mar. Want feitliks hie Ruerd gelyk: as de kampings út de gids beset wiene, soe Diderik syn heit it by de oaren besocht hawwe kinne.
Hy stapte de stoepe fan de resepsje op. De doar fan it kantoarke stie iepen. Efter it buro siet in man mei in bril op de noaspunt en lange tûfen wyt hier oan wjerskanten fan syn keale skeinspruterige plasse. Gerl joech him it kaartsje. ‘Is dizze menear hjir, of hat er hjir in plak besprutsen?’
De man treau syn bril wat heger op de noas. Hy socht yn in bak, dêr't alle letters fan it alfabet boppe út stieken. Hy helle in dûbeltearde kaart foar it ljocht, wêr't mei in paperclip in kladsje oan fêst siet. ‘Menear Klamer is hjir hjoed noch net. Hy komt moarn.’
Gerl loek in swiere sike. Hy hie it der dochs ôf rêden. Mar hy woe wis wêze. It Frânsk rûgele him diskear samar út de mûle. ‘Hy komt moarn, net takom moandei?’
‘Moarn,’ andere de man beslist, wylst er de kaart iepentearde. ‘Hy soe earst takom moandei komme. Hy wie hjir tiisdei al. Ik hie gjin plak mear foar him. Net earder as moarn. Sneon. Hy is wer fuortgien.’
‘Wêrhinne?’
‘Gjin idee. Hy sil wol in eintsje fan de see ôf sitte. Oan de kust is alles fol.’
Dus noch in dei geduld dwaan. Dan soe er Diderik te wurd komme. Wat earder wat better. As er mar op 'e tiid kaam. It besef dat er it doel fan syn reis hast berikt hie, makke him minder ôfwachtsjend. Hy prate sûnder om wurden ferlegen te wêzen en doarst wat te freegjen, dat
| |
| |
him oars noait oer de lippen kaam wie. ‘Ik haw in belangryk berjocht foar menear Klamer. Ut Hollân wei. Ik moat it him persoanlik sizze. Soene wy net foar ien nacht op jo kamping stean meie?’
‘Complet is complet.’
Hy liet him net fan 'e wize bringe. Sa frijpostich wie er oars noait.
‘Wy binne mar mei ús twaën, in lyts tintsje en in motor.’
De man glimke, skode syn bril nei ûnderen en seach him dêroerhinne oan. ‘Akkoart. Foar fjouwer nachten dan. Langer net. Begrepen? Jou my de paspoarten mar.’
‘Ik sil se even helje.’
Gerl drafke nei Ruerd om him it nijs te fertellen. Dy makke in beweging mei de hannen fan; haw ik it dy net sein?, mar swijde fierders. Syn gesicht sei genôch.
Gerl brocht de paspoarten. Se waarden ynskreaun. De kampingbaas stapte op in foufytske. Mei in plattegrûn op it stjoer ried er foar har út. Se folgen him op de motor ûnder de bjirke beammen troch. By in stripe fertrape en fertoarre gers bleau er stean. As in eilantsje lei it kampke middenmank de grize gravelpaden. It wasklokaal wie flakby. ‘'t Is gjin moai plakje,’ warskôge de man en hy wachte om te fernimmen, oft se beswieren hiene. Mar se wiene al lang tefreden.
Yn swimbroek setten se de tinte op. Dêrnei namen se in brûs om it swit en de smoargens fan de lea te spielen. Se fersloegen har toarst mei frisdrank. Se bleauwen noch in healoerke loailekker yn it skaad sitten en setten doe de stap der ûnder nei it strân. In lange trewinkel fan krap klaaide minsken trape deselde kant út. Se stieken in bloedhjit tegelplein oer. De jonge beamkes stiene te bleakerjen yn de sinne. Sproeiers wiuwden in waaier fan strielen oer it gers, mar it wetter kaam net oan harren
| |
| |
stammen ta. Se rûnen yn de kloft mei tusken flats en reidmatten troch. De measte gebouwen wiene wyt, in pear hiene kleuren: rustread en sêftpears. Grutte buorden joegen har eksotyske nammen. La Rose des Sables, Les Jardins de la Mer.
Healwei, om de bocht fan it paad, seagen se de see foar har. Fierôf, oan de dizige kimen, hongen seilen fan jachten tusken loft en wetter. Tichter by loeken speedboaten skomspoaren oer de kalme weagen. Wynsurfers, de earms en skonken wiid, stiene as spinnen op har sylplanken. It strân koene se hjirwei noch net sjen. Dêr wie in betonnen balustrade foar, dy't mei treppen delgyng. Yn it midden wappere in flagge op in stiennen bochel mei útsjoch op see: de post fan de strânwacht. Op de balustrade bleauwen se stean en seagen it hear ris oer.
Beminners fan it brune libben yn de sinne leine en sieten ticht byinoar. Tusken har yn skynde it sân. It wie krekt ien kolossale lispuzzel, wêrfan't de stikjes net presiis yninoar pasten. Guon froulju en fammen hiene bleate boarsten, mar dat wiene de moaisten net. Bûnte parasoltsjes joegen in rûntsje skaad, dêr't hollen, dy't net sintsje woene, inoar fûnen. In donkerbrune jongkeardel mei in bakfol snobbersguod foar it liif bleatpoate, syn waar oanpriizjend, troch it gleone sân. It fel fan syn earmtakken en fuotsoallen wie readich. It brede strân rûn starich ôf nei it net folslein heldere wetter. Bern plasken oan de igge. Fierder de see yn, dêr't it ek noch net djip wie, swommen en mâljagen de âlderen. Opblaasbere boatsjes en luchtmatrassen tearden dêrby om. De sinne glinstere op it wiete brûns fan de lea. Oer har gnoarren fleantúchjes, dy't lange smelle spandoeken mei reklameteksten loeken.
Se hiene gjin nocht, om yn it sân te smoaren. Dêrom setten se by it wetter lâns op de pier ta. Se rûnen nei de útein, dêr't in lytse ljochttoer stie. De loft wie oan de hoa- | |
| |
rizon net klear, mar se koene dúdlik de bôgjende kust ûnderskiede. Dêr rjochts fan har, stieken de hege gebouwen fan Carnon-Plage de koppen heech, oan de einder skimere Palavas-les-Flots. Lofts, tichter by, sadat se ek de kleuren seagen, lei Le Grau-du-Roi. Dêrefter koene se noch in ein de dûnrige befierkje, oant dêr't it lân yn de triljende loft fersweefde.
Se gyngen werom en slinteren nei de haven. De lytsere syl- en motorboaten wiggelen oan planken stegers, touwen tinkelen tsjin de stielen mêsten. De gruttere jachten leine fêst oan de kade, oer de stevens tyspele de sinnespegeling fan it wetter. Lângongen noegen út samar oan board te stappen. Hast alle dekken wiene ferlitten. Under in kape pizele in ploech rikelju ringsom in tafel, flessen en glêzen stiene foar har. Tusken it touwurk fan in hingelmatte troch seagen se glimpen fan in jongfaam, dy't yn it neaken lei te sintsjen. Gjinien fan de skippen foer út. Se leine dêr mar te wachtsjen, om de see op te gean. Sokke kapitale boaten en der dan net mei te farren. Skande.
Hen, wat wie dat dêr? Hy seach it dochs wol goed? Ynienen hold er de stap yn. Hy skerme syn eagen mei de hân tsjin de grille sinne ôf. Dêrjinsen. It swit prike, hy knippere. Dat moasten se wêze. Diderik, Karola, syn heit en mem. Yn strânklean. Jawis, dat wiene se.
‘Hela!’ rôp er en hy fleach nei har ta.
It wie noch in hiel ein. Hy moast in krúspunt oerstekke en dan in strjitte del, dêr't oan beide kanten parkearre auto's stiene. Hy stode by in pear banken lâns, stroffele hast oer de útstutsen fuotten fan lju, dy't dêr ûnder de palmbeammen sieten. Hy swaaide mei de earms. ‘Héla!’ Op de stoeprâne moast er wachtsje. In oaniensletten rige auto's skode op it stopljocht ta. Amper stie dy stil, oft hy sprong tusken de bumpers troch. In wein fan de oare kant sûze him in waarme luchtstream yn it gesicht. Doe't
| |
| |
dy foarby wie, seach er Diderik net mear. Wêr wiene se no?
Hy fierke de stoepe bylâns. De parkearre auto's ûntnamen him it sicht. Sûnder om stopljochten te tinken, stiek er wer in strjitte oer. Dêr yn 'e fierte. Se rûnen foar him út. No sloegen se rjochtsôf en ferswynden efter in pylder. Hy stode oer de stoepe nei de hoeke ta. Om de hoeke wiene winkels mei in pyldergong der foar. Fan Diderik-en-dy gjin skym. Soene se yn in winkel wêze? Hy strûze by de glêzen doarren lâns, speurde troch de ruten. Yn de winkels wiene se ek net. Oan de ein fan de gong bleau er stean.
Doe, net iens sa fierôf, seach er Diderik syn mem ynstappen. De oaren sieten al yn de auto. ‘Hela!’ rôp er noch, wyld swaaiend, mar it wie al te let. Hy kaam net mear op 'e tiid sa tichteby, dat se him murken. De auto sette gong, ried efter in pear reklamebuorden lâns en waard wei tusken it oare ferkear.
Mei hingjende skouders stie er út te pûsten. Hy line tsjin in pylder. In wie te ôfprint fan syn rêch kaam op it beton. Hy wreau mei in earm foar syn eagen lâns. Dy plakte en waard goar. Hy gyng nei de hoeke. Dêr koe er oan it krúspunt ta de hiele stoepe ôfsjen. Hy wachte op Ruerd. Dy ferskynde net. Hy pandere werom nei de haven. Dêr stie Ruerd op itselde plak, as wêr't er by him weirûn wie.
‘Dat naaide der in koers út,’ sei Ruerd. ‘Ik koe dy sa gau net byhâlde. Dêrom bin ik hjir mar bleaun. Ik tocht hy komt fansels wol.’
‘Ik haw Diderik sjoen,’ hime Gerl.
Ruerd skuorde grutte eagen op. ‘Dat liichste.’
‘Mei syn heit en mem. En Karola. Ik wie al hast by har. Mar se seagen my net. Se rieden fuort yn 'e auto.’
‘Wat soene se hjir dien hawwe? Boadskipje?’
‘Se hiene strânklean oan.’
| |
| |
‘Dan moatte se hjir net sa fier wei op in kamping stean,’ ûnderstelde Ruerd.
‘Sille wy se hjoed noch opsykje?’
‘Jonge, dat hat gjin sin. Se komme moarn ommers al.’
‘Ja, mar dan kin ik Diderik earder warskôgje.’
‘It liket my better ta, dat wy fan 'e middei wer nei it strân geane. Se kamen hjirhinne foar de see. Dan is de kâns grut, dat dit har fêste plak is, as se swimme en sile wolle.’
Dat moast Gerl tajaan.
Se krosken oer it strân werom nei de kamping. Se hiene noch net iens iten en drinken ynslein. Om healwei ienen gyng de kampwinkel ticht. Bleatfoets, mei de skuon yn de hân, rûnen se by de see lâns. It koele wiete sân fielde noflik oan. Gerl seach nei syn fuotprinten, dy't sadree't er de hakken lichte, fol wetter siperen. Yn it sân wiene lytse ribbels en guilen. Hy koe him foarstelle, dat it de oerflakte fan in lân foar wêzentsjes sa grut as in spjeldeknop wie. Hy, op syn reuzefuotten, fertrape bergen en rivieren.
Mei in skok stie er stil. Hy wie der al foarby en moast in pear stappen werom. Hy stoarre foardel. Yn it sân leine skulpen. Se foarmen in namme, -Cap Sud-. Unbeweeglik stjereage er nei dy twa wurden. Fan fierrens rôp in stim. Immen krige syn pols beet. ‘Kom mei,’ sei Ruerd.
Mar hy skuorde him los en frege oan it jonkje, dat foar syn fuotten mei skulpen figuren yn it sân lei: ‘Wêr is Cap Sud?’
It bern kipe him net begripend oan, kaam oerein en fottele nei in groulivich frommes, dat ûnder in parasol siet. Gerl stapte op har ta en frege op 'en nij: ‘Madame, wêr is Cap Sud?’
Se wiisde nei in flat, skean efter har. ‘Dêre.’
| |
| |
It wie in wyt gebou, flak fan boppen, trepsgewiis ôfrinnend nei de siden, yn de foarm fan in heale moanne. It hie rûne balkons, dy't twa by twa neistinoar foar de apparteminten hongen. De finsters seagen op see út.
Hy rûn der hinne. Earst moast er oer lege dunen, doe by reidmatten lâns. Foar it gebou, oan in ferlitten asfaltdyk, stie in heech boerd. -Cap Sud. Une résidence conçue pour vos vacances-. Hjir stie er foar de ljochte stienmassa, dy't er oant no ta fergees socht hie. Cap Sud, de befêstiging fan syn fisioenen. Hy huvere.
Ruerd kaam neist him en eage ek omheech. ‘Is dit it?’ frege er heas.
‘Ja,’ andere Gerl, ‘hjir sil it oangean.’
|
|