| |
| |
| |
X
De oare moarns waaide de mistral. In koele droege noardwester, dy't de flaggen ûnder in skjinne loft iepentearde. De tinten stiene te wazemjen yn de sinne. Se koene har eagen hast net leauwe, doe't se nochal let wekker waarden. Wat in ferskil mei de foarige deis.
‘Dat liket der op,’ sei Ruerd tefreden. ‘Wy hawwe it wol fertsjinne.’
‘Ik tocht, datsto stjalpreinen sa noflik fûnst,’ pleage Gerl.
‘Alles wat te lang duorret, begjint te ferfelen,’ miende Ruerd.
Se knopen har dampe klean mei toutsjes oan de skearlinen om te droegjen. Knipers hiene se net by har. Gerl brocht wetter oan de soad. Hy fielde him noch healgear en goar fan de mislike nacht.
‘Hasto ek sa'n honger?’ frege Ruerd.
‘Hielendal net,’ andere Gerl.
‘Hasto gjin sin oan iten? No moat it net raarder. Jou my mar in bakt aai, in stik roggebrea, in hompe tsiis en in pear plakken bloedwoarst. Better as dy Frânske liflafkes fan juster.’
‘Ik haw fannacht spuid.’
‘O, sit it sa.’
‘Hasto net mislik west?’
‘Neat fernaam.’
Se sieten oan de kofje te lurkjen en ferkochten wat moaiwaarpraatsjes. Wat har op de tonge brânde, seine se net. Se tochten beide oan itselde, mar gyngen it neamen dêrfan út 'e wei. Op it lêst heakke har petear, se wisten
| |
| |
net, hoe't se der noch fierder op om prate moasten. Elk fan har hope, dat de oar der oer begjinne soe. Einlings, nei in skoft swijen, koe Gerl it net langer foar him hâlde. Hy brocht it hege wurd der út. ‘Wy kinne better werom op hûs oan.’
‘Bist net whs!’ spatte Ruerd op. ‘No't wy al safier kommen binne?’
‘Wat wolsto dan dwaan?’
Ruerd skeat mei tomme en wiisfinger in mich fan syn earm. ‘Diderik sykje. Wêr soe dy fint úthingje?’
‘Hy sil hjirwei wol nei it suden gien wêze, mar sels dêr bin ik net wis fan.’
‘Hat er syn sylplanke meinaam?’
‘Dat is fêst.’
‘Dan sit er no al lang en breed op in kamping oan de Middellânske See.’
‘Dat hie ik foar my sels ek al betocht. In kamping oan de Middellânske See. Earne tusken Italië en Spanje. Sykje dat mar ris út.’
‘Syn heit hat dêr plak besprutsen, hasto my ferteld.’
‘Dat sei Diderik. In kamping flakby it strân. Foar fjirtjin dagen.’
‘Dan soe it my gjin nij dwaan, dat se hjirwei daliks op dy kamping ta set binne.’
‘Mar ik wit net, wêr't dat is. Gjin namme, neat.’
‘Hat Diderik noch wat oars sein, wêr't miskien in oanwizing yn sit? Watfoar in soart fan plak it is, in lyts doarpke, in grutte stêd, de omkriten, de ôfstân.’
‘Neat!’ Gerl skodholle heftich. Hy biet op 'e lippen en draaide it gesicht de oare kant út.
‘Watsto sjoen hast,’ Ruerd wachte even, ‘dy tekens, kamen dêrby gjin nammen foar?’
‘Bedoelst it fisioen?’
‘Ja, krekt.’
‘Allinne Cap Sud.’
| |
| |
‘Wêr leit dat?’
‘Wit ik net. It stiet net op de kaart fan Frankryk.’
‘Wat is it?’
‘Wit ik ek net. Miskien net iens in echte kaap yn see of in plaknamme.’
‘Is it gjin namme fan in kamping?’
‘Nee. Ik haw it withoe faak neigien.’
‘Noch mear tekens, wêrfansto seiste, dy soene wol op in bepaald plak wize kinne?’
‘Gjinien. It binne allegear symboalen. De blauwe fontein ek.’
‘Hoe seach dy der út, wêr stie dy? Op in plein, yn in park, foar in gebou?’
‘Ik koe inkeld mar de wetterstrielen sjen.’
Ruerd suchte en seach oerside. ‘Myn motor is krekt in strontkarre,’ begûn er ynienen.
‘Wy moatte iten ynslaan,’ oppere Gerl. ‘Sil ik nei it doarp, dan kinsto ûnderwilens dyn motor skjinmeitsje en de tinte útmjuksje.’ Hy hie der ferlet fan, even mei himsels te wêzen.
‘Goed, gean do mar. Ik moat ek noch burdskrabje.’
Se kamen oerein. Gerl stiek geandefoet nei buorren ta. Hy moast syn teloarstelling noch ferwurkje. By eardere tsjinslaggen hie er noait alle moedfearren hingje litten. Iderkear as er it oerjaan soe, wie de stim fan Swarte Tryn yn him wekker wurden. ‘Do moatst dwaan, wat dyn gewisse dy seit.’ Dat hie him oantrune. Mar no wie der gjin kriich mear yn him. Justerjûn hie er noch op in wûnder hope. Dat er wat yndachtich wurde soe, in ynfal, dy't him op it spoar fan Diderik brocht. It wûnder wie útbleaun. Hy fielde him machteleas. Diderik stie faai. It wie koart dei en hy koe him net mear helpe.
Hy gyng troch in leane mei oan wjerskanten platanen. De bast hie ljochte skulfers en sinneplakken dûnsen oer de stammen. Wat him de foarige jûns yn skimer en rein
| |
| |
net opfallen wie, seach er no. Brike huzen en winkeltsjes, ûngelikense smelle stoepen, barsterige giele en wite muorren. De haadstrjitte rûn fan it pleintsje mei in stânbyld yn 'e midden nei in pleintsje foar in grutte tsjerke. It wie merkdei.
Boeren mei platte petsjes op skarrelen tusken de keapwaar om. Se hiene slûke skouders en trochploege gesichten. Har eagen leine djip yn in netwurk fan rimpels. Fersketten blauwe jaskes hongen har slop om 'e lea en ûnder de mouwen stieken krûme klauwige fingers út. Guon wiene mishipt, se hiene in hege rêch of in knollefoet. Ek it grutste part fan de froulju wie lyts en skronfelich, yn donkere effen klean, mei in holledoekje om en klompskuon oan. Hy seach tusken dy âlde minsken hast gjin jongfolk.
Hy kocht iterij by in winkel, dy't fan alles hie, útsein bôle. Dêrfoar moast er nei in bakker oan de oare kant fan de strjitte. Mei in pear jûkels fan stokbôlen ûnder de earm rûn er werom. Op de stoepe stie in rakje fol kranten, tydskriften en autokaarten. Yn it foarbygean seach er, dat der ien fan de streek tusken Nice en Perpignan by wie. De hiele Frânske Middellânske Seekust stie der op, folle wiidweidiger as op syn eigen. Hy kocht de kaart en sette de stap der yn. Op de hoeke fan in stil strjitsje gyng er tsjin in muorre sitten en tearde de kaart oer 'e knibbels iepen. Hy socht foar de safolleste kear Cap Sud. Foar de safolleste kear fûn er dy net.
Hy trieneage omheech nei de sinne. Op de hoeke foar him oer stie in peal mei boppe-oan in pylk. -Bureau de Poste- lies er. Hy stoarre nei dy wurden. It wie in wyld plan, mar hy hie neat te ferliezen. Hy soe in lêste skot weagje. De telefoannûmers stiene yn de griene gids, dy't er by him hie. Watfoar kampearterreinen soe er dan opbelje moatte? Diderik syn heit hold fan rêst. Dy wie meast op in lytse ienfâldige kamping te finen. Mar in grutte kamping hie in hiel soad steanplakken, dus dat
| |
| |
makke oan de oare kant wer mear kâns. Wa't in strânfakânsje naam, soe yn it heechseizoen wol nearne rêst fine. It bêste wie, in grutte kamping te beljen.
Hy socht ien út fan acht hektare, direkt oan see, mei twatûzen achthûndert ienennjoggentich steanplakken. Dêrnei sette er op it postkantoar ta. It wie in nij gebou. Hy heistere syn pûden en stokbôlen troch de glêzen flapdoar en frege, oft er opbelje koe. De man oan it loket wiisde him in telefoanhokje. Hy gyng der yn, syn boadskippen meitôgjend.
De ynstruksjes foar it telefonearjen stiene op in papier printe. Neffens wat er dêrút ôfnimme koe, wie it net oars as thús. Syn fingers trillen, doe't er de sifers draaide en de hoarn skodde foar syn mûle. No kaam it der op oan! Hy moast Frânsk prate, sûnder dêrby mei hannen en fuotten útlizze te kinnen, wat er bedoelde.
Nei't de telefoan seis kear rinkele hie, waard opnommen. In mannestim makke de namme fan de kamping en it plak bekend. Dat wie yn oarder. Hy sei de rigels op, dy't er yn 't foar út de plasse leard hie. ‘Hjir is Gerl Masters. Ik bin Nederlanner. Ik sykje myn freon. Is hy op jo kamping? Syn heit hat in karavan. De namme is Klamer.’
Hy wachte. De stilte sûze yn syn earen. ‘Hoe?’
‘Klamer. Menear Klamer.’
‘Sis dat nochris, asjebleaft.’
‘Menear Klamer. In Nederlanner. Klamer.’
‘Herhelje dy namme.’
‘Klamer.’ Hy sei it oerlangsum, yn wurdlidden.
‘Ik begryp it net.’
It swit briek him út. ‘Klamer!’
‘Watblyf?’
Hy begûn te spellen. ‘De k fan Karel, de.....’
‘Wa?’
‘Karel.’
| |
| |
‘Karel of Klamer?’
‘Karel!’
‘Dus jo sykje in Karel?’
‘Nee, Klamer!’
‘Wa is Karel dan?’
Och bliksem, Karel wie ommers gjin Frânske namme. In Frânsk wurd mei in k oan 't begjin, toe no. Hy knypte de eagen ticht en parse de lippen gear. Syn harsens bleaune swart en leech. Hy koe him neat te binnen bringe. Senuweftich stie er te hakkeljen.
‘Ik ferstean jo net,’ kreake it yn syn ear.
It fleach him oan, hy gappe nei de siken. Hy wie der folslein ôf. Hy koe gjin wurd mei in k betinke. Sels alle oare wurden wiene him trochgien.
‘Fierder, asjebleaft,’ klonk it ûngeduldich.
‘Klamer,’ brocht er noch út. Der wie gjin Frânsk wurd, dat mei in k begûn. Hy koe net mear prate. Syn kiel knypte ticht. Mei beide hannen frommele er de hoarn op de heak. Troch in waas rûn er it telefoanhokje út. In frou, dy't ek opbelje woe, sette syn boadskippen neist him del. Doe't er foar it petear betelle, skeat him samar in wurd yn 't sin, dat er brûke kinnen hie. Kilo, gewoan kilo. Dat er dêr net oan tocht hie. Mar it joech dochs neat mear. Oer de telefoan soe er noait neisiik dwaan kinne. Hy moast him der by deljaan, dat er Diderik net op 'e tiid warskôgje koe. Dat die sear.
Hy fielde him ynienen tige ûnwennich. Hy hie ferlangst nei hûs, nei in fertroude stim. Immen dy't him treaste en tsjin wa't er him útprate koe. Foar de twadde kear stapte er yn it telefoanhokje. No lies er, hoe't it beljen mei oare lannen yn syn wurken gyng. Hy snapte it sa heal en heal. Ut syn beurs krige er in papierke mei telefoannûmers. Hy draaide in ien en in njoggen. Doe't er in hege toan hearde, draaide er in trije en in ien. Direkt dêrnei it kengetal en it nûmer fan de saak, dêr't Doutsen
| |
| |
wurke. In fanke mei in kraaistim naam op.
‘Holst en Dekkers. Goemiddei.’
‘Goemiddei. Mei Gerl Masters yn Frankryk. Kin ik myn suster even oan de telefoan krije?’
‘Hat se ek in namme?’ frege it fanke eigenwiis.
‘Doutsen. Doutsen Masters,’ treau er har de wurden ta.
‘Ja, ik hear it wol. Hoechst my net yn 't ear te flybjen. Ik sil dy even trochferbine.’ Sa'n skytfenyn.
Nei in klik en in stilte in folle aardiger stim. ‘Rikky Bergstra.’
‘Mei Gerl Masters. Ik soe graach even mei myn suster Doutsen prate.’
‘Doutsen? Och hea, dy is krekt fuort.’
‘Wêrhinne?’
‘Nei it postkantoar. It kin wol in heal oerke duorje.’
‘Ik belje út Frankryk wei.’
‘Dat treft min. Kin se dy aanst net werom belje?’
‘Mar ik sit yn Frankryk.’
‘No, wat jout dat? Tochtst dat wy hjirwei net nei it bûtenlan telefonearren?’
‘Ja, mar ik sit sels ek yn in postkantoar. Ik bin hjir op fakânsje.’
‘Dat feroaret de saak. Kin ik har net in bytsje fertelle hoe en wat?’
‘Nee, dat hoecht net. Of, wachtsje ris, sis har, dat ik har jûn thús opbelje sil.’
‘Hoe let?’
‘Acht oere.’
‘Komt yn 'e bus.’
‘Groetnis oan Doutsen.’
‘Sil ik dwaan.’
‘O ja, noch wat. Se moat soargje, dat mem en heit der net op 'e noas by stean.’
‘Soks is Doutsen wol tafertroud.’
| |
| |
‘Net ferjitte, hear. Ik moat mei har allinnich prate.’
‘Ik sil it sizze.’
‘Moai sa. No, goeie dan.’
‘It bêste. En do fierder in noflike fakânsje yn Frankryk.’
‘Merci.’
Hy lei de hoarn op de heak, stapte it hokje út, betelle en pandere mei de boadskippen nei de kamping. No hie er de tiid oan himsels. Der wie neat mear, dat him dreau. Alles soe syn berin krije, hy koe it net tsjinkeare. Mar it skuldgefoel yn him, dat bleau. Underweis be tocht er, dat it postkantoar om acht oere net mear iepen wie. Wat stom. Miskien mocht er de telefoan fan de kamping brûke. Doe't er by it hûs kaam, frege er it mei-iens. De Frânske Friezinne mei de brune eagen sei, dat it goed wie.
Ruerd siet foar de tinte. Hy seach in bytsje beteutere en der stiene fjouwer bakjes fol ierdbeien om him hinne. ‘Wat bist lang weibleaun,’ fersuchte er.
‘Ik moast in protte keapje en it wie drok. Merkdei. Bisto hjir ûndertusken in winkeltsje begûn?’
‘Ei no,’ prottele Ruerd, ‘der stie niiskrekt in auto oan de kant fan de dyk. De man dy't der yn siet, rôp en wonk my. Ik der hinne. Ik koe fansels neat fan syn kletserij ferstean. Mar hy hie ierdbeien by him. It iennichste wat ik snapte wie, dat dy tsien frank it bakjefol kosten. Fiif gûne fûn ik net djoer foar sa'n heap. Dus ik betelle. Doe joech er my dizze fjouwer bakjes tagelyk en ried fuort, sûnder dat ik noch wat sizze koe.’
‘Dat hie ek neat holpen,’ glimke Gerl. ‘Hy hat dy dochs net belazere?’
‘Hielendal net. Mar ik hie al sa leaf ien bakje foar twa en in heale frank hân.’
‘It binne oars pracht-ierdbeien.’
‘Genôch foar in hiel weeshús,’ grommele Ruerd.
| |
| |
‘Wat wie dat foar in keardel?’
‘No't ik it fan dy merk wit, in keapman wol 'k leauwe. It lêste stealtsje woe er kwyt, moatst tinke.’
‘Wy bine dy bakjes op de motor fêst. Lekker hapke foar ûnderweis,’ spotte Gerl.
‘Ferhip do!’ Ruerd wie noch lilk op himsels, dat er it forkeard begrepen hie.
Se sminkelen oant se gjin ierdbei mear sjen koene. Gerl wie al gau takocht, mar Ruerd makke fan alles en noch wat soldaat. Dy hie in mage as in betonmole.
Nei iten, doe't se yn it gers leine te bekommen, sei Ruerd: ‘Der is noch ien ding, dat wy dwaan kinne om Diderik te finen.’
‘Wat dan?’
‘Nei de kust ta gean en alle kampings bylâns ride.’
‘Gjin begjinnensein oan. Sa'n seis-sânhûndert kilometer tusken Italië en Spanje ôfstrune, dêr't it stjonkt fan de kampings. Dan komme wy fierstente let.’
‘Wat wolsto dan?’
‘Werom nei hûs.’
‘Wannear?’
‘Moarnier.’
‘Kom no. 't Is hjir sa moai. Lit ús teminsten in pear dagen bliuwe.’
‘Wat moatte wy hjir dwaan?’
‘Wa wit krije wy in better idee.’
‘Dat leausto sels net iens.’
‘'t Is hjoed tongersdei. As wy no moandei hjirwei geane, binne wy woansdei wer thús en hawwe wy in goeie wike fuort west.’
‘Tinkst dat ik my hjir noflik deljaan kin, as ik wit, dat Diderik wat oerkomme sil?’
‘Mar kinst dat thús dan wol?’
‘It hat gjin sin mear,’ prevele Gerl. ‘Alles is fergees.’
| |
| |
Nei't se noch in skoft yn in ferfelende stimming omhingele hiene, gyngen se nei it swimbad, dat tsjin de kamping oer lei. It dak wie iepenskood. De sinne dreau op de blauwe wetterspegel, dy't briek ûnder har sprongen. Doe't se har bekomst fan it dûken en swimmen hiene, setten se har yn de lijte op it gersfjild del. Gerl gappe omraak. De lea befoelen him.
De jûns tsjin achten stapten se tegearre nei it hûs om op te beljen. De telefoan hie mar ien kear rinkele, foar't er opnommen waard.
‘Doutsen Masters.’
‘Mei Gerl. Ik hie dy op 'e saak al belle, mar do wiest der net. Hat Rikky it sein?’
‘Jawis. Hoe is 't mei jim?’
‘Goed. Mei dy ek? Binne mem en heit der by?’
‘Dy moast ik dochs fuortkonfoaie?’
‘It giet oer Diderik.’
‘Dat hie 'k al sketten. Hawwe jim him fûn?’
‘Nee. 't Is neat wurden. Hy hat hjir wol west, mar doe't wy kamen, wie er al fuort. Wy witte yn de fierste fierte net, wêr't er no sit.’
‘Wêr binne jim dan?’
‘Vernoux-en-Vivarais.’
‘Dêrwei hat er dy in kaart skreaun.’
‘Hen?’
‘Fan 'e middei is in kaart fan him kaam. Ut Vernoux-en-Vivarais. It wie dêr min waar. It dat noch sa?’
‘No net mear. Wat stiet op dy kaart?’
‘Ik haw him hjir by my. Ik sil him dy foarlêze. -Hoi, Gerl. Om it waar binne wy earder nei it suden gien. Wês bliid datsto heech en droech yn it noarden sitst. It spielt hjir noch hurder as yn Fryslân. As dit sa oanhâldt, geane wy moarn al nei ús kamping te La Grande Motte. By need ride wy troch nei Spanje. Ik haw myn sylplanke meinaam foar de see, net foar it reinwetter. Oant sjen.
| |
| |
Groetnis, Diderik.-
Gerl koe him hast net bedimje, oant se útlêzen wie. Yn ien klap foel de mismoedigens fan him ôf. Hy seach wer ljocht yn de takomst.
‘Wer is Diderik hjirwei hinne gien?’
‘La Grande Motte.’
‘Lês my dy kaart nochris foar.’
Se die it.
‘Stiet der ek in datum by?’
‘Nee, mar wachtsje, ik kin it op it poststimpel sjen. Sân july is er ferstjoerd. Dat wie moandei.’
‘Doutsen, do bist in skat. Wy geane nei La Grande Motte!’
‘Dat rymt ek noch,’ murk se nochteren op. ‘Wêr is Ruerd?’
‘Hy stiet neist my. Hjir is er.’
Hy oerlange Ruerd de telefoanhoarn en wachte oant dy syn sechje sein hie. Wêr't it allegear oer gyng, hearde er net iens. Dêr koe er syn gedachten net by hâlde. Hy stie te popeljen om La Grande Motte op te sykjen. Dy wurden bûnzen him yn 'e holle. Einlings joech Ruerd de hoarn wer oan him. ‘Wolst noch wat sizze?’
‘No fine wy Diderik wol!’ rôp er har ta. ‘It bêste, hear. Ek oan mem en heit.’
‘Goereis fierder. Mar, Gerl, mear as dyn bêst kinsto net dwaan.’
‘Dat wit ik.’ Starich lei er de hoarn op de heak.
Werom by de tinte pakte er daliks de kaart en it griene boekje. Al gau fûn er La Grande Motte. It lei oan de kust, by Montpellier om. Neffens de gids wiene dêr trije kampings. It soe gjin toer wurde en fyn út wêr't Diderik tahold. Hy gloeide fan blidens. Se gyngen nei hoefier it wie.
‘O,’ sei Ruerd, ‘goed twahûndert kilometer. In hoannestap.’
| |
| |
‘Mar ik wol sa betiid mooglik hjirwei,’ joech Gerl him te ferstean.
‘My bêst. Hoe let meie wy fan de kamping ôf?’
‘Sân oere, leau'k. Mar dan wol ik echt op de motor sitte. Ik sil it even freegje, dan kin ik mei-iens ôfrekkenje.’
Hy krige it klear, dat se de oare moarns al om fiif oere ôfreizgje mochten. As se it mar stil diene. De slachbeam wie dan noch net omheech, mar se koene de motor, sûnder him te starten, earst oer it túnpaadsje nei de dyk ta ride. Foar't se plat gyngen, pakten se alles wat se net mear nedich hiene alfêst yn.
‘Sjochst wol,’ sei Ruerd. ‘It kin noait sa slim, of der is altyd útkomst. Noch gjin oere lyn sietsto yn 'e pypsek en wiest der mei oan.’
‘Mar do ek,’ snibbe Gerl werom.
|
|