werom. ‘Moai,’ brocht er oer de lippen.
Se lei it yn har tas en makke dy omstannich ticht. Lang fimele se wer oan de gasp om. ‘Gerl,’ kaam se doe, ‘ik mei dy graach lije, mar dat is net genôch. Mei Diderik wie it oars.’
Se neamde Diderik by de namme. Oant no ta hie se hieltyd hy sein. Dat wie it earste, wat him trof, mear noch as har oare wurden. Hy knikte. Troch in mist eage er nei it ferkear, dat gong sette, no't it ljocht op grien sprong. ‘Dêr komt dyn bus, leau'k,’ sei er heas.
Hy gyng stean, se kaam ek oerein, hy brocht har nei de halte. Foar't se ynstapte, seach se him rjocht yn de eagen en joech him in stevige hân. ‘Oant sjen.’
‘Oant sjen,’ sei er.
De doar makke in sûgjend gelûd en suchte ticht. De bus ried fuort. Hy pakte syn fyts by de peal wei.
Underweis begûn it te reinen. It slingere daliks flink oan. Dêr hie er no krekt om frege. Grimmitich trape er it glimmende asfalt ûnder him troch. In auto efter him toetere heftich. Hy stjoerde net mear nei de berm ta, dat kring hie romte genôch. De wein skeat him bearend foarby. Wat in poeha, it wie mar in âld ein. Dêr bleau de auto ek noch stean. Och heden, wer sa'n opskepper, dy't him even tjirgje moast.
In portier swaaide iepen en Ruerd stapte út. Oan de oare kant kaam Doutsen bûtendoarren. ‘Snelferkear hat foarrang, jonkje,’ lake Ruerd. ‘Wat seist fan myn nije wein? Ynruile tsjin myn motor.’
‘O, is 't in nijenien?’ frege Gerl.
‘Foar my al,’ andere Ruerd.
‘Ik fûn dyn âld motor folle nijer.’
Ruerd glimke. ‘Wolst meiride?’
‘En myn fyts dan?’
‘Soal him yn de ûnderwâl.’
‘Dan meisto him ophelje.’