| |
| |
| |
Frankryk
| |
| |
VIII
Se rieden oer de Autoroute du Nord. By Breda hiene se Nederlân ferlitten, by Koartryk wiene se de grins fan België mei Frankryk oergien. No sieten se yn de omkriten fan Lille. Se soene de grutte tolwegen nimme, dêrop koene se de measte avensaasje meitsje. It wie har doel dy deis in ein besuden Parys te kommen. Dan hiene se in bêste haal dien en soene se moarn de Noard-Ardèche heije. De loft wie tinner wurden, it reinde net mear.
Fan rûnom wei stringelen hjir brede betonlinten mei wide bochten yninoar. Oan wjerskanten leine skiere terreinen, deadsk en ferlitten, allegear ôffrede mei heech rasterwurk. De fabrykspipen blaasden tinne ljochte slierten as feale wimpels yn de egale loft. Ek de bline muorren fan de fjouwerkante gebouwen wiene griis. Inkeld de auto's joegen noch wat libben en kleur oan dizze ientoanige blokkedoaze-streek. Smoardrok wie it net op 'e dyk. Ruerd hold de rjochter rydbaan oan. It measte ferkear jachte har foarby. Frachtweinen of auto's dêr't bungalows fan karavans efter slingeren, koene sy wol passeare.
Krekt foarby de ôfslach nei Arras stjoerde Ruerd in parkearplak op. It wie tiid om wer even te rêsten. Der stiene mear lju, dy't skoft holden. In pear lytse bern rûgelen út in Ford en begûnen daliks te kreauwen. In patryshûn sprong útlitten by syn baas op en hapte him hast in stik út de mouwe. Twa froulju sieten tsjin inoar oer te rabbeljen en fergeaten yn harren broadsjes te biten.
Gerl stapte ôf. Ruerd sette syn motor op de stander. Se gyngen der by sitten, leine de helms neist har. Se namen in flaubyt en dronken swarte kofje út de termosflesse.
| |
| |
‘Wy kinne wol by Auxerre oernachtsje,’ wiisde Gerl op de kaart oan, dy't er oer syn knibbels útspraat hie. ‘It leit net fier fan de autowei ôf. Dêr is in grutte kamping mei waarme doesjes en in kampwinkel. Dan kinne wy iten foar moarn ynslaan.’
‘Hoe witst dat allegearre?’
‘It stiet yn dizze gidsen. Dit griene boekje hat Diderik ek.’
‘Asto foar de húshalding soargest, bin ik dyn sjauffeur.’
‘Lit ús no fierder gean. Tichtby Parys skoftsje wy noch ien kear. Dêr sil ik dy presiis sizze, hoest ride moatst.’
‘Hoe fier is dat noch?’
‘Hûndert santich sawat.’
‘Moatte wy beslist troch Parys? Kinne wy dêr net omhinne?’
‘Ik bin bang, dat ús dat in soad feriet jaan sil. Alle grutte wegen geane nei Parys.’
Ruerd sprong op en wreau yn 'e hannen. ‘Dan mar gau sjen, dat wy dy rotstêd foarbykomme.’ Hy seach omheech. ‘Wat tinkste, soe it droech bliuwe?’
Hy strûpte syn reinbroek út. Gerl die itselde mei syn nylon oerstrûper. De klean waarden mei riemen op it bagaazjerak fan de motor gaspe. Dêrop hiene se ek al de tinte, de luchtbêden en de sliepsekken fêstbûn. It wie in bult fan je heisa. Elk gyng op syn plak sitten en de motor skeat ronkjend op nei Parys ta.
In pear kilometer fierder kamen se by de tol. De wei waard hiel breed en rûn nei in rjochthoekige poarte. Dy hie gâns trochgongen, mar mear as de helte wie sletten. Dêr't nûmers boppe brânden, stiene rigen auto's foar te wachtsjen. Iderkear skoden de weinen in eintsje op. It duorre net lang, foar't se oan bar wiene. In man yn in hokje joech in kaart, dy't Ruerd by him stiek. It reade
| |
| |
ljocht floepte op grien, se mochten trochride. De wei waard smeller, se moasten ynfoegje en kamen wer in hiel ein hinne.
Doe't se oer in rivier, de Oise, wiene, begûn de masine te hobbeljen en hy spoarde ek net goed mear. Ruerd wykte út nei de flechtstripe en remme ôf.
‘Wat is der oan?’ rôp Gerl.
‘Kop ticht!’ raasde Ruerd werom. Hy sette de motor stil. Se sprongen fan it seal. Nitelich seach Ruerd nei it efterste tsjil, joech in skop tsjin de bân en knibbele neist de masjine. No hie Gerl it ek yn 'e smizen. In lekke bân.
Ruerd suchte. ‘Ferdomme, ik haw him thús sa goed neisjoen. Dit is in hiele operaasje. Gelokkich dat it gjin klapbân wie.’
‘Kinst him net meitsje?’
‘Hy moat nei in garaazje.’
‘Wy kinne de alarmtsjinst opbelje. Der steane praatpeallen by de wei lâns. Aanst sil der wol wer ien komme. Dan freegje wy om sa'n monteur yn in bestelweintsje.’
Ruerd skodholle. ‘Dy hat it spul foar in motor net by him. Gjin bannen.’
‘Hy kin ús en de motor nei in garaazje bringe.’
‘Ik seach niis in boerd foar in ôfslach. Wêr soe dy wêze?’
‘Dêr sjochst him al.’
‘En wêr giet dat hinne?’
‘Nei Senlis.’
‘Leit dat oan dizze dyk?’
Gerl seach op de kaart. ‘Net hielendal. Mar it is net fierder as twa kilometer, op syn heechst.’
‘Is it in gat?’
‘Nee, in flink plak.’
‘Moai sa, dan rinne wy dat eintsje. Dêr sil fêst in garaazje wêze.’
‘Wol mear as ien.’
| |
| |
Ruerd begûn de motor te triuwen. Gerl holp mei. De pûden oan wjerskânten fan de bân waarden hieltyd grutter en it triuwen gyng hieltyd swierder. It ferkear skeat by har lâns. Guon lju seagen ris efterom nei har skreppen, mar de measten wiene besteld mei eigen noeden en soargen. It rubber plopte as in flarde om de felch.
‘Wat soe ik no graach in auto mei in lekke bân hawwe wolle,’ pûste Ruerd. ‘Soks koe ik sels ferhelpe. Hjir is gjin begjinnensein oan. Dat is de pest mei motors.’
Se gongen fan de autowei ôf en skoden de ôfslach nei Senlis op. De man by de trochgong seach wol raar op, doe't se dêr sa oanskoffeljen kamen. Mar se moasten likegoed tol betelje. Hy krige har kaart en it bedrach ferskynde yn ferljochte sifers op de sydkant fan syn hokje. Gerl joech it jild oer en frege mei-iens nei in garaazje. De man betsjutte, hoe't se rinne moasten. It wie tichteby. Yn de bûtenwiken fan de stêd krigen se noch mear bekyk, in pear jonkjes rûnen mei har op. Se wiene bliid, doe't se foar de garaazje stiene.
De sjef sei, dat er aanst wol in monteur frij hie, dy't har helpe koe. Se moasten even geduld dwaan. It even waard in lange sit. Dy monteur duorre in hûnelibben. Einlings kaam er op 'e lappen. In kwyk keardeltsje mei lakerige eachjes en in eigenwiis snorke. Hy moast earst de stêd noch yn, want de garaazje hie fansels gjin motorbannen yn foarrie. Nei in twadde ivichheid kaam er werom, parmantich mei in nije bân. Hy fikste it karwei, wylst er oan ien tried troch tusken de tosken fluite. Gerl waard der suver mâl fan. Hy seach mei in heal each ta en krige hast pine yn 'e holle fan al dy ûnderdielen. Ruerd stie der op 'e noas by en liet him neat ûntgean.
It loek nei slutingstiid, doe't de monteur de put der út hie. De reparaasjekosten sloegen der fiks yn, mar om de sinten bekroaden se har no net. Se hiene mear as fjouwer oeren ferlern, dat wie it slimste. Ruerd trape de motor
| |
| |
oan. De Honda gnoarre tefreden, as hie der neat te rêden west. Wylst er de masine oan 'e praat hold, frege er: ‘Kinne wy jûn Auxerre noch helje? Ik wol net by tsjuster oer frjemde wegen ride.’
‘Dat sil in toer wurde,’ andere Gerl. Hy hie it yn de garaazje al útrekkene en dêr in oar plan betocht. ‘'t Is mear as twahûndert tweintich kilometer. Der binne wol kampings besuden Parys, dy't tichter by lizze, mar dêr komme wy net yn. Reservearre foar lju fan in klub of mei steankaravans. Wy kinne better nei Ermenonville ta gean. Dat leit diskant Parys. Dan hoege wy ek net werom op de grutte dyk. Wy binne hjoed dochs al healwei kaam.’
‘Dat liket my skoan ta,’ stimde Ruerd mei. ‘Ik haw sin oan in hap waarm iten. Hoe moatte wy ride?’
‘Dêr't wy nei de tol loftsôf gyngen, moatte wy no rjochtút.’ De motor sette gong. Even letter skeaten se oer in fiadukt en flitste ûnder har de Autoroute du Nord foarby. Se draaiden de N 330 op en stapten gjin tweintich menuten dêrnei ôf op de kamping te Ermenonville.
Gerl gyng mei de paspoarten nei de administraasje. In frou skreau har nammen yn in boek. Der wie noch plak genôch, se mochten sels útsykje, wêr't se har tinte delsette woene. Se rieden yn in slakkegonkje in rûntsje oer it beboske terrein. De grintpaden bochten tusken de stammen troch. Yn it gers stiene de ôfprinten fan tinten, dy't dêr earder opslein wiene. Se fûnen in moai rêstich plakje neist in dinnebeam by in twasprong. Dêr setten se de tinte del, pompten de luchtbêden op en rôlen de sliepsekken út.
Ruerd helle drinkwetter, Gerl gyng om boadskippen nei de kampwinkel. Hy kaam werom mei twa pûden waarme patates. Gau begûnen se te iten. Underwilens rierde er yn in pantsjefol sop, dat op de gasbrâner stie. Ek knakwoarstjes út in blikje makken se soldaat. En in pot- | |
| |
sje appelsmots wie har griente. As neigeset krigen se yoghurt. Unnoazele bakjes, yn in pear happen leech. Ruerd naam fjouwer en Gerl twa. Doe't it miel berêden wie, gyngen se even plat efteroer lizzen.
‘Wat binne hjir rare skythúskes, ju,’ sei Ruerd. ‘Net iens in pot, wêrst op sitte kinst. En ast trochspielst, moatst hurd fuortrinne, oars krigest de hiele brot oer de fuotten.’
‘Sokke húskes silst noch wol faker op moatte,’ stelde Gerl him yn it foarútsjoch. ‘Ferline jier haw ik mei Diderik nei de Vogezen west. Dêr wiene se ek.’ Hy gappe lûd.
‘Bist wurch?’
‘Och, in bytsje stiif.’
‘Wy moatte al in kaartsje nei hûs skriuwe, fynst net?’
‘Ik haw tasein om daliks de earste deis ien te stjoeren. Se binne wol yn de kampwinkel te krijen. Wat soene se by dy thús op dit stuit dwaan?’
‘In soad wille hawwe, omdat ik fuort bin. En by dy?’
‘Mem sil tinke: Wêr soene dy jonges no sitte? Heit freget him ôf: Hoefier binne se hjoed kaam? En Doutsen jankt it hiele tafelskleed dweil om dy en dat se al sa leaf op in motor mei in lekke bân siet.’
Ruerd nokkere. ‘Hoe fynsto motorriden dan?’
‘Ik fyn it sa ferfelend, dat ik der graach by sliepe soe. Mar ik moat wekker bliuwe, oars donderje ik der ôf.’
‘Mei sa'n ferrekkeling bin ik op reis gien,’ sei Ruerd goedmoedich.
Se spielden de pannen en it itensreau om, droegen ôf en gyngen ûnder de waarme doesjes, dy't net iens lij wiene. Dêrnei setten se op de kampwinkel ta. It terrein wie ûndertusken foller wurden. Nijkommelingen manoevrearren har karavans en oanhingweinen te plak, bungalowtinten wiene yn alle steaten fan opbou. Se kochten kaarten en postsegels, diene har kattebeltsjes op de bus
| |
| |
en rûnen werom. Ek om har tintsje hinne waarden lege steeën beset, mar se hiene noch gjin buorlju neist har.
Se bleauwen bûten sitten, oant it tsjuster waard. By it skynsel fan in bûslampe klaaiden se har út en krûpten yn har sliepsek. Foar't er him deljoech, wûn Gerl syn polshorloazje op. It wie noch net iens healwei alven. Mar it hert sliepte him, justernacht wie it ek neat wurden. En moarnier net al te let fuort, se hiene noch in hiele gisel foar hannen. Hy loek de rits oan boppen ta ticht en draaide him op 'e side. ‘Sliep se,’ winske er.
‘Ek sa.’ Ruerd skeukte noch even en lei doe stil.
Yn earsten sûze Gerl iderkear even, mar dan skokte er en moast er war dwaan om wer yn 'e sliep te reitsjen. Starichoan begûn er, sûnder dat er it woe, nei de lûden fan bûten te harkjen. Hy waard der suver lilk om. Ferdomme, it wie frij rêstich op de kamping, wêrom koe er him no net deljaan? Hy hie al sa faak yn in tinte slept. Moast er earst wer wenne? Dêr hie er oars noait muoite mei hân. Fansels, it lot fan Diderik mealde him yn 'e holle om. Dat hie er altyd by him. Mar dêr lei er no net wekker fan. Dy noed wie er mei fertroud. Wêrom ergere er him sa oan in pear lûden, dêr't er net ta wend wie?
Soe Ruerd al sliepe? Fêst, dy lei sa stil. Gelokkich mar, hy moast moarn wer ride. In bêste fint. Hy hie daliks ree stien om mei nei Frankryk te gean, sûnder fierder oer syn fisioen te freegjen. Hy prate net iens oer Diderik. It wie him genôch, dat er helpe koe. In echte freon. Mar hy wie in stik âlder en dat makke de omgong mei him dochs oars, as mei jonges fan syn eigen jierren. Syn grutte broer, dat soe Ruerd wêze kinne.
Foarsichtich, om him net wekker te meitsjen, draaide Gerl op de oare side. Mar ek op dy kant lieten syn gedachten him net mei rêst. It iene nei it oare skeat him yn it sin en tyspele him troch de holle. Hy soe dy stream wol opkeare wolle, mar koe it net. Hy lei yn it tsjuster te
| |
| |
wranteljen, oant er oer de sliep hinne wie.
Grommeljen fan in auto kaam tichter by. In ljochtbondel reage oer it tintedoek en sette alles yn in giele skyn. De auto ried foarby, it skynsel striek fuort, reade eagen gloeiden troch it doek. De motor brimde, stinde, de auto ried efterút. Wer setten lampen de tinte yn 't ljocht. Nei't de motor útprottele wie, dôven se. It iepenslaan fan portieren, heallûde stimmen, hastige fuotten, it leechskodzjen fan sekken, it rammeljen van buizen, it útklappen fan stuollen, it ratteljen fan pannen, it iepentearen fan doek, it ynhammerjen fan hearrings, it opblazen fan luchtbêden, it tichtslaan fan portieren. Einlings foel in betreklike rêst oer it neistlizzende grûngebiet. Mar nei in kertier begûn it heisterjen wer. In fette oaljerook folle wat langer wat mear har tintsje.
Ynienen skeat Ruerd oerein, dûkte nei foaren en loerde tusken de flappen troch. Gerl kaam neist him en seach ek nei bûten ta. By it ljocht fan in gaslampe siet dêr in húsgesin fan man, frou en seis bern bamy te iten. Se leppelen en foarken omraak, it rikketikke op de boarden. Har keuveljen wie net lûdroftich, mar it gyng wol oan ien trie troch. Heit en mem sieten oan de einen fan de rige. Se wiene beide propkes en it kroast tusken har yn bestie út knikkertsjes.
‘Lit dy kabouters yn de bosk bliuwe,’ mompele Ruerd. ‘Wêrom sykje se ús krekt op?’
De jonges joegen har wer del, mar foarearst kaam fan sliepen noch neat. Se moasten alle handelingen fan ôfwaskjen oant en mei nei 't húskegean oanhearre. Einlings en te'n lêsten like it der op, dat it hiele spul fan kant wie. Mar doe begûnen de bern om bar te donderjen. De kabouterheit moast se iderkear it leksum opsizze. Hy krige ien by de lurven en liet de raasbek fan tinte ruilje. Dat bêde de oaren del. It wie al fier nei midsnacht, foar't it wer rêstich op de kamping waard.
| |
| |
Gerl moast dochs even yn 'e sliep sukkele wêze, want hy fernaam it laitsjen en praten earst, doe't it der om wei gyng. Yn har tintsje hong in slûch skynsel, dat fan bûten kaam. Twa manljusstimmen, ien swetserich, ien seurderich, it gibeljen fan in fanke dêr trochhinne. In pear kloaterige Nederlanners moasten yn it bûtenlân wer sa nedich de bek roere. Soks wie te ferwachtsjen. Se waarden wat langer wat lûdlêstiger. De swetser pofte en blaasde, dat it sta sei. De eamelsek sanike oanienwei en it fanke geide boppe alles út. Gerl hearde dat Ruerd flokte en him geduerich ferskikte. De nachtravers makken noch mear kabaal. Sûnder sels te bewegen, seach Gerl oerside. Ruerd stiek de holle omheech. Hy bleau op syn earmtakken lizzen om te harkjen en flokte jitris. Op 't lêst koe er him net mear ynhâlde. Hy loek de rits fan de tinte iepen en skreaude: ‘Bekhâlde!’
Even ferstomme it mâlpraat, doe barste it wer los. Ruerd stapte nei bûten ta en naam dêrby hast de tinte op syn rêch mei. Gerl gyng op 'e knibbels foar de iepening sitten. Hy hearde Ruerd kettermintsjen. Fluch rûn er him efternei. Ruerd stie tsjin de swetser oer. In man fan fjirtich, fyftich jier, mei in spits mûzegesicht. Yn in lisstoel hong in fanke mei in heechoppich kapsel. Se hie de skonken oerinoar slein en oan de frijhingjende foet wipte in slipper. Tsjin in beamstobbe foar in fjouwerkante tinte siet in fint mei in nûmere himd oan en in sportpetsje op. In stoarmlantearne bongele oan in skearline. Oer de grûn stiene en leine bierfleskes. Gerl gyng neist Ruerd stean. Hy koe de soerige azem fan de man rûke.
‘Ik wol sliepe!’ biet Ruerd him ta.
‘Myn hear,’ rôp de swetser, wylst er in bytsje tichter by swaaide, sûnder de fuotten te fersetten. ‘Myn hear, meie wy dan gjin plezier hawwe?’
‘Gean nei in bar ta!’
| |
| |
‘Mar hjir is gjin bar.’
‘Dêrom krekt. Sykje ien op en skop dêr lawaai!’
‘Myn hear,’ de man swaaide no efkes tebek, ‘sil ik jo wat sizze? Wy binne allegearre mei fakânsje, wier? Ik sil it jo sizze, myn hear, wy hawwe ús fersetsjes fanneden. De iene dus, de oars sa. Comme ci, comme ça, sis ik altyd, myn hear. Dêroer hoege wy net te striden, no? Wy kinne prate, myn hear, jo krije in fleske bier fan my. Dat is wat oars, hen? Comme ci, comme ça.’
‘Ik bin dyn hear net en ik hoech gjin bier!’
‘Likegoed freonen, hear. Ik haw ek noch wol wat frisdrank foar jo. Wy binne dochs op 'e wrâld, om it inoar in bytsje nei it sin te meitsjen? Ik mien it jo goed, myn hear.’
Hy woe syn beide hannen op de skouders fan Ruerd lizze. Dy treau him fuort. De man rekke fan 'e sokken. Hy trûzele efteroer tsjin de fint oan, dy't krekt yn in glês bier hapte. It spatte der út. De fint skeat oerein, fage oer it gesicht mei syn iene hân en sloech it skom fan de oare. ‘Boerehufter!’
It fanke sprong út har stoel. Se sette op Ruerd ta. ‘Klerelijer!’ Se spuide him yn it gesicht en skopte tsjin syn skynbonke. Hy besocht har op earmslangte te hâlden. As in wyld klaude se oer syn polzen. ‘Lit my los,’ raasde se. ‘Toe, Sjors, jou him op 'e soademiter!’
Sjors pakte in bierfleske, mar bleau foar de tinte stean. De swetser seach ûnnoazel om him hinne, krekt as hie er der neat mei te krijen.
‘Toe, Sjors!’ gjalpe it fanke. No kaam de fint fan syn stee. Ruerd reage har oan de kant. Se die in nije útfal, Gerl sprong der tusken.
Op datselde stuit stapten, skouder oan skouder, trije mannen foar it ljocht. ‘Wat sil dit?’ snaude de middelste yn it Nederlânsk. ‘Jim roppe en raze de hiele boel by inoar. Us bern wurde der wekker fan en wy moatte
| |
| |
moarnier wer fierder. Noch ien kik en wy smite jim fan 'e kamping ôf. Wy wolle sliepe.’
‘Wy ek,’ foel Ruerd him by. ‘Mar dit soadsje hjir.’
‘Ik wit it,’ sei de middelste man.
‘Myn hear,’ kaam de swetser fanwegen, ‘sil ik jo wat sizze? Jo hawwe skoan gelyk, myn hear. Wy binne allegearre mei fakânsje, wier?’
De man sloech him gjin acht. ‘Opdonderje en stil wêze!’ kommandearre er.
De fint makke de lantearne los en naam dy mei de tinte yn. It fanke pikte de slippers, dy't se útskopt hie, fan de grûn en folge him. Ruerd en Gerl gyngen ek werom. De trije mannen eagen har nei.
Doe't se plat leine, suchte Ruerd: ‘Trije kear is skippersrjocht. Sliep wol.’ It duorre net lang, of hy sykhelle djip en regelmjittich.
Hiel súntsjes skode Gerl syn sliepsek oer it luchtbêd nei de iepening yn de rits. Bûten wie alles donker en stil. Allinnich seach er foar in fan binnen ferljochte tinte in skaadbyld stean. It wie it wankeljende postuer fan de swetser. Hoeden krûpte er werom, joech him del en die de eagen ticht. Mar hy wie de sliep folslein bjuster. De nacht sleepte foarby. It tsjuster waard starichoan skier. De rein trippele al wer oer it tintedoek.
|
|