| |
| |
| |
VII
It wie stil om it hûs hinne. De finsters fan de sliepkeamers sieten ticht. De klep fan de bûtenbus stie omheech en in krante wie der mar heal yn treaun. Sekken mei rommel, oars altyd efterhûs, stiene no tabûn foar de garaazje. It wie in lange rige. Hjir-en-dêr stieken flessen har halzen troch it plestik. Grif noch fan Diderik syn jierdei.
Hy rûn oer it gersfjild, dat koartlyn meand wie, by de foarkant fan it hûs lans. Troch it finster, dat oan de grûn ta rikte, seach er de keamer yn. It televyzjetastel stie dêr net mear, op it plak fan de staasjeklok hong in skilderijke. Hy makke it stekje oan de sydkant iepen. It terras lei ferlitten. Fjouwer wite stuollen wiene, foaroer kipt, om in tafel skikt. In reade túnslange kronkele fan in kraan yn de muorre oer de tegels nei de fiver. De spuit kaam gjin wetter út. De sproeier lei der los by.
De efterdoar siet op slot. De syddoar allyksa. Hy skille noch wol by de foardoar oan, mar ferwachte al net mear, dat iependien wurde soe. De finsters boppe bleaune ticht. Hy fernaam neat, gjin opgean fan in doar, of fuotstappen yn de hal. Foar alle wissigens skille er jitris oan. Der wie nimmen yn 'e hûs. Nuver. Hy seach op syn horloazje. As Diderik en syn âlden dizze snein lang útsliepten, hiene se no dochs wekker wêze moatten. En as se ier en betiid op bêd woene, om goed te rêsten foar't se moarnier ôfreizgen, dan wie kertier foar twaën al te healwiis.
Hy gyng nei de garaazje en dikere troch it slotgat. It wie te tsjuster om te sjen, oft dêr auto's yn stiene. Mar alles wiisde der op dat se risselwaasje makke hiene foar in
| |
| |
langere ôfwêzigens. De kleuretelevyzje en de staasjeklok opburgen. De slange ree foar it besproeien fan de tún en it byfoljen fan de fiver. It koe oars lang duorje, foar't soks nedich wie. Wêr soene se wêze? Diderik hie dochs dúdlik moandeitemoarn sein. Of makken se noch in útsje om de nije karavan yn te riden? As er it no ris oan de wurkster frege? Hy koe har wol en wist, wêr't se wenne. It wie net sa'n ein út 'e reek.
Fiif menuten letter skille er by har oan. Sy wie gelokkich wol thús. ‘Kom fierder,’ sei se, ‘ik haw krekt de molke oer.’ Hy folge har nei de keuken.
‘Witte jo ek, wêr't Diderik is?’
‘Fuort, mei syn heit en mem.’
‘Wêrhinne?’
‘Op fakânsje yn Frankryk.’
‘Mar se soene moarn pas gean.’
‘Dat wie de bedoeling, ja. Mar Klamer hie sa syn nocht fan it waar, dat er earder fuortgien is.’
‘Wannear?’
‘Earjuster al.’
‘Hat er in fakânsje-adres efterlitten?’
‘Docht er noait. Ik fyn it mar raar, hear, hy mei sa'n saak. No ja, hy moat it sels witte. Hy wol mei rêst litten wurde. Hy seit altyd: as se my hawwe moatte, sille se my wol fine.’
‘Dus jo witte fierders neat?’
‘Ik wit allinnich hoefolle wetter elke blom hawwe moat, hoefolle foer de goudfisken en hokker ljochten nachts brâne moatte. Dat is alles. Mar ik tocht, datsto altyd mei har op fakânsje gyngst. Oare jierren hast dochs mei west?’
‘Diderik hat no in faam en dy komt earst.’
‘Ja, jong, sa giet it. Sjoch mar gau, datst sels ek in faam krigest, dan kinne jim mei jim fjouweren.’
‘Hoe let binne se freed ôfset?’
| |
| |
‘De middeis fiif oere, om dy roai. Ik moast der hastich hinne foar de lêste regelingen. Klamer woe de nachts trochride om sa fier mooglik te kommen. No ja, syn frou kin ek goed mei in auto oer de wei. Se sille inoar wol ôflosse. Dat sjit moai op. Miskien sitte se no al yn de sinne te brieden. En wy hjir mar omklommerje. O hearken, dêr fljocht my de molke der dochs oer! No moatst gau ophoepelje, oars wurde myn speklapen ek noch swart.’
Hy groete en rûn de keuken út. Underweis op hûs oan liet er yn him omgean, wat er dwaan koe. Diderik soe earst nei Vernoux yn de Noard-Ardèche. Dat hie er ûntholden. Al soe de ûnderste stien ek boppe, hy moast him efternei. Mar hoe? Hy soe noait allinnich nei Frankryk meie. Stikem gean? Hy hie in paspoart. Wêr helle er it jild wei? De polysje soe him wol gau by de lurven krije. As er no ris mei in skoalfreon gyng? Nee, dêr skeat er neat mei op. Dy mocht fansels likemin as hy. Hy moast mei immen gean, dy't alder wie. Doutsen? Ferhip, Doutsen! Sy wist der alles fan, hy hie har syn fisioenen tafertroud. Se soe begripe, wêrom't er beslist fuort moast. Ja, Doutsen gyng grif mei, dy holp him altyd. Dan moast se wol frij nimme. Soe se noch snipperdagen hawwe? Mar woene mem en heit it lije, dat se tegearre sa'n reis makken? Opsjitte, hy moast it daliks mei Doutsen oerlizze.
Hy trof har yn de keamer oan. Se siet mei Ruerd te frijen.
‘Ik moat my dy prate,’ foel er mei de klompen yn it spul.
‘Strakjes,’ sei se dreamerich.
‘Nee, fuortendaliks!’
Se loek har klean rjocht en brocht har hier yn 't fatsoen. ‘Omdatsto it biste.’ Se gyng der stiif by sitten, die de hannen op in knibbel gear en seach him mei opskuorde eagen oan. ‘Sa, begjin mar.’
‘Ik moat dy even allinnich hawwe. It is oer witst wol’.
| |
| |
Se waard op slach earnstich. ‘O, bedoelst dat.’
‘Sil ik even fuortgean?’ frege Ruerd.
‘Bliuw do mar sitten,’ andere se. ‘Wy geane de keamer út.’
Gerl woe nei boppen.
‘Dat hoecht net,’ seise. ‘Mem en heit binne in slach om.’ Se sette har op in tree fan de trep del. Hy bleau stean.
‘Diderik sit al yn Frankryk. Ik moat him efternei en warskôgje. Fan 'e moarn haw ik it fisioen wer hân.’
‘Dat hast my noch net ferteld.’
‘It flues wie beslist wer donkerder. Do witst wat Swarte Tryn sein hat.’
‘Wêr hâldt Diderik ta?’
‘Se soene earst in wike nei Vernoux yn de Noard-Ardèche. Dêr bin ik wis fan. Dan geane se fierder nei in kamping oan see. Wêr't dat is, wit ik net. Se hawwe gjin fakânsje-adres efterlitten. Ik moat Diderik ynhelje, foar't se dêr binne.’
‘Hoe wolst dat dwaan?’
‘Mei dy nei Frankryk gean.’
‘Mei my?’
‘Wa oars? Mem en heit wolle dochs net lije, dat ik allinnich gean.’
‘Ik mei dy, op stel en sprong?’
‘Jawis!’
‘Ik soe wol wolle, mar....’
‘Wat mar? Ast noch snipperdagen tegoede hast, nimst dy mei-iens op.’
‘Ja, mar...’
‘En oars seist, datst oerspand bist en no daliks in wike frij hawwe moast fan de dokter.’
Se krige him by de hân. ‘Leave jonge, dêr wist ik noch wol rie op. Ik soe it graach foar dy dwaan. Mar ik bin pas achttjin. Do en ik yn de frjemdte. As ik no in jonge wie.’
| |
| |
‘Wy geane mei de trein.’
‘Ja. mar dan noch.’
‘Ik sil goed op dy passe.’
‘Dat jout neat.’
‘Toe, Doutsen, it moat.’
Se liet syn hân los, knypte har eagen heal ticht en biet op har lippe. ‘Soest mei Ruerd wolle? Dy hat in motor.’
‘Ik wol mei elkenien. As ik mar op 'e tiid by Diderik kom.’
‘Ik sil it him daliks freegje. Mar dan moat ik him wol de reden sizze. It wurdt gjin plezierreiske. Fynst dat goed?’
‘Ik fyn alles goed. As ik mar nei Frankryk gean.’
‘Kom mei dan. Of nee, wachtsje. Ik kin better wat fan him klear krije, as ik allinnich mei him bin.’
Se gyng nei de keamer en hy sette him op de trep del. Hy siet te rideljen en fimele oan de nopkes fan de flierbedekking. Hy moast him ferbrekke om har net ôf te harkjen. It duorre in ivichheid. Einlings swaaide de doar iepen en rôp se him. Se joech him yn it foarbygean in bemoedigjend holleknikje.
Ruerd stie foar de bank, mei de hannen yn de bûsen. Syn gesicht wie sa ûnoandien as in plaat beton. It swarte oerside kjimde hier sprong út model. Syn blaugrize eagen wiene kalm en wolberet. De brede noas hie in dobke yn de punt, de ûnderlippe stiek wat nei foaren. Om it fjouwerkante kin hinne wie it spikkelich fan in swier burd. Opdroege bloedknopkes lieten sjen, dat er him by it skearen wer ris snien hie.
‘Soa,’ sei er en swijde, as wist er net wat er fierder sizze soe.
Gerl wist it ek net.
‘Hast wolris earder op in motor sitten?’ frege er ynienen.
‘Noch noait.’
| |
| |
‘Hast dus ek gjin ferstân fan motors?’
‘Hielendal net.’
‘Hoe swier bist?’
Wat in rare fraach. ‘Fiifenfyftich kilo sawat.’
‘Ik bin fiifentachtich. Sawat. Dat is mei-inoar hûndertfjirtich. Myn âld Honda kin hûnderttachtich kilo hâlde. My tinkt, wy moatte it mar weagje.’ In glimk loek syn ûnderlippe strak. Hy lei in grutte hân op Gerl syn skouder. ‘Ik bring dy nei Frankryk, hear.’
Gerl suchte fan opluchting.
‘Wannear wolst fuort?’ frege Ruerd.
‘Moarnier al.’
Ruerd syn ûnderlippe stiek no hiel fier nei foaren. ‘Toe mar, dat liicht der net om.’
‘Dêr komme mem en heit krekt oan!’ warskôge Doutsen, dy't nei bûten seach.
‘As dy it no mar lije wolle,’ twivele Gerl.
‘Heiten en memmen binne in needsaaklik kwea,’ stelde se fêst. ‘Lit my it wurd mar dwaan.’
‘Dan stap ik no gau op,’ sei Ruerd. ‘Ik kin gjin bloed sjen. Ik hear wol hoe't it beteard is.’ Hy joech har in klapke foar de billen en in smok. ‘Doch dyn bêst, fanke!’
Hy wie noch net lang de keamer út, doe't mem en heit der yn kamen. Doutsen hie ûnderwilens hastich de kessens fan de bank opskodde en te plak lein. ‘Fal del,’ noadige se. Fernuvere gyngen heit en mem sitten. ‘Hâld jim mar goed fêst, dan sil ik it sizze. En wat jim ek tsjinstride, jim kinne it sa raar net betinke, oft ik wit der in antwurd op.’
‘Dat hoechst ús net te sizzen,’ en ‘Ja, dat wisten wy al,’ seine mem en heit tagelyk.
‘It is net sa noflik,’ gyng Doutsen ûnfersteurber fierder, ‘mar der binne slimmer dingen.’
‘O, leave santjinen gjin ein!’ rôpmem ‘Ik wit it al.’
| |
| |
‘Dan hoech ik it ek net mear te sizzen.’
‘Hoe kin dat no?’ frege mem.
‘Hoe kin wat?’
‘Dat.’
‘Wat dat?’
‘No, dat, yn dizze tiid.’
‘Hoe kin wat no yn dizze tiid?’
‘Datsto yn ferwachting biste.’
‘Mar ik bin hielendal net yn ferwachting.’
‘O nee?’ mem skode fan it puntsje fan de bank nei efteren. ‘Smoarch fanke, wat hast my dêr kjel makke.’
‘Ik haw mem net kjel makke. Dat hat mem sels dien.’
‘Kom,’ kaam heit fanwegen, ‘gjin babbelegûchjes mear. Wat is it?’
‘Us Gerl giet mei Ruerd op de motor nei Frankryk.’
Heit wie de earste, dy't lûd joech. ‘Do hast it mar foar 't sizzen.’
‘Gjin sprake fan,’ begûn mem al.
‘Wêrom net? Dy jonge mei ek wolris wat oars as acht wike by hûs om hingje. Dat jim yn it heechseizoen om de winkel net mei fakânsje wolle, kin hy neat oan dwaan.’
‘Hy hie wol nei in sylkamp mocht, my har woe net,’ haspele mem tsjin. ‘En hy woe ek net op de eilannen kampeare.’
‘Dêr hat er al sa faak west. En boatsjefarre kin er hast it hiele jier.’
‘Hy mei wol in pear wiken nei Amsterdam by omke Karst útfanhûs. Dat soe altyd noch ris wêze.’
‘Utfanhús? Wa giet noch útfanhûs? Dat is út de tiid. Allinnich wa't nei famylje yn Amearika kin.’
‘Wêrom hielendal nei Frankryk? Is ús eigen lân net moai genôch?’
‘Wis al. Mar 't is wol altyd itselde.’
‘Mei dit suterige waar efterop in motor te klommerjen. It griist my oan.’
| |
| |
‘'t Is no krekt wat better. En yn Frankryk skynt de sinne.’
‘Twa fan dy jonges. 't Is langer net mear fertroud by de dyk.’
‘Ruerd is al tweintich. Stikken âlder as al dy kammeraden fan Gerl, mei wa't er wol mei mocht.’
Mem draaide de holle nei heit ta. ‘Wat seisto der fan?’
Gerl fearre op. Hy hie by ûnderfining, dat it no foarinoar komme soe.
‘Och,’ sei heit, ‘dy jonge moat wat ferdivedaasje hawwe.’
‘Wannear sille jim fuort?’ woe mem witte.
‘Moarnier,’ andere Gerl.
‘Dêr komt neat fan yn! Ik moat alles noch berêde.’
‘Hast gjin motorpak en helm,’ sei heit. ‘Dat binne djoerabele dingen.’
‘In motorpak hoecht net,’ wist Doutsen. ‘En Ruerd hat wol in echte helm oer. Dy hie er al foar my kocht.’
‘Hoe lang sil de reis duorje?’ kaam mem wer.
Dêr hie er noch net oer neitocht. ‘Heechút fjirtjin dagen,’ andere Doutsen foar him.
‘Mei ik dan moarn al?’ weage Gerl.
‘Nee, hear!’ besliste mem.
‘Wannear dan?’
‘Net earder as oaremoarn.’
Hy koe heech en hy koe leech springe, diskear hold mem foet by streek. Tiisdei, en dêrmei út. Diderik soe in wike yn de Ardèche bliuwe. Hy koe noch wol by him wêze, foar't er nei see gyng. Gelokkich hie Doutsen gjin reden foar syn ûnferwachtse reis te praat brocht.
‘Do bist in kant wûnder,’ sei er letter, doe't se tegearre nei Ruerd syn hûs stapten.
‘In wûnder bin ik al, mar kant bin ik net,’ ferbettere se him snedich.
| |
| |
Ruerd hie syn motor op it binnenpleintsje neist it hûs stean en wie oan it poetsen. In nustje kaaien lei op in útrôle lape. ‘Mei it?’ wiene syn alderearste wurden.
‘Wat tocht st no?’ anderese. ‘Ik lit my net samar fan 'e sokken prate.’
‘Gelokkich, oars hie ik al dit wurk fergees dien.’ Ruerd poetste wer fierder.
‘Mar ik mei net earder as tiisdei,’ sei Gerl.
‘Och hea, komme wy dan noch wol op 'e tiid? Hoefier is it?’
‘Sawat tolvehûndert kilometer. Ik haw it opsocht. Wy moatte dêr beslist tongersdei wêze.’
‘O, dan is der neat te rêden. Dat helje wy wol yn twa dagen.’
‘Wy hawwe de tinte alfêst meinommen.’ Doutsen liet him sjen. ‘'t Is in moai lytske.’
Ruerd seach in bytsje betinklik. ‘Soene wy dêr tegearre yn passe?’
‘Asto de siken ynhâldst wol.’
‘Wy moatte foaral licht spul meinimme. En sa min mooglik. Mear as tritich kilo bagaazje kin net. It komt my oars wol fan pas, dat wy oaremoarn pas fuortgean. Ik moat noch it ien en oar út de stêd helje. Dan kinst meiride om te prebearjen. Sisa, no moat it mar goed wêze.’ Ruerd smiet syn kljirre poetskatoen del en joech klopkes op it seal fan de Honda. ‘Hoe fynst him?’
‘Tige,’ andere Gerl. ‘Mar ik haw der gjin sprút ferstân fan.’
‘Hy is hielendal net technysk oanlein,’ foel Doutsen him by.
‘Dat let neat. As er mar Frânsk prate kin, want ik ken inkeld bargedútsk en apegryksk.’
Gerl glimke. Hy fernaam wol, dat Doutsen en Ruerd alle war diene, om him op te moedigjen.
De oare deis gyngen se nei de stêd. It motorriden foel
| |
| |
him net ôf en net ta, it liet him eins ûnferskillich. Hy socht by de kampinggidsen en fûn it griene boekje, wêr't Diderik oer praat hie. Dêr wie er wakker wiis mei.
De nachts fan moandei op tiisdei koe er mar net yn 'e sliep reitsje. Pas doe't er der al wer ôf moast, slûge er efkes yn. Heit makke him wekker. Sûzerich hold er de holle ûnder de kraan en liet it wetter yn 'e nekke rinne. Mem skaaide al yn de keuken om. Doutsen strûpte in jas oer har piama oan. Swijsum ieten se mei har fjouweren in brochje.
Doe't se Ruerd hearden, gyngen se nei bûten ta. It wie griemerich waar. Mem en heit seine nochris, wat er dwaan en litte moast, wylst Doutsen en Ruerd wat fansiden stiene. Se namen ôfskie, hy gyng op syn plak sitten. ‘Goed fêsthâlde!’ rôp mem boppe it dreunen fan de motor út. Ruerd joech gas, hy krige in knik yn de rêch en dêr setten se út ein. Hy seach oer it skouder. Foar't se de hoeke om swaaiden, stiek er in hân omheech.
Koartby it earste doarp dêr't se op oan rieden, liet Ruerd de motor hâlde en stapte ôf. ‘No haw ik dochs ien ding fergetten,’ sei er.
‘Moatte wy werom?’
‘Bist net wiis?’ Hy rûn troch it gers nei de sleatkant ta. ‘Myn galgemiel.’ Nei't er dat dien hie en wer op it seal siet, rôp er: ‘Oant sjen, allegearre!’ Hy sette gong en liet syn motor troch de sliepperige buorren knalle.
|
|