| |
| |
| |
V
In tongersdei gyngen se tegearre nei de surfskoalle. De sinne skynde oan in lappige loft. Der stie in tichte wyn en it wie koel foar de tiid fan it jier. Hy siet by Diderik efterop in nije twaddehânske brommer. Diderik syn heit hie it klear krigen, dat er ek fergees in deikursus folgje mocht. Net oan de ein fan de wike, want dan wie it smoardrok. Wel, se krigen beide deselde deis frij fan skoalle, omdat de leararen rapportegearkomste hiene. Dat wie in treffer. Se moasten sa betiid mooglik komme, dan hoegden se net te wachtsjen. Troch de moarnsstillens knetteren se nei de mar.
De baas fan it spul wie der net. Mar de ynstrukteur, in jongkeardel mei in kroeskop, wist der alles fan. Jawis, it wie ôfpraat, se soene hjoed fan him les krije. Earst wiisde er har de ûnderdielen fan de sylplankeenfertelde wêr't dy foar wiene. Dêrnei liet er sjen, hoe't it seil optuge waard. Doe moasten se meikomme foar in oere droechoefenjen op de simulator. Dat ding stie op de wâl. Der sieten fearren en in draai-elemint ûnder. De mêst mei it trijehoekige seil lei yn it gers. Se gyngen mei de rêch nei de wyn stean. De foarste foet setten se neist de mêst, de efterste op it midden fan de planke. Mei beide hannen lutsen se oan de ophelkoarde. It seil kaam omheech. Se moasten yn de hoksen sitte en de spieren fan de skonken it wurk dwaan litte.
Se setten de planke heaks op de wyn. It seil klappere omraak. De mêsthân krúste oer de seilhân nei de gyk, se loeken it túch foar it gesicht lâns. Dan draaiden se it boppeliif mei yn de rjochting fan it farren. De seilhân pakte
| |
| |
ek de gyk beet, it seil waard oanlutsen en dêrmei stiene se yn sylhâlding. Se oefenen om bar en mochten nei in oere skreppen fan de simulator op echte sylplanken oerstappe.
Dat fûnen se folle moaier, al koene se net mear as in pear meter farre. De planken wiene mei in elastiken koarde, yn de swurdkast ferankere, oan in boei fêstmakke. Troch in megafoan rôp de ynstrukteur har ta, wat se dwaan moasten. Se kantelen de mêst in bytsje nei efteren en loefden op. Noch djipper treaune se it seil, de planke lei no hast mei de kop yn de wyn. De seilhân pakte de ophelkoarde, dêrnei folge de mêsthân. Mei rjochte earms fierden se it túch oer de eftersteven wei, sadat de planke draaide. Foarsichtich rûnen se foar de mêst lâns. Se namen oer de oare boech de sylhâlding yn en alles begûn fan nijs oan.
Dat troch de wyn gean wie it slimste. Ien misse beweging en se foelen yn it akelich kâlde wetter. Prústend hysten se har wer op de planke. As se de mêst nei foaren ta kantelen, draaiden se fan de wyn ôf. By it gybjen moasten se efter de mêst om stappe. Ek dat foel net ta. Se waarden bek-ôf fan iderkear wer op de planke te klimmen. Nei oardel oere fallen en opstean koene se har safier rêde, dat se net mear oan de line hoegden. De ynstrukteur makke har planken los en dêr gyng it hinne!
Underwilens kamen de mear berûfte silers opdaagjen. Dy krústen ek oer de mar. De kroeskop skeat op syn eigen planke tusken har troch en joech oanwizingen. Gerl seach wol, dat it har allegear wat liniger ôf gyng as him. Al wie der ien hakkenkruk by, dy't it helte minder die. In fûl wiif fan middelbere âldens yn in surfpak. Se plompte om it hurtsje kop-ûnder yn it wetter, kaam brobbeljend wer boppe, klampte har ferbiten oan de planke fêst, wriggele it liif dêrop, grabbele nei de mêst en krikte harsels skokkend oerein, om dan sa rimpen de koarde te krijen, dat se op 'en nij út it lead stie te swiberjen. Mar sa'n surfpak wie
| |
| |
in útkomst. Hy woe dat er ien oan hie.
‘Hela, dêre! Kâldklommer! Stean net te niksen. Earst de efterste foet nei de mêst. Ien stapke, net sa fier! De mêst dwers. Stjoerboard. Ja, sa!’ Hy folge de ynstruksjes op, syn planke kaam yn beweging en strûsde foarút. Troch ien fan de finsters yn it seil seach er de kroeskop al wer op in oarenien dy't om help ferlegen siet tasjitten. Hy sette de hûd der foar en waard dwaandewei waarmer.
Doe't it skoft wie, stjoerden alle silers nei de wâl. Klappertoskjend roste er him mei in grutte baddoek ôf. De smertlapen op syn lea priken. Dy hie er oprûn fan it hieltyd wer op 'e planke klimmen. Hy strûpte syn swimbroek út en die syn trainingspak en trui oan. Dêrnei socht er de lijte fan in loads op. Diderik, dy't neist him siet, rydboske ek. Se ieten in stik en dronken swarte kofje út in termosflesse. It fûle wiif kaam by de rige útpûsters lâns en traktearre elkenien op in kop grientesop. ‘Hjir, pak oan!’ kommandearre se.
Foar't se wer oan 'e slach moasten, hellen se har reserve-swimklean út de tas. Dy waarden al by de earste middeisoefeningen dweil. Mar starichoan slagge it har en hâld de planke ûnder de fuotten, sûnder yn it wetter te kiperjen. Einlings hiene se dat koppige ding yn 'e macht. In útleard wynsurfer wiene se lang ende lang noch net, mar se wisten no teminsten de wichtichste knepen.
De útsetter fan de dei-kursus wie in teory-leske, dat se yn in smûk hokje krigen. De lea befoelen har, se sieten suver te knikkeboljen en knypeagen inoar ta. ‘Yn in moanne kinne jim it wynsurfingsertifikaat helje,’ sei de kroeskop op 't lêst. ‘Dêr moatte jim wol eksamen foar dwaan.’ Se stommelen oerein en betanken him. Deawurch rûnen se nei de brommer.
‘Ik lis útinoar,’ bekende Diderik. ‘Do?’
‘Ik wist net dat ik safolle spieren hie,’ andere Gerl.
| |
| |
‘Och man, alles docht my sear. Mar it is in noflike pine, folle nofliker as in duffe kop nei oerenlang learen.’
Sa ûnderfûn Gerl it ek. Deselde wurgens hie er ek wolris nei it reedriden hân. It rûze yn syn holle, hy pimpere fan binnen en grille soms. Diskear kaam dêr in op-en-delgeande beweging by, krekt as wie er noch op it wetter. Mar hy fielde him poerbêst. ‘Hoe soe dat komme?’ frege er.
‘Ik wit it net,’ oertocht Diderik. ‘Of miskien wit ik it wol. Ik bin tefreden, dat ik bealge haw. Soks fiel ik nei learwurk noait. Ja, dat is it wol, leau'k, ik bin op dit stuit echt tefreden mei alles om my hinne.’
Hy snapte wat Diderik bedoelde. Sels hie er ek in foldien gefoel. Allinnich syn gedachten lieten him noch net mei frede.
‘Alles is goed, sa't it no is,’ mimere Diderik troch. ‘Ik soe it net oars hawwe wolle.’
‘Silsto eksamen dwaan foar wynsurfing?’ De fraach wie der út, foar't er it besefte. Wêrom moast er soks no sizze? Wêrom hie er dizze tefreden stimming net duorje litten? Wiene syn gedachten dan altyd mei de takomst dwaande?
Diderik andere heftich. ‘Bist net wiis? Wat moat ik mei sa'n diploma dwaan? In listke der omhinne, in stikje glês der foar en oan de muorre hingje? Dat papierke kin my neat skele. Ik kin no planksile en dêr wie it my om begûn. Dat hoech ik net nochris op in briefke te krijen.’
Om't de stimming dochs omslein wie, frege Gerl mar troch. ‘Asto sa tefreden mei alles bist, wolst dan ek gjin sylplanke mear?’
Diderik swaaide in skonk oer syn brommer en sette de helm op. Hy joech Gerl in pleachstompke en lake: ‘Ik wie tefreden. Do hast my wer ûntefreden makke.’
‘Dêr leit er, neat seit er,’ knikte er trije wiken letter nei syn surfboard. It wie op syn jierdei, yn it begjin fan de
| |
| |
fakânsje. Hy hie in ploech jonges en famkes útnoege. Wa't noch net nei fiere oarden ôfreizge wie, ferskynde dy jûns op it feest. Yn de dûbele garaazje wie de bar. De muzyk davere fier yn it rûn. Mar it hûs stie op 'e romte, dat it koe wat lije. Omdat it sok suterich waar wie, hokken de feestgongers binnendoarren.
Diskear hie it Gerl gjin hollebrekken koste in geskikt presintsje te finen. Hy wie oansetten kaam mei in nij eksemplaar fan it skaakboekje, dat er Diderik al earder op besjen tasein hie. No stie er mei in stikmennich jonges foar de iepen doar fan de berging. Oer de flier, yn it lampeljocht, lei Diderik syn oanwinst. In wite sylplanke mei in read seil. Wat like sa'n ding hjir folle grutter as op it wetter.
‘In nijen?’
‘Dat kinst dochs wol sjen!’
‘'t Is in nijenien, mar mei in fabrikaazjeflater,’ sei Diderik. ‘Sjoch hjir mar ris.’
Se knibbelen neist de planke del. Tichteby de efterkant siet in bult op de hûd fan it fartúch. Guon strieken der mei de fingers oer.
‘Hast garânsje?’
‘Moatst him daliks ruilje!’
‘Nee, want ik haw him in pear hûndert gûne goedkeaper krigen.’
‘Wat jildt dizze dan?’
‘Dat wit ik net. Heit hat him kocht en it is in jierdeikado.’
‘In bêstenien. Ik ken dit merk wol. Twatûzen gûne ast him nij keapest.’
De hûd waard bekloppe. ‘Watfoar guod is it, glassfiber?’
‘Polyester.’
De freger wiisde nei in swart surfpak. ‘Heart dat der by?’
| |
| |
‘Ja,’ andere Diderik. ‘Dat moat by dit waar wol, oars ferrekst fan de kjeld.’
Se bewûnderen de sylplanke noch in setsje. Dêrnei sochten se de reek, de rock en de roll yn de garaazje wer op. Gerl wachte. Op 't lêst bleau er allinnich mei Diderik efter. Hy slokte, syn kiel wie droech. ‘Wannear giest fuort?’ frege er en syn stim klonk heas.
‘Oer fjouwer dagen. Moandeitemoarn.’
‘Dan kom ik foar dy tiid net mear oan. Jim sille it wol drok hawwe mei ynpakken en sa.’
‘Och, dat skikt nochal. Mar wat sjochst raar.’
‘Ik wol dy wat freegje en dêr moatst earlik antwurd op jaan. Eins hie ik der net mear oer prate wollen, foaral net op dyn jierdei. Mar ik moat it witte, foarsto mei fakânsje giest.’
Diderik gyng mei de hannen op de rêch tsjin de muorre stean. Hy krúste de iene foet oer de oare. ‘Ik bin benijd.’
‘Leausto dat ik dyn ûngelok fan tefoaren sjoen haw?’
‘O, bedoelst dat.’ Diderik suchte.
‘Sis it no, leaust it?’
Even wie it stil. Bûten rûzele de miggelrein. ‘Nee, ik leau it net,’ andere Diderik beslist.
Gerl liet de holle hingje en seach nei de grûn. ‘Ik bin gjin liichbist,’ sei er súntsjes.
‘Ik leau dy wol,’ betsjutte Diderik him. ‘Ik leau datsto it presiis sa seachst, ast it my ferteld hast. Mar ik leau net, dat it in foarteken fan myn ûngelok wie.’
‘Wêrom net?’
‘As it in warskôging wie foar wat my oerkomme soe, hie ik dy sels krije moatten. Dat it altyd oaren binne, dy't sokke dingen sjogge, dêr kin ik net by. Wêrom soesto witte moatte, wat my oer de holle hinget? Elkenien hat genôch mei himsels te rêden. It is ek altyd wat beroerds, dat de takomst bringt. In ramp of in ûngelok, noait wat ple- | |
| |
zierichs. Der sille dochs ek noflike dingen foarfalle? Dy wurde noait oankundige. Boppedat, as it útkomt, dan moat elkenien it witte. Hat it in leagen west, dan wurdt it deaswijd. It is my allegearre fierste iensidich. Dat fisioenen foarsizzingen binne, kinst my net wiismeitsje.’
‘Mar wat ik sjoen haw, is útkommen.’
‘Dat seit neat. Stom tafal. Ik siet ris yn it gers en tocht: no plôkje ik mei de earste kear in klaverfjouwer. Ik die in greep en wat tinkste? In klaverfjouwer. Omdat it útkommen is, haw ik it ûntholden, oars wie it my al lang fergetten.’
‘Dat is wat oars.’
‘Presiis itselde. En do hast ek net alles krekt sjoen, sa't it yn wurklikheid wie. Lês de horoskopen yn de kranten en wykblêden nei. Dêr stiet altyd wol wat by, datst tinkst: ferrek, it is sa! Mar dan ferjitst al dy oare apekoal, dy't kant noch wâl roait. Sorry, do hast my om in earlik antwurd frege. Dat haw ik dy jûn. Ik leau net oan wiersizzerij. Dan moatst by Swarte Tryn wêze.’
‘Wa is dat?’
‘Och, in healwiis frommes, dat op de Reiddammen wennet. Heit hat wolris fan har ferteld. Hiel lang lyn hat se in pear foarsizzingen dien, dy't noch útkommen binne ek. Earst leauden de lju har, oant se har yn 'e knik krigen. Se ferlakte de boel gewoan.’
Gerl besefte dat it no gjin sin hie en begjin oer syn oare fisioen. Hy wist ommers sels net iens, wat er dêr fan tinke moast. En út de hieltyd heftiger toan fan Diderik die bliken, dat er him yn 't sear taast hie. Hy woe dizze jûn gjin spul hawwe. Alles wat er op syn gemoed hie, moast er mar foar him hâlde. Hy seach op en sei sa fleurich as er koe: ‘Krij ik noch in kaart fan dy út Frankryk?’
Dideriks strakke gesicht ûntspande. ‘Ik stjoer dy ien út Vernoux.’
‘Wêr leit dat?’
| |
| |
‘Yn de Noard-Ardèche. Dêr sille wy earst hinne.’
‘En dan nei see?’
‘Ja, fjirtjin dagen lang. Om my gyngen wy de hiele fakânsje oan it wetter, mar heit wol ek ris wat oars sjen. Dy hâldt mear fan rêst. Wy hawwe gelokkich flakby it strân noch plak krigen. 't Is dêr smoardrok, lyk as hjir oan de kust. Mar dêr hast teminsten altyd moai waar.’
‘Diderik, komst no? Se sitte allegear..... O, bisto hjir ek, Gerl? As jim wat beprate moatte....’
Yn de doarsiepening stie Karola. In skok gyng troch him hinne. Dy fielde er elke kear, as se him oanseach. Hy woe it him net skine litte. Syn eagen sochten in oar hâldfêst.
‘Wy binne útpraat,’ sei Diderik.
Hy knypte it ljocht út en mei har trijen gyngen se nei de garaazje. Dêr rekken se al gau yn it feestgespús opnommen en ferspraat.
Gerl koe syn slinger net krije. Wat ferlern sleat er him dan by dizzen, dan by dyen oan. Mar wat er ek fan oaren hearde of sels sei, it rekke him net. Syn gedachten dwaalden hieltyd ôf. Op 't lêst wie er stil, hy harke net iens mear. De drokte om him hinne waard him in hinder. Hy soe al sa leaf opstappe wolle, mar hy woe net de iennichste wêze. Hy fielde him wat langer wat mismoediger. Hy besocht de sinnen te fersetten mei it goaien fan pylkjes yn in werpskiif, dy't yn in sydkeammerke hong. Dêr wie it ek wat rêstiger. Syn hân woe net sa't hy woe, hy wie lang net sa tûk as oars. Al gau hie er syn nocht der ôf, hy bleau der inkeld by sitten om te sjen. Doe't de earsten fuortgyngen, fûstke er sels ek mei Diderik ôf.
‘No al?’ sei dy ferwûndere.
Hy winske him goereis en sette op hûs oan. Heit siet noch yn de keamer mei syn boekhâlding. De tafel foar him lei besiedde mei mappen en rekkeningen.
Gerl gyng yn in stoel foar him oer sitten. ‘Hat heit
| |
| |
wolris fan Swarte Tryn heard?’
Heit seach op. Syn eagen wiene dizich en hy hie reade plakken op de wangen. ‘Wat seiste?’
Hy herhelle syn fraach. ‘Se wennet op de Reiddammen.’
Heit striek oer de foarholle, as moast er earst in gerdyn fan sifers op 'e side skowe. ‘O ja, dy. Dat moat al in âld minske wêze. Eins hjit se Tryn Zwart.’ Hy bûgde him wer oer syn rekkeningen.
‘Wat die se dan?’
‘Doe't se noch jong wie, koe se yn de takomst sjen. Teminsten, dêr gyng praat fan. Party minsken fregen har om ynljochtingen. Se hie it der drok mei. Se hat in grutte brân foarsjoen en dêrfoar warskôge. It is útkaam, mar der waard grute, dat se it fjoer sels oanstutsen hie. Ik wit it net, hear. Yn alle gefallen, de lju leauden har net mear. 't Is al lang lyn, ik wie sa'n jonge as dy.’ Heit swijde en soe mei in optelling begjinne.
‘Fertel fierder.’
‘Dat is alles, wat ik wit.’
‘Watfoar grutte brân wie dat dan?’
‘Twa pleatsen en in mole.’
‘Hat heit it sjoen?’
‘Nee, gewoan fan hearren en sizzen. Doetiids wie der mear praat ûnder de lju oer sokke dingen as tsjintwurdich. De lêste jierren haw ik neat fan Swarte Tryn fernaam. Miskien libbet se net mear. Sis, dy man dy't Diderik oanriden hat, Hylkema, dy wie fan 'e middei yn de winkel.’
‘Wat moast er?’
‘Hy hat in kofjekanne kocht. Hy frege ek noch, oft ik wist wêrsto wiest, dy jûns fan it ûngelok.’
‘En wat sei heit?’
‘Datsto yn 'e hûs wiest. Wy hawwe doe ommers skaakt en it wie de earste kear, dat ik it dy ôfwûn. Dêrom
| |
| |
wist ik it noch sa goed.’
‘Hat er noch mear frege?’
‘Hy sei allinnich, dat it wol strykte mei wat er fan Diderik heard hie. Dy wie ûnderweis hjirhinne. En no moatst my gewurde litte. Ik fersûp yn de papieren. Wat de minsken net allegear betinke om inoar it libben in bytsje soerder te meitsjen.’
Sûnder noch in wurd te sizzen gyng Gerl nei boppen ta.
|
|