stie. Hy gyng sitten en die de earste set. Sûnder neitinken skode Diderik syn keningspion ek twa fjilden foarút. Daliks die er itselde mei de pion, dy't foar de loper neist de wite kening stie.
‘Wat dochst no?’ rôp Diderik ferbaasd út.
‘Dat sjochst wol,’ sei er kalm.
‘Ik kin him pakke.’
‘Toe mar.’
Diskear duorre it in hiel skoft, foar't Diderik syn antwurd ree hie. Syn hân sweve boppe syn damehynder, mar hy rekke it net oan. ‘Sis, ju,’ begûn er ynienen, sûnder Gerl oan te sjen. ‘Hasto alles fan myn ûngelok foarsjoen, presiis sa't dat yn syn wurk gien is?’
Gerl bûgde him wat djipper oer it boerd. ‘Jawis,’ andere er.
‘Mar do siest ommers net by Hylkema yn de auto. En yn dyn fisioen wol. Teminsten, dat hast my sels ferteld.’
‘No ja, der wiene wol in pear dingen oars.’
‘Wat dan noch mear?’
‘Ik haw de Legedyk net sjoen en ek gjin meterhúske.’
‘Wêr wie it by dy dan?’
‘Op in keale flakte, dêr't in grûnmist oer hong.’
‘Mar der wie hielendal gjin mist.’
Gerl swijde.
‘Ik nim him dochs mar.’ besleat Diderik. Hy krige de wite loperpion fan it boerd en sette syn reade dêrfoar yn it plak. Gerl brocht syn keningshynder skean nei it midden.
Diderik tocht wer lang nei. ‘Giesto mei fakânsje fuort?’ frege er ûnder syn prakkesaasjes.
‘Ik haw noch gjin plannen.’
Hy seach Gerl oan. ‘Of hiest der op rekkene fan 't jier wer mei ús mei te gean?’
‘No nee, eins net.’
‘Sis earlik, wol sa heal en heal, hen?’