siet Doutsen allinnich. Se liet in leppeltsje op de râne fan har kopke balansearje.
‘Do witst wat ik dy justerjûn ferteld haw?’
Se knikte stúmsk, sûnder nei him op te sjen.
‘It is útkaam. Diderik hat ûnder in auto sitten.’
Se hold op mei tipeljen. It leppeltsje klettere yn it kopke. Se stoarre him oan. ‘Wier?’
‘Ik haw dy dochs sein, dat it gjin ynbylding wie. Dêrfoar wie it fierstente echt. Ik wist dat dit komme soe.’
‘Is er,’ se wachte even, ‘ferûngelokke?’
‘Gelokkich net. Mar ik fiel my skuldich.’
‘Wat mankeart him?’
‘Hy leit yn it sikehús. In pear kniesde ribben en syn foarholle iepen. Krekt sa't ik it sjoen haw.’
‘Do koest der neat oan dwaan.’
‘Ik hie him warskôgje moatten.’
‘En as er dy net leaud hie?’
‘Dan hie ik teminsten dien wat ik dwaan moast.’
‘Hy wie likegoed ûnder in auto kaam.’
‘Ik hie it ferhinderje kinnen. Ik wist dat er krekt dit ûngelok krije soe. Hy is op syn brommer fan efteren oanriden. Troch Hylkema.’
Se soe wat sizze, har lippen foarmen al in letter, mar it lûd bleau wei. Doe ûntspande har mûle. ‘Hylkema seisste?’
‘Alles haw ik fan te foaren sjoen. En neat haw ik dien. Dat is it rottige!’
Har eagen sochten sines en se seach him no kalm oan. ‘Do wistest ommers net, wannear't it útkomme soe.’ Har stim wie ek rêstich. It wie foaral de klank dêryn, dy't him wer beseffe liet, wêrom't er har syn problemen tafertroude. ‘Diderik wie ûnderweis hjirhinne,’ sei er wat minder oerstjoer.
‘Dêr hast it al. Dat koesto net witte. Meitsje dysels gjin ferwiten. Sokke ûngelokken kinst dochs net keare.