| |
| |
| |
Ke
Guon sille sizze: De buertwinkel. Gadferdamme, it is sà dúdlik dat hy it dien hat. De ûnderkrûper, smoarge smycht, berops-aow-er, houtwjirm, rotsoaier, drankjunk, ensfh. ensfh. ensfh! Dat sit mar de hiele dei te niksen en te sûpen! Dit is wis: myn bern krije dit boek net te lêzen!
Tsja. Guon moatte dit witte: Henk Faber syn dagen binne dizze wike yndie lang en ientoanich. Mar Henk Faber is in man ûnder tiidsdruk - hoe nuver dat ek heart. Hy stiet yn de foarkeamer en sjocht troch it rút. No ja, sjocht nei de fitraazje. Griis-wite lapen, dy't it sicht op de drokke dyk fuortnimme. As er him omdraait, heart er Mofro by de trep delkommen. Op de tafel stiet tee en bôle. Fierderop, ûnsichtber, komt in trein foarby. En achter it rút is de rotsoai-tún. Hjoed is in beslissende dei.
Faber seach nei de achterkeamer. In fertroude romte wie in frjemde ienheid: in kombinaasje fan ûnfergonklike maten en fergonklike herinnerings. Wat lytser de romte, wat sterker de herinnering. Mar dat tocht Faber net. Hy tocht: sterke herinnerings geane faak oer lytse romten. Ien kaam altyd earst.
Ek hjir. Dit hûs wie al generaasjes fan syn famylje. Hy wenne hjir al syn hiele libben lang. Feroarings wiene tastien as se mar foldiene oan in wichtige eask: dit hûs wie neat sûnder him - en hy wie neat sûnder dit hûs.
Dat wie ek it nuvere fan dy rotsoai. Guon sille tinke dat se dêr perfoarst net wenje wolle, mar Henk Faber miende
| |
| |
gewoan dit: hy hie it noch net oprêden. It wie in slepende kwestje, dat al, in slepende kwestje dy't him foar swiere dilemma's sette. Elk splinterke, elk stikje glês, elk stikje kezyn hearde by him. Wat er miende, fielde of woe, wie fêstlein yn in woestenij. Reinde it, dan wie it in wiete woestenij. Wie it heechsimmer, dan wie it in hite woestenij. Hie it snijd, dan wie it in wite woestenij. Alles wie woest en liddich, mar ferlitte?
Noait.
Mofro wie noch boppen. Wat faker er nei it plafond seach, wat mear it wie oft er nei ûnderen sakje soe - hoewol't it feitliks in konstruksje wie dy't allinnich mar wat kreake. En dan de flier. Hy hie ris roppen: wy meitsje in houten flier fan it hout út 'e rotsoai-tún!
Mar it hout wie wiet en ferrotte. Troch en troch. Oer de opreed koe mei goed fatsoen hast net mear in auto komme. Foar it foarrút hong grize fitraazje.
Dat wie de deistige oarder yn huize Faber - in ferriedlike oarder lykwols.
Want der wie wat by kommen: Mofro wie yn it hûs kommen. Want de deistige oarder wie ek wurden dat Mofro it hûs feroarje koe nei har hân. Hjir yn 'e keamer. Henk Faber seach dat de sinne even trochbruts.
Se hie it goed oanpakt. De besmetlike brún-wite flierbedekking hie se al gau fuorthelle, it feal-wite behang derôf skuord. De nije flier wie sterk: hoewol't er bestie út ynferieure MDF-platen, wie er hiel egaal en slite er stadich. Mei in bytsje fantasy koe ien de moai glêd wurden rinpaadsjes ûnderskiede: fan de keuken nei de achterkeamer, fan de achter- nei de foarkeamer, fan de foarkeamer nei de keuken.
| |
| |
Betrêde paadsjes yn in ûnfergonklik hûs, fertrouder koe it hast net. Der wie al in nije tv, in bank-mei-blomkemotyf, in finsterbank mei frutsels en in gloednije skimerlampe. In djippe boekekast. Trochsichtige mapkes fol foto's. De bank stie yn 'e hoeke fan de keamer, tichtby it rút. Dat wie gesellich, sei se altyd. Faak sieten se dêr jûns tegearre, mar soms siet er ek yn de prachtige stoel en lies er wat ûnder de skimerlampe. Under de tafel lei in grut pluzich flierkleed, dat fier útstuts.
Dat Mofro lêsten de fitraazje tichtdien hie, dat paste net by har. It earste dat se alve jier lyn dien hie, wie it iepen dwaan fan de feale, trochsichtige gerdinen om se dêrnei hast ferdwine te litten ûnder nije, moaie reade oergerdinen. Reade gerdinen mei fitraazje, dat stie moai - in bytsje barok, hie se sein.
Dat stie moai - in bytsje barok. Fol freugde hie er west oer har komst yn it hûs. Faak hie se pearse klean oan. Dan woe er har ‘Lila’ neame. Faak rûn se mei de earms oerinoar troch de keamer. Faak tocht er dat se dan yn gedachten dwaande wie mei it feroarjen fan it hûs. Faak song se wyskes lûdop mei - as der mar ‘luv’ yn siet.
Want it wie ek in bytsje sa: Mofro wie yn 'e foarkeamer oars. Se siet faak yn in ûntspannen kleanmakkerssit op 'e bank. Se hong lang oan de telefoan mei in freondin en lake dan lûd. Se liet de tv-bril mei it rûne montuer op it tafeltsje neist de bank lizze as se nei achteren gie. Se lei it boek altyd op de brede leuning. Se gie altyd ynienen stean, as wist se gewoan dat de wask klear wie. Mofro har beheinde wrâld - dit hûs - wie taastber, sichtber, rûkber wurden. As er har mei de eagen folge, seach er dit lichem by him kommen:
| |
| |
froulikens ûnder in wollen trui, freegjende eagen ûnder in tinne hierbân, fingers dy't him sêft oanrekken; Mofro wie by him kommen: yn dit hûs, yn de keamer, op 'e bank, oan 'e tafel.
De lokstoffen bestiene út fêste patroanen yn in ûnferoarlik hûs. Se noegen him út te folgjen - te folgjen nei wêr't it noch fealwyt of brún wie of gewoan in dikke rotsoai, om it fierder te betoverjen nei har hân. Seach er har gean, dan folge er. Rûkte er swietens, dan waard er in bytsje bedwelme en socht er nei de boarne. Dit wie de frou: oeral, oeral wie er alert op har bewuste of ûnbewuste oanwêzigens, oeral liet er him dan wat gean.
Mar healwei hiene se net fierder kind. Healwei wie it stiller wurden, hiene se harren rekkenskip fan de rotsoai jaan moatten.
Dêrom wie it sa: hy wist dat as dizze wike om wie, dat dàn pas de wike komme soe. Miskien soe er hiel goed witte dat er hast blommen kocht hie. Of dat er op in middei yn 'e rotsoai-tún ûnder de konifearehage stien hie. Miskien koe er it grutte, wite gesicht fan Himhar samar werom. Of wist er wer dat er fiif-tellen Sineeske tomatensop dronken hie. Of hearde er samar de treden fan de trep. Mar dat alles soe er allinnich witte om't er it oare wist. Dat mear noch wie it sa: de blommen fertelden it, de rûzjende konifearen lieten it hearre, Himhar sei it achter de baly, it pakjesop liet it him priuwe, de trep spruts op de fjirde en sânde tree. Dit hûs, alles yn dit hûs woe it him fertelle, ek al woe er en soe er dat net hearre - alteast hjoed net.
Dêr wie se al. Se hie net ûnder de dûs west. Se wie wyt om 'e holle. Hielendal fan harren soe dizze dei wurde; hielendal
| |
| |
fan sitten, stean, trochkommen en ôfsluten; hielendal fan wachtsjen en ôfwachtsjen, fan rinnen en stilstean, trochsetten en bykommen. It wie hast healwei tsienen. Tik, tik, tik, sei it klokje yn it finsterbank.
- Moarn, sei er.
Hy wie senuwachtich. Oars sei er altyd ‘dach’. ‘Moarn’ wie formeel en ôfstânlik. It waard Faber fuort dúdlik wêrom: hy stie yn 'e foarkeamer. Net syn plak. Gau rûn er werom. Mar as wist Mofro it. Se gie sitten op har fêste plak en antwurde net. As se mar net mei de hann...
Te let. Dêr siet se alwer. Faber die in stap nei foaren. De beskieden ôfwask wie al dien.
- Der is tee, begûn er.
- Dankewol, antwurde se.
Hy kaam by de tafel en geat yn. Stadich gie er foar har oer sitten. Se hie dan wol net ûnder de dûs west, se hie wol de hierbân yn it hier dien, as wie se by him op besite en wie it doch noch fan belang om der goed út te sjen.
Se sloarpen sêft. De tee wie hjit. Faber naam stadich wat hapkes bôle en seach dat Mofro ek al twa hapkes nommen hie. Soms kaam de sinne opnij even troch. Niis stie er yn 'e foarkeamer, no siet er oan de tafel. De rjochterskonk fleach hinne en wer. It klokje tikke mar troch. It wie eins in grut drama: Henk Faber wist net wat er sizze moast.
Miskien soene se fuort te kofjedrinken. Mar in útsje op dizze dei, dat hie gjin betsjutting mear. It wie ommers fier fuort, wol fyftich meter hinne - en dan ek noch werom. Yn de shop soe alles oan 'e eagen baarne. Kleuren. Prizen. Minsken. Lûden. Better wie it as er oerein kaam, ‘dach’ sei en de twa kofje helje soe.
| |
| |
- Dach, sei Faber.
- Doech, antwurde se.
It waaide in bytsje. Griis-wite wolken kamen tichterby.
Boppe him songen fûgels.
Prrrt-ieuw-ieuw-ieuw-prrrt!
Ieeeeeeee-jauuuuu... rôp de auto.
Sssssss! sei it glinsterpapier om de blommen.
Trrrr-rrrrRRRT! rôp de oankommende tankauto.
Tata... tata... tata... tata, antwurde de trein yn 'e fierte
De skodoarren giene iepen (Ghgh!) en ticht (Hghg!). Himhar stie achter de grutte baly. Frjemd, hy stie eins net sa faak. It wie ek te sjen dat er hinne en wer rûn hie. Oars hie er de earms net oerinoar slein. En it boek wie ek fuort. Jaja, Himhar wie ûnrêstich oan it wachtsjen.
- Henk ... sei er.
Syn stim wie ek sêfter as oars.
- Moarn ...
Dat kloppe ek al net.
- Moarn?
- Dach.
Faber rûn nei de automaat en smiet de muntsjes der ien foar ien yn. Hy krige twa dekseltsjes, sleat de kopkes ôf en rûn wer nei de skodoarren. De grutte tankauto ried him temjitte.
De kofje wie gleon. Hy koe net omsjen by it dachsizzen. By it hikje moast er earst de kopkes op 'e grûn sette, foar't er it iepen dwaan koe. Doe't er it ticht dien hie, moast er him bûge om se wer op te krijen. De foardoar moast ek noch iepen. En ticht. Dit wie in drege dei.
Yn 'e gong seach er post lizzen. Hy gie troch de knibbels en
| |
| |
krige it op. In aansichtkaartsje. Hy draaide it om. ‘Groeten van Henk Patje’, sei it kaartsje. It wie in panorama op Florence. Hy smiet it kaartsje yn 'e grutte wite doaze.
Mofro hie net fan har plak west. Achter har leine planken, tuorkeheech. Op de boppeste planke ... siet de roek.
- Asjeblyft.
- Dankewol.
- Ik ha ferjitten der wat by te keapjen.
- Dat jout neat. Ik ha ek gjin honger.
- Ik eins ek net. Hy gie sitten.
- Ik hearde fûgels, sei er.
- O.
- De earste ... eh ... Tsja, wa komt der eins as earste?
- Ik wit it net.
- In sweltsje? In mosk?
- Gjin idee.
- De dakhipper?
- Miskien.
- Nee, it thúsfluiterke.
- Ah.
- Dat sa.
- Wie it droech?
- Ja. Noch wol. Ik tink dat it noch wol reine sil.
- O.
De dekseltsjes leine op tafel. Faber die de radio oan.
‘... bliuwt it droech, mei letter dizze dei mooglik in bui. Yn it...’
En wer út.
Op it tafelsblêd lei it spul.
| |
| |
- Sille wy spylje? frege Faber.
Mofro knikte.
Mar se seine neat en dronken kofje. Faber hie toarst. Waarme toarst. Fol wearze tocht er oan de keuken. Wierskynlik siet der skimmel yn it kofjefilter. Dat wie net slim. Dat er wetter yn 'e kanne dwaan moast en dan yn it reservoir jitte moast, dat wie slim. En dan de kofje deryn skeppe! Bah! En dan ynjitte! Nee!!
- Sil ik nije helje?
Mofro knikte. Faber makke syn gewoane reis nei it tankstasjon om tsien oer alven. Hy fielde him frjemd: ellindich, mar ek los. Miskien kaam it him dêrom ek wol yn it sin dat er oait ris wat ferjitten hie, dat er noch om wat freegje moast. By in pomp stie in frou. Hy gie yn 'e shop foar de trochsichtige doarren stean. Doe't de frou tankt hie en nei de doarren rûn, makke er in djippe bûging sadat de doarren al iepen giene. Faber noege har út.
- Goedemiddag! Welkom!
In man soe de shop út. Faber syn bûging wie wer djip.
- Tot ziens!
In jonge keardel fol earbellen kaam oanrinnen.
- Middei!
De frou gie wer fuort.
- Tot ziens!
Twa âlderen sochten om de doar.
- Hjir del, hear!
De earbellen kamen wer werom en rûnen nei bûten.
- Oant sjen!
Faber draaide him om en rûn doe nei de automaat. Hy smiet it jild yn 'e gleuf. Doe't it kartonnen kopke yn stelling
| |
| |
brocht waard, draaide er him wer om en seach er troch it rút. In man wie al healwei de skodoarren. Hy sette it folle kopke op de hege tafel, liet opnij jild yn de automaat rôlje, seach nei it menu en drukte op ‘Cappuccino’.
Ynienen barde der in protte yn it libben fan Henk Faber. It kopke foel net. De muzyk swijde samar en it ljocht yn de shop fleach út. De man wie al by de skodoarren, mar se giene net iepen en bleaune ticht. As in lûdsbân dy't ynienen stopset wurdt, sa bestjurre alles. En de romte waard bedwelme troch in skerpe rook. Faber die de eagen ticht en liet him even liede troch dy stroeve swietens, dy dampende wolfeart, dy wiereek foar de tuffende mins. Benzine. Foar in momintsje fielde er him hiel gelokkich.
En hy seach troch de ruten fan de skodoarren. Alle pompen wiene beset. Achter de auto's stiene wer oare auto's. Mar alles wie út, ticht en swijde ûnder de stielen oerkaping. Yn 'e fierte koe er in parkearre polysje-auto ûnderskiede. De baarnende koplampen wiisden nei it tankstasjon.
Nei him.
Achter Faber klonk in stim. Hy fielde him waarm wurden.
- Henk...
- Wat is der oan 'e hân?
- In lytse steuring. Is sa wer foarby. Komt troch de tankauto. Hy draaide him om. Rjochts fan de baly, mei it gesicht strak op him, stie Himhar. De pompbetsjinner die in stap nei foaren en kaam tichtby him. De eagen sprutsen, as woe de pompbetsjinner him fuort wat sizze. Bûten hearde er in auto stadich kommen. In bytsje mei frees stie Faber yn 'e fierder ferlitten shop en seach nei Himhar. De stim wie fol gerêststelling.
| |
| |
- Henk ...
- Ja?
- Gean nei hûs.
- Ja ...?
- Mofro wachtet op dy.
- Hoe witsto ...
- It is ek al hast middei. Toe, gean no. Do witst dat se op dy wachtet.
- Hasto de doarren tichtdien?
- Ik bin stjoerd om dit wurk te dwaan. Swij en gean nei hûs.
Himhar hie in read ik-wurkje-hjir-blûske om 'e skouders. Faber seach nei it wite systeemplafond, doe nei de flier. En hy draaide him stadich om en seach nei de wachtsjende minsken. De man hie de noas op it glês drukt. Hy krige it hite kopke fan de kruktafel en wachte fiif, seis tellen.
De muzyk en de ljochten floepten wer oan. zzZZzzzzz! klonk it dêrnei. Henk Faber krige it oare hite kopke en rûn nei de útgong. De skodoarren giene wer iepen, mar de man bleau stean. Alle pompen rûnen wer, mar de brûkers seagen fernuvere nei him, Henk Faber.
Hy stapte oer it hikje en rûn nei de foardoar. Ergens yn syn kop skimere in frjemd gefoel. Doe't er de doar wer iepen die, koe er it noch krekt beneame. De pompbetsjinner, it wie wier: yn 'e deastille, bedwelmjende tankshop hie Himhar har namme neamd. Doe't er har sitten seach, realisearre er him ynienen wer wat er eins al hiel lang wist.
Se hiene noait útsprutsen dat it ‘healwei’ wie. It wie harren oerkommen, ‘healwei’ wie oarder wurden. Dagen - wiken-, moannen-, jierrenlang. Sa stadich as bûten it hout lei te
| |
| |
ferrotsjen, sa stil wie harren hûs wurden. In hiem fan klaai, sân, beton en hout. In wenning, in foarkeamer en in achterkeamer. In boppe en in ûnder. In frou dy't wolris minder meidielsum waard, in frou dy't foar it rút stie en skoften foar har út seach. Doe't de skuorre foel, swijden se. Se hiene al in prachtkeamer - mar se swijden.
Lykas no.
Se dronken in nij bakje hite kofje.
Se krigen de letters út it pûdsje en leine elk sân op it rekje. De roek wie weromkommen. Faber die earst de folumeknop op hiel sêft, doe die er foarsichtich de cd-spiler op play.
plaats - plaatsen
leven - ken
anders - enkel
weg - enkele
niet
Fannacht hie er fernommen dat se nei ûnderen ta gien wie. Under de bank leine har fotoboeken, wist er. In plaatsjealbum, fol har. Fol beslissings om wat fêst te lizzen. In momint, in barren yn 'e rin wei, flamjend yn syn gewoanheid, achteleas toanend wat sa wichtich wie. Tusken de eleminten wie der in glimk, in poaze, in selskeazen beskikking oer de dei, foar altyd fêstlein yn in tiidspanne fan ien, twa minuten. In famke. In jongfrommes. In frou. Har momint fan ivichheid. Mei ien, twa oaren - of just net.
| |
| |
tijen
beminde - maten
dood (levend) - beminden
Op in gersfjildsje. Op in tekkentsje. Achter in hûs. Op it strân. Yn 'e klasse. Yn de fotokabine. Mei pûkels. Op 'e fyts. Foar in bus. Neist de tinte. By de wei. Lang hier. Koart hier. Fongen, wylst mominten oanklaaid waarden mei alles wat mar oandroegen wurde koe. In eachopslach, makke fan hûndert blikken, gebaren, beslissings en hannelings. Sizzende: dit ha ik west, it is fêstlein, folgjende momint graach.
eerste - geen
jou (je) - waarde
zo - nieuw
Mei him. Op it hiem. Mei fakânsje. Op it wetter. Op 'e fyts. Oan in taffeltsje. Op in terraske. Mei lang hier. Mei koart hier. Foar in hok anneks garaazje. Op 'e bank. In tsjûgenis, bewarre om noait mear te ferliezen, fêstlein om't in tsjûgenis in tsjûgenis wêze moast, fêstlein om't ien ree wie de tsjûgenis te belibjen.
Herinnerings, âlde, nije, lieten in romte sykhelje, twongen ien sitten te bliuwen. Twongen ien de dei te ûntkennen en opnij en opnij út te spitten wat allang fergien wie, twongen ien hieltyd te sizzen: dit plan foar ús, dêr komme wy ferdomme net mei klear. Dêrom swijden se - no al in pear oeren. It wie de lêste dei.
It klokje tikke troch. Fiif oer ienen. Yn 'e keuken foel de jiskepûde samar op 'e flier.
| |
| |
Henk Faber seach dat Mofro stoef nei it boerd seach. Hy wie net gerêst. Mofro spile miskien net sa goed - mar dat wie noch altyd better as syn spul. It wie hiel apart: hy hie der eins gjin ferklearring foar. Al beurten achterinoar hie er de x en y. Meastal of faak kaam er dêr wol mei wei. Mar no? Sûnder in wurd te sizzen rûn er nei de keuken, ôfwaske wat troch it rút, smarde bôle mei pasta (trije) en jam (ek trije), geat twa glêzen fruchtesop yn en gie wer werom. Achteleas sette er it op 'e tafel, achteleas hie er oanslutend oantrún om dochs even in tel fan in sekonde... Syn gluorkjende blikken wiene berucht. Mofro hie it dochs net yn 'e gaten. Fol oandacht seach er har sjen nei it letterrekje. Automatysk gie har hân nei it pantsje en automatysk naam se in hapke bôle. Dat die se noait, wist Faber. It wie dúdlik: se hie noch goeie letters. Hy draaide him om, stie foar it rút en seach nei bûten. Miskien koe er yn 'e spegeling fan it rút... Mar achter him hearde er dat Mofro oereinkommen wie en nei it húske gie. Soe er him omdraaie?
Hy wifele lang. It húske waard trochlutsen. De roek pesjantele oer de tegels. Der wie wat dat net goed fielde - syn eigen letters. Hy wifele noch langer, makke stadich in beskieden kwartslach en socht mei de eagen nei har letterrekje.
Mar earder as er tocht, gie de gongsdoar iepen. Rap gie er werom.
- Hee, do sjochst dochs net wol?
Faber antwurde net.
- No?
Mar hy bleau stean en seach nei de tún.
- Antwurdzje wy net mear? Hasto myn letters sjoen?
Se stie ticht achter him.
| |
| |
- Moat ik dyn tonge lossnije?
Faber draaide him opnij in kwartslach om en spruts de wierheid.
- Mofro, leau my; ik ha net sjoen.
En hy gie wer sitten, iet bôle en dronk fruchtesop. Mofro folge, liet har stadich yn 'e stoel sakje en tocht nei.
Skoften. Jawis, tiden. Se hiene it al hiel lang lyn ôfpraat: der wie eins gjin tiidslimyt. Net foar him en dêrom dus eins ek net foar Mofro.
Mar soms, lykas no op dizze lange dei, wie dat belachlik. Sa lang hoegde it net te duorjen. Se wie, ynklusyfhúskestop, al mear as in kertier dwaande. Hy naam in hap bôle, gie stean en rûn troch de keamer. Soe er de radio oansette? Of de cd? Faber rûn nei de foarkeamer en die de tv oan.
‘Oink! oink!
- Zit deze zeehond nu in de stress?
- Ja, deze zeehond is duidelijk overspannen. Sterker nog: hij is totaal van de kaart.
- Heeft dat iets met menselijk handelen te maken?
- Ja. Het is de mens. Wij. De snor van deze zeehond vertoont veel ecologische schade. Kijk maar eens naar deze grote ...’
Hy die it wat lûder.
‘oink! oink! oink! oink! oink!’
- Henk!
Hy seach fansiden.
- Ut!
- Mar ik fyn it krekt sa ynt...
- ut!
Nidich seach Mofro him oan.
| |
| |
- En sitten gean!
Faber gie sitten, die de cd-spiler opnij oan en lei de fingers om 'e noas. Hy helle it pantsje nei him ta, krige in stikje bôle en skode it opsichtich wer werom. Hy wiisde, wylst er lûdop smakte.
- Toe (mla-mla-mla), nimme!
- Mmm? sei Mofro.
Mofro sei allinnich mar ‘mmm?’ Faber smakte noch lûder en wist dit: der sieten hast gjin letters mear yn it pûdsje.
hart - toen
ge - dacht (c.s.)
Mofro har hannen giene nei it letterrekje, krigen ien letter, sweefden nei it boerd en lannen ticht by it reade fjouwerkantsje. Faber's hert sloech oer. Yn syn holle bûnze in tromme. Syn brûkberste letters lei er om de frijsteande k hinne. Hy hie in r, in o, in e en in i.
- Roeki?
- Ja. It neefke fan dy liuw.
- Loeki?
- Ja, dy.
- Werom.
- Hy moat ‘nicht’ sizze tsjin dat mûske dat altyd ‘hi-hihihi-hihihihihi!’ seit.
- Werom.
- En ‘oom’ tsjin dy oaljefa...
- Werom.
- Oom Slurf.
- Werom.
| |
| |
- En ‘haai’ tsjin dy haai.
- werom!
Henk Faber lei de lêste letters werom en waard begelaat troch in hiele sêfte, hast net te hearren piano.
eersten - opzie
lief - heb
ik - een
It pûdsje wie leech. Ien makke noch ‘rol’, ien noch ‘ra’, ien noch ‘hi’. Doe wiene se útspile. It wie net foar neat dat er ‘roeki’ lein hie. Faber hie Mofro ôfliede wollen. It die der net ta, woe er sizze. Wa joech no om scrabble? Seehûnen bygelyks, dy hiene it folle slimmer.
Mar hy hie oanfield dat er der min foar stie. No wie it safier. It hert kloppe him yn 'e kiel doe't er nei it skoareboekje seach. It hert sloech oer doe't er ûntduts dat er ferjitten hie de skoare by te hâlden. Earst moast er noch rekkenje. Dêrnei moast er de oerbleaune letters der ôflûke. Dit wie in strieminne dei. De cd sloech ôf. Dêr wie de stim fan Mofro ek wer.
- Hee!
- Wat?
- Do hast ek ‘ke’ lein!
It wie wier. Under de k fan ‘ken’ stie ‘ke’. Dat betsjutte neat. It wie gjin âld-Hollânsk balspul, gjin hast útstoarne jirpelsoart, gjin eartiids skippersark foar de keapfardij, gjin ynhiemsk wurd foar ‘bûtenspul’ yn de Nepalese fuotbalkompetysje en gjin tange om flapearen by loftshandige froulju te korrizjearjen.
| |
| |
- Fiif punten derôf.
- Nee.
- Wol.
- Nee.
- Wol.
- Nee.
- Henk, wol en wol is ja. Doch net sa flau. Do hast beurten achterinoar mei seis punten tefolle spile. Dat is net earlik. Henk Faber hie net safolle yn te bringen. Alles siet him tsjin: earst min spylje, no dit ek noch. Hy hie de x, de y en de v, Mofro in q en in c. Hy skatte syn foarsprong as grutter, mar wie bang foar it ôflûken fan de letters dy't er noch hie. Hy skuorde it papierke los, woe hieltyd mar net begjinne...
- No, hjoed noch?
... en fielde him twongen om him as in sloppe hûn oer it papier te bûgjen.
Henk Faber, hy rekkene ien kear, tearde doe hurd it papierke op, lei it rap op it boerd en seach stoersk nei de wite muorre.
It wie twa oere. Mofro krige it papierke op, tearde it iepen en seach nei him. Har hierbân wie net fan plak feroare. Om har mûle spile in lytse glimk, dy't lykwols ek gau wer ferdwûn. Faber wachte en wie doe twongen om te wachtsjen.
- Ik ha wûn.
In laits dy't wer ynsakke, dy't nei de foarkeamer seach, dy't nei achteren seach en dy't wer nei him seach.
In dei koe lang wêze. It wie hast fiif oer twaen. Henk Faber wie ferslein.
- Ik sjoch it.
| |
| |
- Hûndertnjoggenenfyftich tsjin hûndertfiifenfyftich...
- ...
Wat in mins soms net ferneare kin yn in fêste romte. As in film, sa kaam se foarby. Mofro ommers, dy't de hannen ta lytse fûsten knipe soe en mei de earms in nuvere, sweverige draai yn 'e loft meitsje soe en dêrby dan sêft lake, as woe se net leauwe dat se wûn hie en koe se it tagelyk net litte har wraak lang út te spyljen. Lila.
Fulkanen koene útbarste. Lava koe waarm wêze. Flitsljochten koene op hol slaan. Tonger koe raze. De measte minsken koene net oer harren ferlies. Henk Faber wie dêr ien fan.
Hy wachte it net ôf, kaam oerein, gie nei de keuken, krige in plestik tas en rûn fuort. Albert Heijn, stie op de tas. En hy stapte oer it hikje en pesjantele nei it tankstasjon. Gelokkich hie er dy tas meinommen. Fjirtjin blikjes. Ien flesse port. Himhar stie noch hieltyd achter de baly.
- Alwer?
Faber suchte djip.
- Remize?
En skodholle.
- Ferl...?
Faber seach nei lofts.
- Tsjonge, Henk...
Hy rûn werom en krige in pûde naturelsjips. Doe't er wer by de baly kaam en achteleas troch it rút seach, stie der by de meast rjochtse fan alle pompen in plysje-auto.
- Sjips derby?
- Ja.
- Ik ha in moai setsje wegekaarten krigen, sei Himhar. ‘Europa kompleet’ fan Freytag & Berndt. Ynteresse?
| |
| |
- Wat moat ik dêr no mei?
- No, foar ast nei it suden silst. Of ergens oars hinne. Wolst se net sjen?
- Nee.
Twa plysjes kamen troch de skodoarren. Faber seach nei de flier, nei it systeemplafond en nei de drokke muorren en fielde dat se achter him stean gien wiene. Twa kreakjende learen jassen, dat hearde net noflik. Ien kuchte. Der wie wol muzyk, mar eins wie it deastil.
‘Blieb’, gie it.
- Faber?! sei in stim.
Hy skrok him in ûngelok.
- Henk?!
Himhar.
- Tweintich fyftich, graach.
Faber betelle, mar fielde dat de plysjemannen him neiseagen. De skodoarren giene iepen. Foar it earst yn syn libben sei er gjin ‘dach’. Foar it earst yn syn libben sprong er oer it hikje hinne.
Mofro siet achter de tafel en seach nei it folle boerd. Der wie neat tsjin te dwaan. Ferlieze wie de tiid trochkomme. Ferlieze wie de tiid in hân jaan. Ferlieze wie wachtsje op it momint dat it ferlies draachlik waard. Of dat der in ûnderwerp wie om oer te praten, sadat it ferlies miskien ferjitten wurde soe.
- Ik ha pils meinommen.
- Goed. Lekker.
- Ik set it no op tafel.
- Ah.
- Makkest wat romte? Dan hingje ik de jas op.
| |
| |
- Ja.
Faber gie nei de gong en kaam wer werom. Makkest wat romte? Dat betsjutte: hellest it boerd derôf? Ik kin it net oansjen!
- Ik ha ek sjips meinommen.
- Paprika?
- Naturel.
- Mei sin?
- Ja.
- O.
- Ik sit.
- Dat is moai. Ik siet al.
Henk Faber lei de earms op it tafelsblêd en skode se foarsichtich en dêrnei opsichtich hinne en wer. Hy wist net in ûnderwerp om oer te praten. De klok tikke. As Mofro it spul oprêde soe, soe se as lêste it skoarelistboekje opteare. Mei sin, dat wie allemachtich dúdlik.
- By it tankstasjon hiene se nije wegekaarten. Fan Frijtag en Bob.
- Moai.
- Dat sei ik ek. No ja, ik sei: ‘Wat moat ik dêr no mei?’ Oer it suden en sa, begûn dy ... dy betsjinner.
- Ah.
- Frjemd om dêroer te begjinnen, fynst ek net?
Mofro glimke. In oerwinningsglimk, mar miskien mear, sa't wierskynlik hearde by in oerwinning, in grimmige laits. Miskien sei se: ‘Dat seist allinnich mar om dyn ferlies te maskearjen’.
Hy koe freonlik dwaan en har lokwinskje mei har oerwinning. Mar sportyf wêze wie allinnich mar ite út har hân. In
| |
| |
oar dy't him útlake en dan hy sizze: ‘lokwinske’, ja, neverdeneverdeneverdenever! En dêr kaam dit by: hij hie teminsten in fatsoenlik Ingelske útspraak, sa!
Se hie de earmtakken as twa sloppe tûkjes op it tafelsblêd lein, seach nei de râne fan it boerd en harke nei har eigen sykheljen. Der wie wat hier losrekke út 'e hierbân. Se sei neat. Faber socht nei wurden, nei in sin om Mofro te berikken.
Lûder as de ynstoartende skuorre wie de lange stilte dy't yn 'e keamer hong.
Mofro har glimk - miskien wie it wierskynliker dat se sein hie: ‘Henk, dat is in kwestje dy't my folslein net ynteressearret.’ Stadich dage it Faber: grutter as har oerwinning, wie syn ferlies.
- Proast, sei er mar.
Mofro knikte.
Se dronken pils. Faber hie hielendal net mei sin safolle blikjes kocht. Wat hastich gie it blik op en del, wylst it klokje spruts.
Tik, tik, tik.
Guon dy't harren wat realisearje, eliminearje fuort alle mooglikheden dat de kommende wierheid miskien net sa is. Dêr hat in mins in feilleas ynstinkt foar.
It wie de tredde slok. De hannen fan Mofro boppe de eagen, sykjend om it lykwicht, laten de ûnbrekbere, wrede tiid yn. It wachtsjen wie begûn. In tiid fan neat dwaan. Fan ferlies fan nocht, fan harkjen nei it klokje, fan stean, rinne, sitte, pilse. Sinke.
It bleau lang stil. Se seagen lang nei inoar. Achter Mofro lei de rotsoai-tún.
It wie apart.
| |
| |
Earder hie Faber altyd tocht dat ferlies te oersjen wie, dat der altyd noch wol in útwei wie. Lykas dat de tún noch altyd oprêden wurde moast. Yndie, it wie net in rotsoai, it wie gewoan noch net oprêden. Sels de meast treurige dei (in moandei bygelyks mei in roppende krante yn it kranterek dy't raasde hoe min der wol net fuotballe wie, wylst er yn 'e rige foar de kassa stie en de plestik koer fold wie mei wite koal en gehak, bah) hie altyd wol in ein: moarn.
Dat wie suvere winst. ‘Winne’ hie alles te krijen mei it gefoel dat er alle toutsjes noch yn hannen hie. Dat er sa betsjutting jaan koe oan alles op syn paad, dat er mei dizze toutsjes in doel presiis bepale koe.
Miskien wie dat no net mear sa. Miskien hie de bewuste tiid syn bestean útklaaid en waard er twongen de meast dúdlike essinsje fan syn bestean te beneamen. Swijend seach er nei Mofro. Moarn wie it har jierdei. Om noch mar fiif oer twaen oerfoel him dit alwittende besef: it wie yndie wierskynlik dat it in útmakke saak wie.
Krûpend gie de dei foarby. Niis wie it fiif oer twaen. No wie it wierskynlik noch fiif oer twaen, of oars hast trije oere. Miskien ek wol healwei fjouweren. It folle boerd lei noch op it tafelsblêd. Alles lei der noch presiis sa by as niis, noch net ien milimeter wiene de blokjes fan plak feroare. Krûpend, as slakken op 'e patio. Tik, tik, tik, seine se.
De earste fjouwer lege blikjes stiene op it tafelsblêd. Faber hie sines mei sin tsjin it boerd set. In letterblokje wie ien, twa milimeterkes fan plak feroare.
Foarsichtich skode er it wer werom. Hy die de radio oan. Doe't it regionijs begûn, raasde er hurd mei, as lies er de haadpunten foar.
| |
| |
- Hûn blaft! Wetter wiet! Jirpels soer!
Doe die er de radio wer út en naam er in grutte slok.
Guon sille sizze: wat sitte se dêr no te sitten? Duorret dit noch lang?
Dat is in goed punt. It is wier dat Henk Faber en Mofro mar wat sitte te sitten, mar wat sitte te pilsen, wat sitte te sinken en mar wat sitte te stoareagjen. Mar guon moatte dit witte: Henk Faber wol Mofro freegje om noch wat ferstannichs te sizzen.
- Mofro?
- Ja?
- Wat moatte wy no dwaan?
De hierbân liet wat mear hierren ûntsnappen.
- Miskien moatte wy dit oprêde.
- Goed. En dan?
Mar Mofro antwurde net en seach nei de foarkeamer. Faber begriep it boadskip. Der wie net safolle te sizzen. Wat er sizze moast, wie net in iepenbiering. It wie de útfiering fan in profesij. Se koene dêrom miskien nei de radio lústerje of oars in cd yn 'e spiler dwaan. Mar better wie it om neat te dwaan. Hielendal neat - op it oprêden fan it boerd nei.
Hy makke steapeltsjes fan de stientsjes en liet se doe yn it pûdsje rôlje. It lichte tikjen wie hast it iennichste lûd yn 'e keamer. Mofro naam in slok. Dat wie in oar lûd. Yn it finsterbank tikke it klokje. Dat wie it lêste lûd.
Faber tearde it boerd op en lei de pûde en it boerd neist him op de flier. Noch noait hie in dei sa frjemd west. It skimere in bytsje, mar it wie noch lang net tsjuster. De loft wie griis, mar it wie noch droech bleaun. Fan skrik begûn er naturelsjips te iten.
| |
| |
Wat waarnimber wie, wie de holle dy't hieltyd lichter waard. En de smaak fan naturelsjips. Fierders hie er twa fuotten, twa skonken, in rêch, earms, in bûk en in boarst, in nekke en in holle.
Twa eagen, dy't nei Mofro seagen.
In noas, dy't soms har wat soere lichemsrook fernaam.
Twa earen, dy't har lêste wurden heard hiene. ‘Miskien moatte wy dit oprêde.’
Faber naam in grutte slok en krôke doe sêft.
Lije pils. Lije pils wie pilslij. As er ôflieding ha woe, moast er wat dwaan, wat wichtichs. De romte frege derom. Want sjips, in klokje en slokjes pils wiene net genôch. Henk Faber makke romte en ferbruts it swijen mei de earste sinfolle opmerking sûnt oeren.
- Mofro?
- Ja?
- Lokwinske.
- Henk?
- Ja?
- Do bist myn Chocoprins.
Immen neamde in namme, hie spesjaal foar him dy namme betocht. Chocoprins. No kaam se ek noch neist him sitten. No woe se fan him de hân op har knibbel.
Faber makke twa blikjes iepen en joech Mofro ien.
- Stel, sei Faber wylst er de hân op har knibbel lei, dat der op de doar: H. Chocoprins en E. Mofro stiet.
- Elkenien dy't hjir oanbelje soe, soe net witte wa't wy wiene.
- Twa bewenners mei in bynamme as namme.
- Twa folslein anonimen.
| |
| |
- Allinnich in roek ken ús.
En se seagen troch it rút.
Der wie in rotsoai-tún dêr't in roek siet, in foar- en achterkeamer, in smoarch fornús, in tafel fol blikjes pils - healfol en leech. Faber seach omheech, folge de trie fan de tafellampe, kaam by de muorre, kaam by it hoekje mei allegear famyljefoto's (heiten, memmen, broers, susters, pakes, beppes, oerpakes, -beppes) en folge de kreas stúkte muorren oant er wer by Mofro wie. Doe hearde er de brievebus klepperjen. Hy gie stean, rûn nei de gong en krige de lokale krante.
Gjin nijs. Hy smiet him yn de grutte doaze. Doe't er werom wie, hise er Mofro sêft omheech en sette de cd op ‘play’.
‘Dennnnnnnnnnnnng!’
Se stiene foarinoar oer. En beweegden. Sleau, op de milimeter presiis. In hân folge in hân, in eachopslach antwurde in eachopslach, in blikje gie fan lippe nei lippe, in wurd folge in wurd.
- When I'm home
- Everything seems to be right
- When I'm home
- Feeling you're holding me tight, tight yeah!
Mofro's hannen giene de loft yn, har sletten eagen folgen se yn gedachten. Faber krige in nij blikje en sette de folumeknop op syn hast-op-syn-lûdst. Wylst de cd trochgie, digeren Mofro har eagen de keamer rûn en feroaren se fan fleurich nei jachtich, fan brún nei read. Der wie de doo-wop, de tango, de klamme skodûns, folge troch in net te heech springen, in milimeterke of sa. Mofro hie wille en kromp dan wer, Mofro lake en folge dan wer stânfêst de
| |
| |
tekst, Mofro naam slokjes mei beide hannen om it blikje en liet dyselde hannen dan wer omheech gean, foltôgjend harren oerwinningsgebaar yn 'e loft, weromkommend foar har boarsten, krûpend nei har hals. It bier kaam him hast de noas út.
- De pils is op! rôp er.
- Port!
Faber rûn nei de keuken en socht om de flesse. Wat slingerjend, wat opwûn, wat opfokt, rûn er werom. Mofro iet sjips. Se huppele troch de keamer as koe se net ophâlde, wylst de hân mar yn 'e pûde graaide.
- Do bist werom!
- Ja!
Faber joech de flesse oan Mofro. Se hie twa glêzen op 'e tafel set, mar se sette de flesse fuort oan de mûle. Faber krige de flesse werom en dronk. Doe't er de mûle ôffage, draaide er oan de radio.
Se hiene grutte gitaren, spilen mei bengende hollen en sprongen dêrnei omheech. Mofro hie de flesse yn 'e hannen - en song. Faber skodde woest mei de tonge - en antwurde.
- I was made!
- Tatataa!
- You were made!
- Tatataa!
- I can't get enuff!
- Tatataa!
- No, I can't get enuff!
Faber dronk.
- I was made for luvin' you baby,
| |
| |
- You were made for lovin' me
Mofro wiisde nei de portflesse.
- I can't get enuff of you baby.
- Can't you get enough from me-ya?
In glimmende dûnsflier, in oade...
- Beelzebub has a devil put aside for me-hie-hie, for me-hie-hie, for MEEE!!
... oan it doelleaze hús-, tún- en keukengeblêr.
- No one to hear my prèèèèèèèèèèèèèèèèèèèèèèèèèèèèèèè-r.
Gimmie Gimmie Gimmie ...
Ah, pynlike freugde: de jûn wie stjonkend jong.
- Whole lotta woman! Whole lotta womanmanmanmanmanneyeahyeah! Whole lotta Rosie!!!
Hy naam de flesse wer oer, die de gerdinen ticht en gie nei de radio. Fan hast-op-syn-lûdst moast er nei op-syn-lûdst. Henk Faber hie net yn 'e gaten dat Mofro op de bank sitten gien wie. Hy sette de radio op 'e râne fan de tafel en gie mei de hannen oer de stjoerdersknop.
‘O it's cold en lonely in the deepest night ... Paradise by the dashb...’
- Ut!
Mar Faber fernaam it net en draaide fierder. Hy hearde in hiele beskaafde stim.
‘Ik heb overal ...’
- ‘... spermavlekken van jou!!’ raasde Faber en fuort wie de stim wer. In radio in radio, in knal in knal. Hy spile loftgitaar mei de earms ûnder de knibbels, seach as in gleon everswyn, helle doe de rjochterskonk stadich en fol passy omheech en liet him doe wer sakje.
‘I can get no ...!’
| |
| |
- Satisfaction!!
Tsja, it moast sein wurde: Henk Faber wie in top-loftgitaarspiler.
- No no no!!
(En drummer)
- Hee hee hee!!!
En hy seach nei de bank. Mofro har skonken giene hurd hinne en wer as seach se mei senuwachtichheid út nei it kommende nûmer.
- Ik wol net mear!!
Hy skrok derfan en sloech de radio út. Fierderop siet se, ticht op de leuning fan de bank. Faber liet de flesse falle en rûn nei har ta.
Se hold syn hân net ôf. Yn 'e bank sakken se in bytsje wei. Mar Faber kaam stadich oerein en luts har foarsichtich mei. Hy krige har sloppe hân en gie nei de gong. Mofro har eagen wiene read, wiet en ôfwêzich. Doe't se boppe wiene, lei er har op bêd en makke har klean los. Gewillich liet se ta dat er har broek útluts. Mofro hie de earms foar de eagen slein. Hy sloech it dekbêd iepen en lei har derûnder. Doe die er it ljocht út en gie er wer nei ûnderen.
Yn it flierkleed siet in grutte en djippe Ruby portflek. Faber rûn skommeljend nei de keuken en krige de sâltbus. Hy gie troch de knibbels en struide it sâlt oer it tapyt.
Mar it wie net genôch. De bus wie al leech wylst de flek mar foar de helte bedutsen wie. Hy suchte djip, kaam oerein en besleat it folgjende: dizze dei, dizze lange dei, wie foarby. Einlings. Einlings wie dizze dei foarby. De ljochten koene út.
Doe't er boppe wie, fernaam er dat de doar fan de lytse
| |
| |
sliepkeamer op in kier stie. Hy gie der yn en seach troch it rút. De strjitteljochten baarnden. Achter him stie de lege ladekast op it reade seil. Tichtby de muorre stie de strykplanke. It tankstasjon wie tsjuster. Himhar wie al nei hûs. Mei de bus. Alles wie stil en tsjuster. It wie as seach er as iennige op 'e wrâld troch it rút. In grutte frachtwein ronkte yn 'e fierte en kaam foarby. Daliks soe er de doarren iepenstean litte - foar it gefal -, lizzen gean en Mofro net wekker meitsje. Fierderop hearde er de lêste trein.
Mar Mofro wie wekker wurden en gie mei de hân nei ûnderen. Suchtsjend liet Faber it ta. Hy fielde him dûzelich wurden wylst er fernaam dat er hurd waard. Mofro har eagen - ôfwêzich, mar fêst - seagen nei it sloppe matras. Se kaam boppe-op him, krige it hurde lid en liet har sakje.
It matras fearre op en del, de sketten fan it bêd pipen en kreaken. Faber seach net nei har boarsten en net nei har gesicht. Mofro stinde net en die de eagen net ticht. Hy joech, alles dat er hie. Doe't er kaam en it útraasde, seach er har net skrikken.
Mofro bleau earst sitten, sakke doe wat djipper nei ûnderen, grypte syn polsen en lei de holle op syn boarst, sa't er oan alle kanten fêst siet.
Henk Faber, fan wurgens en dronkenskip liet er de holle achteroer sakje.
Op him lei Mofro. Stadich gie se in bytsje hinne en wer, hold dan wer op en gie dan wer fierder. Hy sykhelle troch de mûle, wylst se net ophold. Hy rûkte har, wylst er oeral droechte fernaam.
- Baas ..., hearde er har sizzen.
| |
| |
Miskien hie it it lûdroftige effekt fan de port west. Miskien wie it syn hurde skreau fan niis. Miskien hiene it harren hannelingen yn it âlde bêd west. Miskien hie it Mofro har fêste omklamming en ritmyske geskommel west, har ûngeduldige wachtsjen, har ferbiten trochgean. Fierderop hearden se lûd - yn it iepen keammerke klonk wat. Trije kear stuitere in strânbal op it reade seil. Doe krige er swierte en rôle er nei in hoeke.
Mofro liet los, sakke werom en gie ûnder it dekbêd lizzen. Henk Faber liet de holle noch fierder achteroer sakje, fernaam dat er hast gjin lucht mear krige en fielde dat er mislik waard. Hurd kaam er oerein, draafde nei it húske en koarre yn de pot.
|
|