| |
| |
| |
Lokwinske
Immen hoecht net altyd wat te sizzen. Bygelyks dat se no fêst toarst ha of oars wol mislik binne. Kommentaar op ien syn feestdei, dat is net netsjes. De pearse lapen foar it rút sizze ek neat. Se waaie in bytsje. Bûten is it dizich ljocht. Yn it gammele bêd lizze Henk Faber en syn Mofro.
Henk Faber hearde dat se stean gie en nei it húske rûn. Hy fielde it hert bûnzjen, wylst er nei de froulike lûden yn 'e badkeamer lústere. It húske waard trochspield, de kraan rûn. Doe't se weromkaam en it bêd wer ynkrûpte, hearde er har brutsen sykheljen. Doe't er mei de hân by har komme woe, hold se him earst noch ôf.
Faber luts it dekbêd wat fêster om harren hinne en seach nei de sintrale ferwaarming. Hy hearde dat se har hieltyd in bytsje beweegde - op it ritme fan it ynholden sykheljen. Hy wist dat it hier har foar de eagen hong. De wekker stie op 9.38.
- Henk ..., ik bin wekker, sei in smoarde stim.
- Ik hear it.
Har fuotten rekken sines. Hy wie bliid dat se wat sein hie, dat se him roppen hie.
- Fan he ... Do bist myn Mofro.
- Dankewol Henk. Do moatst witte: ik bin gek op dy.
- Ik ek op dy. Silst dat net ferjitte?
- Nee, noait.
- Goed.
| |
| |
940.
- Mofro?
- Ja?
- Wat ha wy altyd sein?
- Dat as de ien wat sizze wol, of freegje, dat de oar dan altyd antwurd jaan sil.
- Ja. No kinst alles sizze. En freegje.
- Henk ..., hoe âld bin ik?
- Fiifenfjirtich.
- Ja.
- Tegearre binne wy njoggentich wurden, sei Faber.
Mofro har stim sweefde troch de sliepkeamer.
- Henk?
- Ja?
- Wannear hawwe wy belies jûn?
- Ik wit it net mear.
- Miskien al alve jier lyn.
- Alve jier, njoggen moanne en acht dagen
- Miskien sân jier lyn.
- Sân jier, twa moanne en sechtjin dagen.
- Miskien fjouwer jier.
- Fjouwer jier, tsien moanne en ien dei. Mofro?
- Ja?
- Sille wy sizze ... hjoed?
- Ja, hjoed.
- Hjoed offisjeel. Twaentweintich maart.
- Fiifenfjirtich.
Har lichem skokte even. Syn hân kaam by har, mar Henk Faber wist dat er neat dwaan koe. Data wiene hurd, de kear wie net kommen. Hy lâne op har sêfte hûd.
| |
| |
9.44.
- Wy bliuwe mei ús beiden, Henk, spruts de stim.
- Twa yn dit hûs.
- Do hiest sa'n goeie karavanhâlder west.
- En do de grutske frou fan in karavanhâlder.
Mofro skokte nochris en doe't se ophold, miende er dat se ferstive. De hannen giene de loft yn, de holle draaide in kwartslach en doe't de hannen stadich wer nei ûnderen kamen, spraten de fingers har en sochten se om syn knibbels.
- Sis wa't ik bin Henk, sis it, flústere se.
- Do bist Mofro.
- Ja ...
- Myn Mofro. Fiif letters.
- Leave Henk, fertel my: hoefolle punten binne dat?
- Mear as hûndert.
- Dat is hiel wat.
Ferlieze wie (sus), ferlieze wie (sa). Of dat (whatever), sadat (no sa). Wat letter as heal maart. Wat letter as kertier foar tsienen.
De digitale wekker makke gjin lûd, dat wie moai. Statysk seagen de sifers him oan. Soms koe er de betriedding hearre. In hiel fyn bromke kaam dan omheech. It wie in frjemd lûd. It sei: ‘Do hearst no it meast anonime lûd tinkber.’
Henk Faber seach nei de pearse lapen en socht om de brom. Twa tikjes eins, twa lytse elektryske toanen. Tsjin syn fuotten, tsjin syn skouders, tsjin de holte fan syn búk lei Mofro.
De sifers feroaren stadich, ien foar ien. Soe er him omdraaie, him losmeitsje, dan soe er bedwelme wurde troch
| |
| |
opdroege swit, de skerpe rook fan fersuorre tekkens en in ôfgryslike toarst. Dit bêd, dizze gerdinen, dizze wekker, it hie genôch west. Op in dei moast de jiskewein komme.
- Mofro?
- Ja?
- It bêd kreaket. Hearst?
- ...
- Alde rotsoai, fynst ek net?
- ...
- Sille wy fan dit bêd ôf?
- ...
- Oare wike, dan keapje wy in nijenien. Smite wy dit fuort. Goed?
- Goed.
Se wachten noch in skoft ûnder it tizige dekbêd. Mar Faber krige har by de hân, seach har rêch út it smoarge bêd kommen en naam har mei.
Se dronken beide twa koppen iiskâld wetter. De dûs wie dan wol âld, mar altyd lekker waarm. Henk Faber wosk Mofro. Foarsichtich joech er har sjippe mei it wetter in bytsje te waarm. Foarsichtich gie er troch har hier. Hy spielde har ôf en lei de grutte handoek om har hinne. Doe giene se de sel út.
Mofro die de ûnderklean oan. Faber folge har nei de sliepkeamer. Hy die in skjinne ûnderbroek en broek oan. Doe gie er op it bêd sitten en seach er nei har yn de grutte spegel.
It wie frjemd: kleanstikken bedutsen har lichem hieltyd mear, mar lieten Faber hieltyd mear fernimme dat er séach. Sêfte skouders. Brede heupen. Lange skonken. Hy seach bantsjes, ritsen, elastykjes. In nije broek. In blûze mei
| |
| |
knoopkes. In fest mei rits. Wat juwielen om 'e fingers. Wat kraaltsjes om 'e nekke. It hier wat weromlein. It hier wat ophege.
Mofro wie klear en draaide har om.
Tegearre hellen se it bêdeguod derôf. Doe't Mofro alles opkrige, folge Faber har nei de badkeamer.
Mofro lei de wask yn 'e koer en sei dat se teesette soe. Faber antwurde dat dat goed wie en dat er him earst noch skeare soe. Mar se gie net fuort en seach hoe't er him ynsjippe en doe rêstich skearde. Glimkjend stiene se yn 'e stiennen romte, kalm dronken se beide noch twa koppen kâld wetter.
Hy tute har en liet de hannen oer har rêch nei ûnderen gean. Mofro har moaie ranke rêch - dat er har leaflik streake hie, dat wie lang lyn. Mofro draaide har om, liet ta dat er har yn syn stevige earms naam en widze mei op it ritme fan de drip út de kraan.
Prup, prup, prup, klonk it yn de stiennen keamer. De maat dy't mar oanhold, de fal fan in miniskúl pûdsje focht op it wite sanitêr, it lûd fan it brekkende wetter yn 'e kâlde badkeamer klonk oeral. Ut alle hoeken boaze it monotoane lûd oan.
Hiel kalm kamen de fingertopkes byinoar, hiel kalm knettere dêrnei in fonk wat mear, sloech er opnij oer en baarnde er dêrnei wat langer yn de wite, finsterleaze keamer.
En tagelyk ferbrutsen se de bân wer. Mofro gie foar, automatysk folge er.
Yn de keuken stie in grutte, smoarge ôfwask. De jiskepûde wie topswier wurden. Minstens in kwart lei oer it keukenseil.
Mar se dronken hite tee oan de tafel yn de achterkeamer.
| |
| |
Faber hie it boppeste rút iepen dien. Dêr wie de trein alwer. It wie in jonge dei.
Se soene scrabbelje. Henk Faber soe begjinne. Dat soe miskien liede ta ferlies.
Mar hy draaide it pûdsje om. Op de tafel lei in grutte bulte letters. Hy socht en lei it earste wurd: ‘lokwinske’. Se kaam op de k: ‘dankewol.’
It klokje tikke wer yn it finsterbank. It wie al nei tsienen.
- Mofro, hâlde wy dermei op?
- Ja, wy hâlde dermei op.
Hy seach dat de lippen wegeren - en dochs even belies joegen. De ‘3x woordwaarde’ waard wiet.
Bûten wie it deastil. Faber socht letters en in blanko blokje ...
- Wa bin ik Henk, sis it.
... en lei it wurd. Hy kaam op de o fan 'dankewol' en gie nei rjochts. Der stie: ‘moaie frou’.
- Do bist myn Moaie Frou...
Se krige syn hannen en lei se op it boerd. Doe swijden se in lang skoft.
De fingers giene sines bydel, alle fiif, twa by twa en ien foar ien. Doe omklammen se syn hannen en holden se stevich fêst. Faber krige in frjemd gefoel: it wie de twadde sinfolle, troch oarspronklik ferlet ynjûne hanneling yn mear as in wike tiid. Hy miende dat se wat sizze woe, mar har lippen giene allinnich mar hinne en wer.
Mofro har freegjende blikken easken fan him om nei har te sjen, de ranke hannen lieten him net los. Hy wist fan it útsûnderlike fan in ien en in oar - en hoe útsûnderlik it oars miskien wurde moatten hie. Hy wist dat de ien en de
| |
| |
oar dêrom swijden. Hy seach gjin berêsting of kalmte, gjin lilkens of teloarstelling. Op dit momint fernaam er mar ien ding: dat se oan 'e tafel siet en nei him seach. Dit gesicht, dit swijende antlit: sy wie wierskynlik de moaiste frou dy't er oait sjoen hie.
En se kaam oerein, naam de stoel mei en gie neist him sitten. Henk Faber, hy wist wol wat se tocht. De hân kaam al tichtby, kaam al benei. En hy makke in ûnmooglike beweging: swijend glimke er, wylst er dy iene tel priis joech dat er in pear nachten lyn yn it lytse keammerke Mofro har hân yn syn nekke nèt beäntwurde hie. Swijend krige er no har hân, om't er wist dat se him wat sizze woe, oan Henk Faber wat fertelle woe. Swijend lei er syn ûnbestimde frees ôf, it jok fan syn stjurre ferwachting. Swijend bedimme er syn eangstige fermoeden dat er syn behearsking oer de sitewaasje ferlieze soe. Want guon moatte dit witte: Henk Faber wie in min ferliezer. Ut 'e grûn fan syn hert meneuvele er it antwurd nei har: lit mar.
Foar it rút sieten twa sjoggers. En se seagen nei de rotsoaitún.
De klús waard iepenmakke. De kamera rûn. Op it behang kaam in frachtwein foarby. Yn 'e fierte draafde in jonkje oer it drokke hiem, nettsjinsteande útdruklik warskôgjen wie er dochs ûntsnapt. Ien krige him by de nekke, lei it mantsje oer it skouder, tikke him op 'e kont en rûn rap werom.
Yn 'e tún wie net in fûgel te bekennen, mar boppe, fier yn 'e loft hearden se in fleantúchje.
- Hear, de stim fan de sinne, sei Faber.
- Ik rûk it ek al in bytsje, de blomkes en sa.
- Aanst komme de thúsfluiters.
| |
| |
- Dan kwetterje se ús it bêd út.
- It nije bêd.
Mofro kaam oerein, rûn nei de foarkeamer en die de fitraazje iepen. Yn de keamer foel in sinnich ljocht.
Faber wie ek oereinkommen. Mofro seach swijend nei de wei. Hieltyd mear auto's kamen foarby. Hjir, tocht Faber, yn dit hûs en op dit hiem, wie se elke dei om him hinne. Grutsk seach er nei har moaie, ranke rêch, dy't as in silhûet tekene wie tsjin it sinneljocht.
Hy gie nei de keuken en fage de jiske byinoar, wylst Mofro achter him it fornús begûn te himmeljen. Doe smiet er de lege snertblikken fuort, folge troch alles wat mar smoarch wie: woarstfel, sipelskilen; lege soppakjes, bierblikjes, fruchtesoppakken, sjipspûden, blikjes tomatepuree; âlde stikken bôle, teepûdsjes, kofjefilterpûdsjes. Faber die de keukensdoar iepen en sette in doaze mei lege flessen bûtendoar.
It fornús wie skjin. Se koene de ôfwask dwaan. It waarme wetter streamde al. Mofro waske - sa gie it altyd.
Glêzen en kopkes.
- Mofro?
- Ja?
- Ik moat dy wat fertelle ...
- O?
- Wat net-sa-leuks...
- O?
- Ik ha ...
- No?
- Ik ha ... netinkadootsjefoardykocht. Wat is it moai waar net?
Opskepleppels, messen, foarken, leppels.
| |
| |
- Fan 'e middei moatte wy te boadskipjen, begûn Mofro.
Wat hawwe wy noch yn 'e hûs?
- Net folle. Hast alles moat der komme. Tsiis, fris, jirels...
- Molke, sûpe, fleis...
- Fruit, griente...
- Fisk, oalje, bôle...
- Wy keapje ek in moaie cd.
Pantsjes, grut en lyts, sopkoppen mei opdroege focht en noch smoargere, griisgrien útsleine kopkes.
- Henk?
- Ja?
- Nije wike meitsje ik myn Siciliaanske gehakskûtel.
- Ah!
- Dêr bisto gek op. Mei tomaat, paprika en parmesaanske tsiis.
- Soargje ik wol foar it neigesetsje.
- Dochs gjin fla wol?
- ‘Faber's fla, goed voor hem en haa - r’.
Grutte pannen mei opskepleppels en houten spatels mei fêstkoekte rêsten saus en in flinke snertoanslach.
- Ik ha noch hiel wat frije dagen stean, begûn Mofro. Sille wy wat dwaan?
- Ja! Plan?
- Ik wit it net.
- Dan dogge wy dat wat wy no noch net witte en tinke wy der lang oer nei - ek leuk!
- Ja!
Faber dweilde de flier. Mofro sette it achterrút op in kierke. Doe't se mei it blêd mei farske kofje nei de keamer rûnen,
| |
| |
wie de keuken skjin ferklearre. Faber die de telefoanstekker wer yn it kontakt. Se giene op de bank sitten om in nij petear te begjinnen.
Mar se swijden skoften, seagen nei de muorre mei fotootsjes en harken nei it klokje. Healwei tolven. Mofro dronk stadich, dat murk Faber fuort. Hy hie it ûnsinnige gefoel dat er wat foar har dwaan moast - of oars in petear begjinne moast.
Mar de wike soe wer gewoan wurde, miskien wol gewoaner as er oait tocht hie. Miskien tocht er dêrom wol nei oer syn mooglike finansjele foardieltsje.
Mofro kaam oerein, rûn nei de achterkeamer en rêde de tafel op. It boerd en de stientsjes, alles waard opburgen yn de langwerpige doaze. Faber woe nije kofje helje en kaam ek oerein, mar koe net neilitte om troch it grutte foarrút te sjen. Eins wie it prachtich waar. In fytstas fol hús-oan-húskranten kaam foarby. Tegearre stiene se yn de wenkeamer - de ien foar, de oar achter. De langwerpige doaze wie ôfsletten mei in deksel. Nei boppe, betsjutte dat.
Faber rûn nei de tafel, drukte op de powerknop en socht om in nûmer.
Yn 'e midden fan 'e keamer kamen se byinoar.
‘I give her all my love
That's all I do
And I if you saw my love
You'd love her too
And I love her’
| |
| |
Yn 'e midden fan 'e keamer nuenten se in bytsje mei en harken doe wer.
‘I love like ours
Could never die
As long as I
Have you near me’
It wie frjemd. Wylst se stadich widzen, gie de bel. Faber die de cd op ‘pause’, rûn nei it gonkje en die de foardoar iepen.
Foar him stiene wol fjouwer minsken. Twa hiene in learen jas oan en petten op. Ien fan de learen jassen hie de hannen op 'e rêch. Henk Faber skrok him in ûngelok. Achter harren stie in bekende auto.
- Dach ...
- Binne jo Henk Faber!?!
- Eh ..., ja.
- Ik bin adjudant Veenstra. Dit is myn kollega wachtmaster Kuipers.
- Dach Veenstra.
- Dach Faber.
- Dach Faber.
- Dach Kuipers.
- Dach Veenstra.
- Dach Kuipers. Dit is notaris Blok
- Dach Faber.
- Dach Blok.
- Dach Veenstra.
- Dach Blok.
- Dach Kuipers.
| |
| |
- Dach Blok.
- En dat is Ingele Vogelvanger.
Himhar.
- Henk!
- Dach ... Ingele?
- Faber, ferfolge Veenstra, de kwestje is dizze. Ingele is it nèt ferjitten. Hy hat Blok belle, om in echtheidssertifikaat. Wat sizze jo derfan, Blok?
- Veenstra ... Faber ... Kuipers ... Ingele ... hjir myn trije wurden: it is echt.
- No Faber, jo hearre it: it is echt. Dat fierder mar wer mei dit petear. Sa't ik sei: Ingele hat jo net ferjitten. Jo meie him tankber wêze, hjoed giet er wer fuort. Dat wy tochten: miskien moat er it sels mar jaan en dan sizze. Ingele?
Himhar die in stapke nei foaren en krige wat út 'e bûse fan syn lange jas.
- Foar jo yn myn hân, Faber. Asjeblyft, no yn jo hân fan my. In echt Steatslot.
- In lot?
- De trekking hat al west.
- Huh?
- Passe jo der goed op? Miskien moatte jo ris wat oars keapje ynstee fan al dy blikjes, flessen, woarsten en sjips.
- Mar Ingele ...
- Jo meie my noch in hân jaan, de bus wachtet.
- Wat moatte wy ...
- O, hy giet al. Ik moat gean.
- Ja, sei Veenstra, wy gean ek wer. Kuipers?!
De hannen fan Kuipers kamen achter de rêch wei. Under it kin fan 'e plysjeman siet in prachtige rûker.
| |
| |
- Asjeblyft.
Faber krige de blommen, betocht him dat er wat sizze moast, mar seach dat de oaren al fuortrûnen. De rûs fan de drokke dyk naam har fuort mei, hy hie net iens tiid mear om ‘dach’ te sizzen.
De doar foel stadich yn it slot. Faber draaide him om. Op 'e doarsmatte lei de hûs-oan-hûs krante. De kop wie dúdlik lêsber. Dief overval gepakt.
Automatysk grypte er it optearde, tinne blêd, draaide it om, seach nei rjochtsûnder en glimke foldien.
Te koop:
Brandhout
Bel Henk Faber
Faber smiet de krante yn 'e grutte doaze en rûn mei lot en blommen werom nei de wenkeamer.
Doe't er de gongsdoar achter him tichtdie, seach er fuort dat Mofro wat fernommen hie. De smelle hannen boarten mei de rits fan it iepen fest. Swijend, triomfantlik lei er wat er krigen hie op 'e tafel. Doe drukte er wer op ‘pause’.
Henk Faber krige syn moaie frou by de earms, by de heupen. Harren dûns wie ienfâldich. Eins fersetten se harren net, mar giene se widzjend hinne en wer. Under har fuotten wie in grut portflek.
Se flústeren it yn inoars ear.
- Bright are the stars that shine
- Dark is the sky
| |
| |
- I know this love of mine
- Will never die
‘And I love her’
Parampampam... Parampampam... Parampampam... Parampampam.
|
|