| |
| |
| |
F
Guon sille sizze: Henk Faber docht him foar as swakkeling, mar as er kin, slacht er ta. Dat type mins is it bêste ôf yn in net-subsidiearre wurkkamp, mei wurktiden fan sân oant sân. Sûnder skoft.
It hoecht net wier te wêzen. Miskien is Faber wol hiel meigeand, miskien wit er mar ien ding: dat er elke dei by Mofro is. Hjoed ek wer. It is noch net sa let, healwei tsienen. Faber fielt him mar sa-sa. Mar eins hat er net safolle tiid om dêr oer nei te tinken. Sa't al sein is: Henk Faber is in man ûnder tiidsdruk. Ek dizze dei. Hy hat earst Mofro wekker makke, doe hat er nei it húske west, doe hat er tee set en bôle mei jam smard. De tafel moast ôfromme wurde, de tee moast yn kopkes, de bôle moast op pantsjes, alles moast nei de achterkeamer, dus poe-poe & hèhè. No drinke se tee en ite se ûndertusken de bôle op. Faber sjocht troch it rút. Hy wit dat Mofro fannacht nei ûnderen west hat.
Swijend naam er Mofro op. Se hie de holle yn 'e hannen lein en stoarre nei it tafelsblêd. Rjochts fan har leine de wurdboeken en it boerd. De letterrekjes en stientsjes sieten yn in pûdsje. Doe't Faber troch it rút seach, wie der hout, hout, hout. Mar hy tocht net oan hout, hout, hout. Hy tocht oan Mofro, dy't de dei wèr begûn wie mei de holle tusken de hannen - en mar mei muoite wat iet.
- Wolst ek kofje? frege er.
- Ja.
- Sille wy hinne?
| |
| |
- It reint.
- Ik ha in reinjas. Wolst dy oan?
- Ja.
Henk Faber krige de kopkes en de pantsjes, rûn nei it oanrjocht en krige dêrnei syn reinjas fan in spiker. Alles foar Mofro - se wachte oan de tafel. De twa ruten ferburgen neat, ek it reinwetter op de beide ruten ûntnaam him it sicht net. Hjoed soe, ek al libben se mar yn in koart tiidsbestek, in gewoane dei wurde. In tankstasjon. Scrabble. Ite. Drinke. Sinke. Nei boppen gean. Der wie eins neat bysûnders oan, it wie ien en al oarder. Mofro soe mei letters smite, hy soe itensiede. Miskien soe er, foar de ôfwikseling, ris neitinke oer de fraach wat er nei dit tiidsbestek mei de rotsoai yn 'e tún dwaan soe. Yn elts gefal soe er it oprêde. Mar soe er alle hout kreas yn rychjes lizze? Of soe er alles yn 'e hoeke smite? En wêr moast al dat izer en al dy stiennen trouwens hinne? Mei Mofro hie er it al ris hân oer in moaie nije kachel, dy't op in stiennen platootsje stean koe yn de foarkeamer. En dan oerenlang nei de flamkes sjen.
Hy kaam by de tafel en hold de jas iepen. Mofro seach op, gie stean en liet har de jas oanlûke.
It reinde net in bytsje. It spielde. Hy moast drave om net wiet te wurden, mar doe't er ûnder de oerkaping kaam, wie it hier al dweil. Mofro kaam wat letter, mar hie net foarkomme kind dat it ûnderste stikje fan har broek trochweakke wie.
Tegearre rûnen se nei de skodoarren. Spaar nu ook Bunder-punten. Himhar hie de fuotten oerinoar slein en lies opnij yn in boek. Gelyk hie er, tocht Faber, want der wie werris neat te dwaan.
| |
| |
- Henk! rôp Himhar.
- Dach, antwurde Faber.
- Henk syn frou!
- Hoi, antwurde se sêft.
Se rûn achter him oan, dat fielde Faber fuort. Hy die muntsjes yn 'e masine en sette de kopkes op de kruktafel. Tegearre dronken se swarte kofje. Faber krige in reep sûkelade en hold dy omheech nei Himhar. Nei't Himhar ynstimmend knikt hie, helle er de wikkel fan de ynhâld. Swarte kofje mei swiere sûkelade, in hearlike kombinaasje. Faber seach troch it rút. By ien fan de pompen stie in auto mei karavan.
Alles wie ... Bûten dûnsen de blommen yn de wyn. De kofje wie hjit, de swarte reep smakke dêrtroch nammerste better. De eigener fan de auto mei karavan rûn troch de skodoarren nei de kassa. Mei it waarme kopke yn 'e hân rûn Faber der samar hinne.
- Sa, de karavan alwer ophelle? frege Himhar.
- Ja, oare wike it earste ritsje.
- Ah. Wêrhinne?
- Net te fier, hjir yn 'e buert of sa. It is eins in testritsje, even sjen oft alles noch wurket. Maart no?
- Gean jo dêrnei faak mei de karavan fuort? frege Himhar fierder.
- Om 'e twa, trije wike. En yn 'e grutte simmerfakânsje fansels. Nei Frankryk!
- Oant wannear ride jo dan? frege Faber wylst er in slokje naam.
Gadfer, tocht er. Hy baarnde him hast de bek. Sa waard er net in kundich sakeman.
- Heal oktober giet de doar op slot.
| |
| |
- Ah. Dus fan heal oktober oant heal maart is er ‘ûnder de pannen’?
- Ja. Foar ús de dreechste tiid fan it jier, suchte de man.
Hy seach nei Himhar en doe nei Faber.
- Wy binne graach yn ús karavan. Wy ha altyd sein: der is gjin leukere hobby tinkber. In mobile wenning jout ús wille, elkenien dy't mei de karavan te krijen hat jout ús ek wille. Myn frou is breklik, as wy de karavan net hiene, moasten wy in protte misse.
- Dat kin ik my yntinke, sei Himhar.
- Foarige wike is der ynbrutsen yn 'e winterstalling. Wat wol sa'n ien dêr no? Der is neat te heljen!
- Kloppet, sei Himhar.
- Lykas de oerfal op dy buertwinkel, lêsten ommers. Skande gewoan.
Faber fernaam dat Himhar nei him seach. By de kofjemasine wachte Mofro.
- In protte wille dit jier, sei er tsjin de man en hy slofte fuort en hearde de man noch krekt ‘dankewol’ sizzen.
- Giest mei? flústere er tsjin Mofro.
Se die de jas wer ticht en folge him de skodoarren troch.
Mar al nei in meter gie Faber werom.
- O ja. Dach! rôp er.
- Yo Henk, ek dach! rôp Himhar werom wylst er de man segeltsjes joech.
It wie droech wurden. Mofro hie de jas foar neat tichtdien. Se rûnen by de karavan del. Hy wie wol fiif, seis meter, skatte Faber. Mmm. En hy die it hikje iepen en liet Mofro foargean.
Op de doarsmatte lei in krante, mar hy smiet him gau yn
| |
| |
'e doaze. Se soene spylje. Mofro begûn. Op it rekje stiene sân letters.
Mofro lei ‘nietje’, Faber ‘echter’. Mofro lei ‘ziek’ en ‘mega’, Faber ‘treurig’ en ‘zanik’. It gie hiel goed: hy hie al in foarsprong fan alve punten. Mar Mofro lei sterk mei ‘eter’ (‘zanikt’), Faber antwurde swak mei ‘raden’. Fjouwer punten noch, dochs oei! Mofro lei ‘bank’ (‘na’/‘in’), Faber antwurde mei ‘wrede’ (‘me’). Fiifentachtich tsjin sânennjoggentich. Mofro kaam ynienen mei in protte letters: n, a, a, p, e, en n.
- Naapen?
- Naäpen!
- Mei dat?
- Ja, dat mei.
- Wisfan?
- Ja!
It wie ‘treurigst’ foar Henk Faber (mar fjirtjin punten). It ferskil waard lytser: noch mar tsien punten. Mar Mofro faalde: se kaam mei ‘topo’, ‘neer’ en ‘bajes’ (‘ze’, ‘eis’), Faber demarrearre mei ‘reeg’ (‘er’), ‘zie’ (‘zanikten’) en ‘bon’ (op trije kear wurdwearde, in previntyfke).
Mofro lei ‘ole’.
- ‘Ole?’ Wat is in ole? Ik kin wol ‘kofje ó-lè’, dat is Frânsk.
- ‘Olé!’ Doch net sa flau.
- Wat? ‘Olé’?!
(Guon moatte witte: Henk Faber hie fuort sjoen dat se mei ‘al’ en ‘je’ njoggentjin punten helje soe. Fuort tocht er: bliksem! En ek: wêr is de q?, want it pûdsje slonk al aardich.)
- Olé is Spaansk! Hjir gjin Ibearyske tastannen!
- It is in hiel normaal wurd wurden, dat witst ek wol. Tink
| |
| |
mar oan ‘eh’, ‘oh’, ‘aha’ en ‘hi’. Boppedat: foarige wike hasto ‘joehoe’ lein.
- In ‘joehoe’ is in âldhollânsk wurd yn 'e relaasjebemiddeling. Foar in joet in hoer, joe-hoe dus. Sa gek wie dat net fan dy froulju. ‘Joeh...!’
- Spilest even troch?
Faber wist dat er neat dwaan koe. Mar it moast net mâler wurde. Ut foarsoarch lei er ‘ex’. Hûndertseisensantich tsjin hûndertnjoggenensantich. Eins moasten se opnij begjinne.
Hie se de q no al?
Mofro lei ‘muziek’. Faber seach fuort syn kâns, stom dat er it net earder sjoen hie: ‘volgen’. Trije kear wurdwearde, njoggenentritich punten! Hy fielde him ferromme en folge Mofro har moaie hannen.
Se lei in prachtwurd: ‘blos’ mei ‘la’, ‘op’ en ‘sex’ as bykommend.
- Prachtich, sei Faber.
Samar wie er hiel bliid.
Mofro waard der read fan. Faber wachte even mei lizzen, seach nei har reade blos en lei ‘tref’. It wie in sa-sa set: sechtjin punten. Twasechtjin tsjin twafjouwerentritich. Nije omloop. Mofro kaam. ‘Ruwer’ (tweintich punten). Faber ant wurde striemin, ‘doch’ (alve), krige letters út it pûdsje en skrok: hy hie de y grypt. Mofro tocht en lei ‘open’ en ‘ex’, ienentweintich punten. Mmm, ‘via’, mar fyftjin.
It pûdsje wie leech. De stân liigde net: twahûndertsânenfyftich tsjin twahûndertnjoggenenfyftich. Frd'mme.
Henk Faber fielde him ûnrêstich. Mofro tocht djip nei en seach skoften nei it boerd. Yn har hân dobbelen trije
| |
| |
stientsjes. Soe de Q komme? Dan wie er, wie it wurd goed, kânsleas.
Se kaam. Hy koe it eins net leauwe: ‘wreders’, in blanko r tusken ‘wrede’ (fertikaal) en ‘treurigst’ (horizontaal). Faber skrok fan de lingte fan it wurd - sa let yn it spul noch. Tsien punten. Wat koe er dwaan? Hy stoareage nei it letterrekje en hearde har opwûne azemjen yn 'e fierte.
Faber lei in n sa't er ‘want’ en ‘in’ meitsje koe. It wie in ûnferwachte klapper: alve punten. Hy mocht en soe net tajaan: twahûndertsânensechtich tsjin twahûndertsantich. Trije punten.
Der wiene noch seis letters - beide trije. Faber wie der net gerêst op. Hy hie in blanko en de i. Hy krige de blanko en sleat him yn 'e hân. Sûnder beweging, as wie er yn alles himsels de baas, wachte er ôf.
Mofro har hân kaam boppe it boerd. Tusken har fingers lei miskien it needlot. Se liet him stadich sakje. It blokje waard omdraaid en lâne sêft. Tik, sei it. Der stie ‘naäpend’.
Faber fielde in skok troch it liif gean. In orgasme fan swit stode him oer it liif, wylst er mar kwalik de hannen rêstich op 'e knibbels lizze koe. Doe sloech er wat hier fuort - wat er oars noait die.
Naäpend. Njoggen punten. Makke twahûndertseisensantich.
Hy rekkene rap, wylst er it stientsje hieltyd tsjin de knibbel sloech. Fjouwer punten hie er nedich, fjouwer punten mei in blanko stientsje of de i.
Faber sloech, fluite flústerjend in wyske en fûn dat er rjocht hie op tiid.
Skoften giene foarby. Syn eagen skeaten hinne en wer, syn
| |
| |
hannen kamen omheech en fleagen as in satellyt boppe it boerd. Faber koe net berêste, oant de lêste snik soe er folhâlde. Berêsting, dat wie it ferskriklikste dat er koe; ‘tajaan’ kaam yn it wurdboek fan Henk Faber net foar.
- Komst noch? frege Mofro nei in skoft.
Mar Faber antwurde net en joech de satellyt de frije hân.
- Hee!
En hy fielde him read wurden. Read fan opwining. Read fan de kommende fiktoarje. Oerwinningsread. De satellyt sakke en lâne. Henk Faber lei ‘f’. Fiif punten. Twahûndertseisensantich tsjin twahûndertfiifensantich. Ien punt achter, mar nei ôflûk trije foar.
- f, blokje?
- ‘ff’.
- ‘ff’? Wat is dat?
- ‘effe’.
- ‘effe’?
- ‘effe wachte!’
- Faber!!
- ‘bbq’! Ik ha de y, do dus de q?
- ...
- Sis it!
- Faber, etterbak! ‘Effe’?!
- q?
Mar Mofro krige it reglemint.
- Het spel is uit, wanneer de pot leeg is, en: a. als één der spelers geen letters meer heeft of b. niemand meer een woord weet te vormen.
Se lei it werom.
- Miskien kin ik noch wol.
| |
| |
Hy koe it net leauwe. Hy seach nei syn i. Hy koe noch ‘mei’ lizze en ‘hi’, mar wat koe Mofro noch?
It waard stil. Faber hearde har tinken. Hannen, tonge, kuchjes. Sêfte soere rook. In klokje.
- No?! Hjoed noch?
Mar Mofro die neat - kuchjes, tonge, hannen. Faber seach nei it folle boerd. Har suchtsjen waard lûder en lûder - en stûke doe.
- Ik kin net mear... Ik ha in q en in n, mar ik kin net mear.
- Yes!!
- Do grutte... efferbak!
Faber kaam oerein en raasde lûd.
- FffF! Faber forever, forever Faber!
Syn stim galme troch de keamer. Net ien hie safolle wille as hy hie. Net ien wie sa goed as hy wie. Elkenien moast it witte.
- Wy hawwe de f, wy hawwe de a, wy hawwe de b, wy hawwe de e, wy hawwe de r. Faber, Faber, Faber-rrr!
We love you Faber, we do! We love you Faber, we do!!!
We...
- Henk!!
Mofro fûn it net leuk. Achter har stie it klokje. It wie healwei ienen. Faber gie wer sitten en seach troch it rút. Hy die de hannen gear, lei se ûnder it kin en seach nei Mofro har fertrietlike eagen. It wie wer stil wurden, lykas foarhinne. Hy wie wer lâne yn harren eigen hûs. Mofro har hannen leine op tafel. Har tonge beflibe har lippen. Se kuchte wat en seach doe nei him.
- Wolst ek sop mei bôle?
| |
| |
- Watfoar sop?
- Sineeske tomaat. Dy ha ik noch by Patje kocht.
- Doch mar.
Faber gie nei de keuken en sette de tsjettel op in sêft fjoer. Doe rûn er oer it skytlytse platsje de rotsoai-tún yn. Hy moast oer grutte planken klimme, hy moast fansiden gean foar stikken beton, hy moast stikken glês ûntwike. De tún wie djip. No ja, tún - in grutte lape grûn dy't by syn hûs hearde, dat wie it mear. Oan de ein stie in izeren stek, dat wer foar in hege konifearehage lâns rûn. It moast sein wurde: doe't Faber by it stek kaam, wie er hast skjin ynein. Net allinnich wie de garaazje anneks hok ynstoart, de bûtenste muorre hie twa oare hokken gewoanwei ferplettere. Djip yn gedachten seach er de rotsoai oer.
Der wiene tinne planken en swiere balken, der wie in healiepene doar en allegear stikken kezyn. Der wie ek noch in stik stiel dat út de rotsoai stuts - oait ien fan de grutte seagen. De kraan dy't de auto ûntsette moatten hie, hie syn wurk goed dien. Ek de opreed wie ien grut slachfjild, as hiene mollen in rinfuorge-oarloch fierd.
Fierderop seach er noch de rêch fan Mofro. Achter it rút, dat fan dizze ôfstân mar lyts wie en djip yn it hûs fersonken lei. It wie wier dat de útboude keuken in protte ljocht fuortnaam. Hy koe noch krekt it reade tafelskleed ûnderskiede. Mar mear seach er de rêch fan Mofro. Se wachte. Se siet allinnich oan de tafel. Se hie in ranke rêch, dy't him sizze woe dat se allinnich wie en op him wachte - ek nei dit safolste ferlies.
Boppe har wie it sliepkeamersrút. De pearse gerdinen wiene ticht, lykas de fitraazje yn 'e foarkeamer. Ja, it wie
| |
| |
sûnder mis in ticht en tsjuster hûs. Rjochts fan him koe er it hege logo fan it tankstasjon sjen. Noch mear nei rjochts seach er de ferljochte shop.
In tankstasjon. Mear as tûzen kleuren. Minsken rûnen yn en út, sûnder wat te sizzen. In besiker kaam oanriden mei in sleau gonkje. In man stapte sûnder in lûd te meitsjen yn 'e auto. Fierderop, ûnsichtber, kaam in trein foarby. Syn hobbel oer de rails joech dy frjemde echo. Dy echo, dy skerpe sus, de stim fan de anonimiteit.
Himhar wie net te sjen. Hy siet achter de muorre neist de skodoarren.
Tusken it tankstasjon en de hege konifearehage wie in nutteleas stikje gemeentegrûn. De konifearehage wie de skieding tusken de drokke wei en in nije wenwyk.
De klant hie betelle. Faber seach him de skodoarren út kommen en de auto yn stappen. Lûdleas gie de auto wer fuort. Hiel rêstich ûndernaam Faber de reis werom. Fansiden en oer fan alles hinne gie er op wei nei de keukensdoar. Undertusken tocht er djip nei en makke er yngewikkelde berekkenings. Dat de hage sa heech wie, dat kaam goed út. Dat de gemeentegrûn net mear as in planologyske opfolling wie, dat wie ek moai. Feitliks hie er mei net ien wat te krijen - en hie er sicht op alles.
It wetter sea. Hy smarde wat bôle mei pasta en jam, geat twa koppen yn en gie nei de tafel. Se ieten. It wie al oer ienen. Faber die de radio oan om nei it nijs te lústerjen.
‘... door de grotere inflatie zakte het aandeel in de loop van de ochtend met tien punten. New York heeft nog niet gereageerd...’
- ... want Dow Jones is met vakantie!
| |
| |
De nijsman sloech wer om.
‘Dan nu het weer. In de loop van de dag droger, met...’ Faber die de radio wer út.
- Hearst dat? De koers is sakke. Moai!
- O.
- Mofro?
- Ja?
- Ik ha djip neitocht.
- Do?
- En ik wit it.
- Wat?
- Hoe't it fierder moat.
- O?
- Ik wurd karavanhâlder.
- Karavanhâlder?
- Ja. ‘Caravanstalhouderij Faber.’
- Caravanstalhouderij Faber ... Tsjonge.
- Met de F van ..., van ...’
- ... FF wachten!
- Ach, flau! Met de F van... no ja, komt noch. Flexibel space management!
Mei earms en skonken makke Henk Faber in searje flotte bewegings.
- ‘Fabers Caravanstalhouderij, kwaliteit voor hem en zij. Maar ook voor haar en hij is de kwaliteit dichtbij.’
- Kwaliteit? Wat foar kwaliteit moatst no ha om in karavan-stalling te runnen?
- No, service. En pr. En vips. En eh... segels. En...
- ... commitment, outsourcing en management by walking around.
| |
| |
- Just. ‘Goeiemiddei. De namme is Faber, Henk Faber. Eigener en direkteur van Faber's Caravanstalhouderij. Wy binne in top-down-organisaasje. Jo mobile-unit is in safety-target foar ús chief-executive & sales-manager, moi.’
- Ff dimme grut-oandielhâlder!
- ‘Entûsjasmearje is myn fak, gersmeane myn hobby - jo komme in bytsje thús. Us kredo ...’
- ‘Management by fuckin' around.’
- Walking! Wêrom nimst my net serieus?
- Henk, hoefolle karavans kinst hjir no kwyt?
- Ik tink wol tsien.
- Tsien karavans. Do wolst libje fan tsien karavans dy't hjir gewoan in healjier stean...
- Ik hoech...
- ... en ús it ûtsicht ûntnimme.
- Mofro! Ik hoech der net fan te libjen. Ik wol allinnich mar sizze: miskien kinne wy fan dat jild in bus keapje!
- En dêrfoar moat ik de helte fan it jier nei karavans fan oaren sjen?
- No...
- Soksoarte plannen, dêr wol ik it no hielendal net oer hawwe. Earst oare saken.
- Dat begryp ik, mar...
- Dat bedoel ik net. Henk, dit hûs ...
- Wat is dêrmei?
- Sjoch no ris. Asto dy boppe yn 'e sliepkeamer omdraaist, falt de toskeboarstel op 'e flier. En altyd sjoch ik nei dy rotsoai, raast de dyk en kinne wy yn it tsjuster de stjerren net iens sjen. En dat sûnder bûtenljocht! En dan moat ik ek noch allegear karavans yn 'e tún ferneare? Ik kin myn fyts
| |
| |
achter bytiden net iens kwyt!
- Wolst sizze datst hjirwei wolst?
Mar Mofro joech gjin antwurd en seach by him del nei de foarkeamer.
- Mofro, ik bin hjir berne.
- Ik sis net dat ik hjir moarn wei wol, mar om de wearde te fergrutsjen, foar in ferkeap of foar letter.
- Ferkeap? Wat foar ferkeap? Wat krije wy no?
- Ik sis: as wy net mear yn dit hûs ynfestearje, sil it letter ek ynstoarte.
- Ja, en ...?
- Dan kinne wy dus noait wat oars!
- Mar ik wol hielendal net wat oars!
- Wy moatte hjir dochs ek noch wenje?
- Ja ...?
- Soms wol ik hjirwei! Achter ús binne de huzen teminsten goed!
- Wat wolst dêrmei sizze?
- It hûs opknappe, dat is dochs altyd sinfol?
- Mofro! Ik betink in plan. Ik sis: wy kinne tsien karavans kwyt. Is in goed bedoelde suggestje net goed genôch? Tinksto datsto profitearje kinst fan myn domheid? Wa tinksto datst foar dy hast? No??
- Henk ...
- Ik rin my hjir de sloffen glêd, ik besykje dizze wike foar us draachlik te meitsjen en as ik wat útstel, seisto: mar ik wol fuort!
- Dat sis ik hielendal net!
- Foaral dat ‘mar’. ‘O ja, it is ek sa.’, ‘O ja, ik moat dy wat fertelle.’, ‘Trouwens.’.
| |
| |
Niis wie Faber noch fleurich. No gie er stean en raasde in woeste útrop troch de keamer. Mofro skrok derfan.
Alles wie grutter, wylder, leger, drokker, benauder, droeger, skerper, sâlter, rûger, waarmer, kâlder, lûder, smoarger as earder - as oait. Op de fjouwerkante meter. Henk Faber krige it scrabbleboerd en goaide it oer de flier. Hy krige it lege sopkopke, gie nei de keuken, gie troch de keukensdoar nei bûten en smiet it stikken tsjin de muorre.
Patss!
Doe sykhelle er djip. Hy seach nei de rotsoai-tún. Tsjin de muorre stie in biezem. Nochris, nochris en nochris azeme er djip.
De wite wolken fleagen fuort. De fûgels kwetteren. Achter him wie de drokke wei.
Hy krige de biezem en fage de diggels yn in hoekje. Der lei al in bultsje oare diggels - it bultsje waard wat grutter. Doe't er troch it rút seach, wie der gjinien. Faber gie tichter by it rút stean, drukte de noas en de hannen tsjin it glês en seach de keamer yn.
Mofro wie troch de knibbels gien. Se hie in swarte broek oan. It hier siet los foar de eagen. Stadich socht se de stientsjes byinoar. Soms fage se wat hier fuort. It scrabbleboerd lei noch op 'e flier.
In oar rêde syn rommel op - in frou noch wol. It gie ek sa op rûtine, as die se dat elke dei. Guod oprêde fan in oar, fan ien dy't samar fuortgien wie.
De f fan ferknoeier, tocht Faber. Hy seach dat se it scrabbleboerd optearde en wer stean gie. Dêr wie har rêch wer, rjochtop yn 'e keamer. De sinne kaam troch. Se draaide har in kwartslach en lei it boerd op de tafel. De stientsjes
| |
| |
folgen. De tafel wie wer fol. Troch it keamersrút seach er in silhûet fan in frou.
Fia de keuken gie Faber werom nei de achterkeamer. Hy kaam tichtby har. Mar hy doarde net fierder te gean en bleau stean.
- Kom net tichterby, Henk, flústere se. Ast my net mear wolst, kom dan net tichterby.
Mar Faber kaam tichterby, krige har by de heupen en lei de holle yn har nekke. Mofro, se rûkte in bytsje. In bytsje mar. It wie net slim - earder fertroud.
- Henk, flústere se, it is net lang mear.
- Ik wit it.
- Wat kinne wy net sizze, Henk?
Se widzen sêft hinne en wer.
- Wy kinne net sizze... dat hjirnei, dat dan de saak beslikke is.
- Nee.
- It libben giet troch.
- Ja.
- Miskien ..., miskien ..., eh ...
- ... moatte wy in boerd meitsje yn 'e tún. Dit is in goeie lokaasje, sa flak foar it tankstasjon.
- En fan it jild oan it timmerjen slaan - boppe. Of ris in fatsoenlike dûs meitsje litte.
- Of advertinsjes ôfsykje nei in moaie bus.
Henk Faber en Mofro mompelen fierder, rêstich praten se yn inoars ear.
Pas dêrnei seach Faber nei it tafelsblêd. In leech kopke, twa pantsjes. Mofro draaide har om en tute him. De hannen giene oer syn earen nei ûnderen. It lichem, it hier, alles oan
| |
| |
Mofro ... wie fan Mofro, elke dei wer. Se tuten lang en stadich, fol ritme en geduld, wylst de sinne de tún opdroege. Se wisten it net, mar foar it rút, net fier fan harren ôf, siet de roek. Hy wie kommen sûnder dat se it wisten. Hy hipte oer it hout sûnder dat se it seagen. Hy kriet sûnder dat se it hearden.
- Kom, sei Faber, wy gean nei boppen.
Mofro folge him de trep op. Faber klaaide Mofro sa fier mooglik út en liet har ek har gong gean. Se hiene neat mear oan en stiene foar it bêd. Se tuten noch, giene lizzen en ferlearen it sicht op inoar. Mofro frege, Faber wie gewillich - Faber socht, Mofro wie gewillich. Se hie it kessen tusken him en har lein, flústere en plukte yn syn hier. Faber azeme yn 'e tinne stof, rûkte oars net as de muffe slieplucht en joech, alles dat er hie. Doe't it safier west hie, liet er him weromsakje en grypte er it muffe, troch flibe wiete kessen. Se suchten djip en swijden. Soms beweegde de iene, soms de oare. Wat der wie, wie dit: in feal dekbêdoertrek, in âld bêd, in muffige matrasbeskermer, twa kessens. Twa liven fol swit. Twa pearse lapen foar it rút. Faber realisearre him wat. Wat er seach, koe er allegear rûke. Ek de giele flierbedekking. Ek de kleankast. Hy wenne bytiden yn oars net as in boufal.
Mofro kaam oerein en rûn nei it gonkje. Hy hearde de dûskraan al gau rinnen. En hy draaide him om, seach nei syn hannen en harke nei it wetter. It dûsputsje wie ek altyd te rûken. Kâld fochtsoer. Yn it gonkje wie it hast altyd kâld. De twa oare keammerkes hiene yn gjin jierren in fatsoenlik ferfke krigen. Oer it hiem krûpten yn it foarjier altyd plakkerige slakken. En dan de tún!
De pearse lapen ljochten op troch de trochbrekkende sinne.
| |
| |
Bûten, op strjitte, rôpen de auto's en de trein; binnen, op in gammel bêd, lei Henk Faber te switten. In ien, in fjouwer en twa trijen, joech de digitale wekker oan.
De dûs gie al gau wer út. Mofro kaam werom en klaaide har oan.
- Komst ek?
Faber knikte dat er komme soe. Hy gie stean en seach nei it bêd. Yn 'e matrasbeskermer siet in fochtich plak. Yn it gonkje kreake it - lykas altyd. Doe't er him ôfspield hie, ôfdroege hie en foar de spegel stie en nei syn stoppelburdsje seach, hearde er ûnder it bekende lûd.
Dennnnng!
Sêft fluite er mei. De dei wie wer gewoan, lykas fan 'e moarn. Drinke. Scrabbelje. Ite. Sinke. Hy gie nei ûnderen en seach dat Mofro de beurs al op 'e tafel lein hie. Nei mienskip wie it goed drinken, dat wisten se beide. It wie hast trije oere.
- Hoefolle? frege er.
- Tsien?
- Goed.
- Wyn?
- Ja.
- En paprika!
En paprika. Faber sei dach en gie alwer. Mar al gau wie er wer werom. Hy krige in plestik tas. Albert Heijn, stie derop. Doe gie er it hûs út om nei it tankstasjon te gean. Om't it hier wiet wie, die er de kapusjon op. Doe't er yn 'e shop kaam, tocht er djip nei. Wat soene se jûn ite? Hy seach om him hinne. Der wie fiif-tellensop, bamy- en nasyskiven, frikadellen en kroketten, hotdogwoarst, kâlde pankoeken,
| |
| |
augurken en pakjes trijehoeksbôle. Der wie ek opwaarmpasta út in beker. Bolognese en Carbonara. Faber naam twa ‘Carbonara’. Fierders tsien blikjes pils, in flesse wyn en in pûde paprikasjips. Dêr wie Himhar al.
- Dach.
- Ah Henk. Bist der wer?
- Ja.
- Brûksto miskien Kiki-douche shampoo, ‘Voor elke dag’?
- Huh? Ja!
- ‘Normaal haar’?
- Ja! Hoe...?
Himhar wiisde. Fansels - ûnder it rút, tichtby de rollen húskepapier koe er de wite flakon ûnderskiede. Glimkjend seach er werom. Himhar wie eins allemachtich lang, krekt in rinnende jiske-amer yn in pretpark. It wie wier: Himhar wie aardich frjemd, mar op in frjemde wize fûn er Himhar ek aardich.
- Ik ha dy Kiki-douche oars wol yn 'e winkel kocht.
- De Albert Heijn? Of de buertwinkel?
Mar Faber antwurde net.
- Seker gjin nijs fan Patje? ferfolge er.
- Jawol.
- O ja?
- In kaartsje. Sjoch.
Himhar joech him in aansichtkaartsje. Hy seach griene heuvels yn in waarm sinneljocht. Yn 'e fierte lei in read-oranje-achtich doarp. Apart, Faber krige der fuort honger fan. Toscane, stie derûnder. Toscane wie fêst hiel moai. Dêr moast er Mofro oer fertelle. Hy draaide de kaart om en wie benijd. ‘Groeten van Henk Patje,’ stie derop.
| |
| |
Dat wie alles. Mear as fjouwer wurden woe er net kwyt. Neat oer wat er iet, wat er dronk, hokfoar waar it wie, wêr't er no wie, wat er allegear besjoen hie, oft er goed slepte, hoe't it gie mei autoriden, oft it dêr djoer wie, hoe't de kampings wiene of de hotels, hoe't de natuer derút seach, oft de minsken freonlik wiene, oft der ek altyd songen waard, oft der, lykas hjir, ek opwaarmpasta út in bakje wie - neat.
- Goh, no, dy hat de tiid fan syn libben sa te sjen, sei er.
- Ja, dy sjogge wy foarlopich net wer werom. No ja, oare wike.
- Toscane ...
- By Florence.
- Itaalje ... Sinne, kultuer, goed iten, lekker drinken ...
- Twaentweintich euro graach.
Doe't Faber betelle hie, dach sei en wer werom rûn, hearde er de pûde sjips dúdlik kreakjen. Soene se yn Toscane ek paprikasjips ha? Hy hope fjoerich fan net.
Faber sette de tas op 'e tafel, gie nei boppen en krige út de lytse ladekast yn it keammerke mei it reade seil in kaart fan Europa. Plop! hearde er ûnder. Toscane, tocht er, Toscane mei in finansjeel foardieltsje. As wy in bus hawwe soene, hoe soene wy dan ride? Wylst er de kaart beseach, gie er nei ûnderen. Mofro hie de flesse al iepen.
- Frankfurt, Zürich, Milaan, mompele er.
- Wat?
- Oer Frankfurt, fia Zürich nei Milaan.
- Wat is dêrmei?
- Sa komme wy yn Toscane. Henk Patje hie in kaartsje stjoerd. It sjocht der moai út. Prachtige fiergesichten, mei wyngerds en reade bergen, skitterjende doarpkes, hearlike
| |
| |
Italiaanske iterij, machtige tsjerken en paleizen. Koartsein: alles wat mar moai is, tinkst ek net?
It bleau stil. Faber seach op.
Stadich gie se mei de hannen troch it hier, wylst se nei it scrabbleboerd seach. Roerleas stiene de glêzen wyn op it tafelsblêd. Se hie al in slok nommen. Hastich naam se noch ien.
- Tinkst ek net?
Mar Faber wist it fuortdaliks. Hy tearde de kaart wer op, smiet him hastich yn 'e hoeke en gie by de tafel sitten. Gau krige er sân letters út it pûdsje.
- Sa, ferfolge er. Wa komt út? sei er hastich en om de kaart, de bus en Toscane te bemanteljen, begûn er fuort lûdop te tinken.
- Ho! sei er doe en hy gie nei de keuken, die gau in loftôfwask en kaam werom om de pûde sjips yn it skjinne skaaltsje te dwaan. Rap gie er wer sitten.
- Ris sjen. Eins ha ik minne letters, do miskien ek - of net, dat wit ik fansels net, mar goed, as it net oars kin, dan lis ik ... ‘roti’. Seis punten, bah, sis ik dan. Do bist.
Mofro antwurde net en lei ek: ‘ter’. Faber lei ‘karren’ en ‘Japan’. Mofro lei ‘ik’ en ‘al’. Hy wist it hiel goed. Hy mocht har perfoarst net winne litte. It waard him ek net dreech makke.
Of just wol. Faber lei ‘gewei’ en seach foarút. Mofro antwurde rap mei it allessizzende ‘er’. Ien letter. Twa punten. Fierder swijden se.
Faber wist net wat er sizze moast. Alles wie sa dúdlik as wat. Hy naam in slok port en geat rap by.
Faber seach al mear as tritich punten ferskil, mar de 3x
| |
| |
weardefakjes lonken. Moast er trochgean? Of ophâlde? Ofwêzich seach Mofro nei it boerd. De holle line op de hannen. Doe't er troch it rút seach, wie dêr de roek wer. Hy siet op in planke en seach om him hinne. De gitswarte snaffel sneupte alles ôf.
It wie neat. Hy besocht it noch en lei ‘pava’.
- ‘pava... roti’? sei se sêft. Dat is net in wurd.
- Mofro, jawol. Doe mei Venetië en sa, mei dy riishannel, mei al dy Surinaamsk-Italiaanske betrekkingen ...
- Henk ...
- ... en al dat ynterminsklik ferkear, en dat bepaalde nammen evoluearre binne, ûnder oaren ...
- Sille wy ...
- ... de bekende sjonger. Ja?
- Sille wy pils drinke?
- Dat is goed.
Se krigen beide in grut blik. Mofro kaam oerein en gie neist Faber sitten.
- Hoefolle wie it?
- Mear as sechtich, minder as tweintich.
- Mmm, ik kom hieltyd tichterby.
Faber naam in grutte slok.
- Mofro? flústere er.
- Ja?
- Ik wit net wat ik sizze moat. Niis...
- Henk, ast my mar net winne litst, dan is alles goed. Sille wy stopje?
- Goed.
Faber die de cd oan. Tegearre harken se nei muzyk. Tegearre dronken se bier. Mofro lei de hân op syn skonk. It wie in
| |
| |
lyts gebeart, licht giene de fingers oer syn broek. Tegearre seagen se nei de roek. Hy siet op de plankerotsoai, op it finsterbank, op it platsje, op it keukensdak. Wierskynlik soe er sjen dat se harren fjirde blik hast op hiene. Fabers kop sweefde sûnder útsicht op in lâningsbaan. De sjips wie net genôch.
- Mofro, ik ha hiel maklik iten meinommen, en ik ha honger.
- Ik ek.
De lege blikken pils leine yn it pûdsje. Op tafel stiene twa potsjes opwaarmpasta. Faber gie nei de keuken en krige twa nije koppen. It wie dúdlik. Op it fornús stiene in panne snert en in panne Toscaanske makaroany, op it oanrjocht leine de oerbliuwsels fan wat in kok nedich hie: fierstente folle bestek, lege snertblikken, woarstfel, sipelskilen, iepenskuorde pakjes Sineeske tomatesop, bôlekrommels, útsmarde jam, in pear flokken, sjuplassen, opdroege kofjefilters, in mes rjochtop yn it bûterkúpke, in kúpke fol fetrânen, opdroege teepûdsjes, lege flessen. Allegear oer, allegear kâld en heal op/fol, faak oersean op it fornús. Ut 'e folle jiskepûde kaam de rook fan lije pils.
Mar it wetter sea al, hy hie gjin tiid mear om it op te rêden. In bytsje swalkjend rûn er werom. Mofro hie it scrabbleboerd opteard.
- Asjeblyft, pasta karbonade a Toscane!
- Danke wolli fruiti di mare hast der ek in leppel by?
- O ja.
Se ieten. Faber murk it fuort. De pasta karbonade a Toscane wie oars net as wetterige drek.
- Tsja, hjir wurdt in topkok net bliid fan.
| |
| |
- It is krekt sangria-light.
- Of bowl-malt.
- Wat no?
De stoarm moast noch komme - de drank wie op, mar it wie noch gjin sân oere.
De roek seach foar him út. Doe fansiden. Doe wer nei him.
Faber naam rap in beslút. Hy die it gerdyn ticht, gie nei de foardoar en ferdwûn yn 'e skimering. Alle ljochten baarnden al. Himhar siet wer achter it tsjokke glês. It sûze oeral in bytsje, mar dat kaam troch it skerpe ljocht. Earst krige er noch in flesse Ruby-port. Doe rûn er rjocht nei de baly.
- Dach.
- Henk! Bier al op?!
Mar Faber antwurde pas nei in skoftke. Earst seach er noch nei de tegelflier.
- Wa bisto?
Himhar, hy antwurde ek pas nei in skoftke.
- Ik bin dyn pompbetsjinner.
- Wêr komsto wei?
- Wêr't ik wei kom? Fan thús.
- Mar wêr is dyn thús?
- Hjir net safier wei. Ik gean altyd mei de bus.
- Sa let noch?
- De lêste.
- En as Patje wer komt, wêr silst dan hinne?
- Nei de folgjende ynfal-baan. Wierskynlik wer yn in tankstasjon.
- Wêrom altyd in tankstasjon?
- Om't it fan my frege wurdt.
| |
| |
- Wa freget dy dan?
- Myn wurkjouwer.
- Wa is dat?
- In wichtich útstjoerburo. Oars noch wat? Sân graach.
Ungeduldich tikke Himhar mei de fingers op it hout fan 'e baly. Faber socht om jild.
- Bist net bang foar frjemden, as it let is?
- Ik, bang? Foar neat. Wêr soe ik no bang foar wêze? Boppedat sit ik achter in tsjok glês. Gjinien komt my benei. Giet it?
Faber antwurde net. Hy wie in bytsje wankel, dat wie alles.
It briefke foel yn 'e slús.
- Wêrom stjoert dyn o sa wichtige útstjoerburo dy nei sa'n dom tankstasjon? No? Der is dochs wol better wurk foar dy te krijen? No?!
Mar Himhar antwurde net, sloech de earms oerinoar en seach earst nei it slúske. Faber stie der mar nuver by, sa mei de earms tsjin de baly, in bytsje widzjend, mei de lange útstjoerkrêft foar him oer.
- Dit is in hiel bysûnder plak, sei Himhar. Minsken komme en gean, stean noait stil. Ek as se hjir in oere stean te kofjedrinken, dan gean se dêrnei wer fierder en fierder. Alles en elkenien beweecht, de hiele dei.
Himhar krige de flap, joech him fyftich sint werom en seach him skerp oan.
- Beweging, dat hjit: ûnderweis wêze.
Faber krige it jild.
- Se gean nei hûs, ferfolge Himhar, nei it wurk, by ien op besite of mei fakânsje. Se tinke: bah, ik moat nei myn skoanmem, mar as ik no fuortryd, dan ha ik al fyftich meter ôflein.
| |
| |
As ik de dyk opryd, bin ik alwer ergens oars. Se moatte, it is opperste needsaak. Se bouwe, slope, ferbaarne en bouwe opnij. Sa is harren libben - yn beweging.
Faber swijde - en wankele.
- Leau my Henk, in protte minsken begjinne opnij, dêr bin ik wis fan. De dief fan dy oerfal, as se dy krije, dan krijt er in fertsjinne straf. Mar nei dy straf mei er wer opnij begjinne. Fynst dat net moai?
Mar Faber joech gjin antwurd en seach troch it tsjokke rút. Hy tocht lang nei.
Guon sille sizze: wêr tinkt er no sa lang oer nei? Wêrom stjoert dy nuvere kwast him net fuort?
It is wier. Henk Faber seach nei Himhar, wylst de beurs nei de kontbûse gie.
Himhar stie mei de hannen oerinoar achter de baly, as woe er sizze: ‘Ik wachtsje op antwurd’. Of: ‘Duorret it noch lang?’. Boppe it ljochte hier hong de lytse befeiligings-tv. It hie krekt sân oere west.
- Dach, sei Faber doe.
- Yo Henk! antwurde Himhar.
De skodoarren giene wer iepen en ticht. Faber rûn troch it tsjuster, stie stil en seach omheech. De moanne wie hast fol. De stjerren strielden. It lege hikje gie iepen en ticht. Mofro hie de ljochten al oandien. De glêzen stiene ree. Yndie, eins moast der no in moaie kachel yn 'e hûs wêze, dy't baarnde op hout en rotsoai en dêr't de flammen yn dûnsen op de hurde wyn. En dan tegearre op de bank.
Mar se sieten oan tafel en dronken goedkeape port. De sjerperige swietens brocht har byinoar - Mofro gie al gau wer stean en kaam neist him sitten. Faber die de radio oan.
| |
| |
Twa populêre dj's fierden in heechsteande diskusje.
‘- Want laten we wel wezen: dit land gaat naar de kloten.
- Inderdaad!
- Ik bijvoorbeeld zou ook wel eens een dagje vrij willen hebben, maar de regering verbiedt het mij en wil dat ik al mijn zuurverdiende centen doneer aan de belastingen. Iets wat ik liever niet doe, daar het alleen maar uitgegeven wordt aan eigen gerief of anders aan langharige bedelaars, die onder het mom ‘Ik wil niet werken, want dan moet ik 's ochtends onder de douche’ de hele dag in de slaapkamer liggen en de ene joint met de andere aansteken en dan verkondigen dat je van afval juist kunst moet maken, terwijl ze nog niet eens de moeite nemen dat afval fatsoenlijk te scheiden, laat staan te zoeken!
- Juist!
- En wie moet dat allemaal betalen? Juist, Jan Modaal. Daarom heb ik de buik vol van dit kabinet en de regering en van hun plannen, want de mensen die nu niet werken, die ontvangen dus geld van mensen die elke ochtend de mouwen opstropen en keihard werken voor de broodkorst. En wat doen alle andere luie, langharige kunstlui? En beroepsslapers? En de meeste buitenlanders? En de dieven die zonder vorm van proces weer vrij worden gelaten? Niets! Noppiejoppie-opblaaspoppie! Laat ze gvd eerst naar de kapper gaan! En dan een cursus haarwassen volgen! En van mijn auto afblijven!
- Toppie!
- Okay, ik weet ook wel dat er mensen zijn die het goed menen, die ploeteren en hun stinkende best doen tegen
| |
| |
beter weten in, enz., etc. en zo, maar dat weegt niet op tegen die lui die werkschuw zijn en dan denken dat anderen het wel opknappen. Voor hullie! Nou, zo is mijn pakkiepiet niet, ik vind dat zij die niks doen, dat die eens goed de waarheid moeten weten. Hoe? Nou, door beter te straffen bijvoorbeeld. Hoe? Nou, strenger. Bijvoorbeeld dit: er zijn mensen die menen dat als je de ene voet op de tafel zet en dan de andere erover heen legt, dat je dan al hebt gewerkt. Kijk, dan past strenger straffen zeker, bijvoorbeeld met de kogel. Ja, daar ben ik gewoon heel eerlijk in. Ik bedoel: de één die vindt dit en de ander dat. Maar dat moet ook kunnen, denk ik altijd maar. Je moet acceptueren dat iedereen recht heeft op een eigen mening. Maar teveel eigen meningen, dat is niet goed. Dan denk ik: mijn belastingcenten gaan niet naar werkverschaffingsgepimpel voor langharig werkschuw tuig. Het enige tuig dat ik wil erkennen is wapentuig! Om ze mee af te knallen!
- Maestro: muziek!’
Faber sette de cd wer op ‘play’. Sêft, as in fertroude gast, kaam de muzyk yn de keamer. Mofro har kin lei op syn skouder. Se hie de skonken oerinoar slein en omklamme it hast lege glês mei twa hannen. It klokje tikke fierder. Hy seach foar him út. Mofro geat by.
- Toscane, Henk? Lit ris sjen, frege se.
Faber tearde de kaart iepen.
- Sjoch, sei er. Frankfurt, Zürich, Milaan en dan bist der al.
Hy wiisde.
- Oer de Alpen, dat is ek moai, antwurde Mofro.
| |
| |
- En dan troch nei ...?
- Spanje?
- Of nei Portugal!
Faber tocht oan syn mooglik beskieden finansjeel foardiel. Opnij begjinne. Doe't er stean gie, wankele er.
- Sil ik nije helje? Der is noch genôch!
Hy die de gerdinen ticht en draaide him om. Mar Mofro seach in bytsje skeel. It eachwyt wie readich wurden. De hannen, de holle, de skonken, se wiene net fan plak feroare, as wiene se fernuvere dat er samar steangien wie. Faber rekke stadich it lykwicht kwyt en gie wer sitten.
Hy hearde Mofro har suchtsjen. Tagelyk fernaam er dat har hân wer op syn skonk lizzen gie. Henk Faber wie al wat kachel, mar doe't de hân noch fêster lei, miende er dat se noch noait sa yntym west hiene.
- In nije start meitsje, flústere er. Dat is it moaiste dat der is. Fynst net?
- Ja, antwurde se sêft.
- Nochris begjinne.
- Hielendal opnij.
- Oare wike.
- Dat wy dan sizze:
- ‘Wy begjinne opnij.’
- Ja.
De cd spile mar troch. Doe't se de flesse leech hiene, giene se stean. Widzjend stiene se yn 'e keamer.
Sêft songen se mei, it hiele wyske gie ‘parapapa’, ‘mm-mm-mm’ en ‘tatata’ - yn 'e bêste tradysje, opdien yn in koart tiidsbestek.
| |
| |
‘And when I touch you I feel happy inside
that my love I can't hide
I can't hide, I can't hide
Yeah, you got that something,
I think you'll understand
When I feel that someting,
It moast sein wurde. Henk Faber wie in topsanger.
- I wanna hold your hand! I wanna hold your hand! I wanna hold your ha-ha-ha-ha-ha-ha-hand!
Se giene nei boppen. Mofro wie wat slop, mar willich liet se har útklaaie. Se sochten inoars broek, inoars skonken, inoars búk.
It wie no net fuort echt passy. Mofro koe ek boppen sitten gean, mar Faber wie derfan oertsjûge dat er dan minder hurd komme soe. Hy lei har op it bêd. Ut it matras kaam in sucht fan stof en mufheid.
Faber kaam yn har en fergeat dat er fannejûn hieltyd lomer wurden wie. As in gleone masine pompte er fol krêft. Mofro seach dan nei him, dan nei de pearse lapen. Se die de eagen ticht en kreunde - de masine sloech ritmysk tsjin it sloppe sket, de masine frege him net ôf wannear't er ophâlde moast, nee, skeat, sa hurd er koe.
Swijend liet er him weromsakje. Mofro draaide har om. Yn it heldere ljocht seach er har ranke, wite rêch. Foarsichtich lei Faber it dekbêd deroer.
Hast rûne moanne. Wierskynlik waard de rotsoai-tún be- | |
| |
skynd. Bûten rieden noch wat auto's. De buertwinkel wie ticht. Fierderop kaam de ûnsichtbere trein foarby. Net fier fan him wie Himhar.
- Doech Mofro, sei er.
Ek doe't er mei it toutsje it ljocht útdien hie en it tsjuster wurden wie yn it keammerke, ek doe antwurde se him net. Faber seach lang nei it plafond.
Bûten foel wat op wat oars. Hout op hout fansels. It barde wol faker. It barde eins hieltyd faker. Hy skrok wolris, mar hie de skrik fuortmoffele troch te betinken dat it fallende hout him eins wol goed útkaam. Dan hoegde er dat teminsten net mear op te rêden.
Faber seach nei it plafond en tocht it hast lûdop.
Hy wie net min. Hy koe in hûs ferbouwe, hy koe in skuorre sette. In túnhikje meitsje. De hannen wiene earder ilich en hurd. Syn ynsjoch hie er krigen troch grutte kunde en de aldergrutste passy. Binnen syn grinzen, syn ambachtlike kennis, de mooglikheden fan syn ark, wie der net in mins sa betûft as him. Henk Patje bygelyks, dy wie altyd fol achting - mar doe joech er noch net fan dy domme skaaltsjes of handoeken.
As lies Mofro syn tinzen.
- Henk? frege se.
- Ja?
- Kom tichterby.
En Henk Faber kaam tichterby, krûpte ticht tsjin har oan, en fernaam dat Mofro wist dat er de eagen iepen hie. Hout op hout fansels, dat wie har net ûntgien.
|
|