| |
| |
| |
Zakpan
Guon sille sizze: Henk Faber is wierskynlik in luie sliepkop, sa'n wurkleaze belestingûntdûker dy't profitearret fan wat Jan Modaal allegear opkuche moat, alle moannen opnij. Dat er mei bleate hannen putsjeskeppe mei, syn hiele libben lang.
It hoecht net wier te wêzen. Miskien hat Faber wol wurk en hat er no gewoan in wike frij. En sjoch, it is acht oere, se sitte alwer oan de tafel, drinke tee en ite in stikje bôle mei huning. Dat dogge wurkleazen net, teminsten net dejingen dy't guon omskriuwe as belestingûntdûkende profiteurs. Henk Faber hat de skonken oerinoar lein en syn earm leit oer de rêchlining fan de stoel hinne. It ferriedt kompasje èn ynteresse, ien dy't aktyf neitinkt oer de komst fan dizze dei - beslist net de hâlding fan in oansteande putsjeskepper. Sterker noch: moarns is er op syn skerpst. Wat er hiel goed wit, is dit: fannacht hat Mofro nei ûnderen west. Syn rjochterskonk giet hinne en wer.
Faber die de radio oan.
‘... maar volgens deskundigen is de voorjaarsmoeheid door de slappe winter dit jaar sterker dan andere jaren. We praten hierover met moe-o-loog Irma van der Maat, die een prak...’
Hy draaide fierder.
‘... met name voor de zeehonden, die aan overmatig veel stress zouden lij...’
Fierder.
| |
| |
‘... slaaf van uw agenda?
- Ik ben inderdaad een slaaf van mijn agenda. Mijn vriend en ik zeggen vaak tegen elkaar: 't is hier net oom Tom.
- Oom Tom?
- Ja, die negerslaaf en zijn hut. Zo voelen wij ons vaak ook. Veel stress. Dan ga je toch van het positieve naar het negatieve, ons besta...’
En fierder.
‘... maar wanneer zijn mensen nou het vaakst moe?
- In het voorjaar.
- In het voorjaar?
- En in het na...’
En Faber die de radio wer út.
- Mofro, wat kinne wy net sizze?
Hy seach troch it achterrút. Mofro boarte mei de krommels.
- Wy kinne net sizze dat wy ûnwittend binne.
- Yndie. Wy sitte der mei de noas boppe op.
- Al sille de dagen fan ús easkje: ferjit it! dan sille wy it net ferjitte.
- Do net.
- En do ek net.
- Dêrom sizze wy dit: wy binne net ûnwittend.
- Dizze wike net...
- ... en dêrnei ek net.
Henk Faber kaam oerein.
- Sil ik kofje sette?
- Dat is goed.
- Wolst der ek wat by? In stik koeke of sa?
- Ha wy dat dan?
| |
| |
- It is samar helle.
- Doch mar. Ik sil it boerd krije.
Henk Faber gie nei de keuken en waske ôf wat se dy moarn brûkt hiene: twa lytse pantsjes. No ja, hy iepene it rút. De lytse bleek wie besiedde mei bôle- en oare krommels. Doe sette er kofje, krige de beurs, die de jas oan en ferliet it hûs.
It hikje gie iepen en ticht. Ritmysk, in bytsje heas, kaam de trein foarby. Foar de meast rjochtse fan de tankpompen stie in wite frachtwein. Sels hie er mei in auto ek in kear foar de pomp ‘vrachtwagens’ stien. It rûn net goed ôf - mar ek wer in bytsje wol, want de segelkaart wie gau fol.
Allemachtich, tocht Faber, wat in bak. Wêr soe er hinne gean? Of wêr kaam er wei? Stadich rûn er om de auto hinne en gie fia de skodoarren de shop yn.
- Dach, sei er tsjin Himhar.
- Dach Henk, sei Himhar.
It tsjokke rút wie fuort. Himhar poetste de toanbank. Doe't Faber op 'e siik gie nei koekjes, kaam er by de tydskriften. Der wiene autoblêden en rabberijblêden. Mar ek bieden foar froulju, foar de tún, foar de kompjûter, foar de fyts, foar de tv, foar as ien heit of mem wurde soe, foar as ien pake of beppe wurde soe. Foar manlju.
Faber hearde in klant binnenkommen en rûn stadich fierder. De kar wie eins mar lyts: Chocoprins of folde koeken mei apelsmaak. Mmm. Yn beide pakjes sieten seis. Hy tocht oan Mofro. Se hold net fan te fet. Apel dus, hoewol't sûkelade oars wol goed bekte by swarte kofje.
Faber sleat oan yn de rige.
- Wêr moatte jo hinne? frege Himhar de sjauffeur.
| |
| |
- Ik moat súdlik.
- Itaalje?
- Ja. Calabrië.
- Hoe lang ride jo deroer? frege Faber samar. Guon moatte witte: Henk Faber wie no net bepaald in freger. De frachtweinsjauffeur draaide him om. It wie in grutte man mei reade wangen, in grut burd en in grutte earbel. Presiis it type foar sa'n grutte auto.
- Fjouwer dagen.
- Gean jo nò fuort?
- Ja, no daliks.
- Asto betelle hast, rydt hy fuort, sei Himhar.
- Goh, Itaalje ... Moai lân?
- Ik sjoch allinnich mar snelwei. Wat dat oanbelanget is Dútslân better.
- O.
- Mar it waar is der no fêst wol moai, sa betiid yn it foarjier, sei Himhar.
- Just, dy earste echte sinne, prachtich gewoan. En ik sjoch fansels wol wàt fan it lân. Dêr by Toscane, dêr is it echt moai. Hielendal mei dat weake sintsje.
- Dus mei in swiere frachtwein is it fjouwer dagen nei Súd-Itaalje? gie Faber fierder.
- Ja.
Aha, tocht Faber en hy tocht djip nei.
- Hoefolle kilometer is it tinke jo?
- Ik tink sa'n trijetûzen kilometer? sei Himhar foar.
- Kloppet.
De sjauffeur seach nei harren beide.
- Myn truck, no ja, it is gewoan in grutte auto. Mar ride oer
| |
| |
de wei, baas wêze oer de eigen kabine, dat jout my hieltyd in gefoel fan ...
- Frijheid?
- No, mear fan feroaring. Gjin dei itselde. Alles yn eigen hân. Machtich gewoan.
- Goh ..., sei Faber. Feroaring.
- Segels? frege Himhar de sjauffeur.
- Ja.
- Jo ha de kaart sa gau fol.
- Kloppet. Ik ha handoeken genôch, dat no sparje ik foar in digitale agenda.
- Ah, sei Himhar. Handich.
- Ja. Kin ik de frou maile dat ik kâld bin.
- Wêrom belje jo dan net? Jo ha fêst wol in gsm. In sms'ke kin fansels ek.
- Omdat ik de frou dan ek maile kin.
- Mar belje is dochs leuker?
- De frou mailt graach.
- Ah.
- Ik ha ek in laptop mei, dy brûk ik no om te mailen.
- Dus daliks ha jo in laptop èn in digitale agenda? Is dat net wat oerdreaun?
- Dy agenda is foar persoanliker saken.
- Lykas?
- Seksuele ferlangens.
- Mar dat kin dochs ek wol mei de laptop?
- Nee.
- Wêrom net?
- Dan lêze oaren it.
- Wa dan?
| |
| |
- Hekkers.
- Mar as jo maile mei jo frou, wa wit dan dat it fan jo is?
- ...
- Se kenne jo dochs net?
- Ik mail no mei myn eigen namme.
- En oer de digitale agenda maile jo mei in oare?
- ‘Hite Blaffer’ punt kom.
- Mar maile oer dit of dat makket dochs neat út?
- ...
- No?
- Ik ha in hiel soad seksuele ferlangens.
- Okee. No, ik winskje jo in goeie reis!
- Bedankt. Oant sjen!
- Goeie reis! rôp Faber him nei.
- Ien pakje apelkoeken, ferfolge Himhar, dat is ien euro tritich.
- Gjinsegelsgraach, manwatdjoer. In sjauffeur hat mei ien tank sân handoeken en ik moat ien-tritich betelje. Dach!
- Sorry Henk, it binne net myn prizen.
Sabeare-lilk rûn Faber fuort. Flak foar de skodoarren swaaide er nei Himhar.
Doe't er nei bûten stapte, gie de frachtwein krekt fuort. De sjauffeur swaaide noch. Hy wuifde werom en seach him nei - langer as oars. De ronkjende kombinaasje ried fuort, hy koe de diesel noch lang rûke. Hielendal nei Calabrië, tocht Henk Faber. Mmm. Yn 'e hân hie er in pakje apelkoeken.
Doe't er yn de gong stie, rûkte er de kofje al. De folde koppen stiene op de tafel. Hy lei de apelkoeken neist it boerd, bûgde him oer it tafelsblêd en joech har in tút.
- Hè, hâld op!
| |
| |
- Samar!
- Sitte!
Faber gie sitten en krige sân stientsjes.
- Do komst út, ik bin juster útkommen, sei Mofro.
Mofro rûkte noait, mar no wol in bytsje. Wat soer, wat muf, beslist net Mofro yn oare dagen. It hie wat hurds, as ferlear se miskien har skientme en wie se har dêr hiel bewust fan. Mar Henk Faber wist dat hy der neat fan sizze mocht. It lêste dat er mocht, wie sizze dat se har moarnier miskien even waskje moast. Hy hie begrutsjen mei har, no noch mear as earder. Gau lei er in wurd. Hy hie i, m, en (moai!) de x.
- Mix.
- Mix?
- Ja. Foar Italiaanske saus. Bolognese, Milanese, Juventusese ...
Mofro luts in smoarch gesicht.
- Jakkiedejak, Mix. Ik bin fan dy wol better wend. In min begjin, Faber!
Mar dat hoegde Henk Faber net te hearren. Tolve punten, dat wie de minste iepening sûnt jierren. It wie saak dat Mofro der net te fier oerhinne gie. De hite kofje fleach him troch de kiel.
- r, o en e. Rome.
Gelokkich. Acht punten
- Rome, dat is de haadstêd fan Itaalje, lei Mofro út.
- Wier?
Se hie dom west. Se hie better ‘rex’ lizze kind. In moaier wurd èn mear punten. Wie se fan slach? Of liet se him winne?
| |
| |
Hy hie in n, in t, dûbel d, in e, a en in s. De x, dêr gie it om. Mofro hie it lizze litten. It wie ienfâldich.
- Edda.
- Edda?
- Ja. Yn de Romeinske biblioteek koest de Edda ek liene. Lientiid twa wike.
- Henk Faber!
- It koste, omrekkene, 0,002 eurosint, in hiel bedrach foar dy tiid. Mar dan hiest ek w...
- De Edda! Dat is Noarsk!
- En ‘ex’. In keizer dy't dea gie, wie in ‘exrex’. Wat in skoare!
- De-Edda-út-de-biblioteek, no ja!
- Ris sjen. Fjouwer plus njoggen plus twa kear woord-waarde is twa en nochris twa kear woordwaarde is ek twa, is tegearre santjin punten!
Har sucht kaam by him. In wichtich sinjaal. Se liet it derby.
Mofro lei ‘Fiat’, ‘kraan’ en ‘wedde’; Faber lei ‘papa’, ‘plein’ en ‘cru’ (‘uw’ - trije kear wurdwearde!). Mofro lei ‘knol’. Faber lei ‘rol’ en skoarde ekstra mei ‘op’ en ‘laf’.
Safolle wurden folgen noch: ‘bezem’, ‘web’, ‘elven’, ‘examen’, ‘roer’, ‘hier’, ‘rug’, ‘es’ (Faber); ‘doven’, ‘wig’ (‘bi’, ‘eg’), ‘ze’, ‘tent’, ‘ennen’, ‘test’, ‘teer’, ‘gen’ (‘nu’), ‘jen’ (Mofro). It pakje mei apelkoeken wie al leech. Se hiene al trije bakken kofje hân. Faber wie wer oan bar.
- Nasi.
- Nasi? Dat is gjin Italiaansk iten!
- Nasi is de eks fan Patty Brard. Dat is in Italiaan.
- Hoe witsto dat?
| |
| |
- It stiet yn in blêd.
- Wêr lêsto dy dan?
- Yn it tankstasjon.
- Belachlik. Mar ik jou ta dat it... Nee, it is gewoan belachlik.
Hy seach nei Mofro. Se hie de hannen ûnder it tafelsblêd lein en seach drôvich nei it boerd. Henk Faber stie alwer op winst, mar hy fûn it net leuk. Foarsichtich ferfolge er it petear.
- It is op tv en is faak oan de man.
- Wat is dat?
- In mop. It is op tv en is altyd oan de man.
- Ik wit it net. Juffrouw Mier?
- Sletty Brard.
- O. Ha-ha-ha.
- Juffer Mier! Dy hat noch noait in fint hân!
- Dat witsto net. Miskien Ed Bever wol - of Willem.
- Ik tink earder Bor de Wolf. Huuuu!
- Tuut-tuut-tuut-tuut! Deruut!
- Huuu! Juffer Mieeerrrrre!
Se laken lûd, Mofro en Henk Faber. Foar harren lei it hast folle boerd. It waard wer stil.
- Ik win, sei Faber. It stiet no twahûndertnjoggenentweintich tsjin hûndertfjouwerennjoggentich. Do hast de q.
- De Edda, pfff! Nasi, grrr!
- Wy rekkenje altyd rom, dat hast sels ek sein. Amperepit!
Ha!
Mofro antwurde net en seach nei it boerd. Har holle rêste op har hannen. Se hie lang, brún krolhier. It foel oer har hannen hinne. Se hie har net opmakke. Har lippen wiene
| |
| |
wat bleek, har hûd net hielendal glêd. Soms hie se in read elastykje yn it hier. It wie in fantasijleaze sturt, it wie beslist Mofro op har minst-moai - hoewol't dat noch altyd hiel moai wie. Se suchte djip en die de eagen ticht. Faber naam in oanrin. Dit wie it momint om deroer te begjinnen.
- Mofro?
- Ja?
- Wy moatte prate.
- O.
- Ik ha deroer neitocht.
- Wêroer?
- Oer ús.
- O?
- Skrik net.
- Mar ...?
- Sille wy ek nei Itaalje?
- Nei Itaalje? Hoe dan? Wy ha gjin auto mear.
- Mei de bus.
- Wat? Sa'n groepsreis? Never.
- Nee, in eigen bus. In kampearbus.
Se die de eagen wer iepen.
- In kampearbus?
- Ja, ik ha miskien in finansjeel foardiel.
- Do in finansjeel foardiel? Dat is echt net genôch foar in bus hear!
- Hoe witsto dat?
- Ik ken dy.
- Mar it is dochs moai om deroer te tinken? Sjochst ús riden troch de Poflakte? Nei Toscane? Middeis in pizza, jûns in ...
| |
| |
- ... lekker wyntsje.
- Presiis.
- Mei farske makaroany ...
- ... of spaghetti karbonade.
Har eagen flammen in bytsje. Om har mûle spile in lytse, miende glimk. Henk Faber fielde him hiel gelokkich wurden.
- Yn Toscane ha se fêst gjin boaterhamwoarst, want dat moat der al troch.
- O ja, fansels.
- Mar dan keapje wy dat hjir en dan nimme wy gewoan tritich pakjes mei.
- Of smac.
- Ja! Makaroany mei smac, sipels en tomatepuree.
- Just.
- Ha se yn Toscane wol maggi?
- Wolnee!
- No, dan keapje wy hjir gewoan fjirtich pakken makaroany, fyftich blikjes smac, sechtich netsjes sipels, in tree tomatepuree en in grutte flesse maggi.
- Plak genôch!
- Just.
- Sit de fiif al yn de klok?
Mar miskien wie er te foarbarich.
- Noch lang net. Wy moatte noch middei-ite.
- It is al fiif foar tolven.
- O ja. Wat wolst ha? Bôle mei huning? Bôle mei jam? Bôle mei flokken?
- Pils.
- Mofro, nee.
| |
| |
- Henk Faber, sprek my net tsjin!
- Net no.
- As ik wol, wol ik.
- Wachtsje, sil ik oars Toscaanske makaroany meitsje? Wy ha tink ik alles, útsein ..., ris sjen ...
- Sis dat it wier is! Smac?
- Smac!
- Henk Faber, helje smac!
- Mofro, ik doch it!
- En wite wyn!
- Okee!
Henk Faber gie oerein, krige de beurs en gie nei it haltsje. It wie al de hiele moarn droech. Hy koe ek wol sûnder jas.
Sjoch him gean. Henk Faber rûn om twa minuten foar tolven nei it tankstasjon om in blikje smac te heljen en in flesse wite wyn. Yn de shop stiene trije minsken. Hy hie alle tiid. Net fier fan it sliterij-hoekje stiene de cd's.
Sjoch ris oan, tocht Faber en hy tocht oan syn mooglik beskieden finansjele foardiel. As er it foardiel optelle soe, wie in cd yn fergeliking mei in kampearbus mar in skeintsje. Hy hie de ferskes dy't se juster songen hiene ek noch net op cd, dat wie ek wier. Dus wat joech it no? Boppedat wie it om healwei sânen al hast tsjuster (dat wie trije), hie er yn elts gefal it plan opfetten om in bus te keapjen (dat wie fjouwer), en wie syn gebrûklike argumint foar Mofro oer (‘Ast it net dochst, krijst der letter spyt fan’) hjir beslist fan tapassing (no, as dat gjin fiif wie, wie hy gjin Henk Faber).
Faber rûn mei de cd troch de hal, krige in flesse wite wyn en socht om in blikje smac.
| |
| |
- Ha jim ek smac? rôp er nei Himhar.
- Sege...
Fernuvere seach er op.
- Nee! rôp er werom.
- O!
Wachtsje, thús wie noch genôch salami pepperoni. Mei ien derby hie er altyd genôch.
Doe't er oansleat by de rige, seach er Himhar syn wurk dwaan. Hy wie dwaande mei dy lytse stofsûger dy't de hiele tiid ‘blieb’ sei. Mar Faber seach ek wat oars. Himhar die alles yn alle rêst, as stie er hjir al jierren. It wie as hie Henk Patje hjir noait wurke. Apart. Hy lies it etiket fan de wite wyn. Heerlijk bij tuinfeesten! stie der. Dat beloofde net folle goeds.
- Henk! Alwer? rôp Himhar.
- Ja, wat ferjitten.
- In cd, in flesse wyn en in salamy?
- Ja, antwurde Faber sûnder te twifeljen.
- Goed, sei Himhar, wylst de stofsûger al ‘blieb’ sei.
Wat er noch net earder sjoen hie, seach er no al. Boppe Himhar hong in moai stikje karton.
Spaar ook Bunderpunten!
- Bunderpunten? Wat is dat?
- Dan kinst elektroanysk sparje foar moaie dingen foar yn 'e auto.
- Lykas?
- In gps of sa, of in koptelefoan foar ûnder it beljen. Of in edukatyf spultsje foar de bern.
- Mar ik ha gjin auto.
- No, dan kinst se ek net sparje.
| |
| |
- Miskien keapje ik noch wol ien.
- No, dan kinst se al sparje.
- Mar no noch net.
- Dan dus net.
- Earst dizze cd mar.
‘Blieb’ gie it.
Henk Faber betelle en sei dach.
- Dach.
Himhar sei ek dach.
- Dach.
Doe't er thúskaam, lei de regiokrante op 'e matte. Overvaller op buurtwinkel nog steeds voortvluchtig, kopte it blêd. Hy tearde de krante hurd op en smiet dy yn de doaze mei âld papier. Sa sêft as er koe, rûn er earst nei de radio-cd-spiler op de tafel. Mofro hie de radio oandien. De nijslêzer wie alwer dwaande.
‘De mei beammen pratende frou ferklearre dat de beam har opdracht jûn hie de beamseager oan te fallen. Se is meinommen. De beamseager is bûten libbensge...’
Hy die de radio út en die de skiif yn de cd-spiler. It wie in kwestje fan wachtsjen.
‘Dennnnnnnnnnnnng! It's been a hard day's night and I've been working like a dog. It's been a hard day's night, I should be sleeping like a log.’
- But when I get home to you, I find the thing that you do will make me fe-el allright.
- Wêr hast dizze wei? rôp Mofro der boppe-út.
Faber antwurde net en seach nei har.
- Hee, ik freegje dy wat!
- When I'm home, everything seems to be right, when I'm
| |
| |
home, feeling you're holding me tight, tight yeah!
- Kinne wy dat samar betelje?
- Ach! Ien cd! Dochs leuk?
Mar Mofro die de cd sêft.
- Ik ha honger.
Henk Faber stie stil.
- Goed. Ik sil fuort begjinne.
Hy gie nei de keuken en begûn it oanrjocht op te reden. No ja, die it rút iepen, smiet der wat krommelboel troch, soe doe nije pantsjes út de kast krije en seach ta syn skrik dat er twa ôfspiele moast.
Op it finsterbank fan it keukensrút siet in grutte roek. De gitswarte eagen seagen nei binnen, as wie de fûgel fernuvere dat ien him samar steurde, mei it foarjier foar de doar noch wol. Doe't Faber op it rút tikke, gie er net fuort. Hie Faber no byleauwich west, dan hie er miskien tocht dat dit in min teken wie. Dan hie er tocht: In grutte roek op myn paad, wêr giet dit hinne?
Mar Henk Faber leaude net yn mystearjes. Syn bestean hie er útklaaid, foar safier't er koe, oant de meast dúdlike essinsjes. It betsjutte dit: dat er hjir wie, yn de keuken mei it útsjoch op de rotsoai-tún; dat er faak yn de keamer wie, faak boppe, wat minder faak yn de gong; dat er wolris fyftich meter rinne moast, en fyftich werom. Hy leaude yn Mofro, dizze dagen miskien wol mear as oait. As se it fan 'e middei op in sûpen sette soene, dan soene se neat berikke. Dat wie net slim, in middei duorre seis oeren, in jûn fiif, gjin tel soene se dizze tiid letter misse. Hjoed wie in dei dy't harren net bybliuwe soe om't it hjoed wie. De iennichste soarch wie dat se dizze dei om krije moasten.
| |
| |
It wie ek oars mei dy essinsjes. Wat se wisten, gie net fuort; wat se fielden, bleau. In tiidsspanne fan in lytse wike ferholp dat net. En de wike wie noch net foarby.
Salamy. Sipels. Puree.
De roek bleau mar sitten en seach mei de gitswarte eagen nei de rotsoai-tún. Mofro har drôvige eagen, har ûnferbidlike fragen, hy koe en woe fier mei har meigean, mar wat koe er no dwaan om har tsjin te hâlden? Nei dizze wike? Nei de oankommende middei?
It ferske klonk opnij. Mofro's stim klonk.
- I should be sleeping like a frog ...
- Log!!
- Wat??
- Net ‘frog’! Do sliepst dochs net as in kikkert?
Mar Faber hearde har net mear antwurdzjen. Syn eagen waarden wiet troch de skerpe sipels. Hy seach nei it plafond, wol in pear tellen lang. Doe liet er de holle wer sakje.
Wat koe er dwaan nei dizze oere?
- Mofro? rôp er wylst er hearde dat de cd sêft trochspile.
- Ja?
- Se hiene gjin smac. Is salamy ek goed?
- Watte?
- Is salamy ek goed?
- Wie der gjin smac?
- Nee.
- O.
- Dus is salamy ek goed?
- Hast dat kocht?
- Ja!
- O.
| |
| |
- Goed?
- Ja.
Har derby hâlde, dat wie wichtich. Dizze dagen wiene der mar twa minsken op de wrâld. Twa skepsels yn in lyts en wat frjemd universum.
Fia it keukensrút en it achterrút fan de keamer seach Faber de smelle rêch fan Mofro. Se bûgde wat nei foarren. Dat die se oars net. De earms leine ûnder it tafelsblêd. Dat diene se oars ek net.
Wie de muzyk mar lûd, dan lieten de ruten dizze smelle rêch net sjen. Hy miende ek dat se wat hinne en wer gie, as fierde se ritmysk ûnbewust in bepaalde beweging út. Dit wie net de Mofro dy't er oars koe, sa út dizze nuvere hoeke seach Faber it samar hiel goed.
Mei de noas hong er boppe de panne saus. Mei salamy wie fansels better as mei boaterhamwoarst. It fet bakte lekker, salamy wie sterker fan smaak, ek as dy út in tankstasjon kaam.
Henk Faber wie net echt in top-kok, mar no wie er samar klear. It wie ek net dreech, it resept wie al hiel âld en hiel bekend. Ut de ôfwask-bulte krige er twa pantsjes dy't er ôfspielde. Doe't er de keamer ynkaam mei de twa pantsjes yn 'e hannen, seach er dat Mofro de flesse wyn al iepenmakke hie. It wie hast kertier foar ienen. Dat koe noch.
Se begûnen te iten en te drinken. It wie lang stil.
- Dizze wyn is al wat soer, begûn Mofro.
- Frjemd, want hy is oars hearlik by túnfeesten.
- Hoe witsto dat?
- Stiet op it etiket.
- No, yn ús, eh, tún dus net.
| |
| |
Mar de flesse gie alwer fan glês nei glês.
- Smac is oars in moaie namme foar ús bus, sei Faber doe't er healwei wie.
- Ford Smac.
- Better as Ford Salami.
Sok dom praat, wie dat no it twadde glês wyn of wie dat no gewoan de stimming fan dizze dei? Ford Salami, tsjonge, flauwer koe it net.
- Ast smac ytst, soest dan ek mear smakke? ferfolge Faber.
- Hoe moat ik dat no witte?
- Ik tink it net, want smac is fynmeald fleis.
- Dus?
- Dan smakst minder, want der sit minder lucht tusken.
- Allemachtich Henk. Wat in ûnsin.
Faber seach troch it rút. Frjemd, de roek siet no op it finsterbank fan it achterrút. Hieltyd seach er dàn de rotsoaitún yn, dàn de wenkeamer.
- Sjochst dy roek dêr?
Mofro draaide har om, wylst se in slok wyn naam.
- Hy sit hjir al in hiel skoft. Wat soe er dwaan?
- Hy wachtet.
- Op wa?
- Op dy.
- Op my? Wat bedoelst?
- Lit mar.
Mofro seach nei him. Har laits sette wat oan, hoewol't de laits noch net de oerwinningslaits nei winst by scrabbeljen wie. Mar se stie boppe him, dat wie wis, hy fielde him in jong ûnder de gitswarte snaffel. Hy iet en dronk út har hân - figuerlik dan, tydlik ek.
| |
| |
- Ik wol sinke, hearde er har sizzen.
- No alt Nee, it is te betiid. Nim wat tee.
- Ik ha al wyn hân!
- Mofro, oars drinke wy earst fruchtesop.
- Pompelmoesje?
- Ja, of Sj...
- Henk...
- Ja?
- Hâld op mei dizze eksersysje. Sprek my net tsjin as ik dêr net om freegje. Dúdlik?
It waard stil yn de keamer. Henk Faber siet der in bytsje ferlern by. It kaam faker foar op in dei. Kueren. Djipten nei hichten. Pompelmoesje nei smac. Hy seach nei Mofro har hannen. Se leine op tafel, de rjochter oer de lofter, as in dekje oer in sadel. Leine se no los fan inoar op it tafelsblêd, dan hie er gjin kâns mear hân. Mar no wie it oars.
- Nee.
- Wat nee?!
- It is my net dúdlik. Wy kinne noch wol even wachtsje.
Faber hearde Mofro har djippe sucht. De flesse wyn en de itenspantsjes wiene leech.
Sa't er al wist. Djipten en hichten leine ticht byinoar, hieltyd opnij. Hieltyd opnij leine se ticht byinoar, ja, giene se oer yninoar, folge de ien de oar en helle de oar de ien wer yn. Einleas bytiden - soms in oere, soms in dei, soms, lykas no, in pear dagen.
- Mofro, wat kinne wy noch mear net sizze?
Har hannen ferdwûnen ûnder de tafel. Se wie wer in bytsje werom. Ritmysk gie se hinne en wer, wylst se nei it plafond seach.
| |
| |
- Wy kinne net sizze: do hast my noait frege om it net te sizzen.
- En wat hâldt dat yn?
- Dat ik dy altyd antwurd jaan sil. En do my ek. Dochs?
- Ja.
Feitlik rûn er ien op ien.
- Mofro?
- Ja?
- Sil ik wat helje? Of wolst earst noch in potsje?
- Sille wy earst noch in potsje? It is noch betiid.
Se hiene in beslissing nommen. Se wiene hast oerein kommen, mar wiene dochs sitten bleaun. It wie in krusiaal beslút: no soe alles itselde bliuwe - allinnich de siden fan it wurdboek soene omslaan, soene fan plak feroarje, soene wyn jaan en allinnich de letters út it pûdsje soene hoarizontaal lizze, soene fertikaal wat nijs meitsje. Hy rêde de tafel op, gie fia it húske nei de keuken en kaam werom mei twa glêzen fruchtesop.
Mofro kaam út mei ‘afval’. Fjirtjin punten. Bliksem, tocht Faber, dat wie net min. Mar hy seach it fuort en lei ‘lige’.
Njoggentjin.
- Moai.
‘Afvallige’. Mofro hie tajûn dat er in moai wurd lein hie. In hichte. It sintsje skynde oer de rommeltún. De tafel lei der netsjes by en de glêzen sju seagen fleurich werom. Dizze oere kaam alles goed, jawis.
Mofro lei ‘Arbi’, ‘zak’, en ‘wrak’; Faber ‘psalm’, ‘kreeft’ en ‘stoep’. It stie fiifensechtich tsjin seisensantich.
Mofro lei ‘trui’, ‘echt’, ‘neme’ (‘in’/‘te’), ‘maxi’ (toe dan mar), ‘niet’ (‘en’), ‘boog’, ‘veen’ (‘ge’), ‘duwde’, ‘je’ (‘je’);
| |
| |
Faber lei ‘peren’, ‘gooit’, ‘wenen’, ‘sex’, ‘buit’, ‘roven’, ‘afvalligen’ (moai!), ‘zee’ (‘wrake’) en ‘heg’. It stie twatsien tsjin twanjoggentritich.
Mofro lei ‘dit’ (‘de’, ‘in’), Faber lei ‘pan’ - achter ‘zak’.
- Zakpan?
- Amperepit!
- Henk Faber!
Mofro's hannen hongen boppe de tafel, as palmbeammen boppe it strân. Se hie lang nei it rekje sjoen, se hie ek mar even opsjoen. Miskien hie er har snoade plan trochkrúst. Hy hoegde him gjin yllúzjes te meitsjen, hoewol't de hichte hieltyd noch wol heech wie.
- Werom!
- No nee.
- Goed, dan brek ik dizze partij ôf en hellesto no pils op!
- In partij ôfbrekke kin net. Litte wy mar fêststelle dat ik wûn ha.
- Of do derút òf dit boerd.
- Ris sjen. O, dat binne hiel wat pu...
Mar de pinne fleach al troch de keamer. Faber seach op. De glêzen mei sop wiene leech. Hy koe mar better gean.
- Ast net gau werom komst giet de doar op slot!
Yn de gong wie it kâld.
- En in flesse port!
Tsjin de doar klonk de rein fan letterblokjes.
- Hoerenjong!
Hihi, tocht Faber en fol fertriet rûn er nei bûten, iepene it hikje en pesjantele nei it tankstasjon.
It wie hast fjouwer oere. Himhar seach nei bûten, as wachte er him al op. Faber rûn nei de iiskast, krige acht blikjes, in
| |
| |
trijekwart liter Ruby-port en in grutte pûde naturelsjips en tocht ûnderwylst ek noch in momint oan syn oerwinning - en oan it kommende ûngelok. Yn de shop wiene gjin oare klanten. De flesse port, de naturelsjips en ien blikje pils giene oer de baly.
- Henk.
- Dach.
- Lijen mei de frou? Sechtjin tritich graach.
- Hoe witsto dat?
- Ik gok. Do bist aardich gau werom, dat ik tocht: òf it is útsinnige frede, òf de kopkes fleane troch de keamer. Hie it no frede west, dan hiest...
- No?
- ... freonliker sjoen. Ik gok goed. Dat doch ik altyd.
- Pfff. It is sa.
Faber betelle.
- Ik kin dy noch hieltyd gjin Bunderpunten jaan, sei Himhar. No ja, meist se wol ha, mar it smyt net folle op.
- Ik begryp it. Ik hoech se ek net.
- Dat begryp ik.
- Wêrom begrypsto dat no wer?
- Gewoan, in gefoel. Underfining.
- O. No, dach dan mar.
- Dach Henk.
Faber rûn de skodoarren troch en tocht in momintsje oan Himhar mei de lange moannen. Doe't er lykwols by de foardoar kaam en dy iepen die, wie er de pompbetsjinner alwer ferjitten.
Zakpan. Wat oars ek sa wie, wie no ek sa. Hie er wat oars lein, wat mei twa punten, dan hie er nòch wûn. It moast
| |
| |
sein wurde: hy wie yn topfoarm, gjinien koe him benei komme. Hjir moast dan mar op dronken wurde.
Mofro kaam krekt de keuken út mei in skjinfage pantsje.
- Paprika?
- Naturel.
- Sis Flaber, noch ien kear naturel en ik doch dy wat oan!
- O ja ... ferjitten.
No hie se him ek noch ‘Flaber’ neamd. Nei syn favorite neigesetsje. Mofro op har hast-nuodlikst. Winnen hie in frjemde priis.
- Pils, gebea se nei't er de sjipspûde op it pantsje lege hie. De oerwinning wie hjoed mar in treastpriis. Hy die alles foar har, murk er. Stadich joech er Mofro in blikje pils. Stadich iepene er sels ek ien.
En se giene sitten oan de tafel. Oer de flier leine letterblokjes. Guon joegen har geheim priis, oaren leine omkeard op 'e flier.
Guon sille sizze: ‘Yndie, Mofro, The Bitch.’ Mar Mofro wie neist him sitten gien. Dat die se net sa faak. Se wie weromkommen, hy wist dat se syn hân woe.
Yn de keamer tikke it klokje. Harren fingers sochten inoar. Tegearre seagen se troch it achterrút. It skimere al. Op de rotsoai siet de roek. Hy seach omheech, omleech, lofts, rjochts. Troch it rút, nei harren. Henk Faber en Mofro. Hy lei syn hân op har knibbel. Har holle foel op syn nekke. It hie net tsjin te hâlden west, hoe hurd er it ek besocht. No wie se dan dochs yn it djippe fallen. Hy mòast har tsjinhâlde.
- Mofro?
- Ja?
| |
| |
- Silst derom tinke? Ek hjoed?
- Ja...
It wiene domme wurden - miskien wol de domste wurden dy't er oait útsprutsen hie. Sinke, en dan derom tinke. Mar Mofro's antwurd wie miskien wol it moaiste dat er oait heard hie. Se wie by him. Sy, de gitswarte snaffel, iet út syn hân.
It tafelsblêd stie foar harren oer. In boerd, letters, wurdboeken, in radio-cd-spiler. En twa iepen blikken pils.
Fjouwer.
Seis.
Henk Faber fielde de holle baarnen. Acht. Kertier oer sânen, spruts it klokje yn it finsterbank. Hy kaam oerein, die it ljocht oan en de gerdinen ticht.
Guon sille sizze: ‘Moat dy port ek noch op? Dat kin dochs moarn ek wol? Meitsje dochs gewoan iten en gean dan op bêd!’ Mar as Faber de Toscaanske makaroany opwaarmet, iepenet Mofro de flesse al. Der wie gjin hâlden oan.
Henk Faber wist it hiel goed, ek doe't se it iten hastich opiten hiene en se wer fierder giene mei de port. Ek nei in pear oeren. It wie wier dat fertriet sinke koe en dan fuortrinne troch in putsje. In momint, in lytse romte, in sa-ticht-mooglik-by-in-plak-bliuwe. In momint om Mofro better sjen te kennen. Har wangen, har wankele laits, de trije hierren foar har eagen. Mar ek de hannen dy't it glês stadich nei har mûle bringe. En dat nei fjouwer blikken pils. Faber die it folume heech, die de cd op ‘play’ (dennnnng!) en krige it cd-hoeske.
- It langste ferske is twa minuten en ienenfjirtich sekonden!
| |
| |
- Lit hearre!
Faber drukte op ‘next’ en kaam oerein.
- Kom, sei er, en hy krige har hân. Se besleaten harren om te draaien op de fjouwerkante meter. Draaie, dat wie: hinne en wer gean, ticht byinoar.
De mûlharpe klonk.
‘Huuhuu-huhuhu-huuhuu-hnhuhu-huuhuu-huhuhu-huuu!’
Faber joech de fuotten mar in sintimeterke romte en liet de heupen safolle mooglik los. Hy liet him gean en seach nei Mofro.
Mofro mei har oerwinningsgebear, fan de earms oer de holle, dan nei lofts en rjochts, oergeand nei in stadige doowop. Har lichem wie moai. Hy seach yn har moaie brune eagen en nei har net-opmakke gesicht. It ferske stuitere troch de keamer, fan muorre nei muorre. Henk Faber, hy stie foar har oer, krige in letter rekje en raasde yn de mikrofoan, sa hurd er koe.
- Aaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiii never realised what a kiss could be! This could only happen to me!! Can't you see??! Can't you seeeeeeeeeeeeee-ya??!! Se giene it duet oan.
- That when I tell you that I love you, ooooh,
- You're gonna say you luv me too-hoe-hoe-hoe-hoe. Oohooh.
- And when I ask you to be mi-hi-hi-hiiiine,
- You're gonna say you luv me too. You luv me too! You luv me too!
Se himen nei.
- Moarn dogge wy scrabble mei as tema: The Beatles, sei Faber.
| |
| |
- Ja, dan bin ik Ringo. Lekker ding!
- Mar ik wol graach Ringo wêze!
- Te let, ik bin it al.
Se himen noch langer nei, foelen yn inoars earms en seagen nei de flier. Mofro rûkte in bytsje.
- Gean wy op bêd? frege se.
- Ja.
Wat der wie oan rotsoai lieten se stean. Doe't se boppe wiene, seagen se tagelyk yn 'e spegel. Harren lippen wiene read, sa read dat it der net mear ôf koe. Se klaaiden harren út, lieten de klean op de flier fan de badkeamer lizze en rûnen achterinoar nei de sliepkeamer.
Mar swiete, reade lippen makken gjin feest. It wie in ienfâldige hanneling, se hiene eins gjin each foar inoar. Mofro spruts him ta, de wurden dy't him tahappe litte moasten, mar feitlik hoegde Faber neat te dwaan. Feitlik wie er in bist, dy't net tocht oan foarspul, hymjende ynteraksje en in ferantwurde neispul. Hy joech as in hynder en kaam, mei alles dat er hie. Yndie, Henk Faber wie in bist bytiden, hoe nuver dat miskien ek hearre mei. Doe't er neist Mofro lei, flústere er yn har ear.
- Huuu...
Mar Mofro reagearre net.
Se bleaune lang lizzen. Faber miende dat Mofro yn 'e sliep fallen wie.
Syn kenlike steat hie oars net as in ferlege foarm fan alertheid west, in steat fan iepenheid mei in skynber achteleaze behearsking oer himsels. Eins wie er no breanofter. Sûnder lûd te meitsjen stapte er it bêd út, rûn nei it rút en treau in pearse lape oer him hinne. Sûnder kleur lei de houten
| |
| |
rotsoai-tún foar him. In tún sûnder baas, tocht Henk Faber. Ferlieze wie... de tiid trochkomme, wie de tiid in hân jaan, wie wachtsje op it momint dat it ferlies draachlik wie - of dat der in ûnderwerp wie om oer te praten, sadat it ferjitten wurde soe. Mar dat er nei syn eigen rotsoai seach, dat wie yn sekere sin net draachlik. Want Henk Faber wie in minne ferliezer. Hy luts de ûnderbroek oan, draaide him om en gie foar de spegel stean. Syn healneaken lichem koe er mar krekt ûnderskiede. It kaaike dat oan de spegel hong makke in ringeling.
|
|