sept. 1787 |
De Prusen yn it lân. Ferfolging fan de patriotten. |
jann. 1795 |
De Frânsken yn it lân. De prinslju yn 'e knipe. |
18 jann. |
De Prins en syn sibben wike út nei Ingelân. |
10 febr. |
It Ljouwerter stedsbestjoer ôfset. |
21 febr. |
De Steaten fan Fryslân ôfset. |
1 aug. |
De grêftekens fan de Nassau's fernield. |
febr. 1796 |
De Jacobijnen yn Ljouwert oan 'e macht. De festiging fan de ienheidssteat ûnder twang trochset. |
jann. 1797 |
Kollumer oproer. |
18 febr. |
Jan Binnes ûntholle. |
maaie |
De Nasjonale Gearkomste nimt de unitaristyske grûnwet oan. |
aug. |
De unitaristyske grûnwet fan de kiezers fersmiten. |
22 jann. 1798 |
De federalisten yn de Nasjonale Gearkomste mei Frânske stipe finzen set; de gewestlike soevereiniteit ferneatige. |
maart |
Nije unitaristyske grûnwet; Fryslân net langer in steatkundige ienheid: ferdield oer de departeminten fan de Iems en de Alde Isel. |
12 juny |
De revolúsje stuite; it Jacobijnse bewâld mei Frânske stipe troch Daandels ôfset. |
1801 |
Nije grûnwet; Fryslân fannijs steatkundige ienheid. |
ein 1801 |
De Prins ûntslacht syn oanhingers fan harren ied. |
1806 |
Ein fan de Bataafske Republyk; Keninkryk Hollân ûnder Lodewyk Napoleon. |
1810 |
Ein fan it Keninkryk Hollân, dat diel wurdt fan it Keizerryk Frankryk ûnder Napoleon I. |
1813 |
Ein fan de Frânske oerhearsking. |