It jubeljier
(1994)–Simke Kloosterman– Auteursrechtelijk beschermdOplagen en prizenDe oplaach fan de earste printing wie 800 eksimplaren, dy't de skriuwster ƒ1680 kosten. In ynnaaid eksimplaar koste yn 'e winkel ƒ5,50 en ien yn prachtbân ƒ7,50, mar by de skriuwster sels mei postwiksels besteld, bûten de boekhannel om, wie it by beide in daalder minder. De (goed sechstich) leden fan De Fryske Bibleteek krigen ynstee fan de taseine útjefte fan it wurk fan Gysbert Japix, dy't noch net klear wie (en ek noait klear komme soe), It Jubeljier as boek foar 1926 tastjoerd. De keningin krige op fersyk fan har partikulier sekretaris, baron Van Geen, ek in eksimplaar. De skriuwster liet ‘der in prachtige étuidoaze for [meitsje] fen ivoire kleurich sidelinnen en foerre mei moiré. In greate keninklijke kroan oan 'e foarkant en alles fêstmakke mei in breed oranjesiden lint. Ienfâldich en moai. For ús tael en mysels acht ik it in greate eare en bin der tige grutsk op.’ De Ljouwerter boekhanneler R. van der Velde op syn bar, oan wa't se dit trochdie, makke der mei har goedfinen in kranteberjochtsje fan. It boek rekke yn 1930 al sa goed as útferkocht. De oplage fan de twadde útjefte (1948) is net bekend, fan de tredde (1978) wie it 2000. In gewoan eksimplaar koste yn 1948 ƒ7,90 en yn 1978 ƒ19,50, in lúksen op better papier en yn buckram, sa't se yn 1948 ek makke waarden, ƒ15,-. Fan dizze fjirde útjefte, dy't ƒ29,90 kostet, binne 1500 makke. | |
[pagina 431]
| |
BesoargingDe earste printing waard foar rekken fan de skriuwster fersoarge troch de Bruorren Hoitsema te Grins, dy't al faker wurk fan har printe hienen. Linnense bannen koenen dy lykwols net meitsje, dat dy waarden útbestege yn Den Haach. It boek kaam út yn novimber 1926, al stiet op it titelblêd 1927. De twadde printinge ferskynde yn 1948 by Brandenburgh te Snits. Dy hie dêr yn 1940 de reginten fan de Simke Kloostermanstichting al om frege, en gong dêrom yn maaie 1945 mooglik foar boppe A.J. Osinga, dy't har yn 1944 benadere hie. D.J. Kamminga fan Dokkum frege oars yn septimber 1945 ek noch om it boek. Brandenburgh en Osinga hienen, sa wie syn redenearring, al wurk fan de skriuwster yn har fûns en boppedat spile Dokkum in belangrike rol yn It Jubeljier. Yn oerienstimming mei it testamint fan de skriuwster fersoarge Douwe Kalma de tekstútjefte. Ein 1945 hie er de opdracht krigen, dy't er begjin '46 foar 150 gûne oannaam. Oars as ds. A.D. Wumkes, skriuwer fan de Simke Kloostermanstichting, makke it him net safolle út oft de oantekens efteryn der wer yn kamen, dat hy stjoerde de kopij sûnder listen nei de printer, en sa rekken se derút. Ynstee dêrfan waarden in jiertallelistke, in list fan de persoanen en in ynhâldsopjefte opnommen. Brandenburgh krige syn sin net by it omstaverjen. Kalma hie earst de ‘fen’-stavering en in pear oare lytse dingen, sa't er him skriuwt, wol oanpast oan de stavering '45, mar it gefolch wie dat er trije kear safolle feroarings krige, en it hiele tekstbyld oars en stikken Hollânsker begong te lykjen, dat dêr hie er fan ôfsjoen. Op in pear plakken fertroude er de tekst net en dêrom frege er ds. Wumkes om it hânskrift nei te sjen. Yn beide gefallen bleau it lykwols gelyk. It iene wie yn de sande alinea fan haadstik twa, dêr't er wat foar ‘den gaspen’ ferwachte hie, it oare yn de 22ste fan it lêste haadstik, dêr't er kop noch sturt fine koe oan ‘Leoëftich’: ‘Dochs net in Roomske Paus?’ Oan de tekst hat Kalma amper feroare. Dat hâldt mei twa-trije ferbetteringen fan grammatikale of noarmative aard wol op. Syn oersjoch fan ynhâld, persoanen en foarnaamste histoaryske feiten is al neamd. De tredde útjefte kaam as reprint fan de twadde edysje en mei subsydzje fan de provinsje yn 1978 by De Tille te Ljouwert út. Dy iepene dêrmei syn rige fan klassike werprintingen, De Titelroas neamd. Ear- | |
[pagina 432]
| |
der, yn 1967, hie de KFFB negatyf reagearre op in fersyk fan de reginten fan de Kloostermanstichting om it boek út te jaan: ‘It boek hat yn opset en styl folle mear wei fan de 19de ieu. Wolle de massa lêzers dat hjoeddedei noch, is tige de fraach... It soe al swier subsidiearre wurde moatte, as it hwat wurde koe. Is it faeks ek hwat foar de Fryske Akademy? Dy kin soks meastal wol foarelkoar krije.’ Ek dizze fjirde útjefte is fan oerheidswegen subsidiearre, no as diel yn de rige Fryske Klassiken fia it Nederlands Literair Produktie- en Vertalingenfonds troch it Ryk. Op fersyk fan de editoaryske kommisje is de tekst, mei stipe fan Jogina Sijens-Wassenaar, fersoarge troch Pieter Duijff, dy't ûnderfining opdien hie mei de korreksje fan de Hoara's fan Hastings yn dizze selde rige. Hy hat ek neikommende ferantwurding opsteld.
Simke Kloosterman har geskriften nimme om de taal in opfallend plak yn de Fryske literatuer yn, om't der in hiel soad typysk Wâldske foarmen yn foarkomme. De skriuwster woe perfoarst yn har eigen dialekt skriuwe en hja naam dêrmei ôfstân fan it standertfrysk. Wy sille by har bygelyks net ‘begûn’, ‘merkbiet’ en ‘(hat) sein’ lêze, mar ‘begoan’, ‘markbite’ en ‘(hat) sei’. Yn dizze nijste edysje fan It Jubeljier is by it omstaverjen útgien fan de earste printinge fan 1927 en binne de eigenheden fan Kloosterman har taal beholden. De no-jildende staveringsregels binne tapast. Der is útgien fan it prinsipe dat allinne omstavere wurde moast, as dat om dy regels perfoarst needsaaklik of winsklik wie. Wurdfoarmen as ‘âldermalste’, ‘brôzelich’, ‘roavje’ en ‘rûchfearzen’ jouwe yn de nijste stavering gjin swierrichheden en binne dêrom net oanpast. Kloosterman har njonkenfoarmen lykas ‘krans’ en ‘krâns’, ‘glans’ en ‘glâns’ en ‘rot’ en ‘rôt’ binne likemin lykstrutsen. Har Fryske en net-Fryske stavering is ek beholden yn fersen, dokuminten en oarssoartige teksten dy't Kloosterman fan oaren of sabeare fan oaren oernaam hat. Der is ek net yn de stavering yngrypt as wurden tusken ‘skrapkes’ steane. Yn wurden lykas ‘febryk’ en ‘pertyk’ is by it omstaverjen keazen foar de staveringen ‘fabryk’ en ‘portyk’ dy't de útspraak mei in e tasteane. Yn ús stavering stiet de ea yn guon gefallen foar ferskillende lûden. De stavering ‘each’ bygelyks, kin as ‘each’, ‘êch’ en ‘eech’ útsprutsen wurde. Kloosterman staveret yn sokke gefallen faak, mar dochs net al- | |
[pagina 433]
| |
tyd in ê. Om't de ea foar ferskillende lûden stean kin, is yn dizze edysje konsekwint foar de ea keazen. De ê, dy't sawol lang as koart útsprutsen wurde kin, is útsein yn gearstallingen en ôfliedingen konsekwint as ê stavere. De wurden ‘gled’ en ‘sted’ binne dus ‘glêd’ en ‘stêd’ wurden, mar ‘stedhâlder’ en ‘stêdhâlder’ binne beide beholden. Oan dat lêste foarbyld is te sjen, dat Kloosterman net konsekwint staveret. Wurden fan it type ‘hannen’ en ‘lannen’ binne by har gauris as ‘hânen’ en ‘lânen’ skreaun. Mei't ús stavering ‘hannen’ de útspraak mei in â net tastiet, is de â yn dy gefallen stean bleaun. De stavering fan de notiden fan de tiidwurden ‘gean’ en ‘stean’ is ek oars as wenstich. Kloosterman hat yn dy gefallen in brutsen ie-lûd, ji. Hja staveret de notiden sels bygelyks as ‘ik gien’ en ‘wy stiene’. Om't de stavering mei in ea gjin rûmte foar dy útspraak jout, is hjir ek keazen foar de ie-stavering. By ‘ik stien’, ‘Gien dêrhinne’ en ‘wy gienne’ heart dus in ji-útspraak fan de ie. It Stedsk is stavere neffens de regels út it Woardeboek fan ut Leewarders fan A.C.B. van der Burg. De lûding fan it Stedsk is dêrby net oanpast. As Kloosterman bygelyks ‘woensdag’ skriuwt, is fan de oe net in oë makke lykas yn it Stedsk wênst is, om't net út te meitsjen is oft hja in ien- of twalûd op it each hat. As Kloosterman de frjemde wurden mei har stavering yn in Frysk jaske stekt, binne se yn 'e regel stavere neffens de nijste regels. Is in frjemd wurd yn de Fryske stavering net mear trochsichtich om't it yn it Frysk net húsriem is, dan is de útlânske stavering oanholden. It wurd ‘trousseau’ bygelyks, is net ‘trûso’ wurden. De stavering is by frjemde wurden uteraard ek net oanpast, as it wurd yn de earste printinge tusken ‘skrapkes’ stiet. De foarm ‘bagage’ is dus net feroare yn ‘bagaazje’. Yn in namme lykas ‘fen Rhé’ past Kloosterman it foarfoechsel ‘fen’ en de é oan oan har stavering fan it Frysk. By it staverjen fan de nammen is dat prinsipe oanholden. De namme ‘fen Rhé’ is dus ‘Fan Rhee’ wurden. Letters dy't de nammen ‘útwrydsk’ meitsje, binne stean bleaun. De namme ‘Baerdt’ hat syn dt holden, en ‘Frouckje’ de c. Wurdfoarmen binne net feroare. Dat betsjut, dat ‘mimerst’ net ‘mimerest’ wurden is, ‘fersmelde’ net ‘fersmelle’, en yn ‘hynsder’ is de s stean bleaun. Weilittingen fan letters of wurddielen binne mei in ‘apostrof’ oanjûn. De wurdfoarm ‘er’, dy't foar ‘der’ stiet, is ‘'er’ wurden den en ‘wûndre’ is as ‘wûnd're’ te lêzen. Fergetten stomme letters binne altyd ynbrocht. | |
[pagina 434]
| |
De ynterpunksje is yn haadsaak yn oerienstimming mei dy fan de earste printinge. Allinne yn gefallen wannear't it om de lêsberens better wie, binne ‘komma's’ oanbrocht. Dúdlike printflaters yn de earste printinge binne stilswijend ferbettere. Guon fan dy flaters binne ferbettere mei help fan it orizjinele hânskift fan It Jubeljier, dat op de Provinsjale Bibleteek fan Fryslân leit. In mennich fersinnen binne ek rjochtset. In pear wichtige foarbylden dêrfan binne de neikommende. Op de siden 269 en 286 (yn dizze edysje de siden 214 en 228) komt de namme ‘Bindert Wytses Cloosterman’ foar. Yn beide gefallen moat hjirre ‘Bindert Japiks Cloosterman’ stean. Op side 288 (hjirre side 229) mist nei ‘oer in fiif en tweintich’ it wurd ‘jier’, dat yn dizze edysje al stiet. De namme ‘Aesgama’ fan side 78 is feroare yn ‘Easgama’ (hjirre side 65). Mei help fan it hânskrift koe de datum ‘28e van Februari 1797’ fan side 489 ferbettere wurde yn de achttjinde fan febrewaris (no side 391). Op side 308 is wol it noatnûmer 1 yn de tekst opnaam, mar de fuotnoat is der net. Dy is út it hânskrift wei yn dizze edysje oanfolle (side 246).
Kloosterman har earste roman, De Hoara's fan Hastings, is earder yn dizze rige Fryske Klassiken ferskynd. By it omstaverjen fan beide romans stie foarop, dat de taal fan Kloosterman safolle mooglik beholden wurde moast, mar by it stribjen dêrnei binne net altyd deselde wegen bewannele. Yn De Hoara's fan Hastings is ‘der’ altyd sa bleaun, om't net yn alle gefallen út te meitsjen is oft ‘dêr’ of ‘der’ bedoeld is. Der is no, yn it foarste plak yn neifolging fan wat hjirboppe sein is oer de ê yn bygelyks ‘gled’, èn twad om 'e lêsberens, al ûnderskie makke tusken dy wurden. De kar foar òf ‘der’ òf ‘dêr’ wie yn 'e regel net in slimmen-ien, mar yn guon gefallen sil er grif bestriden wurde kinne. Fierders binne de wikseljende staveringen lykas yn ‘êch’ en ‘each’ yn De Hoara's fan Hastings bestean bleaun. Yn It Jubeljier is lykas boppe oanjûn konsekwint foar de ea keazen. By it fêststellen fan de stavering fan guon wurden is by De Hoara's fan Hastings neifrege wat de tsjintwurdige útspraak yn Twizel is. Dat is no net wer bard.
Ph.H. Breuker |
|