It jubeljier
(1994)–Simke Kloosterman– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 415]
| |
UntsteanEksternIt moat foar de skriuwster hiel pynlik west hawwe dat Troelstra yn novimber 1918 de revolúsje yn Nederlân útrôp en it Oranjehûs ôfskaffe woe. Dat wie ommers lykas har in Frysk skriuwer, en it deftige Den Haach dêr't Simke yn ferkearde, sil him wol ôffrege hawwe hoe't sy deroer tocht. De affêre-Troelstra moat namste pynliker west hawwe, omdat se sels krekt midden yn in grut proazawurk siet dat just ien stik Oranjeferearing wie. Ik soe dêrom rekken hâlde wolle mei de mooglikheid dat de lêzing dy't se yn dyselde moanne novimber oer de Fryske skriuwer Eelke Meinerts opstelde en dy't se it oare jiers en letter noch alris in kear yn Den Haach hold, bedoeld west hat om oer har opfettingen gjin ûndúdlikheid bestean te litten. Eelke Meinerts gong om mei de adel en wie op en top in Oranjeman. Se sketst earst hoe't it der yn 1795 op oankaam, der moast kleur bekend wurde. En dat dienen de Fryske grutlju, dy bleaunen Oranje trou, dat wienen de echte neisaten fan 'e âlde Fryske adel, rjochtsinnich, stiif en steech. Dêrfoaroer stienen de Patriotten, meast Ljouwerter famyljes, en yn de wurden dêr't se dy mei tekenet, klinkt de ferachting: ‘Frijsinnich wierne se! forljochte, ljue, dy't mei de tiid meigyngen!’ Neist Oranjeleafde sil ek famyljegrutskens meispile hawwe. Mar dy nimt dochs in lytser plak yn as men faaks wol tinkt, teminsten yn oarsprong. Ut it stik docht bliken dat se wist dat Eelke Meinerts famylje fan har wie. Se neamt har in neisaat, al wie it in broer fan in foarfaar. Ut it stik blykt ek dat se gebrûk makke hat fan Joast Halbertsma syn oantekens oer Eelke Meinerts yn De vrije Fries fan 1862. Dêryn hat se fine kinnen dat hy wol útfanhûze hat by de Van Harens yn Leer en Loge yn East-Fryslân, doe't dy dêr om politike redenen nei 1795 hinne útwykt wienen. Omdat, sa't hjirnei noch bliken dwaan sil, it idee om Ripperda flechtsje te litten yn 1919 opkommen is, hat it wol kâns dat dat weromgiet op Halbertsma syn stik, mar se hat doe noch net besletten om der in ferhaal oer har eigen famylje fan te meitsjen. Dat koe se, ôfsjoen fan Eelke Meinerts (mar dy wie mar oantroud) ek net, want sa't ik fierderop noch sjen litte sil, liket it wol wis dat se foar 1925 | |
[pagina 416]
| |
noch neat fan de Oranjeleafde fan de Kloostermannen ôfwitten hat. Yn 1925 wie dat lykwols hiel oars. Doe siet se fol fan har famylje en woe se sels har memme gouden eardoppen en de stambeam fan de Siccama's tepas bringe. As dingen dy't se net ferjitte moast, hat se dat teminsten yn it hânskrift oantekene doe't se krekt it gedicht fan Wytse Binderts út 1798 yn it fjirtjinde haadstik in plak jûn hie. Oant dan ta hie se wol fan âlde papieren út de famylje gebrûk makke, mar dêr tink noch gjin nammen fan lju út oernommen. De reden dat se dan de Kloostermannen sa'n grut plak jout, is grif dat se doe murk dat dy oan de kant fan de Oranjes stien hienen. Dêr hie se ek wol reden ta, omdat Bindert Japiks om it oanpart fan syn soannen yn it Kollumer Oproer in grutte boete betelje moast, mar sa bot as sy it foarstelt, hat it dochs net west. Fan in sintrum fan ferset yn de Frânske tiid, dat de pleats fan Bindert Japiks op Bomkleaster west hawwe soe, is gjin sprake, en as hy en syn beide soannen al mei nei Kollum west hawwe, dan is dat net fan herten gongen. It hiele Kollumer Oproer hie trouwens fêst net safolle omtinken krigen as se net te witten kommen wie dat har famylje der op de iene of oare wize mei anneks west hie. Miskien is Simke Kloosterman, behalven troch Oranjeleafde en famyljegrutskens, ta it skriuwen fan in histoarysk ferhaal ek wol ynspirearre troch de freonskip mei Douwe Kalma. Sa't hjirnei noch neamd wurde sil, moat it idee om in langer ferhaal te skriuwen (sels neamt se it yn 1919 in histoaryske novelle), net lang foar augustus 1917 ûntstien wêze, en doe wie Kalma foar it earst by har yn Twizel. Yn dy tiid siet Kalma fol grutte plannen om de Fryske literatuer mei nije sjenres te ferrykjen. Yn deselde brief dêr't de tekst yn syn ierste foarm foar it earst yn neamd wurdt (dat is ien út novimber 1917), hat er it oer syn langst nei ‘it greate komstige wirk, dêr't ik Fryslân's weardichste skiednis en syn heechste libben fen noutydlings yn it fresco fen in greate roman oan myn eagen foarbygliden sjen scil - en scoe dyn winskjen oars wêze, bitinkster fen de Hora's?’ It lêste part fan It Jubeljier is ûntstien yn deselde tiid dat se mearkes as Jenneput, Amare Bon en De iensume beam skreau. De stimming dêr't se doe by 't skriuwen yn ferkearde, brocht se yn in brief oan J.P. Wiersma fan 19 desimber 1924 sa ûnder wurden: ‘As min sa jouns stil by de tafel sit, de kachel húslik barnt en 't kopke thé klear, den wol 't faken foarkomme, det de geest ta himsels ynkeart en der út it djipste | |
[pagina 417]
| |
saed fen 's minsken wêzen wûnderlikheden opdipt en bringt ta wirklikheit.’ | |
YnternIt Jubeljier is net yn ien kear opset. De ûntsteansskiednis fan it boek is net sûnder muoite noch wol sa'n bytsje nei te gean, omdat sawol de kopij-yn-earste-ferzy foar it grutste part (yn skriften) bewarre is, as de briefwiksel mei Douwe Kalma, dêr't de skriuwster gauris wat yn losliet oer it wurk dat ta It Jubeljier útgroeie soe. Ik jou hjir net mear as in flechtige yndruk. Neier ûndersyk is noch wol nedich. It docht dan bliken, soe 'k sizze, dat se der oan arbeide hat fan 1916 oant 1926, foar 't neist mei ûnderbrekkingen yn 1918 en fan 1921 oant ein 1924. It soe earst (yn 1916 of 1917) 1787 hjitte, mar dy titel waard yn 1919 ferfongen troch Ripperda syn wei, en earst doe't it yn 1924 en 1925 útwreide waard mei it Kollumer Oproer, kaam it It Jubeljier te hjitten. Oan dy trije titels lit him yn grutte halen de skiednis fan it boek ôflêze. Ik sil dy no wat mear yn bysûnderheden besykje te jaan. Net ta de konsepsje fan it boek heart in ferhaal út 1912, Rones fen Rhé, dat oer Falentijn en Ripperda giet en om 1825 hinne spilet. Dat is yn 1917 gearfoege mei in oar ferhaal, dat yn 1786 yn Twizel en Bomkleaster spile. Dat waarden doe rûchwei de haadstikken 3, respektivelik 2 fan in nij ferhaal. De oanlieding om se te kombinearjen sil wol west hawwe dat Rones fen Rhé foar in part in weromsjen is nei deselde tiid, 1787 nammentlik. Op it stuit fan it gearfoegjen hat Rones fen Rhé foar 't neist al 1787 hjitten en bestien út wat doe de haadstikken 1 en 3 en it begjin fan 4 waarden. Omdat it stik dat doe it begjin fan haadstik 4 waard, yn syn oarspronklik ferbân datearre is op 1916, is alteast in part fan 1787 mooglik al yn dat jier ûntstien, mar yn 1917 moat alles op elkoar ôfstimd wêze en de folchoarder krigen hawwe dy't it hold. Fan útwreiding mei in ferfolch is doe lykwols nei alle gedachten net folle mear kommen as in bledsidemannich fan haadstik 4, dy't om 26 augustus 1917 hinne te datearjen binne. Earst yn 1919 moat it idee ûntstien wêze om Ripperda flechtsje te litten, wat yn it lêste part fan haadstik 4 bart. Doe kaam it Ripperda syn wei te hjitten. It ferhaal fan dy namme rûn troch mei wat yn It Jubeljier de haadstikken 5, 6, 7 en 11 wurde soenen, mar 11 noch sûnder de passaazje oer Jan Binnes' dea. Bindert Japiks kaam hie- | |
[pagina 418]
| |
lendal noch net foar yn wat oant no ta neamd is. Yn de simmer fan 1920 bestie it wurk foar 't neist út de neamde acht haadstikken. Yn febrewaris fan dat jier hie de skriuwster haadstik 5 ôf krigen en doe woe se it boek noch útgroeie litte ta tsien haadstikken. Op dat stuit moast se noch de famyljepapieren fine dy't dy simmers yn in âld skriuwburo op souder yn Twizel foar 't ljocht kamen. Se wie út 'e skroeven doe't se Kalma ferslach fan de fynst die. It foarnaamste foar har wie de bondel papieren út de tiid, doe't har oerpake Wytse Binderts Kloosterman assessor fan Achtkarspelen wie en soms de maire ferfong as dy fuort wie, sa't se skreau. Dat moat dus west hawwe út de jierren 1811 oant 1813. ‘Listen mei nammen, dy't opkomme moasten yn Napoleon's tiid, greate plakkaten, hokfoar boete der bitelle wirde moast en hwerfoar, folle en net genôch. It wirdt allegearre forarbeide yn Ripperda.’ Dat is sa't liket net fuort bard, want dy stikken binne ferwurke yn haadstik 16 fan it definitive Jubeljier, en dat haadstik is gewoan as lêste nei de foarigen skreaun. Mar yn de simmer fan 1920 sil se har dat noch as alfte haadstik fan Ripperda syn wei tocht ha. De beide oare haadstikken dy't Ripperda syn wei dan neffens it (net bewarre) plan fan begjin 1920 kompleet meitsje moasten, sille nei alle gedachten de folle letter (yn 1925) skreaune haadstikken 13 en 15 west hawwe. Nei't in pear jier neat oer it boek yn de briefwiksel neamd wie, skreau Kloosterman yn novimber 1924 dat se der drok mei oan 'e gong wie en in fearnsjier letter wienen njoggen fan de fjirtjin haadstikken dy't se doe yn 'e holle hie, sawat klear. Oan omnûmering yn de kopij en etiketten te oardieljen soe ik tinke dat doe de lettere haadstikken 8 en 9 derby kommen wienen, mar 9 net fierder as oant healwei bledside 281 (yn dizze útjefte side 224), dus noch altyd sûnder it Kollumer Oproer. In goed jier letter wie it hiele boek ôf, dat net út fjirtjin, mar út sechstjin haadstikken bestiet. Der wienen dus noch twa bykommen, en om't de haadstikken 12 oant 16 oan de kopij te sjen efterinoar oan skreaun binne, tink ik dat dy twa 12 en it noch net neamde 10 west hawwe, de beide dus dy't yn it bysûnder oer it Kollumer Oproer geane, en dêr't har foarfaar Bindert Japiks in belangrike rol yn spilet. Ien moat har ûnderwilens wiisd hawwe op de stikken oer dat Oproer yn it Ryksargyf te Ljouwert. Foar't neist sil dy witten hawwe dat sy famylje fan Bindert Japiks wie en dat dy dêryn foarkomt. Sa't ik hjirnei ûnder Boarnen noch neame sil, skynt se út famylje-oerlevering nammentlik neat | |
[pagina 419]
| |
oer syn politike rol witten te hawwen. Hoe dan ek, septimber 1925 gong se trije kear nei it Ryksargyf en it oare jiers maaie noch twa kear. Se seach dêr beide kearen deselde stikken: Prov. represintanten 33, Krim. sintinsjeboek 1795 en Prosesstikken 1797, dat ik tink dat se yn 1926 allinnich noch mar west hat om oer te skriuwen wat se wurdlik yn de bylagen opnimme woe. Begjin fan dat jier hie se Kalma op 'en nij skreaun dat it boek nei de ein rûn, en diskear wie 't ek sa. | |
BoarnenDer wurdt wol tocht dat de skriuwster in soad argyfûndersyk dien hat. Dêr hat se sels ek wol oanlieding ta jûn. Sa skreau se yn 1926, noch ear't it boek út wie, oan de Ljouwerter útjouwer Van der Velde: ‘Ik ha der in ôfgrysliken wirk mei hawn, al det gesnuffel yn dy âlde archiven.’ Mar it argyfûndersyk hat him dochs beheind ta it ynsjen fan de stikken dy't ik hjirfoar krekt neamd ha, teminsten foarsafier't it it Ryksargyf oanbelanget en neat wiist derop dat se noch oare argiven brûkt hat. De stikken dy't se dêr (yn 1925 en 1926) ynseach, binne oars wol de foarnaamste argivalyske boarnen oer it Kollumer Oproer. Earder, yn septimber 1924, hie se mefrou Anne Quarles van Ufford-Buma, dat in goeie kunde fan har wie, betanke foar literatuer oer de tiid fan 1785 oant 1815. Alles, sa skreau se, wie har bekend, útsein it argyf Van Eysinga, mar dêr hat se net om op it argyf west. Wol hat se gebrûk makke fan âlde famyljepapieren, ek noch wol fan mear as dy't yn 1920 foar 't ljocht kamen. Sokken sil se bedoele as se yn 1928 oan S.R. Vries skriuwt dat se in soad stipe hân hat oan âlde hiersaters, ynkomsteboekjes, tsjerkerekkens, testaminten ensafuorthinne út har famylje. Dat kinne lykwols min oantinkens oan de politike rol fan de Kloostermannen west hawwe, want dêr wist se doe foar 't neist noch net folle fan. Dat blykt net allinnich út de fynst út 1920, mar ek út it feit dat se yn 1924 Wytse Binderts frederjochter en adjunkt-maire neamt, wylst dy earst yn 1820 assessor (en letter wethâlder) waard. Syn heit, Bindert Japiks, hie maire west, en dat is er yn It Jubeljier ek, al neamt se him dêr op in pear plakken noch Wytse Binderts. Trouwens, ek yn 1926, doe't it boek al ôf wie, skreau se noch oan Kalma dat Wytse Binderts adjunkt-maire west hie. Wat dat oangiet, soe men sizze kinne dat se ek yn 1924 miskien al better wist. Mar no't wol fêststiet dat it Kollumer Oproer earst yn 1925 sa'n grut plak krigen hat, tink ik dochs | |
[pagina 420]
| |
dat se doe heard hat, dat Bindert Japiks foar 3000 gûne beboete waard om it oanpart fan him en syn soannen Wytse en Ritske yn it Oproer. Want wêrom soe se oars net earder oer dy Kloostermannen en oare famyljeleden begongen wêze? En wêrom soe se oars it Kollumer Oproer net earder in sintraal plak jûn hawwe? Dat wie dochs wat om alderearst te dwaan yn in roman oer de Frânske tiid? Ik ha hjir wat langer by stilstien, omdat de skriuwster sels yn in brief oan Kalma in hiel oare foarstelling fan saken jout. Se skriuwt dêr dat it boek ‘greatendiels makke [is] nei authentieke bysûnderheden, my bikend fen myn oerpake Wytse Binderts Cloosterman.’ Dy oantekens binne nea fûn, al waard der yn 1938 al sein dat se mei oare papieren ferbaarnd wienen, en yn It Jubeljier sels wurde se ek net neamd, hoe krekt oft se oars altyd ek opjout dat it ien of 't oar út stikken komt dy't se sels hat. En as se bestien hienen, dan soe der dochs ek wol yn stien hawwe dat Ritske Binderts yn 1812 stoarn wie oan de gefolgen fan in fjochtpartij mei Frânske soldaten doe't er dy yn de Twizeler herberch útdage mei har ferlies yn Ruslân. Dat hie fansels krekt wat west foar It Jubeljier. De skriuwster hearde dat lykwols earst doe't it boek út wie. Deselde Vries, dy't krekt neamd is, wist har dat te fertellen. Dy hie it om 1890 hinne heard fan syn pake, dat in skoansoan fan Ritske Binderts wie. Mar de skriuwster seit yn de brief oan Kalma - oan Kalma notabene, dy't wol better witte koe - ek dat it boek yn lyts trije jier skreaun is, ‘oerskreauwn en wol’, en dat doocht wis net. En by Vries praat se net oer dy oantekens, dat ik tink hast dat se der net west hawwe. Bûten famyljepapieren en argyfstikken hat de skriuwster fan it begjin ôf oan fansels gebrûk makke fan printe boarnen. Joast Halbertsma syn stik oer Eelke Meinerts is al te praat kommen en fierder folstean ik mei it neamen fan in pear bysûnderheden, dy't net út de kopij te heljen binne. Yn april 1919 tanke se de sekretaris fan it Friesch Genootschap foar syn antwurd op har (net oerlevere) fragen en foar it oanbod om de dielen 23 en 24 fan De vrije Fries te lienen. Se besleat dy beide te keapjen. Dêr hie se neffens har sizzen genôch oan, want ‘volgens de voorlopige opzet belooft de novelle geen verdere teekening der toestanden dan tot 1808’ en yn dy beide dielen stiet de ‘Stads- en Dorpskroniek’ fan 1785 oant 1808 fan G.A. Wumkes, dêr't it har om begongen wie. Printe boarnen oer it Kollumer Oproer hat se út it boek fan A.J. Andreae oer Kollumerland en Nieuw-Kruisland. | |
[pagina 421]
| |
Om de sfear fan Ljouwert sa goed mooglik te beskriuwen, skynt se in pear nachten yn it âldste part fan Ljouwert omswalke te hawwen. In plysje moast op in feilige distânsje in eachje yn 't seil hâlde. | |
WurdearringsskiednisYnternIt foarnaamste kritearium dat yn 1926 brûkt waard om literêr wurk te beoardieljen, liket dramatyske krêft west te hawwen. Yn de kritiken fan Kalma en Folkertsma nimt dat teminsten in foarnaam plak yn, en op basis dêrfan kin Kalma Kloosterman boppe Brolsma stelle as er yn ien besprek It Heechhôf en It Jubeljier behannelt, ja sels sizze dat sy fan alle wrâldsjenyen Shakespeare it neist is. Sûnder dat er nammen neamt moat it foaral Kalma wêze dy't Folkertsma op it each hat as hy syn krityk op It Jubeljier mei de ynsinuaasje begjint dat de kritisy Brolsma wol doarre oan te pakken, omdat dat mar in lyts mantsje is, mar Kloosterman net, omdat dy it bûten de hiele Fryske Beweging wol stelle kin. Hoewol't der nammentlik wol mear binne dy't beide boeken yn ien stik besprekke, hifket allinnich Kalma de beide skriuwers op dramatyske krêft, en it bysûndere fan Folkertsma syn stik is no dat er It Jubeljier krekt op dy dramatyk beoardielet - en ôfwiist. Dêrfoar moat er wol in eigen ynhâld oan dramatyk jaan, en dy docht goed besjoen forsearre oan. Neffens him hat Kloosterman gjin wiere dramatyk. Sy set de dingen neistinoar, ‘sûnder ferklearing en sûnder doel.’ Oft it no de Oranjelju en de Patriotten binne, natuer, leafde of de ûntjouwing fan de persoanen, ‘it giet bûte de ideële geast om’ (dêr't se yn ferbûn wêze moatten hienen). It giet him om de útbylding fan it absolute konflikt fan goed en kwea, sa't Dostojewski (syn Shakespeare, sa te sizzen) dat neffens him jaan soe. Kalma seit mei oare wurden - en gâns koarter - fierhinne itselde. Hy mist ‘in yn hjarsels harmonyske ienheit,’ in tekoart, dat er oanwiist op it nivo fan de sin (tefolle byld), de haadstikken (te los fan ien grut barren), en yn it boek as gehiel (te hommels begjin, te sloppe ein). Syn meidieling dat de figueren op harsels in bytsje mear op de eftergrûn rekke binne as yn de Hoara's mei miskien wol as in understatement lêzen wurde, en is dan yn oerienstimming mei Folkertsma syn | |
[pagina 422]
| |
krityk op de karaktertekening, dy't dy yn it bysûnder swak fynt by de altyd like popperige froulju. Har krityk komt der op del dat se it boek oerflakkich en frijwat gaoatysk fine, en mei dramatyk hat dat net safolle te meitsjen, mear mei hertstocht, en dat, sa skriuwe se beide, is karakteristyk foar Kloosterman. Oars net as lof lykwols hawwe se foar de tekening fan it fermidden, likefolle oft it no yn Ljouwert en Twizel en omkriten is, of yn Ingelân en Dútsklân. Folkertsma komt fierder noch op de iensidige tekening fan de beide partijen. De Patriotten binne allinnich mar ferkeard, de Oranjelju allinnich mar goed. Dat komt neffens It Jubeljier omdat se lju fan jild en oansjen binne. Dat lêste steurt him tige, en dat docht it Tiny Mulder yn 1978 ek. De iensidige tekening fan de beide partijen steurt suver alle kritisy. Allinnich Kalma achtet dat oars net as in histoarysk beswier, want literêr sjoen komt it Kollumer Oproer der better om út. Punten dy't oare resinsinten út 1926/27 noch neame binne swakheden yn de haadfigueren en de kar foar de Frânske tiid. Ripperda is te romantysk (Van der Tol: altyd ûntkomt er as it gefaar it grutst is; Fokkema seit ek sokssawat en leit benammen de klam op it passive, dat yn in epysk wurk in min ding is), en Anne Hopperus ûndúdlik en wat har trouwen mei Poppéus oangiet ûnwierskynlik (S.D. de Jong en J.M. van der Goot). Fokkema fynt it spitich dat net in oare tiid nommen is, sadat it Frysk-nasjonale stribjen in kâns krigen hie, De Jong hie leaver in bloeitiid hân, lykas de santjinde ieu. Dat de natuerbeskriuwing oerdiedich en ferfeelsum is, binne de measten it wol oer iens. Allinnich F(edde) S(churer) neamt dy yn 1948 in krêft fan it boek. Folle nije gesichtspunten bringe de resinsjes fan de werprintingen net mear. Ik ha al wat oanhelle út dy fan Schurer en Tiny Mulder, en fierders binne der noch stikjes fan Jan Piebenga, Ype Poortinga en in P.G. (dat is Piter Terpstra), alle trije út 1948, en fan H. Oldenhof út 1978. P.G. en Schurer tinke ûngelyk oer de fersetskant. Beide ferlykje se mei har ûnderfinings yn de lêste oarloch. Schurer mist it ferset, P.G. fynt it patriottisme just hiel autentyk, krekt sa't it yn de oarloch wie. Tiny Mulder wiist yn 1978 ek op de oerienkomsten. Oldenhof fynt dat it de skriuwster boppe de meuch gongen is. It boek giet oer te lange tiid om altyd oan it gefaar te ûntkommen dat it mear skiednis as roman wurden is, it byinoarbringen fan twa sokke ûngelikense fermiddens as Ljouwerter grutlju en Wâldlju is net slagge, en likemin de kombinaasje fan ferhaal en mimering. | |
[pagina 423]
| |
By in histoaryske roman wurdt fansels ek achtslein op de histoaryske betrouberheid. Yn it gefal fan It Jubeljier giet it dan foaral om de behanneling fan de beide politike partijen. De measte kritisy achtsje de swart-wyt-tsjinstelling in histoarysk tekoart. Oaren, lykas J.M. van der Goot en Kalma, dy't al neamd is, wize op de frijheid fan de keunstner of sjogge der sels literêr wat posityfs yn. W.T. Vleer, dy't yn 1962 sjen liet dat de Kloostermannen foar 't neist net sa'n sintrale rol yn it Kollumer Oproer spile hawwe, nimt it de skriuwster suver kwea-ôf dat se sa goed skreaun hat dat elk leaude dat it wier wie. | |
EksternTa de eksterne skiednis fan It Jubeljier rekkenje ik it besprek fan Folkertsma, dat ik fanwegen it forsearre elemint dat der neffens my yn sit, net los sjen kin fan literêre polityk. It ferskynde - ôfleveringen lang, omdat der as boekbesprek net folle romte foar wie - yn De Holder, it alternatyf foar Frisia, dêr't Kalma en Kloosterman mei Canne, Schurer en S.R. Sipma de redaksje fan fierden. Ea hienen Folkertsma, Kalma en Kloosterman mei har trijen oparbeide yn De Jongfryske Mienskip en Frisia, mar yn 1918 wie Folkertsma út it bestjoer fan de Mienskip stapt, en yn 1920 wie er mei in eigen tydskrift begongen. En doe't yn 1926 oaren har los makken fan Frisia, en De Holder oprjochten, hie er him by har oansletten. De skriuwster hat bang west dat sy de folle laach krije soe, omdat se Kalma net oanpakke doarsten, en dat sil de reden west hawwe dat se De Holder allinnich in resinsje-eksimplaar stjoere woe as ds. G.A. Wumkes it boek besprekke soe. It waard lykwols Folkertsma, en har foargefoel is neffens my dus wol wat útkommen. Se hat it Folkertsma nea wer ferjûn. Neffens Kalma soe de rol fan Folkertsma sels meispile hawwe yn it beslút fan Kloosterman de moarns fan har dea, om in grut part fan har fersen ferneatigje te litten. Har wantrouwen oer de ferhâlding ‘Fryslân-dizze fersen’ moat neffens him wol algemiener west hawwe as har wantrouwen yn Folkertsma, mar dochs: ‘Hja moat eange hawwe, dat hwat har hillich west hie, Fryslân net hillich wêze soe. De krityk fan Folkertsma hat op dit stik forkeard wurke, it wie in faktor, mar ek net mear as dat. Sim hat ek op dit stik to min selsbihearsking hawn (it tokoart fan folle froulju, as men har op it sear komt), mar Jou foarstelling fan dy kwesje liket my dochs to iensidich ta. Foarst, | |
[pagina 424]
| |
der siet wol in âld, net-literair konflikt tusken har en Folkertsma, al fan 1919 ôf. Oard, de krityk fan Folkertsma draecht sa dúdlik de spoaren fan wrok en ferbittering, dat ik nea begrepen haw, hoe't men dêr oer hinne lêze kin. Nim de ynset al dalik: skriuwt men sa, as men ûnbifoaroardiele nei de wierheit siket? en dan, ja wis, oan 'e ein forsmyt de skriuwer it wurk dochs net, mar de oannimming klinkt as in genede út 'e hichte, nei in foroardieling en ôfbrek fan it wurk dy't oer moannen roun. De krityk hat wis syn sterke kanten, mar der is in raffinearre opset yn om to wounjen en sear to dwaen, en Sim har reäksje dêrop hat net allinne lytsens west.’ Ds. A.D. Wumkes, oan wa't er dit yn antwurd op in brief skreau, reagearre mei te skriuwen dat Folkertsma it yn syn oanrin dan earder op Kalma as op Simke begrepen hat. Mar hy skriuwt ek dat Simke yn har eigen útjefte fan har fersen mei ‘saneamde skôgings of resinsjes’ op Folkertsma doelt. Oant yn har testamint hat se Folkertsma op har manier ferfolge: dy mocht nea har wurk besoargje. Oan De Holder hat se fansels net meiwurke. En Kalma? Dy hie yn 1927 fuort al yn Frisia mei Folkertsma ôfrekkene, troch him ‘in bastert-produkt fen kinst en krityk’ te neamen, dy't by einbeslút net oer it wurk skriuwt dat er besprekt, mar oer himsels. Ta de eksterne skiednis fan it boek heart ek de politike funksje dy't it yn de jierren tritich en fjirtich krige, en dy't it oant it lêst fan de jierren santich ta holden hat en miskien wol altyd hâlde sil salang't der oarloggen binne. Sa't hjirfoar út it oersjoch fan de ynterne skiednis bliken dien hat, steurde Folkertsma him trouwens yn 1927 fuort ek al oan de konservative mentaliteit dy't út it boek sprekt. Mar yn de jierren tritich en fjirtich gong it om wat oars. Yn 1936 krige it boek grutte bekendheid yn breder rûnten doe't it yn in bewurking fan J.P. Wiersma ûnder de namme fan Skaed en Ljocht as iepenloftspul te Kollum foar tûzenen opfierd waard. It inisjatyf gong út fan de Kollumer Oranjeferiening. De foarsitter fan de útfierende kommisje iepene mei ûnder mear te neamen dat de opfiering twa doelen hie, nammentlik ‘te waarschuwen voor gevaren die dreigen, in het buitenland te zien, en op te wekken het Oranjehuis in eere te houden en met liefde te steunen.’ Nei ôfrin fan de earste foarstelling waard de skriuwster (mei de bewurker) op it toaniel frege en tasprutsen troch Wendelaar Bonga fan Dokkum. Neffens itselde kranteferslach dêr't krekt ek út oanhelle is, loek dy út it stik de learing ‘dat het zonder Oranje niet gaat.’ | |
[pagina 425]
| |
Yn de maitiid en de simmer fan 1945 waard it noch minstens tsien kear as befrijingsstik opfierd yn Kollum, Twizel en Dokkum. It oare jiers brocht de kommisje dy't de opfieringen organisearre hie, yn 'e tsjerke fan Aldwâld in tinkplaat foar Jan Binnes (Wadman) oan. Dêr stiet op: 1795-1813/Jan Binnes, berne to Aldwâld/ formoarde to Ljouwert/ 18 febr. 1797/ 52 jier âld./ Hy foel yn 'e striid foar frijdom en rjocht, foar it Heitelân en Oranje./ 16 april 1946./ Kommisje ‘Skaed en Ljocht’ Kollum. It wie ek net foar it earst dat it stik as in parallel fan de Dútske besetting sjoen waard. Yn syn prospektus fan de twadde útjefte, dat er op oranje papier printe, liet Brandenburgh witte dat it boek yn de oarlochsjierren net útkomme meien hie, omdat de tastannen dy't der yn skildere waarden, doe tefolle tinken dienen oan dy ûnder de Dútske besetting. Wat hie nammentlik it gefal west? Op 14 septimber 1940 hie Hindrik Algra yn it Friesch Dagblad de KFFB oproppen om fan it boek in folksútjefte te meitsjen, net foar fiif of seis gûne, mar foar in daalder: ‘Zóó moet it Jubeljier het Friesche volksboek worden, en dat moet nu gebeuren, dezen donkeren winter. De tijd is er rijp voor ... It boek fen Heitelân en Frijheit, fen striid en Godsbitrouen.’ It wie net de earste kear dat Algra dat die. In pear wike earder, op 22 augustus, hie er de fertrouwensmannen fan de Fryske Beweging (dat wienen doe ds. J.J. Kalma, R.P. Sybesma en E.B. folkertsma) yn rûne wurden sein dat it har taak wie om no, ûnder de besetting, ‘het meest nationale boek, dat ooit in Friesland werd geschreven’ út te jaan. Jan Piebenga en S.J. van der Molen distansjearren har fan Algra's útstel. Dat die ek ien fan de trije leden fan it Trijemanskip, de nasjonaal-sosjalist R.P. Sybesma, dy't It Jubeljier dichte. It fers waard mei in oersetting en in ferwizing fan dr. Willy Krogmann nei Algra syn efterbaks (‘hinterhältig’ wie it wurd) neamde oprop yn Sybesma syn bondel Der zehnte Mai (Berlyn 1940) útjûn. Op 28 oktober 1948, doe't er de twadde printing oankondige, helle Algra de skiednis wer op. Ek Piebenga kaam doe wer op de saak werom. Neffens him hie it yn de besettingstiid ta in werprinting komme sillen, ‘mar troch in ûnforstannige oanprizing fan inkelde kranten waerden de Dútskers opmerksum op dit boek makke en strieken hja in skoatteltsje foar de werprintinge.’ Algra hold syn ein fêst, en helle alles op 'en nij op by de oankondiging fan de tredde printing yn 1978, dêr't yn stie: ‘It plan | |
[pagina 426]
| |
fan in twadde printinge krigen de Dútskers de rook fan en dy soe nadere wêze. Der is doe wachte oant 1948.’ Neffens Algra doogde dat net, want it hienen net de Dútskers, mar ‘Fryske “lieders”’ west dy't de útjefte kearden. Dêr doelde hy foaral mei op Douwe Kalma en ek op R.P. Sybesma, en hy berôp him dêrby op Brandenburgh, dy't nei syn oprop fan 14 septimber by him kommen wie mei de meidieling dat Kalma alles foar 't sizzen hie yn de Kloostermanstichting en in útjefte opkearde. Mar dêr wie er neffens de opsteller fan de oankondiging, ds. A.D. Wumkes, mis mei. It hienen de reginten fan de Kloostermanstichting west dy't it net woenen. Neffens de notulen fan 25 novimber 1940 hienen se Brandenburgh weromskreaun dat se ‘alles for it plan fen in twadde printinge fielden, mar det de tiidsomstan-nichheden net gaedlik wiene.’ Brandenburgh en Algra hienen oars net de iennichste west dy't har om in werútjefte frege hienen. Op 31 augustus hie ek noch it bestjoer fan De Fryske Bibleteek har skreaun. Dat woe it boek wol útjaan, ek wol mei de KFFB tegearre, en dat wie Algra alfêst meidield, sa die it te witten. | |
KarakteristykAlgemienDe oerhearskjende yndruk dy't jin by it lêzen fan it wurk fan Simke Kloosterman altyd wer treft, is hertstocht en oerdied. Dy oppenearret him yn alles, yn de tematyk, dy't altyd troch leafde en needlot bepaald wurdt, en yn de sinnen, dy't altyd tintelje fan taalrykdom en twinge fan absolutens. Foar deistich praat of kofje en tee is gjin plak, lit stean foar alles wat ek mar yn de fierste fierte ûnder it taboe fan de skamte falt. Sels it wurk kriget amper omtinken. Men ferkeart altyd yn heger sfearen. Dat is op it teedrinken nei en it wiidweidich beskriuwen fan it weven ek yn It Jubeljier sa. Dat fan dy sfearen komt goed út yn in brief oan Rinse van der Velde fan begjin 1927. Se skriuwt dêryn: ‘It Frysk kin ek noch wol for hwet oars brûkt wirde as for sûpen en bealchjen en om skunnige toanieltsjes mei polderjonges to biskriuwen. Der is it al sa lang ta misbrûkt, al scil ik den ek de alderienichste wêze, ik scil myn bêst dwaen, om it op heger peil to krijen.’ Fanwegen dy polder- | |
[pagina 427]
| |
jonges koe se wolris it each hân hawwe op It Heechhôf fan Brolsma, dat ek krekt útkommen wie. En wat de hertstochtlikheid yn It Jubeljier oangiet, dy kriget dêr noch in hiel bysûndere trek. De skriuwster lit der nammentlik gjin ûndúdlikheid oer bestean dat it yn dit boek om har eigen skiednis giet. It giet oer Kloostermannen, en dêr wurdt yn noaten mear as ienris fan sein dat sy har efterbernsbern is. It mankeart der noch mar oan dat se sels in figuer yn de tekst wurdt, al skeelt dat soms net folle foar ien dy't har kertiersteat kin, lykas by de heakjes dy't se yn it tsiende haadstik om de namme Rispens hinne set. Dêr koe se it net litte om út 'e rol te fallen dy't it skriuwen fan fiksje har oplei. Dat makket by in histoaryske roman, sa't It Jubeljier is, in nuvere yndruk. It is ommers krekt of sjocht men de skriuwster stean, bûten eigen tiid en plak. Sa kriget dy wat heroysk. De ienheid fan it boek wurdt útmakke troch de skildering fan persoanen en stimmingen. Soms meitsje dy persoanen diel út fan in kollektyf. Ek yn De Hoara's wikselje episoaden fan yndividuen en groepen inoar ôf. Ienkear wurde dy persoanen echt diel fan it kollektyf, en oerhearskje net sy apart, mar de ploech fan lju dêr't se ien fan binne. Dat is yn de mei faasje skreaune hússiking by Falentijn en wat dêr oan bûnt beweech yn it nachtlike Ljouwert op folget. Dat part heart sûnder mis ta de hichtepunten fan it boek. Minder slagge binne de yndividuele persoanen, net allinnich omdat dy frijwat stereotyp behannele wurde, mar ek omdat der tefolle haadfiguer fan binne: Ripperda, Jan Binnes en Bindert Japiks drage alle trije parten fan it boek, sûnder dat der folle ferbân tusken har lein wurdt. Sa falt it boek útelkoar yn episoaden. In beswier dêrby is dan ek noch dat it mar min op gong komt, en dat it Kollumer Oproer net goed past by de mear persoanlike libbensskiednis fan Ripperda dy't dêr noch op folget. Winliken hat men it gefoel dat dy hiele Ripperda neat mei dat Oproer út te stean hat, hoe't de skriuwster har bêst ek docht om him troch it hiele boek hinne ta de ferbinende figuer te meitsjen. Troch al dy losheid by de mannichte fan persoanen en sitewaasjes is it boek net altyd like maklik nei te kommen. Om dêryn te foarsjen hat Douwe Kalma by de twadde útjefte in oersjoch fan ynhâld, persoanen en histoaryske feiten tafoege. Dat wurdt as taheakke by dizze ferantwurding oernommen, en dan wer sa dat it ynhâldsoersjoch apart set wurdt om as ynhâld fan it boek te fungearjen. | |
[pagina 428]
| |
Histoarysk karakterHistoarysk doocht de foarstelling fan saken net. Dêr is fan alles op oan te merken, mar it hat net folle doel om dat te dwaan. Opmerkliker is dat de skriuwster sa'n bytsje oanstriid hat om yn in dokumintêre te ferfallen. Se mei dan wol allegearre histoaryske listen en stikken as taheakken opnommen hawwe, en yn noaten opmerke dat it ien of 't oar histoarysk is, der stiet dochs goed beskôge mar in bytsje oer de tiid sels yn it boek. Blykber giet it har amper om de feiten, mar ynteressearje har mear de romantyk fan earder tiden en de konflikten en hertstochten, dy fan de leafde foaral net te ferjitten. In goed foarbyld is de wize sa't Jan Binnes beskreaun wurdt as dy Keuning opsiket. It belangrykste dat se oer him seit, is dat er op eigen inisjatyf hannele hawwe soe, bûten syn oanfierder Ripperda om. Dêr is neat fan bekend, en trouwens fan it bestean fan dy hiele oanfierder dy't boppe him stien hawwe soe, net. Wat wy as lêzers blykber witte moatte, is it karakter fan Jan Binnes, dat er in sterke en ideale persoanlikheid wie, mei in ‘frjemdwoeste flikkering yn 'e moaije eagen.’ En dat docht de skriuwster fansels om sympaty te winnen foar ien dy't se op it skavot syn libben foar de goeie saak einigje litte moat. Wol men dêr krityk op hawwe, ek histoaryske krityk, dan soe men oantoane moatte dat sa'n karakter ûnwierachtich is, of soe men sjen litte moatte dat it petear tusken Ripperda en Jan Binnes ûnmooglik of ûnlogysk is. Mei skiednis soe sa'n krityk allinnich te krijen hawwe, as dy flaters ferbân hâlde soenen mei tekoartsjitten yn de útbylding fan de tiid. Ik tink dat sa'n krityk wol mooglik is, want it is net in tiid dy't oproppen wurdt yn It Jubeljier, mar it binne hertstochten en stimmingen, en dy dan ek noch fan in wat sentimintele of primitive aard. Dat primitive jildt ek foar de naïve ferhearliking fan de eigen famylje, sa't dy oandwaanlik útkomt yn de meidieling dat it ien of 't oare út dy tiid no eigendom is fan it efterbernsbern Simke Kloosterman. It giet allegearre te maklik, alles is hieltyd itselde. Dat liket my de flater, net dat dy famylje miskien net sa'n grutte rol spile hat. Mar dêrom is It Jubeljier noch wol in histoaryske roman. Men soe sels wol sizze kinne dat it mei syn idyllyske stimmingen en syn primitive hertstochten in histoaryske roman út de tiid fan de neo-romantyk om 1910 hinne is (dy't trouwens bekend stiet om syn oplibjen fan de histoaryske roman yn it algemien). Dat komt út foar wat de oer- | |
[pagina 429]
| |
hearskjende oandacht foar de leafde oangiet, mear as foar politike hertstochten. Mar oan de oare kant is it boek dêr dochs ek wer te min in dream foar. Ripperda mei him oan de ein fan al syn aventoeren dan wol oanlutsen fiele troch ‘wûndere dreamen, nou al lang forsjille en ûndergien as bysinnen, in onwesentlik gegûchel fen in wjerskyn fen ljocht,’ dat binne mar mominten, sa't er ek sa'n momint hat as er yn it famke fan de frou fan wa't er hâldt, op de typysk mystikerige wize fan de tiid om 1910 hinne de wezenstrekken sjocht fan ‘it hearlike lijende fen 'e Mem, de benedijde en de smertdragende fen alle ieuwen’. Datsoarte útlittingen litte oars wol sjen hoe gefoelich oft de skriuwster foar de moade fan it dekadinte fan har tiid west hat. Ek it gemimer fan de doe ek wakker populêre natuerstimmingen kin de nofteren toan en de konkrete spanning fan it ferhaal net mear oerstimme as dat nei de earste haadstikken ienkear goed op gong kommen is. It hat net folle doel om nei konkrete foarbylden te sykjen, want de skriuwster is te dúdlik in natuertalint om te ûnderstellen dat se mear as heechút wat losse ideeën en brokstikken út oare boeken brûkte. It Jubeljier is yn alles ek echt wer Kloosterman. Ik kom hjir op, omdat in (Jan?) Stienstra neffens in oantekening fan M.K. Scholten op it FLMD miende dat it earste haadstik oerienkomt mei it fjirde yn it twadde diel fan de histoaryske roman De Delftsche wonderdokter fan Bosboom Toussaint. Yn de útjefte dy't ik rieplachte is dat grif it sechstjinde. Dêr geane acht, yn dit gefal allegear jonge, minsken út 'e stêd in dei út farren nei it boerelân, mar dêrmei hâldt de oerienkomst dan ek wol sa'n bytsje op. De Delftsche wonderdokter hat lykwols in hiel populêre roman west, en it haadstik falt yn dat boek om syn eigen, arkadyske sfear wakker op, dat it hat kâns dat Kloosterman it boek lêzen hat en dat dat haadstik har bybleaun is. Sa'n arkadyske sfear moat har tige oansprutsen hawwe. Mar de oerienkomst is dochs te meager, en it gelikense motyf grif ek te tradisjoneel om wis fan ôfhinklikheid te wêzen. Fryske foarbylden wienen der net, ôfsjoen dan fan in pear ferhalen fan de Halbertsma's en ien fan Gundebald (dat is Johan Winkler, dat O.H. Sytstra yn syn besprek fan It Jubeljier neamt), en in pear romaneftige aventoereferhalen fan Waling Dykstra, Piter Bleeksma, Douwe Hansma en J.P. Asman. Mar dy hearre ta in oare tiid. Har wurk soe foldwaan moatten hawwe oan de njoggentjinde-ieuske definysje fan in histoaryske roman dy't Sytstra jout: in rige foarfallen as gefolch fan | |
[pagina 430]
| |
karakters en as oarsaak fan de rin fan de skiednis. De skriuwster mei dan gjin Fryske foarbylden hân hawwe, oan lytse dingen is wol te merken dat se de Rimen en Teltsjes brûkt hat, en net allinnich Minne Jorrits reis nei it Kollumer Oproer. Miskien is oan dat boek ek wat fan de idyllyske sfear ûntliend yn de earste haadstikken, dy't jin tinken dogge oan De jonkerboer. Ek is it opmerklik dat It Jubeljier yn hast alle hoeken fan Fryslân spilet, krekt as de Rimen en Teltsjes. Dat soe derop wize kinne dat de skriuwster har boek as in nasjonaal wurk beskôge hat. |
|