It jubeljier
(1994)–Simke Kloosterman– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 413]
| |
AlgemienSimke Kloosterman hat libbe fan 25 novimber 1876 oant 5 desimber 1938. Har âlden wienen Jan Ritskes Kloosterman en Tryntsje Beintema, dy't beide fan boerekomôf wienen. Jan Ritskes wie sels ek iennichst bern, dat alle besit fan de famylje kaam nei syn dea yn hannen fan Simke. De famylje hie sûnt 1804 yn Twizel wenne en foartiid yn Bom- of Bouwekleaster. Simke waard ek berne te Twizel, mar se hat dêr allinnich har bernejierren en letter noch in pear jier nei har skoaloplieding trochbrocht. De legere skoalle folge se yn Bûtenpost, en dêrnei ferfear se mei har âlden nei Ljouwert en letter nei Grins om fierder te learen. Nei't se har oplieding ôfmakke hie oan in deftige kostskoalle yn Wijk bij Duurstede, kaam se yn 1893 wer by har âlden yn. Yn 1898 ferhuzen se mei har trijen nei Apeldoarn, en trije jier letter, doe't de âlden útelkoar rekken, gong se mei har heit nei Grins ta te wenjen. Dy koe it dêr ek net fine, en ferkearde meast allinnich yn Fryslân, as er net op reis wie. Nei't har heit yn 1914 stoarn wie, ferhuze se mei har mem nei Den Haach. Letter hat dy noch even allinnich yn Twizel wenne. Simke ferfear yn 1932 nei Ljouwert, dêr't se ek stoarn is. De heit hie al yn 1881 it buorkjen oan in setboer oerlitten, en him sûnt foaral wijd oan syn leafhawwerij yn mooljen en túnkjen. Hy wie sels ek dichter en skriuwer, sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Simke wie mei skriuwen begongen doe't se weromkommen wie yn Twizel, earst yn it Nederlânsk, mar fan 1898 ôf yn it Frysk. Doe't se It Jubeljier yn 1926 ferskine liet, hie se al mear as tweintich jier in grutte namme yn de Fryske literatuer. Lykas har heit, dy't se as dichter heechhie, reizge se sels ek graach nei it bûtenlân. Se hat net troud west, mar al twa kear ferloofd, earst, om 1900 hinne, mei in dokter, letter, yn 1918, mei Douwe Kalma, de folle jongere Fryske dichter. Har fermogen brocht se by testamint ûnder yn in stichting, dy't de útjefte fan har wurk behertigje moast en it hûs mei tún yn Twizel yn | |
[pagina 414]
| |
stân hâlde, dêr't se troch de jierren hinne simmers gauris ferkeard hie.
Bysûnderheden yn ferbân mei It Jubeljier
‘It (Frysk) wier by ús in stik fen in âlde famylje-tradysje, dêr't ik like wiis mei wier as mei oare moaije dingen, dy't út fiere tiid ta ûs (famylje) kaem binne. Allinne minsken dy't net witte hwet adel is, wiere adel den, kinne op it Frysk delsjen.’ Yn dit sitaat út in troch har goedkard fraachpetear dat Douwe Kalma mei har hie op it stuit dat se mei It Jubeljier oan 't skriuwen wie, leart men de skriuwster goed kennen. Se hat har fan wiere adel field, en miskien ek wol in bytsje fan gewoane adel. Yn de ‘stamlist’ dy't se yn 1931 fan har famylje opstelde, skreau se dat Anty Wytses, de frou fan Bindert Japiks, yn jild gelyk stie mei de dochters fan de oaljeslagger Looxma fan Snits, letter te Aldtsjerk, dy't trouden mei Ypey fan Swarteweisein, Van Panhuijs te Burgum en Van Welderen baron Rengers te Ysbrechtum. Yn deselde snuorje fertelde se J.P. Wiersma dat se neamd wie nei ien út it eale slachte fan de Rispensen út Boksum. Dy hienen dielnommen oan de Krústochten en de fergulde liuwkes út it Hillige Lân meinommen dy't sy no noch hie. Ek fan de Siccama's fan Stynsgea stamme se ôf. Dy har stambeam gong werom oant 1382. It Siccamabosk hie oant 1912 altyd yn 'e famylje west. Se hold ek fan hynders. Dat hie se fan de Beintema's. Dat allegearre fertelde se Wiersma. By it ferlet dat se hie om fan adel te wêzen kaam in sterk Oranjebesef, dat yn Den Haach, dêr't se wenne doe't se It Jubeljier skreau, fansels ek net in bytsje befoardere waard, seker yn de Earste Wrâldoarloch en mei de nasjonale betinkingsfeesten fan 1913. Hoewol't se it oars opset hie, waard úteinlik har boek in soarte fan persoanlike betinking fan 1813. Oan dat jier ûntlient it syn (Bibelske) titel ek. |
|