Persoanen yn it jubeljier
Ljouwerter fermidden:
Fan Rhee, abbekaat yn den Hove fan Fryslân; patriot. Syn wiif: Nelle. Syn soan: Poppéus, boasket oan Anne Hopperus. Bern: Henricus en Nelleke. Omkesizzer fan Fan Rhee: Sibbel.
Regnerus Ripperda, ealman; prinsman, lykas al de folgjenden. Syn wiif: Hanne. Soannen: Age (op 'e stins yn 'e Bjirmen) en Ryklef. Dochter fan Age: Doedte, folle útfanhûs te Ljouwert.
François Falentijn, lekkenwever. Syn wiif: Pronica. Bern: Djoeke (trout mei abbekaat Mulier), Jehannes, dokter (trout mei Doedte Ripperda), Andree, Bet (trout mei de Amsterdammer Andersen).
Lucia Hopperus, in jonge widdo. Dochter: Anne (trout earst mei Poppéus fan Rhee, gâns letter mei Ryklef Ripperda).
De famyljes Baerdt (dochter Elske), De Witt (dochter Gellandt) en Easgama (soan Wobbe). Oare oansjenliken: Viersen, Fan Asbeck, Fan Heemstra.
Folk by de Ripperda's: Minne Pjirkes, feint, en Willemke, kokenfaam.
Haaie Trompetter en syn ploech.
Berdeau, plûmker, agint foar de Frânsken.
Monsieur Lefèbre, en Frânske soldaten.
Yn 'e Wâlden:
te Twizel: Wibe Lubberts, boer op 'e tsjerkepleats. Syn wiif: Grytsje.
Eadske, widdo. Ien soan (Anders), fiif dochters (dêrûnder Pytsje).
Wiggele Wyldhier, kastlein.
Monsieur Dompierre, en Frânske soldaten;
yn 't Bouwekleaster: op 'e iene pleats: Wolmoed, wees en frijfaam; boasket letter oan Roanes Gearts fan Eastermar. Húshâldster by har: