It jubeljier
(1994)–Simke Kloosterman– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 317]
| |
14Hiel yn 'e fierte hearde men it bolderjend brûzjen fan 'e frjemde oseaan, witwêrsanne wei kaam it, oer hege bergen en brede streamen lâns en it smiet syn kriik oan 'e iggen, almaroan... almaroan... Sims gyng 't mei gjalpen, sims yn in sêfter sljuerking, mar hifkjend en soeiend fan dy frjemde weagen op en del kaam it dochs altyd wer... en besmotske it hiele gea mei syn onhuer útskiftsel. Dit lot wie Fryslân no beskern. Alles, wat men dêr yn Frankryk slite woe, waard loslitten op Hollân en op Fryslân yn 't bysûnder, mind'researe ta neat oars mear as in rike, fette ‘provincie’, goedernôch om moaie baantsjes klear te habben foar in leger fan loaie Frânske neatnutters, ta spiiskeamer te tsjinjen foar úthongere soldaten en trochgongshûs foar guont, dy't om de iene of oare reden op swart sied sieten. Dat alles krige no syn beslach, foargoed. Der wie gjin ferwin mear op. Wa soe hjir ek mear help jaan kinne? Ripperda siet yn Ingelân en al de oaren en 'e bêsten wiene ek band út it heitelân, en wat men oerhâlde wiene òf âldere minsken òf lju, te jong noch om helpe te kinnen. Drôfenis en grym yn it hert seagen sokken as Falentijn, Ripperda en Foppe Liuwes en tûzenen mei har it oan en koene har net mear ferwarre. Hja koene neat oars mear dwaan as bidde, dat Fryslân nochris ienkear wer bettere tiden barre mochte, it as Job ferheft wurde mocht út de poel fan syn ellinde. Men hie har selst ferbean, dat har prekers mear yn amtlike klaaiïng op 'e strjitte komme mochten, men hie har ferbean, om de klokken te lieden, as de tsjerke oangyng en hja leine har it fjoer noch neier oan de teannen, doe't se de tsjerken en oare korporasys oansprieken om 't dea kaptaal, dat se beoarderen om te ferkeapjen en dan ⅛ derfan ôfstean foar in rinte fan 3½%. Dat gyng raar, der kaam safolle lân op de buorden, dat de priis sakke as balstiennen. En de goedleauwers waarden der ek noch by útgniisd, want fan it ⅛, dat se it lân, dy grutte opfretter dêr yn 'e Haach, foarsketten hiene, seagen se net ien sint werom.Ga naar voetnoot1 | |
[pagina 318]
| |
As in âld falk, iensum op syn stange, seach Fan Rhee, de Jacobijn, de lêste tremynsetten triljen oer 't útlitte antlit fan Fryslân. Hoe'n wille hie 'r! ferdôve 'r dêr net efkes de ellindige pine mei yn syn eigen hert as 'r in oar krimpen seach fan smertlike skuorrings? Fuortdaadliken nei Poppéus syn dea hie 'r foar alle affysjes betanke en wie fan haadpersoan in stille grimmitige taskôger waan, it herte fol bitterheid en oergeunst op wa't noch bern en freugden hiene. Alde Regnerus Ripperda wie ferfard nei de stins fan syn soan yn 'e Bjirmen en wa wie ien fan de earsten te hûsbesjen, doe't syn hûs te Ljouwert te keap stie? Fan Rhee fansels. Stadich stapte 'r yn 'e keamers om en troch de gongen en fermakke him yn 'e grûn fan syn hert. Utroeid dit nêst fan Oranjefolk en wech-ender-wear de lju ferslingere, dy Ryklef miskien wol dea... Och, dat wie altyd noch mar miskien, mar Poppéus! en krekt, as waarde der wer in gleon izer yn 't weak fan syn hertefleis set. Altyd Poppéus, altyd noch wer Poppéus. Koe 'r samar fan 'e ierde ferdwûn wêze, sûnder taal noch teken? samar...? In minske is ommers mar as in dier, sà is 'r yn wêzen, sa is 'r in protsje stof, en in siel, in siel?! Ha! ha! as 't lichem seit fan: pûst út, dan is der ek gjin siel mear, hune de kweageest yn him. Hastû dat altyd sels ek net sei en leaud? Hy hie altyd noch ien stille ferhoping, sa lang as syn lyk net fûn waard, wie der gjin wetlike sikerheid en hy koe, o hy koe tejûn of temoarn noch weromkomme. Mar op 't lêst moast hy him der wol by dellizze, Poppéus wie dea, en namste mear hinge hy no oan syn bernsbern. Der gyng gjin dei foarby, as hy kaam by Anne, dy't him koel ûntfong en och! hy murk it hast net, har stadichwei fan him ôfkearde. De aristokrate wie de boargerman ba... gjin fezeltsje fan har hert hie mear betrekking op him. It wie om 'e bern en oars, och hy mocht der gerêst bliuwe. Raar harke 'r op, doe't se him op in goede dei te witten diich, har omke Hopperus, dy Oranjerazer! ta tasjende fâd oer de bern ha te wollen. Hy abbeleare der earst tsjin, mar op 't lêst joech 'r dochs belies. Anne krige har sin. Har te ferliezen wie ommers alles te ferliezen en och, och! it glês hie al in brek, it triedsje wie al sa bros, in spinreach wie 't, waaiend op 'e twirren fan it lot. Hja sieten tegearre yn 'e efterkeamer en Henricus boarte by har om. Henricus, al in hiel broekmantsje, grut en foarlik foar syn jierren, wat fan it sloppe fan Poppéus yn him en dochs ek wer wat fan Anne, yn | |
[pagina 319]
| |
‘miniatuer’ wat hja beide ienkear west hiene, fan elkoms in byt, fan elkoms it ‘markante’ yn syn wezen, teraand yn wer it nije skepsel ta in gehiel. De wyn bearde om 't hûs, de earste snie jage mei twirren troch 't tún, bleau op hage en struwel hingjen, diek sêft de wiete grûn en de toarre blêden. Hjir of dêr foel dy snie no ek sa op Poppéus syn grêf, tocht 'r bitter en hy waarde der muoilik ûnder. Anne har antlit stie effen as altyd, hja hie gjin trien om Poppéus litten, al droech se ek djippe rouwe, de kyps mei de wite widdobân en gjin inkelde ring of sa. Noait hie se syn namme wer neamd... ek net, doe't hy har it lêste fearnsjiersjild brochte fan syn affysjes. 't Soe no wol wat fan de beheinde byt moatte, as Hopperus net bysprong... Poppéus hie skoan wat ynbrocht yn 'e húshâlding. As 't roujier oars om wie, soe 't der wol wakker oanweigean sille mei setten en pretten en as baron De Noailly dan noch yn Ljouwert wie, wa wit! Temûk seach 'r ris nei har. Hoe leaf like se no ek wer yn har ienfâldich habyt... hoe aaike de swiete wollûd fan har praat syn earen as muzyk! Hoe nochlik siet it hjir yn 'e waarme, smûke keamer, wylt bûtedoar alles teistere waarde fan 'e earste hjerststoarmen. Hoe moai soe 't wêze, as Henricus ris nei skoalle ta koe en letter studint wurde en master yn 'e rjuchten foar syn namme krije! Hoe begûchelen dy bylden syn âld brein! en hy klammere him oan Anne en de bern as in lêste anker yn in woelige brâning, wêr it slim wrakseljen is foar âlde minsken. Hy lei 'er him by del as fâd, dat hja de hiele winter útfanhûs gyng mei Nelle nei in muoike ta te Wikel, as hy dan de jonge mar hâlde mochte. ‘Ja...?’ in blide klank siddere yn syn âld, kreakerich lûd. Anne glimke, in skaad fan in glimke... en stie it him genedich as in geunste ta. - Op in moaie oktoberdei seach doctor Falentijn, dy't de rûnte diich by syn pasjinten, se riden en hy koe 't net litte en sizze se efkes goedei by 't portier. No't se omke Hopperus as tasjend fad oer 'e bern keazen hie, bekende se kleur en blykte it, ta hokker partij se harsels foege en Oranje tagedien bleaun wie, selst yn it meast patriottyske hûs fan Ljouwert. Sa jong like se noch yn dat rouwige swart, wie se net as in lyts blomke, kniesd en dochs noch net fernield fan hurde hânen? En wylt 'r har djip yn 'e moaie eagen seach, tochten se allebeide om in oare dei, lang, lang lyn... 't Wie krekt, as seach se op dit stuit de | |
[pagina 320]
| |
griene blikke dêr yn it Wetterlân en Ryklef dêr middenyn en hearde se syn lûd... In hertlik farwol en hja hobbelen oer 'e Wurdumerdykster brêge en kearden Ljouwert, sêft en dreamerich yn syn oktoberslom fan in heal-beskûle sinne en in poarperen dize, de rêch. Hja seach ris om har hinne troch de lytse finsters fan de koets en liet ien fan 'e gleskes sakje, om de frisse loft fan it frije fjild ris wer te rûken. Wie 't net, as se út 'e finzenis kaam, in fergulde kouwe? Hoe lang hie se dit allegearre net mist, dizze moaie iensumheid fan it Nijlân om Ljouwert hinne, dizze moaie iensumheid fan loft en greiden en wetters? It sjen fan in folladene beam fol apels, read as bloedkralen, yn 't hôf fan Six-mastate, teside fan de wei, brocht har blydskip, en it sjen fan in kloft wylde einen, opfleanend út in opfeart, bûnt fan wjuk, noait net koart noch besnoeid, hearlike frijheid fan it libben yn 'e hege loft of it wide wetter, dêr moast se fan suchte... Gjin minske yn 'e wrâld soe ea abslút frij wêze kinne, wie skoanheit syn wysheid, famylje, staat, wet, tradysje of wat dan ek soe him altyd alweroan yn 't selde tsjernpaad fuorttsjantelje litte. Elts minske hie eat fan in kening en eat fan in slaaf yn him en dy twa fochten krektsalang, oant se einliks yn in grêf rôlen. Dan wie 't dien en kamen de wjirms. Hja riboske ûnder har waarme mantel en treau Nelle tichter tsjin har oan. Hja wie noch jong... en dead en ferdjer in slimme nachtmerje foar har blierhertige eagen. En no wie de earste ticht om har hinne wei al fan dyselde dead raamd op in frjemd plak op in heimsinnige manear. It lot hie him yn har libben opsmiten as in heinebal, dy't in moai nij helder finster foar altyd skansearet, no skuorde datselde lot him hommels yn ien raam wer út har libben wei en it lange swarte skaad fan it giene ferweegde noch wat yn har oantins hinne-en-wer, en einliks soe dat ek ferdwine en der neat oars mear wêze as syn en har bern. Hja wrokke djip yn har hert oer har lot. Mar stadich krige it geniet fan de moaie dei wer fat op har, de mûne, dy't dêr draaide op 'e sêfte sudewyn, noch de neiklank fan 'e julywaaier, de boerehuzen ûnder it brune tek sa sedich en sterk yn har wissichheid fan stevige fondaminten en greinene spanten, de fine couleur fan âlderdom en earwurdigens yn 'e âlde muorren fan bêste Fryske stien, beskerme fan in stikmennich skeanwaaide eskenbeammen, al keal fan hjerst syn gerop, in pear skippen, ien brún en ien | |
[pagina 321]
| |
wyt, o snikwyt!, in seil as in swânewjuk, in feech fan wite jubel tusken it teare blau fan 'e loft en it felle, jaloerske grien fan 'e grûn! En dêr it bûnte fee yn, op in tropke de swartbûnte melke kij, in wollich flokje skiep tsjin in âlde fealbrune freding, in grutte readbûnte bolle lykmeallinne yn in griene kamp, it oranje fan syn glêde fel in blide skreau tusken al dy teare tinten fan dizze hjerst, dy't wie as in simmer... as in twadde besonkene leafde, as de earste al lang foarbystrûze is mei klang en sang nei de oarde fan sillich oantinken en nea-ferjit. By in bochte fan de wei seach se nochris wër om nei Ljouwert. Roazeread beskynd fan 'e sinne, kaam de stêd op út 'e dize, flutt'rich as raffelgazen en fan in frjemd felettene kleur; de kantige muorren fan 'e Aldehou gnauden swart nei 't kleurige fan 'e loft, de seame fan bolwurksbeammen bochte as in luftige slinger om de stêd, en hjir en dêr op in úthoeke, in fiere úthoeke fan 'e tichtbeboude stêd, stie in mûne, de roeden yn flau ferweech stadich al mar troch longerjend nei 't heech fan it himelblauwe, sinnetrochgloeide loftrom, kearende, draaiende, sinkende en kliuwende, mar oan, mar oan... Krekt-en-allyk as in minske nei syn lok al mar langhalzet en 't nea yn 'e macht krijt, datselde lok, sa 's De Noailly it har mei in fyn gnyske fol satire sei. En fierder en fierder ried se fuort, fan Ljouwert ôf en alles dêre, en einliks wie der neat mear fan de stêd te sjen. It lot begoan de nuvere krinkel yn har libben wer yn in effene klearte fan in nij tal fredige dagen glêd te striken. Tsjin de jûn kamen se yn Wikel oan en hja wie der bliid ta, it wite âlde slot yn syn beammen te sjen, wêr se no in set wenje soe en de geur fan 'e bosken te rûken, wêr se as in loslitten fûgeltsje tier en sûnens fine soe. Sa gyng it moaie, âlde foarby, suchte Falentijn, doe't Jehannes him dy jûne de ontmoeting mei Anne fertelde. Ryklef fuort en Regnerus en syn Hanne fuort en no Anne wer, krekt as spielde in frjemde weach se fuort nei in frjemde igge en men seach se licht noait wer. Hy waarde âld en om him hinne begoan him in nije wrâld kenber te meitsjen, dy fan de jongerein, en hy hie der behoef oan, om yn in hoekje by 't fjoer sitten te gean en syn Bibel op te slaan en dêr syn treast út op te dippen as in reizger yn 'e woestenije it heldere libbenswetter út it djippe saad. Mocht dan ek de hiele wrâld om him en yn him feroarje, Hy, de ûnwankelbare, dy't de wrâld grûnfêste hat en de seeën bynt | |
[pagina 322]
| |
yn 'e sterke bânen fan ebbe en floed, hâldt stân, wat der ek feroaret of fernietige wurdt troch de skuorwyn fan 'e tiden. En it ferske fan Jan Luijken skeat him yn 't sin en hy sei it lûdop sa foar himsels: ‘Ach neen! ach neen! alwetend God en Heere,
Uw Majesteit is niet so wijd en veere,
En of de mensch een worm op aarde sij,
Toch woont Gij hem gelijk een Vader bij...
Dies sijt Gij ons een allergoedste Vader,
So iemand na, Gij sijt ons noch al nader,
So leert ons dan steeds wand'len in het licht,
Als kind'ren voor hun's Vaders aangezicht.’
De doar gyng op en de feint brocht him in brief op it earbiedich tarikt bledsje. Falentijn beseach him ris... it hânskrift like him onbekend... it wapen op 'e lakken fan 't selde. Hy draaide him om en om, beseach him nochris en snie him doe stadich op mei syn pinnefersnijersmeske. En hy lies. It wie in brief fan Porter, hússittend egener fan 'e ‘Spuitende Wallefis’ yn 'e stêd fan Harns, en hy skreau wer, koart en bondich út namme fan syn soeverein, lykas 'r ek ienkear skreaun hie oan jonker Ryklef Ripperda. It diich Falentijn neat gjin nij dat 'r skreau, en likemin harke 'r raar op, oer wat 'r skreau. It wiene mar in wurdmennich, hy brûkte nin omhaal fan wurden. Op oanstean fan syn soeverein en de Prins fan Oranje soe der jitteris wat weage wurde, en hoe't de Friezen dêr yn 't jildlike ûnder stean soene, dêr winske hy útslútsel oer te habben. Falentijn stoarre der wat op om, skodholle ris en lei de piip del. Hy liet alles nochris yn him omgean, watfoar ûnk dizze ferfleine jierren net oer Fryslân brocht hiene, jammer en ellinde, folle en net genôch. En alles om 'e nocht. Ingelân mocht him warre foar de Prins, safolle as 't koe... hy hie der al gegnút fan heard fan in ferbûn fan 'e keizer fan Ruslân, de kening fan Ingelân en 'e Oranjepartij, om de Frânsken jitteris yn iepen toernoai oan te fallen, hy leaude op 't heden net mear oan in goed ein. In deimennich hâlde 'r it noch yn berie foar himsels, doe stjoerde 'r it brief troch Jan fan Proaijen op 't hynsder húskebylâns by Foppe Liu- | |
[pagina 323]
| |
wes, Bindert Japiks Cloosterman en de jonker Fan Scheltinga fan Stynsgea, sawat de foarmannen nodistiids fan 'e Oranjelju. Fierder gyng 'r nei Kollum nei De Wendt en Eskes en sa oer Aanjum nei Dokkum en kaam lang om let mei in goed fjirtsjin dagen him wer yn hânen, beselskippe fan in grut pak oare brieven. In moai boadskip brochten de brieven net, allegear wiene se dertsjin, allinne Eiso de Wendt wie derfoar. Hy wie de alderienichste, de oaren krolden der allegear foar om. En Porter krige syn brief wer mei nul op 't rekest. Hy glimke in bytsje... in frjemd glimke en seach ris oer 'e see. Dêr fierôf Ingelân, syn heitelân... it sterke, ienriedige, rike Ingelân, dêr noch noait ien it tsjin hâlde kind hie op den duer. Soe it no foar 't earst krimp jaan moatte tsjin in soadsje Frânsken, in hantsjefol goddeleazen ûnder 't befel fan in jonge Korsikaan? Wer krolde in fyn glimke syn mûle. Nee, Ingelân soe it nea sitte litte, al moast it ek noch jierren wachtsje, om de nekslach jaan te kinnen. Ingelân koe wachtsje en hy, Porter, koe it ek. En hy joech him del yn syn briedstoel en seach ta 't finster út en fermakke him mei 't gefar en gedobber fan 'e allerhâne soarte fan skippen op it blaugriene, mar efkes sykheljende wetter. It wie sa'n fredich tafriel, dizze bleke hjerstsinne oer dit stille blauwe wetter, de dei syn heftichste hertstochten liken der wol op fuort te driuwen en te stjerren yn dy frjemde sinne har gloed... koe 't bestean, dat op sa'n leaflike jûn wer dagen folgje soene fan razene stoarms en bolderjende weagen, dy't tsjin de sarkene havenskoeiïng opfleagen as tigers, de wrede wietige klauwen rekt ta roof? Koe 't bestean? It waarde wer in slimme winter, ier en betiid begoan it te friezen en dêrtroch waarde der neat fertsjinne. Algeduerich kaam der ris in pak snie, en dan frear it wer mei in stive eastewyn en in glêsheldere loft. As 't waar net al te onlijich wie, kuieren Falentijn en menhear Baerdt deis it bolwurk in slach yn 't run, hielendal dûknekkich yn 'e dikke buffels en de waarme mûtsen mei earlapkes djip yn 'e eagen. It stille wite fjild yn syn winterpracht betsjoende har âlde eagen en hja fielden eat fan syn frede yn har herten nei. Sims stiene se yn 'e smoutte fan in beamwâl by de brede banen fan 'e stedsgrêft te sjen, wêr it jongfolk baantsjeried en syn wille hie en wêr de jonge leafde as in lytse skelm tuskentroch teante en tige warber wie, om herten yn swiete prip te reitsjen. Foar in jier of fjouwer, fiif rieden sa har eigen bern hjir ek noch om, tocht Faientijn, no wiene se al hússittend en | |
[pagina 324]
| |
taalden net mear nei dit fermaak. Alwer nei fiif jier in nije jeugd, dy't om it lok hinne stie te biddeljen as in kloftsje bern om in riken jouwer. Leave heldere eagen, reade mûltsjes, kante mûtele lea ûnder 'e naumillige spinserkes en 'e wide omslachdoeken, wêr it nije geslacht, dreaun fan 'e hetsige polsslach fan natuer oeral en heftich, talend noait nei stilsit of rêst! Hurd, hurd gyngen de geslachten fuort yn hoarten en amerijen, wat toarre blêden op in geande stream. En hy wie der bliid ta, syn jonges troud te witten, foaral Andree, syn jongste. Al waarden de tiden no ek noch sa benaud, hy soe noait de wapens hoege te dragen, in troud man en in ienichst soan bleau altyd frij. Dat wie ek sa 's it hearde, dy twa dêr hearde it gesach ôf te bliuwen, as skoarjende pylders fan maatskippij en famylje wiene se. En Jehannes as doctor stie fansels boppe alle partijen en boppe alle wet, as 't moast al wêze, dat hy him frijwillich oanbea. Om sokke dingen tochte 'r, as 'r der fan lies, hoe't der in jonge oerste yn Frankryk opstien wie, in hjitholligen jongkearel fol fjoer en strydwillichheid en hoe't dy no mei in grut leger nei Egypten ta soe. En Frankryk en Hollân roannen no tegearre yn ien stokramt... as 't knypte soe 't Hollânske hynsder fan it bluisterige Frânske wolris nei in kant talutsen wurde kinne, wêr hy net folle sin oan hie om te kommen. O dat ongelokkige ferbûn mei dy staat fan moard en ferdjer, dat geheul mei dy godleazen! De jûne ûnderstie hy Jehannes der alris oer, wat der him fan tochte, om it los jild safolle mûglik yn fêst goed te belizzen, want it like him ta, rare tiden stiene har te wachtsjen. Foppe-om hie him skreaun, hy woe 't jild opbringe, it lei ree yn 't kammenet en licht kaam hy der sels wolris mei oer iis om Sint Steffen hinne en dan mei-ien ris te freonsprekken en te kâltsjen oer 't ien en 't oar. Dat stie har allegear wakker oan, Foppe-om syn komste wie sa'n soarte fan settefertút, en der wie sont de Kollumer dagen in bân lei tusken alle Oranjelju, wêrearne dan ek yn Fryslân, en om mear as ien ding ware dizze tatynge him tige yn 'e kaart, hy hie Foppe Liuwes weromskreaun, hy moast it der dan ek perfoarst fan nimme en in nacht twa útfanhûs komme, en as hy der sin oan hie, mocht hy in goefreon meinimme, mar ien dy't swije koe, want der koene wolris saken ferhânele wurde, net bestimd foar allemans earen. Foppe-om siet yn 'e hoek by 't fjoer te fûkebreidzjen, de wintersinne skynde him op 'e rêch en in gleon kopkefol kofje lokke swiet- | |
[pagina 325]
| |
geurich foar him, doe seach 'r de postloper oankommen, hok in seldsumheid! en dy hâlde al fan fierrens it brief yn 'e hichte. Dêr wie hy wakker mei op 't snjit, dizze noeging. Hy waarde âld en krebintich, mar al waarden de knibbels ek sa stram as de ferruste knieren fan in âld doar, dit foel deryn as in stik bûter yn 'e brij. In bult freugden hie syn libben oars net sa daaglikswei. Sneins fansels nei tsjerke en hjerstmis en maitiids nei de feemerken en sims ris te jimmetiten nei Wolmoed-en-dy's, dêr bleau it ek al by. Ienris yn syn libben hie 'r te Grins west en twa kear nei Roanster marke yn syn jonge jierren en ienris nei 't Ammelân om in fôle, dêr syn hynsders no noch moai nei útskaaiden. Dat hiene de feestdagen fan syn libben west. Hy helle de âlde merje de oare deis fan 'e stâl en ried derop nei Bouwekleaster ta, kipe oan by Roanes en Wolmoed en de poppe en gyng doe nei Wytse Binderts en brocht him 't boadskip fan Falentijn's oer en sei, dat wie no krekt wat foar him, hy moast mei. En hy moast it dicht, dat 'r makke hie foar it nije jier fan 1798, en dêr Wolmoed wakker fan opdien hie, meinimme, dan koe hy dat by menhear Falentijn's ek ris foarlêze. No, dêr woe Wytse it ear ek wol nei hingje litte en Sint Steffensmoarn soe dan de reis mar oangean, waarde ornearre. Krysttiid hie 'r ek al in útsje, dan moast 'r nei Optwizel, nei Teatske MeinsesGa naar voetnoot1, pleage syn mem him, en Foppe Liuwes glimke en tochte om Wolmoed en neamde Optwizel smoutwei in boaskersdoarp en net sunich ek. En Wytse glimke ek, de jonge skalk boarte yn syn moaie grutte blauwe eagen. De bakker rearde syn moal en sjerp en makke de Sinterklazepoppen ree, de pipernuten rûgelen by tsienen fan pûnen yn 'e grutte trompen en kamen der by duitefollen wer út, de earme jonges koften in stoerts readstiennen potsje, in bargeblaas deroer spand en in stokje deryn, en dy gyngen mei de rommelpot om en songene earmhertich fan: ‘Rommelpot, rommelpot, rommelpotterij,
Jou my twa duiten, dan gien ik foarby.’
| |
[pagina 326]
| |
Jûns yn 'e grutte húshaldings spilen se op 't guozzebrief, sieten yn 'e put, yn 'e doalhôf of kamen, o mieri! sims op de dead telâne of dominearen om in dûbelstoer mei in foarsje, as wie 't om in kaptaal, en sa gyng de tiid al trêdzjendewei as in âld sleaukert fan de lette hjerst nei de winter ta. 't Begoan te friezen en Sint Steffensdei frear it noch sa, dat der skeaten balken ûnder it iis en it fjild lei der wyt en iensum foar ûnder de helderblauwe froastloft. Dy deis lieten se har tegearre te Eastermar by de wâl delglide en setten ta op de grutte stêd fan Ljouwert. Wytse lei op, Foppe-om hie 't maklik yn 'e lijte fan syn brede, jonge rêch. By sa'n wetterharbarchje stieken se oan en preaune boerekofje út glêzene kopkes, skoan guod, mar djoer as medisyn, en om iterstiid hinne klauden se by 't hinnebrechje by de Túnsterpoarte op en setten de stap derûnder nei menhear Falentijn's ta. It wie in bliid weromsjen dêre, al begrutte it har tige om 'e Ripperda's, waans hûs ferballe wie en dy't no fier fan 't bewende steed omdoarmen, d' âldste út leed om syn wiif en de jongste út leed om syn lân. It lei syn skaad oer 'e wille om hjir ris te wêzen, ris yn 'e grutte stêd omsneupe te kinnen as in bern yn in frjemd boartershûs, de Frânske hege omes ris fan tichteby besjen te kinnen, by de boek-ferkeaper oan te gean foar in moai nij boek en dêr, o argewaasje, berneheiligen te finen mei Frânske opskriften en ferskes, it hûs fan 'e ‘Fraternité’ foarby te kuierjen en de middeis nei de tsjerke, wêr de moaie stiennen fan 'e prinselike grêven tesplintere delkletst leine yn in hoeke en de grêven sels rûchwei sljuchte wiene en folkwakt mei stiengrús en grutte kluten klaai. It biente en de kisten, fan dy hjir ienkear rêst hiene yn 'e feilige Fryske grûn? wêr wiene se? Falentijn en Foppe Liuwes mei Wytse Binderts stiene der stil by te sjen... it moed waarde har fol. Hja swijden. - En de jûne kaam doctor Falentijn en bleau ek en siet mei yn 't foarmidden, nei't hy earst syn lytse jonge nacht sei hie, en hie syn aardichheid oan 'e prachtige, âlde kop fan Foppe Liuwes, it type fan in nommele Fries, helder fan ferstân, sierd fan deugd, en in adeldom sûnder adelbrief. En hy ferlustige him oan syn jonge, sûne beselskipper, alles noch fjoer en wille en begear, wylt de oare al lang dizze onrêst omset hie as in oertalligens, dy't gjin nut mear hat yn 'e kalme klearte fan in besonkene âlderdom, sûnder se nei te treuren. En hja sieten allegear mei-inoar, want menhear Baerdt en menhear Hopperus kamen ek noch, yn it seal, en de grutte kjersekroan dy barnde en | |
[pagina 327]
| |
liet har ljocht skine op it prachtige skilderij fan Jan fan Goijen en it goudlearene behang en de stuollen mei hege, útsniene beklingen en it sulveren teeblêd, dêr de sealjemôlke yn fynporsleinene reaukes stie te geurjen, dat it roek derfan troch de hiele keamer, en dêr soezen en spritskoekjes by, suver swiet sân tusken de tosken, - it waarde me in hearegastmiel. Foppe-om, op 't Wytfean net wend oan sa'n rykdom, seach him de eagen hast út 'e holle, Wytse, faken de gast by de Fan Scheltinga's en Fan Boelens te Stynsgea, fûn dêr neat gjin niget mear oan en doe't se him fersochten, it nijjiersdicht, fan himsels makke, ris foar te lêzen, rekke hy dêr alhielendal net fan oerstjoer en sette stadich yn mei syn jong, bronzen lûd:Ga naar voetnoot1 ‘Nieuwjaarswens over 't jaar 1798.
Eeuwig Weesen aller Weesen
O! onsterflijke Opperheer!
Zoo veel jaren zijn verschenen,
En die tijd die komt niet weer.
Daar wij schrijven seevtien Hondert,
Negenmaal tien en acht nog klaar,
Nog Drie dan is de Eeuw weer vol,
Maar hoevelen zullen daar,
Deze tijd niet half beleven,
Want dese aarde is wankelbaar,
Die so voorbij gaat sweeven,
In stroom van ongeregtigheid,
Dat moeten wij bekennen -
Vliegt snel na d' Eeuwigheid.
Waar zullen wij ons henen wennen?
Komt dan menschen al te zaam,
Waak op in 't Nieuwe Jaar,
Om 's Scheppers grooten Naam
Te loven met malkaar.
| |
[pagina 328]
| |
Komt hier gij jong en oud,
Komt Allen tot den Heer,
En wie het regt beschouwt,
Die werpt zich voor Hem neer,
En wil niet meer des weerelds zijn,
Want dit verganklijk leeven,
Baart niets dan smert en pijn.
Wij zijn alweer een Jaar ten Ende,
Met droefheid en geween,
En alles vol Ellende,
Zoo vliên de jaren heen.
Wat zijn in dit vervlogen Jaar,
Niet al hier weggerukt,
De eene hier en d' ander daar,
Zoo heeft het ons gelukt,
Om toch dit Nieuwe Jaar,
Dat God ons heeft geschonken
Te zien na Kersttijd klaar. -
Zoo wensch ik, dat Uw hert,
Den Heere moog' behagen,
De Heere doet zijn wil,
Dat stelt Hij ons te voren,
De zaak is waarlijk zoo.
Men komt het wel te hooren,
Ja hooren niet alleen,
Men ziet het met 't gezicht,
God toont so menigmaal,
Bij duister en bij licht,
Dat licht, dat schoone licht,
Dat lieflijk is 't aanschouwen,
O! mogt het stralen in 't gezicht,
Van allen, die 't betrouwen.
Opdat een stroom van goedigheid,
Met d' intree van dit Nieuwe Jaar,
Mocht weesen in ons Land,
En ook U dierbaar rijk verbreid,
Tot nut van kerk en stand.
| |
[pagina 329]
| |
En dat het algemeen
Tot nut van alle vromen
Uw Evangeliewoord
Op kandelaars mogt komen!
En dat Uw Lof alom,
Nog eenmaal word' gehoord
Ver onder 't heidendom,
Het goddelijke Woord!
En dat wij al te zaam,
En yder op zig zelven,
Eens denken regt bekwaam,
Dat onze Levenstijd,
Ook eenmaal zal ophouden;
Misschien is 't laatste jaar,
Dat wij op Aarde zijn,
Te leven met malkaar,
Hier in veel druk en pijn.
Den Psalm van Negentig,
Die wijst ons klaarlijk aan,
Daar kunnen wij 't in zien,
Hoe het met ons moet gaan.
Slechts tienmaal zeven jaar,
Of tachtig dan ten hoogsten...
Het einde dan van Dien,
Wordt moeite en verdriet,
Gelijk men komt te zien.
En hoe het ook geschiedt,
Al zijn wij Jong en Sterk,
De Dood die velt ons neer,
Al na Gods weg en werk
En Zijn Voorzienigheid,
Zoo leven wij niet meer.
De Heere houdt Zijn weg,
Hij doet, wat Hem behaagt,
En 't hoge Heemel Choor
Al na Zijn wijsen Raad;
| |
[pagina 330]
| |
Die ons het Leven geeft,
Die ons nog alles schenkt,
- Zelfs kleinste Creatuur dat leeft -
Nog om ons allen denkt.
Mogten wij in Zijn Voorzienigheid,
Dan tellen onse Jaaren,
Met een opregt en wijs beleid,
Wat ons al is ervaren,
En dat wij onse Levenstijd,
Dan kostlijk mogen agten,
Ons harte daarin zijn verblijd,
De ware wijsheid te betrachten.
Schoon wij dit Jaar beginnen,
Om met malkandren te Leven,
Maar velen zal het niet gelingen,
De Dood zal hun doen sneven.
Daar ligt het broze Lichaam dan,
Dat d' Aarde heeft bewandeld,
't Zij dan voor God bekwaam
Of ongeregtlijk handeld',
De ziele is dan niet meer op Aarde,
Maar is bij God den Heer
En is in groote waarde,
Of stort ten Afgrond neer.
O mogt dan yder Een
Steeds bidden ende waken,
Om nu voortaan dan heen
Tot Christus te genaken.
Om nu van stonden aan,
Met alle vuile zonden,
Tot Christus heen te gaan,
Om in zijn Dierbre wonden,
Gezuiverd door Zijn bloed,
Geheiligd door Zijn lijden
- Door dit Zijn dierbaarst Goed, -
Ons van de straf bevrijden.
| |
[pagina 331]
| |
O! komt dan al tot Hem,
Bid Hem ootmoedig aan,
Doe 't in Geloof en Liefde,
Dàn laat Hij niemand staan,
Bid dan in Vader, Heil'ge Geest en Soon,
Drieëenig God, ootmoedig aan,
Gelijk Hij ons ook heeft geboôn,
Zoo zal de zonde van ons gaan,
En maken ons bevrijd.
Dan zal Hij ons opnemen,
In Zijne heerlijkheid,
Om voor Zijn troon te sweeven,
En eeuwiglijk te Leven.
Einde.’
Gerijmt door Wytse Binderts Cloosterman in 't Clooster. (Bouweklooster) Wintermaand van 1797. nbsp; It jonge lûd swijde. Der foel in wolfoldiene stiltme yn 'e grutte keamer. Falentijn nikte byfallich, mefrou Falentijn siet foar har út te sjen en tochte oer 'e wurden fan it dicht nei. Der kaam har safolle yn 't sin, wat de giene jierren meinaam hiene, Doedte... en mefrou Ripperda. ‘Dat 's in goed stik wurk, jonge freon,’ sei Falentijn einliks, ‘en goed skreaun ek,’ en hy beseach keurjendewei de grutte kapitalen, wêr it mei opsierd wie en it moaie, dúdlike skrift. ‘Leare jimm' soks dêr yn Bouwekleaster?’ pinfiske 'r watte ongelovich. ‘Master hat it ús leard,’ andere Wytse beskieden. ‘Dy docht dat alles sa moai en keunstich, dêr is de ein fan wei. Hy kin ek skilderwurk meitsje op glês en soks, en de Hamsters binn' sa grutsk op him, der 's gjin fernimstiger en snoader man yn hiele Fryslân as master, sizze hja.’ Troch 't neamen fan 'e Ham kamen hja op 'e tekst fan 'e reboelje yn 'e tsjerke dêre en hja fregen doctor Falentijn, as hy noch wolris hearde fan master Marten Joukes fan Driezum. Dy siet noch altyd yn 'e finzenis, fan slimme koartsen pleage, dêr wol gjin ferwin op wêze soe - krigen se ta beskie. En Falentijn begoan te fertellen, hoe't se tsjinwurdich dwaande wiene op oanstean fan Fan Rhee | |
[pagina 332]
| |
noch, de lju, dy 't oan roer west hieneGa naar voetnoot1 of riedsman of rjuchter yn Fryslân om 1787 hinne, te beboeten om't se de patriotten fan doedestiids sokke swiere straffen oplein hiene. En hja fregen mar efkes as pynstillinkje hjirfoar de som fan fl. 700.000. It wie der raar oanweigien, doe't dit yn 'e lêste Nasjonale Fergearringe op 't rabat kaam wie, Fan Beijma hie der fansels lyk foar west en inkelde oaren, dy't ek graach út in oar syn pong stielen, ek, mar Schimmelpenninck, de foarsitter en in bult mei him, der fûl tsjin. Hy neamde it selst in politike feroardeling, sûnder jin ferwarre te kinnen, ja, hy hie it op 't lêst in politike roof neamd. Op eigen manneboete hiene de Ljouw'ters it der oars al op weage en stjoere ien alris in doarwaarder mei 't befel om te beteljen, mar dy, ek net mak, sei, hja koene desnoads de boel wol opskriuwe - hy betelle net earder, as it moast fan de Nasjonale Fergearringe bekrêftige wêze. In Frysk bestjoer bestie no net mear... it hiele lân hie no dêroer as bestjoer te sizzen. It wie no op 't heden stilsit, Falentijn tochte, it soe wol yn 'e dôfpot reitsje. En einliks fertelde 'r fan Fan Rhee, hoe't dy sont fan 't hjerst gjin bern mear hie... Pronica har heldere eagen, ûnder de swiere eachsbrauwen suver stjerren, gyngen nei Jehannes, doe't se dêr fan begoannen te praten en har memmige tinzen omfiemen yn in tel twa hiel de lytse wrâld fan har leaven, en doe festige se har eagen op de jonge freon fan har man, de soan fan ien fan de fûlste fjuchters foar Oranje. Hjir siet 'r... en thús wiene der noch fiif, en selst gjin hier wie him noch syn heit en broer krinkt yn 'e reboelje foar Dokkum. En Poppéus... dy wie pakt fan it needlot, dy moast weiwurde, suver as in flokje skûm op in wide see. Hja waarde efkes rillerich yn har waarme smûke keamer, krekt as ware der in fertutearze geest om har hinne. Sa smûk kâltsjendewei kamen se ek oer de jonker te praat en winsken him allegear tichteby en yn dit har rûntsje. Wêr soe 'r tahâlde? Hja wisten fan yn Ingelân, de doctor krige sa no en dan nochris tynge. En Foppe-om seach him noch oankommen dy moarne fan syn flucht op 'e | |
[pagina 333]
| |
moaie fos en by him in ûntwyk siikjen... hy seach him wer yn 'e top fan gloarje as foarman op reis nei Dokkum ta en hy seach him nochris, hoe't hy ien fan de deaden sêft mei optilde en op 'e boerewein lei, om nei hûs brocht te wurden. Hy hie him net mear bedimme kind en de triennen wiene him út 'e eagen dript. En beskamme 'er him net oer... En út 'e folheid fan syn hert begoan 'r oer de Dokkumer dagen te praten, en syn taharkers harken, as naam 'r se yn in bân fan sielemienskip finzen, sa innich, dat se it mei belibben... it felle ferweech fan dy dei syn tragyk lieten se as in skuorwyn oan har foarbystrûze. ‘Sokken fan it âlde laach hat Fryslân jitte brek en dy swerve yn 'e frjemdte,’ sei Foppe Liuwes ta einbeslút, noch de flikkering fan opwining oer dit alles, ienris oanskôge, yn 'e âlde skrandere eagen. ‘En dochs sil der in dei komme, Foppe,’ sei Falentijn, ‘dat se wer by honk brocht wurde. Hja sill' weromkomme, as it Ien syn tiid is. Dy is machtiger as allegearre. Hy jout beproeving en útkomst beide.’ ‘Jawisse dat,’ sei dy dêroerhinne. It klonk as in befestiging. Wie hy yn syn eigen libben ek net oer klingen en delten gien, yn djippe ôfgrûnen tûmele, wêr in tsjelk fol alsem op him wachte, twingerich om dronken te wurden oan 'e boom ta, by rotsige klingen opjage, in geweldige swypker efter him, en foar him neat as bittere iensumheid en need oan 's herten djipste grûn ta... Ja, in kristen syn reize gyng beswierlike wegen lâns... Och, as 't yn de ein dan dochs noch mar frede wurde mochte en in fergeving fan alle sûne en skuld yn Kristus syn bloed, dan wie in minske syn libben - oars neat as 't geskimk fan in lyts bang fûgeltsje oer it brede, brede wetter fan ieuwen en wrâlden - dochs noch yn al syn lytsichheid in ôfskading fan de ivichheid. Hy wie mar in earm en lyts man en wist him doch ryk en nei besibbe oan Falentijns folk, al wie 't dan ek net sasear yn 't stoffelike as wol yn 't geestelike, wêr it gjin earm en ryk jout, allinne mar bern fan ien makelij. Falentijn diich halen oan 'e piip, de wolkens reek stoden dernei en de oaren spilen ek net swak by. In set stoarren se yn 't fjoer en eagen de fjoertonkjes nei, dy't by de izeren plaat opslikken en dan wer ynkrompen ta in nearzich flamke, as rôp de húsgeest fan 'e hurd se wer yn syn ferskûl, doe sei Falentijn stadich: ‘Der wurdt fan gnute... it mei einliks noch gjin wurd ha, dat it regear wol somliken fan 'e âlde reginten weromroppe en jouwe se de âlde postjes wer. Binn' hja der net mear, dan de bern. It possenaasje fan 'e Jacobijn, fan 't strang regear, | |
[pagina 334]
| |
is útspile. Hja ha har eigen stâl ferbûke. Wrede hearen, koarte regearen... En as de sabel har wurk dien hat, komt altyd de sjirurgyn en dy bringt salve en smarseltsjes, om de boel wer hiel te krijen. Wat seistû, Jehannes?’ Dy glimke... as sinneskyn gyng 't oer 't earnstige, brune antlit. ‘Heit hat gelyk, sa is 't. Better noch soe 't wêze, as der nea sabele waard'. De knibbel op 't boarst fan 'e ûnderlizzende partij is altyd gefaarlik. Der kin ris in tiid komme, dat de tramtearre, dy't him net ferwarre kin, wer sterk wurdt en dan... as 'r syn maten ropt... dan...’ Hja wiene allegear stil. ‘Dan tesplintert Europa yn in wrâldoarloch.’ ‘Jehannes!’ rôp mefrou Falentijn en seach kjel nei har soan, ‘'t is krekt, as dochst' in profesy.’ ‘Ik fiel it sa, mem,’ sei hy ienfâldich en hie syn kleare, skerpe eagen fêst op har. Doe gyng hy der stil út. Hy hearde syn lytse jonge yn 'e sydkeamer kriten... De oare moarne kuiere menhear Falentijn mei syn besite de Bierkelders op en del yn 'e hearlike wintersinne, doe gyngen se nei doctor Falentijn ta ûnder de Nije Toer, wêr 'r yn dy grutte rûmte syn snijkeamer hie om de oansteande plattelânshielmasters te learen, en hja beseagen dêr allerlei nuverheden op sterk wetter, grutte slangen en skorpioenen en lytse bern en geramten en moaie frjemde flinters en yn in lyts glêzekastje prachtige opstoppe fûgeltsjes, wêr elts fearke fan skittere as in juweeltsje. Wytse loek alris fiis oan 'e noas, it roek der net sa botte fris, mar Foppe Liuwes moast alles sekuer troch de grutte fok besjen en frege doctor Falentijn hast de earen fan de holle. En doe gyngen se fjouwersum nei menhear Baerdt te kofjedrinken. En dêr hearden se wûnder nijs. Hy wist nammentlik te fertellen, IngelânGa naar voetnoot1 wie fan doel, yn 't koart de Bataafske Republyk oan te fallen, as 't moast lykme-allinne, as Ruslân him yn 'e steek liet, alhoewol, dat soe 't wol net, want Ruslân, dy rûchfellige wolf, liet it ek net gau sitte. ‘So, so,’ sei Falentijn. ‘Dus Porter syn plan is noch net dea.’ ‘Och hea, ha jo dat ea tocht,’ rôp Baerdt. ‘Ingelân hâldt oan, dy hat | |
[pagina 335]
| |
tiid, ien, fiif of tsien jier wol, as 't wêze moat. En ús lântsje komt dan te sitten as tusken twa fjurren yn 'e jiske, dat sill' jimm' sjen.’ ‘Lântsje?’ hune Foppe Liuwes stadich. ‘Der bestiet gjin Fryslân mear, gjin lântsje, in provinsje is 't, wêr wy fan prate.’ Sà foel it grutte skaad fan dit leed selst oer it nochlikst petear fan dizze mannen, oan lân en Oranje beknotte as de ranke oan 'e wynstôk, tin en tear en dochs yn sa'n hâldfêstich fergroei, dat neat op ierde dy twa wer útinoar skuorre koe. De middeis om twaen hinne brocht Falentijn har wer nei de Túnsterpoarte. De reis nei hûs soe wer oangean... It waar wie stil. Der loek in belutsenheid oer 'e loft, in sulveren gaas, wat beskûme fan wyt. De sinne skynde derefter en hie eat fan de blide, teare laaits fan in bern efter in spegelige rút, wêr syn mûlewazemke op stiet te peareljen. Wyn wie der net folle, de wimpelkes fan 'e fêstferzen skippen yn 'e stedsgrêft roerden har net en de reek út de foarûnders stie as in plûmke út. In seefûgel fleach yn moaie slingerbôgen boppe de skippen, in hin op in heechladen turfskip keakele maitiidseftich. Foppe Liuwes seach dat út en sa it súd yn oer 'e grêft de kant út nei de Hôven. Dêr efter dy hege beammen grûne de loft, stie as in rjuchtlutsene streek in tsjustere wolkenbank djip oan de einder. Wreed like hja dêr te wachtsjen, krektsalang, as it har tiid wurde soe. Dan soene wyt en swart wer fechte, ljocht en skaad, krekt as oeral en jimmer yn 'e wrâld. En wer soe ien it winne. Hokker, ja hokker dan dochs...? Wytse lei wer op en Foppe-om hekke oan. It gyng mei staasje op hûs ta. Falentijn seach se swaaien en syn siel fol goede leave tinzen besel-skippe har wegen. By in bochte yn 'e feart bleaune se efkes stean en seagen nochris om, Foppe wiuwde mei de hân en Wytse swaaide de mûts. Syn donker hier glimde, as wie 't roetswart. Doe ferswolge de wide fierte se yn ien slok. Foppe Liuwes en hy wiene âld, soene se inoar ea weromsjen? tocht 'r. Eltse winter stjerre der âlde beammen yn 'e bosk, oan eltse stamme leit de bile ree, mar hokker as de earste wêze sil, is gjin minskewysheid jûn te witten. En yn 't nei hûs gean dizze stille wintermiddei waarde dit him ynjûn as in hertsbegearte: dat hja allebeide nochris sjen mochten, hoe't de nijjiersmoarn fan in jubeljier de Fryske loften roazeread poarperje mochte, in jubeljier, dat Fryslân frijheid út syn slavernij, regear fan ei- | |
[pagina 336]
| |
gen folts en wer in Oranje op 'e troan bringe soe! Dan soe hy him yn frede deljaan kinne en syn siele har stil flije nei de Heare syn wil... in bern nei Heite wiis bestel. |
|