It jubeljier
(1994)–Simke Kloosterman– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 297]
| |
13Helder lake de neisimmermoarn oer 'e bolwurksbeammen yn 'e âlde stêd fan Ljouwert op. It tearblau fan 'e loft, hjir en dêr oerkroesd fan in wyt flanterich wolkje as in glimke oer 'e effenheid fan in kalm antlit fol besonkene mimeringsmoaiens, hie oan leaflikens woan, wat it oan kleurigens ferlern hie, de earste fleagen fan 'e hjerstrein hiene alle simmerhertstocht derút weispield. It telde no fan frede, de grutte frede nei it kende geniet, de kalme rêst nei de heftige langstmerillen. Alle fiere frjemde streamen, witwêrsanne wei, wiene no yn 'e fiere lokjende mar fan ferfulling ferroan. As in kristallene tsjelk, oerfol, stie der jitte de simmer te pronkjen, mar o sa no en dan, hast net te bespeuren! kralen der in drip twa oer 'e râne en foelen... Yn dat fallen wie dea en dwesting... in simmerblom, wêr gjin nije dei foar bloeie soe... in sinnestriel, wêr gjin nije dage foar trilje soe oan 'e reade eastereinder... De beammen op 't bolwurk stiene noch fol yn 't blêd, al roan der ris in rodzigen ûnder, al foel der ris in foarbatigen ôf, de krunen rûsden noch yn de winen en begearlik dronken de blêden har spitsige tonkjes de koele hjerstrein, as dy somwilen yn in stille nacht ferkwikking brocht. En o! hoe'n weelde wie der yn 'e hôven te pronk, hoe'n oerdiedigen weelde oan dy âlde tokken, hast te breklik sims om sa'n simmerfleur yn read en giel nei behoaren heech te hâlden en te toanen oan elts, wa't der niget oan fûn. Hoe skatteren de stokroazen har felle kleuren tsjin in âlde wytkalke muorre! hoe stoofde de sinne de lytse felettene drúftroskes oan in súdgevel, wêr efter in latten hekje fjoerreade moanneroaskes bloeiden! It like wol in paradyske, dat húske, sa ferside en blombegroeid stie 't yn syn blommen en strûken. Oan 't stiennen paadsje dêrhinne, pronken sinneblommen, in hiele rige, en 'e holders sieten derop te gûnzeljen en preaune hunich, dat it wat diich, en ynienen kaam der ek in flinter oanfleanen, in skuonmakker, en saaide derop del en stie op syn ranke poatsjes wjukjeslaand yn 't swart fan 'e noegjende sinneblom as in kleurich fûgeltsje op in swarte berch syn sinnebeskynde keale krún... ‘Pake!’ dreau in lytse jonge. En hja roannen beide hurd en stiene derby te sjen, dy moaie neisimmermoarn, wylt de dei syn | |
[pagina 298]
| |
nije oeren har ûntjoegen, de bern, mei 't skrift en 'e pin, nei skoalle boarten, de húsman nei syn bedriuw gyng en de loaikert fan 't bêd ôf skonke. Hja stiene noch foar 't wytfarve hekje, pake en bernsbern, en seagen nei de pracht op 'e wjukjes fan 't skuonmakkerke. ‘Soest him ha wolle en sille wy him prippe op in spjelde en dy op 't buiske stekke?’ frege de pake. Syn skerpe eagen wykten net fan 'e pronkjende flinter... Blide taslach lei yn 't jonkje syn eagen... hy soe der samar op ta en pakke him. ‘Hui, hui, alles mei ferstân en oerlech,’ sei pake en hiel foarsichtich teante 'r tichterby... al tichter, al tichter... ‘Flap!’ sei 'r en hy seach en sjoch, syn hân wie leech. De flinter fleach fuort en sette him gekoanstekkerich del op in drúftrosse, fierste heech foar minskehânen. De lytse jonge raasde, stampfuotte twingerich op de grûn. ‘Ik wòl him ha en wêrom krij 'k him dan net?’ snokkere hy en sloech sa fûlbânich op 'e sinneblom om, dat de stâle rekke kniesd en de swiere moaie blom sakke foardel... Lyskemuoi, in jierrich minske, kaam krekt ta de doar fan 't húske út en seach! en takseare de skea, mar hja knypeage der net iens fan. Hja kòè har foltsen. ‘Myn hear!’ rôp se oansjitsk, ‘en waarliken ús lytse poppe! No! no! wat sill' wy no ha? Ik sei fan 'e moarn al, de kat slikket him sa mei de poat oer de kop en ik seach in koets mei in pear skimmels, ik sei al sa, wy krije besite. Mar wa soe dit tinke kind ha! En gûlde hy om in moaie blom, myn poppe? Hy sil de aldermoaisten ha út it tún en in read-wankje-apel deropta,’ en hja naam de lytse jonge mei efterhûs en hja kamen werom... no, de apels foelen him ta de bûsen út en rûgelen it paad lâns. Menhear Fan Rhee foel as yn side. Bernehoeden wie min wurk en hy diich it no al sont seis wike. Jûn soe 'r lins krije, dan gyng lytse Henricus wer nei mem, dan mocht 'r it lytse boarterke besjen, it susterke, dat mem meinaam hie fan de Wâldreis en noch folle mear, poppebakken en taart en grutte bofferts en in top foar him en dy koe spylje. Sà halden se de lytse jonge yn lust. Moarns spile hy foar bernefaam en kuiere mei syn genaamt de hiele stêd yn 't rûn en middeis diene syn Nelle en Sibbel it. Monsieur Poppéus fûn himsels te | |
[pagina 299]
| |
heech foar soks... hy taalde net nei syn soan... ja einliken ek net iens nei syn famke, suchte Fan Rhee. Lyskemuoi har skerpe eagen wisten der ek wol fan, hy lies dêryn, hja tochte krekt itselde as hy. ‘'t Is jûn wer húswarjen by myn soan en dy's,’ sei hy. ‘Kinn' jo, Lysmuoi? Wy betrouwe it nimmen oars ta as jo en 't popke is noch sa'n lyts harterke fan in wike of wat.’ ‘Hoenear moat 'k komme?’ frege Lysmuoi dimmen, sa 's jin past yn petear mei de grutten fan d' ierde. ‘Ik kin de lytse jonge ek wol op bêd bringe en alles foarinoar. Mefrou-en-dy hoege nearne nei om te sjen... De kreamheinster is al fuort fansels?’ hifke se, in grisel loerjends yn har âld, skel lûd. ‘Ja,’ nikte Fan Rhee deftich... ‘wy ha jo leaver, dat witt' jo, en ha se mar sa gau mooglik fuortskikt. Myn soan, monsieur Poppéus,’ en menhear Fan Rhee sei it, as preau 'r hunich op 'e tonge... ‘beskout jo as de alderienichste fan 'e hiele stêd, yn steat, om op syn bern te passen.’ ‘Ik hoopje it my wurdich te meitsjen,’ sei Lysmuoi, it lûd fan suver beskiedenheid sinke littend hast ta geflúster. Fan Rhee treau har wat ta... it foel swier yn 'e grutte bûs. Om har part mocht dy bedoarne jonge noch wol tsien blommen brekke. Blommen genôch, mar mieri, sulverjild as kofje en piper sa djoer. Hja sette gau in krom kofje en helle in fearn dúmkes fan Sam de joad en lette en sette dy twa dêr wakker, dat hja wisten hast fan gjin fuortgean. Der kamen bikkels op 'e lappen en in arke fan Noach, wêr har eigen bernsbern ek mei boarten, as hja kamen, earme streuperts, hast gjin fleis om 'e bonken en gjin klean om 't liif, en dêr boarte no dy grutteljusjonge ek mei en hie likegoed syn fermaak dêrmei as har bernekriel. Hja strûpte him syn moai kyltsje efkes út en hy krige in skjin skelkje fan ien fan 'e famkes foar... no hie hy better syn tier, sei hja. It bern fermakke him ta de teannen út yn it earmoedige keammerke op 'e stiennen flier. Einliks ûnder mâl gebalt moast 'r wer mei fuort, en de treast, dat Lysmuoi jûn by heites komme soe en bringe him sels op bêd en dat de bikkels mei ûnder de wrine mochten, makke de lytse jonge wer hânelber en folchsum. Yn eltse hân in grutte sinneblom pandere 'r neist pake lâns, it lytse strjitsje út wer nei 't bolwurk ta. 't Wie fierste moai om nei hûs, en skadich ûnder 'e hege beammen, wêr noch sim- | |
[pagina 300]
| |
mermylde heimsinnige flústers oerhinne waaiden. Skippen sylden, de seils stiif fan 'e moaie koelte, yn it brede wetter fan 'e stedsgrêft; hy en de lytse jonge stiene der in set nei te sjen, nei it bolstean fan it wite seil, it draaien fan it roer, wêr in gouden roaske op glinstere, it keffen fan in snikwite kees boppe op in fracht turf... Dan stiene se wer by in fisker en seagen, hoe't hy ophelle... in moaie foarn of in sulveren wâldfamke, fjoerread fan fintsjes, krekt as 't bloeddrippen wiene, en dêr ynienen, in grouwe trijepûnssnoek oan 'e heak, efkes tusken himel en ierde en doe sparteljend, de grutte bek wiidiepen, op 't gers. Doe kroep de lytse jonge efter pake... Hja seagen de moaie mûne gean foar de wyn, de fjouwer roeden as kreaze juffers op 'e stap, op 'e stap! ien, twa, trije, fjouwer! en de brune seils dêr bobbeljend oan, hymjend op 'e azem fan 'e winnende neisimmerwyn, myld en aaikjend, en pake prate mei de mûner en hja mochten yn 'e mûne sjen, al dy radsjes en radden en toskjes en kamkes, in wûnder wie 't yn 't berne-each, en samar, o hearlikheid! skodde de mûner krekt in sek moal by de lytse jonge út en hy gûlde fan plezier ‘snieman! snieman!’ en hy beseach syn eigen moai en dânse op en del, sa hie hy it nei 't sin. En op 't lêst kamen se by 't Saailân by de loadsen en stallen fan it Frânske hynstefolk.Ga naar voetnoot1 Doe waarde de lytse jonge wer bang en kroep ferside efter de lange jaspannen fan pake en liet him lûke, dy't oars foarút dribbele. Dêr stiene de grouwe poepen, dy't de swiere munisyweinen lûke moasten, foar in fol rip te stinnen, en hja seagen nei har mei de domme eagen sliepp'rich mar heal op... in hiele rige wie 't en hja frieten al den dei foar hûnderten fan gûnen... dêr trappelen de jonge lichte rydhynsders fan 'e Frânske offisieren en oare hege omes en skrabben op 'e grûn om fan ûngeduld en wylderigens... en yn 'e fierte, yn in ôfsketten hoekje, in oppasser derby, pûsten en sloegen de beide goudfossen en de skimmels fan ginneraal Moreau, de oerste fan alles, wat der oan militêr folk wie yn 't noarden fan 't lân, al | |
[pagina 301]
| |
droech 'r somwilen it bestjoer ek wol oer oan Gaspard Thierry.Ga naar voetnoot1 Wat in moai gesicht, dit dûbel span fan 't allerealste bloed! de kroeze nekken grutsk yn 'e bocht, de rêgen rjucht as in tried en de fine poaten fan gjin spat of bultsje bedoarn! Sa seach hy se faken troch Ljouwert draven... de grutte karosse, skitterjend fan ferguld en spegelglês, dêr skommeljend efteroan. En moarn den dei soe syn soan der licht wol ynsitte, syn soan, monsieur Poppéus, en monsieur Coert Lambertus fan Beijma, om se te bringen nei de Limmer, en dêrwei soene se de reis ûndernimme oer Amsterdam nei De Haach ta, om dêr de twadde Nasjonale Fergearringe, útskreaun foar dizze septimbermoanne, by te wenjen as ‘representant’ en bysitter. Sjoch, dêr kaam de smid al oan, om it ûnderwurk fan 'e karosse nei te sjen en 'e felgen om 'e radden. In grutjonge, in smarselpot loai slingerjend foar him út, smarde fluitsjend it swiere izerwurk. It fette kliemsel dripte der mei grutte drippen ôf, sa rij smarde 'r... In lyts Frânsk feintsje kaam en wipte mei ien sprong op 'e bok en begoan te wriuwen en te wiskjen, oeral wêr 'r mar koe, en hinge op 't lêst de swier ferguldene spegelglêzen lantearns yn 'e hâlders, nije kjersen deryn, swevelstokken derby en song ûnderwilens in raar ondôgens Frânsk sankje. Fan Rhee kuiere mei syn lytse jonge fierder yn 'e stallen op. Eltsenien gyng earbiedich oan kant, de measten sloegene oan. Nei de ginneraals wie monsieur De Rhee nûmer ien yn 'e stêd, dat murken hja wol, as der ris in baantsje te ferjaan of in foaike te fertsjinjen wie. De lytse jonge syn eagen... dêr begoan op 't heden in wûnderlike mearkewrâld libben foar te wurden. Al dy moaie hynsders! dy minsken yn 't goud, yn 't sulver! plûmen op 'e hoed, mûtsen fan bearefel op 'e holle, goudene steken en houdegens fan goud... o wat wie 't allegearre moai! En dy koets! dy koets! Ried dêr de elfenkeninginne net yn nei de dwergen ta, of miskien, miskien? kaam Sinteklaas dêryn út Spanje weiriden? Syn hantsje trille yn pake sines en hy dreau him hastich de kant út | |
[pagina 302]
| |
fan de koets... Dit paste Fan Rhee krekt yn syn ‘principe’ fan opfieding, it bern in ding sjen te learen, wat in djippe yndruk op syn hert meitsje moast en dêr dan teffens in twadde yndruk oan fêst te knoopjen, sadat sa allebeide onferwrikber yn 'e siele griffele waarden en noait de iene wer fan de oare te skieden wêze soe. Hja stiene foar de koets... it lytse skrale jonkje kaam noch mar krekt oan 'e tichtklapte tree fan 't portier ta... Hy rekte syn halske al wakker, as 'r ek in bytke dêr ta'n yn sjen koe, mar 't woe net lukke. Licht siet 'er in lytse prinsesse yn... Fan Rhee liet him betien... stie wat teside it oan te sjen... De tsjoen fan in frjemde nije wrâld betiisde it bern. It sûne Fan Rheesbloed puonde him oan ta ûndersyk en hy besocht om de tree los te krijen en falle te litten, sa 's hy it Peter dat wol hûndert kear dwaan sjoen hie. De lipkes stiif opinoar knypt, sette 'r him te skrip. De tree foel. Doe loek 'r nochris en de twadde foel ek. Yn in omsjoch stie hy derop, de lytse beuker, en rekte it meagere halske en seach yn 'e koets, dêr prinsessen mei rieden nei mearkelânen ta. Hoe wûnderlike moai... hoe kostlik... hy stoarre mar... hy stoarre mar... ‘Dêr sil heit moarn yn sitte en ride sa nei De Haach ta.’ ‘O!’ sei it bern, oars neat... Onferwrikber stie it op dizze amerij al yn syn siele etst... it soe him syn libben lang bybliuwe en dat wie just pake syn bedoeling. De moaiste, de grutste dei fan pake syn libben moast en soe, al wie it bern ek noch sa jong, in oantinken bewarje yn it bernehert... Hy wonk de poetsfeint by de lantearns wei. ‘Doch it portier op en set it bern deryn...’ hjitte 'r heech. Dêr siet 'r no, lyts en fyn en blûn op it readferwielen kjessen, sels in hiel lyts onwezenlik prinske. ‘Op dyn plak sil heit moarn sitte, krekt sa,’ sei pake, en pake sei noait wat, dat net wier wie. It wie dochs wier, dit alles... Hy befielde it ferwiel en loek oan 'e noppen fan 't beklaaisel en kroep ûnder de sitselbanken en rikte nei de souder, wêr in moai lyts glêzen lantearntsje oan bingele, fêst mei gouden ketlings, en doe wie 'r foldien. Hy liet him wer út 'e koets glide en gyng stil neist pake lâns. Sa kamen hja einliks thús en fûnen beppe, tsjok en lyts, foar 't kofjeblêd en dêr Sibbel by en einliks Anne, nei de kream fan it lytse famke, noch moaier, mar ek noch tearder. Fan Rhee waard der kjel fan. De lytse jonge klaude har op 'e skoat, syn mûltsje stie net stil. Mar aloan wie de koets op 't rabat, de goudene koets, wêr heit yn ride soe, | |
[pagina 303]
| |
de koets mei de goudene fossen en 'e wite skimmels. De flinter, de bikkels, de mûne en it grutte plezier dêre, dat alles sonk wei foar dit iene: heit en de koets. Anne glimke... o dat leaflike glimke! eagentreast wie 't foar Fan Rhee en hy koe 't net litte, hy moast efkes har hân krije en patte dy galant en hy ûnthiet har bliid in goudene hierbân mei saffieren foar har hier, om te dragen as in oantins oan 'e berte fan 'e genaamt fan syn wiif, Pieternelle Emerentiana. Hja hie 't sels sa ha wold en beneame har eigen mem net... Fan Rhee begriep it. De twang fan 'e boask siet har noch as in angel yn 't hert... as in skaad stie altyd dy Ryklef noch tusken har en har man... It wie in heale leafde... in dielde geunste... En doe briek it ynienen út yn syn hert... dat wie no foarby, it mòàst foarby wêze! Ryklef Ripperda wie fan 'e baan... noait soene syn fuotten wer op Fryske grûn stean, noait syn bretaal-sûne stap wer troch Ljouwert syn strjitten daverje. Dy opstân te Kollum joech de nekslach oan him en oan alle oare sondaars mei him. En as hy der goed ynkaam, ja, dan wie 'r lokkich op 't heden, sà lokkich, as 'r jitte nea west hie... Hysels noch net âld, sûn en geef, al pake fan in lytse genaamt, net yn 'e jildkrapte, gesien by in grutte party, al ferfoeiden oaren en hokfoar oaren! him ek as de pest, alle plannen, dy't fan him útgyngen, goedgeunstich ûntfinze by it bestjoer en goed slagjend, as hy se yn praktyk brochte, en no syn soan, syn ienichste! útfersocht om Coert fan Beijma te beselskipjen nei De Haach ta, en as dy troch syktme of sa behindere rekke, nammens him oer Fryslân te sprekken en te riedplachtsjen. Wat in dei! Hy wist suver net, hoe't hy him wol net postuere soe, in blide onrêst kitele him ta de fingerseinen ut, en hy, de kalme, ynfierene Fan Rhee, noait út 'e ploai, lake in reis twa ris lûd en bliid. Syn wiif seach Anne oan en dy har... kaam heit yn syn twadde jeugd? Al wie syn hier ek piper en sâlt ûnder de prûk, de strange eagen, oerbôge fan 'e swiere eachsbrauwen, stiene noch skerp fan útkyk yn 'e kaskes en op 'e fleizige wangen lei noch it sûne read fan in sterk lichem, noch net wrak of fan in faai steed ta in ontidige dead ferfallen. Anne glimke efkes har heimsinnich glimke, de skimer fan twa swiete dobkes yn 'e wangen en yn 'e grutte blauwe eagen eat fan blidens, eat fan weemoed, en dochs altyd, wat it dan ek mar wêze mocht, eat fan betsjoenende leaflikens... Hja tocht om jûn, hoe't it wêze soe... jûn... | |
[pagina 304]
| |
Hja wist harsels jong en moai en al sei Popke it nea, oaren flústeren it har faken yn 'e earen... Liet him onferskillich wêze, hja leave harpelûd, dat lokke, en as de iene it ynstrumint net goedernôch bespylje koe, dan licht in oarenien... En hja tochte om in slanke manljushan, krêftich en dochs sêft mei hiele lange spitse fingers, waans greep allinne al in hearlikheid wie. Dy woe se jûn fiele... dat lûd hearre... har waarmje oan de gloede fan dy frjemde, jonge eagen, wêr in waarmer sinne yn skynde as de flauwen fan Poppéus, har optwongen man, de boargerman, de plebejer. Hoe langhalze se nei de leafde! Wêr wie dy? hoe wie dy? Alle grutte dichters songen derfan, alle grutte geesten sinspilen derop! O dit libben wie allegear sa ferfeelsum, sa dea! De deirin yn 'e lytse stêd, dy bleke man altyd om har hinne, waans tinzen dochs nea thús wiene, mar altyd op 'e doele yn 'e frjemdte, it gesanger fan 'e bern en 'e boaden om 'e earen en it geskoai om bûssinten foar rûkersguod en linten en flinten, dy't Poppéus mei húnske wurden en tametten mjitte joech. As skoanheit der net west hie en har aloan en alwei stibeleare en it beurske folpropte, hja hie wis eltse dei wolris ienris swime moatten. No hoegde it net faker as wyks ienris! De dei, de moaie dei! ferroan ek alwer en ebbe nei de jûn as alle dagen. It muoide Fan Rhee hast, al jûn no... al jûn. Ja, dêr kaam al in grutte stjer oanfonkeljen yn it blau fan 'e loft... dêr dreaune noch in pear goudkleurige wolkens en in soele jûnwyn waaide troch 't tún, suver noch simmereftich, mar it waarde dochs skimerich en kâld... De dagen koarten hurd... Peter stiek de kjersen op yn de sydkeamer, dêr sieten se no te jûniten en hy hearde de oare boaden drok omskrippen yn 't seal en de bykeamer. Hûsrie waard ferset, finsters tichtdien, de izers op 'e blinen hekke. In fine, smaaklike geur fan feest roek men yn 't hiele hûs om, fan blommen yn hege fazen op 'e skoarstienmantel en frjemde útlânske geuren fan lodderein en múskes út sierlike frouljusklean... Syn bloed begoan flugger te polskjen... hy fielde him, as wie 'r wer fiifentweintich en moast it libben, it lange libben, jitte begjinne! Noch lei it foar him... noch wie der gjin wissichheid fan net ien ding... alles noch hoop en onwezentlik lok... O dy leave jonge dreametiid... as nei de fiifentweintich jier de skied begjint, hâldt alle illusy op, en gjin macht op ierde ferlost de minske dan wer út it kleaster fan 'e boargerlike maatskippij, it amt en de benyptens fan it húslike foarmidden. | |
[pagina 305]
| |
Frij! frij! gjin minske wie ea frij, mar op 't heden dochs... hy fielde him mear as frij... hy fielde him lokkich... troch alles hinne lokkich en tefreden. Alles wie him nei 't sin... hysels... syn wiif, syn jonge... syn posysje en ek syn hûs. Dat wie op 't heden wol op 't aldermoaist ta eare fan Poppéus. Hy hie himsels de weelde tastien fan swier, nij húsrie yn 't seal en donkerreade sidene gerdinen, hoe lang al de sielewinsk fan syn wiif! derby, en de muorren hiene as behang sulvergrys velours d'Utrecht krige, alles stemmich mar ryk. It koe no, it gyng alles út 'e brede fjirtsjin, want syn baantsjes leine him gjin wynaaien, hy wie 't jild ek net gram. 't Soe ek al slim wêze, as hy dêr mar in lyts krom foar barde, dy't tichtst by 't fjoer sit, waarmt him ommers 't bêst, en hy siet der tichtby, sims barnde 'r him hast de teannen, s' as yn febrewaris, doe't it ek ris wer hekke hie, en hy hast tocht, no syn possenaasje útspile te habben. Mar it lotte oars út. Him hiene se net kitst, om't Moreau en Noël it ûnderdúmkes mei him hâlden, mar de measte oare Jacobijnen foelen as balstiennen yn djip wetter. Him doarsten se net oan... him, dy't de partij hjir makke hie ta wat se wie en se noch fierder bringe soe. Dy't Fryslân njút en gesachlik meitsje soe, dat it willich roan yn 'e sylbeage efter in Hollânske foarman oan... in lytse, swakke ‘provinci’ en neat mear as dat! Wêr soe dat ek ta liede, om har eigen baas bliuwe te wollen, har eigen jild te fertarren en der in eigen regear op nei te hâlden, har der sa útkippe te wollen mei in eigen selsstanigens. Healwizer koe it wol net! Unifoarm moast alles wurde... ien wet, ien rede, gjin gelove, ien plicht foar alle lânen en net mear dy tebrozeling folgens lânaard, en gelove folgens hertsbegear, en in taal folgens sielsbegear, sa 's guontlju djipsinnich seine. By de toer fan Babel pratene se alear ek ien taal, dêr moast it wer hinne. Efkes gnyske 'r, syn hiel spitsich foksegesicht ien grimas, doe loek 'r it antlit wer yn 'e gewoane ploai fan deiseffenheid en ynfierene grutskens. Hy gyng stadich nei ien fan de grutte damspegels ta yn 't seal en beseach himsels ris. Wa soe 't him oansjen, dat 'r al pake wie, tocht 'r grutsk. De rêch noch rjucht en steil, de reafalligens fan 't antlit noch skerper tekene troch de wite nije prûk, prachtich opmakke mei geurige poeier fan monsieur Pierre, de nije Frânske koiffeur, en de nije rôk, de pannen mei swiere risselside fuorre, siet him wat krudich om de lea. Hy stiek de skjinne bûsdoek yn 'e bûs, naam noch in snufke | |
[pagina 306]
| |
út 'e gouden snufdoaze, in ferearinge fan monsieur le général Pichegru, en joech him doe stadich nei 't seal, en hy fielde him as in kening, dy't hjoed foar 't earst de swietens fan 't regearjen ris priuwt. Gjin wolkje oan 'e loft, gjin skeel, gjin argewaasjes! Wat wie it libben, dit libben, dochs de muoite wurdich, om libbe te wurden! Sa drupkjendewei kamen de gasten, earst de jonge luitenants en har dames en aloanwei hegere hearen en frouwen en op 't lêst, hoe wiid waarden de doarren opsmiten en hoe fluch wiene se allegear oerein... le général Moreau! Ja wol waarde him eare tametten op dizze jûn, bûtengewoan! Temûk seach 'r ris nei syn soan, fielde dy dat no ek sa? Dat heit en hy op 't heden sa yn top fan oansjen wiene, as stiene se op in berch! Mar Poppéus, kâld en onferskillich as altyd, tocht om neat fan soks en socht deagewoan fermaak by de jongerein, wêr dom gegniis om flauwe grappen skearing en ynslach wie. Nei syn begroeting fan Moreau seach men him net mear yn 't hillich herntsje fan de lju fan gesach. Hy stie no yn 't foarmidden fan in rûntsje fan jongefammen, syn blûn, glêdboarstele hier stike fier boppe de donkere en swarte kopkes út en sims bûgde 'r him dat djip oer nei ien inkelde... Dat soe Madeleine Benier wol wêze, it jonge wyfke fan ien fan 'e luitenants, dêr 'r heech mei weiroan... No, it wie dan ek in pronkje, efkes flikkere der in wjerljocht fan heftich begear selst yn syn eagen en hy draaide him gysten om, de Eva's-lokkinge grutmannich út 'e wei geande... En op itselde stuit waarde syn oardiel oer Poppéus mylder en ferdraach-sumer. Hy wie ommers ek noch sa jong! de stryd tusken fleis en ferstân soe op den duer wol saksearje, en brûsde by de âlde, grutte geesten de libbenskrêft ek net altyd heftiger as by in gewoan minske? Wiene Goethe, Nelson, en safolle oaren dêr ek gjin foarbyld fan? En wie Anne der net? It feilige anker fan in leave húslikheid foar it swypkjende skip op 'e wyldramende libbenstwirren? Anne, nei Poppéus him de dierberste fan al syn sibben? Anne, wêr hy fan hope, hja mocht him oan 'e ein fan syn dagen ta meihelpe en hâlde Poppéus yn 'e bewende maatskippelike banen? En syn eagen opskerpjend kipte hy se út de oare moaie froulju wei en begoan te fergelykjen. Hja koe 't hâlde tsjin elkenien, der wie gjinien moaier, fynder, aristokratysker as hja. Hja droech in jurkje fan porsleinblauwe side en dêr sulveren blomkes op benaaid, de moukes hiel koart en de prachtige blanke earms frij te besjen foar eltsenien, dy't der mar sin oan hie. | |
[pagina 307]
| |
Sa 's se dêr stie, like it suver noch in jongfamke, allinne om de mûle, dêr loek sa'n spitich fâldsje. No seach 'r se net mear, in jong luitenant spriek har oan, ien fan de ruters út it gefolch fan ginneraal Moreau, baron De Noailly hjitte 'r, miende 'r te witten. In kreas kant jongkearel wie 't, en hy slûpte wat tichterby, om as 't koe, har te beharkjen, mar krekt begoannen hja te dânsjen, en mei watte as izegrym seach hy de bewonderjende loaitsen fan 'e grutte, slanke dânser, peiljende it djippe, suvere blau fan syn dânserke. Hja glieden foarby, ienris, nochris... it joech him in prip yn syn hert. Wat wie dit... wat soe dit wurde kinne...? - Ik bin sa wis fan Anne as fan mysels - sei 'r heallûd ynienen en seach kjel om him hinne. Ja wol wis... Anne hie net om 'e nocht âld Friez'ne bloed yn de ieren. Noait de trou skeine... noait en te nimmer de trou oan 'e man en it folk... oan it dierbere lân... Der gyng Fan Rhee in lytse kâlde rille oer de lea. En wat diich hy? Wat hie hy dien? Ferkoft 'r net foar in judaslean syn lân? dochst it net foar in goudene snufdoaze, hune de kweageest yn him, foar in fet baantsje foar dyn stoaterse jonge... foar in grutte pong fol jild? Elts en alle ding is omkeapber, ast de priis mar witste, hune hy noch lûder... en dyn priis wie in bedroefd lytsenien! Wat wiestû gau yn dubio! wat wiestû gau beret! In pear hastige stappen yn 't gewoel, de kweageest swijde. En it feest gyng syn gong. It waarde hoe langer hoe fleuriger, de wyn streame, de hollen rekken oerstjoer, it ferniske fan 'e beskaving skulfere der by lapen ôf en de minsken lieten har gean en fertoanden har yn har wiere steat. Foaral de jongerein rekke alhiel los, fierste mâl, lokkich, it wie yn in besletten hûs en syn boaden koene swije as bychtprysters, mar 't wie ek net te hoopjen, as der wat fan oer 'e streek kaam, hoe't hjir jûn feestfierd waarde. Noch nea hie hy sa wat belibbe! Och, it kaam fan 'e nije Frânske geest, dy wie losser, frege mear libbensgeniet, diich, sa 's it fleurich, oerdwealsk sin mar ynjoech. Wat wie dêr de stive Fryske ynbânigens by, dy't as efter de slettene doar altyd en ivich syn fieling begrindele. Hja songen, hja dânsen, hja praten har út, wat har op 't herte lei. Mâl gyng 't sims... heal liet 'r him ek noch fan dy wylde wieling meilûke, heal hie hy der in wjeraks yn. - It duorre ta let yn 'e nacht... einliks rekke it seal leech, en âlde Fan Rhee, snoaden kânsberekkener, hie syn trouwe mantsjes al klear- | |
[pagina 308]
| |
stean, om guont, dy't net al te fêst mear op 'e skonken stiene, thús te besoargjen. Poppéus wie nearne te finen, en galant liet 'r de karosse foarkomme en brocht sels Anne, lytse fee yn in sulverbrokatene mantel, thûs. Him eange in oarenien, dy't der ek net fij fan wêze soe, en jonkheid en fjoer op ien hurd, kin in rare lôge jaan... en Anne yn har ûnskuld wiene de wjukjes allicht al earder sinze fan in brân, ear't se it wurd brân selst ek mar begriep. Hja liet har spitigens net skine, prate gewoan, en hy beskuldige himsels... och it hie allegear ferbylding west... hy wie in âldman... in stumperige, spoeksjoggerige âldman. Mar froulju bliuwe froulju en dy't se leafhat, hâldt se yn 'e kiker. No siet 'r allinne yn 'e karosse, hastich ried dy oer 'e hobbelige balflinten. De nachttsjustere stêd lei der stil foar, gjin lûd makke him mear kenber, gjin minske wie mear op 'en paad. De moaie dei, hast ien fan syn aldermoaisten, wie foarby... syn siel al dwaande, him as oantinken yn syn heugenisse foar altyd te bemitseljen, tocht 'r in bytsje mismoedich. - En no hjoed, de dei fan hjoed, gyng syn soan monsieur Poppéus de Rhee mei monsieur Coert fan Beijma nei de Nasjonale Fergearringe yn 'e Haach. It wie him grut, dizze dei belibje te meien, dizze dei, dy't de kroan sette soe op syn wurk as heit en opfieder beide. ‘It hat jûn wol mear as tûzen gûne koste,’ suchte syn wiif yn 'e weach, doe't hy nei wat omgeskermesear ek de swiete rêst socht op bêd, ‘...wol tûzen grouwe gûnen... Hearst, wat 'k sis, Henricus?’ ‘Al kostet it ek de helte mear, jou dy mar del, Nelle. 't Is 't praat net iens wurdich. Dizze dei hat my wol in kaptaal wurdich west.’ En hy seach guodlikwei nei har âldwyfke-antlit ûnder de grutte nachtmûts fol stroken en strikken... suver fammige fol en fleurich like it antlit noch nei dizze jûn fan freugde en frolikheid. Sa wie dizze grutte dei syn einbeslút. De oare moarne om tsienen rieden se fuort. Foar de harbarge ‘de Falk’ stiene de karossen klear en de ruters fan ginneraal Moreau as in eare-eskorte yn grut tenu. Der wie in bult folk op 'en baan, in hiel akkefytsje foar de rinteniers en omstoatskavers, dy't oars neat te dwaan hiene as alles nei te sneupen en op te strewearjen, om dat dan letter by in swiet pantsjefol kofje nochris wer oer te eidzjen, hoe en wannear en wêrsanne it west hie. Monsieur Poppéus, deftich yn 't swart, de stôk mei gouden knop | |
[pagina 309]
| |
yn 'e hân en in swiere portefeuille ûnder de earm, kaam der stadich yn 'e stûdzje wei oanstappen, de Sint Japiksstrjitte wei út oer it pypke. Slop en langliddich as 'r wie, roan 'r wat foaroer... it joech syn gong it bysonder aparte, it aristokratyske, wêr heit sa mei weiroan. Hy stie by ien fan syn freonen te praten en seach syn soan sa oankommen. ‘Dit 's wol it moaiste, wat in âlder belibje kin,’ miende syn freon, in echte hunichstriker. Alde Fan Rhee sei neat... hy kòè net en hy nikte koart en koel. It folk seach derop ta en dat hoegde nea te witten, hoe't de heechheid fielt en har postuert by bûtengewoane gelegenheiten. Poppéus diich krekt, as gyng 't him allegear net oan, hy bûgde foar de oaren en gyng as alderlêste nei syn heit ta, like koel as altyd en joech him in sloppe hân. Mar âlde Fan Rhee knypte tà. Efkes woe 'r it bloed fan syn bloed fiele, innich ferbân habbe mei dit syn ienichst, leard en heech bewittenskippe bern. ‘Goede reis en kom behâlden werom,’ sei hy en koe syn hân hast net loslitte. Poppéus gnyske efkes smeulsk, stadich loek 'r sines út heit syn waarme triljende. ‘'t Is gjin seemansreis,’ sei 'r watte spotsk. Alde Fan Rhee krige in skrik, diich 'r flau? Syn antlit ferstive ynienen ta koele beleefdens, en mei in koarte, nidige nik joech 'r de koetsier de wink, doe't it portier efter de beide manlju tichtfallen wie. De hynsders setten ta, de stringen stiene spand, de moaie skimmels, wêr lytse Henricus juster sa'n eachweiding oan hân hie, sloegen it fjoer út 'e flinten. De goudfossen diene ek in hoart twa... kreakjend kaam der beweging yn 'e swiere karosse... Ruters foar, ruters rjuchts en lofts en in stik of tsien der efteroan... In wolken fan stof fleach op... yn flugge draf gyng 't de Wurdumerdyk lâns, op de moaie iensumheid fan 'e griene greiden en 'e blauwe loften yn, oer Snits nei de Limmer. - Sêd fan lok kuiere Fan Rhee nei Anne en bleau dêr te kofjedrinken en te neipraten, lytse Henricus op 'e knibbel. En dêr yn 'e widze lei nûmer twa te spinfuotsjen, it lyts famke, dat him no al krekt Nelle har evenbyld talike, 't lyts prûkje hier sa swart en de eagen ek hiel donker, as hja se efkes opdiich. Hy takseare it widzekleed en it kleed om de bakerkoer, alles yn 'e es, swier readsiden damast, krekt sa 's hy it ha woe en hy treau Anne temûk in doaske yn hânen: ‘datst net fer- | |
[pagina 310]
| |
litste, no't Poppéus fuort is,’ sei 'r en hy wist, it siet optaast fol fan goudgûnen. En op 't lêst dronk 'r dêr noch kandeel en hy beoardere Lysmuoi, om dêr noch in fjirtsjin dagen te bliuwen, want Anne moast ris fuort kinne en net om 'e bern thús hoege te bliuwen. En Lysmuoi har bûs tynde út as in boffert, wêr de rees yn sit fan sân aaien en in healfearn gest. Sûnder, dat Anne it besefte, krige se in skildwacht om 'e doar, dy't gjin wissewasje ûntgyng. - De moaie hjerst roan te'n ein, de rein kaam der daverjend oanriden op 'e weinen fan 'e swiere wolkens. Dead en ferdjer oeral... net ien fan de teare moaiïchheden, dy't net skeind waarde fan de wrede swypslaggen fan de westewyn. Fan Rhee fielde him âldmannich en huverich en siet klûmsk by it houtfjurke yn 'e efterkeamer en seach de fonkjes nei, hoe't se dânsen en knetteren en dôven op 'e glêdskjirre hurdplaat. De freugde fan syn dagen brochten de ferslaggen, wat der ferhânele waarde op 'e Nasjonale Fergearringe. As 'r de postwein daverjen hearde op de Wurdumerdyk, it súd út wei, joech him dat in blide skok en oeren foartiid wykte 'r net mear út 'e sydkeamer wei, en naam, in blide rydling yn 'e hân, it swiere pak oan fan Peter, en joech gol de bringer boppe de fracht in royale braspenning foar in swiet sûpke. En dan seach men him yn in skoft net wer. Hy begroef him as in mol mei syn skatten yn 'e waarme keamer. Syn wiif soarge foar syn wiet en droech, somtiden kaam 't net iens oan 't opiten en drinken ta. Hy naam op 't heden biten fan in swieter fuorring, dy't him stibelearen, as nea oar fied it smaakliker en streksumer dwaan kind hie. Sa kaam de lêste dei fan 'e fergearringe, dy waard sluten en oer in pear dagen soe Poppéus thúskomme en koene se neiprate oer dit alles. Hoe't se dêr sims tsjierd en inoar yn 't hier hinge hiene, dy hearen representanten, om't elts foar master opspylje woe, hoe't Coert fan Beijma smeule doarst op alles, wat mar mei dat ferflokte prinselik hof of de famylje gearhinge, en inkeld, hiel seldsum, hiel beskieden en dochs manlik en op 't stik ôf, hoe't Poppéus ek wat sei hie. Poppéus, syn soan. It wie net folle noch... och, hy wie ek noch jong, alhoewol hy syn paad skjinmakke hie as de bêste, mar wat 'r sei, snie hout. Men mòàst him markbite, men harke nei him, liet it yn jin omgean, en sa waarde de earste triemme fan in ljedder nei in nije steat opkleaun. As der mar ien skiep ropt fan bê! dan raze alle oaren ek wol mei, sa is in minske no ienkear, en hy hie Poppéus yndroege, royaal yn 't jildút- | |
[pagina 311]
| |
jaan te wêzen, net op in sintmennich te sjen, iters te noegjen sa no en dan yn 'e harbarge ‘De Steds Doelen’, wêr hy thúslei, en wyn en toebak net te sparjen. Wat soe der in neipraat wêze! hoe'n bûsfol nijs! De rein hindere him net en it droeve gean fan 'e neisimmer nei it tsjerkhôf fan 't wyljen, noch it gesanger en gespartel en geëamel fan 'e lju, dy't de belêstings te heech fûnen en dêr him sims rare brieven oer skreauwen, noch it sneue gesicht fan Anne, dy't hast nea thús wêze woe, en jeuzele, hja siet altyd mei dy twa bern oantangele en koe ek net nei grutte gearsetten ta, om't it joech gjin foech, dêr sûnder Poppéus hinne te gean, sei se snibbich op in jûn, heal gûlendewei. Hy begriep it bêst, de skoech knypte wêrearne oars as op 't krop, hja miste de gelegenheid om De Noailly te moeten en fan ferfeling woeks de langstme geweldich, dy't oars miskien al lang sakseare wie ta in fluchtich neat of oan kant skood wêze soe foar in oar tiidferdriuw. Fan Rhee harke der mar heal nei, doe't se op in jûne wer kaam te kleien. Hja siet opsluten en foar Poppéus wie alles, setten en pretten by de fleet, alles, wat it hert mar begearde. ‘No, no,’ susse Fan Rhee, ‘in wiif heart ek thús. Dû hast de bern, in moai hûs en bist it wiif fan ien fan de oansjenliksten fan 'e stêd. Men kin 't folmakke net begeare. Dû soest dy deljaan en wêze bliid, ast hearst, hoe Poppéus syn paad skjinmakket.’ Anne loek oan 't fyn noaske, seach prot en bleau prot en gyng betiid fuort. In swym fan har swiete lodderein bleau noch yn 'e keamer hingjen, Fan Rhee snúfde 'er wolfoldien wat fan op en glimke fyntsjes. De Noailly hie 't besocht, hie 'r wol murken, en út Anne har wurden makke 'r op, 't wie mislearre. Poppéus moast no mar gau thúskomme, tocht him, en hy skreau him yn 'e blydskip fan syn hert in grut brief en foege deroanta, Anne wat moais mei te nimmen, itsij in lape side, frjemd fan staal en fan it alderbêste of in waarme pelysse foar de winter. Hy moast mar ris sjen... heit sei goed foar it jild. En hiel ondôgens sette 'r ûnder wat yn it brief, wêr Poppéus grif om laaitsje soe. Hy lake komselden en dochs wie syn laaits, de prachtige wite tosken bleat, sa geef as kryt, in lokking foar alles, wat fromminsk wie. En de lytse swarte Fransêze kaam him yn 't sin, madame Benier lêstenjûns... doe koe 'r laaitsje, mear as ienris... En doe't dy dames der wiene út Amsterdam... ja... doe ek. Doe koe 'r prate en geestich wêze en sjarmant... hy hie him suver besaud oer Poppéus. Krekt as | |
[pagina 312]
| |
waarde der mei in lyts, skerp meske efkes in feechje dien yn syn hert. It diich sear. Op dit stuit woe hy wol, dat alle froulju ta de wrâld útreage waarden. - Einliks kaam it lêste ferslach fan 'e lêste dei fan har fertoef. Fan Beijma en hy soene noch in pear dagen bliuwe, dan kamen se wer thús, skreau Poppéus koart en sakelik. Der koene noch in pear dagen by komme, om't hy woe ek noch yn Amsterdam oan... it wie no dochs ien reis. Letter soe 'r noch wol tynge stjoere. It wie allegearre sa koel, sa kâld ditte, krekt as hâlde 'r yn syn waarme hân in grou stik kâld lead doe't hy it lies, en dan einliks de groetenis foar allegearre en ek oan Anne... it wie by 't onfatsoenlike om ôf. Hy moast it wat behimmelje en sizze Anne net krekt, hoe mâl as 't brief wol wie. Sels kuiere hy de oare moarne nei de koekebakker ta en bestelde in moaie taart fan konfitueren en mealde mangels en liet dy besoargje by syn skoandochter as de foarboade fan in blide tynge, en yn skimerjûn gyngen hy en Nelle der sels hinne, om Poppéus syn boadskip, wat oannimliker makke, oer te bringen en de taart, de foarpret, mei op te plúzjen. It hoarntsje wie noch kniesd, Anne ûntfong se koel. Henricus lei al op bêd, swiet sliepte 'r, it mûltsje heal yn 't kear en de kroltsjes fier oer 't foarholtsje. Alde Lys hie Nelle op 'e skoat en dy raasde en spartele wakker foar de waarme bakerkoer, wêr al in komfoar mei fjoer yn stie. In swiete geur fan spaanssjippe hinge yn 'e grutte keamer en dochs roek men der boppe út de pittige rook fan bêste kofje. En Poppéus kaam him yn 't sin, ek ienkear sa lyts, ek ienkear in lyts behelperich harterke, en syn wiif, in jong memke fan twaentweintich jier... Hy sei syn boadskip en Anne andere, hja wie bliid en betanke foar de groetenis. De wurden wiene bêst en goed, alhoewol, de toan, wêr se op sei waarden, stie Fan Rhee net oan. Anne hâlde in min sin, it petear woe him ek net flije nei in sellich en smout wikselwurd. Hja gyngen dêrom al gaueftich wer nei hûs yn 't moaie stjerheldere waar. It wie noch suver waarm nei de reinige rite en blokstil. Moai waar foar Poppéus om oer de see, tocht 'r, miskien wie 'r no wol ûnderweis. 't Soe him nij dwaan, wat 'r Anne meinaam. Hy soe him jitteris goed ûnder hânen nimme, Anne wie wurdich, om in trouwe man te habben. Och, mar wat docht in âlder tsjin 'e wylde hierren fan syn bern? Kin 'r it minne steed út it karakter snije, sûnder eat oars te besearen? Hy waarde der suver mismoedich ûnder, nuver, dizze hiele jûne | |
[pagina 313]
| |
hie hy syn moed net en wie sa bedrukt as wol noch nea yn syn libben. En Nelle dribbele neist him lâns, sêft fan stap op 'e everlasten skuon en liet him ek mar mei syn eigen soargen oanpiele. Hja sei neat. ‘Bist net fluch?’ frege 'r op 't lêst. ‘Dû bist sa stil dat.’ ‘Ik fiel my raar,’ sei se en har lûd klonk heazich en skriemerich. ‘Jou my in earm. 't Sil wol de feroaring fan waar wêze, dy't ús yn 'e lea sit...’ Hja hinge oan syn earm, swierder as oars en it begrutte him. By it ljocht fan in lantearne bleaune se efkes stean. Hja makke in pear hekken en oezen fan 'e skoudermantel los. ‘Doch noch ien los,’ rette hy. ‘De gaspen hâlde him wol en sa is 't frisser. Hast de kielbânen fan 'e kyps ek te fêst?’ De prachtige juwelen fan 'e mantelgasp skitteren wûnderlike moai yn 't lantearneljocht en de lange earbellen spilen ek net swak by. Dy wiene hast noch moaier, Rio's sûnder ien skaadplakje. Hy hie se Nelle jûn as in ferearinge by de berte fan har soan, dy't in ienling bleaun wie, al hie hy der noch graach in pear sokke bûslittings foar oerhân, om de widze nochris wer roeikjen te sjen. ‘Saksearet it wer wat, Nelleke?’ en yn syn lûd wie wat fan alear en lang lyn... Fan roazegeur en in stille ljochtmoannejûn en in prieel by har âlden thús, hielendal yn 'e kamperfoelje beskûle. Hoe hearlik it tebinnebringen...! Hja begoan al sleauwer en sleauwer te rinnen, hy droech se hast, sa hâlde 'r se. ‘Raar gesteld bin 'k fan binnen, krekt as knipe se my de kiel ticht,’ hime se en hoartendewei kamen de wurden derút. Wat wie hy bliid, doe't hy se thús hie en yn 'e koele, frisse keamer op bêd. It finster stie noch op, de frisse jûnwyn waaide 'er ta'n yn en de geur fan lette blommen. Hy seach de Frânske kroanen blinken yn ljochtmoanne en in pear lytse fûgeltsjes kopke oan kopke, sliepen op in tokje fan 'e keale kastanje. De oare moarne, doe't hy syn bolwurkkuier diich, lytse Henricus en de grutte wynhûn mei as selskip, hearde 'r, Fan Beijma wie sont in dei of fjouwer al wer thús, en dy 't him fertelde, gnyske efkes. In skaad fan in gnyske wie 't! In oarenien hie 't net iens sjoen, Fan Rhee, gefoelich yn alles, wat Poppéus oangyng, seach it en 't pripte him. Wist dy man al, dat Poppéus no op 't heden noch omswindele yn Amsterdam? wegen gyng, wêr men net sjoen heart te wurden? Hy knypte de fingers ta brekkens ta yn 't weak fan 'e hân yn opstânich ferset! | |
[pagina 314]
| |
Dy jonge! dy jonge! Koe hy, de heit, Henricus fan Rhee, mânskernôch om hiele Fryslân ûnder de kwint te hâlden, dy jonge net interje? net yn betwang hâlde, dat 'r rjuchttroch gyng, sydwegen skou? Hy koe wol gûle fan onmacht en spyt fan 'e moarn en lytse Henricus jeuzele al sa en stroffele hy me dêr net en foel him in smartlape op 'e knibbel! en de hûn fleach in oarenien oan en dat gyng om dea dêr samar ynienen op 't Waachsplein. Hy hie gjin stok en moast it mar oansjen, dat dy oare Leo nei de strôt fleach en de skerpe tosken yn 't moaie wite hier sette. Doe kaam der sa'n kearel oan, in grou kneppel yn 'e hân en dy barnde deropyn. De beet fan de iene waarde efkes losser en koartberet pakte 'r yn ien taast de fûleinichste hûn by 't nekfel, skuorde him los en smiet him mei in geweldige saai oer 'e flinten. It bloed spatte dernei. In ôfgrys wie 't. Fol argewaasje seach 'r, dy sterke kearel koe 'r... it wie Haaie Trompetter, dy smycht. Stilwei joech 'r him ôf, Leo, slûksturtsjend, kreupele him efternei. Alles mâl fan 'e moarn. Dy middeis skreau 'r Poppéus wer in brief, it wie in dreigemint. Nelle lei op bêd en de doctor sei, it wie neat as senuwen... Rêst en gjin swierrichheden úttinke, dan wie se gau wer klear. Dêrom prate 'r net oer it brief en net oer de ontmoeting fan 'e moarn. De kop der mar foar hâlde allinne, hy koe dochs wrachtsjes ek noch wol sûnder de sêftens fan frouljustreast. Hy rekkene út, Poppéus koe it brief yn twa dagen ha yn syn lozjemint te Amsterdam. Yn 't lêst fan 'e wike kaam 'r, as hy dit brief lies, thús. Dêr wie gjin mis op. Hy bestelde de ekstra-post foar de saterdeis en ried sels nei de Limmer, om him ôf te heljen en 't leksum op 't slach op te lêzen. Thús harke Nelle oan 't slotsgat en dan gûlde se, as hy 't te bot makke, en by Poppéus thús siet Anne op 'e loer, yn 'e wein hie hy gjin mot om 'e teannen en dêr soe hy him 't leksum oplêze en net sunich ek. En oars minderesearje soe 'r, heite talage mar ris kwyt, op wetter en brea yn in lyts húske. Hy makke him sa lilk as in spin. As 'r ek net sa sterk wie en sa geef, men soe der wol in beroerte fan krije kinne, beklage 'r himsels. Slingere tusken hoop en frees, kuerde 'r oer it wide freedsume wetter. Hjir en dêr in kroes weachje as in sulveren fiskje, djoeiend op en del | |
[pagina 315]
| |
yn 't grysblau, en de frisse seewyn mei syn sêfte twirren him wat koelte tawynderjend oer 'e hjitte wangen. Sà stie 'r dêr en seach út nei syn soan, in frjemde mingeling fan ferlangst en ferbittering yn it hert. Doe't hy lyts wie, trape 'r him somtiden op 'e teannen, soe hy 't no te ûnderstean doare en traapje him op it hert? dat hert, dat yn eltse tik dochs mar allinne libbe foar him? Stadich kaam it skip dêr oansilen foar it westersigentsje ôf. De seilen stiene mar efkes bol, it abbeseare net folle. De oare minsken sieten bedaard op in bank dernei te sjen, hy koe 't sitten net fele, hy mòàst rinne, bewège, wat dwaan, al wie 't dan mar in krobbe dea te slaan, dy't yn 't sân omskarrele. Hja libbe noch efkes, stiek de poatsjes krûpende út, doe sloech 'r sà ta, dat de stôk knapte dwarstroch. Razen smiet 'r him yn 'e see, dy kalme see, loai as in weak, grou wiif, dat mar net fan 't steed wol. De minsken skodhollen en seagen him efternei. Dy man wie grif net goed wiis, nikten se en beklagen him. ‘Elts húske hat syn krúske,’ sei in wyfke en seach nei de karosse, mar woe dochs net ruilje tsjin dy nuvere man sines. En dochs hie hja dy deis noch neat hân as in timpke droech brea en in pear swolchfollen skiepmôlke, want hja wie in widdo mei fiif bern en dy gyngen foar. Dêr sunige hja it sels foar út de mûle. Noch altyd kaam it skip dêr oansilen. Men koe 't folk ûnderskiede en de wite gerdyntsjes fan 't heareroefke. It wie moai waar, Poppéus siet fansels boppe. Hoe't Fan Rhee ek stoarre, hy koe him net foar 't fizier krije. En al mar tichter kaam it skip, al mar tichter. It draaide wat, it lei no by de wâl lâns. De touwen waarden útsmiten, de planke nei de wâl taskood. De earsten gyngen deroer... hy begoan te triljen en no... no gyng de lêste deroer. De beurtman seach nei him, nei de karosse, doe sloech 'r oan en kaam op him ta. ‘Dit 's ommers menheare Fan Rhee,’ sei 'r fluensk. ‘Kom efkes oan board,’ en hy gyng him foar nei it heareroefke. Yn in eachwink seach Fan Rhee it, hjir hie sont dagen gjinien húsmanne. ‘Ferwachte menheare altemets wa?’ fiske de beurtman. Hy diich sa nuver, wie 'r wol by syn sûpe en stút? ‘Ik ferwachte immen. Dat is de reden fan myn komste. En oars ferwachtsje ik in brief,’ sei Fan Rhee út 'e hichte. ‘Dat brief is hjir,’ sei de beurtman en joech him oer. ‘Oars wie my besteld, him sels teplak te bringen, no besparret it my in reis.’ Fan Rhee | |
[pagina 316]
| |
taaste nei de pong, hokfoar tynge it dan ek wêze mochte, syn dofke wie 'r wurdich. En stadichoan, hiel foarsichtich, stapte 'r wer oer 'e planke nei de wâl en foel suchtsjende yn 'e siden kjessens fan 'e karosse del. En lies... Syn hert stie hast stil fan skrik. It wie net in brief fan Poppéus, wol wiene syn eigen beide lêsten yn 'e brieveslûf en in skriuwen fan 'e eigener fan 't lozjemint dêrby, hy hie dêr net west. Ferslein ried hy nei hûs. De moandeis stie 'r alwer by de haven fan 'e Limmer en siet sels yn 't heareroefke en stiek oer nei de grutte stêd fan Amsterdam om syn jonge te heljen. Hy moast dochs earne wêze... hy koe samar net weiwurde. It waarde in swiere gong, doe't hy de stap derûnder sette nei de ‘charmante’ dames, wêr Poppéus altyd sa jerne toevje mocht. Dy seagen raar op en beswarden, hy hie dêr net west, nòch op 'e hinnereis, nòch op 'e weromreis. Hy wist op dit stuit, it wie wier. Ferklaaid as in earme hânelsman holp hy de polysje mei, om him te siikjen. Preemjes waarden útloofd oan fiiftûzen gûne ta. It bleau stilsit. Deis en nachts swalke 'r yn Amsterdam om. Haaie Trompetter op syn fêst plak yn 't Rakin seach him faken as in skynsel sa troch de stêd dwalen en gyng him sims hiel fan fierrens efternei, eat yn him fan 'e trouwe hûn, dy't noch de baas folget, dy't him healdea slein hat. En hy en syn maten en menheare Josua de Metz petearen oer al dizze dingen, as se jûns yn 't lytse rikkerige roefke sieten om 'e âlde kofjepot. De dagen waarden in wike... de wike in moanne. Doe gyng Fan Rhee wer nei hûs, allinne en âld. Soene de fuotten, de linige jonge fuotten fan Poppéus noait wer de Ljouw'ter strjitten roere? Hy skriemde yn 'e wein, ien amerij mei himsels allinne. Oeral minsken, jonge minsken, oeral heiten en soannen en hy allinne de beroofde... de earme... It lyk fan Poppéus fan Rhee dreau stadich op 'e ebbe nei de see ta. As in weach hie 'r west, spield op it strân fan it libben en no nei wat gedjoei weromroppen yn 'e djipten fan de dead. |
|