It jubeljier
(1994)–Simke Kloosterman– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 276]
| |
12Hoe hearlik roek it bûtedoar! Maitiid, maitiid! floite de skelfink yn Foppe Liuwes syn hôf, - hearstû my wol, âlde húsman? Bistû ek net bliid? Sjoch de priel fan de lânsdouwe, draacht se net as in keninginne har kleurich keninklik kleed, mei blossems benaaid en sinne-glâns deryn beweefd? Sjoch it wetter, hoe klear as it is en hoe stil... Sjoch de lytse wetternestjes fan 'e stikeltsjes roeikjen, sjoch de swâne-blommen, hoe't se stadich blêden en knoppen út har longerjend herte poarje litte, om ek mar sinneskyn te heinen, tûzenris sinneskyn! Sjoch it waaien fan 'e teare felettene blomtûfen fan 'e pinksterblommen yn dyn finne en it gesoei fan 'e wytbesnijde hagetokken op dyn diken... is 't dy ek gjin wille dit alles, o húsman? - Foppe Liuwes hearde de skelfink wol sjongen en seach ek wol de moaie maitiid om him hinne, mar hy suchte... Dizze winter hie hy wat bedobje moatten yn syn hert... dat hie him tige sear dien... hy hie op 't heden gjin lust oan geniet. Hoe hie 't syn ferhoping west, noch ienris wer it âlde Fryslan, sa nei ferkleefd mei syn hiele libben, yn gloarje herrizen te sjen! Hoe bekaaid wie 'r útkaam! Alles lei no ommers yn gruzeleminten. En no hja dêr yn 'e Haach drok dwaande, om Fryslân noch lytser te krijen, syn selsstânigens te ûntfytmanjen en syn jild yn te palmjen. Hoe hate hy dy Coert fan Beijma, dy saneamde representant, dy't foarstelle doarst yn 'e Nasjonale Fergearring, om plechtich haat oan it stedhâlderskip en alle oerhearsking te swarren! Nimmen wie him byfallen - sa settene se him pyk, mar sei wie it, en hy makke him sa lilk, dat hy skodde de fusten fan poere argewaasje. Wie dat in kearel! wie dat in Fries! Immen, dy't alle war diich, om Fryslân yn 't leech te bringen en kroep foar de hege hearen, om mar in Hollânsk plûmke te krijen en mei bean te wurden op in Hollânsk gearset. Hy en âlde Fan Rhee! O it wiene de beide kweageesten fan Fryslân en hja soene ek wol sa lang skrippe, om it foargoed yn 'e bedelte te hompen. Hy koe se allebeide wol fergrieme, sjedêr! en hy makke himsels hoe langer hoe lilker, en seach net iens, dat 'r immen dat opdraaide nei harres ta. Bedaard bleau 'r stean, doe't hy murk, Foppe seach him net en snúfde ris in noasfol op fan al dy hearlike geuren, hjir yn 't hôfke om 'e nocht te krijen. Wat ûnthjitte it allegear | |
[pagina 277]
| |
in moaie risping, de beammen stiene suver wyt! Der knapte in dea tokje op 'e grûn en Foppe Liuwes draaide him moai gysten om. ‘Hea Roanes, bistû dêr?’ sei 'r hertlikwei en hja fûstken. ‘Kom mei yn 'e hûs te kofjedrinken.’ ‘'t Is hast skande,’ sei dy op syn kalme, bedaarde manear, ‘sok waar en dan yn 'e hûs...’ en syn hânen aaiden in blossemtokje, dat him oan 't skouder ta hinge, mar hy tepte it net ôf. O dy triljende sinneweelde, hokker leaflik byld rôp dit alles by him wekker! Hy fielde, ek hy hearde by dit alles, jong, sterk en bloeikrêftich yn syn swietste soppen, fan gjin gesting of onhuerens bedoarn. Syn eagen skitteren, hja dikeren yn 'e fierte, wist 'r dêr net Bouwekleaster yn syn tsjustere beammen, wenne dêr Wolmoed net, it swietgeurige blossemtokje yn it maitiidshôf fan syn hert? Wat wist in âldman fan soks? Dy soarte fan lju stoarren har staf op it ferline. Dat wie dochs foar altyd fuort... Hy woe it nije... de driuw fan syn sûn bloed frege twingerich de skeakeling oan de takomst... leafde, it húsgesin, it bern... En dizze moaie maitiid, wie hy net it ûnthjit fan dit alles, hearde 'r net in muzykjen fan sêfte snaren en lokke dat net ta alle rein en suver geniet...? Al tocht 'r sa fan alles byinoar, foar it each bleau 'r like bedaard as altyd, pandere Foppe Liuwes efternei nei de lamkes ta en de biggen en it bêste kokeal, fan 'e moarn fongen, en einliks kamen se yn 'e hûs te kofjedrinken. ‘En dû bliuwst hjoed mar by uzes te iten,’ ornearre Foppe Liuwes, ‘en dan kinst fanmiddei wol meiride nei 't Kleaster ta. Ik gien dochs mei de seas. Of hoechste hjoed net hinne?’ pleage 'r mei in bizich glimke. 't Min sin sakseare wat, no't hy selskip hie. Hy koestere him oan 'e jonkheid fan Roanes as oan in waarm fjoer. Hy sette him heech, dizze skûtmakkerssoan fan Eastermar, en 't soe Wolmoed nea berouwe, as se mei dizze nei 't gritenijhûs ta gyng, tocht him. Dy rare markejûn fan Optwizel hie dochs noch earne goed foar west. Dy middeis rieden se tegearre op 'e kromsidige seas, heech boppe it stof fan 'e wei, troch de moaie, bloeiende wrâld. Hja koene fier sjen... gjin dize loek syn sulveren streken tusken 't fiere en 't tichtebye... 't wie allegear sa klear, sa fris, en 't kaam sa folmakke út 'e Skepper syn seinjende hân, dat de nije pracht fan it jier makke har suver stil. | |
[pagina 278]
| |
Sà rieden hja in hiel set. De iensume sânreden lâns en doe oer 'e Hamsterheide... yn it âld weinspoar wipte de seas op en del en mennichten fan heideblommen sneuvelen ûnder de grutte tsjellen... Hjir en dêr in inkelde spjir, in jeneverbeamke, oars de wide hege blauwe himel en de brune heide inoars maten, no yn simmerhearlikheid, winters yn earmoeds bitterheid. By Bindert Japiks stiene de skuorredoarren op en Wytse seach alris út... It like dêr wol boelguod, sa fol stie it hiem fan allerhâne soarte fan weinen, bolderweinen, in giel oaljelinnen kappe dêr stiif oer spand, seazen, ierdkarren, in pear faaie-tonnen, in inkelde moaie karosse foar fjouwer hynsders en yn 'e kamp foarhûs roannen sa'n sechstich hynsders. ‘No, no!’ sei Foppe Liuwes en seach dit alles oan. Hoe soe hjoed dit weromsjen wêze fan 'e Oranjemannen, nei de tsjinstuit fan Dokkum útinoar stood as wat guozzeplúm nei alle wynstreken. Inkelden, dy't tichteby wennen, kaam 'r jitteris wol te wurd, mar sokken fan Ingwierrum en Anjum en Boerum en de efter-Ljouwerts, wiene se net as skippen, wachtsjend foar ien slûs in amerij, sa tichteby en nea yn it libben wer dyselde reis! ‘Miskearret der no nimmen mear?’ waarde der frege, doe't se ynkamen yn 'e grutte skuorre, wêr wol in hûndert man har opwachte. Stadich waarden de nammen oproppen út de neiste kontreinen... presint wiene de measten, en dy't der net wiene, dêr joech in oar foar lúd en fan dy't fierst ôfwennen, kaam allinne de oerste of foaroanman op it aljemint. Finzen noch inkelden, mar de measten alwer los tsjin in heech losjild. It wie Wytse Binderts Cloosterman, dy't út namme fan syn heit de list foarlies en doe't hy by de namme fan Jan Binnes kaam, stûke syn lûd efkes. Al de oaren waarden stil. ‘Jan Binnes!’ sei Wytse Binderts. De huodden kamen ôf. ‘Jan Binnes is de holle ôfslein foar de goede saak fan Oranje de 18de fan selle fan dit jier en syn stof is beïerdige folgens oarder fan al de Oranjemannen op it Aldwâldemer hôf. Dit doch ik, Fan Scheltinga fan Stynsgea, te witten oan al dizze lju hjirre. Hy hat syn libben jûn foar ús saak. Litte wy syn namme yn eare hâlde.’ In inkelde bange stumper riboske efkes, ware de geest fan Jan Binnes net yn har foarmidden om? Wer trof de klank fan in bekende namme Foppe Liuwes syn earen. ‘Master Marten Joukes?’ waarde roppen. | |
[pagina 279]
| |
‘Ferkomt yn 'e finzenis te Ljouwert al sont selle.’ In dof gemompel gyng troch de rigen, seagen se it lytse opljeppen mantsje noch net oan 'e spits fan syn folkje út 'e Wâlden? en no al sont moannen yn 'e wiete kelderhôle fan 't tichthús! Foppe Liuwes gyng 't neiernôch, krekt as wie 'r op in begraffenisse fan leaven. ‘En no freonen, komt it alderslimste jitte,’sei Bindert Japiks. ‘No komt de kniper op 'e skine. Ik begjin sa njonkenlytsen te tinken, dat allinne twa fan de earmsten der útpikt binne, om 'e koarte dea op 't skavot en 'e lange marteldea yn 'e finzenis te stjerren, om't der dochs neat op har te ferheljen is. As se tûzenen besitten hiene, wiene se ek wol sparre... no wiene se goedkeape offers ta fermoedsoening fan 'e wraak fan 'e Jacobijnen. De libbenen moatte bliede... Frankryk easket ommers jild, tûzenen, hûnderttûzenen, noch mear... En ienkear... sil ús it fjoer noch wol neier oan 'e teannen lein wurde, dan komme ús bern oan bar... Der kaam beweging ûnder 't folk... ‘Safier is 't dochs noch net?’ oppeneare ien benaud. ‘Sitte wy dan al sa yn 't ûnleech, dat wy gjin kant mear út kinne?’ ‘Praat fan gelok, as 't noch net slimmer wurdt. Justerjûne let krige ik dit brief... Geuke Ljibbes wit fansels wol, dat wy hjir hjoed byinoar binne, dêr soarget de ferrieder yn ús foarmidden wol foar. Men moast him ôfsoalje, dat 'r der noait wer sin oan hie, om hjir te judasjen.’ Banjer, hielendal efteroan by 't skuorrefinster, slûpte fuort. Immen joech him in stomp, hy stroffele oer 'e efterhússtrjitte... syn possenaasje wie no útspile, fielde 'r wol, it jildfertsjinjen dien. En Foppe Liuwes brocht him tebinnen, wat de jonker ienkear sei hie dêr dy jûne yn 't húske te Jistrum. No begoan Bindert Japiks sels de lange ‘dagvaarding’ foar te lêzen, opmakke fan 't Geregte fan Achtkarspelen en ûndertekene fan Geuke Ljibbes en Fan der Kooij en wêr de nammenGa naar voetnoot1 op foarkamen fan allegearre, dy't oan de Kollumer opstân mei hândiedich west hiene, en lies teffens de boete op, wêr se ta feroardield wiene. It wie sa stil, men soe wol in spjelde fallen hearre kinne. D' iene seach teglûp nei de oare, mar elts foar oar hâlde him grut foar syn buorman. | |
[pagina 280]
| |
Einliks swijde it swiere lûd fan Bindert Japiks. Hy tearde it pompier op en stiek it yn 'e bûs. ‘En no, wat sizze jimm' hjirta?’ tante 'r de lju. ‘Wy ha rare lege eagen smiten, freonen! Is der no ek ien by, dy't it muoit, hy komme op. Of ha wy it allegear foar Oranje oer en yn Oranje foar Fryslân, it selsstânige Fryslân, frij fan Hollânske twingerij!’ en doe watte sêfter: ‘Alle leafde freget har offers freonen... alle lok wurdt ommers betelle mei syn eigen priis... Dizze priis is heech, taast ús oan yn ús goed. De measten sill' der har om bekrimpe moatte, in tindere brogge en faken in sûpke jenever minder. No, dêr kin 't sûnder, dy broudrank fan 'e divel is nin minske ea goed bekaam... Mar wat my o sa sear docht, freonen... it is net de straf... of it jild... of de kweanamme, dy't se ús oanwriuwe sille yn Hollân... mar it is de saak sels. It hat de lêste útsetter west foar ús. No is der gjin ferwin mear op. Wy kinne om ús hinne gnauwe as in snoek yn 'e fûke, it jout ús neat mear. Hollân krijt ús no alhiel yn 'e besnijing. Fryslân wurdt in wingewest, ôfbeuld as in âld hynsder foar in swiere fracht fan skulden... no en foar alle tiden, en al ús gloarje sill' se ta har nimme. Skrippe se al net, om ús ús Hegeskoalle te ûntstellen? Fryslân moat ta de wrâld út... As se koene, soene se selst de taal en de namme der útsnije wolle as in minskehert út syn lichem...’ De oaren bleaune stom, gjinien hie in wjerwurd, mar it gyng har troch ieren en sinen. In nu ver gemompel begoan warber te wurden yn alle hoeken fan 'e grutte skuorre, it wie in swier stik, om dizze bittere wierheid ferkropje te moatten. Einliks sei der immen bedest: ‘Bindert kin 't ús no allegear wol slim tefoaren prate, soe 't altemets noch net wat tafalle kinne? Men merkt der hjir noch net folle fan as no ja... mei dat jild is no wol slim, mar dêr ha wy ek de kâns foar hân om te winnen. Hokker grûn hat Bindert foar al dizze slimme fermoedens?’ ‘As men immen wat te Hen freget, is men al hear ôf, en as men frjemd yn 'e hûs hellet, om dêr te regearjen, wurdt men sels slaaf. Hy sit by de skerm en men yn 'e sigerige herne. Tinkst, dat Frankryk it rike Hollan om 'e nocht helpt? Witste noch net, dat wy yn 't koart in fyftichste penning opbringe moatte fan al ús goed en mar in rinte krije fan 3½%... as wy se krije?! Brekt de ynkertiering ús allegear op den duer net de nekke? Tinkst sims, dat ik myn fiif man ynkertiering altemets om 'e nocht útbesteegje yn 'e Hamster harbarge? En wy binn' noch lang net oan 'e ein fan 'e tiden ta.’ | |
[pagina 281]
| |
Foppe Liuwes, ek ien fan de âlderein, nikte byfallich. De jongeren woe 't net oan, hoe slim as 't wol stie, och, as men jong is, kin men alles tille... dan leit it hiele libben der foar as in effene wei. Mar al njonkenlytsen leart in minske hifkjen en soargjen... de jonkheid libbet der mar op los as de soldaat saterdeijûns. Moandeis is 'r al mak, tocht Foppe Liuwes, wylt 'r sa ris om him hinne seach yn 'e healtsjustere skuorre en hjir en dêr in goekunder tanikte. Hea, dêr stie ek in kloftsje Boerumers, Joege Innes yn 't foarmidden, en hy gyng deropta en hja fûstken, mar it antlit bleau stoef en hja seagen bedrukt. Och, it jild wie noch wol oer te kommen, dat net, al soe har 't helter wol útstrûpt wurde en de pong yn 'e alderlangste knoop komme! Mar dy grêven diene it him, ien op it Aldwâldemer tsjerkhôf, twa yn Driezum, en trije yn Ikkerwâld! It wiene offers fan minsken, dy't it Bataafske regear frege hie, in moai bewys fan 'e heechromme bruorskipeftichheid! De tûmeskroeven setten se linkendewei al mar kniperiger oan, earst de frijdom kwyt, doe it jild en no! de earste soannen fan it folk sels, dy't oars neat gjin kwea dien hiene as dat hja it wettich gesach fan 'e Oranjes, it har fan God taskikte regear, hânhavenje woene. Soe 'r dit noch ienkear belibje meie, dit regear wer op syn troane te sjen? de flagge nochris wer waaie op 'e Eastermarder toer ta eare fan 'e jierdei fan 'e stedhâlder, goudsjeblommen yn syn tún siedzje te kinnen, sûnder dat der immen kaam en skuorre se der by nacht en ûntiid út? Och hy wie in âldman en Joege Innes en safolle oaren wiene it ek... licht wiene se al lang yn it hinnekleed bespjelde, ear't it safier kaam. En dochs... hy twivele net oan Heger Bestel, nei dizze tiid fan benauwinge en druk kaam ek ienkear wer in bettere tiid. Dan soe it folk wer frij wurde en 't wêze sa 's alear: Fryslân wer it frije, moaie lân, en in Fryske Oranje, draagjend yn eare en grutskens de Fryske kroan, dy't him takaam en wêr it hiele folk syn rjuchtsbesef him yn skoarre, dy drage te kinnen... Hoe'n moaie dream wie 't, hoe'n betiizjende tsjoen fan takomstbylden! 't Koe allegear sa komme, al wie 't no noch mar in drôge, mar is net alles, wat no wurklikheid is, net ienkear ûntstien út wat doe spotsk drôge hjitten waarde? Bindert Japiks drôge net, dy hânele koartberet en koel. Hy siet op in ierdkarre en skreau de nammen op fan 'e lju, waans wapens al yn- | |
[pagina 282]
| |
levere wieneGa naar voetnoot1 op 't Stynsgeaer gritenijhûs of dy se weismiten hiene yn 'e stedsgrêft fan Dokkum. Ek skreau 'r de nammen op fan 'e lju, hielendal troch earmoed ûnbekwaam ta boetebeteljen. It wiene mar in stik of seis, want it folk, hândiedich oan it ferset, hearde ta de geseten lju. Earme lúsangels hâlden it mei it Frânske gesach, hja hiene ommers nea wat te ferliezen, altyd te winnen, as 't ris oan 't ferdielen fan 'e bút takaam. Hoe soene se der dan yn omskuorre, as dy bêste brave patriotten har ris frij lieten te dwaan nei har eigen wil! Hoe soene se sels skrippe, om it measte te krijen, al moast der dan ek in húsman om dea. As hja it mar hiene! - tocht Foppe-om. Fierders lies 'r ûnder deadlike stiltme it brief fan 'e jonker foar: nbsp; ‘Hampton Court de 30ste van April 1797. nbsp; Mijne seer getrouwe Vrinden. nbsp; Deeze wordt UEdn. geschreven uit de residentie van onzen Frieschen Souverein, te weten Hampton Court, waar ik na eene seer sware reis van zes dagen door Gods genade toch nog behouden ben aangekomen. Ik ben nu, waar ik moet sijn, in de schaduw van mijn', ja onzen seer beminden Vorst. Toch gaat mijn verlangen uit naar mijn vertreden Land en naar mijn verslagen, verootmoedigde vrinden. Wij hebben ons spel gespeeld, wij hebben verloren. Ik zie de toekomst donker in, mijn Heer doet het evenzoo. Hij weet niet en waarhenen zich te wenden, zijn herte is in bittere droefenisse om 't gene en is geschied. Laat ons allen onze oogen opheffen naar de bergen, vanwaar wederom eenmaal onze hulpe komen zal. De Heere is ook de God der legerscharen, Hij leidt ze naar Zijn wil. Seer zoude het mij verblijden, te mogen vernemen, of onze vrinden Jan Binnes en meester Marten en de anderen huiswaarts sijn gekeerd ende of se nog sijn beboet. Deeze wordt UEdn. gezonden door de tusschenkomste van Porter uit Harlingen en zende de Uwen ook alzoo. Ik groet U allen seer, mijne Vrinden, in 't bizondere Bindert Japiks | |
[pagina 283]
| |
in 't Clooster en Wibe Lubberts: Gedenkt mijner - banneling - in den gebede:
Ripperda.’ Wat roerden de wurden út dit syn brief teare snaren oan! It hert spriek ta it hert, ja wol dat! - En einliks fermoanne Bindert Japiks de lju yn in koart, earnstich wurd, goedwei de boeten te beteljen, de saak lei der no dochs sa ta, hja wiene oerlevere oan 'e dogeneaten en ferroppe foar it Hof te Ljouwert of sa, om 'e boeten ferlytse te krijen, soe dochs neat jaan, om't Hollân raasde om jild en dit moast wer as in lyts pynstillinkje brûkt wurde. ‘Mar wy wolle neat mei dat Hollân út te stean ha! Wat maalt ús dat Hollân?’ rôpen inkelden en hoe't Bindert Japiks, Fan Scheltinga en Joege Innes ek pratene, it folk bleau rare roerich. ‘Woll' jimm' it nochris besykje en dat it ús wer ôfgiet as te Dokkum?’ frege Bindert Japiks. Dêr prústen se ek raar tsjinoan. Nee, dat no just net... ‘No, wat woll' jimm' dan? Komm' op, dy't in útwei wit...’ It bleau stil ûnder 't folk, mar einliks pinfiske in bysûnder balstjoerigen maat: ‘As wy no as ien man ris wegeren, om dy boeten te beteljen, wat soe ús dan oerkomme kinne?’ ‘Dan krigest skúsjeboelguod, alles ferkoft en dan op 'e keap ta tsien man ynkertiering...Ga naar voetnoot1 en ast dy dan noch al te raar postuerste en net om lyk wolste... no, de bile is dêr altyd skerp te Ljouwert en der is gjin grutter plezier foar Hollân, as dêr in frije Fryske nekke ûnder,’ sei Fan Scheltinga bitter. It snie har troch it hert, dizze wurden. Wie it sa? Ja, it wie sa! Dat hie Hollân al lang in grutte argewaasje west, dat rike Fryslân dêre ûnder syn eigen regear, dijende fan wolfeart en frede... de Hegeskoalle te Frentsjer tige yn bloei en mennich learde ôfleverjend, waans namme | |
[pagina 284]
| |
klonk as in klok... Fryslân fleurich, sûnder grutte skulden en wol mei grutte baten, wat stiek it Hollân de eagen út! Dêr moast in ein oan komme, wa kin yn 'e wrâld de fleur fan buorman sjen en wurdt net oergeunstich? En no hiene se Fryslân yn 'e besnijing! goed knevele ek! en lei it der spinfuotsjend, machteleas foar! Hoe soene se it no tramtearje, ear't se it einliks genedich de deastek joegen. Der moast neat fan 'e âlde gloarje bliuwe! In útplundere hûs! in kealskodde beam! En dan koe 't folk gean, wêr it woe, as 't teminsten noch op 'e poaten stean koe... It jûne nei de moaie snein. Elts ried nei hûs, wrok yn it herte, opstandich it moed. Wat Bindert Japiks en Fan Scheltinga seine, wier wie it, befestige it sûn ferstân har, mar in oaren, tigen fûlen twinger, it gefoel, stie òp tsjin dizze twinglandij. En dan fan frjemd! Hie 't ien fan 't eigen folk west, in Fries ûnder 'e Friezen, hja hiene noch mei tsjinsin dwaan wold, wat hy gebea, al soe 't dan ek wrokjendewei west ha, mar in frjemd oerweldner!? Wûndere plannen spoeken der dy moaie fredige jûne yn in bulte hollen om. Hja seagen neat fan 'e hearlike wrâld om har hinne, hja kearden sa djip ta harselme yn, dat de bûtewrâld bestie net iens mear op dit stuit, allinne haat! haat! bemastere har tinzen en joech de sêftere fielings fan leafde en ferjouwing in triuw yn 'e bedelte. - Foppe Liuwes bleau te iten by Wolmoed-en-dy. Wie 'r dêr net as thús? En Wobbe en hy kuieren tegearre it lân nochris in eintsje út en beseagen de nije frucht, dy't der oerwaaide op 'e jûnsigen as in hearlik ûnthjit. De lege sinne streake 'er noch goudglânzich oer, in fûgeltsje, sêft fan lûd, song 'er noch syn sankje. It lûdsje wie sa fyn, it lûdsje wie sa tear, krekt as koe 't hast net ta jubel komme en woe it dochs sa minlike graach... It wie sa maitiidseftige jong, dit allegearre, en Foppe Liuwes en Wobbe, de beide âlde mantsjes, fielden har op 't heden o sa âld... âlder as hja ea west hiene. Hja hearden lûd praten en laaitsjen en seagen Wytse en Ritske mei Roanes Gearts kuierjen yn 't kleasterhôf, de wallen neisneupend, as der al ripe wylde ierdbeikes wiene... Hja koene noch laaitsje, dy trije, it gyng har noch net botte nei... ‘It bliuwt mar oan mei ús Wolmoed,’ sei Foppe Liuwes en syn eagen kipten wolgefallich Roanes út 'e trije. ‘Wat seistû derfan Wobbe?’ ‘Dy binn' foarinoar besteld, dat ha 'k al lang bespeurd,’ nikte Wobbe | |
[pagina 285]
| |
wis... ‘Us Wolmoed is keken en as sokken har wat yn 'e holle sette, dan slacht gjin minskewil it der ea wer út. As 't in ferkeardenien west hie, hiene wy der neat oan dwaan kind... no't it in goedenien is, liket it my in seine ta fan de Heare. Hy wit, wat it weeske nedich hat, wy beide, jo en ik binn' âlde minsken en Lysbeth ek, wy ha ús measte tal jierren hjir hân en hoe dan? It bern hat in stipe fanneden.’ ‘Soe hy dêr ta doge?’ hifke Foppe Liuwes útfreegjendewei, al hie hy foar himsels Roanes Gearts al tiden as sadanich beskôge. ‘Sjoch,’ sei Wobbe, ‘jo hâlde it stil fansels... ik ha ris nei him fernaam sa nei 't iene en 't oare. Hy hat jild fansels en dan hat immen ek fijannen, guont, dy't it him fergunne, mar de boaden by syn heites meie him graach lije en syn kammeraten binne ek goedsoartige lju. En it laach is goed...’ ‘Bêst,’ sei Foppe Liuwes deropta. ‘Ik ken se fan âlder ta âlder, it is gjin oastich hout om sa te sizzen.’ Sa kâlten dy âlde mantsjes dêr mei-inoar om, wylt de jonge feinten laaitsjend en pratend om hûs en hear kuieren. Roanes loerde alris skean nei de pleats, wêr hy syn famke wiste, en dan pleagen Wytse en Ritske him sa, dat hy waarde der hast mâl fan. Syn donker, djip baslûd klonk fol en helder en sims spitsten de beide âlde mantsjes de earen. Dan ferstiene se in koartswilich wurdsje. ‘Jonge! jonge!’ sei Foppe Liuwes... ‘doe't wy ek noch sa jong wiene...! wat wie 't doe moai...’ ‘It is noch moai,’ sei Wobbe droechwei. - Lysbeth raspe krekt de tsiis oer 'e broggen, doe kamen de manlju yn. ‘Wy binn' roppich as hinnepiken, no Foppe-om?’ ‘It hat in minne dei west,’ suchte dy. ‘Men soe einliks net ite moatte fanwegen al dy aaklikheden...’ ‘Kom, kom!’ susse Lysbeth, ‘mar gau in flaubyt. Noait de holle hingje litte, altyd der mar wer krankyl en fleurich by. Elts minske sit wolris yn 'e skuorsek, en de bêste medisyn is jimmer, de holle heech en de mage fol.’ ‘Jo prate wat,’ en Foppe Liuwes suchte noch djipper... ‘Wêr is it fanke?’ ‘Efkes nei de buorren nei de kammeraatskes. Sjoch, dêr komt se krekt oan.’ De âlde eagen fan al dy trije minsken seagen fol leafde nei har... de fleur en de gloarje fan har libben. Hiene se se mei-inoar net opsaaid as in lamke, doe't heit en mem it net mear koene? Hiene se | |
[pagina 286]
| |
dêr alle trije net likefolle oanpart oan? Elts foar oar easke syn part op, liet him net oer in strie lûke, fielde him dêr like nei ta as de oare, Lysbeth einliks aldermeast... Wat soene dy manlju ek al! Dêr kaam se oan, har leave, jonge pop! De sinne hie se yn de rêch, no like se grutter as oars. En wat stie dat nije gielsitsen pakje swierich en dêr de wytkanten skelk by foar. Al wennen se efterôf, hja wist noch wol fan moade, en 't moaiste út de fyndoekspoep syn marse achte se noch mar krekt goedernôch foar har. Al hie Wolmoed har eigen bern west, hja hie net mâlder mei har wêze kind, tocht se. Efter de elzenwâl seach noch ien har... Roanes stie dêr, hielendal wei yn leaflik oanskôgjen... Ut de fierte wei by in bocht fan 'e reed kaam hja in eintsje lyk op him yn... hy stie dêr stil nei te sjen, foar 't uterlike sa bedaard as altyd. Ritske en Wytse op in distânsje grânzen: ‘Pas op, datst net yn 'e sleat falste. Dêr 's wetter en Wolmoed net,’ en hja ferknypten har foar wille. Roanes diich, as hearde 'r neat. Ien tel waarde 'er yn syn siele in gerdyn oplicht en de binnekeamer fan it lok syn doar seach 'r en hy gyng der ta'n yn, stil en stadich, de djippe priuwer, want dat wie 'r. Hy preau oan 'e djipste roersels ta it sidderjende lok... hy naam it ta him as in rjucht... En hja kaam tichteby, gyng de hoeke om, linich fan swaai en yn 'e hûs. En noch altyd stie hy dêr, yn dreamen wei... ‘Wolst altemets ek in elzenbeam wurde? Kom, gien mei yn 'e hûs, Roanes. Fan acht oere ôf oan twa oere ta kinst se strak-ansens besjen... Hja hat ek in deaplakje op 't wang,’ pleage Ritske. ‘Hjir oansje,’ en hy wiisde op syn burdstoppelich kin. ‘Wy kenn' Wolmoed ek wol, no Wytse?’ ‘Fan oansjende, hear Roanes,’ sei Wytse heech en gyng neist Roanes yn 'e hûs. - Yn 't oankommen fan 'e lije foarjiersnacht wie diskear in wûndere hearlikheid. It hie yn lang net reind, no foel der somwilen út in tsjuster wolkje, hiel even in droeve glim oer 'e grutte moanne, in hantsjefol bûterdrippen. Hja foelen rjucht del en makken net folle gewach yn dizze stille bloeiende wrâld, al trúnden se ek de stadigen en 'e loaien en 'e letkommers oan ta bloeiberens. De lêste knoppen troaiken se ta iepengean, de lêste ikeblêden om de oprôle blêdspruten har kleverigens los te litten. In moaiwaarûltsje rôp, ien fan 'e Stynsgeaer bosken andere gysten... twa... trijeris, krektsalang, dat de oare waarde stil. De kamperfoelje geure, de michjes gûnzelen belust om 'e tafel, foar | |
[pagina 287]
| |
har oanrjuchte ta in feestmiel, en fan geurige ranken beskûle, brette de bûnte specht op in fol tal aaien yn 't holle fan in stamme. Dy stie deun by 't hûs, in âld boekebeam wie 't. It lette de fûgel net, want it folk dêre liet him betien, al woe hy ek twaris briede, hja soene him net ferbâlje. Heech yn 'e beam, dêr rûsde somwilen de snjitterige rein, efkes stil, efkes wiet, en no skynde de moanne wer. Lysbeth toffele nei de hutte ta te fjoerbestopjen, Wobbe skoatele de útdoar. Foppe-om wie al lang wer fuort, lyts yninoardûkt mantsje, op 'e hege seas seagen se him weiwurden dat út nei de Hamster buorren, op 'e jûn wol feiliger paad as dy iensume heide. Roanes siet op syn âld plak foar de hurd, no kâld, en de plaat en it koperen hurdsje moai oppoetst en in pronk fan in readkoperen grutte tsjettel oan 't haal. It skoarstienkleed roek fan stisel en de hiele keamer fan terpentyn. Hy helle syn pypke ris út de bûs en stie yn bestân. De toebak lei oars al foar him... in folle pûde bêste Jouster hearebaai... mar joech 't einliks wol pas hjir te smoken? Stadich, hiel lytse snúfkes tusken tûme en finger, begoan 'r de piip dan dochs mar te stopjen. Wolmoed snjitte der noch efkes út, ticht by him lâns, hy hearde it fertrietlik gejammer fan 'e kofjemûne yn 't foarhús en gepraat yn 'e molkenkeamer. Syn eagen wykten net fan 'e doar en by 't ynkommen seach 'r har fol en grut mei leave, twingerige langstme oan. Hja glimke jongfammige bedêst tsjin him, wylt hja it tinnene kofjekantsje op it komfoarke sette en de brune klontsjes yn 'e glêzene klontsjepot dêrneist en de Dimter koeke. En doe siet se, in lytse prinsesse, op har troan, al wie 't ek mar in knopkestoel en dêr in kaffen kjessen op. Hoe gau wie 'r by har...! hoe swiet de earste swiete pea...! De stuoltsjeklok roan as in hurddraver... d' oeren kopketûmelen, gnizerige kwajonges, inoar foarby. Roanes hie net folle te keap... hy triuwke en patte syn lytse pop almaroan en as se har ris efkes út syn earms loswynde, dan hâlde 'r dochs har hantsjes yn syn grutte brunen. ‘Ik kin dy net wer misse, Wolmoed,’ sei 'r op 't lêst hiel stadich en sunich. ‘Strak-ansens komt de simmer en de haaiïng... dan sil ik dochs in skoft net komme kinne... En ik kin net sûnder dy... Hoe soe 't no moatte?’ Hja sei neat, siet, de hânen yn sines en 't lytse kopke tsjin syn skouder oan, stil foar har út te sjen. ‘Sa 's dû dochste, is 't my goed,’ sei hja | |
[pagina 288]
| |
op 't lêst, as in sike sa sêft. Yn 'e grutte keamer wie 't as geflúster. ‘Pop!’ sei 'r en loek har wer ticht tsjin him oan... ‘En as ik no ris sei, om takommende maaie te trouwen, wat soest dan sizze?’ en yn syn moai djip lûd, suver as in sulveren klok, reaunte in trilling fan twivel. Al hope 'r sont tiden, al leaude 'r sont in set, och, al syn lok hinge op 't heden as in lytse sulveren kûgel te soeien boppe in djippe swarte kolke fan leed... En it lot boarte 'ermei, boarte mei him en syn leafde. Hokker kant út, jong minskebern... in flimende smert of in jubeljende freugd...? Hja nustele har tige ticht tsjin him oan, deun neist him flústere se: ‘Dat soe my ek goed wêze, Roanes...’ Yn 'e foarmoarn gyng hy nei hûs... de stille paden del nei Easter-mar. De beammen dripten noch nei, mar it reinde net mear en alles roek oeribele swiet, krekt as hie de hiele wrâld syn kostlikste geuren bewarre foar krekt dizze nacht. De lânen fol blommen geuren, de hagebeammen op 'e diken, de wylde roaskes yn 'e sleatswallen, en by in iensum boerehûs stie in âlde kastanje yn folle bloei. De jonge, blide moarn waarde warber yn 't easten en in sêfte roazereade skimer trille oer 'e loft, al fierder en fierder teante 'r, ont it hiele easten as in blom yn 't roazereade iepenbloeide. En dêrfoar... en ek gjin inkelde beam mear, stie allinne dy iene kastanjebeam en bloeide. Tûzenris bloeide 'r, tûzenris de jonge maitiid droech 'r op syn swiere âlde tokken. Roanes Gearts bleau in amerij stean en preau syn skiente en liet de heugenisse hjiroan stilwei sinke as in sulverstien yn 'e djipten fan syn op 't heden o sa ontfankelik gemoed. Hoe'n dei, hoe'n nacht...! De pilgrimsreize fan 'e minske, wat in hearlik, freugderyk paad, hok in wûnderen geniet it reizgjen tegearre al den dei, sa 's no syn kenber foarlân wêze soe... Geart skûtmakker hearde syn soan thúskommen. Hy makke krekt rislewaasje, om fan 't bêd te gean en ris yn 't waar te sjen. ‘Bistû 't Roanes?’ rôp 'r. ‘Ja,’ rôp dy werom en de jubel fan it lok lake yn syn swier lûd. Heit wist genôch. - De simmer gyng as in jonge, sterke helt syn hastige wegen. De seinen waarden harre, de stannen foelen, de bynstokken wipten op en del op de haaiweinen en hâlden, sêft fan twang, it balstjoerige nije hea yn lust, en op in jûne yn 't lêst fan juny waarden de earste foark- | |
[pagina 289]
| |
follen hea yn 'e gollen loege. Hoe geurich dy nije risping! hoe streksum dy nije wintertarring! De sinneskyn fan withoefolle sinneskyndagen wie deryn... de swiete balsemrook fan miljoenen blommen, de stille seine fan net te tellen reindrippen... de soeiïng fan withoefolle streakjende wyntwirren, tantsjende om siedsjes falle te litten foar it kommende jier, dat no syn tried al spoan tusken it wêzende en it kommende. Natuer koe ommers gjin stilstân... dizze mem har flitige hân koe gjin hjeljûn... De haaiïng wie krekt dien, doe brocht de biisjager de tynge bylâns, it Geregte fan Achtkarspelen soe sitting hâlde yn 'e Hamster tsjerke te boete-opfandeljen. - ‘No kin 't dan oan 't strûpen takomme,’ sei Bindert Japiks stoef. ‘Wat seistû, Anty?’ ‘Sa lang as ik myn seis jonges noch mar om my hinne ha, sis ik neat,’ andere dy. Bindert Japiks begriep de wink... der foel gjin wurd mear yn 'e húshâlding oer dizze saak. En de middeis fan 'e 27ste july 1797 trieken se allegear nei de Hamster tsjerke ta. Dêr sieten Keuning, Geuke Ljibbes en Fan der Kooij al yn 't fjouwerkant, goed fersegele efter it hekje en in wacht fan fyftich patriotten dêromhinne. 't Koe ris knipe... en dea is 't lêste. Har moaie gloednije faaitonne stie foar 't weardshús. 't Koe in nije wein lije, monsieur Poppéus de Rhee hie beskikke litten en jouwe har in ferearinge fan elkmis fiifhûndert gûne, om't se sa goed de skuldigen by de kraach krige hiene en de wapens ynlevere. Hússikings hiene se der om dwaan moatten, net sunich ek, en alles útfikeleard ta 't lytste bytsje ta. Der soe noch wolris in houdegen oerbliuwe, mar 't measte wie binnen. De fette baarch koe net mear wrotte, hy wie foargoed ringe en hoegde no allinne mar mear slachte te wurden, om 't smoar derút te snijen. De tsjerke wie al fol benaud en deemoedich folk, doe kaam Bindert Japiks Cloosterman, earste tsjerkfâd fan Droegeham en 't Bouwe-kleaster, der oanstappen... syn seis jonges efter him oan. ‘Wat moatte dy lytsen?’ sei de hûnegiseler by de doar en wiisde nei Nanne en Anne, beukers fan trettsjin en alve jier. ‘Mei,’ sei Bindert Japiks stoef. ‘Mar it binn' noch mar bern mei jo wolnimmen. Der kin in hiele fersteuring fan komme,’ abbeleare de hûnegiseler dêrjin, de eagen dan | |
[pagina 290]
| |
wer skean op Bindert Japiks, dan wer skean op 'e hearen yn 't fjouwerkant. Hy waarde der hjit fan. ‘Dû kinst nei de lju dêr tagean en freegje, ast dy net betroust,’ sei Bindert Japiks koartwei en bleau yn 'e tsjerkedoar stean mei 't gesicht op 't fjouwerkant. De hûnegiseler hipte nei de hearen. ‘Heit!’ flústere Ritske. ‘Stil no,’ hjitte Bindert Japiks him. ‘Harkje en swij, dat jimm' letter witte, wat der hjoed bart, bern.’ ‘De hearen sizze, lytse bern wurde hjoed keard. It is gjin preek, mar in fergearring fan 'e hearen patriotten.’ ‘Bliuw hjir mar efkes stean, bern, en harkje nau ta, wat ik no fierder sis,’ sei Bindert Japiks en gyng lykme-allinne yn 'e tsjerke op. As 't koe, o as 't koe, moast dy Keuning pyk set wurde! ‘Meie dy bern deryn as net?’ frege 'r bedaardwei oan Keuning, mar syn bloed, dat sear. ‘Nee,’ sei Keuning sneuterjendewei, ‘'t is no gjin gefimel fan sa'n doomnee hjoed, 't is in gearkomste fan it Frânske gesach, om de oproerlingen boete betelje te litten. Witt' jo dat noch net iens, man?’ Guont gniisden, guont, dy't Bindert koene, fleagen oerein, om as de need oan 'e man kaam, him te helpen. De wacht hie de hân al oan de houdegen, fyftich skerpe wapens soene der dan dochs wol oarder yn hâlde kinne, tocht har. Stadich gyng Bindert Japiks noch mear foarút, nei 't fjouwerkant ta. Hja stiene no lyk foarinoar oer, de deadsfijannen. Keuning waarde al wat wyt om 'e noas... it wie him oandroegen fan Banjer, it koe hjir hjoed wolris rare nuten kreakje, en al hie 'r noch sa'n wapene folk om him hinne, men wist net, wêr in razene kearel ta yn steat wie en ien kûgel is der mar nedich foar ien hert... mar hy skoarre himsels ta ferset en knypte de lippen stiif opinoar. ‘Dy bern net deryn, Wybren Keuning?’ frege Bindert Japiks no sa lûd, dat it klonk oer 'e tsjerke. ‘Nee! sis ik ommers!’ andere Keuning breinroer. ‘Dan der allegear mar út!’ rôp Bindert Japiks. ‘Ik as preses tsjerkfâd wol jimm' hjir net mear ha. Wêr 's jimm' tastimming?! Derút en fluch in bytsje. Staat en tsjerke binn' no skaat... dû hast hjir neat mear te sizzen, jonkje. Toe gau, gien yn 'e faaitonne sitten en rop dêr de lju byinoar...’ It wie in smoarhjitte dei... en Keuning siet ek leaver yn 't skaad. ‘O dû divel!’ flokte 'r. | |
[pagina 291]
| |
‘'t Is altyd kamp en noait woan,’ gniiske Bindert Japiks koeltsjes, ‘as tusken ús de hotte de file rekket, no?’ It folk wie oerein flein en stie der stil nei te harkjen, de Oranjemannen ferknypten har foar wille. Bindert stie him, dy wie tsjin him, de tiran, opwoeksen, woan mei glâns de felle wraksel fan man tsjin man. Bindert Japiks wonk. Stadich kamen syn jonges yn tsjerke, Wytse, de âldste, tweintich jier, foarop, Anne, de lytste, alve jier, efteroan. Sândersom gyngen se yn ien fan 'e hokjes sitten, lyk foar de preekstoel oer. It slachtsjen begoan. Earst waarde oplêzen, wat de getugen sein hiene, dy't by Hotse Jehannes, kastlein te Stynsgea, de 14de fan maartmoanne getúgd hiene, wat se al sa wisten: it jaan fan wapens oan al dat folk fan 'e Pein en guont fan 'e Ham, it hâlden fan oproerige fergearrings by nacht en by dei, it klippen fan 'e klokken, it oerhelje wollen ta dy ferflokte Oranjepartij, it oanstean en de twingerij om mei te dwaan oan it Kollumer oproer, it wêzen by en it fechten foar de poarten fan Dokkum, en doe waarde it relaas fan nammen fan 'e Ham oplêzen, fiifenfyftich. Gjerrit en Marten Clazes, de heechsten, hearden har nammen en de boeten,Ga naar voetnoot1 de alderheechsten: sântich gûne, en hja gyngen nei foaren en telden de sulveren munte út op 'e tafel, dy't yn 't tsjerkepaad stie, rychje by rychje, soarte by soarte, netsjes foar Geuke Ljibbes, no hjoed safolle as skathâlder. ‘Ik woe wol, dat dyn kop rôle as dy fan Jan Binnes! Bistû in kearel? Bistû in Fries? Fan dy hie 'k noait net sok gemiens tocht!’ biet Marten Clazes him ta. Geuke Ljibbes sei neat. Hy sloech de eagen foardel. De tiid kaam him yn 't sin, doe't hy en Marten Clazes maten wiene... en no... no ferflokte 'r him! In oar kaam en noch ien, noch ien, alle fiifenfyftich, it fette smoar fan it oergearre jild foel yn 'e panne om raand te wurden ta eare en befestiging fan it Bataafske gesach. It folk seach nei Bindert Japiks: sill' wy him oanfleane en meitsje him fan kant? Hy fielde, ien wink en de tsjerke, it hûs fan syn God, soe ûnthillige wurde ta in moardplak... It barnde op 'e neil... hy fielde it sinzjende fjoer smeulen yn 'e onstjoere herten. | |
[pagina 292]
| |
It duorre gâns in skoft, ear't al de mannen har penninkje offere hiene. Op 't lêst kaam 't noch safier, in stik of acht moasten nei hûs en helje jild, sa'n kaptaal hiene se net op rekkene. Ien amerij wie 't stil yn tsjerke. Doe gyng der ien oerein, grutte Gjerrit de foarsjonger wie 't, en dy sei: ‘Wy binne hjir yn tsjerke, yn ús Heare God syn timpel, it past ús yn dizze slimme omstannichheden, dat wy in psalm lêze. Sjongen jout gjin foech op 't heden. Soe 't mei 't wolnimmen fan doomnee wêze?’ ‘Doomnee is der net.’ ‘As 't dan mei 't wolnimmen fan Bindert Japiks-en-dy en de tsjerkerie is...?’ ‘Jawisse!’ rôpen se as ien man. En hy brocht har it boadskip fan 'e fjouwerennjuggentichste Psalm. Keuning siet te rideljen op 'e bank, hy koe him net ferwarre en moast it mar mei oanhearre, dat onnoazele gefimel fan dy domme âlderwetske boer út in âld boek fan 'e joaden... Hoe hate 'r dat Boek! hoe hate 'r alles, wat kristen hjitte! De neimiddeisinne skynde al leger ta de tsjerke yn, doe kaam Bouwekleaster en 'e Pein oan bar. ‘Heit, sil 'k strak-ansens nei hûs en helje jild?’ sei Wytse en loek him oan 'e jas. ‘Stil!’ andere Bindert Japiks. ‘Sangerje my net om 'e earen...’ Wybren Keuning, tûk op 'e sege, no't hy earst 'n tebekset hân hie, kaam mei Fan der Kooij út it fjouwerkant wei en gyng neist Geuke Ljibbes sitten. De soldaten deun efter him. No soe de bûter jild jilde, net sunich ek. Hie 'r Bindert Japiks, dy grutste dogeneat fan in prinsman, net yn hânen om him te rûpeljen, om him te strûpen oan 'e baaitsjeknopen ta? En ferwarre koe hy him net. ‘Timen Hindriks fan 't Bouwekleaster: fiifentweintich gûne,’ lies de opropper, in soan fan Hotse Jehannes, de Stynsgeaer kastlein. ‘Eelke Rommerts fyftich gûne.’ Stadich stapten de mantsjes, tige feraltereare, nei de tafel en skodden de pong út, dukaten, gûnen en fijfjes, inkelde âlde goudstikjes, fan heit op soan fererfd, rôlen derút. Dêr gyng it... foargoed... Noait seagen se miskien wer twa goudstikken byinoar. It wie hertebloed... ‘Harkje en wês no op jimm' openst,’ flústere Bindert Japiks en sette syn lytste jonge, dy't noch mar kwalik oer 'e bank sjen koe, op 'e knibbel. | |
[pagina 293]
| |
‘Bindert Japiks Cloosterman fan 't Bouwekleaster,’ rôp dy langramige jonge fan in Hotse. ‘Presint,’ sei dy. ‘Hoefolle krijst?’ ‘Trijetûzen gûne.’ De hiele tsjerke wie stomslein. Nimmen sei in wurd. Allegear hiene se de eagen op Bindert Japiks. Trijetûzen gûne! in grut kaptaal! Men koft dêr fjirtich fan de alderbêste bisten foar of in pleats fan hûndert pûnsmiet lân! Nimmen hie ea noch safolle jild byinoar sjoen. Langlêsten wie syn boete en dy fan in pear oaren noch net bekend en dêrom net foarlêzen, hja begriepen it no, it wie in foefje fan Keuning, om de Oranjemannen it mes op 'e kiel te setten, want de boete moast fuortdaadliken yn goede munte betelle wurde, oars waard der beslach op alles lei. Sa wòè monsieur Poppéus de Rhee it. Hoe soe dit komme? Mennichien briek it klamme swit út. Soe Keuning Bindert Japiks dochs noch lytsman krije? De tsjerkedoar fleach op en Jean, de grutfeint fan Bindert Japiks, seach om 'e hoeke. ‘Bring se mar,’ rôp Bindert Japiks. En hy kroade it jild by sekfollen ta de tsjerke yn. Hoe griisde it de minsken oan! guont koene it gûlen hast net litte en noch folle minder it flokken. Dy moast wol in bult mei Oranje op hawwe, om sa koelbloedich sa'n kaptaal ôfstean te kinnen. Soe men dy Keuning net nei de strôt fleane? Bindert Japiks diich neat fan dit alles. De sekken stiene kreaswei yn in rige yn 't middenpaad fan 'e tsjerke, lyk foar de tafel. ‘Noch mear?’ sei Jean mei in lyts benaud lûd. ‘Nim de oaren mar wer mei nei hûs. Sis mar tsjin de frou, der wie krekt tûzen gûne tefolle en dat ik ansens thúskom.’ ‘Bêstich,’ sei Jean en kroade stadich syn wegen. - Bindert Japiks seach ris om him hinne, neat as benaude of ferlutsene troanjes fol haat en bitterheid. In inkelden patriot gniisde him út, it maalde him net. Noait wurdt men oerriden fan in karosse, mar meast fan in dongwein, tocht 'r grutsk en hy gyng, de holle heech en de nekke stiif, út de bank nei de sekken ta en snie se ien foar ien los. Dêr rôlen se, de goudene en 'e sulveren munten lyk foar de fuotten fan Keuning en Fan der Kooij. ‘Der is net by oplêzen yn hânen,’ sei 'r lûd, ‘en dêrom, klau se fan de grûn, as jimm' se ha wolle. En no mannen... ien wurd. Dy't it noch mei him hâldt, wêr wy no hjoed sa om straft wurde, giet oerein as ik | |
[pagina 294]
| |
en myn bern en jouwe him noch stilswijend de eare, dy't him takomt.’ Alle lju stiene, behalven dan de trije man patriotten. ‘Dêr op 'e grûn leit in hiel kaptaal. Sjogge jimm' dat?’ ‘Ja!’ rôpen se as ien man. ‘Wit dan, ik jou it út de folle leafde fan myn hert foar myn soeverein. Ik hoopje, hy sil noch ienkear weromkomme by ús en de Heare mei him beskermje en al syn fijannen fernietigje. Amen.’ Grutsk joech 'r him nei de útdoar. Dy hiele jûne kaam nimmen him mear te sjen. Hy wie it lân útgien, om allinne te wêzen yn 'e stille natuer, him sa leaf, allinne yn 't selskip fan syn tinzen. Wie de priis altemets te heech? O nee! it libben soe 'r jaan kind ha foar de Oranjes en yn de Oranjes foar syn gelove. Wat wie it jild? In ripe apel fan in beam. In oar hat him set... in oar hat him snoeid, wer in oar hat him bloeien sjoen en de alderlêste, dy't selst gjin weet mear hat fan syn earste innich fergroeien mei de grûn, dy tept syn fruchten. Wat wie it jild? In kiste en in hinnekleed kostet gjin kaptaal en oars wurdt de deade ek al neat meijûn... En hy koe dy jûne, wylt der weagen fan grimmitigens en lilkens oer syn herte bolderen as in onstjoere see, dochs de dei noch seinje, wêr hy hjoed sà swier om beboete wie. Nochris wer derop oanstien ta ienselde died, ta ienselde stryd, syn biidwurd soe it bliuwe: Foar Fryslân en foar Oranje no en foar altyd! - Wat joech dit spul yn tsjerke dy deis in opskuorring yn 't doarp! Lang om let rekke it boetebeteljen dien... parmantich stapten Wybren Keuning en syn kornuten, op in distânsje folge fan de soldaten, wer nei de harbarge ta, dêr se har in jûnmiel sette lieten, besproeike fan mennich flesfol bêste âlde wyn. Der foel har in stien fan 't hert... it jild wie binnen en net in hier op 'e holle krinkt. En dat sei wat. It wie hjir yn it hart fan it oproerichste diel fan Fryslân en dochs! hoe stil en dimmen hiene se har de wolle ôfskeare litten! Allinne dy Bindert Japiks moast wer roet yn 't iten smite... as dy ris ûnder de griene seaden fan 't Bouwekleasterhôf lei, wat soe me dat in rêst jaan! No wiene se keal - hy ek! hune Keuning sunich tsjin Geuke Ljibbes, - no soene se wol gjin oanstryd wer krije en stekke de hoarnen yn 'e wâl. Geuke nikte, hy hie krekt de geve tosken yn in swinemaach fol krinten en koe deswegen mei fatsoen it swijen derta dwaan, hoewol yn syn hert...? jonge, jonge! it hie him dochs oangriisd, hoe't de min- | |
[pagina 295]
| |
sken har lytse sparduitsjes skriemende neiseagen. Hurd man op in weak tsiis, beroude him einliks syn baantsje al en no kaam itselde noch yn 'e Koaten, dêr sa'n sântich ûnder 't mes moasten, Optwizel mei njuggentich, Bûtenpost mei ienennjuggentich, Surhuzum, Surhústerfean en Stynsgea ek elts noch mei in poarsje. Sjedêr, hy woe wol, dat hy him der útwine koe, sà woe hy net langer. As 't derop oankaam, wie 't dochs fan syn folk, ja syn bloed! dy't se dêr tramtearren as wiene it slaven en gjin frije Friezen mear, en as dit de dieden wiene fan 'e Frânsken, sa mei jubel fan 'e Bataafske regearringslju ynhelle ûnder 't geraas fan Frijheid, Lykheid en Bruorskippelykheid, dan wiene dy dieden yn syn eagen min, sjedêr...! En al wie 't dan ek monsieur Fan Rhee sels, dêr hy him tsjin ferdedigje moast, stilhâlde soe 'r him net! Oanfjurre fan 'e wyn, begoannen hy en Keuning dêr op 't lêst om te kreauwen en dat bôze sa oan, dat Keuning rekke allinne fuort yn 'e faaitonne, in stik of wat Frânsken te ‘peerde’ efter him oan ta beskerming, want hy wie sa bang as in mûs en wakker yn noed om syn skoane trijtûzen en fiifhûndert en fiif gûneGa naar voetnoot1, de grutte bút fan dizze iene dei. De minsken, dy't him foarbyriden seagen, skodden de fûsten jin him, it lette him net. Dy't lêst laket, laket bêst... en hy hie it woan, al hie it knypt. Hy soe syn bêst dwaan, om Fryslân lyts en platbûsich te krijen en as 'r dan ta lean it ris bringe koe ta maire fan 't Kollumerlân, in baantsje, dat yn 't koart ynsteld wurde soe - wie dat net in prachtige kroan op dit syn wurk? Wie dat net it plak, wêr hy troch syn fermogens, syn skranderheid hearde? Geuke Ljibbes gyng nei hûs, yn 'e prakkesaasje wei, de holle foardel... ‘Bistû in kearel, bistû in Fries?’ hearde 'r alwei sizzen. It makke him mâl... hy rekke der suver fan út 'e liken. Wie 'r hjoed net tewekker skodde op in hurdhânige manear? Hy begoan no einliks te beseffen, wêr it om gyng. Al dy moaie wurden, al dy leidige praatsjes, wiene nearne oars om, as de lju sân yn 'e eagen te struien... Fryslân moast fergean, weiwurde, oft it nea bestien hie. Frânsk syn seden, Frânsk syn regear, rede syn gelove, en syn skoane jild, in roof foar de frjemdling! Mar dat soe noait wer barre, hy soe net wer hândiedich oan dat út- | |
[pagina 296]
| |
pûlkjen wêze. It snie him troch syn hert, krekt as stutsen se dêr mei skerpe messen yn. Yn 'e foarnacht kaam de kjers derby op en in nije guozzefearren pinne waarde oanlei en hy skreau Keuning mei in wurdmennich, dat hy, Geuke Ljibbes, der gjin sin wer oan hie, nochris wer as in beul derby te sitten, as de minsken de nekslach jûn waarde. It bloed fan Jan Binnes hie hy lokkich net op syn gewisse, mar de triennen en de ferflokkings fan oaren woe hy ek frij fan wêze. Dêrom winske hy ontslein te wurden fan syn affysje. Sà stoar de patriot yn Geuke Ljibbes... hy waarde wer in Fries. |
|