It jubeljier
(1994)–Simke Kloosterman– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 175]
| |
8Alde menhear Fan Rhee siet yn in grutte briedstoel foar 't fjoer en syn soan, de man fan Ljouwert, monsieur Poppéus de Rhee, stie foar him, de iene hân loaiwei op 'e skoarstienmantelsteunder, in kariatide fan roazekleurich moarmer, in moai fanke foarstellende, en de oare oan 'e lange pipe, dêr hy halen út diich, dat men koe suver de reek snije. Hy wie der net steviger op waan yn 'e lêste tiden, monsieur Poppéus. It wie allegear noch like slop en weak, men soe sa sizze, as men him in goede triuw joech, dan bleau de dobbe wol yn 't fleis stean. Syn bleekblauwe eagen har loaitsen sprieken nòch fan libbensnocht nòch fan sterkwillichheid, wykten en loerden wol alle kanten út, mar wiene dochs nea ûnder de slach te krijen, fierste ongeduerich as se wiene, dy loaitsen út de eagen fan monsieur Poppéus, en altyd op 'e strún nei ferhoalen hearlikheden. Syn bleekblond hier hinge him fier oer 'e kraach fan 'e jas, wynkleurich by 't feletten om ôf en fan 't aldernijmoadrichst fatsoen, wêr dy fan Andersen selst noch âlderwetsk by wiene. In grutte sidene bûsdoek bongele him út de iene bûs en de oare stie wiidút fan 'e brieven en ditten en datten, dêr trou en feilich bewarre. En dêr wiene ek wol dingen by, dy't heit net iens sjen mochte. Alde menhear Fan Rhee moast no einliks grutsk wêze op syn soan, mar och! hy wie it net, der miskearre noch al gâns oan. Mei skrippen en skuorren, bekuozzemuozjen en hânstopjen mei steapels goudgûnen út Anne har breidsskat, dy't aldergeloks tafoel en in tsientûzen goudgûne bedroech, beneffens it brûken fan 'e fruchten fan in sate op 'e Lytse Jouwer, hiene se him fan it iene baantsje nei it oare, bettere, hyst. 't Spande sims danich en hy krige der wolris in opstopper op ta, mar habben is habben en krijen is keunst. No wie Poppéus dan, wêr 'r wêze moast nei heite ynsicht en no stiek 'r de hoarnen yn 'e wâl en liet roasje soargje en syn âlde heit mei de saken oanpiele. As 'r koe, pykte 'r út nei Amsterdam en hy wist mar al te goed, wêr Poppéus hinne gyng as jûns de kjersen flau begoannen te barnen en de lûken fan 'e grutteljushuzen oan 'e Hearegrêft tichtset waarden op 'e pin. Op dy Hearegrêft by de Leidskestrjitte wenne no dy aardige leidige | |
[pagina 176]
| |
madame Levoissier mei har trije dochters... dêr hie hy wakker de rin, sei men. En fan 't simmer hie me dy trijekaart fan dochters hjir útfanhûze ek by sa'n snueshaan fan in útlanner, in luitenant fan it peardefolk, en Anne hie net sa goed west, as hja hie har dêr in jûne fersykje moatten, de hiele santepetryk fan jonge luitenants en har froulju en fammen en Poppéus yn 't foarmidden fansels, slop en kâld as altyd, mar as in ûn fol fjoer fan binnen. En hy koe sok slach fan stillen goedernôch, om te witten, ienkear dan sloech de lôge nei bûten ta út en soe 't in skandaal wurde. En dêrom besochte 'r, jitteris de jageline te pakken en Poppéus te stjoeren, wêr hy him ha woe. Hy diich it foar syn âlde, onbesmotske namme, hy diich it foar Anne en syn bernsbern, syn lytse genaamt aldermeast noch. Wêr kaam dy ferkearde oast yn syn jonge dochs wei? suchte 'r wrokjende. Hie 'r net alles nei syn begear? En hy seach de keamer ris yn 't rûn, hast in seal wie 'r mei syn fjouwer finsters - en wat wie 'r ryk opsierd troch syn besniene, mei goud ôfsette panelen op doarren en blinen, syn skildere behang, de jiergetiden foarstellende, syn skoarstienmantel fan it prachtichste bleekreade moarmer, syn kostlik dik kleed op 'e grûn, wêr de fuotten yn weisonken! Troch it skimerige ljocht fan 'e kjersen op 'e skoarstienmantel wie 't allegear sa eigen, sa húslik, dat in minske moast him hjir wol nei wenjen sette kinne, tocht him. En 't moaiste wiif fan Ljouwert wie folgens de hjitting de jonge mefrou Fan Rhee. En it bêste baantsje, dat fan thesaurier-général oer hiele Fryslân, dat hie monsieur Poppéus de Rhee, waard der sein. Hy hie it te tankjen oan in heldere tins yn syn heite breinkasse op in goede jûn. En wat hy sei, wie no wet nei it gedobbel om 'e macht langlêsten. As goed Jacobijn woe 'r oan 't roer, alhiel baas wêze, lykas 'r dat syn libbensdagen al winske hie, autokraat yn mark en bonken, en Moreau en hy spilen ûnder ien hoed, doe't dy mei syn hiele militêre macht fuorttriek en hy ketsjerûmte krige, it âlde regear fuortjage en himsels op 't stuoltsje sette. Wat 'er sa lang yn hinge hie, makke hy, dat syn beslach krige: hy twong de Friezen, om ta te stimmen en ek mei te dwaan oan 'e Konvensy. Hy glimke efkes smoutwei yn himsels: krekt dy toarne út 'e foet en hy in plûmke fan 't hege regear fan 'e Haach, doe kaam dy ferjage kliber werom en soene him ek kopketûmelje litte, mar o hy hie en hâlde alle triedden noch yn hânen, om syn marionetten dânsje te litten! jitteris spile Moreau mei al syn folk de wyk en hy waard' en bleau jitteris baas! Hy hie de tosken opinoar set... hy | |
[pagina 177]
| |
wòè... en mei dy syn sterke wil dreau 'r se, wêr hy se mar ha woe! En lyts hâlde soe hy se... hja soene krûpe allegear mei-inoar! Dizze reboelje wie yn selle as in twirre oer him hinne strûsd en hie him de haat fan tûzenen en de freonskip fan inkelen, ûnder dy Koert fan Beijma, besoarge. Dizze, in gleon patriot, soe dan einliks Fryslân fertsjinwurdigje yn 'e Haach... en Poppéus, ja Poppéus, soe der grif side by spinne, want hie syn heit Fryslân, dat sa lang tsjinabbeleare hie en de hiele boel dêr yn Hollân tsjinkeard! no einliks net safier krige, dat se as nuete skiep selst op 'e skearder takamen. En de Bataafske Republyk leane goed, dy't har goed en trou tsjinnen, dat wist 'r. Mar no moast der jild komme, want stie Fryslân, ryk en sûnder skuld, no net mei yn foar de skulden fan Hollân? Syn onôfhankelikens wie 't kwyt... it wie gjin lân mear op himsels, allinne in provinsje, al wie syn folk dan ek sa grutsk as in pau en joech him mar kwalik del ûnder 't nije gesach. Dat koste miljoenen. It âlde hiene se hast om 'e nocht hân, blykte no... sunich by 't wâltsje lâns leine der yn steds- en gemeentekas slompen oersparre jild. Dêr liet 'r fansels beslach op lizze. Wêrearne yn 'e wrâld easkje de nije hearen net de folle pongen? Dat 's ommers de earste oerwinningsfreugd! Al gaueftich wie dit saad ek wer fersâne en hy hie him hast wer suf prakkesearje moatten om nije belêstings út te finen, wylst Poppéus in fidibus draaide fan syn siferbriefkes en dêr in nije piip mei oanstiek. Heit soe wol wer in útwei fine, hie hy koel sei en heit, âld rot, gewiksten útpluzer op rjuchte en sydwegen, fûn dy al moai gau. Der gyng in skreau fan ontsetting op yn Fryslân, doe't men fan dit nije plan hearde, en hy gniisde. Soene de tsjerken oanrand wurde, it dierber besit fan 'e frommen? En de doomnees ôfset? En de tsjerkegoederen ferkoft? De godshuzen streamen fol, de doomnees diene alle war, it folk yn 't stjoer te hâlden en har foar alles yn te printsjen, wat der ek barde, it wie Gods wil, ek dizze saak. Hy hearde derfan, in fyn kâldgnyske krolde om syn lippen. Hoe spartelen se, dy frommen, as in fette fisk yn 't net! Der wie gjin ûntkommen oan en mei in stevige streek skreau 'r de nije wetGa naar voetnoot1, lei se foar oan 'e representanten en syn soan. | |
[pagina 178]
| |
Sleauwei hie Poppéus dêr syn namme ek ûnder set en alhoewol de measten derfoar wiene út oertsjûging of frees, dat koe him neat skille, kaam der ien opponint foar 't ljocht, dy Daam Fockema, dy aap fan in jonge. Hy achte de saak net rjucht, liet 'r him witte, en hy warskôge foar de gefolgen. Wat wist me sa'n mûlryp feintsje noch fan soks? Soe dy him, al lang yn 't sâlt bebiten, warskôgje? Wêrfoar en wêrom? Dy't preekje woe, koe wol in lokaal hiere en dy't sjonge en bidde woene, diene dat mar yn har eigen hûs. Dan koste it neat en soe wol likefolle helpe, - hie hy laaitsjend sei. ‘Wy dogge it der ek wol sûnder, no?’ Poppéus hie flau-oandraaid nikt, hy siet mei niget te lêzen yn 'e Decamerone en beseach de moaie printsjes en liet heit mar skrippe en wrotte. It hie me in opskuor jûn yn Fryslân fan wêr bin jo my, doe't it earste jild ynfoardere waard en op heite oanstean hie Poppéus in skoft yn Brussel tahâlden. Hy woe syn jonge, de thesaurier-général, net dea ha... in rút of wat stikken yn 'e hûs, dat mocht noch hinnebruie. Mar einliks belune de stoarm en begoan it jild moai dripkjendewei binnen te kommen. It gyng stadich, mar de bêste saden binne de buorrelders, net de spuiters, dan is 't gau dien - en de tsjerkfâden en de gasthús- en weesfâden hingen oan 't jild as tiken oan 'e wolle. It mes waard har sa op 'e kiel set, dat hja moasten einliks wol en hy wreau him yn 'e hânen, dizze útfining besloech boppestbêst, Ljouwert wie foar gâns in set út 'e jildkrapte en hy soarge wol, dat Poppéus eard waarde as de gnappe rekkenmaster, dy't dit plan úttocht hie. Hysels bleau efter de skermen en hie syn wille. Mar 't is net lang sinneskyn, as der komt wer in bui en no siet 'r wer yn noed en soarch om dy jonge. Dit woe 'r net en dat woe 'r net en as 'r al wat diich, roan 't altyd op skea út of hy sette himsels op in nuvere manear fêst. Krekt as wiene syn tinzen altyd op 'e doele. - Sà tocht d' âldman en koe syn soan der hast om hate. It hekke al gauris mei har yn 'e lêste tiid, sa 's no hjoed ek wer. En dan socht 'r syn haal by Anne en de lytse poppe. It moaie wiif fan syn soan, har leaf antlit mei syn sêftreade wangen en blierkjende heldere eagen, de gutigens fan it mûltsje en 'e dertenens fan de dobkes yn dy wangen, it wie him in eachweiding, as hy it ris wer seach, de genaamt spinfuotsjend op 'e skoat en syn lytse fingerkes lûkend oan 'e krollen fan har glânzich hier. Hy ferstie har better as syn soan it eigen wiif, en Anne, o hja roan | |
[pagina 179]
| |
heech mei pake! sa 's se him altyd, it leave sêfte lûd ien strieling, neamde. Pake wie har bûnnoat, har help en har stipe yn mennich ding. Mem stie 'er alhiel bûten, foaral no se har yn in twadde trou bejûn hie mei har fâd. En as Anne om dy dagen tochte, dan suchte se. Hja hie har it libben ek oars winske, as it kaam wie. It wie allegear sa deagewoan, it libben in ferfeelsum karwei, om trochhinne te arbeidzjen nei de ein. Hiel djip yn har hert fielde se har altyd noch de aristokrate, dy't har delbûcht nei de boargerman, al is 'r ek noch sa ryk en yn oansjen as de Fan Rhees, en bytiden, as se in min sin hie, liet se it net, om him ris in gefoelige ealjebijsprip te jaan. Dan glimke hy fyntsjes en liet it by him delglide as wetter by in iel. Leaver sa'nien ta skoandochter, dêr fjoer yn siet, as in sleau tutsje, dy der net iens in eigen oardiel op neihâlde. Ynienen krige hy der sin oan, no fuortdaadlik ris efkes by har te sjen. Poppéus syn stúmjend selskip wie net folle oan. ‘Giest mei nei ús jongfolk?’ frege 'r, wylt 'r de piip delsette yn 'e stander. Poppéus bromde wat. It sinnige him net, hearde 'r wol. Hy loek de jas rjucht, sprinkele wat lodderein op 'e klean en skode de prûk in bytsje út de eagen. Efkes riboske 'r, doe't 'r út de waarme keamer kaam, it loek kâld yn 'e gong, al skynde de sinne maitiidseftich en wiene de dagen moai oan 't winnen. Dêr begoan me ynienen de âlde spylklok yn 'e gong te spyljen, skel, gekjeiendewei mei hege trillerige lûdsjes en syn âld wyske brocht yn in omsjoch in libben fan fleur en ljocht yn 't healtsjuster fan 'e brede gong. Tra... là!... tra... là!... tra... là! gyng it, in âld ruterkeliet foar hûndert jier nij en neisongen troch in jonkheid fan doe. De popkes boppe yn 'e wizerplaat niigden en bûgden, de boatsjes op 'e frjemdblauwe wetters skommelen, de triedsjes fan it touwurk trillen en wynderen, suver as blies der in wyntwirre fan 't ferline yn 'e seilen. Heech en skel song de klok troch, ta twa kear ta itselde âlde, wufte, leave, dertene deuntsje. Doe waarde it ynienen deastil... de klok sloech fol, fjouwer oere. De hânen yn 'e bûs, de skrandere eagen heal tichtknypt, sa stie âlde Fan Rhee dernei te sjen en fermakke him dermei, hoe't de boatsjes noch altyd skommelen en it wiiske fan 'e klok noch itselde wie, as doe hy him as lytse jonge foar 't earst hearde yn syn heite hûs. En no hearde syn bernsbern him al sa, lytse Henricus fan Rhee. | |
[pagina 180]
| |
Mei hasten stapte 'r nei de túnkeamer ta en diich sunich de doar op. Wat 'r doe seach, wie suver in skilderij. Foar 't finster yn 't grille ljocht stie de lytse boi, in hege steek op fan swart sitspompier, in kwast fan útraffele en útpluze fjoerread sajet der foarop, in lange jageline fan pypstallen en reade lapkes om 'e mil oer 'e liebân, in grut swurd fan goudpompier op 'e side. En Anne yn har sidene staasjejurk dêr efteroan en dy mende him en hja songene it heechste liet tegearre fan ‘De Peerdeman’: ‘Paardje, vlieg maar in galop,
Hop! hop! hop!
Huizen, bomen, vliegensvlug,
Zie 'k zo glijden op je rug.
Hop! hop! hop!
Paardje, vlieg maar in galop,
Hop! hop! hop!
Ren als 't haasje zo gezwind,
Dat ik vaders huisje vind,
Hop! hop! hop!
Paardje, vlieg maar in galop,
Hop! hop! hop!
Nu rijd ik je naar de stal,
Ruik je daar de haver al?
Hop! hop! hop!
Paardje, wil nu stille staan,
Sta! sta! stil!
Straks wil 'k wel weer spelen gaan,
Maar na rijden komt eerst staan,
Sta! sta! stil!’
En de lytse beuker stie by it lêste ferske as in mûske yn 'e hoeke fan 'e keamer, de skonkjes kutich ticht oaninoar en de earmkes rjucht by 't lyfke del en Anne dêr sjongende foar mei har leaf lûd al mar herheljend: ‘Straks wil 'k wel weer spelen gaan, maar na rijden komt eerst staan. Sta... sta... stil...’ En by 't lêste ‘stil’ krige se har lytse poppe op en treau him al tút- | |
[pagina 181]
| |
sjend tsjin har oan, wol twa-, trijeris. De steek rekke der by ôf en de kroltsjes kamen foar 't ljocht, sêfte blonden as harres. En pake rekke sa fereale op dy twa, dat hy stode ta de keamer yn en beflapte se allebeide tagelyk yn syn earms. Lytse Henricus kraaide 't út fan plezier en Anne glimke har leafste glimke en troaide him mei nei de hoeke fan 'e keamer, wêr de tee klear stie op de grutte rûne tafel. En hy sette Henricus op syn knibbel en begoan fan 'e weromstuit ek te sjongen fan: ‘Din, din, din!
Harmen wever is op 'e rin!
Wat juster noch in pykje wie,
Dat is no 'n âlde hin, hin, hin,
In âlde hin!’
‘Noijis,’ skoaide de lytse man, en hy sette it nije Frânske teldeuntsje yn en wiisde nei mem en Henricus en himsels en telde: ‘Eunom, deunom, des,
Katrom, sinkom, ses,
Halve jan, doktersman,
Enne penne, tryf! traf! troef!’
It kaam krekt sa út, hy wie 't fansels, en doe boarte 'r foar hynsder en roan op hânen en fuotten de keamer lâns, lytse Henricus as in grutsk ruterke op 'e willige rêch. O dy mûtelens fan 'e lytse earmkes om syn hals, it swiet gewicht fan it waarme lichemke ticht op sines! As 'r no dy dwangnagel net hân hie mei syn grutjonge, ja, dan hie hy op dit stuit lokkich west, dat fielde 'r. Mar de alderbêste hynsders ha altyd noch wolris in ferkearde dwarrel yn 't hier, treaste 'r himsels en paste tige op, Popke net yn 't petear te beheljen. Hy murk wol, it siet har heech en ja sjedêr, op 't lêst begoan hja der sels oer. It wie mei tsjinsin, dat bespeurde 'r wol. 't Moast dus wol oer de hege skuon gean mei dy twa, tocht 'r mei skrik. Mar hy diich, as wie der gjin wolkentsje oan de loft. Wat is ek minder wurk, as tusken beam en bast omhaffelje? - Fûn se it ferfeelsum, dat Poppéus snein alwer nei Amsterdam ta moast? It koe net oars... in man fan syn posysje mòàst fieling hâlde mei syn partijbestjoer, en in pear dagen, och in pear dagen wiene sa | |
[pagina 182]
| |
gau om. Hja kaam mei de lytse jonge mar by harres, beppe hie al wer sa'n ferlangst. En dan soene se út te riden, fjouwer echte hoppen foar de wein en Henricus mocht foar sitte by de koetsier. De lytse jonge rekke alhiel poer, hy wie net mear fan syn knibbel ôf te slaan en tegearre slynden se sa fan 'e Dokkumer fluitsjes en kekskes, dat de hiele tromp rekke leech. En doe jage mem se fuort, in glimke om 'e lippen, in skaad fan leed yn 'e eagen en hja sloech sabeare nei har mei it breidzjen. En menhear Fan Rhee syn opskerpe eagen, dêr neat oan ûntgyng, markbiten, der wie in lyts hoaske op 'e priemmen set, in hiel lytske, wer in hiel lytske... Hy sei neat... de lippen ticht opinoar knypt, joech 'r him stadich ôf, wer nei boppen ta. Poppéus hingele dêr noch altyd om, de ferfeling op 't antlit. De hiele keamer roek fan toebak en snuf en op 'e tafel leine in stik of wat brieven. It pompier wie himelsblau en de sluven hiene in útlânsk fatsoen. Hy wie lang goed, mar no waarde 'r siedend... En hy ferbea syn soan de reis nei Amsterdam, koart en goed. En as 'r it diich, dan soe 'r him de talage koarte. Poppéus seach him fan teside wei loerjende oan en seach him ek al wer net - o hoe koe hy dizze ôfwêzige, ongeduerige, onferskillige loaits! sei gjin wurd, krige onwillige stadich syn brieven op en syn snúfdoaze en gyng ta de keamer út... Efkes letter hearde 'r de foardoar tichtslaan, monsieur Poppéus de Rhee gyng oan de kuier, de rôk mei gouden knopen oan, de gongelstok mei goudene knop yn 'e hân. En al wie 'r noch sa breinroer, hy koe 't net litte en gean foar 't finster stean en sjogge him nei, lang en smel sa 's 'r dêr gyng, watte slopeftich op 'e gong, mar fan 'e plasse oan 'e fuotsoallen ta de menhear, de man, dy't syn eigen waardij kin, him fan gjin minske oerstaak sette lit, gjinien telt as himsels, om't hy gjinien wizer en ferstâniger en snoader wit. En eltsenien dy him foarby kaam, niigde al fan fierrens, it ferstânshuodsje of de pet ôf en de measten bleaune selst stean, om him foarby gean te litten. Hy stie dernei te sjen, de eagen stiif op syn oerhearrige, ondôgense, dierbere soan. En sà seach 'r fan 'e oare kant doctor Falentijn oankommen, de sjirurgynslearjonge efter him oan, it kistje mei bloedsûgers en ynstruminten ûnder 'e earm en 't linnen sekje mei pluksel yn 'e hân. Fluch en stevich stapte hy deroer, de sinne be- | |
[pagina 183]
| |
skynde him krekt fan teside, as hie hja niget oan dit har sûn, sterk, treastbringend minskebern. It gyng hurd... it gyng der mei staasje oer... Hy seach de donkere eagen, it brúnferbarnde antlit ûnder de hege doktershoed. Hoe soe dit gean...? Noch in stap of wat en Poppéus en Jehannes moeten inoar. Wa soe 't earst groete? Ticht by 't glês, de noas hast op 'e ruten, stie hy dêr nei te stoarjen. Jehannes kaam... no wiene se dan njunkeninoar. Jehannes draaide stadich syn holle om en seach yn 'e oarrewei, suver as wie der gjin minske op 'e wei en alsa diich ek de learjonge... Krekt as joegen se Fan Rhee in klap tsjin de holle. Hy fielde it as in smaad, himsels oandien. En wat joech it him in stek yn 't hert! Hoe lang wie 't lyn, doe farden se noch as freonen nei 't Wetterlân en no... der wie wol in grut skied kaam. Ja! ja! as der kleur bekend wurde moat, wurde der ek fijannen berne! Mar dit wie dan dochs noch noait fertoand! Al wie 't op in distânsje, de beleefdheid hiene se altyd noch yn acht naam. Mar no mei dy tsjerkespullen en 't oantaasten fan 't fêst goed fan gasthuzen en weeshuzen, dat hie wol tige slim kweabloed set. Net dat it him in koarel skille koe... as Poppéus der mar by woan, it oare, àl it oare fan 'e hiele wrâld, maalde him net. Sà seach 'r syn soan, monsieur Poppéus de Rhee, dy moaie winter-middei gean, de jeugd fan syn geslacht, al syn hoop, al syn stribberaasje. Wêr libbe 'r oars foar, as 't net foar syn jonge wie? As 'r him net hie, no dan leaver yn 'e grûn as in dea dier, yn 'e grûn, yn 'e swarte modder, dêr de ein is fan alle dingen, dêr neat mear is, neat, neat...! De Frânske wiisgearen har boeken wiene syn bibel en dochs lispele sims de twivel yn syn sûne harsens... Soe der ek nochris wat oars wêze kinne? En o... hoe dan mei dy... sondaar, earme lytse sondaar... Wa is dan de foarpleiter op dyn deabêd?! Dêr gyng de jeugd wer, sa 's hy dêr ek ienkear gien wie. Dyselde beammen stiene der noch te waaien, dyselde sinne beskynde se wer en aaide har mei sêfte koesterjende hân, as in mem it lytse skurtebern. Hy hie syn plak mei eare skjinmakke, nimmen koe in neil efter him krije. Wat soene de lju fan Poppéus sizze, hoe derûnder stean, as hy ek ris de fiif krúskes op 'e rêch hie? Dan soe hy wol in wiis en ferstânich man wêze en dwane gjin domme dingen mear, de wylde sinnen wol betûmele wêze en hy him bejûn habbe yn 't húslik bedriuw fan in | |
[pagina 184]
| |
earsum heit mei in hûs fol bern, dy't ek allegear wer teplak moasten. Leave, lytse bern, dan al grut, in moai skaai fan syn moaie Anneke. En hja soene allegear har kalme aard erve en net folle fan heite nuvere fizefazen. Stadich dripten der in mennich reindrippen op 'e pannen. Efkes in felle snjit, doe wie 't ek wer oer en de loft blau as in flaaksblom om middei, dy't te bloeien stiet. Fan Rhee skelde om syn mantel en joech him ôf nei hûs. Hy trêde der bedachtsum oer, it gewoane stedskuierpaad lâns fan eltse eptige Ljouw'ter, it Breed fan 'e Nijestêd, it Nau, dan de Bierkelders op, de Dokkumerein lâns, by 't bolwurk op en sa om de Prinsetún hinne nei hûs. Op 'e weromreis kaam 'r Falentijn's foarby en fol wjeraks hearde 'r se dêr sjongen. It klonk sa moai yn 'e ljochte, stille jûn, dat hy bleau stean en harke dernei en einliks, wêrom wist 'r sels net, gyng 'r troch 't strjitsje, in eintsje fierder en kaam oan 'e efterkant fan it hûs by de weverij en de spinkeamers. De wytkalke muorren fan 'e huzen joegen noch ljocht op, mar hjir en dêr barnde al in kjers op in hege kandler of it tútlampke. Wat lei 'er in leave sfear fan frede en wolbehagen nei de dei syn drok bedriuw oer dit alles, de lege húskes mei har lytse finsterkes en heechoppe gevels, noch ljocht yn 'e lêste neiglim fan 'e jûn, in pear pratende wyfkes oer in ûnderdoar, dy't him benijd neiseagen en efter syn rêch drok begoannen te flústerjen, in njuete ekster, dy't him wiis útskattere yn syn kouwe en in âld húsman, dy de skieppeweide hierd hie fan 't bolwurk en no stadich syn feestapel nei hûs ta dreau. Hy kende Fan Rhee en bleau fan fierrens al stean yn need'rige dimmenheid, om te groeten en him foarbygean te litten. Gol en freonlik groete Fan Rhee werom en gyng stadich foarby. Hie 'r doe omsjoen, dan hie hy him raar besaud. De húsman wie ynienen yn 'e grûn fersonken en de skiep sochten sûnder him it rip. Mar Fan Rhee kuiere fierder, krekt as loek der him in wûndere seilstien nei in plak ta, as waarde 'r hjitten te gean, en warde him net, liet him selst willich liede. Foar it efterhûs fan Falentijn stie 'r en harke. Earst koe 'r neat ferstean, al skerpe 'r syn earen ek noch sa op, alles wie gemompel en neat oars, en hy gyng hiel sunich ta de gong yn. Dêr foel in ljochte streek, der wie in oare doar en dy stie oan... | |
[pagina 185]
| |
En doe seach 'r in lytse spinkeamer en op 'e lânsein, it fierst fan 'e doar, it behindige, smelle figuerke fan François Falentijn foar in âld tafel en dêr stie ien kjers op te flikkerjen neist de grutte Statebibel. Hoe wyt like 'r no en hoe âld! Mar syn lûd wie jit jong en fol fjoer en hy koe 't net litte en harkje dernei, wat 'r lies, lûdop: ‘Die in de schuilplaats des Allerhoogsten is gezeten, die zal vernachten in de schaduw des Almachtigen. De wurden rôlen oan as frisse wetterstreamen, der kamen al mar mear, al mar mear... En doe't hy oan it hearlike ûnthjit ta wie, wêr de Heare Him mei ferbynt oan al Syn folk, doe gyngen syn âlde wite hânen as seinjend omhegen: ‘Dewijl hij mij seer bemint, spreekt God, zoo zal Ik hem uithelpen; Ik zal hem op een hoogte stellen, want hij kent Mijnen naam. Efkes bleau it stil, doe begoan Falentijn te bidden, mar in wurdmennich en as einbeslút droech 'r de Oranjes, fier fan har folk en lân, op oan syn | |
[pagina 186]
| |
God. Hy soe se ienkear wis werombringe yn har lân, as it Syn tiid wie. Mocht it har dan fergean as Job en Hy har lêste mear seinje as har earste. Fan Rhee yn syn ferskûl fielde it fêst betrou, wêr elts wurd mei sein waard'. François Falentijn leaude oan 'e ferfulling fan syn bea. En hy wie net mar sa in dagelyks minske, dy't men alles wysmeitsje kin, wat men him ta ha wol - nee, der waarde wol sei, hy wie de aldergeleardste fan hiele Ljouwert. Syn biblioteek hie har gelikens net boppe de Tsjonger en syn muntesamling wie selst yn 't bûtelân fier ferneamd. Yn syn jonge jierren hie 'r grutte reizen makke nei Parys en Londen en dit sa'n wiis man no sà! sà! Dy earme ferbjustere dweper! hy in foargonger fan 'e lytse lju en dêr mei dat folk yn in hok oan 't sjongen en bidden! och! och! En hy loerde skean, it âlde glûpersgesicht ien spanning nei it gearset, yn dit spinkeammerke byinoar. Op 'e earste rige op kjessenstuollen Pronica en Bet en Andree en Mulier, ek al net wizer. Alde Ripperda dêr ek al middenmank en De Witt en 't wiif en Elske Baerdt. En dan wat mindersoartich folk, spinsters en sa en wat manlju. En sa wier, dêr kaam Jehannes yn mei de fioele en hja begoannen lang fan galm te psalmsjongen. Doe gyngen se allegear oerein en fol hartsear seach 'r Falentijn, lyts griis dûknekkich mantsje, stean tusken syn foarse soannen. Wie der dochs in seine al yn dit libben, dêr hy net fan ôfwiste, in taastbere seine, te skatten ek yn waardije fan dizze wrâld, dizze wrâld, dy folgens syn oertuging eine by en yn in grêf...? Fol izegrinens roan 'r nei hûs, hurd! hurd! folle hurder as 'r it wend wie en goed foar syn âld hert. No wist 'r, wêr se preken en wat se preken, dy ferdreaune bidders! mar wat 'r net wiste, wie dat 'er noch in taharker stien hie, om it Wurd fan genede te hearren, ticht by him, deun neist him. Mar syn eagen waarden hâlden, dat 'r him net sjen mocht. It wie Ryklef Ripperda. Efter in tin sket stie 'r en seach troch in útboarre oastgat al wat der omgyng yn 'e spinkeamer, en wat 'r dêr hearde, o it dripte as suvere balsemoalje yn 'e brânwûnen fan syn earm, oproerich, swier fan leed slein hert. - ‘Aan Uwe zijde zullen er duizend vallen en tienduizend aan Uwe regterhand, tot U zal het niet genaken...’ Hy wist net, hoe dy wurden op 't heden, ja no krekt op dit stuit foar him fan tapassinge wiene, hoe tichteby de fijan wie, op hânbreedte ôfstân. Mar hy moast foarby gean... hy moast. It wie in befel, wêr hy oan te foldwaan hie, sûnder | |
[pagina 187]
| |
ferset. En hy gyng, waard dreaun, om wer fuort te gean, itselde paad lâns, bûtedoar, ta 't strjitsje út, nei hûs. Gjin fiif minuten letter wist Falentijn fan in oandrager, wa der yn syn hûs west hie. ‘O frou,’ suchte 'r en it klonk as in snok... ‘Dy't yn de Kening syn beskerming stiet, dy hat gjin soldaat te frezen,’ sei Pronica mei neidruk en lei har hân treastjend op sines, de wite en smelle meagere hân fan har man. En sa sieten hja dêr in hiel set stil neistinoar, elts mei syn eigen tinzen, dy dochs har oarsprong hiene út ien saad. Wat har ek oerkomme mocht no yn 't koart of letter, hja wiene foar altyd ferbûn èn troch leauwing èn troch leafde. Al streame it libben mei syn onwisse weagen fuort, hja wisten beide de feilichheid fan 'e haven, wêr it foar ivich goed ankerjen is en in behâldene thúskomste nei de swiere dei. - De hiele jûne bleau Fan Rhee stil en steurd. Hy wie 't net mei himsels iens. Wat soe 'r? Dy gearkomsten ferbiede? of it folk gewurde litte mei har gesjong en gepreek? As 'r tefolle gewach fan de saak makke, dan krige eltsenien der aardichheid oan en soene se derop takomme as âldroeken. It domme folk, och dat woe ommers dochs altyd in hâldfêst ha yn har bygelovichheid. Hoe stilder, hoe better, en dan knipe, dêr befûn hy him altyd 't bêst by en men soe altyd it gesach sa ûnderdúmkeswei wolris de wink jaan kinne, dat se taseagen, wa't der al sa by Falentijn's út en yn gyngen yn 't efterom. En dêr soe hy jûn wol gelegenheid ta ha op 'e sosjéteit foar de Waach oer, wêr hy elts trof, dy't yn Ljouwert wat te sizzen hie, fan 'e jongste luit'nant ôf oan 'e ôffurdige nei de Nasjonale Konvensy, Fan Beijma, ta. Hjir wie de mûne, wêr it Ljouw'ter moal meald waard', ja dat fan 'e hiele provinsje einliks en dat it folk letter yn wûndere baksels opdist waarde, almeast fan nije belêstings besauske. Hjir huze de spin, waans webbe syn triedden de hiele provinsje omfieme. Hjir kamen de útkloarkers en oandragers gear en makken de lju min en krigene har judaslean útbetelle. Hjir waarde de lju it jild foarsketten, om ûnder moaie sinspreuken sosjéteiten oprjuchtsje te kinnen, hjir waarde it rjucht fan 't frij boek- en pamfletprintsjen besnoeid, hjir betelle de boekferkeaper dy't net om lyk woe, de hege boeten foar it lytse lûkje, wêr monsieur Berdeau, earen plûmker en kenineslachter, no thesaurier, efter siet te gnizen, hjir hipte en sprong alles, wêr mar in fear fan libben yn siet en dânse nei de pipen fan âlde Fan Rhee. Poppéus wie 't yn namme, hy wie de died. | |
[pagina 188]
| |
It gesach fan Ljouwert wie hy, de Jacobijn. As in kening regearre 'r yn dit syn lyts ryk en 'e Bataafske Republyk hie nea trouwer ôfgesant fine kind. Yn dizze republyk tsjinne hy syn eigen ideaal, want wie dizze staat net sa, as hy him altyd dreamd hie, fan grutjonge ôf oan? de staat fan it beriddeneare ferstân, sûnder God, sûnder gelove. De ‘ontwikkelde’, ferljochte minske hie dat net mear fannoaden, dy âlde sedewetten út 'e Bibel en soksoartige boeken hearden net mear ta dizze tiid... Diderot, Voltaire, Rousseau, dat wiene de mannen, dêr moast men jin fan riede en liede litte, dan kaam it grif goed yn it libben. En hy hie Poppéus opfoed sà, as him tochte, dat har idealen it meast benadere. Yn Poppéus seach hy syn lear belichame en dêrom wie hy him namste dierberder, al hoe't hy him sims ek bekibbe en befûtere. It wie syn fleis en bloed, de ienichste lêste loat fan syn stamme en ek geestelyk fan syn eigen makelij. Gjin frjemd hie oanpart oan syn geestelyke ûntjouwing, sels hie hy de teare siel foarme nei syn ynsichten, ja lichamelyk en geestelyk koene einliks gjin twa minsken inoar neier bestean as hja twaresum. Mei him, yn him, troch him, bloeide of stoar alles, wat foar him waardij joech oan 't libben. Stadich, deftich, ien fan 'e hearsfeinten him op hakken en teannen nei, kaam hy der oanstappen, in ‘imposante’ figuer, de mantel loswei om 'e lege meagere skouders, de moai lytse holle omliste fan 'e wite krollen fan 'e prûk, de eagen skerp en loerderich ûnder de swiere eachsbrauwen, as se ek wat fine koene te lekskoaien op dizze of gene, want de hiele middei roan 'r om mei in botte min sin. Alles gyng wan op 't heden, befûn 'r, fan Poppéus syn oerhearrigens en 't dryste gepreek fan Falentijn ôf oan 'e jeuzelbriefkes fan 'e lju ta, dêr hy fan-middei yn 'e gong oer stroffele wie en dy smeken om ferleging fan straffen of boeten. Soks makke him altyd tipelsinnich... it wie de wet en hy diich de wet sà en net oars. Swierige stadich beteante 'r it opstapke yn 'e gong en ferweardige him, Berdeau, dy syn rêch yn twaen bûgde, in lyts freonlik knikje werom te jaan krekt-en-allyk oan in oare freon, dy ek sa fan neat ta eat heineballe wie en as in fersjittende stjer yn syn sfear telâne kaam en dy men dochs jimmer wer leafst oer 'e holle sjocht, en tsjinstich smiet de feint de doar fan syn keamer wiidwaach op foar him. Dêr barnde in moai fjurke, fiif kjersen ljochten freonlik glânzjend op 'e tafel, de piip lei ree, toebak, útpluzer en komfoar dêrby, in echt leaflik | |
[pagina 189]
| |
binnehûstafrieltsje, sa smûk, sa noegjend, dat hy rekke der alhielendal wer fan yn 'e blâns. 't Earst stoppe 'r de piip, doe diich 'r in taast nei it sulveren bledsje, dêr de post fan 'e middeis op dellei wie. Dat wie me in sjouke, fanwegen it minne waar de lêste dagen, al mar teie en de wegen ien blabze en modderpoel, hiene de postweinen hast net ride kind en alle ferbining mei de bûtewrâld sadwaande yn trewyn. Ut Hollân wei troch 't ticht wetter alles oer Utert en Swol, hok in omlânske reis! en fan 't bûtelân kaam hielendal neat yn. De heftige streamings, dy't der yn Frankryk brûsden, har fier gedinder hearde men hjir selst net iens. De beide earste brieven wiene dingen fan neat, bedankjes fan guont, troch him op 't kjessen holpen, om't 'r se willich befûn hie, slaafsk nei him harkje te wollen en dwaan te doarren, wat hy se foarsloech. It fjoer slikke al ring de snipels op, want dizze epistels achte 'r te gefaarlik om te bewarjen. It tredde brief wie fan gâns plezieriger aard. Boarger Fan der Werff, representant yn 'e âlde stêd fan Dokkum, skriuwt, en as dy skriuwt, dan moat Fan Rhee laaitsje en komt de stoefe kâlde troanje ris yn oare tearen. Nei it komike deftige oanrintsje klaget de goeman oer it folk fan de stede fan Dokkum ‘dat so donderse doofhúdech is, men súde se un trompet an dur oaren sette, siedaar, en blaze so ut ferstand in dur hoofd. Ut is hier altyd en eeuwech roerech en elkeneen loopt met skerp in de bús en as woensdachs de Woudsjers in de stad komme, dan stane se mar op 'e Syl te swetsen. En langlasten skolden se me somar út foar blauwferver. Ik kan je segge, ik kookte fan binnen en ik liet him oppakke, dy bosduvel fan 't Ikkerwoud en sette him in 't honnegat, drie dagen op water en brood, en ik kan je segge, deselfde avons waren alle útdeuren fan myn hús met blauwe ferf bestreken, suver in griis. Ut het my 3 carolyguldens kost om 't der wear met fetsoen af te krijen. Ferder doen ik te weten, alsdat der hier gans gearsetten binne fan ontefreden luiden. Ik betrou dit saakje foar geen botsen en súde wel wille, dat wy hier Frans peardefolk kregene, oude bedrevene knapen. In de kerke fan Aalsum en Hantum kin se wel legere wurde en bestel se in de kost by de rike terpboeren en orte- en bonebouwers. Dy hewwe un jaar, se ride met koetsen en der twee gudsen foar na de kerke.’ - Fan Rhee sèàch âlde Fan der Werff... oergeunstich, hjit fan suver | |
[pagina 190]
| |
fergunnen, nei de kerke ta kuorreljen en in grouwe klaaiboer him foarbyriden mei dy beide gudsen, dat de fonken út de flinten fleagen. Mar it gesach moast heechhâlden wurde, boarger Fan der Werff is it gesach dêre, en hy skriuwt ûnder it brief: 100 man ekstra nei Dokkum en geskut, de kosten fan ien en oar en ynkertiering te dragen fan 'e stêd en ien fan 'e Ljouw'ter representanten sil in deimennich nei Dokkum ta om boarger Fan der Werff fan tsjinst te wêzen en desnoads mei geweld alle ferset te smoaren. In stik of wat skoaipostjebrieven reart 'r oan kant, dan falt syn each op in roazekleurich briefke, swietfingerich beskreaun mei lytse tipelige letterkes en foar Poppéus ornearre. Hy stie yn bestân, om it te ferskuorren, doe betocht 'r him en stoppe it yn 'e binnebûs ûnder 'e bûsdoek en 'e snúfdoaze. Hy soe 't Poppéus sels jaan, dat der noait oare eagen oer gean koene. Hy lei efkes de piip del en seach 't hear oer, de rûmte fan 'e moaie grutte stille keamer, ferlevendige fan goudlearbehang en in grutte skoarstienmantel fan sêft gielread moarmerstien. It skilderstik dêryn stelde Hercules foar en Omphale, en 'e teare, leaflike moaiens fan Omphale, de blankens fan it jonge neakene fleis ûnder 'e gazene klean, de blondens fan it sêft golvjende hier, de blauwens fan it grutte heldere each, brocht him Anne te binnen, syn oantroude dochter, sa 's se dêr dy moarne sitten hie te sjen dy deis nei 't Wetterlân ta. Soe sy de lytse Omphale wurde kinne, wêr in Hercules him fan belêze liet? Hy hie wol yn har eagen lêzen, hja bûn de stryd oan en hy! hy! soe har stibelearje, mar Poppéus hie in hurde kop en rekke sims raar op 'e doele om in frjemd boskje rokken en in gleon readsidene kyps. Hy snute de kjersen ris en helle it flessekistje foar 't ljocht en út syn pong it sulveren kaaike, dat derop paste. En hy geat him ris yn, in prachtige slipe griensmaragden romer fol bramboazebrandewyn. Doe stoppe 'r de piip fannijs en begoan wer te lêzen. It wie no in grut brief fan it fynste felijn, tichtplakt mei kleurde ouwels en yn 'e midden in grut wapen, trije balken fan sinnobel op in fjild fan sabel. Braak fan Kollum, tocht 'r op 't slach. Wat in gemiter! Wat soe dêr wer wêze? Dat Kollum wie al sa'n oerhearrich gat, dêr bidden en preken en Oranjekraaiden se ek noch algeduerich en blaasden nei 't Frânske gesach as feninige katten. Monsieur Braak en Keuning hiene dêr de hânen fol, it folk hie gâns it grou op har, om't it troch har tadwaan wie, dat grytman Fan Scheltinga yn '95 ôfset en oppakt | |
[pagina 191]
| |
wie en yn 't blokhús finzen set waarde. Dat koe dat Kollumer poddebrod mar net ferkropje sa 's 't like, dêr wrokken se altyd noch oer en om't siktaris Braak him altyd tige warde foar it Frânsk gesach en rûm yn 'e duiten siet, makken se him jern it libben soer. Mar Fan Rhee kènde him, monsieur wie in fiaan, dy stìè syn man as 't wêze moast en dêrby, syn dukaten wiene fan 'e bêste spesy, dy joegen him in bult macht en krimp jaan soe hy noait. Hy klage, de lêsten kamen sa min binnen en as se betelje moasten, ferwieten se him fan alles en noch wat en hunen him as in bloedsûger en ielshûd. Hy koe net sjen, as alve stoeren fan 'e gûne no sa'n grut griis wie. Hja hâlden ommers sels noch njuggen stoeren oer, dêr moast in minske fan libje kinne en oars mar om de oare dei boekweitengroat mei lollemanstip, as 't spek te djoer waard. Dat kaam de Frânsken ek ta, dêrom net, de jonge spallings en 'e fette piken fan 'e matte smakken lekkerder. It jild mòàst der komme. Ien hiene se al skúsjeboelguod oandien mei 't gerjucht, it wie âlde Leijenaar, ek sa'n Oranjerazer. Hy hie 't ferhipt te beteljen. Lokkich wie alles gau beret, want der kaam me ek sa'n kanarje by, Joege Innes fan Boerum en dy bea foar in kastje safolle, dat de Staat kaam ta syn jild. Mar de jûne hiene se de opropper de sleatten lâns jage nei hûs... lokkich wiene de eksekuteur en hy, siktaris, dy't it fonnis ûndertekene hie, sûnder skea it gefal ûntkaam. Alde Fan Rhee loek de foarholle fol tearen. Hy hie 't net op dy broeinêsten stean, sims ynienen koe dêr de lôge en 't fjoer útslaan, en dit gefal fan in pear jier lyn, doe se it blokhús foljage hiene mei grytmannen en oar sok deftich gespús fan 'e stinzen, hie mis west. Hy hie 't genôch sei. Hja rekken dêr it tearste steed fan it folkshert... dy't hja achten en earen, woene se perfoarst net as moardners en dieven behânele sjen. En om alles, wat de mennichte mient as ferdrukt en martele, weeft it in aureool. Dan komt der in slachtoffer, dêr folget in katastrofe op, de wraak is de ein. It individu, sels onmachtich om wraak te nimmen, suggereart de massa en dy nimt se, wreed en lang. De hyena-instinkten fan 'e folkssiel ferbrekke de klústers fan selsbetwang en wetsfreze en gienn' te wurk folgens de opswypke hertstochten, dy ferdjer en dea bringe. Hy hie se warskôge... it regear fan doe hie net harkje wold. It wie de feint, dy't it regearjen noch leare moast, gnyske hy smeulsk yn himsels. | |
[pagina 192]
| |
No siet hy hjir al lang op hàr stuoltsje, en de feinten fan doe, hearen fan '95, fan ien skoft en in healoere, kroepen werom yn har kinkhoarnen as slakken, dy't men de fielhoarntsjes tefolle kitele hat, it wurd wie wer oan dyjingen, dy't hearskjen leard hiene en hy wie yn in omsjoch op 't kjessen. En hy hie en hy hâlde it heft yn hânen, al wie it Poppéus, dy't hy as thesaurier-général almaroan nei foaren skode. Hy yn it skaad, syn soan yn it felle hearlike ljocht! As de wegen berydber waarden, dan kaam hy persoanlyk ris te sûnfreegjen, skreau Braak en hy noege Fan Rhee en 't wiif út, dêr Peaske ris te kommen. Kollum wie in skoander plak fol fertier en hja soene it har ta in eare rekkenje. De guozzefearren pinne fleach oer 't pompier, Fan Rhee makke in kanttekening en lei him doe kreas opteard by de oaren. It folgjende brief wie fan Fan der Kooij fan Stynsgea, mar in wurdmennich. De lju fersetten har dêr yn dy kontreinen tige tsjin de ynkertierings en 'e hege lêsten en de siel fan al dy opstannelingen wie de eigenerfde Bindert Japiks Cloosterman fan it Bouwekleaster en syn beide âldste jonges. Men woe wol ha, dat hy de minsken selst mei jild stibeleare, om it mar mei Oranje te hâlden en op te sprekken tsjin de Frânsken. Fan der Kooij kefte ris wer as in hûn, fierste bang om ea te biten - tocht Fan Rhee en smiet it briefke yn 't fjoer. No lei der noch in fodsje op it sulveren blêd... in fiis lyts fodsje pompier sûnder slûf samar wat byinoar trânsele. Fan Rhee loek de noas op - it stonk fan reek en earmeljuswent, en hy socht in skjirre út it tafelslaad en hâlde it sa beet. Doe mei it mes derby en sa lûkendewei krige hy it útinoar en lies: ‘As mynheer eens op een avond laat naar bysitter Falentijn zijn huis gaat, dan vind hy daar een buit. Want daar ligt Ripperda in den kost sedert dagen.’ Hy fleach oerein mei ien sprong, it pompier foel him út de hân, it mes plofte op 'e flier. Hy besaude... wat wie me dat? Hjir... by Falentijn's... al sont dagen...? Hy moast rûmte ha, hy sette de prûk in amerijke ôf en makke de halsdoek los. Dreame 'r? Lies 'r wol goed? Al den dei kamen der sokke briefkes. Ornaris neat om de hakken. Guont, dy in oar in loer draaie woene en har fermakken, as de sjendarmes oer de flier kamen foar in hússiking. Mar út dit fodsje pompier spriek eat, dêr hy út opmakke, it wie wierheid, en al sont lang fermoede 'r, Ripperda wie yn omwand'ling yn Fryslân. It folk roeriger as ornaris, krekt as betrouden se op in onbekende sterke stipe, fonkjes | |
[pagina 193]
| |
fan ferset hjir en dêr oplôgjend ta striefjurkes, alderstikelichste skotskriftsjes, hjir en dêr oanplakt op sketten en muorren en rare skimpskeuten op Poppéus, him en oare foarmannen, altyd argewaasjes fan alderhande soarte. Sims fong men in dôgeneat en traktearre him op in tweintich stokslaggen op 't Blokhúsplein en ienris op in goede dei, wylt se dêr wer mei dwaande wiene ta grut fermaak fan 't folk, wiene Poppéus en hy dêr krekt foarbykuiere. En ien fan dy knapen, hie me dy net in pûde fol duiten krige en dy oer har hollen saaid, dat it jild fleach har om de earen en Poppéus op 'e hoed en him op 'e steek en it healwize folk raamde har hast om en klaude har de duiten fan 'e lea. Alles! alles! belechjes fan dat Oranjeras, om har loeren te draaien. Hja waarden stibeleare mei Ingelsk jild, wie 't sizzen. En Ryklef soe der wol hândiedich oan wêze, it murdepaad giet altyd werom nei de einhoale en eltse fûgel hat oanstryd om noch ienris it ferbâle nêst te sjen. Mei in hastige taast pakte 'r de tafelskel. Hy wie beret. ‘Op 't slach monsieur Lefèbre,’ hjitte 'r de hearsfeint yn 'e doar. It gyng gauwer as hy tocht, want monsieur Lefèbre siet mei syn maten te kaartspyljen yn 't seal en mei twa sprongen tagelyk, lichtskonkich fan oermoed en jeugd, fleach 'r by de trappen op en stie al yn 'e keamer, ear't Fan Rhee noch iens in wurdmennich op 't pompier krije kind hie. ‘In hússiking by boarger Falentijn op it Smel fan 'e Nijestêd. Fuortdaadlik. Njuggen man fan 'e alderbetrousten mei. 't Befel fan finzennimming fan Ryklef Ripperda, dea of libben te bringen yn 't blokhús. Hy hâldt him dêr skûl. Jo stienn' my persoanlik boarch foar dizze saak, Lefèbre.’ ‘Kin 't sûnder myn kommandant te rieplachtsjen?’ ‘Dêr rêd ik mei,’ sei Fan Rhee heech en kâld en gyng oerein. ‘Tink 'erom, it is in glêde fûgel... hat in bult oanhang yn 'e stêd, soargje dus dat de knip sa finaal set wurdt as 't mar kin. En... yn 't alderslimste gefal... in kûgel. Ik wol it sa.’ It behindige mantsje foar him nikte. Hy wist, wat deroan fêst siet. Befoardering, eare, fertsjinst, ferlof om in wykmennich nei Parys ta te gean. Mar oars koe dit aventuer him mar kwalik haagje. It muoide him selst om Bet Falentijn. Fan Rhee seach him fuortgean. Hy wist, oan wa't hy dit affysje opdroech. Nimmen hjitte goochemer as Lefèbre yn 't útfikelearjen fan alles, wat mei nachtwurk te meitsjen hie. Yn syn hert neamde 'r him al- | |
[pagina 194]
| |
tyd de bloedhûn. Syn tsjinsten wiene noait yn goud te beteljen, en hy achte him de alderienichste yn hiele Ljouwert, wurdich en bekwamernôch, syn grutste fijan de bretale snút te rongjen, dat hy noait ofte nimmer wer wrotte koe. Hy lies it fize briefke jitteris, smiet it doe yn it fjoer. It hie syn tsjinsten dien. No fuortdaadlik soe 'r witte, of it liigde of wierheid spriek. Oer in kertier stiene Ryklef Ripperda en hy licht wol foarinoar oer... teminsten... teminsten, as 'r dan noch libbe... de twa sterke machten fan ien lytse stêd, de patriot en de prinsman, de rede en it gelove, en syn hânen jûken him, om dizze saak no ris sa gau mûglik ta in ein te bringen en dy balstjoerige, oermoedige kraaier it swijen op te lizzen. Net as in martler op it skavot foar 't blokhús, dan soe men him der licht op oansjen kinne, as 'r it diich út persoanlike wraak, nee, der wiene fan dy kelders ûnder 't blokhús, dêr it wetter by de muorren lânssipere, dêr men stadichoan krepearde oan 'e treddedeis koarts. Dêr soe Ryklef Ripperda yn... dêr soe 'r de lêste sike jaan... Dan krige de hiele Oranjepartij yn him de nekslach en as se him no jûn by Falentijn's fûnen, dan koe dy der ek yn behelle wurde en bliede. Hy hoegde syn soan dan ek net wer op te stokeljen, om Poppéus net te groeten, licht moast 'r dan wolris mei hangende poatsjes komme en dogge in knibbelfal foar Poppéus, om heite âld libben te rêden. Sà soene se allegear troch dizze iene wize set foargoed wjuklaam slein wurde en alle ferset teniete gean. Efkes letter hearde 'r wat gestommel by de útdoar en geflúster en doartichtslaan en koarte, flugge stappen op 'e flinten. Sunich diich 'r in blyn op en seach bûtedoar. It reinde dat it spielde, dochs wie it net sa tsjuster, it roan nei folle moanne. Yn 'e stúdzje wei eage 'r nei it kloftsje folk, dat by de Waach lânsgyng, earst trije en doe ien en doe in man of seis, swarte linige skynsels, stil en fluch yn 'e swarte reinnacht. Hja waarden wei yn in steechje. In pear hâlden de wei en gyngen nei de foarkant fan Falentijns hûs. Mei in slach sloech 'r it blyn ta en diich it izer der wer op. En wachte deastil by it hearlike heldere fjoer op it gean fan it lot, dat hy alle frij jûn hie. Sà sette de lêste grutte wraksel tusken dy beide grutmachten fan Ljouwert yn. Falentijn, nochlik yn petear mei Pronica, hâlde in reaf jern foar har op en seach fol niget, hoe de kleaune groeide tusken har blanke tinne tûmen. Hy hie dy grutte blanke hânen leaf, dy slanke, fynbonkige | |
[pagina 195]
| |
polzen, en it moaie beweech fan dy hânen wie him in eachweiding, ja hiel de jeuchlike, fleurige, reafallige moaiens fan syn Pronica wie him jitte in eachweiding. De sinneskyn fan har wezen fermoedsoene him mei al de tsjinstuiten en alle leed, wat him ek net besparre waard, want droegen se it net twaresum? Jehannes yn 'e hoek stimde syn fioele en begoan in suver lietke fan minne op ien hege snaar. Falentijn wist, wêr hy om tochte, om lytse Doedte Ripperda, dêrjinsen yn 'e Bjirmen op 'e âld stins. En hy spile! hy spile! krekt as helle hy se yn sêfte lokkinge werom nei hûs, tige, tige tichte by him! En oan 'e lânsein fan 'e tafel sieten Bet en Andree te dominearjen, sa stil as mûzen. Hoe pronken se troch har blide jeugd ek mei dizze âlde keamer op! hoe'n skatten hoede dit âld hûs ûnder syn readpanne dak! En fol leafde en meilijen tocht 'r om noch in skat yn syn hûs, ûnder syn bewâld, in skat fan noeden en soargen. Strak soe 'r út syn ferskûl komme doare en hjir ek mei oansitte en ien skoftsje ek de fredige koestering fiele fan it húsgesin. Pronica stiek de holle op. ‘Dêr 's folk by de útdoar,’ sei se en fleach fan skrik oerein. ‘Jehannes!!’ Oars sei Falentijn neat, Jehannes wie al fuort, de lange gong troch, yn 'e spinkeamer, by de farvekûpen lâns, mei in swaai by de trap op nei de wollesouder. ‘Bist dêr, Ryklef,’ rôp 'r sunich. ‘Ja,’ sei dy en kaam der hurd oan. ‘Ferret, frees ik... Kom del... troch 't keldersfinster fuort...’ Hiel sêft makke der him eat út it tsjuster los en liet him by de trep delglide nei de keldersdoar ta en deryn. Jehannes hearde de doar efter him tichtflappen en skoatele him, de beide skoatels derop. It hûs fan François Falentijn liet syn dierbere gast gean. Doe krige 'r in pear drankfleskes fan in planke út 'e medisynkast en geat se fol út in flesse. Syn hânen trillen in bytke, want wylt 'r dêr mei dwaande wie, hearde 'r al guont oankommen yn 'e gong en syn heite lûd, like kalm en evenredich as altyd: ‘Dizze kant út, monsieur, jitte de spinkeamers en 'e wollesouder. Myn soan sil jimm' wol bijljochtsje, hy is dêr oan 't apteekjen. Jehannes!’ rôp 'r. ‘Wolst efkes komme? De hearen miene, wy ha hjir guont húsfeste, dy't fûgelfrij ferkleare binne. Witstû dêrfan?’ ‘Hjir binn' gjin oare minsken as ik allinne.’ Jehannes Falentijn stie | |
[pagina 196]
| |
foar de lytse Lefèbre as in kening en dizze leaude him op syn wurd. Hy diich it einlik al mei tsjinsin en krige hoe langer hoe grutter wjeraks yn dit gehússyk yn Falentijns hûs, want hy wist, hoe heech as dizze húshâlding oanskreaun stie yn 'e stêd, en ek mei om de moaie eagen fan Bet, waans fioeltsjeblau him betsjoend hie, hjitte 'r syn folk, yn 'e gong te wachtsjen en kuiere allinne mei Falentijn fan keamer ta keamer, seach ûnder de bedsteden en yn 'e kasten, op 'e tekkensouder, oeral, wêr mar in mûzegat te finen wie, en bespeurde selst gjin inkeld markteken, dat hjir ea in minske syn nachtleger hân hie. Falentijn smiet mei in rûm gemoed de lêste doar fan 'e boppegong op. ‘Wat 's hjir jitte?’ frege monsieur Lefèbre en snúfde fyntsjes de swietrook op fan lodderein en soksoartichs. ‘De keamer fan myn dochter,’ sei Falentijn deftich. Monsieur Lefèbre bleau op 'e drompel stean. Mei ien ferleafde loaits fan syn skerpe eagen omfieme 'r de hiele lytse wrâld fan it jonge famke, de Spaanske matte op 'e flier, it taffeltsje fol snypsnaren, de blausitsene bêdsgerdinen en de blausidene sprei op bêd, de printsjes oan 'e muorren, alles tear en wif fan glâns yn 't skynsel fan 'e lantearne. It wie him allegear te sêft en te leaflik, om oan te kommen mei grutte manljushânen en te besmotskjen mei grutte smoarge learzens. ‘Op jo wurd, is hjir nimmen?’ en hy seach Falentijn oan en tròch. ‘Nee,’ sei Falentijn. En hy wist, dizze man liigde net. Koartberet draaide hy him om en sa kroasken se wer nei ûnderen. Falentijn him op in distânsje efternei, slingere tusken hoop en frees, wat der efterhûs barde of al bard wie. Fan Jehannes fernaam 'r neat... Pronica, Bet en Andree wist 'r yn in hoeke fan 'e keamer, triljende as popelblêden, mar Ryklef? Wêr wie 'r? Hie 'r wapens? As 'r omkaam, wa soe dan de brêge wêze tusken de Prins yn Ingelân en de Oranjepartij? Hy wist it net, hy wist neat op 't heden, as dat it needlot wer mei in minskelibben omheineballe en it smiet rjuchts en lofts nei alle kanten fan gefaar en dea. En út 'e benaudens fan syn hert wrong 'r de bea nei boppen: ‘Sparje him, Heare, o sparje him foar Oranje en ús...’ Monsieur Lefèbre bûgde ta ôfskie en Falentijn sels liet him út, troch de winkel, de foardoar út. ‘Ik diich it op befel,’ sei monsieur Lefèbre yn 't fuortgean, as moast 'r him ferûntskuldigje. ‘Ik diich it mei tsjinsin, om't it jimm'lju oangyng.’ ‘Dat miende ik te bespeuren,’ andere Falentijn koel-freonlik en dochs eat hertliks yn it lûd. ‘Mei it wurd ha, fan wa dit befel útgyng?’ | |
[pagina 197]
| |
Monsieur Lefèbre seach om him hinne. Der wie gjin minske, om har te beharkjen. ‘It is op oarder fan âlde monsieur Fan Rhee... in anonymus joech him de wink...Wês op jo hoede, monsieur, it sil sa wol net de lêste kear wêze en ik soe 't net wolle om jo en om jo... dochter... Komt de kniper ris op 'e skine, dizze rjuchter ken gjin genede, monsieur Falentijn.’ Falentijn stiek de hân út en hja fûstken. ‘Tank foar dizze freonerie,’ sei 'r ienfâldich. No earst begriep 'r, wêrom him it smaadlike fan in eigentlike hússiking mei in kloft frjemde soldaten efter de haadman oan, dy't neat hillich wie, besparre waard. Monsieur Lefèbre, de sjarmeur, mocht syn Betteke skoan en dêrom eare 'r de drompel fan har hûs. Mar Ien, oneinich heger as monsieur Lefèbre, machtiger as alles yn 'e wrâld, joech him al soks ek wer yn 't hert en ûntnaam selst dit syn ferskrikking en smaad. - Falentijn hearde de manlju swier fuortstappen en sa hurd as 'r rinne koe, hy nei 't efterhûs, nei Jehannes. ‘Hearst wat? witst wat?’ hime 'r en hâlde him oan it sket fêst, sa trille 'r. ‘Stil heit, stil...’ sei dy en krige him by de beide hânen beet. In stream fan kalmte en krêft like him wol út dy sterke, leave hânen ta te floeien... hy waarde ynienen bedaard en it felle jeien fan it hert bekaam. ‘Hjir is gjinien mear,’ begoan Jehannes... ‘mar...’ ‘Hoe soe 't derfoar stean? Soest net bûtedoar doarre en harkje...?’ ‘Dat 's te gefaarlik. Wy kinn' no neat mear... Ien allinne wit no syn wegen... It sil komme nei Dy Syn wil.’ En wylt Ryklef Ripperda by de muorren lânsrearde fan it steechje, om jitte in ferskûl te finen en in ûntwyk út 'e falle, leine Falentijn en syn soan deastil te harkjen yn 'e kelder, dêr it finsterke noch fan opstie... Hja hearden neat, allinne it fine getik fan 'e rein op 'e pannen. De stiltme waarde benaud. - Monsieur Lefèbre slûpte súntsjes om 'e hoeke fan it steechje en loerde nei syn manskappen. De hiele steech wie ôfset en alle strjitsjes en slûpyntsjes yn 'e omkrite. Hy wie wol mei njuggen man fuortgien, mar wat joech sa'n hântsjefol! en dêrom hie hy der noch sa'n tsien man by opkommandeare en dy wiene der no. Falentijn syn hûs wie omsingele fan alle kanten. As Ripperda der wie, dan kaam 'r foar 't | |
[pagina 198]
| |
ljocht. Hast begoan 'r al te leauwen, dit roan ek wer op neat út, alles om 'e nocht, doe miende 'r in gedrús ticht by him te hearren. 't Koe ek in kat of in rot wêze, mar hy skerpe dochs syn earen op en sloech de hân oan 'e sabel en fielde nei de pistollen, want it soe in swier stik wêze, om dizze sterke knaap te bemasterjen. Fan syn krêft diste men yn Ljouwert wûndere staaltsjes op en net minder fan syn ridderlikens en eale sin. Al wie 't syn fijan, hy koe 't net litte en priizgje dit yn him. Dêrby wie it in edelman, men soe him noait de achtinge ûntkeare wolle, dy't him takaam. Stadichoan op syn kommando slute him de ring tichter, in net fan benauwinge foar in earme fûgel, ferdwaald en ynein flein. Ynienen, wat wie dat? Seach 'r goed? Stie dêr ien midden yn 'e steech, in gesicht fier fan Falentijn syn hûs ôf? In man? In grutte, foarse man? Koe dat Ripperda wêze? ‘Monsieur!’ hearde 'r roppen. ‘Ik bin Ripperda.’ By it ljocht fan in feale glimp ljochtmoanne seach 'r in donker bosk hier, in drystmoedich antlit, wêr in pear donkere eagen grutsk en fol haat yn flikkeren. Ien amerij stie monsieur Lefèbre as in blok, wêr 'r stie, sa oertongere him de sitewaasje, doe wie 'r mei ien sprong by him en helle it pompier út 'e bûs. ‘Doch gjin muoite, monsieur,’ sei Ripperda heech. ‘Ik leau de leugen fan Fan Rhee wol.’ En sûnder ferset, o sa stil! want hy freesde ferset fan de Oranjelju en wa wit dan hokker gefolgen! liet 'r him de hânen bine en tusken twa fan 'e sterksten yn rekken se op reis nei 't blokhús ta. Monsieur Lefèbre foarenop as in held mids syn folk en in stikmennich ta sluting fan 'e trein, in sombere staasje, op reis nei de ein fan de dingen, itsij dea of finzenis foar it libben. - It ploechje fan Haaie Trompetter, Jan Swel mei Gosse Ketsje, Skilige Kokke en Gajus de Filder, Jan fan Minnen, Kaaie Klapdermarop en Brike Lubbert, it âldermalste gespús fan Ljouwert stie op it hege pypke by de Sint Japiksstrjitte en seach út nei de fearskippen, as se ek fee oanbrochten foar 't wykmerk. 't Hie sa lang ticht wetter west, no rekken marren en fearten wer iepen en as der altemets oare akkefytsjes komme mochten yn 'e nacht, no, dan soene se de noas dêr ek net foar oplûke. De rein sipere har by de nekken yn, har âlde plunje rekke sa njonkenlytsen trochwekke en dêrom namen se sa no en dan in hertsterkinkje út in grutte flesse, út mear as ien flesse. En op 't lêst begoan der alris ien te dânsjen en te sjongen, der wrakselen ek alris in | |
[pagina 199]
| |
pear om 't sterkst, it skerp waard' alris út 'e skee lutsen en 'e wrede kneppels swaaid. Der kamen al mar mear by... it rosmos, it útskiftsel fan Ljouwert hâlde dêr yn de foarnacht op it Sint Japikspypke syn sosjéteit, en dy foarbykaam, koene se hast net fan 'e hûd bliuwe. En rache en skelde!! it wie in griis! De rein dripte en de nacht kaam oan, de tsjustere, lange foarwinternacht mei syn teiwaar, syn hurde wyn en reinfleagen... it koe net minder en inkelen fan 'e bedaardsten ribosken ûnder 'e wiete klean en trapen hinne-en-wer, sims de Piperstrjitte yn of 't Breed fan 'e Nijestêd op. Sa krigen se yn 'e fierte folk yn 't fizier, in ploechje fan dy hate, ferspuide Frânsken. Har opskerpe eagen, wend oan nachttsjuster en rein, hiene de koppen al gau teld en sjoen, wa't de foarman wie, de lytse Lefèbre. It gemien hate him as de pest. De foarsten slûpten hastich wer nei it pypke ta en fertelden, wat der op komst wie. ‘Der wurdt ek wer ien opbrocht,’ grânze Haaie Trompetter tusken de tosken. ‘As ik wist, it Fan Rhee-soadsje hat it befel jûn, dan tichele ik derop, dat se útinoar spatten,’ en hy swaaide mei syn swiere ikene kneppel, dat it sûze deroer. De oaren gyngen wat teside stean, Haaie Trompetter wie net mak sokke tiden en sloech yn moster, wat him tenei kaam. Hy wie ferneamd as de bûnte hûn, sa sterk wie 'r en sa'n rûzjesiker. Hy wie al twa kear gisele om fjuchterijen. ‘As it my de tredde kear oerkomt, dan stjert de man, dy't it my oandocht, sà wier as ik dit izer brek,’ hie hy alris sei en in hoefizer dwerstroch brutsen yn ien feech, dat de helten fleagen oer 't komerk. No woe eltsenien it wol leauwe. Haaie Trompetter wie ek in kening yn syn soarte. In bytsje stuiterich stoarrele 'r de kant wer út nei 't Breed fan 'e Nijestêd. Syn eagen seagen wat bewazeme, mar syn holle wie noch goed helder. Dy him no moete, krige in min partuer oan him. Heal bang en heal nijsgjirrich kaam it hiele ploechje him skytskoarjend efternei, no al in tweintich man, licht ek mear, want yn 'e fierte hearden se him al balten en oangean en syn fiten wiene sa wiidferneamd, dat elts kaam deropta as op in pretsje. Der stiene ek al guont op de Wurdumerdyk yn ôfwachting en in pear fan 'e loaisten brûkten de wiete stoepe fan 'e Hopsek as sitselbankje. It wie in hiele tiidkoarting yn 't minne waar. Men soe der wol in fijfje foar oer ha as 't moast. | |
[pagina 200]
| |
De Frânsken kamen tichterby, no sûnder monsieur Lefèbre. Dy wie noch efkes nei menhear Fan Rhee ta gien, om him de geunstige útslach te fertellen en in hertsterkinkje te nimmen by blonde Katryn, de moaie taapfaam fan 'e sosjéteit. Wêrom soe 'r ek net? Dy Ripperda, as in mak skiep, soe wol feilich tusken syn soldaten mei fuortrinne en hy kaam wol nei yn in tel twa, trije. Hy seach dêr wol sa'n dronken kearel omskermesearjen en mâlgûlen, mar 't sin stie der him net nei, him dêr mei te bemuoien. ‘N'avend altesaam,’ sei Haaie Trompetter op datselde stuit en swaaide mei de âld hoed en roan har sa lyk foar de fuotten, swaaiende en mâltjirgjendewei. ‘Fuort man!’ sei der ien yn heal Hollânsk en soe him oan kant reare, om romte te krijen. ‘Hui ris, ik bin gjin fanke, dat dyn aaikes brek is,’ stammere Haaie Trompetter, en socht in hâld oan 'e earste de bêste pylder en dat wie tafallich ek wer in opljeppene Frânskman, dy't him in dúst joech fan wêr-bin-jo-my. Doe waarde Haaie Trompetter foargoed wekker en seach, wêr hy wie en wat hy diich. En by 't feale moanneljocht seach hy ek noch wat oars: syn jonker! syn jonker Ryklef! dêr midden tuskenyn, tusken dy ferspijden, dy kringen fan frjemde snúshanen. En hy spjalte syn brede mûle op ta in divelse gniis en hy sette de fingers yn 'e mûle en fluite ferskuorrend. En draaide him doe mei ien slach om en roan foar it troepke út, swaaiende fan 'e iene kant nei d' oare. De Frânsken begriepen der neat mear fan. Wat woe dy man? Wat in fersteuring! De foarman hope, monsieur Lefèbre mocht mar gau komme en oarder skaffe, want hja foarderen gjin byt mear en 't blokhús wie noch fierôf en 't konsynje wie: alles moast sa stil mooglik beruorre wurde. En no dizze healwize kearel mei syn gefluit en syn getipel mei dy grouwe kneppel, al mar dat geswaai. Hy fielde alris nei syn sabel en hjitte de oaren, itselde te dwaan en ticht oan te sluten, de finzene yn 'e midden. Sa kaam it, hja roannen hast skouder oan skouder, Ryklef Ripperda en syn oppassers. It abbeseare sa stadich oer 't Waachsplein en soe ta 't nauwe Piperstrjitsje yn. Dêr soeide de lantearne oan 'e grutte izeren hâlder foar de Hopsek, der wie in skimer fan ljocht en dy foel op 'e hege stoep, wêr mennich pimpelder by nacht wolris wat pynlik ôfstroffele, dy foel op in kloft aasfûgels, dy dêr stil stiene te wachtsjen op in fette bút, | |
[pagina 201]
| |
byienfluite fan Haaie, dy foel ek op it deawite, grutske antlit fan Ryklef Ripperda. ‘Bistû 't? Us jonker Ryklef?!’ skreaude der ien. ‘Ik bin it,’ klonk it op 't slach foars werom. ‘It giet no nei de dead mei him... Dêr moatte wy by wêze... Dy't no moed yn 'e bealich hat, komme op! Sille wy him sa goedsmoeds smoare litte? Kom jonges!’s raasde Haaie Trompetter en bleau ynienen stean, sa ûnferhoeds, dat de soldaten wykten ien amerij tebek dêr yn dat nauwe strjitsje, dat trachterke, en bleaune stean. Fan efteren krongen de oaren op, dy't it fluitsjen mar al te goed ferstien hiene, al wisten se net krekt fan hoe en wat en foaroan stie Haaie Trompetter, lykme-allinne, troch 't razene hinne. Syn jonker oanrâne, syn jonker giselje, sa 's Fan Rhee him en syn jonkje dwaan litten hie, syn jonker... miskien... wol deasjitte... Nee!! En mei in skreau sloech hy deryn, earst rjuchts, doe lofts as wie 't op in plezierich kommando. De Frânsken rekken út it gelid en skuorden oan 'e skee om 'e wapens, mar ear't se se hiene, krongen de oaren fan efteren op, no wol in fjirtich man en warden har mei fûsten en kneppels. It waarde in moardpartij dêr yn dat nauwe strjitsje en 't gekjirm en gejammer gjin ein. Hja fochten en wrotten de Weazekant út, al mar mear, want dêr op 'e sosjéteit hoegden se it net te witten, hoe't de hotte en 'e file inoar hjir rekken, yn 't mâle. Wat sieten de leave hoeders yn 't onleech! Hja skuorden har de wapens út hânen en sloegen har de koppen yn smots en doe't Haaie Trompetter se sa wrakseljendewei ticht oan 'e Weaze ta hie, pakte 'r mei ien foarse greep Ryklef Ripperda út it foarmidden wei, briek it ket fan 'e hânboeiens dwerstroch, as it in spantou wie, en stompte him yn in stomp twa fier de Weaze út. ‘Nei 't hûs fan Jan Swel en oer 'e stedsgrêft tenacht,’ flústere 'r en noch ien fearige triuw... Ripperda stie allinne en frij op 'e ferlittene Brol. Hoe't hy it fûn hie by nacht, wist 'r sels net, mar hy belâne by Jan Swel yn 't bolwurkshúske en kaam dy nachts behâlden oer 't heal weiteide iis fan 'e grêft, krûpendewei op in lang ein planke. En de oare nachts, yn 'e neinacht, waarde Wibe Lubberts opkloppe. ‘Giest derôf, der 's swierrichheid by ien fan 'e buorlju,’ sei syn wiif. ‘'t Sil wol wat oars wêze,’ sei hy en diich 't izer fan 't blyn. ‘Wat is 't, mei goedens of mei lilkens?’ | |
[pagina 202]
| |
‘It is Oranje yn 'e rouwe,’ andere ien hiel sunich. Hoe raar harke Wibe Lubberts op! Hoe gau hie hy de skoatels fan de doar! Ripperda hie wer in thús, al wie 't dan ek mar foar in deimennich. Wêr dan syn wegen rinne soene, hy wist it net, Mar hy ûnthjitte himsels, noait wer in foet yn Ljouwert te setten. Hy hie no de dead yn 't antlit sjoen... it waarde tinken. Dan tûzenris leaver in dea op it slach-fjild, wêrearne dan ek, as yn 'e kloeren fan Fan Rhee te ferfallen en stadich deamartele te wurden. En dochs... de tiid fan 'e died begoan te rypjen... it lot tekene him nei in fêst plan syn wegen foar en wolle of net, hy moast komme en folgje alle wûndere krinkelpaden. Wêrsanne se him liede soene, hie 'r net de flauste beseftheid fan, allinne dit wist 'r, dat der selst yn 'e heechste need in útkomst tichteby wêze kin, in útkomst sa grut en wûnderbaarlik, dat gjin minskeferstân derby kin. - Haaie Trompetter, Jan Swel mei Gosse Ketsje, Skilige Kokke, Gajus de Filder en Kaaie Klapdermarop, Brike Lubbert en Jan fan Minnen, dat hiele ploechje en dan noch sa'n fyftsjin man, pakten se op, doe't der help kaam fan alle kanten en brochten se sjongende en razende nei 't blokhús en dêr rekken se opsluten yn ien grut kasjot. De sipier waard' benaud en der moast hynstefolk komme en hâlde de wacht foar de poarte, oars lei hy syn affysje del, sei 'r, en koene se der sels mei oanpiele. Fan Ryklef Ripperda taal noch teken, de grûn like him wol opslokt te hawwen. Fan Rhee krige hast in flaute fan breinroerens... op itselde stuit, dat Lefèbre him fertelde, hja hiene him en hoe maklik! moast 'r har noch wer ûntkomme. Poppéus lake syn domste gnyske, doe't hy it hearde, en fertelde it mei kleuren en geuren thús en wreed sei hy derby, as se dy lânferrieder no wer krigen, dan soe 'r gisele wurde krektsalang, dat 'r it bestoar, en syn flauwe skylfiskeagen har loaitsen wykten net fan syn wiif ôf. Dy seach gledwei oer him hinne en gyng grutsk ta de keamer út... mar yn har herte, o dêr stoar se noch tûzen deaden om dy man, om dy man, noch altyd dy en noait in oarenien. In wike of wat letter wie der wer in grut feest te Ljouwert en wol op wykmerkdei yn 'e neiwinter, as it fee wer los komt de útteide fearten lâns, de hinneboeren de aaien wer by 't kuorfol yn 'e stêd bringe en de earste protters tsjotterje yn 'e platsnoeide, keale linebeammen. | |
[pagina 203]
| |
De moarne ier en betiid begoan it folk al te rinnen, guont fersûmen der har affearen om en de bern krigene frij fan skoalle om derby wêze te kinnen. Haaie Trompetter en syn kornuten soene ommers gisele wurde, no dêr moast men by wêze, oars wist men ommers net, dat men in stedsjer wie, en de lju hingelen op 'e stoepbanken om en kleauwen yn 'e keale beammen en sieten op âlde muorstikjes en poartsjes, om har dochs mar neat ûntgean te litten. In inkelden grut menhear kuiere swierich troch it folk, de prûk fris puiere en de ebbenhouten gongelstok, de ivoaren knop foarút, ûnder de earm. It folk groete fol ontsach en earbied... heart men sa net te dwaan foar de grutten, de útdielers fan amten en ferjouwingen en 'e lytse baantsjes, wêr de grutte foantsjes oan rinkelskelje? Dy't de holle 't earste bûcht, stekt him ek it earste wer op, no? En de hunich yt it swietst, as men der net al te lang oer hoecht te garjen. Dêr kaam de koets fan âlde menhear Fan Rhee oanjeien, hielendal yn 't ferguld, fjouwer hynsders derfoar en hokfoarren! sokken seach men nearne! En de readsidene gerdyntsjes wiid foar de gleskes weistrutsen, dat men seach d' âld hear sels yn al syn gloarje sitten en neist him syn soan, monsieur Poppéus de Rhee, onferskillich en deftich yn 't swart, in grutte pelskraach fan astrakanfel om 'e hals mei in goudene sluting fêst ûnder it plodzige wite kin. ‘Romte!!’ raasden guont út it folk, slij nei in postje te gelegener tiid, ‘romte foar boarger Fan Rhee,’ en hja stoden oan kant en hiene ien amerij har niget oan al dit moais en loerden skean nei de koetsier syn kleurich pakje en wedden om in duit sûkerslakken, hoefaak de jaspânen fan 'e hearsfeint efter op it plankje noch hinne-en-wer wippe soene, ear't 'r dêr by de blokhúsbrêge ôfsprong. Mar ien wie der ûnder it folk, dy har antlit bleau stiif en kâld en de mûle ferweegde him net ta in groet of glimke, as allinne, doe de koets deun neist har wie, sa dat de eagen fan Poppéus fan Rhee en harres inoar moeten, hearde 'r ynienen ferheard, hoe se him ferflokte mei har djippe donkere altstim, in freeslike ferflokking en noch freesliker dreigemint yn 'e eagen, dat der gyng him suver in rille fan oer de lea en hy sloech syn mantel tichter om him hinne. Wa wie dat wiif? Dy moaie gleone brune eagen, wêr hie hy dy earder markbiten? wêr earder dy skerpe tear sjoen tusken de swiere swarte eachsbrauwen, waans sierlik beloop hy selst yn dizze nuvere sitewaasje bewondere? Dêr efkes oer streakje, de fingers yn satanise | |
[pagina 204]
| |
lokking, om frouljuseare op 'e fjoerproef te stellen, almaroan dizze foarholle en syn moaie bôchfinsters te aaien yn 't healtsjuster fan in stille opkeamer, ont einliks dy eagen har fersêftigen en stadich it dreigemint deryn ferstoar, om rûmte te jaan foar in gloeiende, oare loaits... hoe soe 't him noaskje...! En stadich ferheuvele 'r him wat út de djipte wei fan 'e sidene kjessens en seach òp nei dat fromminsk... twang yn 'e kâlde blauwe eagen... twang. De wylde freugde fan 'e jager om in nije bút polske him troch 't bloed, jage him in flau read nei de bleke wangen. Ear't de jûn foel, woe 'r witte, wa't dizze wrangswiete hunichblom wie, dy sa'n ferflokking op him delsaaie doarst en o mieri sei! no selst in lytse fûst nei him útstiek! Hy glimke fyntsjes, de koets ried fierder. Hy seach, de eagen no heal tichtknypt oer it folk hinne, it plebs, dat krûpend wjirmet op 'e grûn, dat men sparret of deatrapet, al nei 't jin haget, en seach noch altyd yn syn ferbylding dy lytse fûst dêr al mar swaaien op it stevige standerke fan in mûtele rûne brune earm. De giselpeal hie 'r glêd fergetten en wat dêr sa daadlik barre soe. Dy skuld hat, moat mar ris mei bollesmoar linich slein wurde en krepeart der alris ien, no wat soe dat dan noch? Bargen genôch om 'e trôch, ien minder, dan dije de oaren namste better. De blokhúsbrêge kaam del, lei sljucht en de koets fan boarger Fan Rhee rôle deroer. De wachten stiene mei de glêde houdegen út 'e skee, de sipier yn sân bochten yn 'e útdoar en efter him loerde de beul skean nei de hege hearen, waans befelen hy aldertigenste goed hope op te folgjen, want hy wiste fan in pong en dêr tsien goudgûnen yn foar ekstra wurk, dat de lju hjir hjoed ris in goede ôflear krije soene, want dat opstean tsjin it bêste Frânske gesach op hokfoar wize dan ek, moast no mar ris út wêze, hie boarger Fan Rhee sei, en dêr koe hy, Winnewink fan Haarlim, sines ta dwaan. Dêrom hie 'r ek nije kneppels besteld by de Balkster ikeskylders en dy fernagele mei fine, gemiene, skerpe tingeltsjes. Hy koe syn fak... boarger Fan Rhee soe der eare mei ynlizze, dat se him sa betrouden. Yn in moaie keamer, rjucht foar it Blokhúsplein oer, mar op sa'n distânsje, dat men koe wol alles sjen en dochs neat fan it geskreau of gejammer hearre, dêr stiene de stuollen ree foar Fan Rhee en syn oanhang, de kofje en de swietekau en de nije lange pipen en dêr de geurichste, djoerste toebak by. Monsieur Lefèbre kaam en ek in stikmennich fan syn freonen, kwanskwiis, om de fertoaning ek te sjen, yn | |
[pagina 205]
| |
wierheid, om as 't nedich wie, Fan Rhee-en-dy te beskermjen tsjin it folk. De sipier hâlde ek syn folk ree, as 't wêze moast, wie de flapbrêge yn in tel twa op en al wa't binnen wie, wie feilich. Stadich stapte der in kloftsje soldaten ta de poarte út, oer de brêge... noch ien en noch ien. Izegrinich tochte Fan Rhee, as der dy jûne mar safolle west hiene, dan hie dy Oranjekraaier no al lang njút west. Hy mocht dit no dwaan út in soarte fan wraak... it wie no dochs einliks moster nei de mieltiid, pluchsnijen as de skoech fersliten is en ta neat mear nut... En hy knarste op 'e tosken om syn falikante berekken. Wer plompten swiere stappen oer 'e brêge. Omsingele fan in mennichte fan swartkoppen waarden de finzenen nei 't Blokhúsplein ta dreaun, twa oan twa, de hânen bûn, it buis los om 'e neakene rêch hinne slingere, de koppen kealskeard en bleate fuotten yn 'e kjeld. Brike Lubbert, dy stimper, koe hast net meikomme, hy krige sa no en dan in lawibes fan ien fan 'e beulsfeinten. It folk grommele. In grut meager wiif smiet in hânfol bedoarne aaien nei de soldaten. De djirre spatte har om de earen en guont minsken laken. Doe't brike Lubbert de giselpeal seach, begoan 'r earmhertich te kriten en rôp om help. It folk waarde stil en seach... seach. Wêr bleau Haaie Trompetter? Einliks, tusken wol hûndert man fuotfolk yn, pipernuten by him, dêr kaam 'r oan, steil en rjucht, in ein kearel as Grutte Pier, de keal-skearde holle wytblûn fan 'e lytse oanwinnende hierstoppeltsjes, de tipnoas grutsk en eigenwiis yn 'e wyn, de wrede blauwe eagen ûnferwrikber op ien punt yn it folk, wêr 'r syn wiif wiste... Har eagen moeten inoar... en no, no! koe 'r alles drage! hy wiste him sterk, sterk yn it besef fan har bywêzen, har meilijen, har leafde! En om him wiste 'r it folk, it laach, wêr hy út fuortkaam wie en dat it mei him hâlde soe, stil en fûlbânich, wist hast yn elts hert, dat dêr no kloppe op dit benaude pleintsje, leafde en trou oan Oranje, selst al sei har mûle út frees sims oars. Hy koe gjin frees, hy huidige de leare fan 'e klap, dy't men berintsjendewei weromjout: lear om lear, slachstû my, ik slach dy dûbeld wear... En fan him soene se net in kik hearre... Hy begriep it wûndere skoan, Fan Rhee en syn oanhang en boppe-al dy sloppe soan, sieten wol wêrearne, om har fermaak mei him te hawwen, om him krimpen te sjen as in strûpte iel oan har fuotten. Hja soene bekaaid útkomme, dêr koene se op oan. Der wie in soarte fan ferhoalene blydskip yn syn | |
[pagina 206]
| |
hert. Strakjes, oer in oere twa, trije, dan wie dit leed lit, gyng 'r nei hûs, soe 'r Dúfke sjen en 'e lytse jonge, alwer oanwoan yn dizze wykmennich. En dit wie him grut, dit wie it hearlike, gjin priis soe him te heech wêze foar de frijheid fan Ripperda en yn him foar Oranje. As in kening stapte hy, de alderlêste, nei it rjuchtplak. De hânen jûken him en trillen yn 'e swiere izeren boeiens, doe't hy it mei oansjen moast, hoe se Gajus de Filder en Skilige Kokke tramtearren. Gosse Ketsje foel fan himsels en hja smieten him in pear ammerfollen wetter oer 'e neakene lea en rosten der wer op. Brike Lubbert earmoede sa alderdierberst om genede, dat hy kaam mei fiifentweintich stokslaggen frij, doe krige 'r in skop en foel om by de treppen del, waarde op in bjusterbaarlike manear opfandele fan in pear kearels en fuort-brocht nei hûs. In stik of seis soldaten, soene him no by 't trepke opstompe. ‘Lit mar los, pjutten,’ grânze 'r bedaard, ‘ik gien wol’... De beul skuorde him it buis fan 'e hals en bûn him sa stevich oan 'e peal, der wie ferwrikken noch ferwegen mear oan. De feinten holpen him nei behagen, tûk op in dûbelstoer en in jûn frij mei frij fertarring yn 'e Hopsek. It folk seach dat alles oan... en swijde... De wrok groeide... Der waarde net lake en opswetst sa 's by de measte giselings... Hjir siet mear efter as in stellen skiep of in kreauwerij of in stikken rút... Dit rekke it hert yn syn djipste roersels... hjir waard lit om in saak, in saak, dy tûzenen nei oan it herte gyng... It gemoed rekke oerstjoer. Guont draaiden har om en gyngen skodholjende fuort... Net fier fan him ôf seach 'r doctor Falentijn stean en âlde menhear Ripperda. Hja nikten him ta. Dy hearlike âlde tiid! de Ripperda's, de Scheltinga's, no alles fuort! fuort! en dêr foar yn 't plak dizze bloedsûgers, dizze beulen! De bollepyst hagele op 'e brede, sterke rêch en de fernagele stôk spile net swak by. Der begoan bloed te siperjen, earst in drip of wat, doe al mear en mear. It waarde allegear bloed, in ôfgrys om oan te sjen, dat sterke lichem, dat him net ferwarre koe tsjin dy wrede giselder, dy mûle stom, en ticht. It folk swijde en litte mei. Wêr Fan Rhee sa fjoerbang fan wie, beskripte 'r no sels yn syn ferbline haat tsjin de Ripperda's; Haaie Trompetter, him seach it folk as in martler foar de goede saak, en hûn- | |
[pagina 207]
| |
derten, oars lau en ûnferskillich, kearden no om as in blêd oan 'e beam, en bekenden kleur foar harsels. By kloften stoden de minsken nei hûs, drok pratende, dat wiene de gefaarliksten net, mar de stillen, lykas Wibe Lubberts en Foppe Liuwes, foarenoan derby, en Joege Innes fan Boerum en master Marten Joukes fan Driezum, dêr groeide de tins nei dieden yn, sterk en wyld en bedachtsume taai. De lêste slach mei de stôk, de fiifensântichste, kletste op 'e bluodd'rige rêch. De beulsfeinten seagen it triljende fleis, gniisden en sniene him los. ‘Hoe hat it foldien?’ frege de beul spotsk en joech him in optuter, dat hy trûzele fan 'e ferheging ôf, plof tusken it folk. ‘Wy prate wolris wer, as dyn jonge op in jûn net wer thúskomt,’ andere Haaie Trompetter oerstadich. De beul waarde sa wyt as in doek en moast him oan 't hek fêsthâlde. De bloedberoanne eagen wiidop fan pine en razenheid, eage Haaie Trompetter stiif yn 'e fierte, wêr hy Dúfke stean seach, in lyts protsje guod tsjin de stamme fan in âlde kastanjebeam, it antlit oer en oer beskriemd fan bittere meilijenstriennen en in djippe tear as in heimsinnich dreigemint tusken de sêfte, alderleaflikst teare bochten fan 'e eachsbrauwen, hiel donker yn 't jonge fel. Hja waarden hastich wei yn 't gewoel en yn in hiel lyts keammerke rekke 'r op bêd. Der kaam fûl fleis by en matearje, koartsen teisteren it sterke tebûke lichem, slimme wûnkoartsen, en doctor Falentijn kaam en siet sims de heale nacht foar 't bêd en fersoarge mei syn wiif it earme lichem en wosk de djippe wûnen fan 'e rêch, dêr mar gjin rouwen op komme woene en net hielje. En âlde Ripperda kaam en Falentijn en al de oaren, it steechje hie noch noait sa'n staasje kend fan koetsen, dy suver rearendewei oan 'e muorren lâns ride moasten en sims gyng 't waarliken net iens sûnder kantroeren, en hja brochten fan alles, wat mar lekker wie en jild by hânfollen, dat Dúfke hie 't noch noait sa rûm hân. En einliks dage der in dei, doe woan de sterke ynhâlden it fan de syktme. Haaie Trompetter klaude by de wâl op, hy mocht wer in brogge mei spek en kibbe op 't wiif. Dat wie betterskip! en hja lake him ta, in loaits yn har brune eagen, wêr it him hjit fan oer 'e lea gyng as it simmerfjild fan in soele wyn en hja stiek in hiel lyts hantsje nei him út en lake noch lokjender, de toskjes krytwyt tusken de reade, sûne, frouljusweake lippen. En hy krige wer lust yn it libben en liet | |
[pagina 208]
| |
him fan 't bêd ôfglide en stie midden yn it keammerke har op en del oan te sjen. Laaitsjend fleach se nei him ta en wie net bang fan 'e earms en 'e hânen, dy't in hoefizer te brekken neat wie. Simson syn hier woan wer oan en dizze reboelje rekke al gau yn 'e fegyljemûne, want men hearde fan oare, frjemdere dingen, it gerommel fan in slim swierwaar yn Frankryk en wûnderlike fiten fierôf of tichteby, en Haaie Trompetter hâlde him yn 't earstoan sa koese stil dat, men hearde him net iens op 't feemerk of by de snikken. It hier fan Simson wie noch te koart... it moast earst wer groeie... en dan... ja dan... Der wie mar ien, dy't him sa goed koe, dat hja wiste, wat al dit betsjutte en dy't him ornaris stjoere koe as in laam, dat wie syn lyts wyfke, syn pipernútsje en hja siddere, as hja derom tochte, wa no yn 't koart syn wrake treffe en hoe't dy útfalle soe. Want dit op him sitte litte, noait! En as se him ûnderstie oer ien en oar, dan lake 'r, de brede geve tosken bleat en hâlde har pleagjend fan him ôf en sei, hiele lytse wyfkes mei sokke moaie eagen moasten net sokke domme dingen freegje oan grutte manlju. No wie hy dan wer better, mar hy bleau sa stiif as in peal. Doe moast Gajus de Filder, wiidferneamd om syn wriuwkeunst, komme en dy kaam dêr deis trijeris oanhompeljen op syn knolfoet en knypte en striek en aaike him dan sa gemiene goed, dat Haaie Trompetter flokte him heas fan pine en tankberens. Mar it holp, it duorre al net sa bare lang, as mei syn help en it beproefde middel fan âlde Betteke út it gasthús, hynstemoanjefet, griene oalje en brandewyn, fielde Haaie Trompetter him op 't lêst wer sa linich as in baleinen swipe yn jongfeintehânen. Doe hiene se op in jûne in wûndere ontmoeting. Hy siet wat te pluchsnijen foar de skuonmakker en pluze dêr in jûnbrogge by op en it wiif siet dêrby te festjefersetten foar de jonge, doe waarde de doar opdien en dêr stie me dy rike menhear Josua de Metz fan Amsterdam foar har noas. Hy koe him wol... al sont jierren koft 'r it bêste fee fan 't merk op en de minsken setten him allegear heech, want hy soe nin earmen driuwer om in sint bekrinke en tingje him 't hert út it liif en hy betelle graach goed jild foar goed guod. Hja rekken allebeide wat fan 'e wize, hy en 't wiif en stiene rjucht-oerein de besite oan te sjen. En waarliken, efter him oan kaam âlde menhear Ripperda ek noch en menhear Baerdt. Hy, Haaie Trompet- | |
[pagina 209]
| |
ter, wie bang foar nin divel noch donder, no waard it him dochs krappernôch en foar 't earst yn syn hiele trouwen seach 'r, hoe lyts en ear-moedich syn keammerke wie, hoe sober it húsrie, hoe rikkerich it skiuwdefjoer! Mar skjin! skjin! Gjin wiif yn hiele Ljouwert koe tsjin syn Dúfke út! ‘Jûn!’ seine de hearen, de rike Josua de Metz it earste en alderdanichste freonlik en hy kaam op him ta en stiek de hân út. Nei him! nei him! nei Haaie Trompetter, trijeris gisele, earme ferskoppeling yn in steechje! stiek in ryk menhear, stiek menhear Josua de Metz fan Amsterdam de hân út, in moaie skjinne wite lytse hân fol ringen en kostlikheid. En hy krige him foarsichtich yn syn ferile knúst fol barsten en groeden, mar ek goed skjin, en hja fûstken. Mar hy waarde suver raar fan dit gefal, syn skonken trillen der him fan en hy seach skean nei 't wiif om help. Froulju binn' redsum, wêr in man, stadich fan begryp, net in mûzegat fine kin, sjogge hja noch wol in skuorredoar iepen. ‘Gien sitten, hearen!’ sei se en dat wie mar hânsum trije stuollen by 't bedsket wei en om 'e hurd hinne, wêr yn 't moai opstuolle skiuwde-fjoerrûntsje de houtsjes knapten. En alsa sieten de hearen en hja ek, mar op in earbiedige distânsje en diene it swijen derta en beskammen har djip yn it hert oer har need'richheid. O dit holderhúske! dy teskeinde reaukes, dy âld tafel, wêr gjin drip farve op siet! Mei hokker nidasserige eagen seagen se it jûn! Menhear Josua de Metz naam in snufke út syn goudene snúfdoaze en mei in swierige bûging noege 'r de oare hearen ek te priuwen. Doe brimde 'r ris en sette fan ein mei syn petear, wylt 'r frege: ‘Wer hielendal de âlde, Haaie? Ik hearde sa fan ien en oar.’ ‘Dat soe 'k sizze, menhear,’ andere dy, bliid, dat 'r de mûle opdwaan koe, want dy finnige lytse eachjes fan dy Amsterdammer, dêr hie hy it einliks mar neat op stean. Dy seagen him tròch en der wie wolris in skûlherntsje yn syn hert, wêr hy leafst mar nimmen ta'n yn loere litte woe. En hy strûpte de mouwe fan 't baitsje op oer 'e earmtakke en menhear Josua de Metz seach de sterke earm en dêr skean oerhinne de reade groeden fan 'e wrede striemmen. De wûnen wiene hiel, mar de groeden? dy soene der noch jierren bliuwe! En hy tochte om 'e sterke rêch fan dizze reus en hoe dy wol lykje soe! En hy riboske ûnder syn waarme tichte mantel. En menhear Josua de Metz knypte de lippen stiif opinoar en makke yn dizze amerij in berekken, in nuvere berekken, wêr selst menhear | |
[pagina 210]
| |
Ripperda en menhear Baerdt, âlde, betûfte rekkenmasters fan withoefolle saken en affysjes, gjin flau besef fan hiene. ‘En ha jo al wer wurk? Nei 't sin?’ De brede mûle fan 'e reus waarde noch grutter fan in glimke. ‘'t Is by de runmûne en fjouwer gûne wyks. En jûns noch learsnije, hiele lapen. De learloaiers leanje net al te ryklik. Dan noch pluchsnije. En yn 't koart wer de bisten.’ ‘Dus jo ha al wer bisten dreaun?’ en menhear Josua de Metz seach skerp. Wist 'r al, dat in party him de bisten ûnthâlden, om't se bang wiene foar de Frânsken? Dat 'r al twa kear op 't merk west hie en gjin oanslach krije kind hie? Der loek him in flau bewyske read oer 'e meagere, beklonkene wangen. ‘Noch net, menhear,’ andere hy watte mismoedich, ‘yn nije wike sil 'k it ris wer besykje. Myn fêst plak wer ynnimme. ‘Wêr is dat?’ ‘Op de hoeke fan 't steechje, dat nei de Nijestêd ta giet. As menhear ek ris wat foar my hat...’ ‘Dat ha 'k,’ sei menhear Josua de Metz der ynienen flotwei oerhinne, ‘en dêr komme wy hjir om. Wy Israëliten binn' Oranje ek tagedien en wy ha heard, dat jo it ek binne en 't bewys levere ha. It bewys fan de dingen, Haaie... dêr komt it op oan. Jo ha no alle patriotten tsjin... as 't kin soene se jo wol fan honger krepeare litte wolle, om't jo it foar Oranje opnaam ha yn 'e persoan fan jonker Ripperda. En sjoch, dêr sille wy no ris in stokje foar strike. Ik moat in nije preamfarder ha foar myn bisten nei de stêd fan Amsterdam ta. Der sit gâns jild ûnder, sims tûzenen, en dêrom, ik moat in man ha, dy't ik yn alle stik betrouwe kin. En dizze hearen hjir neamden jo...’ ‘Menhear!’ rôp Haaie Trompetter en koe hast net mear stilsitte op 'e stoel. Mar Dúfke skodholle stoef en Haaie Trompetter siet wer as in laam, alhoewol hy trille oer al syn lea, sa raar waarde 'r fan binnen. Giseljen wie neat by dit. ‘Hja neamden jo,’ gyng menhear Josua de Metz troch mei syn praat, ‘en dy't fan sokken in goed getugenisse meikriget, dy kin ik wol yn myn tsjinst nimme. De nije pream, in bêst ikenien mei izeren bânen beslein en in roefke foar 't geryf, is al ûnderweis hjirhinne en sil klearlizze yn 'e Snitser feart. En dêr farre jo op nei Amsterdam foar myn rekken alle wiken. En dêr binne jo baas mei twa feinten ûnder jo. Dy kinne jo sels wol hiere. En foar kosten is hjir noch fyftich gûne.’ En hy | |
[pagina 211]
| |
krige it ponkje út 'e bûs en telde it jild op 'e earmtlike tafel út. Dy hie noch noait it gerinkink heard fan tsien gûne, lit stean fan fyftich! fyftich! In kaptaal, in takomst, in jildwinning, in eigen húske, in dowehok, en simmers sims te fiskjen nei de mar ta, Dúfke en de jonge mei, in hearlike lange sinneskyndei! Hy wie sa ferslein, dat hy sei gjin wurd en liet it jild stil op 'e tafel lizze. Hy seach fan Josua de Metz op Baerdt en dan wer op Ripperda, it wie him allegear te grut, om dit leauwe te kinnen. Juster noch yn 'e slimste druk en no ynienen yn 'e folop! En hy fielde him as de skoaier út it mearke, dy't sliependewei yn ien nacht kening waan is. ‘Nei de Reade See fan benauwinge komt der altyd in Kanaän fan hearlikheid,’ sei menhear Baerdt hiel plechtich mei syn swier lûd, wêr it lytse keammerke noch lytser fan waarde. ‘Krij mar oan, jonge en wês bliid mei 't wyfke. It lot is keard, Haaie.’ Doe begoan Haaie Trompetter einliks te praten, hiel stadich, krekt as moast 'r de wurden ien foar ien ta de kiel útwringe. ‘Menhear sil net bedroegen mei my útkomme... ik bin der... tige bliid ta... 't aldermeast foar ús... jonge.’ En hy stiek de grutte hân út en rearde yn ien taast al dy skoane gûnen nei him ta. Doe seagen syn wrede, earlike eagen yn 'e lichte en sochten it antlit fan 'e lytse âlde joad en dêryn de snoade swarte giteagen, glinsterjend as kralen, en de loaitsen fan dy eagen troffen inoar en elts foar oar lies deryn, wat 'r witte woe en de befêstiging fan inkelde oare dingen. Seis dagen letter stie Haaie Trompetter yn 't rûntsje fan al syn getrouwen op 't wykmerk. Hy hie him 't hier knippe litten en fatsoenlik skeard, hy hie in nij buis oan, in lekkense pet op en prachtige nije klompen, gleon opglânze, mei grutte bosken strie deryn, oan 'e fuotten. Dúfke en 'e jonge stiene fan fierrens mei in optein sin dit alles oan te sjen. Gol wonk 'r Brike Lubbert, Gajus de Filder, Gosse Ketsje en Kaaie Klapdermarop en hja fandelen it fee foar him fan 't merk, dat menhear Josua de Metz diskear koft hie. En it wie gâns in poarsje. En sels krige 'r de aldermoaisten by 't hoarntou, in pear fan dy alderkostlikste bistkes, suver siden fan fel en fyn fan kop as jufferkes, en dêr in pear hoarnen op, as wiene se beslipe, der wie no suver gjin wryt noch slyt oan! pronkjes wiene it! en hiel stadich kuiere 'r, net troch 't steechje nei de Nijestêd, nee, hja gyngen 't hiele merk lâns, de Wurdumerdyk op en sa nei 't Breed fan 'e Nijestêd ta. Alle âlde getrouwen dêr efteroan en alle Ljouw'ter bern en hûnen fan fierren. Der | |
[pagina 212]
| |
hat noch nea in kening sa yn top fan gloarje stien as Haaie Trompetter dy moarne. En by de Waach, dêr lei de nije, grutte pream klear, sines. Dêr stiene de feinten te wachtsjen, dêr hy baas oer wie, dêr stie menhear Josua de Metz op him te wachtsjen, no syn breahear en hokfoar-ien! En hja beseagen en betûmken de kostlike bistjes nochris en doe hearde 'r as in moai muzyk it bossen fan har poaten oer 'e barte yn syn pream! En foar 't finster fan 'e sosjéteit, dêr stie âlde Fan Rhee te smoken en 't wykmerkfertier oan te sjen. Sûnder erch seach 'r sa nei it folk, nei it fee, nei dy grutte kearel, dy't boppe alles útstike. Haaie Trompetter, dy smycht! wie dy dat? Op syn sneins! suver yn 't brat as in riken rintenier? En wat moast dy dêr by dy pream fol bisten? Hastich liet 'r de skel rinkelje yn 'e hân. Sybren, de jonge út it Wetterlân, al sont tiden syn hantsjemuoisknecht en neisneuper fan alle ding, wêr grutte jonges de noas mar ynstekke doare, kipe om 'e hoeke fan 'e doar. En dy al gau, wiis fernim, deropút. It wie Haaie Trompetter, ta eare en oansjen kleaun. En Fan Rhee, âlde betûfte foks, begnúfde dat spultsje fan fierren. Ripperda kaam en fûstke mei dy joad en Falentijn en Hopperus... Doe wist 'r genôch... Haaie soe de ôfgesant wurde tusken Ljouwert en Amsterdam fan dy Oranjerazers. De brieven rekken wei... no fûnen se der dit op. Hy gnyske húnsk en ferflokte lûd de dei, dat hy dy dogeneat giselje litten hie. Dat skreaude wech-ender-wear. Men moast folle stilder wraak nimme kinne... Hjir setten se him no pyk mei. Soe hy oan 'e koartste ein lûke moatte? soe 'r? Hy koe wol gûle fan spyt. - |
|