De Hoara's fan Hastings
(1992)–Simke Kloosterman– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 210]
| |
KarakteristykElk dy't de Hoara's lêst, sil it ferskil opfalle tusken it begjin fan it boek en sa't it healwei it fjirde haadstik fierder giet. Earst is it iepen, der binne bylden út it doarpslibben sûnder folle ferbân mei elkoar. Wêr't it ferhaal hinne giet, is net dúdlik. Yn it fjirde haadstik feroaret dat. Dêr wurdt ynienen Wychman Hoara nei foaren helle en ien foar ien meitsje lju har even los út de eftergrûn om stik foar stik mei him ôf te rekkenjen. It libben dat oant dan ta noch sa iepen lei, fersmellet him ta de iene hertstocht fan de wraak. En as der neitiid noch fleurige stikken folgje, lykas de brulloft en de bloeiende natuer, dan fielt de lêzer dêr allinne mar it wrede kontrast yn mei wat der feitlik bart. Wychman, sa hat de skriuwster har sels yn 1922 oer him útlitten, is de ferpersoanliking fan it foarbije. Der giet neat fan him út en dêrom wurde de omstannichheden syn needlot. Needlot, ûndergong, achtleas boartsjen yn it oangesicht fan de dea, sa kin men dêr oan tafoegje, binne it ek dy't yn de prolooch de toan fan it boek sette. It lok fan leafde en skientme is mar tydlik. It mei dan gean oer in doarp, Twizel fêst, en oer in pear generaasjes boeren út it net safiere ferline, yn werklikheid is dat mar bysaak, krekt lykas it sosjalisme, en tsjinnet it om it minskebestean yn it algemien út te byldzjen, sa't de skriuwster dat oanfielt. De Hoara's moat skreaun wêze út in seldsum mankelike ferneatigingsdrift. Dat jildt ek foar de styl. Wis en beret wurdt de lêzer de sinnen lâns dreaun, de fûleinige hertstocht fan de skriuwster efternei. It is of giet it harsels oan. | |
[pagina 211]
| |
UntsteanIt is frij goed mooglik om út te finen hoe 't it boek syn foarm krigen hat, want dêrta hoecht men mar in analyze te meitsjen fan de hânskriften dy't fan ûnderskate fazen út it ûntsteansproses bewarre binne. It docht dan bliken dat de skriuwster likernöch maart 1909 besletten hawwe sil om in roman oer spanningen en konflikten tusken boeren en dûmnys ûnder elkoar en mei oare doarpslju te skriuwen, en dy ôf te wikseljen mei leaflike natueren leafdestaferielen. Earst ûntstie doe it idee fan in konflikt tusken in boer en syn arbeider, dy't oant dat stuit ta beide fredich yn in pear losse ferhalen út 1908 neist elkoar bestien hienen. Se paste dy ferhalen oan de nije opset oan en gong doe fierder yn wat wy kinne as it fjirde haadstik. Om-ende-by it sechste haadstik krige it boek syn strakke foarm. Alle boeren dy't oant dan ta yn de tekst foarkamen, waarden Hoara's, ek Warmolding waard in Hoara, Hester Hoara rekke har langsten kwyt en krige der in trochpakkend aard foar yn it plak, it stedsfermidden fan de dûmnyssoan Akkringa gong derút, it konflikt mei de arbeider waard útwreide ta in striid tusken konservatyf en sosjalist om it riedslidmaatskip, en de idyllyske ferhâlding tusken boer en dûmny út ien fan de oanpaste ferhalen fan 1908 sloech dêrnei ek om yn in konflikt. Dat alles krige syn beslach yn amper in healjier. Wat oars wurdt it as men net it ûntstean fan de foarm útsykje wol, mar ferklearje wol hoe't in skriuwer, hoe't Simke Kloosterman derta kaam om in boek as de Hoara's te meitsjen. Dat is lang sa konkreet net. Mar men mei dochs wol ûnderstelle dat se der in eare yn steld hat om in roman te skriuwen. Dy wie der yn 1909 yn it Frysk noch net, en boppedat hie se doe sels al safolle ferhalen skreaun, dat se miskien wolris wat grutters besykje wollen hat. Dat se yn dy roman sa oerdiedich mei natuerlyryk wurke, lit him wol ferklearje út de moade fan dy dagen, mar by har sil yn it bysûnder noch wol ekstra it foarbyld fan har | |
[pagina 212]
| |
heit, dy't se as skriuwer tige heech hie, meispile hawwe. Ek de romantysk-dekadinte sfear, it boerefermidden en it omfiemjen fan generaasjes wie doedestiids wol moade. Yn dat ferbân is de namme fan Gustav Frenssen wol neamd, men kin ek tinke oan Selma Lagerlöf (Gösta Berling?) of Louis Couperus (al skreau dy net oer boeren) en oan Wuthering Heights fan Emily Brontë, mar sil foaral ek net de triviale romanlektuer fan guodden as Marie Corelli en Hedwig Courths-Mahler ferjitte moatte. Mar mear as literêre moade allinnich sil it dochs west hawwe moatte, soe men tinke, dat makket dat it boek sa'n hertstochtlike dramatyk hat. Dy lit him min begripe as de skriuwster net oer harsels en oer har eigen famylje skreaun hawwe soe. | |
Histoaryske eftergrûnYn in lêzing oer eigen wurk út 1932 hat de skriuwster de klam derop lein dat de persoanen en tastannen út de Hoara's nei it libben beskreaun binne. Warmolding, bern út in bûtenechtlike ferhâlding en healbroer fan Wychman, hat neffens har ferklearring echt bestien, yn de Twizeler pastorytún hat ienkear, sa't se it útdrukt, de leafde fan Fokke en Tine blomke, en al leinen neffens har sizzen yn 1932 de measten fan de lju út Twizel dy't yn it boek beskreaun wurde, al lang ûnder de griene seadden, guont fan har hienen dochs har eigen libbenslot noch lêzen. Ek de folksopstân skynt wier bard te wêzen, al wie it gjin sosjalisme, mar klearebare earmoed dy't dêr efter stiek. Jan Ritskes skriuwt deroer yn syn deiboeken. It sil net maklik wêze om ‘Wahrheit’ en ‘Dichtung’ út elkoar te heljen, seker net by in skriuwster dy't yn har eigen famyljeskiednis al sa'n soad ‘Dichtung’ weeft, mar as men útgean mei fan de ûnderstelling dat de Hoara's de Kloostermannen binne (bygelyks omdat it beide geslachten binne dy't ûndergeane), dan sit der yn it libben fan Ritske Wytses | |
[pagina 213]
| |
(1817-1879), Simke har pake, wol wat dat oan Wychman tinken docht. Hy wie jong widner, hy waard net fuort yn 1851, doe't men it ferwachte hawwe soe, riedslid, mar earst yn 1855, ta wethâlder brocht er it nea, en syn ferkiezing ta tsjerkfâd (yn 1874) gong ûngewoan spannend om en ta. En as it in Kloosterman west hat dy't mei in dochter fan in Twizeler dûmny frijde (dat moat dan ien fan dûmny Fockens west hawwe, al wienen dy in stik jonger), dan kin it om de âldens oars net ien as hy west hawwe. Hy ek allinnich hie fan de trije staken Twizeler Kloostermannen (Wytse Binderts, Ritske Wytses en Jan Ritskes) bruorren en susters yn it doarp. En hy hie in soan dy't each foar it moaie yn de natuer hie, mear as yn it boerebestean. Hjirmei is fansels net sein dat Ritske op Wychman like hawwe hoegd. It giet hjir om de mooglikheid dat stof út it libben fan Ritske brûkt is. | |
TaalDoe't Simke begjin 1898 har earste Fryske stikje literatuer (it wie in gedichtsje yn Sljucht en Rjucht) printe seach, grypte har dat sa yn it moed, skriuwt se yn 1911, ‘det ik mysels ûnthjitte, my mei iver en flyt ris ta to lizzen op myn eigen tael, einliks mar hwet de forskoveling by my lyk as by in hopen lânsljue. Dy simmers en winters [doe't se ûnderwilens mei har âlden nei Apeldoarn ferhuze wie] lei ik my tige ta op 'e spraekleare yn 't algemien, lies Frysk, skreau Frysk en learde einliks as bern fen foaren oan in nije tael. Sûnder, det ik it sels merkbiten hie, sieten al dy moaije sizwirden, wirden, yn 't Frysk heard, al sa goed yn myn ûnthâld fêst, krekt as wachten se mar op 'e geskikte tiid, om brûkt to wirden’. Dronken by wize fan sprekken fan de Fryske taal moat se west hawwe, fan de taal dy't se yn Twizel leard hie en dy't sa allesoerhearskjend oanwêzich is yn de Hoara's, mar ek fan de útdrukkings dy't se fan har mem hearde. | |
[pagina 214]
| |
Dy mem beskikte, neffens de skriuwster, ‘oer in greate skat fen moaije pittige sizwizen fen 'e klaeikant, dy-t se sa dagelyks wei brûkte’. Se hie har jeugd meast trochbrocht yn Westergeast, mar se sil op har bar de taal wol wer oernommen hawwe fan har mem, foaral omdat har heit al stoarn wie doe't se noch mar in bern wie en se fierders oant har trouwen ta by har mem yn 'e hûs bleau, en dy, Simke har beppe dus, wie berne en opgroeid te Ie. Krekt as grif Gysbert Japix dien hat, socht Simke om bysûndere wurden. Sa waard in kersebeam, dat se earst hie, in izejanebeam, en hoe apart binne ek har nammen: Wychman, Warmolding, Beard (sprek út Bjet), Driuwerske, wa hat der bûten har krite - en sels dêr - ea fan heard? Buitenrust Hettema koe dan ek yn 1911 in protte wurden dy't se brûkte, net yn it Friesch Woordenboek fine, en sels yn it Wurdboek fan de Fryske taal dat optheden ferskynt, steane net alle wurdfoarmen út de Hoara's. Karakteristyk foar har ticht by de folkstaal oanslutende taalgebrûk binne ek de Hollannismen, dy't se wol mei sin brûkt hawwe sil, en net sasear út ûnmacht. Apart is, dat der yn de Hoara's, dat se oars sels alhiel fersoarge hat, amper foarbylden fan de saneamde ‘tante Betje’ (‘Hy hie ús útnoege en gongen wy dus...’) te finen binne. Har brieven steane der fol mei. | |
WurdearringSûnder krityk hat fan it begjin ôf oan eins net ien west, dy't him oer de Hoara's útlitten hat, mar elk is tagelyk djip ûnder de yndruk fan taalrykdom, dichterlike ferbylding en romantyske besieling. Fedde Schurer lit yn 1964 noch merke hoe't er út de skroeven wie doe't yn 1919 it lettere haadstik seis yn ôfleveringen yn it literêre tydskrift Frisia ferskynde. Dochs kamen der guodden dy't it boek net lije mochten. W.L. Z(ijlstra?) wie ek | |
[pagina 215]
| |
optein by it útkommen, skriuwt se nei oanlieding fan de twadde printing yn 1940, mar se ferfettet: ‘Sûnt binne der oaren folge, de boeken fen Brolsma, fen v. Houten, fen Haisma, en nou't wy de Hoara's wer lêzen hawwe, kinne wy net oars sizze, as det it dêrby yn 't skaed falt. [...] it is allegearre de skriuwster sels op 't lêst, hjar eigen styl fen libjen en tinken; hja sels is to folle yn dit wirk, hja hat it net genôch bûten hjar stelle kinnen, en lit it op hjar ynwirkje. Hja wier to subjektyf, lyk it den hjit.’ Sûnder mear ôfdwaan as in oan tiid bûne feroaring fan smaak kin men har krityk net, want neffens in enkête út 1981 waarden fjirtich jier letter De Sûnde fan Haitze Holwerda fan Ulbe van Houten en Peke Donia fan Nyckle Haisma noch altyd heger wurdearre. (Rink van der Velde krige fierwei de measte stimmen en fierders skoarden de Rimen en Teltsjes ek noch heger, mar dan kaam dochs de Hoara's al). Boppedat rjochtsje de beswieren yn de krityk har ek dan noch altyd tsjin it subjektive. Yn 1962 hie Tiny Mulder har yn har krityk op Spreuken steurd oan de selsgenoechsume mentaliteit fan it eigen boeremilieu dêr't de skriuwster út wei tocht: ‘Wat er in de dertiger jaren gaande was: sociale revolutie, economische crisis, politieke gisting, hield de schrijfster, misschien in verregaande argeloosheid, misschien omwille van haar gemoedsrust, buiten de deur. Geen tijdsbeeld gaf ze, maar het beeld van een milieu’. Ik soe dizze karakteristyk fan Spreuken net oanhelle hawwe, as net Trinus Riemersma yn 1981 op grûn fan deselde soarte oerweagingen de Hoara's ôfwiisd hie. Syn grut beswier is dat ‘de maatskipleke, struktúrele ferhôringen fierhinne óntkend vurre en de personale betrekkingen dêrfwar yn ut plak skood vurre’. Hy moat neat hawwe fan personaazjes as de Hoara's dy't har neffens him stjoere litte troch it ûnderbewuste: sok antyyntellektualisme hat it fassisme begeunstige. Wurdearring hinget sterk ôf fan persoanlike opfettingen, dy't op har bar wer bot bepaald wurde troch feroarjende kollektive mentaliteiten. Sa is yn sechstich jier lyryske rykdom | |
[pagina 216]
| |
ideology fan it falsk bewustwêzen wurden. En dan te betinken dat neffens Douwe Kalma de skriuwster sels nei ferrin fan tiid it boek foar 't neist net mear sa lije mocht, omdat it har te sosjalistysk wurden wie. Fan it sosjalisme moast se yn alle gefallen oan de ein fan har libben net folle mear hawwe. Kommunisten en sosjaal-demokraten sleat se ûnder ferwizing nei har kristlik leauwen yn 1938 út fan in kâns op in beurs út it lien dat se doe ynstelde. Ik soe hjir lykwols oanhelje wolle wat se fan it boek fûn, doe't se it krekt skreaun hie. It sitaat is út 1911 en slacht op har wurk út de begjintiid, út 1898 en wat letter, mar it jout tagelyk in oardiel oer wat der sûnt feroare wie: ‘It ploechizer fen 't echte libben wie noch net troch de fûrge gien. Der waerde noch fierst to folle idealiseare en yn 'e hiette het in himel op ierde socht en biskreauwn’. |
|