mar net nei Twizel, en Simke sette har yn de stêd Grins nei wenjen. Se wijde har oan it skriuwen en stie noed foar har âlden, dy't in pear kear noch besochten om by elkoar te ferkearen. Har mem wenne oars meast by har, har heit meast op himsels. Sels soe se ûngetroud bliuwe. Har ferloving mei in dokter ferbriek se yn 1901, en in twadde ferloving yn 1918 duorre ek mar koart, al bleau wol de bân mei de keunstner yn de man dy't se leave hie bewarre. Dat wie de prins fan de Fryske dichters, Douwe Kalma, tweintich jier jonger as sy en homoseksueel. Oft se sels lesbysk wie, is in fraach dy't net mei ja of nee te beäntwurdzjen is. Obe Postma tinkt op grûn fan de manier sa't se yn har wurk oer froulju skriuwt, fan al, mar as se it al west hat, is se der net foar útkommen.
Har libben waard fan it begjin ôf oan ynrjochte as wie it in keunststik, bûten de werklikheid fan Twizel en de gewoane deistige dingen om. De âlden ferhuzen nei Ljouwert om har op de Hofskoalle dwaan te kinnen, en letter ek noch nei Grins om in oplieding ta mondêne frou ta te rieden. Se gong dêr nei in partikuliere skoalle, en krige muzykles fan de ferneamde J.A. Worp. Har heit liet klean foar har út Parys komme, doe't se as ôfrûning fan har oplieding noch in jier nei in deftige kostskoalle yn Wyk by Duerstede stjoerd waard, en naam har doe 't se foar de twadde simmers wer thús wie (wêr hie it mei sa'n oplieding oars ek al op útdraaie moatten), noch mei op in reis fan goed fjirtjin dagen troch Dútslân. Dat wie yn 1895. Dy reis late ûnder mear nei Berlyn, en ek nei Leipzich, dêr't de heit neffens Simke (sels neamt er it yn syn oars tige detaillearre ferslach net) de organist fan de Thomaskirche ynhierde om stikken fan Bach te spyljen dy't dy dêr sels ek spile hie. Underwilens wie se ridlikgau nei't se yn 1893 wer yn Twizel te wenjen kommen wie, begongen te skriuwen, earst yn it literêre damesblêd De Hollandsche Lelie, en fan 1898 ôf yn it Frysk yn Fryske blêden. En doe waard har libben ek wier in keunststik. Hark mar wat se yn 1911 sels skreau oer de hertstochtlike ferhâlding mei de